+ 1 - 0 | § ¶Lang libje de multykultykeuken
In drokke dei hjoed wer. Earst haw ik de administraasje fan de saak efkes op oarder brocht en de BTW-oanjefte dien. Dat kin tsjintwurdich fia ynternet dus dat is ferhipte handich. Fannemiddei moat ik efkes in putsje dwaan by Friesche vlag dat der bliuwt sa net in soad tiid oer foar it waarm miel. Dêrom is it handich dat ús slachter gauris de Shoarma yn de oanbieding hat. In kilo shoarma mei wat Pitabroadsjes en wat shoarma- en silisaus makket in skoander miel. In nustje boerekoal fan juster makket it fansels hielendal ôf. Lekker ite...
+ 0 - 1 | § ¶Stomme stripkes
Ik haw hjoed net in soad te melden, mar dat jout my fansels moai efkes de gelegenheid om myn gal te spuien op de Ljouwerter krante. Ik haw hjir yn Grins in abbonnemint op de Ljouwerter omdat ik graach in bytsje op de hichte bliuwe wol fan alles wat der yn Fryslân plakfynt. It grutte nijs komt fansels wol fia oare media as fia ynternet dizze kant op. Mar júst de lytse nijtsjes fyn ik nijsgjirrich. Ek de polityk yn Fryslân hâld ik yn it each. Eartiids lies ik ek altyd efkes de stripkes. Bynammen 'De Rechter' en Lytse Pier fûn ik altyd geweldich. Sûnt in pear wiken hat de rjochter plak makke foar in oar stripke, en ek Lytse Pier is ferdwûn. Op dit stuit binne de stripkes net leuk mear en sla ik se dan ek meastentiids oer. Wat my oanbelanget mei 'De Rechter' fuortdaalks wol wer werom komme. En oars Fokke en Sukke, want ek dy fyn ik meastentiids geweldich. Ljouwerter krante, hâld op mei dy flutstripkes en lûk in pear sinten út foar kwaliteitshumor...
+ 1 - 1 | § ¶Feehannel
Sa weinich respekt at ik de ôfrûne dagen foar Samaras en syn saakwaarnimmer opbringe koe, safolle respekt haw ik no wol foar it bestjoer fan it Hearrenfean dat troch it spultsje tûk te spyljen dochs wer de haadpriis fongen hat foar ús siike Gryk. It is wol te hoopjen dat er him no wer wat better fielt oars komt er fansels net troch de medyske seleksje. As klapper op de feestfreugde ek noch in 2-0 winst yn de kompetysje tsjin it altyd lestige RBC. Bruggink begjint eindelik te skoaren en is op dit stuit de kluptopskoarder (mei 3 goals). Tsjin Ajax mei hy dat wol efkes wat oanskerpje fansels. Mar sjoen it feit dat Gert Jan Verbeek al in bytsje ferklapte dat der mooglik noch wol in tropyske ferrassing komt sil wy moarn en tiisdei fansels it nijs goed folgjen bliuwe. Op nei de bekerfinale, wol de earste Fries it ljocht oan dwaan...
+ 0 - 1 | § ¶In jûne yn Grins
Ik mei wol graach in stikje Fryske muzyk hearre, fandêr dat ik ek gauris in Frysk nûmer brûk yn de titel fan myn stikje. Wy ha justerjûn wer in legendaryske pypkesjûn meimakke op Bernlef. Eltse freed sitte der in stikmannich âldleden op de soas, mar doe't ik no de soas om 23.10 binnen kaam wie it stampfol. It die bliken dat it bestjoer dwaande wie mei de bestjoeredei. Dat hâldt yn dat hja mei alle bestjoersleden fan studinteferienings fan de Contractus op stap wiene by de ferskate ferienings del. Fan 22.00 oant 24.00 soene hja by Bernlef wat drinke, mar hja hiene it klokje al hast rûn west want hja wiene middeis om 12.00 al begûn. De stimming siet der dus fuortdaalks goed yn. Allinnich wol spitich dat de muzyk net wat lûder mocht. Neidat 2 leden fan de senaat fan Vindicat ús in nij spultsje spikerslaan leard hiene (mei mar 3 spikers: de, het en super) hawwe wy harren ek noch efkes yn de kunde brocht mei it phúffen. Yntusken wiene de oare bestjoerders al ûnderweis nei Dizkartes mar ús 2 senaatsfreonen hawwe mei ús it fleske noch efkes leech phúft wêrby't ien fan de 2 it sels noch prestearde om in klassieke phúf te blazen (yn ien kear alle kaarten fan de flesse op ien nei). Nei it spikerslaan en it Phúffen hiene wy fansels noch wol in troef efter de hân dat wy moasten mar efkes nei Vindicat