Trein 1
Fannemoarn bin ik krekt as gewoan om 6.30 yn de auto stapt. Ik bin net nei myn wurk ta riden mar ik haw earst ris yn Drachten sjoen. Ik haw de auto parkeard en bin efkes nei de Primera ta gien. Dêr stiene al in man as 30 te wachtsjen. No foel my dat net ôf. Ik wie eins fan doel om nei Grins as Hoogeveen te riden by ekstreme drokte. Mei dizze 30 doarde ik de gok wol oan. Spannend wie it wol fansels want omdat ik yn Nieuw Noord stean mocht ik allinnich mar yn trein 1 as 2 en wy soene allegear yn in eigen fak efter de goal. Dêr wiene allinnich net genôch plakken foar alle Nieuw Noorders en omdat it net dúdlik wie oft wy by in fol Nieuw Noord fek ek in oar plak krije koene wie der dochs wat spanning. Ik sjoch de fanatike Nieuw Noorders der nammentlik wol foar oan dat sy op tiid binne mei it regeljen fan harren kaarten. It wie wol gesellich yn de rij en de rij waard langer en langer. Om tsien minuten foar njoggenen woe de primeraman earst noch efkes syn keapwaar útstalle. Bakker Bart hie no goeie saken dwaan kinnen want ik hie wol honger en ik sil grif net de ienige west hawwe. Dochs waard der net kommersjeel gebrûk makke fan de rige minsken. Om njoggen oere streamde de winkel fol mei Feanfans. De earste minsken hiene al flot kaarten mar dochs duorre it noch al efkes foar it útdraaien. In pear plakken foar my stie ek in Nieuw Noord lid mar op syn paske slagge it net kaarten te krijen. Dat wie efkes skrikken fansels mar gelokkich slagge it by my wol. Ik hie no om healwei tsienen kaarten foar trein 1. Dat hie eins trein 2 wêze moatten want dêr soene myn Bernlefmaten yn mar dêr hie de Primeraman gjin tiid foar. No mar sjen hoe't dat komt. Gelokkich is it in Nieuw Noord trein. Dêr dogge wy net sa moeilik oer stuolnûmers. Wy sitte der ommers dochs net op...It wurde wer djoere kaartsjes
Sa't ik al earder melden hie begjint moarn de kaartferkeap fan de bekerfinale. Ik hie it allegear al regele. Ik soe moarn om njoggen oere op myn wurk efkes in kompjûter mei ynternet ta myn beskikking krije en dan soe ik mei in bytsje gelok wol oan in kaartsje komme kinne. No hawwe se dat juster by Twente ek besocht mar dêrby is it in soadsje wurden mei de online kaartferkeap. Sy hawwe dan ek alles stillein. Wy binne dat fansels ek al wend fan de wedstriden tsjin Volendam en AC Milaan. Doe rûn it ynternet ek hielendal fêst. No moat ik dus moarn om njoggen oere in bytsje foaroan stean by in ticketboks earne yn Nederlân. Safolle mooglikheden binne der yn Fryslân net iens. Drachten soe fansels ticht by wêze mar dêr sil ek wol mear minsken hinne gean. Ik haw eins ek gjin nocht om yn in sliepsek foar de doar te lizzen. Sa mâl hoecht it ek net. No ja, earst mar sjen dat ik moarn in pear oeren letter begjinne kin. Dy sinten dy't ik sa snipperje moat komme noch boven op de ?45,- fan it kaartsje. Alles mei elkoar hoop ik dan ek op in stunt fan de Feansters...Dochs nei de play-offs?
