Mei twa wurden yn it spier

Keninginnedei, de jierdei fan in deade eks-keninginne dy't troch de notiidske keninginne oangrepen wurdt om âlderwetsk nei koeke te happen as oare rare spultsjes te dwaan foar it each fan oranjeminnend Nederlân. Dit jier wie frou Van Amsbergen yn Makkum dêr't FNP boargemaster Piersma har yn it Frysk wolkom hite. In goed begjin fan in alleraardigst moaie dei mei as hichtepunt it ôfpakken fan in Beatrixlûktoutsjespop fan Mabel troch prins Friso, ferneamd nei in sleatsje tusken de Kûfurd en Starum. Fansels haw ik fan dit alles neat meikrigen want wylst frou Van Amsbergen, dy't fansels fan hûs út meikrigen hat om altyd mei twa wurden te sprekken, har twa ienige wurdsjes Frysk (Tige Tank) oer it folk útstruide wie ik drok yn it spier op de Rottefalster merke. Wy hiene in kreamke fan de ûndernimmersferiening dêr't wy in logopuzzel besochten te sliten oan de omsteanders. Dat gong bêst aardich mar echt drok waard it pas doe't wy begonnen mei it útsuteljen fan de griene Rihaballonnen. Wy hiene in man mei in pear buskes helium opsnort en sa koene de bern allegear in kaartsje mei har namme de loft yn stjoere. De grutte bern fûnen it grappiger en misbrûk dit barren om mei in heech kastratestimke de oaren oan it laitsjen te krijen. Om tolve oere koene de ballonnen de loft yn en jawol hear, myn ballon rekke fuortdaalks fêst yn in beam. Myn frustraasje waard net folle letter fuort masseard troch ien fan ús nije leden fan de ûndernimmersferiening dy't tidens in lyts buike ûnderdak fûn yn ús stentsje. Dêr hie ik oan twa wurden genôch om har lid te meitsjen fan ús RIHA. Shiatsumeesteres Tine Hendriks hat my efkes fijntsjes wezen op alle spierkes dy't sear diene. Dat wiene der noch ferrassend folle moat ik sizze. It skynt dat har behanneling troch de soarchfersekerders fergoede wurdt. Ik kin jim dan ek oanriede om har praktyk in kear te besykjen...

Thaeke Woansdei 30 April 2008 at 7:54 pm | | Default | Reagear hjir op

Laguna ride is wer kâld

Nei in pear daachjes mei de Jetta opskeept te sitten haw ik hjoed myn eigen fertroude Laguna wer werom. Sjoen it feit dat de Jetta gjin stjoerbekreftiging hie is it no wer lekker licht draaien oan it stjoer. Ik tocht earst noch dat de stjoerstange brutsen wie sa ienfâldich giet soks no. It servicelampke is wer út en der komt wer lekkere frisse lucht binnen al hie dat op dit stuit mei de arko ek wol slagge fansels. Hjirby dan ek efkes in oprop om mear CO2 út te stjitten. Set de barbeque oan, de ferwaarming op 25 en lit de motor fan jim auto stationêr rinne at er parkeard stiet. Der moat globaal wat waarmer waar komme sadat myn ynfestearing yn dy airco net om 'e nocht west hat blinder...

Thaeke Tiidsdei 29 April 2008 at 7:33 pm | | Default | Reagear hjir op

Minder ôflûke

De oerheid makket kommend jier wer nuvere sprongen. Sa wurdt kommend jier de BTW ferhege nei 20% sadat alles wat wy keapje sawysa 1% djoerder wurde sil. Dêrneist wolle de minsken fan de Christenunie graach dat der mear berntsjes ferwekt wurde. Oft dat ek wat te krijen hat mei it feit dat wy kommend jier achte wurde om minder ôf te lûken is my net folslein dúdlik mar feit is wol dat der flink snien wurde sil yn de ôflûkposten. Sa kin de syktepreemje net mear ôflutsen wurde wat al in flinke domper is. De bril kin net langer ôflutsen wurde wat bynammen foar de freondinne spitich is en ek de toskedoktersrekkens bin net mear ôflûkber. Wat dat oangiet is it mar goed ek dat ik dit jier dwaande bin mei myn renovaasjeprojekt. Kommend jier sil dizze jonge dan ek wer flink wat ôflûke. Meitsje it boarst mar wiet Wouter...

Thaeke Moandei 28 April 2008 at 7:28 pm | | Default | Reagear hjir op

Verbeek is al wis

Gelokkich komt Gert Jan Verbeek dit jier net yn de lestige posysje om mei it Hearrenfean Feyenoord fan Europeesk fuotbal ôf te hâlden. Wylst it Hearrenfean him noch tariedet op de wedstryd tsjin Ajax hat Feyenoord eindelik wer ris in pryske binnen helle wêrtroch't ús bûnskootzj yn wurding no moai op tiid frij hat en Gert Jan kommend seisoen fersekere wurden is fan UEFA-kup dielname. No moat er fansels noch al efkes syn bêst dwaan om der wer foar te soargjen dat der yn de UEFA-kup in klassike finale mooglik wurdt tusken Feyenoord en Ajax. Tegearre mei Trond 'Mazzel' Sollied kin wy ús dan wol rêde mei de echte kampioenen...

Thaeke Snein 27 April 2008 at 5:59 pm | | Default | Reagear hjir op

Nijpels Q.E.D.

Wy hawwe ús ûnder de flagge fan de Stifting Fryske Aksje altyd sterk makke foar it feit dat de kommisaris fan 'e keninginne fan Fryslân Frysk heard te praten. Hy hat dêryn in foarbyldfunksje en in foarlûkersrol. No't de bêste man, want dat sil it grif wêze, ôfskied nimt fan syn baantsje makke Omrop Fryslân juster in spesjale útstjoering dy't de namme Nijpels! meikrige. Nijpels mocht dêryn kopresintator wêze en sels syn gasten útnoegje wat op 'm sels hiel aardich wie. Wat wol opfoel wie dat hast elkenien der muoite foar dwaan moast om Frysk praten te bliuwen. Alle kearen at Nijpels yn it Hollânsk begûn dan skeakelden de measte gasten ek wer oer nei it oertjongersk. It jout wol oan dat de rol fan de foarsitter by gearkomsten, taspraken en oare wichtige oangelegenheden tige wichtich is. It is dan ek te hopen dat John Jorritsma, fan ôfkomst in stedsfries, him it Frysk praten rap eigen makket. Foar de minsken dy't krekt lykas Nijpels gjin taleknobbel hawwe, Q.E.D. is in Latynske ôfkoarting foar 'Quod erat demonstrandum' wat soks betsjut as ''Dat wat oantoand wurde moast". It Latyn is al in deade taal, lit ús der foar soargje dat soks mei it Frysk net bart...

