Die Hard 4.0
Ik haw de smaak te pakken krigen wat films sjen oanbelanget. Fannemiddei wie ik efkes op de side fan de Bios Drachten en doe seach ik dat de Transformersfilm moarntejûn al in foarpremjêre hat yn Drachten. Ik haw fuortdaalks fia ynternet efkes in kaartsje reservearre. En omdat ik fannemiddei dochs net in soad te dwaan hie haw ik ek fuort mar efkes in kaartsje regele foar Die Hard 4.0. Ik bin krekt werom fan dizze Bruce Willisfilm dy't wer yn de hûd fan John mc Clane klommen is. De earste trije Die Hard films wiene geweldich en dizze mei der ek wêze. Ik fûn 'm eins miskien noch wol moaier as The Pirates. Ik sil net al te folle oer it ferhaal fertelle mar it giet der om dat mc Clane fansels wer op it ferkearde plak is op it ferkearde momint. In swikje kompjûterhackers hat in nustje kompjûters hackt en dêrmei meitsje hja it de Amearikanen net maklikker. Yn alle gefallen sitst oant it ein op it puntsje fan de stoel. Ik wie trouwens de ienigste yn de filmseal dy't op it puntsje fan de stoel siet want der wiene gjin oare besikers. It wie middeis en alle bern sieten by Shrek fansels. Op spesjaal fersyk waard dan ek it skoft wat ynkoarten. Dêrmei komt myn film top 3 op dit stuit sa út:- Die Hard 4.0
- Pirates of the Caribbean, at Worlds end
- Mr. Bean's Holiday
Mr Bean kinst wol op dvd sjen of wachtsje oant dat er op tv komt. Dy oare twa kinst rêstich efkes foar nei de bioskoop ta. Ik bin benijd op hokker plak de Transformerfilm komme sil yn dizze film top tich...
Op de tandem troch it Rottefalster bosk
It wie fannejûn noch lekker waar dat wy hawwe foar it earst in echte tocht makke op ús tandem. Wy hiene fansels al efkes nei myn skoanâlden ta west mar dat wie in ritsje fan noch gjin 5 minuten dus dat telde net echt mei. Sakrekt hawwe wy efkes in rûntsje om de Leyen west en dat wie dizze kear gjin 'leydenswei'. Mei faasje setten wy ôf nei Eastermar dêr't wy yn ferbân mei de doarpsfeesten efkes in stikje fan de grutte wei misbrûkt hawwe omdat wy oars mei de fyts tusken de botsautokes en de draaimole troch moasten. Dêrnei mei ús 2 mk (minskekrêft) by de wyn op en doe by de fûgelhut of hoe't it hokje ek mar neamd wurdt efkes pauze. Dêrnei mei faasje nei de Pein ta en fanôf de brêge hawwe wy efkes koart mei 38 km yn it oere fytst. Dat gie hardstikke moai mar de freondinne stoppe mei traapjen en dan is sa'n faasje der rap wer út fansels. Wy ha it ritsje besletten mei in tripke troch it nij oanplante Rottefalster bosk. It gers is dêr net twa kontsjes heech mar de beamkes ek noch net dus dêr wie noch net in soad wille oan te beleven. Uteinlik hawwe wy de 18 kilometer dien yn minder as in oere. Dat foel dus genôch ta en hjirmei is de tandem dan ek offisjeel goedkart. Der moat allinnich noch efkes nei de sadelynstellings sjoen wurde...Keiweak
Ik seach nieskrekt dat it keibestjoer de keiwike oanpast hat. Gewoanwei begûn de keiwike, de yntroduksjewike foar studinten yn Grins, altyd op tongersdei wêrnei't dizze eindige op woansdeitemiddei op it túnstrjitteterras by Bernlef. De nije kijwike, eins mear in kei-midwike, begjint moandei en eindiget al op freed. Dat betsjut dat wy as âldleden no net mear efkes lekker in wykeintsje kei mei pakke kinne mochten wy dat wolle. Welke omkoal dit betocht hat wit ik net mar ik fyn it apart dat se it der sa troch krigen hawwe want de keiwike is dus ek noch in dei koarter wurden ek. Dêrmei kin it fansels better omdoopt wurde yn 'Keiweak'.Piraten yn Drachten