Sorry Wouter mar it wurdt mooglik de kommende tiid wer in Fuotbalblogje. Hjoed hearde ik op it nijs dat hoewol't it Hearrenfean al wis is fan Europeesk fuotbal der no mooglik dochs play-offs spile wurde moatte. It is nammentlik mooglik dat Twente twadde wurdt en de bekerfinale wint. It Hearrenfean soe dan yn de twadde foarronde fan de Europaleague útkomme moatte. Fia de play-offs soe in plakje yn de tredde omloop behelle wurde kinne. Mocht it Hearrenfean de beker winne dan binne wy al wis fan in goed plakje yn de Europaleague. It is dan ek wat sneu foar de nûmer njoggen fan de kompetysje want dy makket no gjin kâns mear op Europeesk fuotbal. It is fansels de fraach oft dy dêr rjocht op hawwe soe mar dat is no efkes net oan de oarde. Fansels binne dy play-offs om ien plakje tusken nûmers 5-8 in bytsje flauwekul. Dêr moat men rap mei ophâlde. Ik ferwachtsje yn elk gefal lege tribunes by de play-off wedstriden fan it Hearrenfean. Faaks is it sels moaier om yn omloop twa yn te streamen omdat je dan faker de mooglikheid hawwe om Europeesk te spyljen. Dat liket my leuker as wer in kear tsjin in Nederlânske suptopper...Kaartferkeap bekerfinale
Foar 45 euro, ynklusyf de bus- as treinreis, kinne alle seisoenskaarthâlders besykje in plakje te keapjen yn de Kuip. Jim lêze it goed, besykje, want der binne mar 17.000 plakken foar de Feanfans reservearre. Dat betsjut dus dat hast de helte fan de seisoenskaarthâlders net mei kin. Twente krijt ek 17.000 plakken, de oare plakken gean nei genoadigden. Dêrmei wurdt it dit kear dus net sa'n grut folksfeest as de ôfrûne twa kearen doe't hast de hiele provinsje yn Rotterdam siet. At wy de beker winne sil it feest der dochs net minder om wurde fansels. Kommende woansdei giet it los dus mar betiid nei de ticketboksen as efter de kompjûter.Generale foar de finale
Nei de 6-0 ôfstraffing yn Ynskedee wie it tiid om ús te revansjearjen tsjin de Tukkers. Dat wy no in pear wiken foar de bekerfinale noch efkes sjen kinne wêr't wy steane ten opsichte fan de mannen út Twinte is ek moai fansels. Wol wiene der by it Hearrenfean in protte ôfwêzich troch blessures as skorsings. Yn elk gefal begûn ús ploechje frij aardich oan de wedstryd. Wy krigen net dikke kânsen mar joegen ek net folle fuort. Pas yn de twadde helft begûn it wat leuker te wurden. It like der sterk op dat Twente net ferlieze mocht fan de KNVB want de skiedsrjochter siet harren net tsjin. Alles wat Sibon die wie fout en alles wat Sibon oandien waard wie net fout. Dochs makke it Hearrenfean yn de 77ste minút de 1-0 en it like der op dat wy sa ek de trije punten yn it Fean hâlde soene. Spitigernôch tocht Theo Jansen dêr oars oer. In pear minuten foar tiid makke hy út in frije traap fan ôfstân de 1-1. Neffens my hie Vandenbussche de bal gewoan hawwe moatten mar hy hie him net. It iene punt is yn elk gefal wol genôch om UEFAkup feilich te stellen. Dat dan wer wol. Nei in ferlies en lykspul moatte wy 17 maaie dan mar winne fan de Tukkers...Hielendal niks (gjin ferstân) yn Amsterdam
Juster hie ik noch net krekt troch hoe slim de laffe oanfal fan de Ajax-hooligans op de kroech mei Feanfans wie. Fansels hie ik wol troch dat der wat oan de hân wie want guon fan ús ploechje wiene nuveraardich fan de kaart en dy hiene it allinnich mar sjoen. No't ik op ynternet de bylden sjoen haw bin ik dochs wol bot skrokken. Wannear't it foar twa fan de freonlikste supportersgroepen, dy fan Volendam en Hearrenfean, al net iens mear mooglik is om ûntspannen nei in fuotbalwedstryd te sjen omdat guon Amsterdamse agressivelingen miene dat sy wol efkes nei Volendam ta komme kinne, wêr is in fuotbalfan dan noch wol feilich? It soe it bestjoer fan Ajax siere om har te distansjearjen fan dizze figueren en harren Ajaxûnweardich te neamen. By dizze wol ik de slachtoffers fan de laffe oanfal sterkte tawinskje by it herstel, sawol lichaamlik as psychysk.Starum - Volendam - Hearrenfean - Ajax - Starum
