It dak al op hichte

Dêr't wy tochten dat it ferheegjen fan de binnenste dakkonstruksje in hiele put wêze soe hawwe de mannen de klus al yn twa dagen klear. Sy hawwe earst alle hoeken ferstevige. Dêrnei hawwe sy de grutte balken los seage en boppe yn de nok binne dy dêrnei wer werom pleatst. Sa bliuwt it hûs de noadige stevigheid hâlden mar krije wy binnen sa'n 25 fjouwerkante meter romte der by. It is no in supergrutte souder wurden. Wy binne drok dwaande west om mei balkjes de kontoeren fan de keamers oan te jaan sadat wy in bytsje in byld krigen fan de nije situaasje en de mooglikheden.

Thaeke Freed 29 Maaie 2009 at 09:46 am | | Default | Reagear hjir op

Wy bin los

Fannemiddei bin ik mar in bytsje earder fan myn wurk gien. Gewoanwei bin ik oant 16.00 oan it wurk en dan soe ik pas om 16.30 thús wêze. Dizze kear bin ik in oerke earder nei hûs gien sadat ik de boufakkers noch efkes sjen koe. Sy binne al goed dwaande west. Ferskate ferstevigings binne op maat makke sadat de balken straks omheech brocht wurde kinne. Wy hawwe no om de meter in balke dwers troch it hûs rinnen op krekt 2 meter fan de flier. Dat is fansels te plat om fatsoenlik te wenjen dus sille dizzen no omheech brocht wurde nei 2,40.

Thaeke Tongersdei 28 Maaie 2009 at 09:42 am | | Default | Reagear hjir op

Moarn giet de ferbouwing los

It is no wis dat moarn ús ferbouwing los giet. Der is fansels in lyts bytsje, as eins twa lytse bytsjes, haast by want wy wolle graach foar de boufak klear wêze. Neffens de oannimmer mei dat gjin probleem wêze. Dêr rekkenje wy dan mar op fansels. Oer de krekte ynrjochting fan ús boppeferdjipping binne wy it trouwens noch altyd net iens. Dat moat dan letter noch mar efkes besjoen wurde. Earst kinne de mannen wol los mei de ferheging fan de dwersbalken en de isolaasje fan de bûtenkant fansels.

Thaeke Woansdei 27 Maaie 2009 at 09:38 am | | Default | Reagear hjir op

Sânskulptueren yn it Kameleondoarp

It Kameleondoarp lûkt jierliks 50.000 besikers mar men wol der graach noch 10.000 by hawwe. No hawwe hja betocht om dêr sânskulptueren fan de alvestêdetocht meitsje te litten. Ut grutte blokken sân sille der ferskate ôfbyldings fan de tocht der tochten bouwd wurde. Ik sjoch net krekt wat soks mei de Kameleon te krijen hat mar faaks wolle hja heit en mem ek wat biede wannear't de bern yn it doarp binne. Faaks soe it better wêze en lit yn neifolging fan de films in Kameleonsearje meitsje foar de televyzje.

Thaeke Tiidsdei 26 Maaie 2009 at 09:30 am | | Default | Reagear hjir op

De souder is leech, it kantoar fol

Yn in bomfol kantoar sit ik hjir no te typen want dizze wike sil ús grutte ferbouwing útein sette. De souder moast dan ek hielendal leech helle wurde om de mannen de romte te jaan. Dêr kaam dochs noch al wat guod wei wêrfan't ik it bestean net mear wist. It moaie fan in grutte souder is dat je nea wat fuort smite hoege. By it opromjen fan de souder hawwe wy no dochs mar ôfweeft mei in fracht spul dat de ferhûzing oerlibbe hie mar ek is der in soad guod fia de achterdoar nei de souder fan ús hokken ferdwûn bin ik bang. Wy hawwe no in moaie grutte rûmte dêr't wy yn prinsipe in moai feestje jaan kinne soene. Lit ús hope dat der wat moais fan makke wurdt.

Thaeke Moandei 25 Maaie 2009 at 09:05 am | | Default | Reagear hjir op

Lekker allinnich thús

De freondinne hat hjoed in útstapke nei Haarlem plent. Sa bin ik dus lekker allinnich thús en dat jout ûngekende mooglikheden. Sa kin it lûdsnivo fan alles hjir yn hûs no kritykloas omheech skroeft wurde. Ik binne der no gjin fervelende putsjes dy't perfoarst op de meast frjemde tiden útfierd wurde moatte. Ik leau dat ik hjoed mar efkes lekker in filmke sjen gean.

Thaeke Snein 24 Maaie 2009 at 09:01 am | | Default | Reagear hjir op

It langstme en de dea

De winner fan Liet 2009, It langstme en de dea mei it nûmer Wikel.