Thaeke Sneon 26 April 2008 at 5:51 pm | | Default | Reagear hjir op

Aldiwyn en memmemolke

De Laguna stie noch by de garaazje en de freondinne wie al mei de Focus yn Grins dat ik bin mar mei de Jetta nei Drachten riden om dêr de bus te nimmen nei Grins ta dêr't ik ferwachte waard op it feestje fan ransich aapke Gerlind. Gelokkich koe ik it oprêde en ryd foar in euro nei Grins want it wie noch in bytsje twiveleftich oft it wykein/fakânsjetaryf op freedtejûn nei achten al jildich wie. Op it stasjon ried line 6 nei Beyum fansels wer âlderwetsk foar myn noas wei fuort dat ik koe in heal oere wachtsje. Ik haw dan ek mar foar de kistenwein koazen en sa kaam ik wer tradysjoneel licht beswit oan op it feestje. De freondinne wie al licht ûngerêst wat fansels nearne foar nedich wie mar sy hie der al op gokt dat sy de bob wêze mocht dat ik koe oan de Aldiwyn. Yn it kader fan ús 10 jierrich lustrum hie de aldi besletten dat der mar wer in ekstreme feroaring komme moast fan it pak dat ús al safolle genot skonken hat. De pakken bin net allinnich krekt as fiif jier ferlyn foarsjoen fan in nije opdruk, it leit troch it smellere formaat ek lekkerder yn de hân en der sit in dopke op. Soks hie fansels ideaal west by de speurtochten al hat it wol as neidiel dat it min steapelje wol. In tradysjonele toer fan pakken Aldiwyn sil dan ek wol in stikje ymprovisaasje freegje. Nei't der genôch aldiwyn yn it liif siet waard ús ek noch in romer mei echte memmemolke foarset. Dat hie ik fansels lang net preaun dat it moast mar efkes wêze. No haw ik wol yn de gaten dat it mar goed is dat je as lytse poppe noch net folle witte fan wat wol as net lekker is want it smakke net bysûnder gewaldich. Fansels makket it sobjen oan in echte spien ek in soad goed en nimme jo it wite focht dan mar op de keap ta...

Thaeke Freed 25 April 2008 at 5:17 pm | | Default | Reagear hjir op

De airco liet my net kâld

Sûnt ôfrûne snein baarnde der in servicelampke wannear't de airco fan myn Laguna oansloech. Dat wie op 'm sels net sa slim want sa faak brûk ik de airco noch net. It moaie waar komt dit jier ommers noch net sa hiele rap ús kant op. De ôfrûne dagen wie my de motor ek al in pear kear ôfslein mar ik hie fansels net in link lein nei de airco. Hjoed feroare de saak. Op de weromreis út Dronryp sloech my de motor nei in pear hûndert meter al ôf en doe't ik 'm ûnder it riden wer starte en ik op de A31 opluts nei de 120 begûn er ynienen in hiel nuver lûd te meitsjen en hy sloech my wer ôf. Ik krige de motor net mear oan de praat en de motor stonk ek in bytsje dat ik haw de motorkap mar iepen set. Sjoen it feit dat ik in geweldige skoanheit haw bin ik (noch) net lid fan ANWB as in kloon dêrfan dat ik haw ús eigen pechhulp mar skille. Hy kaam fuortdaalks myn kant op dat ik moast my mar efkes deljaan yn de berm. In hiel fervelende saak fansels om sa lâns de dyk te stean en sa no en dan in bytsje hinne en wer te skodzjen by it passearen fan in frachtwein. Nei in goed heal oere wie skoanheit der en doe hawwe wy de auto op sleeptou naam. Omdat skoanheit tocht dat de akku leech wie hawwe wy him ûnder it riden wer starten. Omdat wy fermoeden dat it dochs wat te krijen hie mei de airco hawwe wy doe foarsichtich trochriden mei de airco út en de arko oan. By de garaazje wie Wiebe der al rap efter dat it de aircopomp wie dy't fêstrûn wie. Dêrtroch koe de motor it net langer bolwurkje at de airo oansloech. Hy koe der wol in oare v-snaar opsette sadat ik wer ride koe mar dan hie ik gjin airco mear. Dat wie fansels gjin opsje dat ik haw dochs mar foar it djoere pakket keazen. De Laguna bin ik dus foarlopich efkes in pear daachjes kwyt. Op dit stuit haw ik in Jetta mei fan de garaazje. Faaks kin ik dêryn jitris foar 'besleine ruten' soarchje...

Thaeke Tongersdei 24 April 2008 at 5:07 pm | | Default | Reagear hjir op

Domo

Hjoed wie myn earste wurkdei by myn nije baas. Sûnt hjoed wurkje ik yn Dronryp by de Domo (de 'Drentse Onder-Melk Organisatie') dêr't it de bedoeling is dat ik yngrediënten meitsje foar ûnder oaren de bekende Marsreepkes ensa. Myn taken bin hjir wat mear útwreide as by Friesche vlag dus wat dat oangiet bin ik der op foarút gien. Ek wurkje ik no fansels wer yn Fryslân dus ik hoech my ek net sa faak mear te ferbrekken. Wêr't noch wol ris wat reboelje oer ûntstean kin is it balskoppen fansels want Dronryp leit mear oan de Cambuurkant fan Fryslân fansels mar Hearrenfean en Cambuur bite elkoar op dit stuit net fansels. Der wurkje oars ek genôch Feanfans...

Thaeke Woansdei 23 April 2008 at 4:40 pm | | Default | Reagear hjir op

Folblaft

It begjint der hyltiten mear op te lykjen op de buorren yn de Rottefalle. De skilders binne ús hûs op dit stuit fan bûten oan it ferfraaien en ik moat sizze dat dat in hiele ferbettering is. It hat no ek wol lang genôch yn de grûnferfe sitten fansels. Goed nijs is fierder ek dat se eindelik ris ús âlde rioel folblaft hawwe mei skûm. Der hat hjir de hiele dei in mantsje de putten oan it foljeien west mei in nuver wyt prakje. Under druk kaam dan út in oare put faak de meast goare sjit wei. It is dan ek mar goed dat ús rioel al oansluten wurden is op it nije systeem want oars hiene wy de skytpot ek moai ferstoppe fansels...

Thaeke Tiidsdei 22 April 2008 at 4:32 pm | | Default | Reagear hjir op

Eigen plak earst

De sportklup út it Fryske haachje giet no wol hiel nuver om mei harren fêste seisoenskaarthâlders. Yn it ferline wie it altyd sa dat de seisoenskaarthâlders it eigen plak op de tribune fan it Abe Lenstrastadion reserveare koene. Dit koe dan in oantal dagen foardat de offisjele ferkeap op gong kaam. Yn de tiid dat ik noch gjin seisoenskaart hie moast ik altyd in pear dagen wachtsje en dan soargje dat ik betiid by de ticketbox wie. No krige ik hjoed ynienen in eameltsje dat my der op attendearre dat allinnich hjoed in kaartsje kocht wurde kin foar it eigen plak. De Hearrenfeanfans hawwe dy't dizze eamel krigen hawwe bin grif massaal nei de online ferkeapside gien want dy koe it net oan en wie tot goed 21.30 bûten wurking. Fierder sil ek grif net eltse Feanfan syn eameltsjes alle dagen lêze. Sjoen it feit dat ik woansdei oan in nije baan begjin en ik dus noch net wit oft ik op himelfeartsdei oan it wurk moat stel ik de oankeap noch mar efkes út mar ik fyn it in frjemde gong fan saken...

