Ajax - Heerenveen

Yn de beker moast it Hearrenfean it hjoed opnimme tsjin Ajax en Ajax út is fansels altyd lestich. Omdat de suportersferiening in goedkeape busreis regele hie (foar mar ?6,10 hinne en werom ynklusyf kaartsje) wie dit in moaie kâns om ris in kear yn de Amsterdam Arena te sjen. Boppedat koe ik it Hearrenfean dan ek noch wat fokaal stypje. Neidat ik út myn wurk kaam haw ik earst efkes by de Makro in lekker byfstikje nei binnen wurke. Dêrnei haw ik rûntsje troch de stêd riden en dêrby Klaas en Egbert oppikt. Fia it foarum kamen wy der efter dat ek Johan graach meiride woe út Grins wei. Mei ús fjouweren wiene wy al moai op 'e tiid op it Hearrenfean dat wy ha earst noch mar efkes in pear buorrels naam yn ien fan de horekagelegenheden fan it Abe Lenstrastadion. Sa'n twa jenerverkes letter kamen de bussen foar riden. Omdat útregistraasje ferplicht wie moasten wy earst ien foar ien skent wurde om te sjen at wy wol wiene wa't wy seine dat wy wiene. By seis bussen fol duorret soks fansels noch wol efkes. Yn de bus hie de organisaasje foar bier en fris soarge en dit tsjin it uterst freonlikke taryf fan mar ien euro it blikje. Ek waard der noch in poule hâlden. Ik haw heech ynsetten mei 1-5 omdat ik wol betrouwen hie yn sawol Alves as Huntelaar. By Lelystêd gie it even hast mist want dêr soene wy minsken oppikke mar dit wie regele op in parkearplak dêr't ús bussen hast net keare koene. Dat mei in soad moeite waard fia de berm dochs in rûntsje makke mei alle seis bussen. Yn Amsterdam kamen wy op in grut parkearterrein út dêr't wy noch in lyts stikje rinne moasten om by it útfak te kommen. ME'ers mei hynders besochten de twa groepen sa wat útinoar te hâlden. In djoere oplossing liket my want in pear meter hikke hie it selde dwaan kinnen sa net better. By de Arena moast de pet efkes omheech, guon moasten de sjekpûden iepenje mar dêrnei koene wy flot troch nei boven. Dêr't foar it thúspublyk in roltrep wie moasten wie sels yn aksje. Nei in klim dy't net folle ûnderdocht foar dy fan de martinitoer kamen wy yn it útfak. Op oanrieden fan eardere besikers namen wy moai yn 'e midden plak. Wy hiene dêr in prachtich útsicht oer it fjild en oer de bovenste ring dy't foar it grutste part leech bleau. Wylst der op de grutte skermen útlein waard dat it net feilich wie om fjoerwurk ôf te stekken songen wy wat opruiende lietsjes oer Stam dy't bang wie foar Alves. Doe begûn de wedstryd en de stimming wie goed tot de earste goal fan Ajax. Spitigernôch foel dy al nei in pear minuten doe't ús ferdigening wer ris stie te griemen. Dêrnei waard it yn ús fak allegear wat rêstiger en de Feanfans begûnen wer te eameljen ynstee fan te stypjen. Doe't it foar rêst ek noch 2-0 waard wie it hielendal mis fansels. Gelokkich kin Verbeek ús spilers nei rêst altyd wat better motivearje dat nei rêst stie der wer in oar Hearrenfean en wy krigen kâns nei kâns mar se woene der net yn. In pear kear op de peal en in pear kear krekt net goed foarsetten en ja, dan is der fansels altyd noch ús âld-topspits Klaas Jan Huntelaar dy't foar de 3-0 soargje mocht. Noch altyd hie ik it net it idee dat it oer wie en wy krigen ek noch in goaltsje. Mar mei 3-1 moasten wy wer nei hûs ta. Ik haw noch efkes it liet: "Wij komen terug met ons tweede" betocht en ynset mar earlik is earlik, tsjin de grutste counterploech fan Nederlân waarden wy hjoed op effektiviteit ôftroefd...

Thaeke Woansdei 31 Oktober 2007 at 5:21 pm | | Default | Reagear hjir op

Eigen risiko vs No claim

De kosten fan de soarchfersekering geane kommend jier wer mei sprongen omheech. Men soe tinke dat mei it ôfskaffen fan de No-claim it moannebedrach wol mei 20 euro sakje kin mar it giet júst omheech. Oan it ein fan it jier is der foar minsken dy't nea wat mankeare as de lju dy't ek al mankeare hja wol wat dochs net nei de dokter geane gjin boanus mear mar mochten wy al wat krije dan is de earste ?150,- al foar eigen rekkening. De twadde groep, dy fan de minsken dy't net nei de dokter gean at sy wol wat mankeare, sil dan ek wol wat grutter wurde. Ik begryp sawysa neat fan dat hiele gedoch. Sy wolle fan de No Claim ôf mar oan de oare kant wurdt dan wer in eigen risiko ynfierd. Dat liket my krekt it selde allinnich it momint fan beteljen is efkes oars. In besite oan in dokter komt jo sa fuortdaalks ta de beurs en faaks giet it regear der fanút dat soks helpt...