Thaeke Sneon 23 Maaie 2009 at 08:40 am | | Default | Reagear hjir op

Undertusken by Cambuur

Juster is Jan Riedstra ferstoarn, ien fan de jildsjitters en rêders fan Cambuur. Dochs mocht Cambuur hjoed wer oantrede foar de play-offs. Cambuur wûn hjoed fan FC Zwolle en dat betsjut dat sy no noch in kear tsjin Zwolle spylje meie. Winne hja dy wedstryd ek dan is Roda JC de lêste hobbel om wer in echte derby te krijen yn de Earedivyzje. It soe moai wêze as soks bart fansels want Ljouwert is in stik tichter by as Kerkrade. Mei de Ljouwerter fans hoege wy trouwens minder bliid te wêzen want de wedstryd waard in kertier stil lein omdat in idioat in bierfleske op it fjild smiten hie.

Thaeke Freed 22 Maaie 2009 at 08:32 am | | Default | Reagear hjir op

Monopoly

Hjoed hawwe wy wer ris efkes yn Aldeboarn sjoen. Nei in bêst yn te nimmen fleisleas miel soene wy los mei de kolonisten fan Catan mar it waard Monopoly. In spultsje dat ik troch tiidgebrek al hiel lang net mear spile hie. Eartiids wiene wy gauris in middei dwaande mei sokke langduorjende spultsjes. Ek Risk wie wol in favoryt. Tegearre is dêr dochs wat minder oan. No dus wer lekker in jûntsje oan it bankieren, keapjen en ferhieren. Op 'm sels is Monopoly in briljant spultsje mar wannear't je it spul spylje mei minsken dy't net ruilje wolle wurdt it hurd minder fansels. Sa hie de freondinne hast net in strjitte mar de strjitten dy't hja hie joegen har wol de mooglikheid tot it setten fan hotels. Omdat fierder net ien ruilje woe hie sy dêrmei it monopoly op grutte bedragen. Wy wiene dan ek kânsleas en hoewol't ik wol tsjin myn ferlies kin haw ik it mier oan ferliezen. Ik hie dan ek it monopoly op sjachrijnigheid...

Thaeke Tongersdei 21 Maaie 2009 at 12:28 pm | | Default | Reagear hjir op

Grinzer echo's

Omdat it foarige wike yn Drachten net hielendal goed gie mei de tweintich wiken echo soene wy letter werom komme foar in twadde poging. De oare deis krigen wy tillefoan dat wy dochs better mar efkes nei it UMCG yn Grins koene foar dizze echo. Net dat der wat oan de hân wie mar yn Grins hiene hja wat mear ûnderfining mei moeilike gefallen lykas ús monopûdduo. Yn Grins wiene se al wat fierder mei de technyk. Moasten wy yn Drachten noch mei sjen op it skerm fan de gynaekolooch, hjir hong in grutte flatscreen rjocht foar it bêd. Sa koene wy sûnder stive nekke de ûndersiken goed folgje. Omdat wy sa'n bysûnder gefal wiene stiene der in moai swikje taskôgers by, nei alle gedachten co-assistintes. Alles waard dizze kear ek wer goed ûndersocht mar troch in ferkearde hâlding fan de iene ten opsichte fan de oare wie it dreech om alles goed te sjen. Wy mochten dan ek in pauze ynlasse sadat de bern efkes ferlizze koene. Doe't ek dat slagge wie koene wy fierder. It ûndersyk hat gjin inkeld probleem nei foaren brocht. Op it each liket it allegear goed te gean. Fansels kin der noch wol fan alles oan mankeare mar dat bliuwt dan noch efkes in 20 wiken geheim.

Thaeke Woansdei 20 Maaie 2009 at 06:14 am | | Default | Reagear hjir op

Ekskús Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat har ekskús oanbean foar de problemen mei it ferfier fan en nei de Kuip. Guon Feanfans wiene op it moment fan de ôftraap noch net iens yn it stadion. Fansels hat it Hearrenfean hjir sels gjin skuld oan mar leit de ferantwurdlikheid by de ferfierders. It Hearrenfean moat gewoan faker sokke grutte wedstriden spylje dan kinne de busmaatskippijen faker oefenje. Faaks kin it noch handiger. Wannear't wy hjir yn Fryslân in grutter stadion delsette as yn Rotterdam, dan kin dy bekerwedstryd ek wol op it Fean spile wurde. Op nei de 60.000 plakken dus!