Nei myn bioswille fan juster hiene de freondinne en ik hjoed beide de dei frij hâlden. It doel wie om der op út mei ús tandem mar de waargoaden lieten dat net droech ta. Uteinlik ha wy dan ek mar besletten om middeis efkes nei de bioskoop te gean want der stean noch in hoop films op myn (en har) ferlanglistke. Ik hie ek noch net earder yn de bioskoop fan Drachten (Biosdrachten) west dus dat waard ek wol in kear tiid. Ik koe fia ynternet bestelle wat der úteinlik yn resultearre dat myn namme op it bioskoopkaartsje printe stie. Wie ik juster al nei Bean west, hjoed haw ik nei Pirates of the Caribbean west. Oan de namme te sjen soe dat wat mear wêze moatte as de film fan juster en dat wie it ek seker. De film begûn om 16.20 en om 19.30 kamen wy pas wer út de tsjustere keamer fan Biosdrachten wei. Der stiet spitigernôch al in skoft yn krekt lykas by dy ellendige Must See Euroborg mar by sa'n lange film is soks ek wol wer noflik fansels foar de noadige sanitêre ûntlêsting. Ik sil jim fansels net fertelle wêr't de film oer giet mar ik kin jim wol fertelle dat it wer in grut spektakel wie. Minsken dy't de film sjen wolle kinne allinnich wol better earst part 1 en 2 efkes sjen. De bios yn Drachten is hjirby trouwens ek offisjeel goedkart...Bean en bioswille
Ik hie al it smoar yn oer de Must see Euroborgbioskoop mar dat is der hjoed net in soad better op wurden. Ik moast hjoed wurkje oant 14.30 en ik moast foar it lêst plúmkejeie om 19.00 en omdat hinne en wer ride nei de Rottefalle ek jild en tiid kost haw ik der foar keazen en pak efkes in filmke om de tiid troch te kommen. Ik hie mysels foarnaam om de auto op it wurk stean te litten en rinde nei de Must see Euroborg te gean om sa parkearjild út te sparjen. It reinde in bytsje mar ach, it wie ticht by tocht ik. It die bliken dat it dochs noch hast in heal oere rinnen wie en doe't ik om 15.00 by de bioskoop kaam wie er noch ticht ek. Der wiene allinnich in pear skilders dwaande. No doe hie ik sa it smoar yn dat ik de auto ophelle haw en dêrmei bin ik nei Pathé riden wêr't ik nei Bean west haw. Dizze film wie wol ûnderhâldend genôch om net yn sliep te fallen. Dochs foel it my ek wol wer in bytsje ôf. Yn de koarte filmkes is mr Bean folle grappiger. No is it eins wat te folle útrekt en dat komt de film net ten goede. Echt in goed ferhaal sit der fierder ek net yn dus wachtsje mar oant er op tv komt soe ik sizze...Weimisbrûker
Ik mei altyd graach nei tv programmas sjen lykas Blik op de weg as Wegmisbruikers. It is altyd moai om te sjen hoe mâl at guon lju it dwaan kinne op de dyk. By guon giet it neidat hja oanhâlden wurden binne noch mâler. Bynammen de Friezen hawwe dêryn gauris in heech amusementsgehalte. Hjoed skeelde it mar in kamera as ik hie ek op tv kaam. Ik wie mei myn auto opwei nei Pathé yn de binnenstêd fan Grins en it reinde dat ik wie fan doel te parkearen yn de garaazje ûnder de bioskoop. Mar troch efkes de kop der net by te hawwen wie ik de ôfslach nei de garaazje al foarby en omdat der in auto efter my riid koe ik ek net hurd efkes werom. Dan mar in rûntsje om tocht ik sa. By de ôfslach Herewei moast ik wachtsje foar in sebrapaad. Der wie ek in plysje op in motor dy't fan de oare kant kaam en dy woe de Herewei op. Ik woe rjochtút mar de minsken op it sebrapaad bleaune mar kommen. Doe't ik úteinlik rom baan hie fleach ik rjochtút en sa kaam ik úteinlik op de Rademarkt dêr't ek in parkeargaraazje wie. No ik tocht, dan moat er dêr mar stean mar doe seach ik yn myn spegel dy selde plysjemotor wer. Dizze kear hie er in boardsje oan mei stop - politie derop. Ik wie my fan gjin kwea bewust mar fansels bleau ik stean dat ik waard oan de kant setten. De plysjeman woe myn ryd- en kentekenbewiis sjen dus dy haw ik him toand. It die bliken dat ik troch in laad- en lossône riden wie dêr't ik mei de auto net delmocht. Ik haw tsjin de bêste man sein dat ik dat sa gau net sjoen hie troch de drokte op it sebrapaad en dat ik wend wie om mei de fyts troch Grins te krossen. Hy wie sa aardich en hâld it by in warskôging. Dêrmei bin ik mei myn 32 jier noch altyd boetefrij en dat koe fansels in moai soad minder...RIHA útstapke
