Aafke is wer thús
Bruut binne ús krekt net Siameeske twalingberntsjes no dochs fan elkoar skieden. Rinkje leit noch altyd yn Nij Smellinghe mei it RS-firus wylst Aafke al wer leit te knorren op de Buorren. Foar it earst bin sy sa fier by elkoar wei mar ik moat sizze, se hawwe it gelokkich noch net sa goed troch. No mar hope dat Rinkje ek wer rap better wurdt...Werom yn Nij Smellinghe
Foarige wike wiene Rinkje en Aafke al frijwat ferkâlden mar it waard hieltyd slimmer en slimmer. Snein ha wy dêrom nei de dokterswacht west. Rinkje spuide hieltyd har molke wer út en wy wiene dan ek bang dat sy útdroegje soe. Fia de dokterswacht waarden wy trochstjoerd nei de spoedeaskjende help en net lang dêrnei wie dúdlik dat sy mar efkes bliuwe moasten. No, in pear daagjes letter fleane wy dus wer regelmjittich op en del nei de berneôfdieling dêr't ús popkes no goed fersoarge wurde. Mei Aafke giet it wol frij goed al is by har wol it RS-Firus fêststeld. By Rinkje is dat noch net fêststeld mar de dokters gean der wol fanút dat ek Rinkje dit firus no by har draacht. Rinkje is der wat minder oan ta mar wy meitsje ús noch net al te grutte soargen. It hat efkes wat tiid noadich...Myn Jierdei
Sneon soe ik yn prinsipe myn sânde lustrum fiere mar omdat ik sneon wurkje moat, wy ek noch in feestje fan de buertferiening hawwe en ús pompeblêdeploechje de jûns de P$V'ers fan har ôf hâlde moat yn de beker haw ik besletten om myn jierdei mar op snein 17 jannewaris te fieren. It sil gjin grut sûpfeest wurde lykas yn it ferline mar elkenien dy't tinkt dat er wat bydrage kin yn de feestvreugde is fansels wolkom...In bank fol mei berntsjes

Is it net prachtich, seis lytse minskjes op ien bank. Louw, Rinkje, Hylke, Aafke, Femmy en Lyne.
De bêste winsken

Fanút in kâld en rêstich Rottefalle winskje ik al myn freonen, bekenden en minsken dy't (noch) net yn dit rychje thús hearre in fantastysk moai 2010 ta. It jier is yn elk gefal al wer goed begonnen mei in frisse dúk yn de Leyen. Troch de iisfoarming wie der dizze kear útwykt nei de tagongsfeart dy't noch wol iepen lei. Mei in leider koene wy der yn- en útklimme mar ik haw fansels dizze leider allinnich brûkt foar de weromreis. Mei in lekkere lompe plons bin ik 2010 fris begûn. Nei it fris haw ik fansels fuort ek noch mar in pear jonkjes naam (by gebrek oan Bearenburch). Wâldnet hat der noch in moai filmke fan sketten.
Prikje helle
Hoewol't ús beide famkes hjoed krekt 3 moanne wurden binne fûn de oerheid it net nedich om ús in opropkaart foar de gryp te besoargjen. Dochs moast heit fan mem hjoed al efkes in prikje helje yn Drachten. Offisjeel hie ik omdat ik berne bin yn jannewaris al hiel betiid hinne moatten mar doe wie ik noch op myn wurk. Doe't ik om kertier oer fjouweren it parkearplak by de Lawei opriden kaam die bliken dat it allegear keurich foar elkoar wie. In moai rûm fergees parkearplak soarge der foar dat ik net fier hoegde te rinnen. Yn de Lawei kaam ik earst twa froulju tsjin dy't my nei de ynformaasjebaly stjoerden. Dêr haw ik myn paspoart sjen litten en sein dat ik graach in prikje hawwe woe. Nei in tillefoantsje mocht ik al oan de fragelist begjinne. Dat listke wie spesifyk foar bern ornearre mei fragen lykas Is uw kind allergisch? en Wordt u kind op dit moment behandeld door een arts of specialist? Ik snapte al net wat dat mei my fan doel hie mar it die bliken dat ik my sels dan mar yn it plak fan Het kind lêze moast. No ja, ik bin net sa fan de allergyske reaksjes leau ik dat ik bin mar gewoan foar it prikje gien. It skynt dat je der wat in stive hân fan krije kinne en wat iritaasje dat ik haw mar foar myn lofter flerk keazen. In aardige jongedame hat my de spuit yn de earm drukt en ik moat sizze, it wie net al te fervelend. By de útgong krigen wy ek noch badeintsjes mei dêr't de Hollânske stikker him gelokkich ienfâldich ferwiderje liet. Oer trije wiken wurdt ik wer ferwachte. At it goed is krij ik dus no gjin Meksikaanske gryp. Wy wachtsje it ôf...Net op de heupen
Hjoed hawwe Rinkje en Aafke by de dokter west foar in heupkontrôle. Dit is in standaard ûndersyk dat dien wurdt by bern dy't yn in stuitlizzing lein hawwe. It skynt dat dan de heupkes soms net hielendal goed binne. By ús popkes wie hjir gelokkich gjin sprake fan. Sy binne prachtich spegele en ek op de echo wie neat nuvers te sjen. De dokter sei dat se wol 80 jier mei koene. Yn 2089 mar wer ris sjen dan.Ruftupdeet
Leave minsken, yn in earder ferhaaltsje op dizze webloch hie ik al ris melden dat wy graach pampers krije fan de fisite. Alteast, sa skynt men it te lêzen. Ik haw it krekt noch efkes neilêzen en der stiet dochs echt 'At jim wier neat betinke kinne binne wy altyd wol wiis mei ruften by foarkar fan it merk pampers'. Oare kadootsjes bin dus ek wolkom mar leaver gjin popkes mear want dy hawwe wy al in hiel soad. Mochten jim wol pampers meinimme dan hoege wy net mear maat 1 want dy is no wol hast oan de lytse kant. Wy hawwe yntusken hast alle merken ruften wol besocht en de echte pampers binne by ús dochs it bêste út de test kaam. Foar de leafhawwers stean der trouwens ek nije fotokes op www.twaling.nlFryske top 100
It is wer tiid foar de Fryske top 100. Juster is de stimmerij wer begûn en jim meitsje dus wer kâns op in Fryske tooooooop cd. Ik haw hjoed myn stim jûn en dit kear siet dêr in heech Sinteklaasgehalte yn. Wolle jim ek in ferske fan de Sint yn jim top 5 opnimme? It soe geweldich wêze fansels. Om te stimmen gean jim nei www.frysketop100.nl (net te ferwarren mei www.fryskealbumtop100.nl).
« Previous page |
Displaying entries 12-22 of 1285 |
Next page »