Ritallinnich

Nei't der al earder minsken op in wat nuvere wize ôfskied namen fan Rita Verdonk en har partij Trots op Nederlân is no ek har spindokter Kay van der Linde opstapt. Hy hie him op in gastkolleezje wat nuver útlitten oer de partij dêr't er foar oan it wurk wie. Dat waard fansels filme en belâne op Geen Stijl. Fansels namen de loftse media it rap oer en no wie der gjin hâlden mear oan. Nei't earder al minister Vogelaar ôftrede moast omdat se tsjin Geen Stijl sei dat se gjin spindokter hie mei no dus de spindokter fan Verdonk it fjild romje. De âlde besteande partijen gnyskje der stiltsjes om fansels en Rita bliuwt sa frijwat allinnich efter...

Thaeke Snein 30 Novimber 2008 at 7:44 pm | | Default | Reagear hjir op

80-10 en dochs mar 1 punt

Mei de nije Laguna nei in wedstryd fan it Hearrenfean tsjin PSV. Net langer fol gas yn de stadich ridende file op de ôfrit by de MC Donalds mar hearlik kalm. Yn it tsjuster parkeare wylst ik noch net krekt wit hoe lang at de kont fan myn autoke is. Dêrnei nei it stadion dêr't ik moai op tiid oanwêzich wie. It duorre mar efkes en doe hiene wy al in penalty hawwe moatten mar Beerens tocht dat it ek wol sûnder koe en hy krige de bal ek noch yn de touwen. In moaie start fansels en hoewol't PSV wol kânsen krige like it der op dat wy trije punten pakke soene tsjin de regearjend lânskampioen. Yn de 65ste minút makke Roy Beerens ek noch de 2-0 en doe koe it feest net mear kapot sa like it wol. Doe begûn PSV te wikseljen en dat die fertuten want yn de 81ste minút kaam PSV op 2-1. Dy 2-1 wurke nochal ferlamjend op de Feansters en sa koe it barre dat wy ek noch de 2-2 om 'e earen krigen yn de 88ste minút. Yn in wedstryd dêr't wy 80 minuten redelik goed fuotballe hiene waarden wy yn 10 minuten dochs noch op in lykspul setten. It bewiist wol wer de krêft fan PSV dat ek by in ûnmooglikke 2-0 efterstân net fan opjaan witte wol dêr't by it Fean de kopkes noch wol ris hingjen gean wolle. No ja, yn it foar hie ik miskien foar in punt ek wol tekenje wollen fansels...

Thaeke Sneon 29 Novimber 2008 at 11:31 am | | Default | Reagear hjir op

Hear(lik) yn it ferkear

Hjoed haw ik de nije Laguna fuortdaalks mar efkes mei nei it wurk naam. It koe ek slim oars fansels. It moat allegear noch in bytsje wenne fansels. Omdat myn oare auto wat kompresjeferlies hie jou ik no noch altyd gas foar it yngean fan bochten en eart ik remje. Dat sil fansels wol ôfleare hoopje ik. Yn elk gefal is de auto sels in genot om yn te riden. De dieselmotor kinst yn de auto mar kwalik hearre. Sûnder de radio oan, in situaasje dy't yn myn auto net faak foarkomme sil, hearst eins allinnich wat wyn om de auto sûsjen en de bannen dy't yn kontakt stean mei de wei. De klimaatkontrôle wurket hearlik al wie de foarige fersje al in bytsje sneller waarm. De krúskontrôle is sa fijn dat je der hast fan yn sliep falle op de Wâldwei. It automatyske rutewiskersysteem wurket oars ferhipte handich. Wannear't ik in frachtwein foarby sil en ik krij in fracht wetter op it foarrút dan hoech ik net langer om it knopke te sykjen. No mar hope dat er it wat langer úthâldt as de foarige...

Thaeke Freed 28 Novimber 2008 at 7:50 pm | | Default | Reagear hjir op

Laguna omruilje

Hjoed haw ik foar it lêst yn myn griene Renault Laguna út 1996 riden. In apart gefoel want it bliuwt dochs je earste eigen auto dêr't je ôfskied fan nimme moatte. Omdat der noch wol in pear formaliteiten regele wurde moasten bin ik mar in pear oerkes earder fan myn wurk nei hûs ta gien. Earst moast ik de autoradio der mar efkes útslope. Dy haw ik net mei ferkocht omdat er dêr noch fierstente moai foar wie. Gelokkich wie ik laks west mei it ynbouwen. De anty-ynbreklipkes hie ik noch net ombûgd dat ik koe de hiele saak der sa útpakke. Dêrnei haw ik alle lege flessen, in flinke foarrie Warber Fryslân poasters en ôfleverformulieren, in ferkleefd snoepke en in pear eurosinten út de auto helle. Ik tink net dat de auto noch op de Nederlânske dyk ride sil mar ik haw 'm dochs ek noch mar efkes stofsûgere. Der moatte ommers ek gjin praatsjes fan komme. Doe bin ik wer nei Auto Procee west dêr't ik in oerskriuwbewiis mei krige wat op it postkantoar oerskreaun wurde moast. No wie dat mar in handeling fan in pear tellen en in pear sinten mar omdat ik nûmer 66 hie en se noch mar mei nûmer 36 dwaande wiene duorre it dochs allegear krekt wer wat langer fansels. Uteinlik hie ik wat ik nedich hie en sa koene wy de kaaien omwikselje. Steffen krige de twa kaaien fan de grien auto en ik krige twa dikke bankpassen mei dêr't ik de auto mei starte koe. Nei't hy my noch efkes wat ynstruksjes jûn hie oar it ien en 't oar bin ik grutsk fuort riden. Thús haw ik dêrnei de hiele middei en jûn yn de auto trochbrocht om alle knopkes út te finen. It is in wûnder wat der yn sa'n auto allegear net mooglik is. Alles wat der technysk mooglik is hawwe se ek wol sa'n bytsje yn myn auto setten wol ik leauwe. Sa haw ik û.o. in ynboude navigaasjeset dy't dus ek net ienfâldich te stellen is, klimaat kontrôle oan beide kanten apart te regeljen, in reinsensor dy't automatysk de rutewiskers oanset at dat nedich is, ljochtsensors dy't it ljocht opdogge by tsjuster, bannespanningsmjitters, in boardkompjûter, krússnelheidskontrôle, abs en noch in nustje fan dy ôfkoartings, acht (8!) luchtpûden, eletrysk ferstelbare en ferwaarmde spegels, elektrysk betsjinne ruten foar en efter, mistljochten foar en efter en foar ik it ferjit, it is in blauwe (metellik) Renault Laguna 1.9 DCI Tech Road út 2004!

Thaeke Tongersdei 27 Novimber 2008 at 6:09 pm | | Default | Reagear hjir op

Ferkocht!