Nei in supermoaie en relaxte oertocht mei it skûtsje fan Starum nei Volendam wie it no tiid om nei it stadion te gean om dêr in plakje yn de bekerfinale feilich te stellen. Dat wy net allinnich de bekerfinale mar ek ús sels feiligstelden hiene wy op dat stuit noch net yn de gaten. Sûnder problemen, de Volendammers wiene hiele relaxte minsken, koene wy nei it stadion ta rinne. Foar de yngong fan it útfak koene wy flot ús kaarten omwikselje en sa krigen wy in plakje op de lytse houten tribune. Der wie ien loketsje dêr't je wat drinken krije koene mar dêr stie sa'n grutte rige minsken foar dat ik my dêr mar net iens oan weage haw. Net tsjinsteande it lytse stadion hiene wy dochs in prachtich plakje oan it fjild. Hoe lytser it stadion, hoe tichter by it gers sa docht wol wer bliken. Mei ús fantasyferdigening wêrby't Svec in liny nei efteren sakke wie en Geert Arend Roorda, ús superFries, op it middenfjild akteare mocht wie it efkes ôftaasten. Al yn de earste helft kamen wy mei 0-1 foar mar efkes letter kamen wy goed fuort doe't in spiler fan ús gjin reade kaart krige. Volendam wie de hiele wedstryd gefaarlik en wy wiene der dan ek net gerêst op dat it allegear goed komme soe. Gelokkich skeat Pranjic djip yn de twadde helft de 0-2 yn de touwen en doe koe it feestje fiert wurde. Alteast dat tochten wy want doe begûn de echte striid pas. Doe't wy al laitsjend en feestvierend it stadion út rûnen kamen der fuort al geruchten oer in oanfal fan Ajaxhooligans op in kroech mei Feanfans. Dêrby soene Feanfans delstutsen wêze en der soe ek immen mei in pystoal by wêze sa giene de geruchten. Omdat wy de helft fan ús skûtsje yn in kroech efter litten hiene wie dat wol efkes skrikken fansels mar ek moasten wy ûnder plysjebegelieding Volendam út. Dat wie fansels lestich omdat ús boatsje oan de Dijk lei wêrby't wy dus midden troch it sintrum moasten. Gelokkich wiene der in pear stewards fan it Hearrenfean dy't ús tegearre mei de plysje eskortearden nei de boat. Underweis kamen wy mannich Feanfan tsjin dy't mank rûn as mei oare ûngemakken te kampen hie. Yn gedachten seach ik Jelmer al strompeljend en bloedzjend oer strjitte stuiterjen want dy hat altyd wat at der soks bart mar it foel gelokkich foar de Bernleffers allegear noch in bytsje ta. Hja sieten yn de kroech tsjinoer de kroech dy't folslein sloopt wie dat hja hiene fanôf de earste rang de striid folge. Yn de kroech dêr't it om gie wie echt net in raam mear hiel en ek de hiele ynventaris wie kapot slein. Wat in idioaten hawwe hjir dwaande west. Troch dit ûngemakje besletten hast alle kroegen om dan mar ticht te gean. Gelokkich wie der noch ien kroech dy't ús noch wol in pear buorrels ta ha woe. Sa koene wy mei de bruorren Anker noch in feestje bouwe oan de Dijk. De oare moarns wie ik al wer betiid wekker. Mei skipper Henk en maat Jan haw ik doe efkes nei de winkel west om nije proviand te heljen. In pear anti kater pakjes milk en fruit, in pear potten soere hjerrings en de noadige broadsjes hamburger. Doe't nei ferrin fan tiid de rest fan de bemanning ek wekker wie koene wy de haven wer ferlitte. Wy moasten no tsjin de wyn yn en dat betsjutte dus lavearje mar nei in pear oeren dobberjen foel de wyn hielendal fuort. De skipper hat doe de motor mar starten en sa koene wy rêstich wer rjocht op Starum oantuffe. Healwei Starum en Enkhuzen hawwe Jelmer en ik noch efkes in rûntsje om it skip swommen. Doe't wy yn Starum oankamen haw ik noch efkes wat minsken thús brocht en sa koe ik fanút de hûs fuortdaalks troch nei de sporthal foar de plúmkejeierskompetysje. It soe in drege kompetysjedei wurde dy't dochs noch wûnderbaarlik goed ôfrûn.Skûtsjesilend nei it fuotbaljen ta
Wylst alle oare Feanfans dy't net efter it net fiske hiene wat de kaartferkeap oanbelange mei de bus nei Volendam giene namen wy fannemoarn betiid de boat. It wie nammentlik net in ferplichte kombyregeling sa't guon minsken tochten mar se ferkochten de kaarten allinnich mei busferfier. Dat betsjut dus dat der in pear minsken rom sitte koene yn de bus. Moarns betiid brocht de tomtom my nei Starum ta mar krekt foar it ein fan myn rit kaam ik op in b-dykje in peal tsjin. Dat betsjutte dus efkes omride. Nei't ik de auto by it skûtsje parkeard hie bin ik nei it sintrum ta ôfset. Dêr haw ik earst mar efkes in moai nustje hjerrings ynslein by Doede Bleeker.