Thaeke Tiidsdei 19 Maaie 2009 at 06:06 am | | Default | Reagear hjir op

De weromreis

Gie de hinnereis nei Rotterdam op 'm sels noch frij foarspoedich, by de weromreis wie it allegear wat minder strak organisearre. Sa kamen wy mei trein 1 en it soe dan ek logysk wêze wannear't wy ek wer mei trein 1 fuort mochten. Dat wie net it gefal. It wie no elkenien foar him sels en god foar ús allegear. Op ien smel perron stie oan de iene kant in trein foar de Twentefans en oan de oare kant in trein nei Hearrenfean. Fia hiele smelle trepkes wie it platform te berikken mar de plysjes op hynders kearden de minsken op sadat der mar krekt genôch op it perron komme koene. It gefolch wie dat der in enoarme massa minsken begûn te drukken om harsels sa yn in goeie posysje te triuwen. Doe't ien fan de plysjes it hynder net mear ûnder kontrôle hie waard der neist my sawat immen dea drukt. Tafallich kaam ik tusken in groep Sint Nyksters te stean en sa hie ik noch wat oanspraak yn de striid om de fjouwerkante meter. Trein nei trein ferliet it perron mar it like der net echt op dat wy tichterby kamen. Pas op it lêst doe't de plysjes in pear stappen oan de kant giene mochten wy fan twa kanten it perron op. Doe gie it allegear wat flotter mar der wie noch gjin plak yn de trein. De kar wie no twa oeren stean of in kertierke wachtsje. No dan mar in kertierke wachtsje om sa in lege trein te befolkjen fansels. Wat wurde minsken dochs nuvere asosjale wezens wannear't hja yn in meute binne. Ik haw bern sjoen dy't hast troch midden skuort waarden omdat elkenien as in idioat begûn te drukken om mar sa flot mooglik dy trein yn te kommen. No ja, der wie genôch plak foar elkenien al sieten der ek genôch minsken net yn in stoel. Ik leau dat ik no yn trein 7 as 8 siet. Sa haw ik de hiele dei dan ek wol aardich meipakt. Omdat de spilers fannacht noch huldige wurde soene wie der wol in bytsje haast by. Se soene dochs wol efkes wachtsje op de supporters net? Op 'm sels riden wy wol aardich troch mar doe't wy by de grutte flats op it Hearrenfean kamen stoppe de trein. Der stie ommers noch in oare trein te lossen dus wy moasten efkes geduld hawwe. No mien ik my te heugen dat der op it Hearrenfean twa perrons binne en dus hiene wy der bêst efkes neist stean kinnen mar nee, wy wachten. Doe't wy úteinlik dochs op it stasjon kamen rôp de masjinist om dat de helte fan de trein net by in perron stie en dat wy der dus allinnich foar út mochten. Omdat de lochten op it stasjon al út wiene wie hast net te sjen oft der wol perron efter de doar lei mar wy ha it der mar op weage. Yn it tsjuster kamen wy oan op it Hearrenfean. Underweis nei it Abe Lenstrastadion kamen wy al minsken tsjin dy't ús wisten te fertellen dat de huldiging krekt dien wie. Ik bin doe mei de auto noch efkes nei it stadion ta riden en dêr hearde ik yndie dat alles krekt west hie. Sy woene de minsken op it plein net langer wachtsje litte. Ik fûn dat bêst wol skandalich. Sy hiene bêst noch in oerke wachtsje kinnen of faaks noch better, efkes nei it feest ta mar dan de offisjele huldiging in dei letter. Dan hiene wy der in moai feestje fan meitsje kinnen. No wie ik om 2.30 thús yn de Rottefalle. Om 5.45 gie fannemoarn de wekker wer...

Thaeke Moandei 18 Maaie 2009 at 5:50 pm | | Default | Reagear hjir op

Sollied dwaan? Ja hy docht it!