Thaeke Moandei 21 April 2008 at 5:22 pm | | Default | One comment

Fyfde, fris en it rampsenario

Hjoed hat it Hearrenfean Europeesk fuotbal binnen helle at ik it goed begrepen haw. Troch mei 5-0 te winnen fan de ploech dy't kommend jier wer 30 kilometer fierder reizgje mei koe grutte broer (fan Excelsior) Feyenoord ús net mear ynhelje. It Hearrenfean hat net in moment yn de problemen sitten en wy skoarden rap mar it like wol as woe ús ploechje dêrnei de 1-0 ferdigenje ynstee fan útbouwe. Pas yn de blessuretiid fan de earste helte foel de 2-0. Yntusken foel de sfear yn Nieuw Noord wer bot ôf. Ynstee fan te sjongen wie it bytiden nuveraardich stil en it falt my hieltyd mear op dat der mar in lyts groepke minsken yn it fak echt meisjongt. Yn de twadde helte, en bynammen ek neidat VVV op foarsprong kaam en der ek noch in eigen goal makke waard joech de ploech fan Excelsior belies. Al moat wol sein wurde dat se de kopkes pas hingje lieten nei it lêste fluitsinjaal. Cambuur krijt noch in hele kluif oan dizze mannen dat mei dúdlik wêze. Omdat PSV op 0-1 stie wie Ajax oant de lêste minút kânshawwer op de titel mar ik bin bliid dat dat net slagge is. Al hie dat foar Hearrenfean fansels wol better west want no krije wy it rampsenario dat ik in pear dagen ferlyn al foarsein haw. Earst twa kear tsjin Ajax, dan nei alle gedachten tsjin de winner (as ferliezer) fan Nac-Twente. By winst fan ien fan dizze wedstriden ha wy Uefa, by twa kear winst ha wy foarrondes Champions League en by twa kear ferlies meie wy noch in kear tsjin ien fan de nûmers 6-10. Mocht Feyenoord de beker net winne dan soe it dus noch mooglik wêze kinne dat Gert Jan Verbeek syn nije klup noch fan Europeesk fuotbal ôf hâlde moat. Foar Verbeek is it dan ek saak om sa rap mooglik in wedstryd te winnen, te begjinnen by Ajax om sa Feyenoord net yn it paad te sitten. Spitigernôch spylje wy wol earst thús sadat wy it berikken fan de Champions League eventueel fiere moatte yn Breda as Ynskedee. Minstens like spitich is dat oan de bar gjin fleskes mear ferkocht wurde meie. Ut it eachpunt fan miljeu sit de kola no yn in papieren bekerke mar dan wol wer mei in plestik rytsje fansels. Neffens my wurdt it miljeu hjir oppenij brûkt om in priisferheging fan sa'n 40% troch te fieren. Eartiids krigen wy in heal mingel foar ien muntsje. No krije wy in bekerke fan lit ús sizze 0,3 liter foar dat selde muntsje. Miskien moat ik dan no my sels mar in kear droech lizze...

Thaeke Snein 20 April 2008 at 08:14 am | | Default | Reagear hjir op

Dies Natalis 83 en 30

Yn kear yn it jier hat studinteferiening Bernlef in heuglik feit te fieren. Wy hawwe it dan fansels oer de jierdei fan de feriening. Oer it generaal is de fiertaal fan de feriening Frysk mar der is ien útsûndering. It latynske 'Dies Natalis' (geboartedei) wurdt brûkt om de jierdei fan de feriening mei oan te jaan. Meastentiids wurdt natalis ek noch fuortlitten omdat ús feriening dochs ek net echt berne is fansels. Om de fiif jier is der in lustrum mar noch folle bysûnderder binne de prymgetallen fansels. By it foarige prymgetal (79) siet ik sels yn de Dieskommisje. No wiene it de mannen dy't fjouwer jier lyn noch troch ús fermakke waarden dy't de saakjes regele hiene. Freeds ha se moai te silen west mar as âldleden giet it by ús fansels bynammen om de sneons. It balskoppen ha de leden fan de âldleden wûn fernaam ik doe't ik om in oerke as trije op de buorrel kaam. Wy hiene de auto yn it parkeargaraazje ûnder it UMCG pleatst en dat befoel goed. Lekker ticht by en foar (mar) 1,50 yn it oere. Omdat it mar om in pear oerkes gie koe dat bêst. Wy hiene nammentlik noch in Dies Natalis te fieren want myn suske Rinkje waard ek noch 30 hjoed. Gewoanwei krijt it bestjoer fan ús bestjoer altyd in slokje strohrum oanbean mar omdat oaren al mei dy grap oan de haal gien binne haw ik it dizze kear mar oplost mei Yoghurt en blaue kurasau. It is faaks nijsgjirrich om te witten dat der yn 12 lange drinkglêzen krekt 3 liter yoghurt en 1 fles fan it blaue kurasau giet. Nei de buorrel bin wy, de freondinne en ik, ôfsetten nei Goor. Dêr wennet Rinkje en har tritichste jierdei, gjin prymgetal mar dochs bysûnder, moasten wy fansels al efkes by wêze. It hûs siet al grôtfol doe't wy der kamen en it is altyd wol in aparte sfear om mei in stel fan dy Tukkers om tafel te sitten. It is dochs in oar slach folk, net minder, wol oars. Goed healwei tolven bin wy wer ôfset nei Fryslân dêr't ik de freondinne ôfset haw wêrnei't ik mei de Laguna myn rit ferfolgje sil wer nei Grins...

Thaeke Sneon 19 April 2008 at 07:57 am | | Default | Reagear hjir op

De lêste bon

Hjoed wie de lêste produksjedei fan it Friesche vlag fabryk yn Grins. Fannemiddei om in oerke as trije rolle it lêste pakje sûpe út de fulmasjine wei. Yn it foar hiene wy noch efkes in soarte fan lêste lunsj hân dêr't men my nuver oanseach doe't ik ynstee fan ien bakje sop der trije ferskillende naam. No nim ik eltse dei yn it skoft altyd fan eltse soart sop útsein de tomatesop in bakje fol. Ik betelje dêr ek altyd kreas foar. Dan sil ik dat dochs seker op de lêste dei net oars dwaan omdat it fergees is! Dêr't wy earst noch 5 fulmasjines hiene wiene der al twa ferhûze nei Nijkerk dêr't se no de deifarske produkten produsearje sille. Omdat ek de fla en yoghurt al genôch yn foarrie stie moast der hjoed allinnich noch mar in bytsje molke en sûpe draait wurde. Dat barde op ien masjine dat it soe de hiele dei wol duorje. Omdat alles fuort moast waarden al yn de middei de bonnen draait foar de ferskate distribúsjesintra en doe't wy alles klear set hiene koe alles wat oer bleaun wie ek by in rit nei Nijkerk ta. Omdat ik alles aardich yn de holle hie en it lestich wie om dit allegear oer te dragen haw ik de lêste dei ek noch mar efkes oardel oere langer wurke. Om goed kertier foar fjouweren haw ik de lêste bon útprinte. Dat hie noch hiel wat fuotten yn 'e ierde want de matriksprinter ferslikte him by dy bon efkes yn it lint. It wie in hels karwei om dy printer wer oan de praat te krijen mar úteinlik koe de sjauffeur dochs mei in werôfdruk syn rit ferfolchje. Dêrnei haw ik myn kastje ûntromme, myn klean yn de wask dien en myn kaaien en klokkaarten ynlevere. Nei noch in koart rûntsje troch it fabryk hinne wie it dien. Yn de Laguna haw ik dêrnei it paad nei Fryslân wer werom fûn. Ik bin dus no offisjeel wurkleas. Wurksykjend bin ik net want ik kin woansdei al wer earne oars oan de slach. Dat komt wol moai út mei de Dies fan Bernlef fan't wykein want dan haw ik moai in pear daachjes om by te kommen...

Thaeke Freed 18 April 2008 at 11:49 am | | Default | Twa comments

Foarbeskôging slot fuotbalkompetysje

No't alle ploegen 33 wedstriden spile hawwe komt der hieltyd mear dúdlikheid oer de play offs. Sa't de stân no is soene wy yn de earste omloop tsjin Ajax spylje moatte. At wy dan de selde risseltaten helje soene as yn de kompetysje dan soe dat betsjutte dat wy mei 2-4 en 4-1 de boat yn gean. Nac wint dan fan Twente mei 1-1 en 1-0. De kommende tsjinstander soe dan dus FC Twente wêze en dêr hawwe wy mei 1-2 en 1-0 fan ferlern. Dêrnei soene wy tsjin de winner fan de striid tusken Feyenoord, Grins, Roda JC, Nec as FC Utrecht moatte. Wy soene dan winne kinne fan Grins mar de oare duels ha wy allegear ferlern (Feyenoord 2-0 en 1-1, Grins 4-2 en 0-1, Roda JC 1-0 en 4-3, Nec 0-1 en 2-3 en Utrecht 2-3 en 2-2). De kâns op yntertoto is dan ek hiel grut op dit stuit hoewol't wy der goed foar lykje te stean. It is wol ûnhuer spannend dat it kin, en sil, ek noch wol wer hielendal oars gean. It soe bygelyks foar it Hearrenfean better wêze wannear't Ajax kampioen wurdt want dan soene wy tsjin PSV moatte en dêr ha wy al fan wûn dit seisoen. Ek soe it geunstich wêze at FC Twente de lêste wedstryd ferliest fan Willem II. Dan soene wy yn de earste omloop tsjin NAC moatte en dy kin wy ha. Noch geunstiger soe it wêze wannear't Feyenoord ek wint. Sy moat dan fansels ek de bekerfinale winne. It wichtichste is fansels yn earste ynstânsje dat it Hearrenfean snein fan Excelsior wint. Verbeek hat de Rotterdammers ferline wike wol genôch matst...