Doe't de rest fan de bemanning oankaam koe ús faartochtsje begjinne. Fuortdaalks al wie Omrop Fryslân mei in kamera oanwêzich dat wy kipten der flot efkes wat sprekwetter yn en sa koene wy al sjongend troch de slûs. Op it Iselmar gongen de seilen fan de Singelier flot omheech en sa koene wy moai mei rom wyn rjochting de oare kant fan it Iselmar driuwe. Wy wiene mei in moaie groep fuort. De helte hie in kaart foar de wedstryd, de oare helte gie mei foar de sfear. Ek wie der noch in sjoernaliste mei foar de UK (universiteitskrante). Lieke wie de namme en dy namme hat de hiele dei frijwat klonken, meastentiids yn mearfâldige útdrukkings. It sintsje makke de tocht oangenaam en it gong net hiel rap mar wy kamen wol foarút. Skipper Henk en syn maat Jan hiene it net al te dreech en sa koe der fansels ek noch mannich bearenburchje weitikt wurde. By de slûs yn de dyk tusken Lelystêd en Enkhuzen die bliken dat der auto's ûnder ús troch riden (akwadukt). Dat joech ús fansels moai efkes de gelegenheid om te swaaien mei ús Feansjaaltsjes. Net folle letter koene wy wer fierder rjochting Volendam. Doe't nei in tiidsje de ljochtmêsten fan it stadion yn sicht kamen begûn de wedstryd al in bytsje te leven en sa faarden wy sjongend de gesellige haven fan Volendam binnen. Dêr stie heal Sint Nyk ús al op te wachtsjen want Harmen Kuperus is reservedoelman fan Volendam en hy hie foar wat ekstra kaarten soarge. Dêrneist wie der fansels ek genôch bier yn Volendam dus de Sint Nyksters hiene in goed kosthûs oan de Dijk. It wie al hast seis oere en wy woene fansels graach efkes yn Volenfeanster klederdracht op de foto dat wy sochten flot in winkel út dy't dat oanbea. De famkes fan de winkel wiene der earst net sa happich op want har wurktiid wie hast oer en in winkel fol mei fuotbalsupporters is meastentiids ek net ideaal mar gelokkich wiene wy Feanfans dus it koe wat lije. Mei ús sjaaltsjes om mar fierder yn echt Volendamsk kostúm giene wy op de foto. In moaie grutte joekel krigen wy mei. Dy hawwe wy flot feiligstelt op de boat. No sille wy daalks noch efkes in hapke ite en dan nei it stadion ta. Hoopjend op in goed resultaat. Al sil de sfear yn it doarp better wêze by in oerwinning fan it oare Oranje fansels...

Krije wy in famyljederby?
Mocht it Hearrenfean der moarn yn slachje om fan Volendam te winnen dan stean wy as thússpyljende klup yn de finale tsjin FC Twente. Twente hat dit seisoen yn Ynskedee mei 6-0 wûn fan it Hearrenfean dus dat is gjin al te fijne útslach. Oan de oare kant komme sy nije wike noch nei it Fean en faaks kinne wy dan revanche nimme. It is yn elk gefal net allinnich in moaie tsjinstander mar fuort ek in soarte fan famyljederby want myn suske is boaske mei in tukkerfan en wennet yn Goor. It kin dus mar sa wêze dat wy 17 maaie tsjin oer elkoar stean yn de Kuip. It soe moai wêze fansels. Moarn sille wy mei it skûtsje nei Volendam. It is te hopen dat it Hearrenfean net de boat yn giet!Myn berteplakje feroaret faaks
Krekt no't de gemeente Wymbriteradiel de namme Frysk makke hat sille hja jûn beslute oft sy fusearje wolle mei Snits, Boalsert, Nijefurd en Wûnseradiel. De dan te foarmjen grutte Súdwesthoek gemeente sil dan tenei ek myn berteplakje wurde nim ik oan. Ik bin berne yn Wâldsein mar yn myn paspoart stiet no Wimbritseradeel as berteplak. Ik leau dat ik it net iens slim fine soe at dêr straks Súdwesthoeke stean soe. Dat is dan ek fuort it ienige foardiel fan sa'n weryndieling want troch de gemeenten sa grut te meitsjen as in heale provinsje ferfalt straks de provinsjale steaten mooglik as bestjoerslaach. De namme Súdwesthoek soe dan trouwens wol apart wêze foar ien fan de Noardlikste gemeenten fan Nederlân. No ja, wy wachtsje it mar efkes ôf.Brrr, shit en wer in jierdei