Thaeke Tiidsdei 30 Oktober 2007 at 5:01 pm | | Default | Reagear hjir op

Lost, seisoen trije

Doe't wy juster yn Ljouwert oan it winkeljen wiene kaam ik ynienen de DVD-boks fan Lost fan it tredde seisoen tsjin. Wy sitte alle freedtejûnen plat foar dizze searje en ik hie der net op rekkene dat dizze al op DVD te krijen wêze soe eardat NET 5 alle ôfleverings útsjoerd hie. Faaks wie it in flaterke mar wy hawwe 'm fuortdaalks mar meinaam en no haw ik dus alle ôfleverings fan seisoen trije al sjoen want lykas Coca Cola sa ferslavend is dat jo nei ien gleske fuort de hiele flesse leech drinke wolle, sa is dat mei Lost op DVD ek. Eltse ôflevering freget om mear en der is wer in fantastyske klifhinger betocht dat wy sitte no al wer te wachtsjen op seisoen 4.

Thaeke Moandei 29 Oktober 2007 at 4:41 pm | | Default | Reagear hjir op

Woonbeurs Drachten

Wy, de freondinne en ik, hawwe efkes nei de Woonbeurs Drachten west. De freondinne tocht dat it wol de muoite wurch wie om dêr efkes om te spanen mar dat in bytsje ôf. Yn de grutte maneezje (leau ik) fan it Frysk hynstestamboek (at dat noch bestiet) wiene tal fan ûndernimmers sammele om ús it ien oft oar oan te smarren. De tochtsjes mei in loftballon wiene kennelik ek yn de oanbieding want hast by elke stand koene wy der wol ien winne. No wy wachtsje it ôf al haw ik der net in soad fidúsje yn dat wy ynkoarten in tochtsje ûnder in sek mei hite lucht meitsje kinne. Wy hawwe al earder op sokke beursen west en dy yn Súd Laren bygelyks wie in flink stikje grutter dat de berjochten oer grutste fan it Noarden ensa foelen ek wat tsjin. Nei ôfrin ha wy noch efkes te toeren west en sa bedarren wy yn Ljouwert dêr't it op keapsnein noch mooglik wie om te winkeljen ek. Nei ôfrin ha wy oer it nije stikje Wâldwei ûnder it nije akwadukt troch riden. It liket der op dat de Wâldwei hast hielendal klear is en dat der ynkoarten wer mei faasje nei ús haadstêd riden wurde kin. It sil in kear tiid wurde...

Thaeke Snein 28 Oktober 2007 at 4:37 pm | | Default | Reagear hjir op

Sytse Klinkhamer ôfstudearre

Jan Ale van der Ploeg, de studint dy't yn de Fryske kameleonfilm in fantastyske haadrol spile as Sytse Klinkhamer, mei himsels sûnt juster Master neame. Eartiids wie dat Drs leau ik mar dat skynt allegear in bytsje feroare te wêzen. No wy hawwe efkes op it feest fan Jan Ale west fansels en it wie dêr tige gesellich. Dat hiene wy fansels ek wol ferwachte want ús Jan Ale hat marleafst 257 hyvesfreonen. Sa hiene wy dochs noch in bytsje in âldledefeest...

Thaeke Sneon 27 Oktober 2007 at 4:24 pm | | Default | Reagear hjir op

Hofpedo's

Willem Alexander en Maxima fine it net goed dat fotokes fan harren prinseskes op martijn.org, de side foar 'akseptaasje fan pedofily en âlderen-bern relaasjes', delset wurde. No kin ik my soks fansels hiel goed yntinke. Dochs is it wat nuver dat ús Kening yn wurding it hjir op himsels belûkt ynstee fan it wat breder te besjen. Gjin inkeld bern heard op hokker wize dan ek mei pedofily yn oanrekking te kommen. Dy side fan Martijn kin dan ek better yn syn gehiel fan it ynternet helle wurde. Mar ja, wy hawwe yn Nederlân de provider XS4all en dy jout de pedo's wol in plakje. Sy moatte fansels ek wol om harren namme ear oan te dwaan. Ik bin benijd oft Amalia letter wol op in postsegel mei fan har heit, want dan wurdt sy ek troch hiel Nederlân ôflebbere fansels, útsein de pedofilen want dy slikje allinnich oan bernepostsegels fansels...

Thaeke Freed 26 Oktober 2007 at 4:12 pm | | Default | Reagear hjir op

UEFAcup fuotbal

It is foar it Nederlânske fuotbal en dus foar it Hearrenfean better dat AZ fier komt yn Europa. Dochs is it foar my lestich om FOAR de klup dy't ús topspits de kop gek makke hat te wêzen. De eigenwize tsiiskoppen út Alkmaar hawwe harren earste wedstryd net wûn mar meitsje wol goeie kâns om in rûnde fierder te kommen. No dat moat dan mar, dan ha se it yn elk gefal yn de kompetysje noch lekker dreech mei 2 wedstriden yn 'e wike sadat se moai ûnder ús stean bliuwe. No wit ik ek wol dat it Hearrenfean yn in oar kokerke sitte soe as Helsingborg mar it docht dochs sear at jo sjogge dat dy ploech it op 1-1 hâldt yn harren earste moeting. No ja, ik hâld der mar oer op...

Thaeke Tongersdei 25 Oktober 2007 at 4:01 pm | | Default | Reagear hjir op

Bistefoer

Jan Wolkers is dea. It sil jim grif net ûntgien wêze want je hoege de tillevyzje mar oan te setten en se ha it wol oer de man. Fan de ferplichte literaire wurken dy't wy op it HAFU en TWU lêze moasten wiene de boeken fan Jan Wolkers dochs wol it noflikste te lêzen. It is dan ek gjin wûnder dat fan de saneamde grutte Nederlânske skriuwers krekt it boek fan Jan Wolkers as earste oerset waard yn it Frysk. Der binne noch stikken yn it Frysk oan him foarlêzen en hy fûn dat sa moai klinken sei er. No ja, mei al syn semy-biografyske boeken is der oer de man al genôch ferteld dat ik sil jim der net langer mei fervele. Yn elk gefal hat de âlde snoeperd him wol kremeare litten. Men seit dat de jiske útstruid wurde sil yn syn tún dêr't Jan dan as bistefoer foar de flieberbistkes eindigje sil. Ik tink oars dat syn frou him earst noch wol efkes oer de flier fan syn hûs útstruid. Hy kin dan noch yn kear sûge wurde...