Thaeke Tongersdei 17 April 2008 at 11:35 am | | Default | Reagear hjir op

Slim as snoad?

Der komme hieltyd mear bekende nûmers út dy't oerset wurden binne yn it Frysk. Ik sil der ris in nustje foarby komme litte dy't fergees del te heljen binne. Ik begjin mar ris mei op www.fryskemp3.nl te sjen wat der sa al te keap is. Op dizze side fine wy 'Betizing troch de duvel' fan Bacon & Bones wat fansels in oersetting is fan de Stonesklassiker 'Sympathy for the devil'. Ek fine wy twa fersjes fan 'It lân fan' wat troch Remon de Jong oerset wurden is fan it Lange Frans en Baas B. nûmer 'Het land van'. Ek Jitiizer wit wol rie mei de muzyk fan oare grutheden. Sa fine wy it bekende Pennywise nûmer 'Bro Hymn' werom yn de listen wannear't Jitiizer 'Alles út 'e kast' hellet. Der binne fansels noch folle mear foarbylden. Sa hat Jitiizer ek it faaks wat minder bekende nûmer 'Adios' fan de bekende Dútske band Rammstein yn de koffer smiten mei as risseltaat it nûmer Gek. Ien fan de bekendste oersettings is fansels Paradise by the dashboardlight wat yn de fersje fan de Kast dan 'Paradys by it dashboardljocht' wurdt. Ek is der in folsleine skiif mei André Hazes yn it Frysk, Grinzer Ede Staal waard oerset en sa bin der noch in moai nustje oare lietsjes. Hoe kom ik no sa ynienen op dit ûnderwerp? As behearder fan de Fryske mp3 side krige ik in eameltsje fan de mannen fan Van Wieren dat yn it kader fan de Praat mar Frysk kampanje no ek it nûmer 'Ien' fan de Ierske band U2 neisyngroanisearre hat. Ik fyn it persoanlik net in grut beswier om op ienfâldige wize it Fryske repertwaar wat te ferbreedzjen. Ik wie wol benijd wat de lêzers fan myn blochje de moaiste Fryske fertaalplaat fine. Der bin noch folle mear as ik hjir boppe opneamd haw fansels. Faaks meitsje ik der jitris in soarte fan priisfraach fan. At geenstijl ús dan mar mei rêst lit...

Thaeke Woansdei 16 April 2008 at 6:32 pm | | Default | Reagear hjir op

Warber Fryslân

Nei it grutte súkses fan de stifting Fryske aksje (lês Bernlef) dy't mei de Fryske kameleonfilm in geweldige aksje foar it Frysk útfierd hat sit ik no oppenij yn in stifting foar de Fryske saak. De stifting Warber Fryslân is sûnt koart in feit en yn dizze stifting sit ik tegearre mei Jarig Sipma en Bianca van den Bogert-Wynsma. It earste wapenfeit fan dizze stifting sil it útjaan fan in kompakt skiif mei Fryske Sinteklaasferskes wêze. Bianca fûn it wat spitich dat der by de yntocht fan de hillige Sint yn har doarpke hielendal gjin Friese ferskes songen wurde. Ik hie my dêr yn 1995 ek al ris oan ergere wat dêrnei de oprjochting fan de sjongrûnte ta gefolch hie by Bernlef. Doe't de webside fan Bernlef noch mar krekt opstarten wie haw ik alle Fryske sinteklaasferskes dy't ik fine koe al op it ynternet ferspraad. No sil dit ek op skiif fêstlein wurde. Op dit stuit wurdt der troch guon jongerein al drok repetearre en der is ek al in studio ôfhierd. Der sit noch folle mear yn it fet oangeande dizze aksje mar dêr hearre jim letter noch wol mear oer fansels. En dizze kear betelje wy fansels wol foar de rjochten...

Thaeke Tiidsdei 15 April 2008 at 08:12 am | | Default | Reagear hjir op

'happy slapping' en de media

It skynt grappich te wêzen om minsken fisyk te mishandeljen en te trijterjen. Wannear't soks dan ek noch filme wurdt en op it ynternet belânet wurdt soks 'happy slapping' neamd. Hjoed binne der in pear bern (14 en 18 jier âld) feroardiele foar it mishandeljen en filmjen fan in autistyske jonge. Sy hawwe flinke wurkstraffen krigen mar de rjochter hat yn it fonnis ek it feit meinaam dat de jonges troch alle mediaomtinken al flink troch de mangel helle binne. Dat is fansels wol hiel apart want neffens my hawwe se sels oan it filmjen west en dy filmkes fia youtube ferspraat. Dan wolle jo dochs graach bekend wurde liket my. Boppedat soe yn it fonnis ek meinaam wurde moatte dat troch alle omtinken fan de media ek it slachtoffer alle kearen wer straft wurdt. Sa liet it sjoernaal hjoed ek wer in stikje fan de bylden sjen wêrtroch't it slachtoffer no ek yn hiel net nei happy slapping bylden sykjend Nederlân de bylden op it netflies stean hat. Ik hie op dit lochje ek wol de bewuste bylden sette kinnen mar dat doch ik bewust net. Faaks hie it sjoernaal ek dyselde bewustheid toane moatten...

Thaeke Moandei 14 April 2008 at 07:54 am | | Default | Reagear hjir op

Better de boat yn as de brân

De ienige noch libjende âlder fan myn âlden is hjoed 90 jier jong wurden. Beppe Kuipers hie noch altyd wol sin yn in feestje en nei't sy ferline wike al hiel Skylge ûnfeilich makke hie waard no de Simmerwille ôfhierd foar in faartochtsje oer de Fryske wetters. Mei sa'n grut neiteam, pake en beppe hiene 12 bern, sit dy boat ek gesellich fol fansels. Moarns sammelen wy op 'e Jouwer dêr't wy oan board giene. De reis gie dêrnei fia de Snitsermar oer it kanaal nei Grou ta. Op it plak dêr't de Grousters in pik mear hawwe as de Jousters hawwe wy hiel lekker iten en dronken. Der wiene safolle sâlte hjerrings dat wy der wol sêd fan koene mar ek de rollade en de hin wie it fertarjen seker wurch. De jenever mei sânomheech waard yn skinkkantsjes servearre sadat it der ienfâldich yngetten wurde koe. Miskien net hiel moai om te sjen mar it wurke wol tige goed. Nei't wy mannich rêdingsboat foarby tuffen sjoen hiene, dêr skynde wat mei te rêden te wêzen yn Grou, bin wy wer oan boart fan de rûnfeartboat gien en sa makken wy de selde reis wer werom. Wat dat oanbelanget hawwe wy wol ris in moaiere rûte fearn mar ach, de measte wetterkanten fan Fryslân haw ik dochs ek wol sjoen fansels dat wy hawwe de tafeltsjes yn de pôledeistân setten en it wie gesellich. It Hearrenfean hat grif minder wille hân doe't hja de boat yn giene tsjin Sparta yn Rotterdam. Gelokkich ferlear ek Feyenoord dat wy hawwe it fyfde plakje noch yn eigen hân. It nijs út Grins wie oars ek net al te bêst. Myn kollegas hiene al foarspeld dat de wedstryd wolris binnen in kertierke staakt wurde koe mar dat se net iens begjinne soene hie net ien tinke kinnen fansels. Net tsjinsteande ús ferlies bin wy no wol wer mei ôfstân de Trots fan it Noarden...