Juster hiene wy it jierlikse útstapke fan de RIHA, de ûndernimmersferiening fan de Rottefalle dêr't ik sûnt koarten ek diel fan útmeitsje. As nij algemien lid fan it bestjoer hie ik mei dit útstapke noch net safolle te krijen. Myn taak wie it om de útnoegings printsje te litten. Al it oare wie al regele. Wy moasten om 18.00 by Iesicht wêze wat ûnder Aldegea falt mar wat foar myn idee mear by de Feanhoop heart. Jierren ferlyn kaam ik dêr altyd wol del mei de rûnfeartboat at wy nei it skûtsjesilen giene op de Feanhoop. No wie it der in stik rêstiger al siet it yn it restaurant noch frij aardich fol. Wy hiene fansels ek wol honger mar dy honger moast noch efkes wachtsje want wy soene earst noch efkes mei it 'Bruine leven' te skûtsjesilen. It hie dy dei net bot moai waar west mar jûns waard it better. En neidat wy fan wal stutsen waaide it ek noch wol in bytsje. Mei 21 minsken fan de RIHA en trije bemanningsleden wie it gesellich drok oan board. It sylde moai en in soad minsken fûnen it dan ek fierstente koart. Mar de fleisbriederij makke fansels in soad goed en der wie ek fleis genôch. Doe't elkenien al klear wie mei iten bin ik der ek mar mei ophâlden. It wie in gesellich útstapke wat absolút foar werhelling yn oanmerking komt. Al kin it fansels ek samar wêze dat wy kommend jier wat oars organisearje...Merkpleats part II
Juster haw ik myn earste ferkeap dien fia de merkpleats en dat foldie sa goed dat ik hjoed myn earste oankeap ek fuort mar dien haw fia marktplaats. De freondinne sit altyd te eameljen dat ik mei moat te fytsen mar wannear't wy dan te fytsen gean dan kin ik like goed neist de fyts rinne sa hurd gean we dan. Sleau fytse makket jo net allinnich lichaamlik mar ek geastlik wurch dat dan haw ik rap myn nocht. Der wie fansels mar ien oplossing, wy moasten op syk nei in tandem. Op de eilannen haw ik al in pear kear op in tandem fytst en ek op fakânsje mei de freondinne hawwe wy al ris in tandem hiert. No hawwe wy fia marktplaats dus in tandem fûn hjir net iens sa fier wei. Dy ha we hjoed kocht. De freondinne is mei de auto weromriden, ik op de tandem. Hy sjocht der noch moai út en wy ha der ek al efkes tegearre op fuort west. No kin wy tegearre noch hurder as ik allinnich...
Merkpleats
Hyves Kluitman - Fryske Kameleonfilm
Ik seach krekt dat útjouwerij Kluitman, de útjouwer fan Kameleonboeken en boaiumprosedures, no ek aktyf is op hyves. Op http://kluitman.hyves.nl besykje hja wat freonen te garjen. No haw ik op dit stuit al twa kear safolle freonen as Kluitman mar dat docht der fansels net ta. It like my wol aardich ta en meitsje ek efkes in hyves foar de Fryske kameleonfilm. Dizze kinne jim fine op http://fryskekameleon.hyves.nl en it is fansels de bedoeling dat dizze hyves ynkoarten folle mear freonen hat as dy fan de útjouwerij. Wurd dus rap allegear efkes freon fan de Fryske kameleonfilm om sa de útjouwerij efkes sjen te litten dat wy net allinnich stean...Foppe kin it noch fier skoppe
Myn hert slacht my noch yn de kiel fan de sinderjende strafskoppesearje tusken jong Nederlân en jong Ingelân. Troch in geweldige traap fan SC Heerenveenspiler Gianni Zuiverloon ha se oppenij de finale helle. Ald Heerenveendoelman Boy Waterman hie dêrfoar al 3 strafskoppen stoppe. Dat mocht ek wol fansels want hy hat der ek in stik as 12 fleane litten. It moaiste momint fan de wedstryd wie fansels Foppe dy't it fjild op fleach om de skiedsrjochter efkes te melden dat ien fan de Ingelske spilers sawat oerslein wurde soe yn de searje. Wylst de skiedsrjochter de kaarten al yn de hân hie en ik ferwachte hie dat er Foppe mei read nei de tribune stjoere soe joech er Foppe gelyk. Spitigernôch skeat de skiterige Taylor him doch tusken de peallen. Net folle letter wie it dochs feest en no mei Foppe him foar de twadde kear yn 2 jier tiid opmeitsje foar in finale. Yn de griene hel fan Grins dy't foar de gelegenheid grif frijwat oranje wêze sil kin se wer Europeesk kampioen wurde. Mocht him dat slachje dan moat Foppe fan de KNVB fuort it mandaat krije en nim dizze spilers oer 3 jier mei nei it grutte WK ta...
