Thaeke syn tinzen wurkje no net mear mei pivot mar mei de nije pivotx. Ris sjen at dat better befalt. Der moat noch in soad gebeure om it allegear wer wat Thaeke-eftiger te meitsjen mar troch drokte kin soks noch efkes duorje. In soad nije ynbring hoege jim foarlopich dan ek net te ferwachtsjen.
De ôfrûne tsien jier is der hast alle jierren wol in klaverjastoernoai west op de soas fan Bernlef. Meastentiids fûn dit plak op in tsiental jûnen mei oan it ein fan de rit foar de winners fette fleisprizen. It is dan ek ferhipte spitich dat der krekt yn sa?n lustrumjier noch gjin offisjeel potsje spile waard. Dochs is der noch hoop. It lustrumjier is ommers noch net foarby en dêrom hawwe de leden fan de ?Tsjempjuns liek? (kaart elite) yn gearwurking mei de Lustrumkommisje der foar soarge dat der op sneon 15 maaie dochs wer in klaverjaskening(in) oanwezen wurde kin. It is de bedoeling om dizze kaartsneon te begjinnen om 14.00 offisjele magnetron tiid. De soas sil fan 13.00 oere ôf iepen wêze en wy hoopje om ûngefear 22.00 klear te wêzen mei it kaarten. Sa wolle wy ek de âldleden yn steat stelle om oan dizze jûn diel te nimmen. Wy ferwachtsje fan alle klaverjassers dat sy op 15 maaie net fersake, útsein wannear?t sy mei Jarig spylje fansels...
Oant sneon 15 maaie,
Thaeke, Jarig, Dorien en Jellie
It Fryske foarum hat wol ris earder yn de loft west mar waard doe regelmjittich troch spammers en oare ferfelende lju misbrûkt. Wy jouwe it noch in kâns mei de nijste fersy fan phpBB. Dus hawwe jim wat te melden, en dat hawwe jim, gean dan flot nei
foarum.nl en meitsje in eigen brûkersnamme oan.
It skynt noch net algemien bekend te wêzen mar yn it earste wykein fan maart (5-7) is der in Lustrumkamp fan Bernlef yn Appelskea. Dat is in kamp dêr't krekt as 5 jier ferlyn ek âldleden wolkom binne. Der stean op dit stuit al sa'n 75 leden, âldleden, superâldleden en jawol, sels in earelid op papier. It wurdt grif hardstikke leuk. Freedtejûn komt der in band (De Badgers) en sneon komt Taeke van der Meer del foar in praatsje. Fierder is der fansels bearenburch mei. Yn ferbân mei de q-koarts is it ferplicht hjir alle dagen in liter fan op te drinken. De bearenburch is ús sjirurch ommers. Ik soe sizze, bist (âld)lid fan Bernlef,
skriuw dy dan rap yn want pas oer 5 jier hast wer in kâns...
Sneon hiene wy neffens my in primeur yn it Abe Lenstrastadion. Der wurdt wol gauris wat roppen op de tribune fansels mar tsjin Ajax gie it nei de (terjochte) reade kaart fan Grindheim sa lang troch dat de stadionspeaker yngripe moast. No krijt it Nieuw Noord fak út alle hoeken kommintaar mar dat is fansels net hielendal terjochte. Yn it Nieuw Noord fak stean sa'n 1200 fanatike en minder fanatike supporters wêrfan't der in pear 100 oan it razen wiene. Wat der roppen waard like fansels nergens nei (de mem fan skiedsrjochter Bossen soe it âldste berop fan de wrâld útoefenje) mar it wiene wol yndividuën en net it folsleine fak. Ik wol my dan ek graach distansjearje fan dizze sprekkoaren. Fansels rôp Bossen it oer himsels ôf troch Ajacied Van der Wiel stean te litten doe't dy de ankels fan Henrique ûnder syn fuotten wei torpedearde wylst er dêrnei by it Fean wol fuort de reade kaart pakte en dan meie jo him dat fansels ek bêst wol efkes witte litte. Dochs bin ik fan betinken dat dêr in minder ûnfatsoenlike manier foar wêze moat. Op it
SC Heerenveen foarum haw ik dêrom mar ris in oprop dien ta it betinken fan orisjinele sprekkoaren dy't it selfde dúdlik meitsje mar dan op in ludike manier.
