Winst en ferlies
Op de dei dat guon Friezen de oerwinning op de Hollanners yn 1345 betochten, foar de feroaring in kear net op it klif sels, krige it Hearrenfean in lytse ôfstraffing fan de Hollanners yn de Kuip. Wy ferlearen mei 2-0 en de Rotterdammers binne it ferline, de lêste wedstryd fan it foarich seisoen, al wer fergetten. It is ommers folle moaier om te tinken oan positive saken. Dêr't wy by it Fean werom tinke oan Abe en de magistrale oerwinning op Ajax giet it by de saneamde topklups bynammen om it no. Dêr soene de Friezen ek ris wat mear nei sjen moatte. Net allinnich werom tinke oan ús oerwinning fan 1345 mar soargje dat wy de slach ek dit jier wer winne. It sil in kear tiid wurde dat Fryslân Europeesk oerwinteret...Kompjûter fan de Aldi
Myn skoanheit hie in âlde kompjûter mei windows '98 krigen fan de freon fan de sus fan myn freondinne. Hiel entûsjast wie er dêr mei dwaande en hy hie ek noch in moaie alles-yn-ien printer/skenner kocht fan Lexmark. Neffens de ferpakking soe it apparaat ek ûnder windows '98 wurkje moatte mar wy krigen it net oan de praat. No woe skoanheit eins wol in nije kompjûter keapje dat hy seach al ris wat om him hinne. Uteinlik haw ik him mar oanrieden om nei de Aldi te gean foar in kompjûter omdat dy moaie simpele snelle en komplete kompjûters ferkeapje. No hat er dus in supersnelle dualcore intel kompjûter mar der is ien probleemke. It systeem draait ûnder windows vista en dêr draait de Lexmark op dit stuit ek noch net op. En omdat skoanheit ek noch gjin ynternet hat koe ik ek net in nije driver delhelje. No kin er dus noch altyd neat mei syn printerke...Cambuurfan as anti AZ?
Guon Friezen binne foar Ajax, Feyenoord as PSV omdat hja súksesfol binne. It is altyd ienfâldich om fan te wêzen fan in tiem wat goed spilet op dat stuit. Ik bin al sûnt begjin jierren '80 Feanfan omdat it Hearrenfean it tichtste by Sint Nyk leit en fansels ek in bytsje omdat it Fean de pompeblêdemouhimden oan hat. Neist it Hearrenfean fyn ik it ek moai as ús oare Fryske ploech, Cambuur, it goed docht. Ik bin gjin Cambuurfan fansels mar se meie wat my oanbelanget twadde wurde fan de Earedivyzje. Yn prinsipe soe myn tredde klup faaks Grins wêze moatte want dêr haw ik ek in skoftke wenne mar myn ûnderfinings mei Grinssûpporters yn it ferline bin fan dyn aard dat ik my dêr net sa by thús fiel. No ja, ik dwaal ek al wer ôf want wêr't ik it oer hawwe wol hjoed is fansels Cambuur. Doe't ik fannejûn nei myn wurk riid yn Grins hie ik de radio op Omrop Fryslân stean. Dêr wie Cambuur - AZ foar en it wie spannend. AZ krige sels in strafskop mei mar dy waard net fersulvere. By it gebou fan de gasuny begjint de Omrop altyd te stoaren, faaks dogge de Grinzers soks mei opsetsin, dat doe waard it efkes lestich. Mar foarby de Euroborg koe ik noch krekt meikrije dat Cambuur de 1-0 makke. Ik bin doe op it parkearterrein fan Friesche vlag efkes yn de auto sitten bleaun omdat it sa spannend wie. Uteinlik wûn Cambuur en sa meie hja krekt lykas myn klup Hearrenfean ek mei lotsje foar de folgjende omloop. No wit ik net at ik wizer bin mei de oerwinning fan Cambuur as mei it ferlies fan ús opkeapers út Alkmaar. No ja, troch in administratyf flaterke fan PSV hawwe de Friezen yn elk gefal noch trije izers yn it fjoer...1 út 2
Lykas ferwachte wûn it Hearrenfean ienfâldich fan de amateurs fan Argon. Mei 3-0 hawwe hja net ûnnedich folle enerzjy ferbrûkt want de kommende wiken steane der wer wichtige partijen op it program. Alves makke syn rentree ek wer yn it pompeblêdemouhimd. Hy moat him fia it twadde werom fjochtsje yn de basis mar it kaam fansels foar it twadde ek wol goed út dat ús kanary mei dwaan mocht tsjin it grutte PSV. Spitigernôch koe Alves it ferskil net meitsje al naam er al wer in geweldige frije traap. PSV is op dit stuit foar de measte klups in maatsje te grut en dat ús beloftes mar mei 3-0 ferlearen wylst Feyenoord der fjouwer om de earen krige betsjut dus dat ús earste alvetal sneon noch genôch kânsen hat tsjin de Rotterdammers...Kanarys vs Kanary
It liket der op dat Afonso Alves moarn de kâns krijt om him werom te fjochtsjen yn de basis fan it earste alvetal troch mei it twadde te bekerjen tsjin P$V. Tegearre mei ús oare kanary Paulo Henrique meie hja besykje it Brasyljaan nûmer trije (eins nûmer 1 fansels omdat er op 'e goal stiet) lestich te meitsjen. Gomes hat yn de kompetysje noch gjin goal tsjin krigen mar Alves skoart fansels hast eltse wedstryd wol. It is dus te hopen dat de beloftes it efteryn better skjinhâlde kinne as de mannen fan ús earste tiem. Mocht Alves spylje en in bytsje syn bêst dwaan dan moat wy him ynkoarten yn it earste mar wer gewoan tasjonge. Al kin de tekst faaks in bytsje wizige wurde:"You are OUR Alves, Afonso Alves, you make us happy when you are there. Cause when it?s pooring you keep on scoring, please don't take OUR alves away."