Fannemoarn betiid rekke ik wer tradysjoneel let fan de soas wei. It wie in alleraardigst feestje en wy hiene noch efkes in pear kaartsjes blaast dus de ferwaarming stie oan. Op it fytske fleach ik nei de Van Houtenleane dêr't Jarig de efterdoar los hâlde soe. Ik hie earst al efkes de fyts wer yn de kofferbak pleatst en dat gie my noch frij aardich ôf moat ik sizze. Doe op nei de efterdoar mar dy wie net los te krijen. De doarbelle fan de foardoar makke ek gjin minsken wekker wylst der dochs echt wol mear as ien persoan yn koma lei. Doe bin ik mar yn de auto kropen. Net efter it stjoer fansels want mei drank op efter it stjoer is sels yn in stilsteande auto ferbean haw ik begrepen. No sil kampeare op de iepenbiere dyk dat ek wol wêze mar ja, dan altyd noch better yn in auto dan op de stoepe tinkt my. Yn earste ynstânsje gie it noch prima mar doe't letter dy nacht de drank útwurke wie waard it dochs wol frij kâld. Ik haw dan ek noch mar ris in kear de doarbelle besocht en no waard der al iepen dien. Sa koe ik dochs noch in pear oerkes noflik waarm lizze. Fannemoarn doe't ik wer in bytsje by de pinken wie bin ik foarsichtich wer nei de auto ta gien en sa bin ik sûnder al te folle problemen nei Rottefalle riden. Dêr soe ik de freondinne oppikke om nei myn suske te gean dy't jierdei wie. De freondinne hie allinnich wat swangerskapskwaaltsjes (gjin broek dy't mear paste) dus woe sy net mei. Allinnich bin ik doe mar ôfsetten nei Goor. Underweis hie ik it ferslach fan Utert - Hearrenfean der foar en dat wie wer in wedstryd dêr't it Hearrenfean trije djoere punten ferspile. Al nei trije minuten kamen wy foar dus koe ik efkes juige mar ik wie it doarp noch mar kwalik út of it wie al wer 1-1. Krekt foar't ik myn bestemming berikte krigen de Uterters ek noch in strafskop en sa waard it dus yn de 89ste minút 2-1. Wer trije punten kwyt en it fiifde plak rekket no dochs noch út it sicht wylst wy der in pear wiken ferlyn noch sa goed foar stiene. Op de jierdei fan myn suske haw ik efkes gesellich sitten. It is altyd wol gesellich folk dêr yn Tukkerlân. Nei in lange rit werom dêr't SLAM FM my de lêste kilometerkes wekker hâlde mocht wie ik dochs wol bliid om wer yn myn eigen bêd krûpe te kinnen.Swiere dies
It is elk jier wer in soarte fan reuny mei freonen en bekenden op de jierdei fan Bernlef. Dit jier waard de studinteferiening yn Grins al wer 84 jier en dat moast fierd wurde fansels. Ik hie myn auto by Jarig parkeard en mei in fytske út de kofferbak wie ik dan ek moai op tiid op de buorrel. Fanwege it moaie waar koene wy moai bûtendoar sitte. De âldleden hiene de leden ferslein mei it balskoppen en dat docht my as âldlid fansels hiel goed. Dêrneist haw ik de troufoto's fan Romke sjoen dy't yn midsieuske styl boaske wie. Klapper fan de dei wie dochs wol dat sawol Elly as Machteld no ek swier blieken te wêzen. Wat dat oanbelanget hie de Libelly it goed besjoen foarich jier. Mei in goed miel by de woksinees waard dêrnei in boaium lein dêr't noch lang op teard wurde koe.
