It giet boven ferwachting goed mei ús beide skatsjes. Wy hawwe it der fansels smoar drok mei en ik bliuw dan ek mar hinne en wer riden tusken de Rottefalle en it sikehûs mar dat haw ik der fansels graach foar oer. By de freondinne komt de boarstfieding no in bytsje op gong. Dat duorret allegear wat langer fansels omdat ús gemelli wat prematuur wie en ûnferwacht kaam. Dochs lizze de bern al net mear oan triedsjes. Sterker noch, sy binne fannemoarn út de kûfeuse helle en promovearre nei in echt bêd. Rinkje hat sels al efkes yn bad sitten dus dy is wer lekker skjin. Wy hâlde jim op de hichte fia dizze side dy't sûnt koart ek fia
www.twaling.nl te berikken is. It slankje dat jim op de foto noch sitten sjogge is in sonde dy't der foar soarget dat sy ienfâldich byfuorre wurde kinne. Sa komt de molke streekrjocht yn de mage en kost it de bern gjin moeite. Fansels besykje wy it earst altyd efkes mei mem har molkfabryk en mei de flesse. Omdat Aetsje woansdei nei hûs ta mei hoege jim gjin kaartsjes mear nei it sikehûs te stjoeren. Kaartsjes binne fansels altyd wol wolkom op ús hûsadres:
Buorren 29
9221 TB De Rottefalle
Sa, ús berntsjes stean no ek offisjeel yn de boeken as ynwenners fan de Rottefalle. Op 'm sels apart fansels want sy ha noch nea foet yn it doarp setten. By de oanjefte krigen wy ek in twatal taaltaskes fan de provinsje mei. Hardstikke leuk mei in moaie Tomke der yn en wat boekjeguod en in DVD. Wat dat oanbelanget is de provinsje goed dwaande. As fiertaal haw ik mar Frysk opjûn want wy sille der in pear oprjochte Fryske famkes fan meitsje fansels.
Ik wie mei myn ferhaal bleaun by 13.24 doe't de beide bern krekt berne wiene. Fansels waard der earst efkes wat omtinken jûn oan de sûnens fan de bern, dêrnei wie der noch koart in panysk fotomoment want de dokter woe graach de boel wer ticht naaie fansels. Dêrnei haw ik de freondinne mar yn de OK litten en mocht ik sels mei de bern nei de berneôfdieling. Us bern leine doe noch moai yn ien kûfeuse. Troch de haast woe ik de overal útdwaan sûnder de skuon út te dwaan dus dat wie efkes in panykmoment mar gelokkich koe ik it foar elkoar krije dat op nei de berneôfdieling dêr't de nedige ûndersykjes dien waarden. Hoewol't it in ienaaiïge twilling is wie der dochs in frij grut ferskil yn gewicht. Sa wie de earste baby 2775 gram (hast 5 en in heal pûn). De twadde wie mar 2175 gram (4 en in heal pûn). Net hiel grut mar se wiene ek noch mar 35 en in heale wike âld fansels. It sykheljen woe noch net hielendal goed dat de lytste leit no oan in ynfús en ek hat der wat ekstra soerstof krigen. Dochs giet it sykheljen ynmiddels ek al wer op eigen krêft. Ik haw fan beide no al minimaal ien kear de luier ferskjinne en ek haw ik de lytse de flesse jûn. Prachtich moai is dat mar ek wol wer hiel eng omdat it allegear noch sa lyts is. Us oefenjen hat fertuten dien yn elk gefal want alle fingerkes sitte der oan. Ek hawwe se al in bytsje hier en neiltsjes. De details binne dus net fergetten. Hie ik eins al sein dat it twa famkes binne? Se hawwe de nammen Rinkje Dine en Aafke Elisabeth krigen. De pakes en beppes ha al efkes del west. Foar alle oaren is it no earst efkes saak om kalm oan te dwaan. Aetsje bliuwt noch in pear dagen yn it sikenhûs, de bern noch wat langer. De muorre efter Aetsje is noch wat keal dat fansels stiet it jim frij om in kaartsje te stjoeren. It adres:
Aetsje Spoelstra, Rinkje en Aafke Kuipers
Nij Smellinghe keamer B 346
Postbus 20 200
9200 DA Drachten
Doe't ik fannemoarn om 6.06 in pear kear de wekker útdrukte hie ik noch net troch dat dit de moaiste dei fan myn libben wurde soe. Om 6.30 yn de auto en mei faasje rjochting Dronryp om dêr gewoan oan it wurk te gean. Alles gie krekt as altyd mar doe gie om 12.00 oere ynienen de tillefoan. Meastentiids is dat dan in kollega dy't wat witte moat of dy't ús wat witte litte moat. Dizze kear wie it de freondinne. It moment wie dêr dat ik moast mar nei Drachten komme want om goed 17.00 oere soe de Keizersnee, dy't eins pas oer 14 dagen plent stie, plakfine. Ik haw my dan ek fuort by de sjef ôfmelden en bin mei noch mear faasje as fannemoarn nei hûs riden. Dêr bin ik earst mar efkes ûnder de brûs sprongen, efkes skeare en in 'kreas' boesgroentsje oan. Doe de tas fan de freondinne klear meitsje want sy wie foar kontrole nei it sikenhûs west en hie dus fierder neat by har. Krekt op de Wâldwei gie de tillefoan alwer. Ik tocht, dy sil wol wat fergetten wêze mar omdat ik mei myn snelheid al genôch bekeurings riskearde haw ik mar net opnaam. Ik wie ommers hast by it sikenhûs. Om 13.00 riid ik it parkearterrein op en doe gie de tillefoan wer. It wie skoanheit, der wie in plakje frij en de freondinne wie al ûnderweis nei de OK dat ik moast opsjitte. Ik bin dan ek flot nei binnen flein, haw by de resepsje frege wêr't de freondinne lei en sa waard ik nei de tredde ferdjipping stjoerd. Dêr oankaam waard ik nei har keamer stjoerd mar dêr wie allinnich har guod. De freondinne wie al fuort brocht nei de operaasjekeamer. Ik waard werom stjoerd nei ferdjipping 1 mar omdat de lift der sa lang oer dei haw ik mar in spurt fia de treppen dien. Al swittende kaam ik by de OK oan. Tiid om nei it hûske te gean wie der al net mear. Ik waard fuort yn in fierstente lyts operaasjeoveraltsje stoppe. De skuonhoeskes pasten ek net goed om myn maat 47 en mei it mûtske en it mûlkapke noch mar krekt op seach ik krekt dat de freondinne in rêgeprik krige. Net folle letter mocht ik plaknimme oan it holleein. Wy koene kwalik prate want dêr waard de dokter in bytsje senueftich fan mar it wie tiid om heit en mem te wurden dat sy begûnen al flot hun ding te dwaan efter it gerdyn. Doe't sy de freondinne iepen lizzen hiene die bliken dat it sim (nâlestring) nuver yn 'e tizen siet. It hie dan ek net folle skeelt as sy hiene elkoar opknope. Doe't it sim troch knipt waard spetterde it bloed my om de kop mar dat makke net út, at it mar goed komme soe mei de bern. Ik haw fan de berte fan ús earste bern net iens wat mei krigen. Berntsje twa wie der oars samar mar it die bliken dat in minút earder ek de earste al foar it ljocht kaam wie. Sûnt 13.23 bin ik dus heit en sûnt 13.24 heitys. Letter mear...

|
|