De PVDA hat no ek in Rita
Je soene tinke dat de PVDA learing lutsen hie út de machtstriid binnen de VVD tusken Rita en Rutte. Dochs gie de PVDA hjoed op de selde wize it skip yn. No mar ôfwachtsje at dizze froulikke kapitein in bytsje rjocht troch de see giet. Hiene hja by de VVD in frommiske yn de striid goait sadat Rutte de ienige man wie. By Jan Pronk wiene der noch in stik as fiif oare mannen en ien froulikke kandidaat. Dat in soad froulju op dizze frou stimd hawwe mei dúdlik wêze. Jan, dy't gauris pronkt mei in oar syn fearen at er wer jild útdiele mei dat net troch himsels fertsjinne is, stiet no mei lege hannen. Fansels is dit foar it lân ek better want in foarsitter dy't syn partij op ramkoers lizze wol mei syn eigen kabinet dêr sit neffens my ek gjinien op te wachtsjen...Falkjesilen part II
Mei ús 10 punten út twa wedstriden die bliken dat wy op in dield fyfde plakje stiene. Dat foel aardich mei fansels en it kaam bynammen omdat hast elkenien yn ien fan de twa wedstriden in minne boat fûn. Sa die it sprekwurd de earsten sille de lêsten wêze alhiel fan him sprekken. Troch ús fyfde plakje krigen wy oppenij de boat dy't as 17e eindige wie. Dit wie in minne rot boat want hy hie ien kear njoggende west en trije kear sawat lêst. Heit siet no wer efter it roer en wy hiene noch wol in aardige start mar troch dat it wer net hurd waaide en wy fansels wol sa'n 260 kilo minsk oan board hiene waarden wy troch guon boaten mei faasje foarby fearn. De blaue boaten wiene ús fansels sawysa foar mar ek de boaten mei 130 kilo minsk dwarrelden oan alle kanten ús foarby. Dat is fansels wol frustrearjend. Ek die de sylkommisje der alles oan om ús mar út de prizen te hâlden troch de wedstryd rûntsje nei rûntsje net ôf te blazen. Elts rûntsje koste ús wol wer in plakje en sa kamen wy oan it ein fan de rit op plakje njoggen terjochte. Dêrmei stiene wy noch wol hieltyd yn de top 6 fan it klassemint want it siet ticht by elkoar. It foardiel fan ús heit syn njoggende plakje wie fansels wol dat wy no boat 12 krigen wat ek noch nûmer 13 blykte te wêzen. Spitigernôch hiene wy ús Jitiizer-Johannes 13 trui net by ús mar tafallich wie it wol. Boat 13 wie ek net in reesmûnster, dat wie al bekend, en earste as twadde koene wy al net mear wurde. Dêr hie de oare groep silers al foar soarge troch wat konstanter te silen. Dochs hiene wy in moaie start. Ik hie al sjoen dat de start der kreas yn lei foar in stjoerboardstart. Mar omdat mear tûke silers dat sjoen hiene wie it dêr drok by de ûnderste tonne. Heit en ik besleaten om it de stjoerboarders ris wat lestiger te meitsjen. Sa kamen wy oer bakboard oansilen oer de startline en krekt op it startskot leine wy dus yn foarrangsposysje hast by de ûnderste tonne. Dêrtroch moasten alle stjoerboardstarters efter ús del wat fansels net yn harren plan paste. Sa sylden wy as earste nei de hege tonne ta mar dêr bleau it dan ek wer by. Want de blaue reesmûnsters en de ferskate oare snelle en lichte boaten kamen wer opsetten en plakje foar plakje rekken wy kwyt. Mei in gelokje waarden in pear boatsjes foar ús troch ûnkunde fan in oar efkes tsjin de tonne drukt en sa koene wy dochs noch aardich stân hâlde. Uteinlik bin wy leau ik as 7e eindige mar wis bin ik der net fan omdat de earste boaten in hiel ein foar leine. Yn elk gefal in persoanlikke oerwinning op heit! By de priisútrikking hie ik nei wat rekkenwurk in plakje by de earste sân foarspeld. It die bliken dat wy as fyfde eindige wiene en dat sûnder ea yn in reesboat sitten te hawwen. Net gek op 42 boaten fansels...Falkjesilen part I
Oan it ein fan septimber stiet altyd wer it tradysjonele falkjesilen fan de WSV Sint Nyk op de aginda. De wettersportferiening hiert dan in moai nustje fan dizze polyester sylboatsjes en dêr sile wy dan it hiele wykein wedstriden yn. Ik moast der dit jier al wer betiid út want troch myn Lost-ferslaving bin ik pas sneontemoarn ôfreizge nei it eilân de Gânzetippe yn it Sjûkemar. Us heit hie regele dat ik om 8.00 yn de haven fan Sint Nyk oppikt wurde soe dat de wekker gie al wer foar sânen. No om 8.00 wie ik by Thys en Marijke oan board dy't my meinamen nei it wedstrydwetter wêrfoar tank. Doe't wy oan de oare kant fan de grutte dyk by it eilân delfoeren telde ik mar 12 mêsten en dat foel wat tsjin wat oare jierren hiene wy altyd wol in stik as 20 boaten. Doe't ik letter op it eilân kaam die bliken dat der wol 21 boaten wiene mar dat guon de mêst noch net oerrein hiene. De 21 boaten waarden ferdield oer twa groepen en ik siet yn groep twa dat ik hoechde pas om in oerke as tolve los. Wy moasten earst wachtsje op de earste groep en it waaide gjin sprút. Doe't de earste groep nei ien folle ronde werom wie waard de wedstryd dan ek útsteld. Sa koene wy earst noch efkes genietsje fan mem har snert mei bakte sipels. Mei troch de sipels kaam der hieltyd in bytsje mear wyn en sa setten heit en ik ôf foar it wedstrydwetter. Earst moast it seil fansels noch in bytsje better dat heit begûn ferskate toutsjes oan te lûken as losser te setten. Neidat alle boaten op it wetter wiene koe de start begjinne. Wy hiene wol in moaie start en sa giene wy as tredde om de heechste tonne. Troch tûk te silen leine wy in tonne letter sels hiel efkes twadde. Mar yn ús striid om plakje ien makken wy in minne slach de mar yn dy't troch de skifterige wyn net goed útpakte. Wy ferlearen in pear plakjes en sa koene wy úteinlik as 5e eindigje. Net in gekke prestaasje fansels op 22 boaten. It die doe al bliken dat der ferskil yn de boaten siet. Der wiene fjouwer blaue falken by dy't hyltyd by de earste seis sieten. Spitigernôch hiene wy sa'n snelle boat net dizze wedstryd en omdat ús heit oan it roer 5e wurden wie krigen wy de wedstryd dêrnei de boat dy't as 17e eindige wie. Mei my oan it roer soe it dreech wurde dizze prestaasje te oertreffen fansels. By de start waarden wy fuort al in bytsje dwers sitten troch Harm en John dy't mei harren blauwe reesmûnster krekt wat hurder koene as ús. Mar omt wy hegerop stjoerden hiene hja mei omheech moatten wat hja net diene. Sa sieten wy dus in bytsje klem en koene wy gjin kant út. John spruts dêrby de prachtige wurden út: "It giet net om in pleats". Tsja, om in pleats gie it net fansels mar in plakje op it poadium soe nei ôfrin wol moai wêze fansels. Uteinlik slagge it om fuort te kommen en troch ús redelikke start sieten wy dochs wer op plakje fiif. Mar omdat de wat mindere silers no in blaue boat krigen hiene waarden wy yn de rin fan de striid dochs wer wat foarby syld. By de lêste tonne leine wy dan ek sânde mar troch rap troch de wyn te gean wêrby't wy de finish noch net oansile koene koene wy yn in lêste stjoerboardslachje dochs noch wer twa plakken omheech en sa eindigen wy oppenij as fyfde. Heit en soan wiene dus hjoed oan elkoar weage. Doe wie it tiid om deltsjes, patat en fisk nei binnen te wurkjen yn de tinte. It wie gesellich al wiene der in protte silers de jûns efkes nei it fêste lân ferhûze. Omdat ik wurch wie bin ik mar betiid op bêd gien.Lost ferslaving