Moarn Dies Natalis fan Bernlef
Foar de minsken dy't it noch net wisten of dy't it al hast wer fergetten wiene noch efkes in herinnering. Moarn is de Dies fan Bernlef. No ja, eins is der hjoed ek al in Dies dei mar as âldleden hâlde wy it meastentiids by de sneon fansels. Boppedat is it ek saak dat de âldleden in bytsje fit op it balskopfjild ferskine moarn dus hooplik oant moarn...Fideoklipkes
Nei't wy as stifting Warber Fryslân foarich jier al in kompakt skiif mei Fryske Sinteklaasferskes makke hiene sille wy dizze skiif dit jier oppenij ûnder de oandacht besykje te bringen troch hjir in pear fideoklipkes by te meitsjen. Wy hawwe op dit stuit kontakt mei Heit en Mem video oer de opname fan trije klips. It giet dan om de ferskes fan Piter Wilkens (hippe hoppe), Adri de Boer en Fokke Miedema. Mooglik wurde der letter ek noch by oare ferskes klips makke mar wy sille earst efkes sjen oft it ús slagget om dizze trije klips op tiid klear te krijen. It sil noch wol in hiele toer wurde want eins soe Sinteklaas ek efkes meidwaan moatte yn de klips. De reiskosten kinne dan bot oprinne fansels. Wolle jim ús stypje, keapje dan in kompakt skiif mei Fryske ferskes foar Sinteklaas.Mei it skûtsje nei Volendam
Omdat Volendam oan it wetter leit en wy fan silen hâlde hat de Aberûnte fan Bernlef in skûtsje regele foar ferfier nei de bekerwedstryd tsjin Volendam. Op woansdei 22 april sette wy de moarns ôf nei Volendam dêr't wy dan oernachtsje sille. Tongersdei komme wy dan hooplik wer werom. At it goed is dan is dit allegear mei it Hearrenfean koartsluten sadat wy gewoan ús omwikselbiljetten ruilje kinne foar stadionkaarten. Dat wy dan ek betelle hawwe foar de bus is fansels al spitich mar dat is dan net oars. Ik haw der in soad nocht yn. Wolst ek mei, eamelje dan mar efkes, faaks is der noch plak oer?George Baker yn it Frysk
In skoftke ferlyn hat George Baker syn hit Una paloma blanca opnaam yn it Frysk. Dat is ek yn beheinde útjefte op singel útbrocht en as Fryske muzykleafhawwer mei sa'n singeltsje fansels net ûnbrekke yn myn kolleksje. Ik haw it singeltsje hjoed op marktplaats.nl fûn en dêr fuort mar grof 5 euro tsjin oansmiten. Mocht it net slachje om dizze skiif fia marktplaats te krijen en hawwe jim de skiif ek (oer) lit it dan efkes witte. Faaks kinne wy de skiif ruilje tsjin in oare skiif út de Fryske winkel...Aaipop 2009
Beppe hie hjoed har jierdeifeestje mar lokkigernôch wie dat al om 11.00 oere want peaskemoandei is fansels ek de dei fan it Frysktalige popfestival aaipop yn Nijlân. Nei't wy by beppe de sneintemoarns al in lekker bakje sop krigen hiene brocht de freondinne my en in pear neven nei Nijlân ta. Underweis koene wy noch krekt efkes de grutte houten arke fan de ien of't oare Noachfan lizzen sjen yn Snits. In moaie grutte joekel wie it. Yn Nijlân moast men fansels earst efkes sjen oft ik myn herder wol thús litten hie. Ik bin ommers tsjintwurdich in soarte fan Wâldpyk dat je wit mar noait. Doe haw ik mar efkes by Sebeare sjoen want dy trede ek sa faak net mear op. Net folle letter hie ik de earste hiele hin al te pakken. It soe de lêste net wurde. Under it genot fan wat beiesop bin ik fierder op de strún west. Ik haw noch hiel efkes by Ed Lip en Aart Lus west dy't foar in stampfolle tinte harren hits brochten. Ik koe spitigernôch net al te lang bliuwe want Jitiizer stie ommers ek noch op it programma yn de oare tinte. Dêr gie it der wer om wei want de mannen hiene in moai nustje supergrutte strânballen meinaam. Spitigernôch wie der in mongoal dy't miende dat it aardich wie en byt de ballontsjes stikken. No ja, de kredytkrisis sil him faaks hongerich makke hawwe. Ien fan de hichtepunten fan de Jitiizersjo wie in optreden fan in nustje rokkende wiven op plestik gitaarkes. In oare nuveraardigheid wie it gastoptreden fan Gurbe Douwstra (lit him stean Friezen). Ik haw begrepen dat sy dit op Sint Nykster merke jitris tegearre besykje sille. Fierders haw ik efkes by âld Reboeljefoarman Mariusz west en fansels mocht ek Wiegels Wjukkelmasine net mist wurde. Ik haw noch efkes mei Sytse Haijma praten oer in libben sûnder bargefleis en sa eindige dit prachtige festival mei in optreden fan Syb en band. Ik koe dêrnei mei Jelske meiride nei Ljouwert (bedankt dêrfoar) en dêr haw ik de bus pakt dy't my in pear kilometer bûten Rottefalle brocht. Nei in toffeltsje wie de drank wer wat besakke en sa koe ik tefreden myn bêd opsykje.Gjin sprake fan ûnderskatting