Wachtlist
Hjoed haw ik oer de post de earste druk krigen fan 'het pad van de midewiwin' fan myn nichtsje Hetty Zonderland. Hoewol't ik tige nijsgjirrich bin nei it boek moat it dochs efkes geduld hawwe want ik lês op dit stuit al op myn wurk 'De lord of the Rings' en thús 'the hitchikers guido to the galaxy' dy't beide sa'n 1000 siden telle. Dêrneist haw ik noch de foarste seis boeken fan Harry Potter op de kast stean en at ik dy úthaw is diel 7 fansels ek al út. Dêrnei is Hetty oan bar dat jim moat noch efkes geduld hawwe ear't ik de ynhâld fan it boek besprekke sil. De bûtenkant sjocht der yn elk gefal goed deeglik út...Fûgeltsjes
Omdat Jarig nei it matinee fuortriden wie sûnder syn bêdeguod hawwe de freondinne en ik fannejûn mar efkes nei de Van Houtenleane west. Jarig hie it de hiele sneon hân oer syn fûgeltsjes en it ûnderkommen dat er dêrfoar oan it bouwen wie. Wy woene dat fansels ek wol efkes yn it echt sjen. Yn it hûs dat Jarig kocht hat moat noch it ien as't oar barre mar hy hat it op't stuit dus drok mei syn foljêre want wy hawwe it hjir oer echte libjende fûgeltsjes en net oer bearenburchgleskes sûnder poat fansels. Efter yn syn tún hat er drok oan it klussen west en sa ûntstiet op de helte fan syn tún straks in paradyske foar fûgeltsjes. Wat my oanbelanget mei er der wat gong efter sette, dan kin wy ynkoarten wer nei in hûsferwaarmjend feest ta...Bêst genôch
Nei myn yngenieus 'noechje dysels mar út en kom del systeem' wie it fansels dúdlik dat der in man as 20 komme soene. Ek wist ik krekt wat dizze minsken drinke woene. Op 'm sels in folslein flaterfrij systeem wie it net dat der altyd noch in minsklikke faktor efter sit dy't der foar soargje moat dat minsken op it júste momint op de bus, de fyts as yn de auto stappe. No hoecht dat noch gjin probleem te wêzen want guon gasten fûnen it sa leuk yn de bus dat se de halte foarby riden, mar mei harren froulikke sjarmes wisten hja de bussjauffeur sa fier te krijen en set harren alsnoch foar de doar út. Ik krige doe ek de earste ôfmelding want de lytse man dy't ek wol bekend stiet as de punkkabouter wie de man mei de hammer tsjinkaam ofsa. Yn alle gefallen hie er wat lêst fan ûngestelde earen en in 0 promillekater. Der soene noch wol mear minsken fersake mar gelokkich waard dit ek wer wat opheft troch minsken dy't spontaan wol kamen. Al mei al is it allegear prima ferrûn. De (drank)glêzen bin allegear noch hiel, de sonnema is sa goed as op neidat Jarig de lêste folle flesse opkocht hat. Ik sit no allinnich noch mei in friezer fol hapkes en in kelder fol bier mar dêr sil grif jitris wat fan fuort reitsje. It matinee wie ek tige slagge tocht ik sa en lykas altyd moast der fansels wer immen syn waskguod lizze litte. No ja, dit wie foarlopich ús lêste hûsferwaarmjend feest mar it wie seker de muoite wurch. Tige tank foar jim oanwêzigens en ik soe sizze, keapje mar rap in hûs. Dan noch efkes in lyts berichtsje foar buorman Rik, oare kear moatst better telle mantsje, mar bedankt foar it komplimint...Lit it túnpart mar sitte
Ik wie fan doel om hjoed de hiele dei mei freonen yn de tún te sitten om sa fan myn bier ôf te kommen mar de waargoaden woene ús eigen hûs en túnfeest leaver yn it wetter falle litte. Fandêr dat it túnpart no beheind wurde sil ta in koarte rûnlieding. Fansels sil fannejûn it eigen hûs part net minder wurde. Ik bin tige benijd hoe't it allegear gean sil. Al moat ik no fansels wol de hiele dei wachtsje op de gasten en dat mei in freondinne dy't alles graach yn it foar skjin makket (en meitsje lit). De himmelstress is dan ek wer fûleindich yn har plasse slein...Megalomaan ynkeapje