Thaeke Snein 13 April 2008 at 07:33 am | | Default | Reagear hjir op

Efkes útwaaie

Wannear't wy op fisite gean yn Noard- as Súd-Hollân bedarje wy gauris efkes op it strân. Sa ek hjoed doe't wy werom kamen fan in poppeslokje yn Heemskerk. Mei de kaart op skoat kamen wy al rap terjochte yn Castricum oan see. Dêr is oan it ein fan de wei in hiel grut parkearterrein dêr't wy al ris earder foar stien hawwe mar dat wy doe lofts lizze litten hawwe omdat wy net folle sin hiene om ?4,- te beteljen foar in kertierke sânwâldzjen. Sjoen it feit dat wy no pas nei 20.00 teplak wiene wie de slachbeam al iepen en koene wy fergees ús weintsje kwyt. Hoewol't ik net de winsk haw om foar langere tiid oan te meunsterjen op in grut skip om sa de wrâldseeën te befaren hawwe de see, it strân en it lûd fan de brâning altyd in rêstjouwende útwurking. Wol foel it my op dat der foar de kust fan Castricum al in moai nustje wynmûnen yn it wetter stiene. Ik miende dat it de bedoeling wie dat dy efter de hoarison komme soene mar se wiene no dochs echt dúdlik te sjen. De sinne wie hast ûnder en it wie wat dizich dat de romantyske ûndergong wie it wachtsjen net wurch. Der stie wol in moai wyntsje en de brâning wie aardich heech. Nei't wy wer fris wiene en de skuon fol sân sieten bin wy wer yn it weintsje stapt werom nei it Heitelân...

Thaeke Sneon 12 April 2008 at 07:17 am | | Default | Reagear hjir op

Boetes yn de soarch

Dêr't ik alle moannen netsjes myn soarchpreemje fan mear as hûndert euro ôfdraach bin der ek in 200.000 Nederlanners dy't dat net dogge. Wannear't dizze minsken binnenkomme op de raphelpferlining sille de dokters harren fansels net dea gean litte dat der is foar harren ek mar in bytsje reden om wol dy ?1200,- yn it jier oer te meitsjen. No wol minister Klink dizze groep minsken in boete oplizze fan 30% fan dizze soarchpreemje. Dat sil útkomme op sa'n ?27,- de moanne. Dit bedrach sil ynhâlden wurde fan it ynkommen fan de wanbeteller. De fraach yn dizze saak is fansels wêrom betelje minsken dy soarchpreemje net? Hawwe se jildpine, tinke se gjin soarch nedich te wêzen, bin se bewust tsjin eltse foarm fan medyske soarch as bin it gewoan lakse minsken. Foar minsken mei jildpine sil dy ekstra 27 euro allinnich noch mar mear sear dwaan. Der moat dan wer earne oars op beknibbele wurde of se gean mei in oar syn guod oan de haal. De lakse minsken sille miskien dochs in kear kieze foar automatyske ynkasso. Dat systeem foldocht my persoanlik hiel goed want ik ferjit dan nea wer in akseptgiro oer te meitsjen. De lêste twa groepen minsken út myn opsomming hawwe yn elk gefal geestlikke sûnenssoarch nedich liket my. De oerheid mient dus no dat se in bedrach op it ynkommen ynhâlde kinne. Dêrby giet men der kennelik fanút dat it allinnich om ambtenaren en wurkleazen giet. Ik freegje my al ôf hoe't men oars oan myn ynkommen komme wol. It soe better wêze en regelje de soarch, desnoads allinnich it basispakket, kollektyf. Wêrom soe der in grutte winstjouwende soarchfersekeraar tusken de patient en de oerheid sitte moatte. Is it net folle ienfâldiger om as oerheid de soarchpreemje fan it basispakket yn de belestingen op te nimmen. Dan hat fuortdaalks elkenien betelle, is elkenien gewoan fersekere tsjin de measte saken en hoege wy mei ús allen ek net sa dreech te prakketinken. It soe in hiele soarch minder wêze...

Thaeke Freed 11 April 2008 at 06:41 am | | Default | Reagear hjir op

H(H)G

It wie al wer in moai skoft lyn dat ik foar it lêst op in HHG, de algemiene moanlikse ledegearkomste, west haw fan Bernlef. Eartiids doe't ik lid wie haw ik yn 10 jier tiid faaks mar in stik as trije fan dizze wichtige gearkomsten mist. Nei't ik âldlid wurden bin fûn ik it net langer passend om hjirby oanwêzich te wêzen. Hjoed wie dêrop fansels in útsûndering omdat it bestjoer no ek alle âldleden noege hie om te kommen. Der soe praten wurde oer de Kameleonrjochtsaak dy't, mei troch it ferstjoeren fan de útnoegings nei alle âldleden, no wer efkes hyt is yn de media. Wat op dizze HHG besprutsen wurden is sil ik hjir net al te folle út te doeken dwaan. Wol wie it sa dat it heechste orgaan fan Bernlef noch altyd massaal efter ús aksje foar it Frysk stiet. Fansels sil der in aksje komme om sa oan de 11.300 euro te kommen dy't wy noch boppe wetter helje moatte. Ik haw der alle fertrouwen yn dat dit slachje sil en it is ek moai om te sjen dat der altyd wer nije leden opstean dy't foar it Frysk opkomme wolle. Ynkoarten sil der mear bekend wurde oer de te fieren aksjes mar it is net oan my om dêr no mear oer te fertellen...

Thaeke Tongersdei 10 April 2008 at 07:16 am | | Default | Reagear hjir op

Ljochtknop as pispeal

De lantearnepeallen yn ús part fan de buorren wiene al pleatst mar by ús bûkebeam stiek ek noch in triedsje boppe de grûn út. Wy wiene al hiel benijd wat dêr komme soe. In eintsje fierderop ha se yn de grûn spotsjes oanbrocht dy't de nij oanplante iikjes fan ûnderen moai yn it blau as giel útljochtsje. Ik hie dan ek krekt sa'n spotsje ferwachte om de moaie reade blêden fan ús beamke wat better ta harren rjocht komme te litten. Spitigernôch hie de ien as de oare arsjitekt dochs wer wat oars betocht. No stiet der foar ús hûs in ûngefear ien meter heech fallussymboal dy't ek noch ljocht jout. Ik haw it gefaarte dan ek mar omdoopt yn ljochtknop wylst de buorfrou it in pispealtsje fynt. It doel fan dizze peal ûntgiet my fierder ek kompleet. Der stean oars ek al gewoane lantearnepeallen. Ien foardiel hat de peal fansels wol. Wannear't jim op besite komme wolle hoege jim net langer mear myn adres te witten. It is gewoan fanôf de Wâldwei de twadde ôfslach de Rottefalle yn en dan wenje wy efter it earste pispealtsje...