Fannemoarn begûn de dei al wer betiid want troch in lichte spanning koe ik mar min sliepe. Ik moast om 10.00 oere al op it stasjon fan it Hearrenfean wêze om dêr mei de trein nei Rotterdam te reizgjen foar de bekerwedstryd. Yn de earste trein sieten de fanatikere supporters dy't gewoanwei yn Nieuw Noord stean. Skynber woene se dy yn it Hearrenfean sa rap mooglik kwyt. Omdat der niks mei mocht yn de trein dêr't in spoar fan alkohol yn siet haw ik earst mar in pear pakjes Milk en Fruit mango helle en wat poeiermolke en in sûkerbôle. Doe't ik yn it Fean oankaam haw ik earst efkes mei in kollega Nieuw Noorder skille dêr't ik myn treinkaartsje foar T1 mei ruilje soe foar T2 dêr't de oare Bernleffers ek yn sieten. It die bliken dat de bêste jonge syn dei logistyk wat minder foar elkoar hie as my want hy wie noch yn Grins. By it stasjon wie it al in drokte fan belang en ik stie moai foaroan dat ik hie net folle nocht om straks troch it ruiljen fan myn kaartsje dit moaie plakje yn te leverjen. Doe't der dus letter in oar persoan ruilje woe haw ik dat mar dien. Sa koene wy moai by elkoar sitte yn de trein. Wol wie it frijwat stil yn de trein. Wy wiene dan miskien wol mei sa'n 1000 man ûnderweis mar omdat de trein opdield wie yn hokjes fan in man as 40 wie dat hast net te merken. It like wol as sieten wy yn in stiltekûpé. Efkes foarby Utert hie ik myn drinken al op en dus koe ik toarst kweke foar yn Rotterdam. Dêr oankaam wie it earste wat wy seachen in leger oan reade tukkers. Hoewol't de bedoeling fan in ferplichte kombyregeling neffens my is dat je de groepen supporters skiede kinne wiene wy no fuortdaalks nei oankomst al mjukst. Net dat dat wat útmakke want de sfear wie goed. Dat feroare fansels al doe't dúdlik wie dat it bier en fris 3 euro kostje moast. Ek siet der mar kwalik alkohol yn it bier en it slimste wie faaks noch dat der gjin bier it stadion yn mocht. No wie dat foar my fansels net sa'n probleem want ik mei dochs gjin bier mar ik koe my yntinke dat oaren it dêr dreech mei krije soene. Wy hiene in prachtich plakje op in soarte fan needtribune dy't oplutsen wie út stijgerbuisen ofsa. Ik haw it noch efkes neifrege mar it skynt dat de tribune der altyd stiet en net spesjaal foar dizze wedstryd. Yn elk gefal hiene wy in moai plakje op rij 5 fan foaren ôf ter higte fan de line fan it doelgebied. Dêr mankearde dus hielendal neat oan. Op de tribunes leine blauwe en wite mouhimden dy't der foar soargje moasten dat de tribunes in Frysk tintsje krije soene. Spitigernôch waarden de mouhimden troch in buike flink wiet. Ek wie it wat nuver dat ien fan de tribunes dy't fol mei blauwe himdsjes lei letter wer leech helle wurde moast omdat dêr Tukkers sitte mochten. Omdat wy fierstente betiid yn Rotterdam wiene lieten se earst de bern fan Twente/Heracles en Hearrenfean efkes balje. Dat wie in prachtige striid dy't it Hearrenfean like te winnen mar troch skiedsrjochterlike dwalings waard it úteinlik dochs in lykspul. Om in oere as 20.00 gie it dan echt los. Beide ploegen kamen op it fjild mar dêr't yn 1997 noch in Limburgsk en Frysk folksliet spile waarden wie der no gjin muzikaal yntermezzo. In miste kâns fansels. Yntusken wiene de beide kopse kanten fan de tribunes troch grutte kleden bedekt wêrby't de iene noch moaier wie as de oare. It Hearrenfean starte stevich en troch in pear stevige yngrepen duorre it net lang of Twente hie al twa fan de trije wisselspilers brûkt. It wie dan ek net mear as terjochte dat wy troch in goal oan de oare kant fan Popov op 1-0 kamen. De tukkers wiene doe yn ien klap stil en it Feanpublyk naam besit fan de Kuip. Oant de rêst ta seach ik der goed út en it like dan ek dat de mannen fan Trond 'Sollied dwaan' Sollied it dwaan soene. Sa maklik wie it net want nei de rêst kaam der in hiel oar FC Twente út de tunnel. It Hearrenfean waard hyltiten mear ûnder druk setten en doe't de 1-1 foel wie it gefoel dat de beker mei werom nei Fryslân soe eins yn ien klap fuort. Dochs wist ús ploechje de ferlinging te heljen. It soe dus noch wat letter wurde eart wy wer op hûs oan koene. Under it motto 'Elm skoart altyd yn de Kuip' hâlde ik noch wol in bytsje hoop mar it wie ynfaller Kalou dy't de 2-1 makke. Sa krigen wy dochs wer it gefoel dat de beker fan ús wie en it publyk brulde der op los. Spitigernôch hie âld Hearrenfean spiler Hersi him noch net dellein by in nederlaach en hy makke krekt foar tiid de 2-2. It duorre noch oant it lêste fluitsje eart dúdlik wie dat penalty's de beslissing brochten. Dat is fansels in soarte fan lotterij en de iene nei de oare gie der knap yn. Doe't Breuer en Dingsdag harren strafskop namen wie ik wol efkes benaud mar sy wiene net benaud en skeaten geweldich yn. Dat krekt Hersi, de held fan de twadde helte fan de ferlinging no de slemiel wie wie fansels spitich foar ús âld spiler. Mar nei dat Sibon de lêste strafskop tsjin de touwen joech wiene wy dochs wol hiel bliid mei ús Yousouf. It feest bruts los en it stadion gie út syn dak. Twente wie krekt as yn de kompetysje no ek wer twadde. Foardiel foar harren wie wol dat se no as earste nei it station ta koene foar de weromreis. Wy soene fansels noch wol efkes langer ûnderweis wêze mar earst wie der fansels noch de huldiging yn it stadion. Ik tink dat dit wol de moaiste wedstryd west hat dêr't ik as Feanfan by west haw. Ek de neutrale taskôger hat tink ik wol in aardige pot sjoen wêrby't beide ploegen foar de winst giene. It is fansels spitich foar Marcel, myn sweager, mar it wie in prachtich foarbyld fan hoe't in fuotbalwedstryd ferrinne moat. Dêr kinne de grutte trije mei harren 'supporters' noch wat fan leare.