ta om dêr te toulûken. It toulûktou gie mei de stêd yn mar healwei de Poelestrjitte wie der al in mislukte plysje (stedswacht ofsa) dy't ús advisearre om efkes efterlâns te gean. Uteinlik kamen wy yn de CZ (de grutte seal by Vindicat dy't oan it grutte balkon grinzet) dêr't de Senaat 5 sterke mannen útsykje mocht om tsjin 5 fan ús te lûken. Omdat hja ús dochs wat sterker ynskatten as harrensels waard besletten om efkes ien ferdjipping heger te sjen. Dat wie efternei besjoen in goeie beslissing fan de Senaat want 2 kear hiene hja gjin poat om op te stean. No op nei Albertus want dêr moast de Senaat noch efkes del foar de einbuorrel. Wy wiene fansels yn de 'winning mood' dat wy wiene al rap by Albertus binnen dêr't it net folle drokker wie as op in gemiddelde pypkesjûn mar dan de helte minder gesellich en dêr dan wer de fjouwerkantswurtel fan. No ja, dat makke ek net út, der wie dus genôch rûmte om te lûken en omdat wy ús goed fielden, mocht Albertus mei 5 wylst wy mei mar 4 man oan it tou hongen. It is dat se op tiid los lieten mar oars hiene wy hja fan de trep skuort sa maklik gie it. Neidat Jelmer noch efkes neaken yn de kroanluchter klommen wie en dêrby in minút as fiif in kâlde brânslang trotsearde waard it tiid om werom te gean nei de Pizel (de soas fan Bernlef). Mar fansels woe Boele it thúsfoardiel efkes brûke om fan my te winnen yn in ien-tsjin-ien kriich. Dus lutsen wy yn de brugstrjitte efkes oan it tou wêrby't Boele nei syn hûs ta luts en dêrtroch krekt wat mear bringe koe al gie it net mei meters tagelyk. Spitich dat in fervelende plysjeman it wer bedjêre moast. No hie ik op 'm sels wol in diskusje mei dy man fiere wollen oer at er al Frysk leard hie, en sa net, dat der dan efterfolgingen by Fryske peallen ôfbrekke moast at er immen überhaupt noch wol by hâlde koe no't se net mear sa hurd ride mochten. Mar ja, it like my ferstandiger om it net te dwaan, dat wy ha de man mar foarhâlden dat wy fan Albertus wiene, en dat se de bekeuring dêr wol hinne stjoere mochten. Op de soas wie it dêrnei noch lang gesellich. Sa eindige de jûne yn Grins om in oerke as 7.00 wer yn Finkhuzen dêr't it bêd al foar my klear lei. It wie in moaie jûne yn Grins, wat trouwens in nûmer is fan de eartiidske bluesband Swiet & Bjuster. Dan witte jim dat ek wer efkes...
+ 1 - 0 | § ¶It Fean moat doel oanpasse
Woe Gert Jan earst noch by de earste 5 eindigje, nei it fuortgean fan Huntelaar en it 'skoaltsjesiik' wurden fan Samaras binne de te heljen doelen bysteld. No moat der in plakje by de earste 9 befjochte wurde om sa útsjoch te hâlden op de Play-offs en UEFAcup fuotbal. Neffens my hiene wy better de echte doelen yn it Abe Lenstrastadion bystelle kinnen. Sjoen it feit dat der allinnich mar middenfjilders bykomme soene de goals faak better op de râne fan de 16 pleatst wurde kinne ynstee fan op de efterline. No wy wachtsje it ôf, mar at wy fan RBC ferlieze ferwachtsje ik al wer in hiel fervelende wedstryd kommende tongersdei tsjin Ajax. No wy wachtsje it ôf. Ik sil daalks earst efkes wat bûsjild fertsjinje en dan jûn noflik efkes ien (as mear) joustra-sânomheechje drinke op de soas fan Bernlef dêr't myn maat Boele taapje sil.
+ 1 - 0 | § ¶Arbitraasje, arbitraasje, arbitrahaaasje
Wy ha wer (noch) in spits by it Hearrenfean. Georgios hat syn arbitraasjesaak net wûn en moat syn kontrakt foarlopich gewoan úttsjinje. No mar hope dat er tsjin RBC op skerp stiet. Want hy sil wol slim teloarsteld wêze mei dizze beslissing. Foar it Fean is it fansels ek net ideaal om immen te hawwen dy't leaver earne oars spile hie. Mar faaks kin wy de kommende wedstriden WOL wer mei syn allen juige foar Georgios, en net sa as de lêste kear tsjin Sparta, wêr't de sfear om te snijen wie. Der is noch hoop tsjin Ajax en Steaua, dat mei dúdlik wêze...
