Plysje en regels
De plysje bewarret ús kentekens krekt wat te lang yn harren databank wannear't wy wer ris lâns in flitskastje ride. No mei dat net fanwege de privacy. De plysje docht it dochs. Sy sizze dat hja har wol oan de wet hâlde wolle mar dat dan de wet mar oanpast wurde moat. Us regear past dêrom no de wet oan. De earst kommende kear dat ik in bon foar te hurd riden krij brûk ik leau'k dat selfde argumint mar. Ik wol my wol oan de tastiene snelheid hâlde mar dan moat earst dy tastiene snelheid wat omheech...35 jier Thaeke, 5 moannen heitys
Snein is Rinkje wer thús kaam. De Pakes en Beppes en heit en mem hawwe fuort mar efkes brûk makke fan dy mooglikheid om ek efkes myn jierdei te fieren. Rinkje en Aafke binne hjoed trouwens al wer 5 moannen âld. It giet nei omstandigheden hiel goed mei ús famkes al sitte se kwa drinken noch net wer op it âlde nivo. Wol hawwe wy flot de nachtfoeding dy't sy yn it sikehûs noch wol krigen der wer útgoait. Hoewol't heit eartiids net sa swier tilde oan de nachtlike oerkes bliuwt er no dochs leaver sliepen. Wy sille der ynkoarten ris in fruithapke yn besykje te stopjen. Faaks knappe se dêr fan op.Aafke is wer thús
Bruut binne ús krekt net Siameeske twalingberntsjes no dochs fan elkoar skieden. Rinkje leit noch altyd yn Nij Smellinghe mei it RS-firus wylst Aafke al wer leit te knorren op de Buorren. Foar it earst bin sy sa fier by elkoar wei mar ik moat sizze, se hawwe it gelokkich noch net sa goed troch. No mar hope dat Rinkje ek wer rap better wurdt...Werom yn Nij Smellinghe
Foarige wike wiene Rinkje en Aafke al frijwat ferkâlden mar it waard hieltyd slimmer en slimmer. Snein ha wy dêrom nei de dokterswacht west. Rinkje spuide hieltyd har molke wer út en wy wiene dan ek bang dat sy útdroegje soe. Fia de dokterswacht waarden wy trochstjoerd nei de spoedeaskjende help en net lang dêrnei wie dúdlik dat sy mar efkes bliuwe moasten. No, in pear daagjes letter fleane wy dus wer regelmjittich op en del nei de berneôfdieling dêr't ús popkes no goed fersoarge wurde. Mei Aafke giet it wol frij goed al is by har wol it RS-Firus fêststeld. By Rinkje is dat noch net fêststeld mar de dokters gean der wol fanút dat ek Rinkje dit firus no by har draacht. Rinkje is der wat minder oan ta mar wy meitsje ús noch net al te grutte soargen. It hat efkes wat tiid noadich...Myn Jierdei
Sneon soe ik yn prinsipe myn sânde lustrum fiere mar omdat ik sneon wurkje moat, wy ek noch in feestje fan de buertferiening hawwe en ús pompeblêdeploechje de jûns de P$V'ers fan har ôf hâlde moat yn de beker haw ik besletten om myn jierdei mar op snein 17 jannewaris te fieren. It sil gjin grut sûpfeest wurde lykas yn it ferline mar elkenien dy't tinkt dat er wat bydrage kin yn de feestvreugde is fansels wolkom...In bank fol mei berntsjes

Is it net prachtich, seis lytse minskjes op ien bank. Louw, Rinkje, Hylke, Aafke, Femmy en Lyne.
De bêste winsken

Fanút in kâld en rêstich Rottefalle winskje ik al myn freonen, bekenden en minsken dy't (noch) net yn dit rychje thús hearre in fantastysk moai 2010 ta. It jier is yn elk gefal al wer goed begonnen mei in frisse dúk yn de Leyen. Troch de iisfoarming wie der dizze kear útwykt nei de tagongsfeart dy't noch wol iepen lei. Mei in leider koene wy der yn- en útklimme mar ik haw fansels dizze leider allinnich brûkt foar de weromreis. Mei in lekkere lompe plons bin ik 2010 fris begûn. Nei it fris haw ik fansels fuort ek noch mar in pear jonkjes naam (by gebrek oan Bearenburch). Wâldnet hat der noch in moai filmke fan sketten.
|
|