Thaeke Snein 17 Maaie 2009 at 7:41 pm | | Default | Reagear hjir op

Spanning foar moarn

Moarn wurd ik om 10.00 oere op it stasjon fan it Hearrenfean ferwachte. Dan pakke wy dêr de earste trein nei Rotterdam ta. It sil wer in enoarme folksferhuzing wurde en ik moat sizze dat ik dochs wol wat spanning fiel. No hoech ik moarn sels net te prestearjen dus dat falt wat ta mar ik kin my yntinke dat de spilers fan it Hearrenfean dêr ek wol wat lêst fan hawwe sille. It sil wol in drege nacht wurde bin ik bang. Yn elk gefal haw ik noch immen fûn om myn kaartsje fan trein 1 te ruiljen foar dy fan trein 2. Eins sil it ek wol net nedich wêze want it docht bliken dat trein 1 en 2 oan elkoar koppele binne. Dêrmei binne wy moarn de earste fan 8 dûbele dûbeldekkers. In kin wol ris in bjusterbaarlike dei wurde. Yn elk gefal lit ik de sipels mar thús...

Thaeke Sneon 16 Maaie 2009 at 7:40 pm | | Default | Reagear hjir op

Keatsplaatsjes

Sjoch dat is nochris in leuk inisjatyf. In supermerk yn Frjentsjer hat yn neifolging fan de populêre fuotbalplaatsjes fan Albert Heijn no in eigen setsje fan 108 keatsplaatsjes útbrocht. Oant de PC ta kinne dizze plaatsjes sparre wurde. Alle bekende keatsers steane der fansels op. Jim kinne se ek noch ynplakke yn in boek. It bart allegear by C1000 Kuipers yn Frjentsjer, te finen oan de Ockingahiem nûmer 16. Foar safier't ik it wit is dat gjin famylje trouwens.

Thaeke Freed 15 Maaie 2009 at 7:18 pm | | Default | Reagear hjir op

Thaeke stiet wer ris op in ôftiteling

Roeger as Froeger DFDNei't ik earder al in pear kear foarby kaam wie op de ôftiteling fan de Fryske Kameleonfilm stiet myn namme no ek op de ôftiteling fan de DFD fan Strawelte. Dat hat fierders net in hiel soad om de hakken want it ienige dat ik dêrfoar hoechde te dwaan is my abbonearje op de Strawelte nijsbrief. Stiest do ek op dy nijsbrief, bestel dan rap de Roeger as froeger DFD en sjoch at dyn namme der ek op stiet. It is trouwens in alleraardigst leuke DFD wurden. Lit ús hope dat de mannen oer 20 jier wer in reuny hâlde...

Thaeke Tongersdei 14 Maaie 2009 at 7:12 pm | | Default | Reagear hjir op

De Fryske Nick en Simon

Sûnt ik aktyf bin mei myn Fryskewinkel.nl webside kom ik gauris yn oanrekking mei Fryske muzyk dy't ik oars miskien minder gau tsjin komme soe. Sa is der no in singeltsje út fan it duo Die Twa. It hat de titel Asto mar by my bist en it is wol in nûmer dat maklik hingjen bliuwt. Sy hawwe der ek in klipke by makke. Faaks wurde dit de Fryske Nick en Simon?

Thaeke Woansdei 13 Maaie 2009 at 7:03 pm | | Default | Reagear hjir op

20 wiken echo

Hjoed wie wer in spannende dei yn ús lange skiednis fan âlders yn wurding. No't wy op de helte binne fan de tradysjonele 40 wiken wie it tiid foar in kompleet ûndersyk fan ús beide hummeltsjes. Earder op de dei wiene wy al efkes by ús Gynaekolooch west en dy hie al de noadige mjittings dien om te sjen dat de groei noch op skema lei mar no wiene wy oan de beurt foar it echte wurk. Hast twa oeren is it froutsje mei de echomasjine oan de gong west om alles nei te rinnen. Iepen rêchjes, sletten middenrif, harsentsjes, wetterholle, nierkes en wit ik wat allegear net mear waard besjoen. Mar omdat ús beide popkes yn ien fruchtwettersekje sitte wie dat noch net sa ienfâldich. Je koene se net út it each ferlieze want dan bestie de kâns dat je twa kear de selfde baby ûndersochten. Omdat it in ienaaiïge twilling is lykje se ek noch flink op elkoar dus dat makket it ekstra lestich. Wol witte wy no oft it jonkjes, famkes as in kombynaasje fan beide wurdt. Wy sille in tipke fan de sluier oplichte, omdat se ienaaiïch binne lykje se hiel bot op elkoar dus de kombinaasje fan jonge/famke kinne jim rêstich in streek troch helje. Bliuwe der dus noch twa mooglikheden oer. Skoanmem wol it hiel graach witte, ús mem perfoarst net. Wy hâlde it foarlopich noch mar efkes in geheimke tusken ús beiden, de gynaekolooch en it froutsje fan de echomasjine. Hoewol't de ûndersiken goed liken wie it dochs better om efkes nei Grins te gean foar in ekstra kontrole omdat men dêr better tarêd wie op sa'n bysûndere twilling. Ynkoarten krije wy dus wer twa oeren willeecho's fergees.