De freondinne is al wer hielendal yn de stress foar it 'eigen hûs en túnfeest' fan moarn. It waar is net sa denderjend leau ik dus it sil wol bynammen in eigen hûs feestje wurde en net sa sear in túnfeest mar sa moai is ús tún dochs ek noch net. Yn alle gefallen haw ik in kapfergunning krigen foar in âlde ferrotte beam efter hûs. Ik moat dan wol in nij beamke plantsje mar der stiet net by wannear't soks barre moat en wêr. Dêrneist kin ik beamkes mei in stamme fan minder as 10 sintimeter sels sûnder fergunning roaie. It hat dan ek net in soad om de hakken. Hjoed haw ik efkes ynkeapen dien en sa haw ik no alle friezers wer stampfol mei lekkers lizzen. De kelder fol mei trije soarten bier (myn freonen bin sinnich), íen soart bearenburch en ien soarte fan surrogaatburch. Spesjaal foar de leafhawwers haw ik fansels noch wat drinkbare lampoalje kocht dat it sil der wol wer omwei gean moarn. De freondinne is bang dat wy wat oerhâlde. Ik bin dêr net bang foar, ik bin dêr wol wis fan. Mar better trije kistjes tefolle as ien fleske te min. Mochten jim jim noch roppen fiele, wy begjinne moarn om in oer as 20.00Mingde gefoelens
Op it flafabryk hiene hja de sluting noch net ferwachte en dêrmei is de klap foar guon dochs wol frij hurd oankaam. Friesland Foods kin dan wol sizze dat der 70 wurkplakken ferdwine en dat der gjin minsken twongen dien krije mar sa is it fansels net. Sy prate dan allinnich oer de fêste meiwurkers. Dêrneist bin der fansels ek noch in moai nustje útstjoerkrêften, skjinmaksters, ketering en net te ferjitten de frachtweinsjauffeurs. De frachten bliuwe der fansels wol mar fanút Grins as Fryslân hielendal nei Nijkerk ride om in frachtsje te riden is fansels gjin dwaan. No begjint wer in jier wêrby't de bêsten útnaaie, de kânsleazen bliuwe en wêr't de mentaliteit en de ynset nei ûnderen bysteld wurden is. Oerwurkje foar in fabryk dy't sluten giet, dêr ha de measten gjin sin mear yn. Ik bin bang dat wy de moaiste tiid hân hawwe yn Grins. Ik moat ek mar ris wat om my hinne sjen. At jim no allegear efkes in hostingpakketsje by my bestelle dan kin ik dêr faaks noch wat brea mei fertsjinje...Net echt flalalala
Miskien hie ik juster al in nuveraardich ûnderbúkgefoel wat opstegen wie nei myn holle mar no lês ik krekt op Omrop Fryslân.nl dat Friesland Foods it flafabryk yn Grins ticht goaie wol. It fabryk sil yn 2008 ticht gean en dat nijs foel my nieskrekt dochs wol wat rau op myn dak. Fannemoarn om 6.30 wie ik noch yn Grins oan it wurk en net ien wist doe noch earne fan, yn elk gefal noch net op de wurkflier. Ik mei hoopje dat se fannemiddei efkes ynformearre wurden binne mar ik moast it no krekt dus út de media fernimme. Fannacht om 22.30 mei ik wer oan de slach op it fabryk en ik bin bang dat de sfear dêr net ferbettere is troch dit nijs. It sil wol in drege nacht wurde mei in soad ekstra wurk want sok nijs motivearret jo fansels net ta grutte dieden. Yn alle gefallen wol ik by dizze al myn kollega's fan sawol Capac as Friesche vlag in soad sterkte tawinskje yn de kommende tiid...Pine yn it dak
Ik fiel my net sa denderjend hjoed. Op de ien as d'oare wize haw ik in soarte fan foarharsensûntstekking ofsa. Of miskien is it ek wol hiel wat oars mar myn foarholle is hjoed wat sleau. No moat ik fannacht ek noch oan it wurk dus dat sil allegear wol net echt toppy joppy gean. No ja, ik hâld it mar koart want fan it tikjen op it kaaiboerd wurdt myn kop net folle better...Ofskied fan de plúmkejeiers