Thaeke Woansdei 09 April 2008 at 07:06 am | | Default | Reagear hjir op

Olympysk fjoer

It is sa stadich wei oan in raasje oan it wurden om de olympyske flam, dy't op dit stuit de wrâld oerreizget, út te krijen. Oeral dêr't de flam delstrykt giet it nijs oer de aksjefierders tsjin Peking en foar Tibet as in rinnend fjoerke de wrâld oer. De flam dy't yn Athene mei help fan de sinne oanstutsen wurden is is yntusken fansels al in pear kear mei in gewoane oanstekker wer oan de praat holpen. Op dizze wize krijt Tibet fansels in soad omtinken yn de wrâld. De Sinees sels krijt der oars mar in bytsje fan mei want de media witte de protestearjende minsken altyd moai fuort te filterjen troch rap oer te skeakeljen nei in oare kamera. Dêrmei is de kâns op echte live útstjoerings fanút Peking dan ek net sa grut. Der sil grif in mansje tusken sitte dy't by need it byld op swart draaie kin. Fan aksjes yn Sina sels sil sawysa wol net in soad sprake wêze want oer it generaal weve de Sineeske oardetroepen dêr wol mei ôf...

Thaeke Tiidsdei 08 April 2008 at 06:56 am | | Default | Reagear hjir op

Tokkykleurkes?

It hat efkes duorre mar ús skilder hat hjoed efkes by ús del west. At it in bytsje mei sit dan begjint er nije wike oan ús kezinen. Wy moasten fansels noch al efkes de definitive kleuren útsykje. No bin ik gjin kleurenekspêr dat om der no foar te soargjen dat it gjin saneamde tokkykleurkes wurde hat de freondinne in wichtige stim hân. Wy wiene der al oer út dat it wyt mei grien wurde moast mar der bin fansels ûntelbere kleuren wyt om oer grien noch mar net te sprekken. Mei de kleurenwaaier yn de hân hawwe wy it efkes besjoen en op oanrieden fan de skilder hawwe wy in net te wite kleur útsocht en in moaie donkere griene. De freondinne wie wat benaud dat it allegear te grien wurde soe mar ik haw har der dochs fan oertsjûgje kinnen dat soks gjin kwea kin fansels. No mar hope dat it einrisseltaat der wat kreas útsjocht.

Thaeke Moandei 07 April 2008 at 04:55 am | | Default | Reagear hjir op

In oare blau-wite tribune

It earste achttal fan ús pleatslike kuorbalferiening Wêz Handich moast hjoed in beslissingswedstryd spylje tsjin Leonidas út Noardwâlde. Sjoen it feit dat myn saak stiper fan de klup út Rottefalle is en myn freondinne ek noch in bestjoersfunksje ferfult moast ik mar efkes mei. Wy wiene net de ienigen want Wêz Handich hie in grutte dûbeldekker ride litten om hast alle jongerein fan de feriening te mobilisearjen om mar safolle mooglik lawaai te meitsjen. Dat dit net altyd like handich wie die al gau bliken want by de ferdediging wie it lestich kommunisearjen foar de ferdigening fan Wêz Handich. De Noardwâldsters namen rap in foarsprong mar op slach fan rêst rekken de Rottefalsters wat went oan it leven fan de meast blauwe tribune. Mei 6-5 waard dan ek de kleikeamer opsocht. Kuorbal is foar my in aparte sport. Sa krije se soms frije worpen dêr't ik de reden net efter sjoch en meastentiids ek noch foar de partij dy't ik it minst kâns jaan soe op sa'n frije worp. Fanatyk toeteraar Henk-Sjoerd woe wer krekt sa'n helte ha as de earste en hy soe op syn winken betsjinne wurde. De Noardwâldsters kamen rap wer werom op foarsprong en it like hielendal mis te gean mar lokkigernôch koene ús 'boys and girls in white en blue' dochs noch krekt foar tiid 12-11 meitsje. De lêste minút stoppet de klok en is it ûnhuer spannend mei sa'n stân. Dochs waard der net mear skoart dat kommend jier spylje de Rottefalsters yn de tredde klasse. Wat dat oanbelanget kin ik wol faker mei fansels...

Thaeke Snein 06 April 2008 at 02:39 am | | Default | Reagear hjir op

Willem- en Tele twa

Nei it debakel fan Tele twa tidens de wedstryd fan it Hearrenfean tsjin Twinte slagge it no wol fuortdaalks om ferbining te meitsjen mei de troch Univé stipe live-stream út Tilburch. Al falt der oer dat live noch wol wat te sizzen fansels. Op msn wie ik mei guon Feanfans yn petear tidens de wedstryd en it slagge Jan Ale mar net om ferbining te krijen. Sa miste hy de 1-0 efterstân. No wiene de earste minuten foar Feanfans sawysa net om oan te sjen dat hy hat net in soad mist. Mar doe't er letter al ferbining krige lei er samar in 15 sekonden op myn byld foar. Dat betsjutte fansels dat alle kearen at Jan Ale oei en ah tikte ik sawat in hertfersakking krige. It Fean spile wer krekt as stiene wy yn degradaasjegefaar. Nei de 1-0 waard it foar rêst noch 1-2 mar ynstee fan efkes troch te pakken en mei ús yndividuele kwaliteiten de mannen fan Willem twa hielendal fuort te spyljen besochten wy de 1-2 foarsprong wat te ferdedigjen. Lit dat no krekt net ús sterkste punt wêze. Wy moat gewoan in pear goals mear meitsje as de tsjinstander dan winne wy alle wedstriden. Dizze kear lieten wy it nei wêrtroch't de Tilburgers werom kamen op 2-2. Lokkigernôch knalde Sibon der ek noch efkes in fantastyske frije traap yn mar yn de lêste minút fan de ekstra tiid hie Tilburch fertsjinne op 3-3 komme kinnen. Dat dit ús besparre bleau soarge der ek foar dat wy in plakje by de earste fiif hâlde. No mar sjen wat de konkurinsje docht...

Thaeke Sneon 05 April 2008 at 3:27 pm | | Default | One comment

Mei algemiene stimmen

Justerjûn bin ik op de Algemiene ledegearkomste fan de RIHA, de Rottevalster industrie, handel & ambacht, yn it bestjoer keazen as de nije skriuwer. Troch it ûntbrekken fan tsjinkandidaten barde dat mei algemiene stimmen. It wie spitigernôch net sa drok op ús gearkomste. Dat is fansels bynammen spitich foar dy ûndernimmers dy't graach advertearje wolle op de nije doarpsplattegrûnen fan ús doarpke mar alles is noch net ferlern fansels. Foar mear ynformaasje kin altyd efkes kontakt opnaam wurde mei de skriuwer fansels...

Thaeke Freed 04 April 2008 at 3:18 pm | | Default | Reagear hjir op

Nije LC side hat wat muoite mei it Frysk

De webside fan de Ljouwerter krante is fernijd mar om no te sizzen dat it in ferbettering is? Yn earste ynstânsje is de side sleau en der stiet in fracht reklame op. Ik leau dat it de bedoeling is om yn te loggen en de side dan nei dyn eigen hân te setten mar op dit stuit kin ik bygelyks nergens de lêste reaksjes fine. De lêste reaksjes is faak in goeie yndikaasje foar wat der wol en net libbet yn de Fryske mienskip. Ik hie noch krekt op de âlde side wat reaksjes pleatst en dy bin no ferdwûn. Ek begjint myn reputaasje wer hielendal by 0 wylst ik al aardich wat reaksjes yn de foarm fan stjerkes krigen hie op myn berjochten. Mar it minste fan de nije side is fansels dat se net goed oerwei kin mei de spesjale tekentsjes dy't it Frysk mei him mei bringt. De dakjes en streekjes wurde net goed ferwurke wat de Fryske teksten net echt lêsber makket. It is te hopen dat de Ljouwerter krante dêr rap ferbettering yn oanbringt...

Thaeke Tongersdei 03 April 2008 at 11:26 am | | Default | One comment

It is wer komkommertiid

Juster en hjoed hiene de media wer rom omtinken foar de Kameleonsaak. Sa hawwe wy juster sels noch efkes in koarte flits yn RTL Boulevard helle. Dat wie foar safier't ik wit in primeur. Us freonen fan Omrop Fryslân makken in reportaazje fanút de soas fan Bernlef dêr't hja sels wer in pear stikem yn bioskoop Images opname bylden fan de film tuskentroch mjukse hiene. RTV Noord moast it dwaan mei fragmenten út de Hollânske film.