Thaeke Tiidsdei 12 Maaie 2009 at 6:54 pm | | Default | Reagear hjir op

Sollied dwaan?

Nei de rapen binne gear en de piipen út de sek hawwe wy dizze kear de kreet Sollied dwaan? Ik snapte 'm earst ek net mar it skynt in ferbastering fan Sil hy it dwaan te wêzen. Net geweldich fansels mar ik wist ek neat betters te betinken. Wy sille it der dan ek mar mei dwaan moatte. Remon de Jong hat it der ek al mei dien. Dy hat in Feanrap skreaun.

Thaeke Moandei 11 Maaie 2009 at 6:46 pm | | Default | Reagear hjir op

Asperges en it swimbad

Fannemoarn binne wy earst efkes nei de Aspergeboer west. Hoewol't it sneintemoarn is wie it ferkeapwinkeltsje dochs iepen. Wy hawwe dêr efkes farske asperges kocht sadat wy moarn ek wer in supermiel krije. Dêrnei binne wy úttsjekt út ús hotel mar wy hawwe noch al efkes gebrûk makke fan it sportsintrum dat by it hotel hearde. Dat wie in flink sintrum dêr't foar de bern fan alles te beleven wie. Ek foar de folwoeksenen wie der genôch. Sa hawwe wy efkes lekker swommen wat foar de freondinne wol in moai eksperiment wie om te sjen oft swangerskipsswimmen ek wat foar har wêze soe. Nei it swimbad haw ik noch efkes yn de sauna sitten. Dêr koe de freondinne fansels net yn mei gean want mei twa bern yn de bús is dat faaks wat te folle fan it goeie. Letter op de middei binne wy wer yn de auto stapt. Wy hawwe besocht fia de tomtom thús te kommen sûnder dêrby sneldiken te brûken. Sa kamen wy op de meast ferrassende plakjes. Uteinlik hawwe wy ek noch in stikje troch Dútslân riden dêr't ik de Laguna noch efkes op de sturt trape haw. By 190 wie it wol sa'n bytsje oer mei de fersnelling mar dêrby moat ik wol sizze dat de airco oan stie. Sa kamen wy der fuort ek efter dat de tomtom yn Dútslân noch wol wit wêr't er is mar dat er dêr net in kaart by fabrisearje kin. Dan moat der in oare skiif yn it systeem sa docht bliken. Ek handich om te witten fansels mar troch de sinne in bytsje yn de gaten te hâlden slagge it ús dochs om mei in âlde fertroude kaart wer werom te kommen yn ús eigen lân. Doe wiene wy ek wol flau fan de lytse dykjes en binne wy flot trochriden oer de A6. In prachtige koarte fakânsje is wer foarby. Miskien wol de lêste tegearre. Dat ik thús kaam seach ik dat AZ fan it Fean wûn hie. Dirky fan AZ hat dus dochs noch syn priis kocht. Hy mocht 'm sels útrikke.

Thaeke Snein 10 Maaie 2009 at 6:38 pm | | Default | Reagear hjir op

Bossche bollen

Fannemoarn betiid binne wy earst efkes nei de winkel gien yn Mill om wat foarrieden yn te slaan. Dêrnei setten wy ôf nei Den Bosch dêr't wy de auto ûnder it treinstasjon yn in parkeargaraazje efter lieten. Fanút it stasjon rûnen wy sa it sintrum yn en al nei in pear 100 meter wie der in lyts winkeltsje oan de rjochterkant fan de dyk dêr't in enoarme rige minsken foar stie. Wy binne mar troch rûn foar in rûntsje om de tsjerke en in besite oan de merk. De grutte Sint Jan stie yn de steigers mar wy hawwe der dochs efkes yn sjoen. In flinke tsjerke dêr't dy fan Sint Nyk grif in pear kear yn paste. Doe't it ús te waarm waard binne wy werom rûn nei de auto. Oppenij kamen wy by it lytse winkeltsje del en de rij wie no al in bytsje ynkoarten. Ik woe dochs efkes witte wat hjir sa bysûnder wie dat ik rekke yn petear mei in man dy't my út wist te lizzen dat hjir de echte en bêste Bosche Bollen te keap wiene. It wie net allinnich wichtich dat se hjir wei kamen mar der moast ek noch in doaske fan Jan de Groot omhinne sitte. Allinnich dan hiene jo de echte bollen. Ik wie fansels wol benijd wat no krekt in Bossche bol wie dat wy hawwe ús mar efkes yn de rij oansluten en al rap gie dizze rij ek wer in ein de stoepe op. Neist de banketbakkerij wie ek in lunchroom fan de selfde eigner. Guon klanten besochten dêr ek Bossche bollen te bestellen om mei te nimmen mar hja wiene dêr ûnferbidlik yn. Elkenien moast efter yn de rij oanslute. Nei in kertierke stiene wy foaroan en wy bestelden 4 Bossche bollen en wat sûkeladeasperges. It die bliken dat de Bossche bol in koekje wie mei in soarte fan slachrjemmefulling der yn. Dit gehiel waard mei sûkelade ôfdekt. It wie fansels in feestmiel foar myn swiere freondintsje. Wat letter hawwe wy in moaie tocht makke lâns de rivieren. Fia in pontsje binne wy ek noch wer it wetter oerstutsen en sa kamen wy úteinlik op in terras út dêr't wy in goed miel namen. Op de weromreis seachen wy ek noch op in boardsje dat der Asperges te keap wiene. Dy sille wy moarn efkes ophelje.