Noch in stik as trije kear en dan is it plúmkejeien by de BC GO! ferline tiid. Oar jier sil ik nei alle gedachten yn Drachten spylje. Hjoed wie Frans al foar it lêst want dy sil oar jier ek nei in âlde klup ta. Dêr hie ik noch net by stil stien. Al dy minsken dêr't ik yn de ôfrûne jierren in plúmke mei hinne en wer jage haw sjoch ik straks faaks nea wer. No ja, miskien dat ik guon lju yn de kompetysje noch jitris tref...Wol de echte man stean gean (en hout helje)
It is de ôfrûne dagen wer ideaal fleisskroeiwaar west. Wy hiene dêrom ek mar in fleisskroeier oanskaft. Net sa'n hiele djoere want dêr wol de freondinne earst better oer neitinke. Nee wy hiene gewoan sa'n hiele goedkeape fan minder as fiif euro dy't je yn it foar mei lytse prutsskroefkes yn elkoar sette moatte. Omdat ús tún noch net echt sfearfol is hawwe wy de fleisskroeierij hâlden by myn skoanâlden. No hie ik fan minsken fan harren leeftiid dy't sa moai frijsteand wenje wol ferwachte dat hja wat mear fleisskroeiûnderfining hiene mar dat foel frijwat tsjin. It makke ek net út fansels want ik rêd my der wol mei. Ik hie thús, no ja bynammen op de boat dan, yn ús heit in goeie learmaster. Oanmakblokjes, houtskoal der op, dêrnei wat briketten en dan mar efkes rêstich ôfwachtsje oant it swarte der wat ôf is. No wy hawwe lekker iten en oan it ein fan ús itentsje wie der sels noch in aardich miel oer. Doe begûn fansels it fikje stoken. Yn en om de tún lei genôch dea hout dat de flammen koene har gong gean. Yn earste ynstânsje seach skoanmem eangstich om har hinne oft der net in amerke mei wetter wie mar skoanheit krige de gong ek te pakken. Mannen bin no ien kear gek op fikjestoken. Ik bin dan ek bang dat ús fleisbriederke ynkoarten wol wer ynset wurde sil as allesbaarner, al dan net mei fleis der op...Wer 5 jier Hollander
Sûnt juster haw ik wer in nij paspoart. Dizze kear gjin blonde kop op de foto (it foarige paspoart stie ik mei myn blonde Kees Dijkstra prúkje op) en ek gjin Groningen deryn mar gewoan Smallingerland. By myn nasjonaliteit stiet Nederlands en dat is op 'm sels wol spitich. No begryp ik ek wol dat it Nederlânsk regear gjin Fryske nasjonaliteit tastiet yn it paspoart. Ik nim ek oan dat der by oare Allochtoanen ek net Turks as Marrokaansk stiet. Dy Turken en Marokkanen hawwe gewoan twa paspoarten. Ik soe der dan ek noch wol in paspoart by ha wolle dat seit dat ik Fries bin. Mar ja, wa soe dat no ôfjaan moatte?Hollânske nijen
De hjerringstân is troch ús float wer wat fermindere. Dat betsjut dat de flachjes wer wapperje kinne en dat de sipels wer yn fine stikjes snien wurde kinne. Ik haw nieskrekt efkes in nije hjerring kart en dy smakke wol goed om net te sizzen nei mear. Fansels wie it fiskje oan de priis mar ik haw se letter ek noch by de jumbo lizzen sjoen en dêr betelle men der mar 1,50 foar wat genôch tafoel fansels. Ha jim al nije hjerring hân?De Laguna is wer kâld
Fannemiddei koe ik de Renault Laguna wer ophelje by de garaazje. Der sit in nije kachelmotor yn en se ha in nije kondensor pleatst. No is it wer lekker koel yn de auto en dat wie ek moai op tiid want it is waarm bûten. It ienige neidiel fan sa'n kâld autoke is dat je der goed om tinke moatte dat je net besiege. Ek kin it by it ferlitten fan de auto wol ris in bytsje skrikken wêze. No bin ik dat lêste fansels wol wend fan myn wurk...Fytsterreur