Ik wie juster fansels fuortdaalsk nei de proefrit al ferkocht mar fannemoarn haw ik Steffen Procee efkes skille dat de ferkeap mar oangean moast. Ik haw der fannemiddei noch efkes hinne west om in foarlopich keapkontrakt op te stellen. Moarn sil de auto noch efkes in nije APK krije wat neffens de ferkeaper allinnich in formaliteit is omdat de auto goed is. Dan kin ik 'm moarntemiddei al ophelje. De freondinne sei fannemoarn dat ik wol wer mei har autoke nei it wurk mocht mar omdat ik by myn nije auto ek gjin folle tank brânstof krij sil ik de Laguna dan ek mar safolle mooglik leech ride. Hjirûnder alfêst in moaie foto. Moarn mear nijs oer dit wûnder op tsjillen...

RENAULT LAGUNA 1.9 DCI 120 PK TECH ROAD

Thaeke Woansdei 26 Novimber 2008 at 5:51 pm | | Default | Reagear hjir op

Proefsit en proefrit

Tegearre mei de freondinne hiene wy hjoed twa opdrachten. Der moasten in pear nije lampen komme foar yn ús hûs en wy soene op 'e strún nei in moaie nije auto foar my. Earst it ienfâldigste stikje mar efkes: de lampen. Fansels hie de freondinne al wat foarwurk dien dat ik hoechde eins allinnich noch mar ja te sizzen. No haw ik foar yn myn kantoar twa nije hippe rustfrijstielen spotsjes krigen. Ien mei fjouwer en ien mei twa lampkes. Yn de wenkeamer is de freeslikke antike lamp dy't ik it leafst fan de treppen soademiterje woe ferfongen troch in hypermodern gefal. No binne wy wer in bytsje by de tiid op ljochtflak. Op nei it yndustryterrein dan mar om wat autokes te besjen. Ik haw efkes yn in ferskaat oan autokes sitten mar se wiene my ôf te djoer, of te lyts of se riden op benzine. Ik skat mysels hjoed de dei dochs wol yn op sa'n 25000 kilometer yn it jier en ik wol net te faak by de pomp stean. Dat haw ik de ôfrûne tiid wol genôch dien tocht ik sa. Gas is dus gjin opsje. It sil in diesel wurde! Uteinlik haw ik noch yn in Renault Scenic sitten en dy wie yndie wol lekker rom mar ek de priis wie oan de rojale kant. Ik hie op it ynternet noch in Renault Laguna sjoen dy't faaks noch krekt binnen myn budzjet passe koe. Dêr moasten wy ek mar efkes hinne. De auto like hiel aardich, eins noch moaier as op de foto en ik mocht der ek wol efkes yn sitte. In proefrit koe ek wol mar dan moast ik fannemiddei efkes werom komme. Dan soe de ferkeaper der efkes griene kentekenplaten op sette. Dy middeis binne wy dus wer hinne west en doe hawwe wy efkes mei de grutte Laguna op paad west. Fansels bin wy fuortdaalks wer efkes nei skoanheit flein dy't de auto efkes wat neier besjoen hat. Ek hawwe skoanheit en de freondinne noch in stikje riden. In machtich moaie auto en ik soe 'm graach hawwe wolle. No allinnich noch sjen dat ik it finansjeel rûn breidzje koe. Foar myn âlde Laguna koe ik noch in pear sinten barre dus dan wie ik dêr ek moai fan ferlost. Ik haw mei de man ôfpraten dat ik 'm moarnier efkes meidiele sil oft de keap troch gean sil. Yn myn holle is it oars al lang myn autoke...

Thaeke Tiidsdei 25 Novimber 2008 at 5:40 pm | | Default | Reagear hjir op

Spitsalarm

Der soe hjoed min waar komme. It kaam dan ek goed út dat de freondinne dizze wike frij is. Sa koe ik gewoan mei de Focus nei it wurk. Dy stie yn de garaazje en sa hoechde ik de Laguna net fan syn snietekken te befrijden. It is dochs wol hiel noflik om de kaai om te draaien en dan fuort broem broem te hearren. Rom op tiid wie ik dan ek op myn wurk. Moarn bin ik ek frij, dan sille wy yn Drachten ris nei in pear autokes om sjen. It hiele minne waar haw ik hjoed net meikrigen trouwens...

Thaeke Moandei 24 Novimber 2008 at 5:27 pm | | Default | Reagear hjir op

Nichtedei sûnder nichten

Myn freondinne hat ien kear yn de safolle tiid in nichtedei op it program stean. Dan gean trije fan de fjouwer nichten by de oare nicht op besite. By sa'n útstapke moatte der fansels net tefolle nichten ôfsizze want dan bliuwt der net in soad fan sa'n feestje oer. No't dus twa fan de fjouwer nichten net komme soene hie it feestje likegoed suskesdei hite kinnen. Skoanheit hat mar efkes mei nei Rotterdam west want dy mei ek graach efkes by ús omke en muoikesizzers oan gean. De Fryske Sinteklaasskiif mocht fansels ek mei nei Rotterdam mar dêr moast ús lytse Feyenoordhooligan yn spee noch al efkes oan wenne. In dei Rotterdam betsjut fansels in heale dei yn de auto sitten en om der wol foar te soargjen dat wy ek werom komme koene hawwe wy de Laguna mar stean litten. Mei de focus wie it prima te dwaan allegear allinnich op de weromreis waard it ûnder it Ketelmar al wat wyt. De snie makke der in moai soadsje fan en sa koene wy dus ek net al te bot opsjitte. By de Ketelbrêge waard it sniefront abrupt opkeard sadat Fryslân in wite tekken besparre bleau. It hie oars al wat west fansels, in wite Sinteklaastiid. Wer ris wat oars as in wite kryst. Foarlopich is it mear wiet dan wyt...

Thaeke Snein 23 Novimber 2008 at 4:53 pm | | Default | Reagear hjir op

AU-straffing

Dat it Hearrenfean dit seisoen in bytsje wikselfallich is mei dúdlik wêze. Dat wy yn de ferdigening noch wol ris in pear stekjes falle litte wêrtroch't de ploech hast alle wedstriden minimaal 2 goals tsjin krijt is bekend. Mar de ôfstraffing dy't wy fannejûn fan FC Twente krigen hawwe docht wol hiel sear. Mei 6-0 winne fan it Fean, dat slagge AC Milan net iens! In kollektyf falen dat ús it selde gefoel joech as wat Heracles foarich jier op it Fean tidens de Alvessjo hie. Wol sneu trouwens dat de skiedsrjochter dan ek noch Väyrynen syn twadde giele kaart jaan moast foar in ûnskuldich fergryp yn de 88ste minút. Yn dy sitewaasje wie in frije traap ek wol foldwaande west liket my ta. Braamhaar is sawysa altyd al in drama at er it Hearrenfean fluitsje moat...