Fannejûn wie it oare Oranje op besite yn it Abe Lenstrastadion. De Volendammers makken it de Feansters wer frijwat dreech. Nei't earder al de iepeningswedstryd fan it seisoen yn Volendam mei 2-3 mar krekt wûn waard wie it no yn eigen stadion net folle better. Nei in slappe earste helft waard it yn de twadde helte dochs 1-0. Mar Volendam kaam hieltyd mear yn de wedstryd en sa krigen de Feansters in fluitkonsert fan it publyk oer har hinne. Daniel Pranjic makke him dêr nochal opsichtich lulk oer. Op 'm sels ek wol terjochte fansels want krekt wannear't it net wol moatte de spilers stipe krije fan it publyk. Net lang dêrnei makke hy twa domme oertredings en koe de frustrearde Kroaat mei read nei de klaaikeamer. Gelokkich slagge it de 1-0 fêst te hâlden mar it docht wol bliken dat wy de finale fan de beker noch lang net helle hawwe.Gefaarlik wurk
Ik lies krekt op Omrop Fryslân.nl dat der brângefaar west hat yn de droechtoer fan it fabryk fan FrieslandCampina yn Gerkeskleaster. No wie der gjin echte brân mar de temperatoer wie wol sa heech oprûn dat se de brânwacht skille hiene. Ik moat ynkoarten mar efkes mei de baas prate oer gefarejild...Alle hoeskes op in rij
It leuke fan in gewoane kswinkel is dat je dêr alle hoeskes efkes by del gean kinne om te sjen oft der noch wat foar dy by sit. Dat selfde kin no ek op myn eigen Fryskewinkel dêr't ik alle hoeskes efkes op ien side pleatst haw. It is al in hiele samling fan soms prachtige keunstwurkjes. It foardiel fan de Fryskewinkel is dat se in folle grutter Frysk assortiment hawwe dan de gemiddelde Free recordshop dy't allinnich de kommersjeel goed rinnende skiven yn harren winkel lizzen hawwe.
Aardige statistykjes
Foar de wepsjop fan Fryskewinkel.nl haw ik in databank makke yn MySql. Dat hat efkes wat wurk west want it is fansels wol saak in handige struktuer te betinken sadat ynformaasje op in korrekte wize opslein wurdt. Foardiel fan sa'n databank is dat je der mei help fan de programmeartaal PHP hiele aardige statistykjes út toverje kinne. Sa is bygelyks te sjen hokker artyst it meast besocht wurdt en dat selfde jildt fansels foar de meast besochte kompakt skiif. No binne dit fansels listjes dy't efkes wat tiid nedich hawwe om ta in goed oersjoch te kommen. Wat faaks noch folle nijsgjirriger is is it listke fan de produktyfste artysten. It docht dan bliken dat der ferneamde nammen boppe yn stean lykas Pigmeat en Piter Wilkens. Der stean op dit stuit al 219 Fryske bydragen fan Piter Wilkens yn ús databank. Pigmeat hat der in pear mear mar dy binne lang net allegear Frysktalich fansels. Ek Reboelje en de Kast stean heech mar in frij wat ûnferwachte heechfleander is tink ik dochs wol it Deuntsjes foar dy koar. Sy hawwe mar twa kompakt skiven makke en dochs fine wy har werom op plakje 4. Wannear't Piter Wilkens noch twa albums makket kin er de topposysje noch helje trouwens want Pigmeat bestiet ommers al net mear.Snitsers hawwe de smaak te pakken
Nei't smaakplysje Rob Geus yn Snits west hat om foar syn programma de smaakplysje de horeka te kontrolearjen binne der no ynienen sa'n tweintich horekasaken dy't in OK stikker op de doar plakt hawwe. It giet hjir dan om in nep stikker want Rob Geus hat hielendal net by dizze restaurants del west. Wa't efter dizze aksje sit is fansels net hielendal dúdlik mar it liket my wol ta dat de eigners fan de bewuste saken op de hichte binne fan de aksje. Rob Geus is net bliid mei de aksje en ik kin my dat ek goed yntinke want it hellet syn karmerk wol ûnderút fansels. Dochs soe er der better net sa moeilik oer dwaan kinne en ynstee dêrfan gewoan efkes in dei by de restaurantsjes mei in nep stikker delgean. Faaks levert soks noch moaie televyzje op ek.Soatest