De twadde helte fan it tredde seisoen fan Lost is al wer yn folle hevigheid dwaande en de freondinne en ik bin al wer hielendal ferslaafd oan dizze searje. Alle seisoenen feroarje der in pear dingen dy't wy gauris net oankommen seachen en sa hâlde de betinkers de spanning der goed yn. En omdat hja al oankundige hawwe dat de searje net iuwich troch rinne sil wurkje wy stadich nei in klimaks ta fansels. M8eld en Jelle sille yntusken ek al wol wer drok mei seisoen twa dwaande wêze want ek dy bin sûnt in pear wiken ferslingere oan it Lostavontoer. It grappige is dat at jo de ôfleverings op DVD besjogge it hiel dreech is om te stopjen. Wat dat oanbelanget makket NET 5 it ús wat ienfâldiger troch de show twa kear te ûnderbrekken foar in reklameblok om ús dêrnei mei in klifhinger wer in wike it bosk yn te stjoeren. No ja, nije wike mar wer foar de buis fansels. Mochten jim no ek tinke dat Lost miskien wat foar jim is. Begjin dan net midden yn seisoen 3 want dan snapst der neat fan. Faaks bin de DVD's earne te lien ofsa...SC Heerenveen - Helsingborg IF
Fannemiddei haw ik earst mar efkes nei it Fean ta west om myn seisoenskaart op te heljen. Doe't ik nei it parkearplak by it stadion woe waard ik al hast tsjinhâlden want de parkearplakken wiene fansels al reservearre foar bepaalde lju foar fannejûn. Jûns haw ik Jelle efkes ophelle út Aldeboarn. Fia Haskerdijken bin wy oer in slúprûte nei it Fean riden om dêr úteinlik op gepaste ôfstân fan it stadion te parkearen. Yn it stadion troffen wy fansels in nustje bekenden en nei it ynslaan fan wat muntsjes en floeiber guod namen wy plak op de steantribune by de peal dêr't Elp al stie te wachtsjen op de wedstryd. Jelle mocht der hast net yn omdat op syn kaartsje de priis 0,00 euro stie mar ja, it wiene ommers ek frijkaarten fan it Fean. Ik hie ek sa'n kaart mar mei myn Feanútrusting doarden hja my fansels net op te kearen. Doe't de wedstryd goed en wol oan de gong wie wist de kameraman ús sjen te litten dat Afonso Alves ek earne yn it stadion siet. Dat dy earme jonge, je soene der hast meilied mei krije, krige in drege jûn (al hie it noch wol slimmer kinnen fansels). By eltse goal fan it Hearrenfean klonk it "Alves, Alves, who the fuck is Alves? En ek it "1, 2, 3, 4, 5, 6, 7, waar is onze Alves gebleven. Hij is niet hier, hij is niet daar, hij zit bij Dirk Scheringa." klonk gauris. Mar yn de wedstryd wie oars ek genôch te beleven. Yn it foar hie ik in foarspelling dien fan 4-2 foar it Hearrenfean útgeande fan de gauris lekke definsje fan it Hearrenfean mei dêrby dochs wol in produktive oanfal. Nei in goed heal oere stiene wy oars al mei 3-0 foar en it like in gouden jûntsje te wurden. Spitigernôch mochten de Sweden nei rêst fuortdaalks wat werom dwaan en net folle letter stie it al 3-2 wat Europeesk besjoen fansels in min risseltaat is. Gelokkich drukten wy efkes troch nei 5-2 en sa like it dochs noch goed te kommen wie it net dat de skiedsrjochter fluite foar in strafskop. No koe ik dat fierders net goed sjen mar neffens teletekst wie it terjochte dus dat sil dan wol sa west hawwe. Yn elk gefal fûn ik de skiedsrjochter mar in panyksaaier. Hy hie syn namme dan ek mei (Panic). Doe't Verbeek ús skoarende spilers hast allegear wiksele hie (Sibon, Bradley elts 2x) kaam ús nije skaadspits (sjoch syn foto op it grutte skerm) út Poalen ek noch yn de ploech. Sa't in goeie skaadspits heard te spyljen ha wy de man mar weinich sjoen. Nei it einsinjaal wie it dan ek 5-3 wat op 'm sels net ûnaardich is mar Helsingborg bliuwt fansels gefaarlik omdat hja mar mei 2-0 hoege te winnen. Lit ús der yn elk gefal fan út gean dat wy dêr ek ien as twa meitsje dan sil it wol goedkomme en dan kin wy ús Europeesk avontoer noch mei 4 wedstriden útwreidzje. Al hoop ik al dat wy it dan efteryn wat better ticht sette. En faaks kin Alves ek noch leuk yn de spits mei Sibon. Al wie it mar foar de frije trapen mei bananeboleffekt. Mar earst mar efkes op de middenstip syn ekskuses oanbiede oan it publyk want oars koe it wol ris in drege pot foar him wurde...Plúmkejeie yn de Drait
Nei in dei hurd wurkjen koe ik fuortdaalks troch nei sporthal de Drait yn Drachten dêr't ik myn debút hawwe soe by it plúmkejeien. Om 19.45 stie ik noch in bytsje ûnwennich yn de hal mar mei noch in oare nijkommer haw ik efkes ynslein en net folle letter krigen wy ek trening. No hie ik fansels al yn gjin trije moannen in plúmke oanrekke dat it foel noch net ta en doch wat de trener fan ús frege mar it gong noch frij aardich. Nei in oerke trenen begûn it frij spyljen. Ik hie snel efkes myn namme op in papierke setten sadat ik mysels ek op it boerd hingje koe. De minsken dy't al wat langer lid wiene hiene fansels in kaartsje mei in pasfoto derop. Myn neidiel wie fansels dat ik de minsken noch net goed ynskatte koe. Hja koene my fansels ek net mar ôfgeande op myn 'kaartsje' tochten guon grif dat ik in begjinner wie. No dat foel wol ta fansels want doe't wy net folle letter mar mei trije man op de baan stiene en ik oanbea om dan mar allinnich tsjin twa man te spyljen stie ik al rap mei 10-2 foar. Doe woe der noch immen meidwaan mar doe haw ik it mar efkes troch elkoar hussele want allinnich wie ik al te sterk dat mei ús twaën soe it der grif noch slimmer fan wurde (al hoecht dat net perfoarst fansels). Nei de wikseling wiene wy aardich oan elkoar weage en sa ferlearen wy de earste set mei ik mien 22-20. Dit wie in stân dy't de jûns noch gauris wer foarkomme soe. Net folle letter wie ik mei noch trije jonge mannen oan it spyljen en wy wûnen yn trije setten fan ús tsjinstander mei oppenij 22-20. Nei in wikseling, ien winner mei ien ferliezer, waard it oppenij 22-20 yn de tredde set mar no ferlear ik. Dat jout wol oan dat der genôch tsjinstân is om leuk te spyljen mar dat ik it nivo oars ek wol aardich oan kin. Ik haw no al wer nocht yn nije wike. No mar sjen hoe sear't myn spierkes moarn dogge...Wouter matst my...