Thaeke Sneon 22 Novimber 2008 at 4:34 pm | | Default | Reagear hjir op

In Berg jild

Ynkoarten begjint de nasjonale útferkeap foar fuotballers wer. Yn de winterstop sil Grins grif syn topskutter Marcus Berg ferlieze oan Ajax. Fansels smyt dat in pear sinten op foar de Grinzers mar it betsjut ek in ferswakking fan it alvetal dat it op dit stuit de topklups aardich lestich makket. It is mar in gelok dat wy op dit moment net in echte goalgetter yn de ploech fan it Fean hawwe. Al sil der fansels ek wer hurd oan ús topskutter op it middenfjild lutsen wurde. It is te hopen dat Huntelaar ek in dreamtransfer krijt sadat it Fean dêr ek noch in pear miljoentsjes oan oerhâlde kin. Wy wachtsje it mar efkes ôf. It is oars al te hopen dat it Hearrenfean wer in pear positive ferrassings út de hege hoed hellet fan't winter...

Thaeke Freed 21 Novimber 2008 at 4:15 pm | | Default | Reagear hjir op

Sinteklaasskiif hast útferkocht

De 'Fryske ferskes foar Sinteklaas' binne populêr sa docht bliken. Hjir yn hûs haw ik noch mar in pear eksimplaren lizzen en sjoen it feit dat ik ferantwurdlik bin foar it ferstjoeren fan de fia ynternet bestelde eksimplaren wurdt it noch krap. Dêrom hawwe wy der noch mar 1000 bymeitsje litten. It is fansels net sa dat alle skyfkes al op binne. By tal fan winkels sille der noch wol in pear eksimplaren te besetten wêze mar wolle jim in offisjele earste druk dan moatte jim rap wêze.

Thaeke Tongersdei 20 Novimber 2008 at 3:39 pm | | Default | Reagear hjir op

117, rap nei dy brân!

117, rap nei dy brânGuon boargemasters yn Fryslân wolle de oanrydtiden fan de brânwacht ferromje fan 8 nei 15 minuten. Ekonomysk is it ommers net te dwaan om foar dy iene pleats dêr efterôf in ekstra ynvestearring te dwaan. It komt op my allegear in bytsje frjemd oer. Krekt as soe in hûs yn in doarp as stêd mear weard wêze as it hûs bûtenút. Dêrneist docht de brânwacht fansels noch folle mear as allinnich mar blusse. By in autoûngelok is it dochs ek noflik dat de mannen der rap by binne om dy de auto om it liif wei te knippen. As binne minsken dy't op lytse dykjes ride ek fan minder ekonomysk belang boargemaster?

Thaeke Woansdei 19 Novimber 2008 at 3:31 pm | | Default | Reagear hjir op

Autospeurtocht

Tiisdeis bin ik meastentiids frij. In moaie dei om my ris op it ynternet wat te ynformearjen oer de mooglikheden foar in oare auto. Myn notiidske auto, in Renault Laguna, is op de motor nei perfekt foar my. Hy is rûm, hy feart noflik, hy hat in grutte kofferbak en de kabine is flot op temperatuer by kâlder waar. Ik soe dan ek bêst wer sa'n soart fan auto hawwe wolle. Mar myn Laguna wie fan 1996 en dat betsjut fansels dat der al moai wat mei omriden wurden is. Dan giet der wol ris wat stikken en dat is dan faak wer in goeie reden om jo auto fan de hân te dwaan. Ik soe in auto dy't my befalt nea samar ferkeapje om him yn te ruiljen foar in auto dêr't je mar fan ôfwachtsje moatte oft it wol wat is. Dêrom is it dreech autokes keapjen. Ik haw my der dan ek ta set om ris wat nei in nijere auto om te sjen. De Laguna's fan 2001/2002 stiene net as al te goed bekend dus dan komme je al rap yn dy fan 2003/2004 telâne. Lit dat no krekt sa'n bytsje de leeftiid wêze dat se út de lease wei de merk op komme. In gemiddelde leaseauto rydt yn trije jier in dikke 100.000 (snelwei)kilometers en wurdt dan ynruile foar in nijer eksimplaar. Net omdat de âlde wein net mear ride wol mar omdat de leaserider graach yn in nije auto riden bliuwt. Dizze autokes wurde dan ek net oan de kant dien omdat der wat oan mankeart en dat is dus krekt wat ik sykje. De Laguna's binne nij foar my lang net te beteljen mar twaddehâns binne se in pear jier letter al in moai soad minder weard wurden. No hoecht it fansels ek net perfoarst in Laguna te wurden. In Ford Mondeo of in VW Pasat skynt ek rojaal te wêzen. It wichtichste is fansels dat ik myn fuotten en myn holle in bytsje kwyt kin. Ik bliuw noch wol efkes sykjen fansels...

Thaeke Tiidsdei 18 Novimber 2008 at 2:28 pm | | Default | Reagear hjir op

Opstartproblemen

Myn auto hat sûnt it wat kâlder begjint te wurden wat lêst fan opstartproblemen. No mei ik foar myn wurk alle moarns al om 7.00 oere op it wurk ferskine en ik haw ûngefear in heal oere riden. Omdat de Laguna, nei alle gedachten troch it ferlies fan de kompresje op oardel silinder, mar min oanslaan wol stean ik moarns gauris in minút as 3-4 te starten. Dat hat tot gefolch dat ik alle kearen bang bin dat de akku der mei útskaait. Ek blaas ik de steech fol mei útlitgassen dy't har wei al rap fine nei ús sliepkeamersrút dêr't de freondinne noch in oerke lizzen bliuwe kin. Neidat de motor in pear klapkes makke hat begjint de âld Laguna dan te stuiterjen as wie it sa'n lytse ien silinder sleepboat. Meastentiids duorret it dan dus noch in moai oantal minuten eart ik de kaai los litte kin. Dan moat ik der goed om tinke dat de motor my net ôfslacht by it ferlitten fan de oprit mar wannear't ik ien kear op de Wâldwei sit is it goed. By it yngean fan skerpe bochten efkes werom nei de ien. By it ôfslaan fan de motor de koppeling efkes opkomme litte. De luchtko efkes út wannear't ik net in soad toeren meitsje en altyd de toerenteller boppe de 1200 toeren hâlde dan slacht er hast nea út. Fansels is it lestich om te remjen, te koppeljen en ûnderwilens ek noch gas by te jaan mei mar twa fuotten mar ek dat went. Earst de koppeling yn, dan in bêste lading gas, dan flink remje en dan wer gas by jaan. It lêste stikje stopje ik dan meastentiids mei de hânrem. Wol ferfelend fansels dat de remljochtsjes dan net baarne. It wurdt hast tiid foar in oare auto...