Thaeke Woansdei 24 Oktober 2007 at 3:43 pm | | Default | Reagear hjir op

Dumbledore homo?

Albus Dumbledore is homoDat ik net altyd alles om my hinne like goed op wearde skatte kin wie my wol dúdlik mar de ferklearring fan J.K. Rowling dat Albus Dumbledore in homoseksueel wie hie ik yn elk gefal net oankommen sjoen. Fansels is it wat nuver dat je yn de boeken nea wat hearre oer in frou Dumbledore en dat hie miskien al in oanwizing wêze kinnen. No makket it op 'm sels fansels ek net in reet út wat de seksuele foarkar fan de man wie (salang 't er mar gjin pedofile nigings hie) mar it is dochs wol wat apart dat de skriuwster hjir no nei ôfrin noch mei oansetten komt wylst se mear as genôch siden ta har beskikking hie om it dêr efkes earne yn te setten. It skynt trouwens dat Ian McKellen him ek as in homo foardocht yn De Lord of the Rings. It wie my ek hjir net opfallen al fyn ik it yn dit gefal wol in bytsje jammer want ik leau net dat it de bedoeling west hat fan Tolkien om de grutte tsjoender as homo del te setten. No ja, Tolkien is al in skoftke dea dat wy kinne it him net mear freegje fansels. Wat dat oanbelanget wie JK Rowling der fansels noch moai op 'e tiid by. Ik bin wol benijd oft de akteur dy't Dumbledore delset yn de lêste films syn rol no ek wat oanpasse sil oan dizze nije ynformaasje...

Thaeke Tiidsdei 23 Oktober 2007 at 10:00 am | | Default | Reagear hjir op

Ljouwerter krante archyf

Sûnt dizze wike stiet it folsleine archyf fan de Ljouwerter krante op ynternet. Wy hawwe it dan al oer fjouwer ieuen Fryske skiednis fansels want de Ljouwerter krante is foar it earst printe yn 1752. Ik haw fansels fuortdaalks efkes de sykmasjine brûkt en myn earste sykwurd wie fansels Thaeke. No hawwe der foar 1975 ek wol Thaeke's yn de krante stien, faaks myn pake, faaks in oare Thaeke, mar pas sûnt 1975 haw ik dizze namme wat ekstra omtinken jûn. It earste berjochtsje oer my yn de Ljouwerter krante stiet ûnder it kopke Burgerlikke stân. "WYMBRITSERADEEL 11-—18 Jan Geboren te Woudsend Thaeke Johannes z v J H Kuipers en E Jellesma". Fansels gean ik no net fuort alle berjochten trochspitten want it binne der mar leafst 105 mar yn 1995 helje ik de krante oppenij troch myn HAFÛ diploma te heljen. Myn TWÛ diploma kin ik trouwens net werom fine. Ek in stikje oer myn Fryske siden op de cpeduside mei as hichtepunt de Fryske lintsjes wurde noch efkes oanhelle. By ús oare aksjes haw ik faaks net mei myn foarnamme bekend west. No dat hoecht fansels ek net...

Thaeke Moandei 22 Oktober 2007 at 09:48 am | | Default | Reagear hjir op

AY live

AZ wol sa graach in topklup wêze. De KNVB hat harren sels in plakje op de 'super sunday' jûn. It is dan ek tige spitich foar harren dat de klup fan Louis van Gaal op dit stuit djip yn it rjochter rychje stiet. De ôfrûne simmer ha se ús topspits Alves de kop gek makke troch te besykjen him oer te heljen nei de oare kant fan de ôfslútdyk te kommen. Omdat hja de lêste miljoentsjes net fine koene (www.topspits.pl?) bleau Alves op it Hearrenfean. Nei wat oanloopproblemen is ús doelpuntemasjine wer op gong kaam en yn in pear wedstriden hat hy syn gemiddelde fan 1:1 wer wylst er fan de ôfrûne 8 wedstriden mar 2,5 spile hat. Ik hie fan www.planetvoetbal.nl in koade krigen dêr't ik live de wedstryd AZ-Hearrenfean sjen koe. Ik moat sizze dat wurke boven ferwachting goed. Ik wie 10 minuten te let ynskeakele mar likernôch hie ik flot ferbining en sa haw ik de hiele wedstryd dus fierder live sjoen. It wie in alleraardigste wedstryd dy't spannend wie tot de lêste minút. By AZ giet it gauris mis yn de lêste minút. Foarige wike al tsjin Grins en no wer doe't topspits Afonso nei 92.30 de 0-1 binnenknalde. Dizze kollektive topprestaasje wie foar AZ fansels in super sneue snein. At jo in topklup binne dan moat alles fan A-Z goed wêze. AZ faalt yn de einfase fandêr ek de titel fan dit stikje 'AY'...

