Werom yn Nij Smellinghe

Foarige wike wiene Rinkje en Aafke al frijwat ferkâlden mar it waard hieltyd slimmer en slimmer. Snein ha wy dêrom nei de dokterswacht west. Rinkje spuide hieltyd har molke wer út en wy wiene dan ek bang dat sy útdroegje soe. Fia de dokterswacht waarden wy trochstjoerd nei de spoedeaskjende help en net lang dêrnei wie dúdlik dat sy mar efkes bliuwe moasten. No, in pear daagjes letter fleane wy dus wer regelmjittich op en del nei de berneôfdieling dêr't ús popkes no goed fersoarge wurde. Mei Aafke giet it wol frij goed al is by har wol it RS-Firus fêststeld. By Rinkje is dat noch net fêststeld mar de dokters gean der wol fanút dat ek Rinkje dit firus no by har draacht. Rinkje is der wat minder oan ta mar wy meitsje ús noch net al te grutte soargen. It hat efkes wat tiid noadich...
Thaeke Tiidsdei 19 Jannewaris 2010 at 1:19 pm | | Default

twa comments

Klaas Yde

Betterskip foar de berntsjes tawinske!

Klaas Yde, - 19-01-’10 14:53
Vonntsje

Ah jakkes,min nijs út e Falle lês ik…Jou de famkes mar een dikke tuut fan my, sil foar jimme tomkje dat sy rap wer thús komme sille, fit en wol. Sterkte tawinske út een reinich Balk!

Vonntsje, (Eameladres) - 19-01-’10 15:53
Emoticons
Persoanlike gegevens ûnthâlde
Warskôgje
Eameladres ferbergje
Lytse letterkes: Alle html tags útsein <b> en <i> sille út dyn kommintaar fuorthelle wurde. Ferwizings kinne makke wurde troch de URL as it eameladres yn te typen.