Omrop Fryslân


RTV Noord


Ek grappich

Thaeke Woansdei 02 April 2008 at 11:07 am | | Default | Reagear hjir op

Wannear't de dongbult oan de fentilator ta is

FilmpoasterOp de dei dat de measte minsken in oar foar it lapke hâlde kaam Omrop Fryslân mei in primeur dy't spitigernôch gjin grapke wie. As ien fan de belutsenen by de rjochtsaak tusken de firma Kluitman, De kameleon CV fan de Jongs en de mannen fan de Fryske kameleonfilm wie ik fansels al in skoftsje op de hichte fan de útspraak fan de rjochter mar my wie in swijplicht oplein dêr't ik it op guon mominten knap dreech mei hie. No't it nijs op strjitte leit haw ik fan myn kriminele maten te hearren krigen dat ik no net langer hielendal stil hoechde te bliuwen oer de saak dy't al seis jier lang ús libben behearsket. Lit ús efkes koart werom gean nei wêr't it allegear begûn.

Yn in fier en griis ferline, neffens my ein 2001, wie Renze Westra op de soas fan Bernlef oanwêzich as sprekker. Ien fan de fragen dy't wy foar him hiene wy fansels: "Wat is dyn nije projekt?" Hy antwurde dat er fjildwachter Zwart spylje soe yn in nij te meitsjen Kameleonfilm, regisearre troch Steven de Jong. Wy wiene fansels tige bliid dat dizze fantastyske boeken fan Hotze de Roos no ferfilmd wurde soene troch ús meast produktive Fryske filmer Steven de Jong. Ik bin der net mear hielendal wis fan mar ik kin my hast net yntinke dat it in oar as my wie dy't doe frege yn hokker taal dizze film opnaam wurde soe. It soe in Hollânske film wurde! Net folle letter haw ik tegearre mei noch in pear fanatike leden in moasje opsetten dêr't yn stie dat Bernlef der alles oan dwaan moast om der foar te soargjen dat de film yn it Frysk opnaam waard. Der is doe in brief fanút it bestjoer nei de krante gien dêr't Steven yn frege waard de film yn it Frysk te meitsjen. Omdat Steven de Jong fan de KRO in fracht sinten krige hie en hy no ek wol ris echt binnen rinne woe waard dochs trochsetten mei in film yn it Hollânsk.

Jan Ale van der PloegTidens it iten fan in no al legendarysk board mei makaroanje by Mario thús waard troch my it plan lansearre om dan mar sels foar Steven syn film útkaam mei in Fryske film te kommen. Mei in ienfâldige kamera en wat Bernleffers yn de haadrol soene wy dan in dei lang wille meitsje op it Fryske wetter en ús film soe dan yn de keiwike moai op it programma stean kinne. Nei de noadige drankjes nuttige te hawwen wiene wy der al rap út dat Piet Paulusma ek efkes mei dwaan moast yn dizze film mar omdat wy fansels net te folle beslach lizze woene op de tiid fan Piet moast hy dan mar ûntfierd wurde. Dan hoechden wy ommers mar twa sênes mei Piet te draaien. Dy jûn waard it geselliger en geselliger en net folle letter hiene wy it heale skript al klear want de ûntfierder moast fansels de Grinzer waarman wêze, dy mei dy snor.

It duorre net lang of Piet hie al tasein en ek Jaap Nienhuis, de man dy't yn de Alvestêdetocht fan 1963 as ien nei lêste oer de streep kaam, seach der de wille wol fan yn. Oant dy tiid hiene wy it noch net nei bûten ta brocht mar op in buorrel fan Bernlef moeten wy Onno Falkena fan Omrop Fryslân en ûnder ynfloed fan de noadige bearenburchjes fertelden wy him wat de bedoeling wie. De oare deis hie Onno it berjocht op omropfryslan.nl setten en ek noch ris op it ANP. Dat wie de earste kear dat de dongbult heger wie as de fentilator. Boele en Jarig moasten fuort al ôfreizgje nei ontbijt TV en wy hellen alle kranten en radiostjoerders. Noch heal benevele fan de buorrels makken hja it allegear wat grutter as dat it eins wêze soe en doe wie der gjin wei werom mear fansels. Der waard in echt skript skreaun troch Kameleonfanaat en Bernleffer Erik de Vries en der waard socht nei in kameraman mei ûnderfining. Nei in pear omswerfings kamen wy úteinlik by de mannen fan de USVA terjochte. Dy hiene wol kameraminsken, lûdsminsken en regiseurs dy't op frijwillige basis mei ús meiwurkje woene.

Ontbijt TV


Ynstee fan ien dei draaien waarden it der fiif en it waard fansels noch hieltyd moaier en moaier. Op de earste draaidei hiene wy alles goed foar elkoar. Der wie in kameraploech, grimeuse, klean, in kameleon, ferskate boatsjes, in lokaasje en fansels in frituurpanne. Spitigernôch hiene ús beide waarmannen net foarsjoen dat it de hiele dei reine soe dat fan opnames kaam dy earste dei net in soad. Der wie sa wol genôch tiid foar de noadige petearen mei sjoernalisten fansels. Ik leau dat der wol in stik as fiif kameraploegen tagelyk wiene. Alle nijsstjoerders lieten wol in stikje sjen fansels want it wie ek komkommertiid. It die bliken dat it meitsjen fan in film bynammen ek in soad wachtsjen betsjut. De earste sênes mei it oppakken fan Jaap Nienhuis dy't op 'e fyts útnaaid wie duorren oeren.

De skippers en hun boat


De twa produsinten fan de film, Boele en Marcel, soargen der hieltyd foar dat it grutter en grutter waard. Nei de twa waarmannen waard Ed Nijpels frege as boargemaster mar dy wegere dat. Doe't wy net folle letter Wiegel fregen om mei te spyljen stie er in wike letter al yn Dokkum te glimkjen. Steven de Jong besocht noch werom te slaan op ús BN'ergeweld troch Ed Nijpels al yn syn film opdrave te litten. Letter diene ek Foppe de Haan en Ids noch in lyts roltsje yn de film. Wy ha in pear prachtige draaidagen hân mei as hichtepunt fansels de dei dat wy earst yn Dokkum de boargemastersêne filmden, dêrnei op de boat troch de greften fan Dokkum foar de huldiging. Dêrnei rap yn de auto nei Broeksterwâld foar in hiele dei rûntsjes om 'e mûne draven. In rappe tuskenstop yn Damwâld om de hinnen fan de famylje Westerhof fan de lis te krijen mei in carbidbus. Dizze sêne is allinnich nea yn de film kaam omdat de hinnen nei ien knal dôf wiene en net mear opspringe woene. It is faaks aardich om te melden dat de knal fan de carbidbus letter brûkt is as startskot by it ôfgean fan it gewear fan mûner Dijkstra. Oan it ein fan dizze lange draaidei kamen wy yn Ealsum foar de trekkersêne en de banksênes tusken heit en mem Klinkhamer. De berntsjes wiene doe echt wurch sadat der net mear akteard hoechde te wurden.

Wiegel en Hielke


Net folle letter siet ús wurk der op dat it blonde strúkje dêr't de peroxide foar soarge hie koe der stadichoan wer útgroeie. De foarbereidings fan de premjêre namen no in soad tiid yn beslach. Produsinten Terpstra en Westerhof woene grutter dan grut útpakke en sa lei der mei help fan Lippe Lap in reade loper fan Bernlef oant Images. Der wiene foar de offisjele Grolsch Masterpremjêre in pear dikke BMW's regele dêr't de haadrolspilers mei nei de bioskoop koene. Der fleach in fleantúc boven Grins en der waard bearenburch mei sjampanje skonken. De film wie krekt op tiid klear en sa koene wy him sjen yn in fol Images dêr't de seal fierstente lyts wie foar al ús gasten. Dy jûns hat de film noch in kear as 6 draaid foar in útferkocht hûs.