Thaeke Moandei 17 Novimber 2008 at 2:01 pm | | Default | Reagear hjir op

Stilte aksje

In oartsje ferlyn skreau ik jim oer de brief fan Frits Barend en dy oer de kwetsende sprekkoaren by fuotbalwedstriden fan it Hearrenfean. Hoewol't it bestjoer fan Nieuw Noord sels de sprekkoaren ek feroardielt binne hja fan betinken dat it bestjoer fan it Hearrenfean mei dizze brief betutteljend dwaande is. Ek is der yn it foar gjin oerlis west. Dêrom waard elkenien justerjûn by de wedstryd tsjin Utert oproppen om de earste 75 minuten stil te wêzen. Ik hie sels mear foar in ludike aksje west. Nei it stadionferbod fan ús 'foarman' wie der ommers noch in fakatuere foar in oanjager (kapo). Wie it net wat west en noegje Frits Barend út om foar ús op in kistje te stean om sa ús hiele fak op te swypjen mei prachtige oanmoedigjende teksten dy't wol troch de beugel kinne? By it betinken fan de twadde wrâldkriich binne wy 2 minuten stil. No moasten wy om in foar my ferkearde reden 75 minuten sil wêze. Ik die dêr net oan mei. Ik kom nei it stadion om it Hearrenfean nei in oerwinning te razen en dêrby tagelyk in noflike jûn te hawwen. It bestjoer fan it Fean sil grif ris in flaterke meitsje mar yn it generaal tille se ús klup al nei in hieltyd heger nivo. Dêr hoech ik dan ek net 75 minuten lang tsjin te protestearjen. Yn it grutte steanfak fan 1200 wiene mar in pear dy't lawaai makken. Dat waard dan mei Ssssssssssssssssss gelûden besocht stil te krijen. Krekt as wurdt Frits Barend dêr gelokkich fan. Ek blykte der in bryfke omparte te wêzen wat ik net krigen hie. Pas yn de rêst krige ik it ûnder eagen. It grappige is dat in hiel soad minsken har de bek hâlde 'Omdat it op it bryfke stiet'. Der stiet ferdomme safolle op in bryfke mar dêrom is dat noch net de absolute wierheid wol? Ik waard der fansels net populêrder fan en de sfear wie yndie swier 'kalote' mar gelokkich luts de fierder waardeleas fluitsjende skieds noch in minút ekstra tiid by yn de earste helte. Dan koene wy dus yn de 74ste minút wer massaal los. Doe wie de wedstryd fansels al lang spile want al yn de earste helte foelen alle goals. 0-1, 1-1, 2-1, 2-2 en 3-2 foelen stik foar stik sûnder de stipe fan Nieuw Noord. De skiedsrjochter wie net bêst en fluite frijwat foar de ploech fan de Kromme. Nei de twadde giele kaart, en dus read, fan Popov hie ik ferwachte dat de stille tolfde man no wol ôfsjen soe fan de aksje en as alfde man efter de ploech stean gean soe. Dat barde net want bryfkes bin bryfkes en wylst de fuotballers ús nedich hiene liet Nieuw Noord de spilers barste. Dochs rêden hja it op en skuor de 3-2 oer de streek. Doe't pas nei 76 minuten de mannen fan Nieuw Noord los giene wie it wol efkes lawaaierich. Mar ynstee fan de klup oan te moedigjen moast Yme Kuiper wer in snear nei hawwe. At je op sa'n manier aksje fiere wolle op sa'n ferkeard moment dan wit ik net oft je wol sa goed dwaande binne. Wannear't der dan ek noch jonkjes binne dy't miene moatte dat se famkes bûten opwachtsje moatte dan tink ik dat der noch wol in moai nustje stadionferboden by meie. Der binne noch safolle minsken dy't de klup wol stypje wolle...

Thaeke Snein 16 Novimber 2008 at 9:25 pm | | Default | Reagear hjir op

Sinteklaas op tv en radio

Sinteklaas nimt de skiif yn ûntfangstSinteklaas kaam hjoed yn Harns Fryslân binnen faren. Wy mochten dêr as Stifting Warber Fryslân oan meiwurkje troch in optreden te fersoargjen by syn oankomst. Dêr hiene wy Adri de Boer ree fûn om tegearre mei de bern fan De Wyngert en By de Boarne in pear ferskes te sjongen. Omdat it juster sa gesellich wie moasten Jarig en ik al efkes opstarte. Neidat ek de Laguna oan de praat krigen wie, in kâlde start duorret meastentiids sa'n 3 minuten, fleagen wy mei feart en faasje nei Beetstersweach ta. Dêr moasten wy noch efkes in doaske mei skyfkes ôfleverje. Ek yn Lippenhuizen waard noch efkes in doaske fol hinne brocht. Doe nei Drachten dêr't wy neidat wy it doaske ôflevere hiene op de weromreis yn de pleatslikke 'Stonehenge' in moai nustje minsken dwaande seachen mei muzykynstallaasjes. Omdat wy sels gjin skiif mear hiene hawwe wy fuortdaalks by de boekhandel ien skiif werom kocht om dizze dêrnei oan te bieden oan it Sinteklaaskomitee fan Drachten. Net lang dêrnei fleach Piter Wilkens troch de Drachtster 'binnenstêd'. In prachtich moai stikje lûd dat troch heal Drachten wol te hearren wie sa like it. Tefreden koene wy dus op nei Harns. Yn Harns wie it in gekkeboel want der wie in bytsje in gaotyske organisaasje dwaande. Sa waarden der stekken delset dy't dêrnei wer oan de kant moasten omdat der noch in skip troch de brêge moast. Wy hiene gjin trochgongspaskes by ús mar mei in pear hûndert skyfkes op de efterbank koene wy de befeiliging dochs oertsjûgje fan ús goeie bedoelings. Sa krigen wy in moai parkearplakje op noch gjin 100 meter fan it oanlisplak fan de Sint. Bianca wie ek al oanwêzich en sa krigen wy flot ús trui. Ik haw doe earst mar efkes in hamburgerkream opsocht om dêr de lêste gehaktbal fan Harns yn myn kiel te skowen. Nei dizze fuortspield te hawwen mei in skodde molke jierdei koe ik wol wer op de kade ferskine. De bern wiene dêr yntusken ek oankaam en ek Adri de Boer wie der no. Harns hie sels ek in moai nustje bern levere mar de tweintich dy't wy meinaam hiene makken mear leven as de hûndert út Harns. Doe't net folle letter ek it freondintsje fan Jelle G. oankaam wie koe it feest begjinne. It rûn allegear net sa lekker want Sinteklaas wie it grutte boek kwyt. Dat dreau earne op it waad en de boargemaster moast dan ek alles yn it wurk stelle om dat boek werom te krijen. Uteinlik waard it troch de SAR helikopter út see fiske. De helikopter makke dêrnei sa'n geweldige flean-oer beweging dat Amerigo der hast fan op hol sloech. Doe't de âlde baas oan wâl kaam die bliken dat Omrop Fryslân better foar in oar plak kieze kinnen hie want it wie frijwat in Hollânske oangelegenheid. Pas doe't de bern fan ús koar oan it sjongen giene waard it wat better. Flak dêrfoar hie Sinteklaas ek noch ús skyfke krigen.