Thaeke Snein 21 Oktober 2007 at 7:34 pm | | Default | Reagear hjir op

Skrabje

Yn de maaitiid fan dit jier haw ik myn earste auto oanskaft en dy waard fansels frijwat keal oplevere. Dat der in radio miste, dêr wie ik al rap efter. Sjoen it feit dat ik illektryske ruten haw dy't it ûnder wetter miskien wol wat minder goed dwaan sille waard ek daalks in libbensrêdzjend hammerke opskarrele. In kaart fan Nederlân, in gefaretrijehoek en in sleepkabel wiene ek rap yn myn besit. Pas no't de winter him oankondiget docht bliken dat ik noch net in iisskrabber haw. Fannemoarn hie it in bytsje kâld west dus doe't ik om 6.00 by myn auto kaam siet der in laachje iis op it foarrút. By gebrek oan in skrabber haw ik de motor mar efkes starten en mei de kachel en de rutewiksers, dêr't ik gelokkich krekt de floeistof fan byfolle hie mei guod dat oant -15 floeiber bliuwt, koe ik sa it iis yn in pear tellen fuort krije. Yn elk gefal moat ik no mar rap sa'n dinkje oanskaffe...

Thaeke Sneon 20 Oktober 2007 at 5:54 pm | | Default | Reagear hjir op

It listke fan Sjoerd groeit

Doe't Sjoerd Groenhof by de betinking fan de slach by Warns oankondige dat er in side hie oer syn striid foar de Fryske identiteit koene minsken harren ynskriuwe op in loyaliteitspetysjelist. Doe't in grut part fan de media dêr op de moandei dêrop berjocht fan die waard sein dat der noch mar in pear sympatisanten wiene (in stik as 20). Op dit stuit is it listke al aardich langer wurden en steane der al hast 250 minsken op de list dy't dêrmei oanjouwe dat hja fan betinken binne dat it mooglik wêze moat foar Sjoerd en oaren om de Fryske nasjonaliteit te krijen neist it Nederlânsk steatsboargerskip. Mochten jim dizze petysje noch net tekene hawwe en dit wol graach dwaan wolle? Sjoch dan efkes op www.ferklearringfanofstan.eu, dêr fine jim ek de lêste briefwiksels fan Groenhof mei de ferskate oerheden...

Thaeke Freed 19 Oktober 2007 at 5:00 pm | | Default | Reagear hjir op

Kutblêden

Yn 'e hjerst ferlieze de beamkes harren blêden dat is fansels by de measten wol bekend. No haw ik hjir foar hûs in hiele grutte bûkebeam stean en dy is momenteel ek aardich yn de rui. Mar ynstee fan dat dat kring no gewoan yn ien kear al syn bledsjes falle lit docht er elke dei in nustje. Dat betsjut dus dat myn hiem alle dagen wer fol blêden leit. Der is gjin begjinnen oan om it allegear in bytsje oprûme te krijen. De gemeente is ek op de hichte fan de problematyk want oeral yn ús doarp stean grutte koaien dêr't wy de blêden yn sammelje meie. Oars soe ús gft-kontenerke ek samar tot de harsens ta fol sitte fansels. Ik haw krekt noch mar ris efkes omheech sjoen mar it liket der net op dat de blêderein gau oer wêze sil. No ja, de waarman foarspelt al froast yn de nacht, miskien dat it dan wat opsjit mei dy prakke...

Thaeke Tongersdei 18 Oktober 2007 at 6:08 pm | | Default | Reagear hjir op

Trots op Nederlân?

Ald minister Rita Verdonk hat hjoed in nije politike beweging presintearre mei de namme ?Trots op Nederland?. Dizze beweging is oprjochte om in platfoarm te bieden oan al dy Nederlanners dy't har troch de Haachske bestjoerselite net langer fertsjintwurdige fiele. No haw ik by politike partij al in skoftke stean "myn partij is der noch net by" dat ik bin noch ien fan de saneamde swalkjende kiezers. Ik bin dan ek benijd wêr't Rita mei komme sil. Har ideekes lykje yn elk gefal wol goed. Op in soad gebieten kin ik dêr wol efter stean al haw ik wol in bytsje de yndruk dat Rita troch guon lju as in soarte fan poppekastpopke brûkt wurdt. Sy wol foar har T.O.N. yn elk gefal de foarste froulikke minister presidint wurde. No mar hope dat it mei dizze T.O.N. net krekt sa ôfrinne sil as mei PIM!

Thaeke Woansdei 17 Oktober 2007 at 11:49 am | | Default | Reagear hjir op

Feanfan

No't ik in seisoenskaart fan it Fean haw bin ik ek mar lid wurden fan supportersferiening Feanfan. Ik wie fansels al lid fan Nieuw Noord mar Feanfan hat as foardiel datst koarting krijst op busreizen nei útwedstriden. Oant no ta haw ik allinnich nei útwedstriden west yn Grins mar ik wol eins dochs ris in kear wat faker op paad. Foar de beker moat wy dizze kear tsjin Ajax en dat jout my moai de kâns om ris in kear yn de Arena te sjen. Hearrenfean stipet de kaartsjes foar dizze wedstryd ek frij aardich sadat wy foar mar ?6,10 sawol de busreis as it kaartsje krije. Mei eigen ferfier jildt dizze koarting net en moat der mear as 20 euro betelle wurde. Dan komme de reiskosten der noch oerhinne fansels. Tongersdei begjint de kaartferkeap dus wolst ek hinne dan moatst der rap bywêze, mar soargje al efkes foar in klupkaart mei útregistraasje...