Net al te lang foar de premjêre begûn it gesoademiter mei Kluitman en de De Jongs. Sy kamen der efter dat ús film dochs wol hiel proffesjoniel begûn te wurden. Wy hiene fansels ek oeral de goeie minsken foar regele. Sa hie studint grafyske foarmjouwing Peter Boersma hiele moaie filmpoasters makke en de media wie ús ek genegen. Wy moasten ferskate kontrakten tekenje en wy moasten perfoarst ek sels meidiele dat ús twaling in rol as studint spylje soe yn de film fan Steven de Jong. Ik wie dêr net foar omdat soks in ferswakking wêze soe fan ús stânpunt mar wy moasten dochs tajaan. Uteinlik is it fansels ek wol sa dat de studinten út de boeken fan de Roas Bernleffers west hawwe moatte. Wy hiene efkes in wat mindere dei op de Omrop omdat wy no ek meidiene mei Steven mar it goel gelokkich ta. Bynammen ek omdat Steven ús dernei nea útnoege hat om dy rol ek daadwurklik te spyljen.

Piet Paulusma op de reade loper


Nei de premjêre dy't ek wer in soad omtinken krige yn de parse woe hiel Fryslân ús film sjen mar dat mocht net fan Kluitman. Hja hiene ús wiis makke dat wy gjin rjochten hiene foar it fertoanen fan ús film. Nei it riedplachtsjen fan in abbekaat die bliken dat wy neffens him in parody makke hiene en dat wy dêr gjin rjochten foar nedich hiene. It kontrakt dat wy tekene hiene wy ta stân kaam ûnder dwaling ofsoks en it soe dêrmei net rjochtsjildich wêze. Wy koene ús film dan ek gewoan draaie op it Frysk filmfestival yn de harmonie yn Ljouwert neffens de abbekaat. Wy hiene fansels al in bytsje rekkene op in koart pleit mar dat kaam mar net dat it waard noch spannend. Twa dagen foar de foarstelling kaam der in mantsje by de doar mei in dik pak papier. De útjouwerij út Alkmaar soe tegearre mei Steven de Jong en dy in boaiumprosedure oanspanne tsjin de krekt oprjochte Stifting Fryske aksje, de bestjoerders fan dizze stifting en tsjin it bestjoer fan Bernlef. Wy ha fansels efkes mei dit skriuwen nei de abbekaat west mar dy sei draaie jim dy film mar. Se kinne jim neat meitsje.

Us twadde premjêre, dizze kear op Fryske grûn wie net minder as dy yn Grins. De seal wie sels noch in pear kear sa grut. Der koene no wol sa'n 800 man yn en oppenij waard it oan elkoar praten troch Klaas Jansma dy't by de premjêre yn Grins in prachtich wurdsje dien hie dêr't spitigernôch neat fan opnaam wurden is. Yn de Harmonie waard it al opnaam en ek hjir wiene alle foarstellings wer sa'n bytsje útferkocht. Der wiene no al sa'n 6000 minsken west dy't ús film sjoen hiene yn mar twa dagen tiid. Doe hawwe wy mei de film by de doarpshûzen del west. It wie oeral in grut feest en wy ferkochten in soad Frysktalige Kameleonboeken. Omdat ús film mar 35 minuten duorre waard it praatsje fan Klaas Jansma der foar plakt sadat der dochs in oerke ûntspanning en sensaasje ûntstie. In heal jier lang fleagen wy meardere kearen per wike hiel Fryslân, in part fan Nederlân en úteinlik ek noch Belzenlân en Dútslân troch. Foar Dútslân, eins Noard-Fryslân, wie de film spesjaal ûndertitele yn it Noard Frysk wat in soad tiid koste hat mar de bern fûnen it prachtich. Op 30 april 2003 hawwe wy de grutte finale hâlden. Der wiene doe in stik as trije as fjouwer tiems tagelyk op paad mei de film en sa kaam de teller op ûngefear 23.000 besikers. Op dat stuit wiene der noch genôch oanfragen foar fertoanings mar sjoen it feit dat wy der neat mei fertsjinnen en it in soad tiid koste bin wy der nei dy dei mei ophâlden. Wy woene Steven syn film fansels ek wer net tefolle yn it paad sitte.

De echte twaling en de echte Fryske Hielke en Sietse


Doe't Steven de Jong syn foarpremjêre hâlde yn Amsterdam wiene Pier en ik dêr ek by op útnoeging fan in sjoernalist. Wy ha doe efkes mei Steven en Klaas de Jong praten mar se hiene net in soad te melden. Faaks skrokken hja fan ús en hiene hja ús net ferwachte. Wy ha se in soad súkses tawinske en bin wer op hûs oan gien. Net folle letter waard de film fan Steven net tsjinsteande de minne resinsjes in grut súkses. It wie DE film fan 2003 en ek it ferfolch soe it aardich, mar net like goed, dwaan. Wy hiene doe tocht dat it mei de rjochtsaak wol goed komme soe. Se hiene der ommers gjin skea fan hân. De rjochtsaak wie noch net fan de baan maar waard op de lange baan skood. Doe't de De Jongs hun skiepkes op it droege hiene lutsen hja de stekker út de Kameleon CV wêrtroch't allinnich de útjouwer noch tsjinoer ús stie. Wy ha noch besocht mei him te praten doe't hy yn Leek wie foar in sinjearsessy. Hy sette dêr sûn hântekening yn boeken fan Hotze de Roos. Faaks hie hy ús net ferwachte mar yn elk gefal woe er doe net mei ús in buorreltsje drinke.

Directeur van Kluitman, Piero Stanco tekent it boek fan Marcel mei Leuk zo'n trouwe fan


Jierren lang is der eins neat bart, is der eins nea gjin skea oantoand en de ienige skeapost dy't Kluitman hie wie syn abbekaat. Mei in koart pleit hie dat fansels lang sa heech net oprûn dat my tinkt, eigen skuld, dikke bult mar hy sette troch. Wy ha doe noch oanbean om de rjochten fan ús film alsnoch te beteljen sadat wy de film, dêr't noch altyd wol fraach nei wie, op DVD út bringe koene mar dat wie absolút net mooglik. Nei al dy jierren is der dochs noch in útspraak kaam fan de rjochter. Wy ha fout west en wy moatte no 10.000 euro oermeitsje oan Kluitman. Mei wat gerjochtelike kosten komt it totaal op krekt wat mear as 11.000 euro út. In soad jild foar in studinteferiening fan mar 200 leden, wy soene der bygelyks wol in Keimoanne fan organisearje kinne, mar omdat it tiid wurdt om dizze saak ôf te sluten bin wy net yn heger berop gien.

Op dit stuit is it folsleine bedrach foarsketten troch in net neier te neamen âldlid. Wy sille der alles oan dwaan om him sa rap mooglik dit jild werom te beteljen en wy bin him ek hiel tankbaar dat er it jild salang efkes misse wol. De notiidske Bernleffers sil yn gearwurking mei de Bernleffers fan doe sjen dat der op in ludike wize jild ynsammele wurdt. Fansels stiet it elkenien dy't it goed mei it Frysk foar hat frij om ek in pear sinten oer te meitsjen. It rekkennûmer sil oer in pear dagen wol trochjûn wurde. Mochten wy mear jild ophelje dan fine wy dêr grif in goed plakje foar...

Thaeke Tiidsdei 01 April 2008 at 12:39 pm | | Default | Trije comments