Warber Fryslân koar


Kâld en ferklomme koene wy doe wer werom nei hûs. Mar it feestje wie fansels noch net oer want doe't Jarig en ik goed en wol wer yn de auto sieten hearde ik op Omrop Fryslân radio it plaatsje fan Mink oer de Ranjaman. Dat is fansels skûtsjesylmuzyk wat it leuk docht yn de boufak. No is it Sinteklaastiid en wy wiene fuort fan betinken dat wy dat Geert van Tuinen mar efkes fertelle moasten. Op nei it Fryske Mediapark dus en dêr kamen wy foar de tichte doar. Omdat de Radio noch hieltyd spile moasten der wol minsken wêze dat wy hawwe efkes oanbelle. Binnen in pear tellen wiene wy binnen, wiene wy herkend as Bernleffers en koene wy wol in bakje kofje krije. Dêr kamen wy fansels net foar want wy woene efkes op de Radio. Nei 5 minuten oerlis efter sletten doarren sieten wy fuortdaalks al by Geert foar de mikrofoan. Ik moast it wurd mar efkes dwaan want myn stim wie it minst skeind. No dat slagge frij aardich. Geert koe wol efkes in pear kear sykhelje want ik wist fansels net fan ophâlden. Geert kaam doe mei de legindaryske opmerking: "Smyt der in kwartsje yn en hy hâld nea wer op fan praten" of sokssawat. Yn elk gefal wie ús punt makke en mei de nûmer ien fan de skiif makke Piter Wilkens sa syn radiodebút wat Sinteklaasmuzyk oanbelanget. Doe't wy al wer yn de auto sieten nei Hurdegaryp prate Geert noch efkes troch oer ús skiif. In moai stikje spontane aksje tocht ik sa...

Thaeke Sneon 15 Novimber 2008 at 8:49 pm | | Default | Reagear hjir op

Eksternenitentsje en in oar syn feestje

Yn 1999-2000 siet ik as eksterne yn it bestjoer fan Bernlef. De hjoeddeiske eksterne fûn it wol in leuk idee om efkes mei de lêste tsien eksternen fan Bernlef út iten te gean dat sa bedarre ik wer ris yn Grins. Fansels wie ik frijwat let. Ik hie de auto earst by Jarig del setten dêr't ik de nacht ek trochbringe soe. Nei in pear kilometer rinnen kaam ik yn de Folkingestrjitte by Papa Joe út. Dêr sieten de measte oare âld-eksternen al op my te wachtsjen. Lokkigernôch hiene hja noch gjin iten besteld en troch in Jesus te bestellen (twa jenever seven ups, ien is in jesu!) helle ik de skea flot yn fansels. Allegear wiene se kaam útsein Boele want dy wennet noch altyd yn Moskou fansels. Der stie gjin sop op de kaart dat ik haw my earst mar in pear hinnepoaten oanmetten. Egbert woe dêr wol yn meigean. De oaren wiene troch groanysk jildgebrek as hongertekoart net fan doel wat foarôf te nimmen. As haadskûtel hie ik in ferskaat oan fleis en dat smakke wol poerbêst. It wie ek tige gesellich en wy bestelden mar omraak. Ik dronk de iene jesus nei jesus wylst de oaren bynammen bier dronken. Doe't wy lang genôch sitten hiene giene wy fansels nei Bernlef. Ik miende dat it in leuke pypkesjûne wurde soe mar it die bliken dat Piter Auke tegearre mei in maat syn ôfstudearfeestje hâlde op dizze jûn. Op 'm sels ek net ferkeard fansels wie it net dat harren muzyksmaak net dy fan ús wie wat Sinteklaasmuzyk oanbelange. Ek wie alles fergees mei útsûndering fan de sterke drank. Dat is dochs wol spitich want dan kostet in Joustra Sânomheech dus in pear sinten. No ja, hindert ek neat, it klokje op de magneetoven tikke wol troch en sa waard it dochs al wer frijwat let. Doe't ik nei Jarig syn hûs ta soe haw ik mar in taksy naam. Ik hie al sadanich yn it waar sjoen dat ik de namme fan de strjitte net mear wist. Wol wist ik gelokkich noch hoe't ik der sels mei de Laguna kaam wie. De sjauffeur koe my mei myn oanwizings dus dochs foar de doar útsette. Ik wie sels noch earder thús as Jarig. Moarntemiddei sille wy tegearre nei Harns ta om Sinteklaas fan wat Fryske muzyk te foarsjen. It sil wol wer in lange dei wurde...

Thaeke Freed 14 Novimber 2008 at 8:29 pm | | Default | Reagear hjir op

Distribúsje fan de skiif

Hoewol't de Laguna net mear op syn bêst is sûnt er op 2,5 silinder ryd haw ik 'm dochs mar wer fan stâl helle foar de distribúsje fan de Sinteklaasskiif. It ferstjoeren fan Sinteklaasskyfkes oer de post kostet 4 postsegels. Foar 4x44=1,76 kin ik rom in liter benzine keapje. Op in romme liter benzine kin ik op dit stuit noch sa'n 10 kilometer fuort komme mei myn wein. Dat betsjut dus dat it út kin om maksimaal 10 kilometer om te riden foar it persoanlik besoargjen fan in skiif. Ik moast om fjouwer oere op it Fean wêze om dêr wat Warber Fryslân truien op te heljen dat ik haw it Fean earst mar efkes lofts lizze litten. Op nei de Jouwer dus dêr't ik no net langer hoegde te sykjen. Doe nei Top en Twel want dêr wie in skiif besteld. In tom tom hie no fansels wol hiel handich west mar mei de kaart oan it begjin fan it doarp slagge it ek wol. Doe op nei Gau dêr't by de mem fan Fonny efkes in doaske efter litten waard. Nei Snits dêr't ik op meardere adreskes wêze moast bin ik ek noch mar efkes nei Easthem, Easterein, Hichtum en Warkum west. Yn Warkum wie it dreech sykjen want ik koe alle nûmers fan de strjitte fine mar net nûmer 1. It die bliken dat dat in skoalle wie. Ik haw de skiif dan ek mar efkes yn de leararekeamer brocht. Doe fierder nei Koudum, Balk, De Lemmer en Sint Nyk. Mem haw ik mar wat ekstra skyfkes brocht want mocht de famylje der niget oan krije dan binne der fansels samar in moai nustje skyfkes fuort. Beppe haw ik noch efkes in skyfke kado jûnt. Nei al dy jierren dat Sinteklaas dêr de kadootsjes ferstoppe wie it wol ris tiid om wat werom te jaan fansels. Doe op nei it Fean dêr't spitigernôch wer in pear sinten yn de meter moast. Doe't ik oan de ein fan de rit by de Druktemakers kaam foar de truien wie in oar my krekt foar west. No ja, dat skeelt moarn wer in bytsje fansels. Rap op nei hûs want ik haw jûn ek noch in feestje yn Grins...