Ik haw krekt efkes de Hollânsktalige stimwizer ynfolle foar Smellingerlân. De Fryske soe der earst al komme neffens my mar dy liket der no dochs net te wêzen. Ik moat sizze dat de útslach my wol fernuvere. Op 'm sels net frjemd dat de VVD by my op ien stiet, ik bin ommers ek ûndernimmer mar dat de FNP op it allerlêste plakje stiet fyn ik wol spitich. It rare is dat wannear't ik yn Ljouwert wenne hie de FNP by my op it earste plak stie. Ljouwert hie trouwens wol in Frysktalige stimwizer.
At der gjin rare dingen barre dan wurd ik in wike nei de Sint Nykster merke foar it earst offisjeel omke. No bin ik fansels al in bytsje in omke fan Jorrit en Nadine mar omdat de freondinne en ik net boaske binne is dat fansels net hielendal echt. Freed krige ik bericht dat myn suske Rinkje, net te ferwarren mei myn dochter Rinkje, al 8 wiken yn ferwachting is. Sa hawwe wy dus allebeide yn 2009 in berntsje makke. Dy fan har stiet krekt as by ús beide berntsjes plent op de foar Sint Nyksters tige gefaarlike earste wiken fan septimber. Dat hat ien foardiel want no bestiet dus de mooglikheid dat it in Fries wurdt. Yn elk gefal wie it in folsleine ferrassing mar wy binne der wol hiel wiis mei fansels.
De plysje bewarret ús kentekens krekt wat te lang yn harren databank wannear't wy wer ris lâns in flitskastje ride. No mei dat net fanwege de privacy. De plysje docht it dochs. Sy sizze dat hja har wol oan de wet hâlde wolle mar dat dan de wet mar oanpast wurde moat. Us regear past dêrom no de wet oan. De earst kommende kear dat ik in bon foar te hurd riden krij brûk ik leau'k dat selfde argumint mar. Ik wol my wol oan de tastiene snelheid hâlde mar dan moat earst dy tastiene snelheid wat omheech...
Snein is Rinkje wer thús kaam. De Pakes en Beppes en heit en mem hawwe fuort mar efkes brûk makke fan dy mooglikheid om ek efkes myn jierdei te fieren. Rinkje en Aafke binne hjoed trouwens al wer 5 moannen âld. It giet nei omstandigheden hiel goed mei ús famkes al sitte se kwa drinken noch net wer op it âlde nivo. Wol hawwe wy flot de nachtfoeding dy't sy yn it sikehûs noch wol krigen der wer útgoait. Hoewol't heit eartiids net sa swier tilde oan de nachtlike oerkes bliuwt er no dochs leaver sliepen. Wy sille der ynkoarten ris in fruithapke yn besykje te stopjen. Faaks knappe se dêr fan op.
Bruut binne ús krekt net Siameeske twalingberntsjes no dochs fan elkoar skieden. Rinkje leit noch altyd yn Nij Smellinghe mei it RS-firus wylst Aafke al wer leit te knorren op de Buorren. Foar it earst bin sy sa fier by elkoar wei mar ik moat sizze, se hawwe it gelokkich noch net sa goed troch. No mar hope dat Rinkje ek wer rap better wurdt...
Foarige wike wiene Rinkje en Aafke al frijwat ferkâlden mar it waard hieltyd slimmer en slimmer. Snein ha wy dêrom nei de dokterswacht west. Rinkje spuide hieltyd har molke wer út en wy wiene dan ek bang dat sy útdroegje soe. Fia de dokterswacht waarden wy trochstjoerd nei de spoedeaskjende help en net lang dêrnei wie dúdlik dat sy mar efkes bliuwe moasten. No, in pear daagjes letter fleane wy dus wer regelmjittich op en del nei de berneôfdieling dêr't ús popkes no goed fersoarge wurde. Mei Aafke giet it wol frij goed al is by har wol it RS-Firus fêststeld. By Rinkje is dat noch net fêststeld mar de dokters gean der wol fanút dat ek Rinkje dit firus no by har draacht. Rinkje is der wat minder oan ta mar wy meitsje ús noch net al te grutte soargen. It hat efkes wat tiid noadich...
|
Displaying entries 1-11 of 1282 |
Next page »