Thaeke Sneon 09 Maaie 2009 at 6:29 pm | | Default | Reagear hjir op

Fakânsje tusken de Brabo's

Guus Meeuwis song al dat ar graach sa trots as in Fries wêze woe. Wy woene wol ris sjen at it wier sa slim steld is mei de Brabo's dat fannemoarn binne wy ôfset foar in wykeintsje yn in Hampshire hotel yn Mill. It wie wol in pear oerkes riden fansels en healwei hawwe wy noch efkes in iisko nuttige op in parkearplak want it bealchje fan de freondinne wurdt dochs hieltyd wat grutter en lange autoritten binne dan net ideaal fansels. Oankaam yn Mill, wat by Nijmegen leit, hawwe wy earst mar efkes yn it Hotel sjoen. Wy hiene in prachtige keamer dêr't wy ek wer genôch ynspiraasje út helje koene foar de takomstige ferbouwing fan ús eigen nestje. Dêrnei earst mar efkes it doarp ferkenne en sa bedarren wy de jûns yn it restaurant fan it hotel. Ien miel siet by de priis yn dat wy hawwe dêr fuort mar gebrûk fan makke. Ik haw in lekker fiskje hân en dat smakke poerbêst. Omdat wy bêst wol wurch wiene binne wy betiid op bêd gien. De oare deis soene wy dan moai it Brabânske lân ferkenne kinne.

Thaeke Freed 08 Maaie 2009 at 6:08 pm | | Default | Reagear hjir op

Folle bak!

It wurdt dochs in folle bak 17 maaie yn de Kuip. It Hearrenfean hat noch 1000 kaarten ekstra krigen mar sy hawwe hjoed dochs ek de lêste kaarten ferkeapje kinnen. Ik haw der sin oan mar earst sil ik noch efkes mei de freondinne in pear daagjes fuort. Dat hat sy wol fertsjinne en it kin no noch...

Thaeke Tongersdei 07 Maaie 2009 at 6:01 pm | | Default | Reagear hjir op

Mooglik dochs gjin play-offs?

De KNVB is dochs ek wekker wurden en besiket no by de UEFA de regels wat oan te passen sadat it Hearrenfean dochs gjin play-offs hoecht te spyljen. It is wol nuver om dit soarte fan dingen flak foar it ein fan de kompetysje noch ris op de kop te setten want wat is no it gefolch. At it Hearrenfean meidocht oan de play-offs dan stride der 4 ploegen om 2 plakjes, it iene plakje is dan foar it Hearrenfean, it oare foar ien fan de oare trije. Mocht it Hearrenfean net mei dwaan dan komt de nûmer 9 dêrfoar yn it plak en dan striide der dus fjouwer klups foar 1 plakje. Snappe jim it noch?

Thaeke Woansdei 06 Maaie 2009 at 5:57 pm | | Default | Reagear hjir op

Noch net útferkocht!

De kaarten foar de bekerfinale fan it Hearrenfean binne noch altyd net útferkocht. Bêst wol nuver fansels wannear't je betinke dat mar de helft fan de seisoenskaarthâlders der by oanwêzich wêze kinne. Haw ik dan om 'e nocht twa oeren yn in rij stien? It sil dochs net barre dat it Hearrenfean straks kaarten werom jaan moat oan de KNVB sadat der ekstra Tukkers nei de wedstryd kinne? Kom op oprjochte Fryske Feanfans keapje in kaart en meitsje it mei, it moat dochs in kear slachje en dan wolle je der dochs by wêze?

Thaeke Tiidsdei 05 Maaie 2009 at 5:50 pm | | Default | Reagear hjir op

GPTV jout lûd

Op 4 maaie, deadebetinking, binne wy altyd efkes stil foar de slachtoffers dy't fallen binne yn de twadde wrâldkriich, en foar safier't ik it begrepen haw ek de oarlogen en fredesmissys dêrnei. Op tv stjoere de publike omroppen dan alle trije de bylden fan de Dam yn Amsterdam nei ús ta. De kommersjele omrop út Luksemburch is op de Waalsdorperflakte en ek SBS fersoarget in oanpaste útstjoering. Omrop Fryslân is live oanwêzich by de betinking yn Ljouwert en allegear binne se stil. Ik siet dizze kear foar de tv en tidens de stilte zapte ik efkes om te sjen hoe't de ferskate omroppen mei dit moment omgiene. Alle Nederlânske omroppen wiene keurich stil mar doe't ik by de regionale stjoerder GPTV út Harns kaam wie dêr gewoan de normale programmearing te sjen mei in bult lawaai. Ik kin my yntinke dat se by GPTV net in spesjale útstjoering meitsje mar it hie harren fansels wol efkes sierd en draai it lûd efkes út dy iene minút.