Doe't de troanrede útsprutsen waard en de miljoenenota bekend makke waard wie ik noch oan it wurk. Mar fansels haw ik al efkes it ien en 't oar der fan meikrigen. En it liket der waarempel op dat Wouter my matst hat. Sa sille wurkjenden en gesinnen mei bern der oant 2011 sa'n 4 oant 5% op foarútgean. Mocht ik dan dus efkes gjin wurk ha dan kin wy altyd noch besykje om bern te meitsjen foar 2011. Der is minder wurk! Ek wurdt de Diesel en de LPG djoerder, tref ik it efkes mei myn benzinemotorke! Bier en sigretten bin ek net oan dizze man bestege en ús hûs is wer net djoer genôch om al te folle lêst te hawwen fan de kabinetsplannen. Dêrmei bliuwt fansels allinnich de syktekosten oer dy't wer mei 150 pp omheech gean sille (bedankt wanbetellers!!!) en de btw dy't nei 20% gean sil. Wat is it dochs moai dat de partij van de arbeid oer de sinten giet...
Meitsje ik dy wekker?
It libben fan in útsjoerkrêft giet net oer roazen en sliepe as in roas is der ek net mear by. Sa hie ik sneintenacht nachttsjinst op it flafabryk dat fan 22.00 oant 6.00 wie ik ûnder de pannen. Mei noch in ritsje oer de A7 foar de boech lei ik om goed 6.30 op bêd. Om goed alve oere gie de tillefoan. It wie it útstjoerburo dat alheal fernuvere wie dat ik noch op bêd lei. Mei de domme fraach "Maak ik je wakker?" begûn de ellinde al en dêrnei waard ik dochs noch mar efkes frege oft ik der ek wat foar fielde om om 14.30 wer oan it wurk te gean. No dêr fielde ik op dat stuit net it measte foar en ik hie ek noch oare dingen te dwaan. Dat ik haw harren fatsoenlik frege om mar nei in oar út te sjen. Oare kear al efkes op de plenning sjen frou Capac want at ik mei gestrekte earen lis dan wol ik eins net steurd wurde. De freondinne kin dêrop fansels in wolkomme útsûndering op wêze...It buorjonkje ensa
Ik bin krekt wer werom út Hillegom dêr't Eelse en Monique juster in hûsferwaarmjend feestje joegen. Hillegom leit krekt wat ûnder Haarlem dat de Laguna hat wer wat kilometerkes makke mar al mei al foel it noch ta. Binnen twa oerkes wie ik teplak. Hja wenje no yn in rijtsjeshûs yn in wyk dy't kwa opbou fan de strjitten wol wat op Beyum liket. Doe't ik de strjitte binnen ried wie ik nûmer 48 al foarby sa like it mar dochs moast ik noch in pear sydstrjitsjes fierderop wêze. Gelokkich hie ik efkes skille oft der noch barbekjoeguod wie want no wiene der yn elk gefal noch hamburgers oer en better noch, der wie ek noch immen dy't se foar my brún bakte. Yn it lytse troch houten sketten omheinde túntsje ha wy efkes noflik sitten allinnich wie dat de lytse buorjonkjes mar min nei it sin. Gebekt lykas hja yn de rânestêd skine te wêzen hong er oer it sket hinne om ús te melden dat er op bêd soe en dat wy dan net mear lawaai meitsje mochten. Fansels antwurde ik him dat dat wol goed wie, mar dan woene wy him moarns om 8.00 ek net hearre. No hy hat wurd hâlden want ik haw 'm net heard. It feestje wie fierder prima foar elkoar en it Fean won ek noch neidat hja doe't ik út de auto stapte noch mei 2-0 efter stiene tsjin de nûmer lêst. Eelse, Monique bedankt foar de wille. Ik tink dat ik noch mar in tukje doch (al haw ik dêr ek bêst sliepen)...Al wer in homohoulik
Neidat wy in pear jier ferlyn al ris tsjûge west hiene fan it houlik tusken Jan en Sandro stiet hjoed alwer de twadde op it program. Hjoed joegen Jan en Hans inander it ja-wurd. Wy ha dizze kear net nei de seremoanje west mar allinnich nei it feestje. Dat waard hâlden yn it hippe Kaap hoorn by de hoornseplas (tafal?). It bruidspear hie betocht dat elkenien in ballon by him hâlde moast. Sa hoegden wy net yn de rij te stean mar it bruidspear wurke sels de balonnen ien foar ien ôf. Dit wurke tige goed. Om 18.00 wie it foar ús wer tiid om op hûs oan te gean. Jûn is der noch feest yn Hillegom by Eelse en Monique dat dêr moat ik ek eins ek noch efkes hinne fansels.Fan de wachtlist ôf
In pear dagen ferlyn krige ik fan SC Heerenveen te hearren dat der noch in pear plakjes frij wiene yn it Abe Lenstrastadion. Sjoen it feit dat ik mar allinnich op de wachtlist stie en net as groep koene hja my fansels op ferskate plakken earne tusken drukke. Ta myn ferbjustering stie ek it Nieuw Noord fak by de mooglikheden. Ik mocht mei in 1, 2 en 3 oanjaan yn hokker fakken ik it leafst plaknimme woe dat ik haw by Nieuw Noord mar 1,2 en 3 delsetten want ik woe allinnich in kaart foar it fanatieke steanfak hawwe oars soene minsken dochs allinnich mar lêst fan my ha. Tinkende dat der foar Nieuw Noord in wachtlist wêze soe en dat it bestjoer fan Nieuw Noord my wol op de hichte hâlde soe at der in plakje frijkomme soe hie ik der net op rekkene dat myn oanfraach honorearre wurde soe. Mar hjoed lei der wer sa'n prachtich kevet fan SC Heerenveen (mei de Fryske flagge as eftergrûn) troch de bus en dêrmei waard befestige dat ik in seisoenskaart krije sil. Dy kin ik ynkoarten efkes ophelje. Fansels is it seisoen al efkes in pear wedstriden âld. Der hawwe al twa thúswedstriden west dy't ik mist haw en dochs betelje ik de folle mep foar de seisoenskaart. Mar wedstriden lykas Willem II en Sparta binne fansels net in ramp om te missen en as kompinsaasje haw ik twa kaarten krigen foar it uefacupduel tsjin Helsingsborg IF. Yn elk gefal haw ik noch gjin wedstryd fan Avonso Alves mist...