Thaeke Freed 14 Novimber 2008 at 8:17 pm | | Default | Reagear hjir op

De Fryske ferskes foar Sinteklaas bin der!!!

It hat efkes duorre mar no is de skiif der dan dochs einliks. Wy hiene earst noch wer berjocht krigen dat de skiif freed pas klear wêze soe mar der is dochs noch immen dy't mei feart en faasje de skiif nei Nederlân brocht hat. Wy hawwe dus no de skiif yn hannen en ik mei wol sizze dat it in pronkje wurden is. Fuortdaalks binne Jarig, Bianca en ik nei studio Apres-Midi yn Burgum flein om dêr de kofferbakken fan ús autokes fol te smiten mei de skyfkes. Tegearre mei Jarig haw ik earst efkes in besite brocht oan it nije gebou fan it Cedin yn Drachten. Dêr hawwe wy 575 skyfkes efterlitten dy't nei alle legere skoallen yn Fryslân stjoerd wurde sille. Jarig is dêrnei oer de Wâldwei ôfsetten om de skyfkes yn Noard-Fryslân yn de winkels te krijen. Doe't ik by Rottefalle de oprit fan de Wâldwei del fleach stoden der twa plysjeauto's de Wâldwei op. It die bliken dat der in ûngemak plak fûn hie wêrtroch't Jarig yn de file bedarre. De bern moatte dus noch efkes geduld hawwe eart hja de skiif yn de winkel krije kinne. Online bestelle kin al wol in skoftke en de skyfkes dy't al betelle binne sil ik daalks efkes op de bus smite...

Fryske ferskes foar Sinteklaas

Thaeke Tongersdei 13 Novimber 2008 at 8:03 pm | | Default | Reagear hjir op

Sportkar

It Hearrenfean mocht it fannejûn yn it Abe Lenstrastadion opnimme tsjin de amateurs fan Haaglandia. Om it stadion dochs noch in bytsje fol te krijen foar dizze tóóóóópwedstryd mochten de seisoenskaarthâlders fergees hinne. No wie dat fansels in aardige set fan de sportklup mar de woansdeis is ek myn fêste plúmkejeiersjûn en omdat de fuotballers hjoed eins allinnich mar ferlieze koene, winst is ommers normaal, haw ik mar keazen foar de plúmkes. Dat besparre my ek wer in ritsje nei it Fean ta wat yn myn auto sa stadichwei oan ek in fermogen oan brânstof kostet en boppedat bin ik no mooglik wer in pear oerstallige kilo's kwyt rekke. It Fean hat netsjes mei 7-0 wûn en foar in kear de nul hâlde kinnen. De minsken dy't al west hawwe sille har wol fermakke hawwe. Ik haw my ek poerbêst fermakke...

Thaeke Woansdei 12 Novimber 2008 at 7:14 pm | | Default | Reagear hjir op

11 novimber is de dei...

Ferline jier koene wy de skuld noch jaan oan de iepenbrutsen diken mar ek dit jier rûnen de Rottefalster berntsjes wer massaal oan ús doar foarby. Yn earste ynstânsje like it noch hoopjouwend want efter in boerewein rûnen wol hûndert bern al sjongend mei heit en mem yn de slipstream troch de strjitte mar oanbelje wie der dus net by. In heal oerke letter binne der noch wol in stik as fjouwer by ús del west wêrfan't ik de helte fan de strjitte ôf raze moast. It wie dan ek mar goed dat wy marsen kocht hiene want it is net sa slim at dêr in moai swikje fan oerbliuwe...

Thaeke Tiidsdei 11 Novimber 2008 at 6:56 pm | | Default | Reagear hjir op

Fryslân kin selsstandiger

De FNP wol Fryslân mear foech jaan sadat de provinsje selsstanniger operearje kin. Sa moatte de rampebestriding, de plysje en de brânwacht ûnder de provinsje fallen gean. Ek moat der wer in Fryske universiteit komme en mear trijetalige skoallen. It liket der op dat de FNP fan Fryslân in soarte fan Wales as Skotlân meitsje wol. Dat liket my op 'm sels net ferkeard ta want no bepaalt it regear yn De Haach in soad foar ús wylst wy mar lyts en fier fuort binne. Dat betsjut dus dat wy gauris oan it koartste ein fan in dea hynder lûke. In Fryske universiteit sil dreech wurde sa hawwe wy in pear jier ferlyn op in Krystkongres al ris bepraat mar gelokkich is de âldste studintekroech fan Nederlân, de Bogt fen Guné der noch altyd dus mocht der al wer in Universiteit komme, dan kinne de studinten harren yn elk gefal noch fermeitsje...

Thaeke Moandei 10 Novimber 2008 at 7:19 pm | | Default | Reagear hjir op

Frou is frou

Wannear't je kegels omsmite kinne mei keatsers dan moat it liif ek wol folle wurde kinne mei kuorkeballers fansels. It fjirde fan Wêz Handich hie wol wer ris nocht om te wokken en as partner mocht ik fansels ek efkes mei. Gelokkich giene wy nei de Pein wat dochs noch altyd it lekkerste wokrestaurant is dêr't ik ea west haw. Omdat it moai waar wie giene wy op de tandem. Dat kaam ek moai út want der wie in ûneven oantal minsken op de fyts dat sa koene wy dochs yn pearkes fytse. Nei goed 5 kilometer bealgjen kamen wy yn de Pein oan dêr't twa romme tafels foar ús ynrjochte wiene. Men wachte allegear keurich oant ik it startskot jaan soe mar omdat it guon dochs te lang duorre waard ik al efkes frege om dy kant op te gean. No dat moast dan mar efkes want ien moat dochs it bal iepenje! Dêr't de measten fuortdaalks op de wok ôf fleagen naam ik earst in lekker bakje sop. Dat kin sa opskept wurde en dêrby hoege je net te wachtsjen. Wannear't de grutste drokte by it wokken oer is gean ik wol hinne. No it smakke allegear wer bjusterbaarlik goed en doe't de measten al oan it neigesetsje sieten naam ik noch mar in hân fol byfstikjes. Lit de hongerwinter mar komme want mei al myn wokaventoeren fan de lêste tiid kin ik der wol wer efkes tsjin. Doe't de baas letter noch efkes in praatsje mei ús makke betrapen wy him op de útspraak Frou is frou (yn it Sineesk Flou is flou). Dat is fansels in moaie âlde Sineeske siswize foar op in tegeltsje. Neist 'in man in man, in wurd in wurd' hawwe se yn Sina dus ek 'frou is frou' wat soks betsjut as moai gewurde litte...