Thaeke Tiidsdei 16 Oktober 2007 at 11:21 am | | Default | Reagear hjir op

De grutste

Grutste efterbân


Jim binne der grif ek mei deasmiten op de sjoernaals. Der is wer in nije grutte boskatlas útbrocht en dêr stean tal fan nijsgjirrige kaartsjes yn. Ien fan dizze kaartsjes giet oer de fuotbalklups en harren efterban. No is it fansels net nuver dat de grutte trije klups de measte taskôgers hawwe. Wol opfallend is dat it gebied dêr't dizze oanhang wennet by It Hearrenfean it grutst liket te wêzen, folge troch Grins en PSV. Dat betsjut dus dat de Feanfans allegear wat mear romte om de doar hawwe en dat de Ajaxfans allegear yn in sechstich ûnder ien kap lykje te wenjen. Ek opfallend is de situaasje yn Fryslân. Cambuur hat sa docht bliken allinnich fans yn Ljouwert, Ljouwerteradiel en Ferwerderadiel sitten. Yn de gemeenten Harns, It Bildt, Dongeradiel, Dantumadiel en Kollummerlân sitte net genôch fuotbalfans per 10.000 ynwenners om yn oanmerking te kommen foar in kleurke. De minsken op de eilannen bliuwe fierders moai op dizze eilantsjes...

Thaeke Moandei 15 Oktober 2007 at 5:40 pm | | Default | Reagear hjir op

Aldledefeest

In pear Harpes ferlyn krigen wy in aginda meiteard mei dêrop in oankondiging fan it âldledefeest op sneon 20 oktober. Yn de lêste Harpe fan Bernlef stie it âldledefeest ynienen net mear op de aginda. Ek op Bernlef.com stiet it der ynienen net mear op. Hoe kin dat en giet it no noch wol troch? Ik haw de foarsitter mar efkes oansprutsen fia de msn berjochtjouwer en it skynt dus sa te wêzen dat it âldledefeest fan 20 oktober yndie NET trochgiet. It sil no letter in kear organisearre wurde. It is te hopen dat it bestjoer dit noch efkes wat dúdlikker nei harren âldledeefterban kommunisearret (bygelyks op bernlef.com) want no stean der grif minsken foar de tichte doar sneon. As soe de doar dochs iepen gean foar in yllegale âldledejûn???

Thaeke Snein 14 Oktober 2007 at 2:38 pm | | Default | Reagear hjir op

Fryske top 100

Stjoer jo favoriten nei Omrop Fryslân en stel sa mei de top 100 fan Fryslân gearOp âldjiersdei stjoert omrop Fryslân wer de Fryske top 100 út. Om dizze list gear te stallen freget de Omrop de harkers om in persoanlikke top fiif yn te stjoeren. Eltse 50ste ynstjoerder krijt in Fryske topskiif thús. Ik haw al twa kear dat gelok hân mar fansels gun ik jim ek sa'n topskiif dat folje efkes jim top 5 yn. Ik bin in grut leafhawwer fan Fryske muzyk en ik haw thús dan ek in rojale samling fan Fryske skyfkes. Dit binne der seker mear as hûndert en soks makket it kiezen fan in top 5 dan ek net ienfâldiger. It is soms ek mar krekt yn hokker stimming atst bist. Omrop Fryslân hie al in foarseleksje makke fan nûmers dy't gauris oanfrege wurde en ik haw my dêr ek mar in bytsje ta beheind. Foar de top fiif haw ik dit jier keazen foar (yn alfabetyske folchoarder): Bombarje mei "Jûkte op 'e rêch", Jitiizer mei "Gek", Piter Wilkens mei syn meisjonger "De Liwwarder blues", Reboelje mei "It folksgerjocht" en Sebeare mei "Tefolle foar dy". Fansels hie ik ek in hiele oare kar meitsje kinnen mar dizze nûmers fyn ik yn elts gefal wol spesjaal. Foar de top 30 fan populêrste Fryske delhellers fan dit momint kinne jim fansels altyd noch terjochte op Fryskemp3.nl...

Thaeke Sneon 13 Oktober 2007 at 5:32 pm | | Default | Reagear hjir op

Net foar master op

De post fan ús keatsferiening komt noch altyd by ús heit en mem yn Sint Nyk oan. Sa no en dan krij ik dan ek in bryfke te sjen en sa kaam ik der efter dat der no op freeds keatsen is yn de sporthal op 'e Jouwer. Nije wike sneon is der dan in keatstoernoai yn de doniahal yn Sint Nyk. Op 'm sels like it my wol aardich om dêr efkes oan mei te dwaan mar dan moast der fansels al efkes oevene wurde want net allinnich op it fjild haw ik in treningsefterstân (dit jier noch mar twa kear keatst), de lêste kear dat ik yn de seal aktyf wie is ek al wer moai wat jierren ferlyn. Op nei de Jouwer dus dêr't men my fansels net ferwachte hie. Trije perken deun op elkoar wiene der fol mei keatsers. It keatsen yn de seal is in hiele oare tak fan sport dan it keatsen op it fjild. Sa binne de perken noch smeller en fansels is der in boppegrins oan de hichte dy't jo in bal meijaan kinne. Ek is it totale spylfjild in stik lytser en smeller. In grut ferskil is fansels de flakke flier wêrtroch't sels de sleauste bal noch wol nei de boppe ta rolje kin. Dêr't op it fjild de spierbundels noch wol in bytsje meitelle kinne is it yn de seal bynammen ek mei de holle keatsen. De 50+ mannen stiene dan ek wer foar master op te slaan. Yn de perken neist ús sûzen de ballen wurklik troch de seal. Moai om te sjen mar lestich om te evenaarjen. Wy ha twa partijen spile en wy ha se ek beide wûn mar myn opslach hat dêr net ta bydroegen. Yn seis earsten haw ik mar leafst 24 ballen bûten slein. Der siet ek wol ris in sitbal tusken fansels mar oan it ein fan it earst giene de punten dochs nei de tsjinstander. Gelokkich koene myn maten der better mei rêde. Yn elk gefal wie it wol leuk om wer ris yn de stuit te keatsen want dat is ek al wer in hiel skoft lyn dat wy dêr mei de jeugd ús treninkjes ôfwurken...