Rutte knettergek?
Memmeberntsje Rutte hat it foar elkoar krigen en splits wat der fan de VVD oer wie nei it fuortgean fan Geert 'blonde alien' Wilders jitris yn twa stikken. Mei it fuortstjoeren fan Rita Verdonk, dy't by de ôfrûne ferkiezings mear foarkarstimmen hie as Rutte sels, bliuwt fan de VVD straks likefolle oer as Grien Links no hat. Mooglik sakje se noch fierder fuort en bart der it selde as mei D66. No bin ik op dit stuit gjin VVD stimmer al soe ik dat as ûndernimmer eins wol wêze moatte fansels. Dochs fyn ik it spitich dat it gematige rjochtse no sa fersplinteret want guon loftse partijen krije sa yn ferhâlding wol in hiel soad te sizzen en in kabinet PVDA, SP, Grien Links, leau my mar, dêr sitte wy yn Nederlân echt net op te wachtsjen...BC Drachten
Fannejûn haw ik efkes nei sporthal De Drait yn Drachten west. Dêr trene de leden fan de BC Drachten alle woansdeis yn de edele sport fan it plúmkejeien. Omdat ik al myn heale libben (earst fan 10-20 by de Plúmkejeiers fan Sint Nyk, dêrnei fan myn 28-32 by GBC 63 en nei de fúzje by BC GO! yn Grins) tsjin in plúmke oanslein haw woe ik dêr fansels net samar ynienen mei kappe. Ik haw ek net om neat in nij racket kocht ferline jier. Trochdat ik earst nei in gearkomste fan de RIHA moast wie ik te let om noch in plúmke te slaan mar ik haw dochs efkes yn de sporthal sjoen. Dêr haw ik efkes koart in petearke hân mei de foarsitter en de trener. Ik koe nije wike fuort wol begjinne. It liket allegear hardstikke moai dat ik haw it meikrigen bryfke ek fuort mar ynfolle. Oer in pear dagen bin ik dan ek offisjeel lid fan BC Drachten...Omliedings
Justerjûn wiene hja mei de A7 dwaande tusken Drachten en Grins. Dat betsjutte dat ik hielendal fia Bûtenpost nei Grins riden bin. In ritsje oer de A7 duorret krekt gjin heal oere. No wie ik hast in oere ûnderweis. Wat dat oanbelanget in flinke omwei mar faaks ha wy oer in pear dagen wer in skitterjend moai stikje asfalt op de A7 lizzen. Ek hjir op de Rottefalle bin se goed dwaande mei de doarpsfernijing. Juster wiene de Heidbuorren al ôfsetten en de earste stikjes dyk bin der dêr ek al út. No moat al it ferkear fan en nei de Rottefalle dus oer de efterwei en omdat de Bildwei nei Eastermar ek al in skoftke net te beriden is sit ik no tydlik oan it ein fan in dearinnende wei. Dêrmei is it dan ek lekker rêstich wurden hjir foar hûs dêr't oars, net tsjinsteande de rûnwei noch bêst wat ferkear delkomt. Ik bin benijd wannear't se oan ús hûs tabinne. Dat soe fase 3 as 4 wêze moatte neffens de tekeningen. Wy sitte in bytsje op de grins fan dy twa. No ja, it sil wol efkes behelpen wêze mar it wurdt fansels al in stik better straks.Net ûnder in skûlnamme
Op ynternet hawwe in soad minsken in skûlnamme en it regear wol dit no ferbiede. Sa wolle hja foarkomme dat mannen harren foardogge as bern om sa bern te moetsjen foar harren smoarge spultsjes. No is myn namme fansels Thaeke (Johannes Kuipers) dat foar dizze webloch sil it gjin al te grutte gefolgen hawwe fansels. Oars is it fansels mei guon fora en siden lykas de Ljouwerter krante dêr't hast elkenien ûnder in alias wurket. No kin ik my hast net yntinke dat de ydentiteit te kontrolearjen falt útsein wannear't wy fansels foar tagong op it ynternet ynlogge moatte as wie it op de side fan bygelyks de rabobank. Mocht de oerheid al mear wolle dan moat men earst mar ris efkes yn petear mei de minsken dy't oer de privacy geane. Want at in krimineel dy't eat stellen hat út de winkel fan syn baas al net iens mear op in swart lystje stean mei dan sil ek hjir wol wat reboelje oer wêze. Pedofilen wurde gewoan op 'e Jouwer dumpt at men der yn de Rânestêd neat mear mei kin mar op ynternet meie wy net mear ûnder in falske namme reageare om de bern te beskermjen. Dy oare Taeke soe wol sizze: "hoeje hoeje mooglik net?"Sneintemoarn nei beppe
Ik hie freed tusken Doede Veeman en de priisútrikking yn al efkes nei Beppe ta west mar doe siet Beppe noch te harkjen nei de Breibekken ofsoks. Dat hjoed moast ik de skea noch mar efkes ynhelje en efkes by har del. Fansels sieten der al wer mear want Beppe is hast nea allinnich thús. Dêr hat beppe sels eartiids wol foar soarge mei har tolve bern. Ik wie snotferkâlden dat ik haw my mar wat op ôfstân hâlden. Dochs hawwe wy wol wer efkes gesellich sitten mei Omke Folkert en Muoike Janny. Ek de bern fan Jan en Vivianne kamen noch efkes del by harren Oerbeppe. Doe't de susters beppe foarsjoen hiene fan iten en trienfocht bin ik mar wer ôfsetten nei de Rottefalle dêr't it froutsje al op my siet te wachtsjen sa tocht ik. Mar dat foel tsjin want sy wie te kuorbaljen en sy hie my fansels ek sa betiid noch net by steat achte om auto te riden. No ja, ik bin thús mar it merkefirus hat wol flink taslein leau ik dat myn noas rint hast like hurd as it wetter yn de Lyndford gorge...Keatse en moai wurch
Sneontemoarn 10.00 begjint op it renadoterrein altyd de merkekeatspartij fan KV de Oorsprong. Ek dit jier hie ik my wer opjûn hoewol't ik noch mar ien kear keatst hie earne yn april ofsa. De ferwachtings wiene dan ek by foarbaat al net tige heech. Mar doe't ús mem my dy moarns wekker skopte die bliken dat ik myn kisten noch oan hie. Jim kin jim yntinke dat ik net mear alhiel wist wat boven en ûnder wie doe't ik op bêd gien wie. No ja, mei in flinke kater nei it keatsfjild en sa waard ik as A-maat yn de B-klasse keppele oan Johannes de Lang (Sint Nyk) en Antsje van der Wal (Tsjalbert). No moast ik eins as A-maat in dûbelde funksje hawwe mar it like ús yn it begjin dochs better en lit de oare twa mar wat opslaan. De earste partij kamen wy fuortdaalks op 4-3 foar doe't by ús tsjinstander de A-maat troch de rêch gie. Spitigernôch waard Jan de Wolff bylotte en neidat it earst noch wol 5-3 waard ferlearen wy de partij dochs. Yn de ferliezersronde hiene