Hyltiten mear Friezen dogge anonym in SOA test. Dit om te sjen oft hja net in seksueel oerdraachbare oandwaning hawwe. Sels haw ik dy test gelokkich net nedich hân. By ús earste besite oan de gynaekolooch is by de freondinne bloed ôfnaam. Dat is ûndersocht op SOA's mar sy mankearde neat. Ik mei dochs hoopje dat yn de hast alve jier dat wy elkoar no kinne sa'n oerdraagbare sykte wol ris fan my op har oerhipt wêze soe net. Ik gean der dan ek mar fan út dat my neat mankeart, alteast net op it gebied fan SOA's.FNV slacht alarm
It is hjoed de lanlike dei tsjin agresje en geweld op it wurk. Dit om efkes omtinken te freegjen foar de minsken fan de brânwacht, de sike-auto broeders, de bussjauffeurs, treinkondukteurs en leararen. Fansels wurkje ik mei oan dizze aksje dêrom sil ik hjoed yn elk gefal op it wurk gjin minsken geweld oan dwaan!Even nei de Keamer fan Keaphannel
Hiel bekend Nederlân stiet no mei help fan de Keamer fan Keaphannel op de kaart by Google maps. Dat komt omdat in soad BN'ers har as ZZP'er by de KvK ynskreaun hawwe. De KvK ferkeapet dy adressen wer oan de leafhawwers en sa wurde dus no de bekende Nederlanners yn har privacy oantaasten. It is dochs net te leauwen wol hoe slim soks is. Neffens my kinne jim ek myn gegevens wol werom fine op it ynternet, bygelyks by de KvK as fia de SIDN. Ek dy gegevens wurde massaal misbrûkt mar ja, dat is it risiko wannear't je de kop boppe it gers útkomme litte net?Gelokkich haw ik der net foar betelle
Nei de eardere desepsje fan de wedstryd tsjin de Graafschap haw ik no tsjin Heracles mar net wer oppenij ta de beurs west om by Eredivisie live de wedstryd te besjen. It wie wer sa'n typyske krekt net wedstryd. Moai mei 1-0 foarkomme en dan miene dat de buit binnen is. Yn it lêst krigen hja fansels wer in heal lid op de noas. It fervelende is ek noch dat it hast altyd âld-Hearrenfean spilers binne dy't ús sear dogge. Dizze kear wie it Mark-Jan Fledderus dy't de 1-1 fanút in frije traap nei in punt skopte. Yn dit prachtige seisoen mei safolle hichtepunten binne spitigernôch ek hast likefolle djiptepunten. In soad fertrouwen jout it dan ek net sa foar de beker tsjin it ek net al te heech pleatste Volendam.Swarte hannel foar de wite sykmasjine
Ynternetbedriuw TRES fan it Hearrenfean sil de KNVB besykje te helpen by it oanpakken fan de swarte hannel. Dit sille hja dwaan troch der foar te soargjen dat de webside fan de KNVB heger yn google komt dan dy fan de swarthannelers. In bytsje in frjemde redenaasje fansels want de minsken witte heus wol dat sy by de KNVB terjochte kinne. It wurdt pas in probleem at de KNVB troch har kaartsjes hinne is. Dan pas is it nijsgjirrich om by de swarte hannel foar flink wat sinten noch in kaart te keapjen. It soe dan ek better wêze en set elke kaart op de namme fan de persoan dy't de kaart keapet. Wurde der dan kaarten troch ferkocht dan kinne dizzen ienfâldich trasearre wurde. Yn elk gefal tink ik dat wannear't de KNVB besiket heger te kommen yn google, dêrnei de swartferkeapers dêr wol wer oer hinne besykje te kommen.Wurkje yn in Frysk doarpke
Nei't earder al myn bertegemeente Wymbritseradiel foar de Fryske plaknammen keazen hie hat no ek Menameradiel grien ljocht jûn. Dat betsjut dat ik ynkoarten ek offisjeel yn Dronryp wurkje ynstee fan Dronrijp. Geweldich nijs fansels mar it soe pas echt super wêze wannear't ek Smellingerlân de Fryske plaknammen ris trochfiere sil...In rare dei foar serieus nijs
Op 1 april hat elkenien de gek mei elkenien. It is foar ús dan ek in rare dei om foar ús trijewykse echo nei it siikenhûs te gean. Jo kinne op sa'n dei ommers net alles samar foar wier oannimme wat de dokters tsjin jo sizze. Yn alle gefallen like it mei de beide berntsjes hardstikke goed. Se bewege lekker om elkoar hinne en se binne noch like grut en moai op skema. Wol koe de dokter oppenij gjin flyske fine tusken de beide berntsjes. Dat betsjut neffens him dat wy dan in keizersnede krije, nei alle gedachten yn wike 35. Op 'm sels in dúdlike konklúzje fansels, wy hoege dus net op pufkursussen. Sa'n keizersnede is fansels foar de mem noch in flinke yngreep en nei 35 wiken binne ús berntsjes ek noch net hielendal klear foar it libben bûten de liifmoer mar de dokter hat der alle fertrouwen yn dat it wol goed komme sil. Lit ús dat dan ek mar hawwe...
|
|