Thaeke Freed 12 Oktober 2007 at 01:29 am | | Default | Reagear hjir op

Norton experience

By de Office centre wie de nijste Norton internetsecurity yn de oanbieding dat ik haw mar efkes hinne west. Foar mar 29 euro (ex btw) bin ik no de eigner fan in fersy foar trije kompjûters. No komt it fansels goed út dat wy yn hûs twa fan dy kringen stean ha en myn skoanheit ek krekt in nijen ien hat mei allinnich mar fan dy probearfersjes. Al frij flot hie ik de Norton op myn kompjûter ynstalleard mar dochs gie der it ien en't oar net hielendal goed. Hy bleau mar freegjen om in reparaasje mar troch op it knopke reparearje te drukken koe der it probleem net oplosse. Op de skoatkompjûter fan de freondinne wie it oars samar klear. No haw ik de folsleine c-skiif mar efkes formatearre. Ja ja gjin heale maatregels fansels mar myn kompjûter die dochs ek al in tiidsje wat nuver. Sa woe er net mear normaal ôfslute. Alle kearen by it ôfsluten starte er spontaan wer opnij op. Dat probleem is no gelokkich wer oer en hy is no ek wer in stik flotter. Yn elk gefal hie ik noch gjin firuskes. De freondinne hie al seis fan dy kringen mar dy hat Norton efkes sanearre. In grut neidiel fan Windows XP opnij ynstallearje is dat der yn de ôfrûne jierren in hiel soad updeets west hawwe. Dy moast ik dus allegear stik foar stik delhelje en ynstallearje. De minsken yn myn msn-listke sille dan ek wol mesjogge wurden wêze fan it oppenij opstarten, hjirby dan ek myn ekskuses. Neidiel fan myn werynstallaasje is fansels wol dat myn soarchfuldich opboude antispamlist no wer fuort is. Ik moat dus oppenij begjinne. Krije jim net binnen in pear dagen antwurd dan stiet jim meeltsje grif yn myn spamboks. Nim dan mar efkes kontakt op fia msn soe ik sizze. As meld it efkes op dit plak. Sa no en dan in sinfolle reaksje haw ik in stik leaver dan dy reaksjes dy't ik no hieltyd fuorthelje moat mei harren spamgedoch...

Thaeke Tongersdei 11 Oktober 2007 at 01:20 am | | Default | Reagear hjir op

Plúmkejeierskriich

Hjoed hiene wy in lyts toernoaike fan de BC Drachten (plúmkejeien). Op tsien fjilden waard der hyltiten troch inoar lotte om sa wat leuke wedstriden te spyljen. No bin ik eins nea fanatyk genôch om op sa'n toernoai de earste priis te pakken. Fansels wol ik wol alle wedstriden winne, en dat haw ik hjoed ek dien, mar oer it generaal fyn ik it wat sneu om mei hiele dikke skoares lykas 40-5 te winnen. Oer fjouwer wedstriden hie ik dan ek 4 kear wûn en in skoare fan +63. Dat soe wol ris genôch wêze kinne foar in pryske tocht ik sa. Mar de pryskes waarden op in bysûndere wize útrikt. Sa wie der immen dy't krekt op 0 útkaam wie dy't in priis krige, ek wie der immen dy't op 10 punten útkaam wie (want it wie de tsiende fan de tsiende). It die bliken dat der net allinnich goed spile wurde moast mar der moast ek noch rekkene wurde en dat op in orisjinele wize. Uteinlik wiene der gelokkich ek noch pryskes foar de minsken mei in moaie skoare. Ik wie fansels net de earste want der wie ek noch in frou mei +82 mar mei in twadde priis yn de foarm fan in liter reade wyn koe ik dochs mei in goed gefoel wer op hûs oan...

Thaeke Woansdei 10 Oktober 2007 at 12:29 pm | | Default | Reagear hjir op

Ed Raket swaait ôf...

Hjoed waard ynienen bekend dat ús notiidske kommisaris fan 'e keninginne Eduardus Hermannus Theresia Maria Nijpels yn maaie opstapt. Hy sil syn frou efternei dy't in topbaan krijt by Friesland Foods yn Maleisië. Se bliuwe wol yn Dyken wenjen mar de baan as kommisaris is net langer te kombinearjen mei dy fan syn frou. No sille bekenden fan my wol witte dat ik jierren lyn al oankommen seach dat frou Nijpels, dy't de op 'm sels polityk wat omstreden namme Janmaat altyd oanhâlden hat, de broek oan hie. Op it provinsjehûs haw ik mei de nijjiersbuorrel al ris mei dizze aardige frou yn petear west oer it Frysk praten fan har man. Dat hat noch altyd gjin fertuten dien al sleat Ed syn skriuwen wol yn it Frysk ôf. "Hoe't de takomst der ek útsjocht; Fryslân libbet yn ús hert en bliuwt dêrom ús thús". Troch yn maaie ôf te gean kin de âlde snoeperd trouwens noch wol efkes it earste ljipaaike meipikke...

Thaeke Tiidsdei 09 Oktober 2007 at 3:09 pm | | Default | Reagear hjir op

Alves better as Van Basten?