wy it wat ienfâldiger fansels. Dit omdat ek de oaren al in kear ferlern hiene. Yn de twadde omloop koene de opslagers net iens oer my hinne slaan. Ik stie foaryn te fegen en krige hieltyd mear sicht op de ballen. Omdat Johannes neat te dwaan hie yn it perk haw ik him mar wer opslaan litten. Wy wûnen dizze partij en troch in speling fan it lot stiene wy doe al yn de finale fan de ferliezersronde. Ek hjir hiene wy wer kâns en ik haw ferskate ballen oer de boven riggele mar it wie net genôch en op 5-5 ferlearen wy troch in pear stomme flaters fan myn kant alsnoch dizze partij. Dêrmei wie de twadde priis yn de ferliezersronde feilich steld. Doe koe it neisitten begjinne mar omdat ik sa min wie as in putsje haw ik it mar by kola en AA hâlden. Nei it balskoppen haw ik noch in oerke nei de merke ta west. Myn lêste sweefkaartsje efkes fersweefd en dêrnei bin ik al redelik betiid wer op hûs oan gien want ik wie swak, siik en mislik.De freeds fan de merke
Fannemiddei waard ik goed tolve oere wekker want it wie juster gesellich west yn de tinte en op it plein. Yn it lêst moasten se my sels freonlik fersykje de kroech te ferlitten. Net dat ik fervelend wie fansels mar de barminsken woene wol graach nei bêd ta. No siet myn akwarium ek wol wer aardich fol focht dat ik haw my der mar by deljûn. It akwarium siet wol fol focht mar net fol fisk want dy ellendige fiskboer dy't hjir op de merke stiet giet jûns foar tolven al ticht. No wie der fansels wol wer in nuttige fleisferfanger opskarrele yn de foarm fan in 'kip fan't spit' dat ik hoechde net alhiel op in nuchtere mage troch te bringen. Mar doe't ik by it froutsje in hiele hin mei koarting woe, it skeelde har ommers in knipke, gie it feest al oer. No dan mar de folle mep betelje fansels mar it beestke smakket dan dochs oars al kin dat fansels ek lein hawwe oan it rekkerke wat it frommiske fergetten wie fuort te heljen. No ja, ik leef noch en sa bin ik fannemiddei efkes mei heit en mem nei it Sealesintrum west foar in optreden fan Doede Veeman. No kin ik Doede al wat langer fan foargeande optredens en oare saken by Bernlef dat wy rekken fuortdaalks al efkes oan de praat mar ja, der wie fansels ien probleem. Doede koe fierder net folle minsken yn Sint Nyk dat alle kearen at er earne in namme ynfulle moast wie ik wer de pisang. Sa hie ik in reden yn myn reet op de bonkefeart en mocht ik oergryslik graach skeetsjes litte. No ja, it hindert my net in soad, mar ik hoech ek net alle oandacht fansels. Nei Doede Veeman waarden de prizen bekend makke fan de optocht. It bestjoer fan it VVV is der hiel goed yn om it feest wat op te rekken. Sa is der tongersdei de optocht mei de bekendmakking fan de publykspriis. Freed wurde dan de sjueryprizen bekend makke. Sneon is dan gewoan wer in gesellige merkedei en nije wike sneon sil it sjueryrapport noch in kear taljochte wurde. Ek wer in reden foar in pear gleskes floeibere geselligens. No ja, yn alle gefallen wie de sjuery it mei it publyk iens. De Gaestdyk wûn mei 1,5 punten ferskil de 1A priis. De Grietman krige 1B en alle oare weinen 2A en leger. It sil in kear tiid wurde dat der in ein komt oan de hegemoany fan dy Gaestdyksters. Al meitsje se wol elk jier wer in moaie wein fansels. Jûns haw ik noch efkes nei it fjoerwurk west wat wol moai wie mar ik miste de grutte knallen wat en it tal fijne mortieren wie ek wat beheind at se der al wiene. No ja, it wie fergees fansels dat wy dogge ek net te moeilik. No mar wer it feest yn en moarn wer keatse...Sint Nykstermerke, de optocht
Gewoanwei bin ik moarns betiid altyd wol lâns de optochtrûte te finen mar troch ús fakânsje like it my ferstandiger en kom earst mar efkes in lyts bytsje by fan de lange rit fan juster. De optochtweinen hiene fannemoarn trouwens ek in lange rit want de 'Gladiator' fan de KPJ gie troch de as hinne wêrtroch't de optocht flink útrûn. Yn alle gefallen kaam ik pas om iterstiid yn Sint Nyk oan. Nei dat de boaium lein wie setten wy ôf foar de allegoryske optocht. Wûnder boven wûnder kamen wy fuortdaalks troch de poart al by ien fan de kânshawwers dy't letter ek de publykspriis krige. In hippe moadesjo op in bult rotsoai wêrby't bynammen de klean, dy't makke wiene fan ôffal, hiel knap makke wiene. Net folle letter waard nei in fjoerpylk de optocht yn gong setten. Der wiene wer prachtige kreasjes by al stekten de Gaestdyk, de Grietman en de KPJ der wol wat boppeút. De KPJ wie troch de pech dy't hja moarns hiene efteroan sluten sadat se de optocht net te folle belemmerje soene at der wer wat barde. Fansels gie der ek fannejûn hast wer wat mis. De grutte prahoe fan de Fûgeldobbe, in 20 meter lange Yndonesyske roeiboat, rekke efkes út it roer en farde dêrtroch mei de kont it publyk yn. Gelokkich koe elkenien noch rap oan de kant springe en fong de strjittefersiering dêrnei de kont op. Yn elk gefal wie dúdlik dat de earste priis in spannende finale wurde soe tusken de Gaestdyk en de Grietman. Moarn wurde dy punten pas bekend makke dat dan hearre jim hjir mear oer fansels. Ik woe eins noch efkes nei de taptoe mar de freondinne hie oare plannen. Doe't ik har letter út wuift haw bin ik foar need mar nei de tap ta west...De weromreis