Alwer foar de safolste kear is myn fyts slachtoffer wurden fan sinleas geweld al wit ik dat lêste fansels net seker. Want ik hie myn fyts in nachtsje parkeard by it busstasjon fan Drachten oan it Van Knobelsdorffplein. Moai midden yn in lange rige dat neat oan de hân soene je tinke. No kaam er fannemoarn sûnder altefolle skea út it fytserek wie it net dat de ien as d'oare muthûn ien fan myn hânfetten fan de fyts sloopt hat. No moat it dochs net mâler wol. Myn fytspomp wie al ris stellen mar dat skynt normaal te wêzen. Myn snelbiners bin der al ris ôfstellen mar no ek al myn rjochter hânfet. Krekt it hânfet mei de fersnellings deryn dus sa ienfâldich sil it ek net wêze en fyn dêr in nijen foar...Heit krijt se no fan Drees
Us heit is hjoed 65 wurden en dat betsjut dat er dus no AOW krijt. Men fûn dat kennelik sa wichtich dat hiel Sint Nyk dat witte moast want op hast eltse winkel en eltse lantearnpeal yn it doarp siet in foto fan ús heit. Wy wiene dêr trouwens net ferantwurdlik foar. Yn alle gefallen ha wy efkes hinne west en omdat wy in grutte famylje ha siet der dus ek al wat folk. Omdat ús heit eins alles al hat haw ik mar wer in fleske skippersbitter foar de man kocht. Mar dizze kear wie it wol hiel moai ferpakt yn in houten kistke mei twa gleskes der by. It foel yn alle gefallen wol yn goeie ierde en it sil de goeie kiel ek wol fine. Nei 20.00 druppelden de minsken binnen allinnich krekt doe't it shantykoar arrivearre moasten de freondinne en ik wer nei hûs want ik haw straks nachttsjinst. Spitich mar it wie fansels ek al fol genôch yn de herberch...Plúmkejeie XL
No't de plúmkejeierskompetysje der op sit en der net mear treent wurdt kin der alle moandeis troch de leden frij spile wurde fan 19.00 oant 22.00. Gewoanwei wie dit opdield yn in groep fan 19.00 oant 21.00 en in groep fan 21.00 oant 23.00. No komme de bettere spilers dus ek earder en wy kinne ek noch ris in oere langer spylje wat fansels hardstikke leuk is. Ik haw my dan ek kostlik fermakke moandei mar yn it lêst wie de krêft al aardich op. Faaks haw ik moandei wat mear kondyzje...Metaaldetektor
Hoewol't de famylje Spoelstra de twa grutste skatten al kwytrekke is oan frjemden binne hja noch altyd op syk nei it skip mei jild as de pot mei goud oan it ein fan de reinbôge. Om dêr wat by te helpen hat skoanheit juster fan de bern in metaaldetektor op syn jierdei krigen. Fansels moast it ding ek efkes útprobearre wurde dat wy hiene it gazon alfêst mar efkes bestruid mei ferruske spikers, teeleppeltsjes, in skjirre en in inkeld dûbeltsje as kwintsje. Mar omdat der gjin batterijen by sieten en de batterijen dy't skoanheit earne wei toverde net alhiel fol mear wiene waard it dreech om alles werom te finen. Yn stee fan in soad jild te finen sil der ynkoarten dan ek wol socht wurde moatte nei in potsje ter ferfanging fan de meanmasine...De brulloft part II
Ik bin in fan wurden fan de Twentse brulloften. By it waarm miel krigen wy yn earste ynstânsje net in hiel soad te iten. Mar omdat se it wol hieltyd wer oanfollen bleaune wiene wy healwei de rit dochs al frijwat takocht. En doe kamen se noch mei byfstik en rollade del. It koe net op, bynammen ek de asperges smakken tige goed. Doe begûn it feest sels en de famylje druppele binnen. De ien hie in bêd en brochje regele, de oare in boerekemping mar ek in tal omkes en muoikes wiene mei in bob op stap. De jenever sânomheech floeide danich en it wie gesellich. De band, Roofgarden, die ek goed mei om de sfeer te ferheegjen. Mei as absolút hichtepunt de Jumpstijloevening fansels. Wat koene dy minsken