Neffens 'saakwaarnimmer' Wagner Augusto is Afonso Alves better as Marco van Basten. Dat is fansels in konklúzje dy't wol hiel maklik lutsen wurden is. Oer ien ding kinne wy it iens wêze. Nimmen hat faker skoart yn de earedivyzje as Afonso Alves. De fraach is allinnich hoefolle goals soe Van Basten wol net makke hawwe tsjin dit selde Heracles. Dêrneist hat Van Basten syn klups net sa nuver behannele as Alves. Van Basten is Europeesk kampioen west, eat wat ús grutte Alves him nea neidwaan sil. Dêr stiet dan in pear ynfalbeurtsjes by de Coppa America tsjinoer. Dat Alves goals meitsje kin mei dúdlik wêze, mar neffens Cruyff hoege jo dan noch net in goed fuotballer te wêzen...

Thaeke Moandei 08 Oktober 2007 at 2:49 pm | | Default | Reagear hjir op

9-0 en ik wie der by

Sûnt de wedstryd tsjin Utert haw ik in seisoenskaart mar ik koe net hinne yn ferbân mei it falkjesilen. Hjoed tsjin Heracles wie dan ek myn earste wedstryd fan it Hearrenfean dy't ik mei myn seisoenskaart sjen koe. Nei de ferpletterjende 5-1 útskeakeling troch Sweden 9 moast der fansels wat rjocht setten wurde en dat wiene de mannen ek wol fan plan. Sa wûnen hja yn de earste fiif minuten al mear kopduels as yn de folsleine wedstryd tsjin de Sweden. Dochs wie it noch altyd net briljant en op de tribune wie de sfear dan ek net daverjend. By tiden koene wy de Almeloërs goed hearre sa stil wie it. Nei 17 minuten hie Alves, de man dêr't eins net foar juigd wurde mocht, der al trije ien lizzen en de wedstryd wie doe spile fansels. Alhoewol, dat tochten wy tsjin Helsingborg thús ek. Yn de twadde helte dy't troch tadwaan fan dy hufters út Almelo fan NieuwNoord ôf spile waard wiene wy aardich op skot. Nei sa'n 20 minuten makke Gerald Sibon in goal en dêr mocht fansels wol foar juigd wurde, no dat diene wy. Doe kaam Alves wer op stoom en binnen in pear minuten makke hy der fjouwer op rij. In sânklapper dy't yn Almelo fansels noch wol efkes neidreune sil. Neidat Sibon der 9-0 fan makke hie rôp it hiele publyk tsien, tsien, tsien. Gertjan Verbeek hie net hielendal troch wat wy bedoelden sa like it wol want hy helle Alves nei de kant foar in publykswissel mar omdat hy al trije kear wiksele hie koe der net in nijen ien ynbrocht wurde. De lêste trije minuten spilen wy dus mei 10 man. Spitigernôch krigen wy doe noch al in frije traap oars hie Afonso der ek noch wol 8 fan makke. Yn elk gefal is Alves wer yn foarm dat mei dúdlik wêze. Hy komt mei sân stippen binnen op plakje twa fan de topskoarderslist efter âld Hearrenfeanman Klaas Jan Huntelaar en hy draait no wer 1:1 krekt as foarich seisoen. Sibon stiet oars ek noch keurich op plakje 5. No mar hope dat se der tsjin AZ ek wer by binne want Alves moat fansels earst wer efkes op reis.

Thaeke Snein 07 Oktober 2007 at 3:47 pm | | Default | Reagear hjir op

06-05

Justerjûn wie 06-05 op televyzje. Dizze film fan de fermoarde Theo van Gogh oer de moard op Pim Fortuyn haw ik efkes opnimme litten want ik woe him altyd noch graach in kear sjen. Ik moat sizze dat Theo der in alderaardichst stikje film fan makke hat. Ik bin net sa'n kenner wat Theo syn films oanbelanget. Ik mocht him oars altyd wol graach hearre yn petearen. Yn elk gefal hat Theo mei dizze film fan Pim ús eigen JFK makke wêrby't der efter de skermen troch de BVD plannen makke wurde dêr't Pim net ynpaste. Mocht it allegear fiksje wêze dan fyn ik it wol sneu foar Mat Herben trouwens. At it echt sa gien is dan is it sels noch sneuer foar de man. Theo brûkt troch de film hinne besteande bylden út de media om guon politisy noch efkes in tik op de fingers te jaan. Dat makke it allegear noch echter. Ik fûn it absoluut in boeiende film al wie it einde dan wol wer in bytsje weak. Mar ja, sa bliuwt it dochs de skyn fan net-fiksje in bytsje hâlden fansels...

Thaeke Sneon 06 Oktober 2007 at 3:35 pm | | Default | Reagear hjir op

Auviopool

De seal en it lûd fan ús thúsbioskoop bin op dit stuit wol al op oarder mar der ûntbrekt noch in moai grut plat skerm fansels. No moat ik dêr noch wol efkes foar sparje dat it sil der fuort noch net hingje mar efkes sjen wat der sa al te keap is kin fansels nea gjin kwea. No hiene wy in krantsje krigen fan de firma Pool út Surhústerfean dy't yn Surhústerfean in grutte audio en fideopresintaasje hâlde. Ik haw dêr dan ek mar efkes hinne west om te sjen oft it wat wie. No it wie noch net sa grut as ik tocht hie mar it wie likernôch wol grut genôch om dêr ris efkes moai wat ferskate merken skermen te besjen. Sa hong der in prachtige pioneer fan 8000 euro en dat seach der yndie ek wol skitterend út. Mar sjoen it feit dat al myn apparatuur no fan Sony is krijt dizze fabrikant dochs de foarkar. Dit omdat ik dan ienfâldich mei ien ôfstânbetsjinning wurkje kin. No yn elk gefal hie Sony ek wol wer in pear geweldich moaie tastellen hingjen. No is it fansels wol lestich fergelykjen wannear't de iene oansletten is op in blue-ray spiler en de oare op in dvd spiler mar ik haw dochs wol in stik as 3 apparaten sjoen wêrfan't der úteinlik noch wol ris ientsje by my oan de wand eindigje kin. No earst mar wer efkes sparje...