It lêste machtige Full English Breakfast hiene wy noch net heal nei binnenwurke as wy sieten al wer yn de auto. Wy begonnen noch mei wat pielwurk lâns de River Exe mar fanôf Exeter namen wy de M5 yn de rjochting fan Bristol. Nei Bristol giene wy rjocht nei it easten opwei nei de rûnwei der rûnweien: London! Underweis ha wy noch efkes in koarte stop hân foar in bakje tee en in Whopper en doe moast de haadstêd mar efkes rûne wurde. Wy koene bovendel as ûnderlâns mar omdat ik it wol aardich fûn om London om te riden en wy hinneweis al ûnder lâns gien wiene (rojaal, dat wol) ha wy foar de bovenste rûte keazen. Dat dêr in tolbrêge ynsiet koe ús de sek net jûkje en sa kamen wy úteinlik op de M2 nei Canterbury út. Omdat wy noch in oerke oer hiene woe de freondinne dêr noch wol efkes sjen. Wy ha de Cathedral fan in ôfstân besjoen en wy ha ús ferbjustere oer de bern yn skoaluniformkes mar doe wie it tiid om nei de boat ta te gean. Troch de minne paedwizers gongen wy earst wer op nei London, dêrnei troch ûnmooglikke dykjes mar mei noch 5 minuten speling wiene wy dochs noch op tiid foar de boat. Op de boat wie it rêstich en de kok wie dêr sa flau fan dat er ús hast al syn kreaasjes ta ha woe. Mei in board fol fish, chips, griente en dopjertenstampot ofsa en ek noch in bak fol neigesetsje siet ús liif oant barstens ta fol. Yn Calais naam ik it stjoer wer oer en sa kamen wy mei gong wer it fêste lân yn. Omdat de diesel yn Belzenlân goedkeaper wie as yn Frankryk en Ingelân ha wy it tankje noch efkes útwrongen mar wy hellen Jabbeke en koene dêr mei it giele lampke al oan dochs noch wat brânstof krije. Nei in lyts foutsje by Breda kamen wy úteinlik dochs wer yn Fryslân net tsjinsteande de lange weifersmelling yn de polder tusken Emmeloard en De Lemmer. Doe woene hja ús op de A7 ek noch in hiel ein omstjoere nei Drachten. Wy ha dochs mar gewoan foar de rûte oer Beetstersweach keazen. Wurch mar foldien ha wy de tassen yn de auto sitte litten en bin wy lekker yn ús eigen rojale bêd belâne. Want de bêden yn Ingelân wiene wol wat oan de koarte kant. Ik haw begrutsjen mei de Long man of Wilmington wat dat oanbelanget...Lydford gorge en moore ponys
Fannemoarn wie it Full English Breakfast noch útwreider as wat wy al hân hiene. De freondinne hie leaver gewoan toast mar ik woe eins wol it folsleine Ingelske moarnsiten hawwe. It hotelbaaske wie út de skroeven dat ik krige in board fol mei alle bekende dinkjes mar no lei der ek noch frituurde bôle op en black pudding. Wat der krekt yn dy pudding sit wol ik leau ik net witte mar lekker wie it wol. Nei ús moarnsiten bin wy wer fia Dartmoor national park, dêr't de ferhipte ponys wer midden op de dyk stiene as wiene it hillige kij yn India, nei Lydford riden om dêr de Lydford gorge te berinnen. Dit wie de djipste kloof fan Súd Ingelân mei in lyts rivierke op de boaium. De folsleine tocht wie sa'n 2,5 mijl rinnen wêrby't wy earst hielendal boppelâns mochten en nei in tritich meter hege wetterfal gong it paad dêrnei wer werom by de rivier del. Dit wie in prachtich moai stikje natoer wêrby't der yn it ûndjippe snel streamende wetter mannich fiskje te ûntdekken wie. Oan it ein fan de riviertocht kamen wy ek noch by de Devils Cauldron wat in soart wylde draaikolk wie dêr't wy fia in platform midden yn stean koene. Dat wie allegear hardstikke moai en fansels waard de tocht ôfsletten mei in cream tee. It waard al wer wat letter dus ha wy de auto wer starten en fia de lytse dykjes ea en brechjes dêr't de focus mar kwalik oerhinne koe sa smel kamen wy úteinlik yn Torquai oan dêr't wy in ienfâldich miel oan de havenkant naam hawwe. Doe't wy werom riden nei it hotel wie it al sa tsjuster dat wy de autoljochten dochs mar oan dien hawwe. Der passearde ús in mijl foar it hotel noch wol in plysjeauto mar dy kaam net efter ús oan. Sa eindige ús fakânsje wer yn it sfearfolle hotel dêr't it bêd lekker lei. Wy ha it rap wer opsocht...Eindelik it wetter yn
Fannemoarn ha wy de kaai fan ús steansleurhutsje wer ynlevere. Dêrnei ha wy noch efkes op it strân sjoen mar de liveguards wiene noch drok mei flachjes dwaande en wy hiene ek net in hiel soad sin om drekt al mei in broek fol sân en sâlt de hiele dei yn de auto te sitten en einen te rinnen. Jierrenlange ûnderfinings op skierkamp ha der foar soarge dat ik wit dat dat net in goed idee is want it skjirret nochal tusken de fuotten. Wy wiene noch mar kwalik ûnderweis doe't wy op de radio al wat hearden oer in ûngemakje op de wei dêr't wy del soene. Net folle letter stie dêr yndie in blokkade en moasten wy wer fia lytse smelle dykjes fierder. Ek no wer wie it ferskil tusken in dykje en in oprit net altyd ienfâldich en sa no en dan stiene wy dan ek by minsken efter hûs te swaaien. Uteinlik slagge it ús dochs om fia in hikke wer op de goeie dyk te kommen. Mar goed dat wy fan de oare kant kamen oars hiene wy fansels nea tocht dat de hikke oer in trochgeande dyk stie. No koene wy ús doel sjen oan de oare kant fan de hikke en waard it iepenjen in stik logysker. Ik bin der net mear hielendal wis fan mar neffens my ha wy úteinlik swommen by Portcothan dêr't in lytse baai wie mar dêr't de brâning wol frij spul hie om ús goed te fermeitsjen. It ôfgeande wetter soarge ek foar moaie lytse stroomkes wetter dy't fan it strân nei de see woene. Ek haw my dêr efkes in pear deltawurkjes oanlein om sa de rûte fan it wetter wat om te lizzen wylst de freondinne dwaande wie mei it altyd wer oersaaie sinnebaadzjen. Us folgjende doel wie Tintagel dêr't neffens guon de widze fan King Arthur stie, jim witte wol, dy man mei dy rûne tafel. Fanút Tintagel rûn in steil paad nei de see ta en it wie ek mooglik om dit mei in Jeep te dwaan. Wy gongen fansels wer rinde mar der wiene ek âlde lju dy't wol mei de auto giene tsjin in lytse fergoeding. It joech har weinich want by de see moast wer in stikmannich treppens beklom wurde. Op it âlde fort dat op in lyts skiereilân de see ynstuts koene wy alle kanten út sjen en sa wie it fansels ek ienfâldich om de kust yn de gaten te hâlden. Yn in filmke waard útlein dat kening Arthur eins net echt bestien hie mar dat der wol ferskate kenings west wiene dêr't de kening Arthurferhalen op basearre wiene. Ien fan dy ferhalen begûn yn Tintagel. No ja, dy ynformaasje ha wy ek mar wer ta ús naam. Fia in prachtige scenic route troch Dartmoor National park kamen wy fia dykjes fol mei skiep en ponys úteinlik yn Cockhaven manor, ús hotel ticht by Torquai. Dêr haw ik it lekkerste iten fan de hiele fakânsje hân. It begûn al mei in seefruchtensorbet dy't hearlik smakke mar de ein yn reade wyn mei pjiskesaus gong der ek hearlik yn. It baaske fan it hotel wie lekker drok en grappich en sa wie it al wer tiid om it bêd op te sykjen ear't wy it yn de gaten hiene...Lizard point