springe. Ik siet sels wat te strak yn it pak om fatsoenlik mei te dwaan en ek oare lju hiene dat probleem want doe't wy it bruidspaar efkes mei stoel en al fan de grûn pakke soene skuorde dêrby ien fan de hearen flink út syn broek. Mar op it húske waard dat mei in nytmasjine wer keurich oanelkoar niten. Rinkje woe net hawwe dat wy stikjes diene dat ynstee dêrfan hiene wy de smeuïge dingen op in bryfke set en yn de seal omparte. Om dochs noch wat oan stikjes te dwaan sopen wy ús in stik yn de reet. De freondinnen lutsen harren fan it stikjesferbod neat oan trouwens. Elkenien wit no dat Rinkje har fjouwerbaansdyk net altyd like goed meant. Oan it ein fan in moai feest wie der in taksy regele dy't ús wer by de âlden fan Marcel brocht hat. Dêr ha wy bêst sliepen en de oare deis ha wy mei heit en Rinkje har skoanheit efkes de autos wer by Assink weihelle. Wy bin dêrnei ôfsetten nei de Aspergeboer om noch in leuk oantinken mei nei hûs te nimmen yn de foarm fan in kilo asperges. Jûn sille wy dan ek wol wer lekker ite kinne...foar fotokes kinne jim fansels op www.rinkje.nl sjen!
Tsjûge fan in moaie brulloft
Fannemoarn soene wy om 7.15 yn de auto sitte op wei nei Goor. Myn suske sil hjoed boaskje en ik bin ien fan de tsjûgen dat ik woe fansels net te let komme. Mar troch dat froulju altyd wat mear wurk hawwe as plent wie it fansels dochs pas 7.30 doe't wy riden. It wie foar it earst dat wy fanút de Rottefalle nei Goor moasten dus wy mochten efkes in nije rûte sykje. Wy ha der mar foar keazen om fia it Hearrenfean oer Swolle te riden. Wy wiene al wat warskôge foar files by Swolle en eventueel op de A1 mar dy wiene der gelokkich net. Sa kamen wy moai op tiid oan by de âlden fan Marcel. It bruidspear wie doe al dwaande mei in fotosesje. Se hiene in ferrari regele foar it transport en Marcel mocht dêr sels yn ride. Fansels haw ik ek efkes yn de Ferrari lein. Neidat myn strik efkes opnij stikt wie en bliken die dat dizze eins wat te koart wie foar myn bjusterbaarlik lange lichem riden wy yn konfoai nei it gemeentehûs dêr't ús Beppe ek al stie te wachtsjen. De trouwerij begûn om 10.30 en yn it hypermoderne gemeentehûs siet de seal groadfol. De trouamtner koe it wurdsje wol dwaan en troch in technyske steuring fan it lûdssysteem krige Rinkje nei it jawurd fan Marcel ek noch wat ekstra betinktiid. Mar sy wist it seker en nei har "ja" wie it dan hast offisjeel en mochten hja al efkes tútsje. No kaam foar my de drege taak en sit tegearre mei Marcel syn broer René ús hântekening yn it trouboekje. Net folle letter waard de Ferrari wer starten en sa giene wy op nei it Tsjerke fan Goor om dêr de rinkjes om Rinkje en Marcel harren fingerkes te skowen. Earst krigen wy noch in lêzing fan ús mem Lieske, letter noch wat út it evangely fan Johannes (net ús heit). Doe wiene hja offisjeel trout mar doe moasten der fansels noch in wereld oan fotokes makke wurde. De Friezen dy't al de hiele dei op wei wiene hiene doe wol sin yn in bakje kofje fansels. Even letter giene wy nei Hengevelde dêr't wy by Assink in echte Twentse brulloft fiere mochten. No dat wie in topperke want wy begûnen dêr fuortdaalks al mei in goed miel fan bôle mei hearlike boere ommelet. No bin ik oer it generaal net sa'n aai iter mar ik haw no dochs wol soarge dat Assink syn aai kwyt koe. Net folle letter waarden wy los litten yn in seal dêr't de drank ryklik floeide, in geweldige ADHD'er ús al om 15.00 mei krige yn de polonêse en it wie in fantastysk feestje. Moarn mear oer dit alles...
|
|