Thaeke Moandei 04 Maaie 2009 at 5:41 pm | | Default | Reagear hjir op

Ado yn stilte

Yn de lêste thúswedstryd fan dit seisoen dêr't Europeesk fuotbal al feilich steld is en dêr't de bekerfinale noch wachtet mochten wy it opnimme tsjin ADO De Haach. Omdat de keninginne sjoen hie dat immen oer in stik as wat minsken hinne riden wie moast der foar de wedstryd noch al efkes in minút stilte wêze. Dochs soe it ek de lêste wedstryd yn Hearrenfean wêze fan Daniël Pranjic dus wy hiene wol in passende sfearaksje. Ik bin yn prinsipe net sa graach stil en ik fyn it ek wat ûnsin dat der by alle wedstriden hjoed in minút stilte hâlden wurdt foar eat dat neat mei it balskoppen te krijen hat. Hie de Keninginne gjin tsjûge west dan hiene wy no ek net stil west. Dochs haw ik fansels wol it fatsoen opbrocht om dy minút út te stean. Ik moat al sizze dat it wol yndrukwekkend is, 26.000 minsken dy't stil binne. Meastentiids binne it der ommers mar 24.800. De wedstryd eindige yn in lykspul. Wy sparje ús foar de beker, lit ús it dêr mar op hâlde...

Thaeke Snein 03 Maaie 2009 at 5:39 pm | | Default | Reagear hjir op

Nei de Thai

Hjoed hawwe wy mei myn skoanâlden nei de Thai west. Meastentiids riden wy dit restaurant foarby wannear't wy nei de Wok sille. De freondinne wie nammentlik fan betinken dat it wol hiel pittich wêze soe. Nei't hja der in kear mei de kuorbalploech iten hiene wie hja dochs frij entûsjast. It wie net hiel drok by de Thai dat wy hiene krekt wat mear privacy as by de wok. Dochs wie it ek hjir sels opskeppe fan it bufet en wichtiger noch, ûnbeheind faak! Nei in noflik bakje sop koene wy kieze út ferskate fleis en grienteskûtels. Skoanmem baarnde har fuort de mûle oan har gerjocht want sy hie net goed nei de bryfkes mei de piperkes dy't de sterkte oanjoegen sjoen. Ik haw earst alles lekker preaun mar bin dêrnei foaral ferslingere rekke oan de byfstikjes mei knyflok. It smakke poerbêst en der wie mear as genôch. Wat dat oanbelanget is dit dus wer ien út de kategoary: "Hjir kin wy wol wer ris hinne!"

Thaeke Sneon 02 Maaie 2009 at 5:34 pm | | Default | Reagear hjir op

Karst T. hat it dien!

De nuveraardige ynparkearaksje fan Karst T. juster wie bedoeld as in oanslach op de keninklike famylje. Dat wiene de lêste wurden fan de man dy't mei syn Susuki (sjees u zelf u kist in) Swift foar in soad deaden en reboelje soarge. De keninklike famylje wie troch it each fan de nulle gien, Karst T. ek hast. Jo kinne fansels wol begripe dat de keninklike famylje deadseangsten útstien hat dêr boven yn dy bus. Hie sa'n enoarme Susuki Swift by de bus opriden dan wie de ramp net te oersjen west. Mooglik hiene hja dan sels wol oerstappe moatten op ferfangend ferfier. De feiligheidsminsken soene ek faalt hawwe want sy wiene fergetten de anti tank fersperrings te pleatsen lâns de rûte. Der gean ek gerjochten dat net elkenien lâns de rûte fûjeart wurden is. Der hie dus ek in gek mei in pystoal lâns de rûte stean kinnen. Jo kinne net alles foar wêze en ik fyn it dan ek mar nuver dat de feiligheidstsjinsten no de skuld krije. At der in idioat is dy't mient dat er mei in ferfiersmiddel dwers troch alles hinne ride moat dan is soks net foar te wêzen. Dyjinne dy't ferantwurdlik is foar de deaden, de ferwûnen en de sjokkearden is bekend. Hy hat syn aksje live foar de TV útfierd dus der binne miljoenen tsjûgen. De namme fan de einferantwurdlike is Karst T. en hy hat foar syn aksje libbenskoart krigen as straf.

Thaeke Freed 01 Maaie 2009 at 5:10 pm | | Default | Reagear hjir op