Hoewol't ús beide famkes hjoed krekt 3 moanne wurden binne fûn de oerheid it net nedich om ús in opropkaart foar de gryp te besoargjen. Dochs moast heit fan mem hjoed al efkes in prikje helje yn Drachten. Offisjeel hie ik omdat ik berne bin yn jannewaris al hiel betiid hinne moatten mar doe wie ik noch op myn wurk. Doe't ik om kertier oer fjouweren it parkearplak by de Lawei opriden kaam die bliken dat it allegear keurich foar elkoar wie. In moai rûm fergees parkearplak soarge der foar dat ik net fier hoegde te rinnen. Yn de Lawei kaam ik earst twa froulju tsjin dy't my nei de ynformaasjebaly stjoerden. Dêr haw ik myn paspoart sjen litten en sein dat ik graach in prikje hawwe woe. Nei in tillefoantsje mocht ik al oan de fragelist begjinne. Dat listke wie spesifyk foar bern ornearre mei fragen lykas Is uw kind allergisch? en Wordt u kind op dit moment behandeld door een arts of specialist? Ik snapte al net wat dat mei my fan doel hie mar it die bliken dat ik my sels dan mar yn it plak fan Het kind lêze moast. No ja, ik bin net sa fan de allergyske reaksjes leau ik dat ik bin mar gewoan foar it prikje gien. It skynt dat je der wat in stive hân fan krije kinne en wat iritaasje dat ik haw mar foar myn lofter flerk keazen. In aardige jongedame hat my de spuit yn de earm drukt en ik moat sizze, it wie net al te fervelend. By de útgong krigen wy ek noch badeintsjes mei dêr't de Hollânske stikker him gelokkich ienfâldich ferwiderje liet. Oer trije wiken wurdt ik wer ferwachte. At it goed is krij ik dus no gjin Meksikaanske gryp. Wy wachtsje it ôf...
Hjoed hawwe Rinkje en Aafke by de dokter west foar in heupkontrôle. Dit is in standaard ûndersyk dat dien wurdt by bern dy't yn in stuitlizzing lein hawwe. It skynt dat dan de heupkes soms net hielendal goed binne. By ús popkes wie hjir gelokkich gjin sprake fan. Sy binne prachtich spegele en ek op de echo wie neat nuvers te sjen. De dokter sei dat se wol 80 jier mei koene. Yn 2089 mar wer ris sjen dan.
Leave minsken, yn in earder ferhaaltsje op dizze webloch hie ik al ris melden dat wy graach pampers krije fan de fisite. Alteast, sa skynt men it te lêzen. Ik haw it krekt noch efkes neilêzen en der stiet dochs echt 'At jim wier neat betinke kinne binne wy altyd wol wiis mei ruften by foarkar fan it merk pampers'. Oare kadootsjes bin dus ek wolkom mar leaver gjin popkes mear want dy hawwe wy al in hiel soad. Mochten jim wol pampers meinimme dan hoege wy net mear maat 1 want dy is no wol hast oan de lytse kant. Wy hawwe yntusken hast alle merken ruften wol besocht en de echte pampers binne by ús dochs it bêste út de test kaam. Foar de leafhawwers stean der trouwens ek nije fotokes op
www.twaling.nl