Thaeke Freed 05 Oktober 2007 at 3:27 pm | | Default | Reagear hjir op

Gerald Sibon is ús spits

Gerald SibonTsjonge jonge jonge wat in enoarme wanfertoaning fan it Hearrenfean tsjin Helsingborg IF. Thús winne mei 5-3 en dan yn de útwedstryd hinkelje op twa gedachten en dy wurklik op elk flak ôftroeve litte troch de Sweedske tsjinstanner. Eltse hege bal wie foar de tsjinstander. Der waard mear nei achteren spile as nei foaren en alle ballen kamen efter de man terjochte. Yn de hiele earste helte waard eins gjin kâns ôftwongen en oppenij stiet der in ferdediging sa lek as in gatsjepanne. Eltse bal foar de goal is op dit stuit deadlik en ik bin bang dat dat foarlopich noch net oer is. Dat is fansels ek in fertrouwenskwestje en dat fertrouwen is op dit stuit hielendal fuort. Der waard allinnich mar oan panykfuotbal dien en Alves koe it hjoed ek net bringe. Oft dat no kaam omdat er net woe of omdat oare spilers net mei him woene is net alhiel dúdlik. Feit is wol dat it foar Sibon ekstra sneu is omdat dy wol yn foarm is en troch it meispyljen fan Alves siet Sibon yn earste ynstânsje op de bank. Flak foar tiid skoarde Sibon noch wol om mar efkes sjen te litten wa't eins yn de oanfal thús heard. Ik soe net graach op it stuoltsje fan Verbeek sitte op dit stuit...

Thaeke Tongersdei 04 Oktober 2007 at 10:40 am | | Default | Reagear hjir op

Trije oerkes

Hjoed moast ik foar trije oerkes nei Grins ta. Der wie ien dy't nei in sollisitaasjekursus moast en dy soe dan om 17.30 wol wer oan it wurk kinne. No kaam my dy 17.30 wol goed út fansels want ik moast fannejûn wer plúmkejeie mar om no foar trije oerkes hielendal nei Grins te riden mei de auto. Dêr hie All Gore grif net bliid fan wurden. Tafallich draaide "In takomst dy't net útkomt" (alteast, sa soe ik de titel fan "An Inconvenient Truth" oersette) hjoed ek noch yn de Rottefalle mar ik fûn myn eigen global warming-up op dit stuit wichtiger as dy fan de ierde. Nei it plúmkejeien haw ik thús noch efkes op de skealje stien en ik weech noch altyd sawat neat mar de wizer stiet no al wer oan de lofterkant fan de 0. En dat mei mar trije oerkes beweging yn de wike...

Thaeke Woansdei 03 Oktober 2007 at 10:32 am | | Default | Reagear hjir op

It listke groeit

Net tsjinsteande de flotte reaksjes fan de media op de loyaliteits-petysje fan Sjoerd Groenhof ("Er staan er maar 19 op") giet it dochs bêst boven (myn) ferwachting. Op dit stuit stean der al mear as hûndert sympatisanten op de list en it groeit noch altyd stadichwei troch. Fansels bin der altyd wol in pear grapmakkers dy't noch gekker binne dan de gekken en dwazen dy't op doarren en glêzen harren namme skriuwe. Dizze lju doare harren eigen namme dan ek net iens te brûken mar sa sit ús Nederlânske steat no ienris yn elkoar. Ik goeie reden om dêr wat ôfstân fan te nimmen liket my ta...

Thaeke Tiidsdei 02 Oktober 2007 at 10:20 am | | Default | Reagear hjir op

Utstjoering mist

Troch myn wurk bin ik op sneintenacht en freedtenacht/jûn gauris yn Grins en lit no krekt op freed Lost op tillevyzje wêze en snein Expeditie Robinson. Dit bin beide programmas dy't ik mei de freondinne tegearre graach sjoch. No nimme wy Lost altyd wol op en wy keapje dêr letter ek de DVD-boks wol fan want dat is sa'n machtich moaie searje mar by Expeditie Robinson leit dat fansels efkes oars. Dat is net in ding om op DVD te keapjen mar it is altyd wol leuk om te sjen. Ik hie it juster mist en omdat de fideobân nei in kertier fol wie koe ik it dus ek net werom sjen op de fideo. Gelokkich hat RTL har eigen "Uitzending Gemist" en sa koe ik hjoed dochs noch efkes sjen hoe't 100 minsken op in lyts eilân al nei in oerke ferdield wiene yn lytse groepkes dy't elkoar it ljocht yn de eachen net gunne. It is nuver guod, it bist, de minsk. Sjoen it feit dat de freondinne in gearkomste hie mei it kuorbalbestjoer yn ús hûskeamer haw ik dêrnei ek RTL Voetbalinsite noch mar efkes sjoen dêr't Gert-Jan Verbeek te gast wie. Gert-Jan wie dêr tige diplomatysk dwaande want hy sei gjin ferkeard ding mar hy woe fierder ek net te djip yngean op syn privee-gesprekken mei Alves. Yn elk gefal is no wol dúdlik dat Alves in goeie reden skynt te hawwen foar syn absinsje want at Gert-Jan Verbeek dêr yn meigean kin dan moat it wol wat serieus wêze. No ja, ús kanary is wer aktyf yn de pompeblêden, no mar hoopje dat er tongersdei ek Europeesk wer opdraaft...

Thaeke Moandei 01 Oktober 2007 at 11:17 am | | Default | Reagear hjir op