Thaeke Snein 09 Novimber 2008 at 6:33 pm | | Default | Reagear hjir op

Kegelje mei keatsers

Hjoed wie alwer foar de twadde kear op rij, en dêrmei hast in tradysje, de bowlingjûn fan de keatsferiening fan Sint Nyk en De Jouwer. Foarich jier wie dat goed befallen en hoewol't ik dit jier noch mar ien kear keatst haw woe ik dochs wer efkes hinne mei de freondinne. De freondinne siet foarich jier noch yn de prizen by de froulju mar dizze kear wie se net alhiel fit dat sy is mar thús bleaun. Oankaam op 'e Jouwer stie ik fuortdaalks al yn in file want super de Boer hie ek in feestje yn it Haske. Oankaam yn de bowlingarena waard der earst efkes wat floeiber guod ynnaam. Dêrnei socht ik de maatsjes 47 wer ris op om dêrnei mei gong de ballen rjochting de kegels te smiten. Earst wie it wol efkes sykjen nei in geskikte bal fansels mar sûnt it súkses fan Obama haw ik mar foar de swarte bal keazen. Dy wie ek moai swier en de gatten wiene grut genôch foar myn fingers. Yn de earste omloop fan 10 potsjes hie ik 132 punten helle en dêrmei die ik leuk mei yn it klassemint. Spitigernôch koe ik it nei de tee net folhâlde wêrtroch't ik yn de twadde sesje mei mar 98 puntsjes stykjen bleau yn de middenmoat. De minne smiters wiene dizze kear trouwens ek thús bleaun want de gemiddelden leine frij heech dizze kear. Fansels bleaune de froulju by gebrek oan romtelik ynsicht in bytsje ûnderoan bongeljen dat ek by it bowlen wie der in aparte klasse foar harren ynromme. Oan it ein fan de rit kearde ik wer op hûs oan. It wie wer in moaie dei west!

Thaeke Sneon 08 Novimber 2008 at 6:24 pm | | Default | Reagear hjir op

Lost 4

Diel fjouwer fan de tv-searje Lost is no ek op DVD útkaam. Ik haw dan ek fuortdaalks mar efkes nei de winkel west om dit pronkstikje te keapjen. Op dit stuit haw ik it krekt wat te drok mei oare saken mar ynkoarten geane wy wer los al wol ik eins earst de ôfleverings fan seizoen trije noch wol in kear sjen. Hawwe jim Lost noch nea sjoen? Ik kin dizze searje fan herte oanrekommandearje want it is in searje dy't sawol ik as de freondinne wol bekoare kin. It is ferslaavjend en de tiid fljocht foarby...

Thaeke Freed 07 Novimber 2008 at 6:03 pm | | Default | Reagear hjir op

Wolfsburg

It Hearrenfean mocht hjoed yn it Dútske Wolfsburg oantrede yn de Volkswagen arena. Omdat der yn Nederlân in lúkseprobleem is mei it tal ploechjes yn de UEFAkup waard dit duel net allinnich hielendal net útstjoerd yn Nederlan mar sels in koarte gearfetting koe der by de NOS net ôf. Lokkigernôch wie der noch in Dútske stjoerder dy't it duel wol streekrjocht útstjoerde sadat wy dochs tsjûge wêze koene fan de ôfstraffing fan ús ploechje. It begûn allegear noch sa moai mei de 0-1 foarsprong mar dit wiene aparte Dútsers want net yn de lêste minút mar fuortdaalks nei de 0-1 al namen hja de rezjy yn hannen. Sa waard it Fean dus úteinlik mei 5-1 ôfdroege. In drama mei minne kwaliteit bylden dy't mei fertraging streamden oer it ynternet wêrtroch't de Omrop op de radio de goals allegear rûm yn it foar oankondigje koe. Der moat no sawysa wûn wurde fan Braga oars is it Fean al foar Portsmouth útskeakele. By winst op Braga hawwe wy oan in oerwinning op de Ingelsken nei alle gedachten genôch. Mooglik is Portsmouth dan al útskeakele. Lit it ús hope!

Thaeke Tongersdei 06 Novimber 2008 at 6:00 pm | | Default | Reagear hjir op

Obamania

Al mear as in jier wurde wy op it nijs lestich fallen mei de ferkiezings en foarferkiezings yn Amearika. Earst gie it om Obama as Clinton en letter wie it Obama tsjin Mc Cain mar no is it dochs in feit. De earste 'swarte' presidint fan Amearika is keazen. It wachtsjen op in earste frou sil noch minimaal 4 jier duorje. No hoop ik al dat ús nasjonale mediasirkus wer in oar ûnderwerp fine kin want ik waard sa stadichwei oan al frijwat gek fan de Obamania yn Nederlân. Dus ophâlde mei dy ûnsin. Palin hyt fan no ôf wer gewoan Michael en Mc Cain is wer gewoan patat!

Thaeke Woansdei 05 Novimber 2008 at 5:52 pm | | Default | Reagear hjir op

Post fan Frits Barend en dy

Hjoed krige ik post yn de brievebus fan sportklup Hearrenfean. Nei't ik al earder spam krigen hie oer harren famyljewykein tocht ik dat it wol wer in selde soart kommersjele boadskip wêze soe mar dat wie net sa. It wie in brief oan alle minsken yn it Nieuw Noord fak. De earste trije alinea's binne noch hiel aardich en opbouwend en der wurdt sprutsen oer in tolfde man dy't in fersterking is foar de ploech mar dan komt de echte brief pas. De direksje is fan doel dat der kwetsende sprekkoaren te hearren binne dy't net SC Heerenveen weardich binne. Yn de wedstryd tsjin Ajax waarden dêr wurden lykas Homo en Joad yn brûkt en dat is foar de direksje net akseptabel. In nustje supporters (De direksje doelt hjirby nei alle gedachten op taskôgers) en in swikje stipers hat hjir oer by de klup klage. It mei dúdlik wêze: De maat is fol! Yn it ferfolch sille by alle wedstriden fan it Fean persoanen dy't meidogge oan misledigjende sprekkoaren út it stadion set wurde wêrnei't hja in stadionferbod krije. Mocht der wer kollektyf songen wurde dan kin der ek kollektyf maatregels troffen wurde tsjin (de minsken yn) it steanfak. Mochten wy ús net fine kinne yn dit belied dan kinne wy ús jild werom krije by it ynleverjen fan de seisoenskaart.

By it skriuwen sit noch in brief taheakke fan Carel van Geuns (stiper), Bert Barend (supporter) en broer Frits Barend (bekend fan Barend en van Dorp). Sy jouwe dêryn oan dat sy ûs Heerenveen (ús Hearrenfean as ons Heerenveen) sa bysûnder fine dat sy dêr graach ien kear yn de fjirtjin dagen 300 kilometer foar ride. Dit om de sfear en it gefoel fan feiligheid. Bynammen Joadske supporters fiele harren neffens har thús by ûs Heerenveen. Op it Hearrenfean hoege hja net te springen as sitten te bliuwen. Om de sprekkoaren oer Joaden, homo's en soannen fan hoeren yn oare stadions te mijen komme hja graach by ûs Heerenveen. Dat is ek de reden dat hja as Mokummer gjin seisoenskaart fan Ajax naam hawwe sa wurdt sein.