Neidat wy juster it meast westlikke punt fan Ingelân berikt hiene soene wy hjoed nei it meast súdlikke punt, lizards point, ta. Fansels begûn de dei earst wer mei it bekende Full English Breakfast mar dêrnei gongen wy wer rap nei de auto. Der wie eins mar ien grutte wei nei ûnderen dat wy wiene der al rap. Foar in pear pûn koene wy parkeare en sa ôfdale nei it puntsje. Dêr wie it ek wer prachtich om te sjen. De almachtige see dy't op it puntsje wer goed tekear gie en it ôfgeande wetter wat hieltyd wer nije rotspunten bleat falle liet. Ek wiene der in stikmannich seehûntsjes oan it swimmen. De hege kliffen bliuwe noch altyd ymponearjen en dêrom ha wy ek noch efkes in eintsje fan it South west coast path meipakt. Wy soene eins trochrinne nei Kynance Cove wat neffens de ANWB it besjen ek wurch wie mar omdat wy dan eins it selde paad werom moasten ha wy dat mar net dien. Wy ha op de Lizard mar wer in lekkere cream tee hân en doe bin wy ôfset foar in swimplakje. De man by it parkearplak op de Lizard sei dat wy dan alsnoch nei Kynance Cove moasten dus wy dêr hinne mei de auto. Mar troch it ôfgeande wetter wie it noch te gefaarlik om te swimmen. Wy bin dus mar wer trochriden al hoewol't wy fan de man op de Cove noch al efkes in sneak preview hawwe mochten. It wie der yndie prachtich mar wy sochten in strân mei brâning omdat wy de golven sa moai fine. Fia ferskate lytse dykjes oan de oastkant fan de Lizard kamen wy úteinlik yn Falmouth dêr't wy noch efkes wat omsjoen hawwe. It strân wat wy sochten koene wy net echt fine dat wy bin mar wer werom gien nei de Caravan. Doe't wy de nachts noch in rûntsje om giene om te sjen oft der al nije bewenners yn ús lúksere caravan sieten ûntdutsen wy noch in paadsje nei de see ta. It die bliken dat der ek noch in strân wie oan de oare kant fan it klif dêr't wy al earder op stien hiene, kompleet mei live guards en al. No wie it al te tsjuster dat wy ha it swimmen mar ferplakke nei moarn. Ynstee dêrfan ha wy noch efkes yn it amusementshaltsje west mar dêr wiene allinnich mar bernespultsjes. Sels it poolbiljart wie lyts en leech. Wy bin dan ek mar wer werom gien nei de Caravan. Moarn stiet der wer in moaie lange rit op it programma. Wy ride dan nei in lyts plakje ticht by Torquai.Stress om in bakje tee
Krekt doe't wy fannemoarn ôfsette woene foar in ritsje troch Cornwall kaam it frommiske fan it caravanpark wer del om ús te melden dat wy al ferhûzje moasten hjoed. Sy koe ús no pleatse yn in troch ús boekte 4 stjerrencaravan mar dêr koene wy fannemiddei pas yn. No dat hinderde neat fansels want wy soene dochs de hiele dei fuort. Alles dus mar wer yn de auto en doe op nei St. Ives. Dêr koene wy parkeare boven oan in hege bult. Der wie dan in mooglikheid om tsjin betelling mei in bus nei de haven te kommen. Fansels keazen wie foar de drege put om dit op eigen ferfier te dwaan. Nei ûnderen gong fansels noch wol frij aardich en sa kamen wy yn de haven fan St Ives oan. Mar omdat it leech tij wie stie der mar kwalik wetter yn de haven en de measte boatsjes leine dan ek op it droege. Wy ha noch efkes wat omsjoen op de punt en wat lekkers iten en dronken. Dêrnei moast de freondinne fansels op sûvenierjacht. Middeis setten wy wer ôf foar de auto mar nei boven ta wie al in stik dreger. Hiele lange stijle paadsjes en sa no en dan in trepke rekten ús kûtspieren wer moai op. Faaks kin ik ynkoarten mei it plúmkejeien en it keatsen dêr wer profijt fan hawwe. Mei de auto namen wy dêrnei de scenic rûte nei Land's end fia Cape Cornwall. De lânskippen wiene prachtich en de enoarme kliffen en de heuvels dy't lestich op de gefoelige tsjip fêst te lizzen binne sil dan ek ynkoarten wol earne op dizze side te bewûnderjen wêze. By Land's end hâld Ingelân (eins Grut Britanje) op. It is it meast westlikste plakje en dat moasten wy witte ek. Sa wie dêr de earste en lêste Inn, it lêste hûs, de lêste brievebus en de earste help. Hoewol't it puntsje op 'm sels frijwat toeristysk wie koe der 100 meter fierderop eins sûnder al te folle moeite efkes rêstich ôfstân naam wurde fan al dy drokte. Sa rekken wy dêr noch oan de praat mei in man út Nij Seelân dy't it paad lâns de kust te foet ôflei. Mei him ha wy efkes nijsgjirrich praten oer lânbou en feeteelt, de fresian cows en de molkekwotums ensa. Nei Land's end woe de freondinne in typysk Ingelske cream tee hawwe. Mar alle Inns dy't wy tsjinkamen wiene of ticht of net gesellich genôch. Uteinlik slaggen wy der dochs yn nei lang omriden om yn Penzance oan de kust yn in Inn cream tee te bestellen. Mar de ferwachtings fan de freondinne foelen tsjin want ynstee fan tee mei scones krigen wy gewoan tee mei molke. Dat wie fansels net de bedoeling en it sin waard minder en minder. Doe't wy de tee hast ophiene kaam der ynienen noch in skaal mei farske en noch waarme scones oan. Lekkere luchtige koekjes dy't jo sels mei bûter en jierbeisjem lekker meitsje kinne. No dat wie my dochs in lekker koekje. Fansels fûn de freondinne dat ik der tefolle bûter op smard hie mar it koe my de sek net jûkje. Doe't wy jûns let wer op it park wiene moasten wy oppenij wer oan it stressen mei de bewaker want wy hiene noch gjin kaai en ús tas mei kâld guod stie noch yn de kuolkast by de resepsje. Nei in pear tillefoantsjes krigen wy dochs in kaai en sa sitte wy no yn in wat minder rojaal en lúks útfierde steancaravan. Gjin magneetoven mear mar gelokkich ha wy noch altyd wol in gasoven want wy hiene juster al wat Piza's kocht.
|
|