15 maaie, lustrumklaverjassen
De ôfrûne tsien jier is der hast alle jierren wol in klaverjastoernoai west op de soas fan Bernlef. Meastentiids fûn dit plak op in tsiental jûnen mei oan it ein fan de rit foar de winners fette fleisprizen. It is dan ek ferhipte spitich dat der krekt yn sa?n lustrumjier noch gjin offisjeel potsje spile waard. Dochs is der noch hoop. It lustrumjier is ommers noch net foarby en dêrom hawwe de leden fan de ?Tsjempjuns liek? (kaart elite) yn gearwurking mei de Lustrumkommisje der foar soarge dat der op sneon 15 maaie dochs wer in klaverjaskening(in) oanwezen wurde kin. It is de bedoeling om dizze kaartsneon te begjinnen om 14.00 offisjele magnetron tiid. De soas sil fan 13.00 oere ôf iepen wêze en wy hoopje om ûngefear 22.00 klear te wêzen mei it kaarten. Sa wolle wy ek de âldleden yn steat stelle om oan dizze jûn diel te nimmen. Wy ferwachtsje fan alle klaverjassers dat sy op 15 maaie net fersake, útsein wannear?t sy mei Jarig spylje fansels...Oant sneon 15 maaie,
Thaeke, Jarig, Dorien en Jellie