Ik bin eins wol benijd oft de hearen ek sa'n brief nei it bestjoer fan Ajax stjoerd hawwe en wat dêr dan mei dien is. Fansels is it goed om guon sprekkoaren te beheinen. At de skiedsrjochter in domme flater makket dan mei dêr grif wol wat fan sein wurde mar wy hoege syn mem der net by te belûken fansels. Dat alle Joaden homo binne is ek net wier fansels. Wol is it wat apart dat der no raar dien wurdt oer de Joaden wylst dat dochs echt de ropnamme is fan de Ajax-oanhang. Se sjonge it oars ek regelmjittich sels. Ik bin ek wol benijd wat der mei de útoanhang bart wannear't dy no alle Friezen zijn homo ynsette want dat is fansels ek kwetsend foar guon Friezen...

Thaeke Tiidsdei 04 Novimber 2008 at 9:33 pm | | Default | Reagear hjir op

Wokke yn E10

Justerjûn haw ik wer in nije etappe oan myn wokalvestêdetocht taheakke troch mei in muoike fan de freondinne út iten te gean yn Wokrestaurant E10 yn Ryptsjerk. Nei earder al in fjouwertal wokrestaurants yn Grins, ien yn Dokkum en ús favorite wokchinees yn de Pein besocht te hawwen wiene wy no dus by E10. It wie in flink grut restaurant mar de romte by it buffet foel wat ôf. De minsken dy't om iten kamen en de minsken mei in fol board moasten troch in frijwat lytse romte wat foar opstoppings soarge. De hapkes wiene wol ûngefear gelyk oan dy yn De Pein en it systeem wie ek hast gelyk allinnich duorre it wat lang eart ús smoarge boarden ophelle waarden. Dêr binne hja yn de Pein dochs wat skerper op. It iten wie wol aardich al wiene guon grienten net altyd like gear. De sjef bakplaat die dan wol wer hiel goed syn bêst allinnich koe ik net sels bepale wat der bakt waard en der stiene gjin bakte sipels op it menu wat no krekt sa lekker is. Neist de Sineeske keuken wie ek de Hollânske keuken fertsjintwurdige. Sa koe der ek stamppôt en hutspôt iten wurde. In nuvere kombinaasje fansels dy't ik mar oan my foarby gean litten haw al haw ik wol efkes in gehakbaltsje smokkele...

Thaeke Moandei 03 Novimber 2008 at 8:55 pm | | Default | Reagear hjir op

Te min

By it Hearrenfean wie juster tsjin AZ krekt lykas tsjin Vitesse te min it gefoel dat hingjen bleau. It grutte ferskil wie allinnich dat tsjin de Arnhemmers de ploech te min ynset toande wêrtroch't wy terjochte ferlearen. No wie der gelokkich tsjin AZ wer in prima ynset allinnich no krigen wy dizze kear wer te min punten. Dêr koene de spilers dizze kear neat oan dwaan. AZ wie net oppermachtich wylst se wol op it foarste plak stean mar wy kamen wer op 1-0 en wy hiene de toutsjes yn hannen. Wol wiene der in pear gefaarlikke mantsjes by AZ dy't besochten in goal te meitsjen. De sfear wie goed mar dochs waard der fansels yn de ferdigening wer lekker op los blundere. Doe't oan it ein fan de rit ús opstapper Henrique, dy't wol oant in ein trochset, de mear as terjochte 3-3 yn de goal wurke krigen wy dochs noch in puntsje. It hiene der trije wêze kinnen fansels. Sollied moat foar Sinteklaas mar in pear bêste ferdigeners oanlûke. By AC Milan sieten der noch wol in pear op de bank tinkt my...

Thaeke Snein 02 Novimber 2008 at 8:12 pm | | Default | Reagear hjir op

Distribúsjelist

Oer 14 dagen komt Sinteklaas mei syn pakjesboat wer dizze kant op en fansels moatte der dan Fryske Sinteklaasferskes yn de winkels lizze. Dêrom hawwe wy hjoed mei fjouwer ploechjes troch de provinsje riden op syk nei gaadlikke ferkeappunten foar de troch ús spiksplinternije ks 'Fryske ferskes foar Sinteklaas'. Tegearre mei Fonny en de freondinne mochten wy de my sa bekende Súd-westhoeke ferkenne. Earst moast ik noch wol efkes de auto waarm ride want al betiid mocht ik nei Lippenhuzen ta foar wat taksywurk en dêrnei mocht ik op stasjon Bûtenpost wachtsje op de oaren. Ik hie in nustje poasters yn de auto lizzen, Jarig hie de earste tydlikke fersje fan de Kompakt Skiif by him. Sa krige elts ploechje in tal poasters, fleanders en in ks yn it besit tegearre mei in troch Jarig gearstald listje winkels wat faaks wol ferkeapje woe. Wy mochten fuortdaalks nei it Hearrenfean ta en dêr wiene wy frij rap klear omdat der al genôch foarwurk dien wie. Op 'e Jouwer koene wy ek twa plakjes fine foar de skiif en doe wie it eins al wer tiid om Fonny thús te bringen yn Gau. Har mem hie ek in winkeltsje dat dy mocht fansels ek in nustje skyfkes foar ús oan de minsk bringe. Mei de freondinne bin wy doe flot nei de Lemmer riden wêr't noch in winkelier oertsjûge wurde moast. No dat wie net sa'n probleem fansels want in goed produkt ferkeapet himsels wol. Sa koene wy al flot troch nei Warkum mar ûnderweis binne wy fansels ek noch efkes yn Balk en Koudum oangien dêr't dochs ek wol in frij aardige regiofunksje en ôfsetmerk like te wêzen. Yn beide plakken hoechden wy net lang te sykjen foar in ferkeappunt. Yn Warkum pikten wy de list wer op sa't dy foar ús gearstald wie. De ein fan de reis wie by Weduwe Joustra plent fansels. Spitigernôch wie Jarig my dêr sels al foar west dat it wie om 'e nocht dat wy dêr noch del kamen. Yn elts gefal binne der no op ferskate plakken yn Fryslân winkels dy't ús skyfke wol ferkeapje wolle. Der bin fansels noch wol in pear plakken dy't noch gjin ferkeappunt hawwe mar dy kinne har by ús melde. Foar minsken op plakken wêr ek op dizze wrâld dy't noch net yn de omkriten fan in winkeltsje wenje kin fansels ek online bestelle in útkomst wêze. Dat is oars mei de djoere brânstofpriis yn de efterholle miskien noch wol goedkeaper ek. Yntusken hawwe wy wol respekt krigen foar de Sinteklaas en syn Piten want it falt net ta om yn ien dei by alle winkels del te gean, lit stean by alle bern...

Thaeke Sneon 01 Novimber 2008 at 8:01 pm | | Default | Reagear hjir op