Sprekkoaren

Sneon hiene wy neffens my in primeur yn it Abe Lenstrastadion. Der wurdt wol gauris wat roppen op de tribune fansels mar tsjin Ajax gie it nei de (terjochte) reade kaart fan Grindheim sa lang troch dat de stadionspeaker yngripe moast. No krijt it Nieuw Noord fak út alle hoeken kommintaar mar dat is fansels net hielendal terjochte. Yn it Nieuw Noord fak stean sa'n 1200 fanatike en minder fanatike supporters wêrfan't der in pear 100 oan it razen wiene. Wat der roppen waard like fansels nergens nei (de mem fan skiedsrjochter Bossen soe it âldste berop fan de wrâld útoefenje) mar it wiene wol yndividuën en net it folsleine fak. Ik wol my dan ek graach distansjearje fan dizze sprekkoaren. Fansels rôp Bossen it oer himsels ôf troch Ajacied Van der Wiel stean te litten doe't dy de ankels fan Henrique ûnder syn fuotten wei torpedearde wylst er dêrnei by it Fean wol fuort de reade kaart pakte en dan meie jo him dat fansels ek bêst wol efkes witte litte. Dochs bin ik fan betinken dat dêr in minder ûnfatsoenlike manier foar wêze moat. Op it SC Heerenveen foarum haw ik dêrom mar ris in oprop dien ta it betinken fan orisjinele sprekkoaren dy't it selfde dúdlik meitsje mar dan op in ludike manier.
Thaeke Tiidsdei 16 Febrewaris 2010 at 10:08 am | | Default

Reagear hjir op

Emoticons
Persoanlike gegevens ûnthâlde
Warskôgje
Eameladres ferbergje
Lytse letterkes: Alle html tags útsein <b> en <i> sille út dyn kommintaar fuorthelle wurde. Ferwizings kinne makke wurde troch de URL as it eameladres yn te typen.