+ 0 - 1 | § ¶Stim( )wizer
Ik hearde krekt op it sjoernaal dat de stimwizer wer fan start gien is foar de kommende gemeenteriedsferkiezings. Ik haw it gelok dat ik yn Grins wenje, want yn Fryslân is Snits de ienige gemeente dy't oan de stimwizer meidocht. En dy stimwizer fan Snits is noch net iens aktyf. Mooglik omdat op dit stuit noch hurd wurke wurde moat oan in Fryske oersetting. No ik haw de stimwizer foar Grins dus efkes ynfolle en dêr kaam as stimadvys VVD út mei in twadde plakje foar de Stadspartij en Student en Stad as tredde kar. Ek D'66, CDA, Christenunie en de PVDA stiene noch yn it griene. Mei de partij foar it Noarden haw ik skynber net folle, mei de SP, Grien Links en de Nieuwe Communistische Partij Nederland noch minder sa docht bliken. Konklúzje: Ik bin rjochts en ik bin op wei om in goed ûndernimmer te wurden (VVD). De PVDA is rjochtser as men tinke soe. En as lêste hie ik fjouwer jier ferlyn net op Jan Ale stimme moatten...
+ 0 - 1 | § ¶De tiid hâld gjin skoft
Ik haw de hiele dei efter de kompjûter sitten en de tiid fljucht om. It is al wer hast seis oere dat ik soe no al drok oan it itensieden moatte. Fan dêr dat ik it koart hâld dizze kear, moarn is der grif mear te besprekken, lykas de arbitraasjesaak fan Samaras. Van Hooijdonk giet nei Feyenoord, it Fean hellet in nije middenfjilder út de feriene steaten (faaks kin er foar in prikje meireisgje op in CIA-flucht). No noch in nije spits fansels, want wol jild, mar gjin fuotbaljen, dat kin fansels net...
+ 0 - 1 | § ¶Alvestêdekoorts?
It kâlde waar komt der no echt oan. Foar hoelang, dat is noch net dúdlik mar yn Dútslân wie it op plakken al -35 graden fannacht. Faaks krije wy dit jier noch in alvestêdetocht want it skynt dat de sinneflekken yn ús foardiel wurkje op dit stuit. Justermiddei moast ik efkes in heal oerke op de fyts fuort. Myn fingers frearen der sawat ôf. Ek haw ik al in wike lêst fan in frjemd soarte fan koartslip. Soe it gewoan in firuske wêze dat ik kado krigen haw op myn jierdei, as soe it dochs in foarteken wêze fan de Alvestêdekoarts?
+ 1 - 0 | § ¶Spartaanske tastannen
It gie der juster mâl oan ta by it Fean tsjin Sparta. Net op it fjild mar bynammen op de tribune. Dêr't it Fean eins de hiele wedstryd yn hannen hie útsein de lêste tellen doe't der alles of niks spile waard omdat de goal mar net falle woe (mooglik troch it ûntbrekken fan in goeie ôfmakker). De stewards hiene oars harren hannen wol fol oan in pear minsken wêrfan't it IQ berekkene wurde kin mei de formule IQ=faknûmer+leeftiid. Wat der krekt barde, ik wit it net, mar de flam sloech yn de plasse fan guon anti-Samarasmanlju en troch al dat gesoademiter haw ik sawat in kertier fan it balskoppen mist. Op minder dan in meter ôfstân fan my besochten dy idioaten in maat te ûntsetten dy't troch de Stewards ôffierd waard. Ien fan de mannen wie sels sa gek dat er fan de tribune nei ûnderen springe woe. No fan my hie der it besykje mochten want sok folk bedeart it foar de echte Feanfans en ik haw sokken leaver yn de Tsjongerskâns dan yn it Abelenstra stadion. Mar ach, it sil allegear wol op kamera's stean en dat soe betsjutte kinne dat der wer wat rûmte komt yn fak 10. Miskien moat ik dan oar jier ek mar in seisoenskaart oanskaffe...
+ 0 - 1 | § ¶Neitoarst foar it balskoppen
Sa, myn bealch is wer wekker, no myn holle noch. It wie juster wer hiel gesellich op de soas al hie it fierder net folle om it liif. Ik leau dat ik om in oerke as 4.30 thús kaam mar wis bin ik dêr net fan. Gelokkich haw ik de seisoenskaart fan myn maat Cnossen efkes liene kinnen sadat ik jûn nei It Fean - Sparta kin. Klaas koe ek net hinne, dus ryd Jelmer ek mei. Ris sjen at Samaras yn syn mooglik lêste optreden foar it Hearrenfean noch de selde ynstelling toane kin as Huntelaar yn syn lêste wedstryd tsjin Ajax. At Samaras goed is sil ik him net útfluitsje. Mar hy sil der al foar fjochtsje moatte, want fan Sparta meie wy fansels net ferlieze. Wat my oanbelanget helje wy Pierre van Hooijdonk foar in heal jier, dan kin Samaras wol nei Manchester City ta en dan sjogge wy yn de simmer wol fierder. Myn foarspelling foar fannejûn is It Hearrenfean - Sparta: 4-0
+ 0 - 1 | § ¶Pypkesjûn
Jûn is it wer pypkesjûn by Bernlef. In spesjale jûn foar âld(ere)leden. At it goed is stiet der noch in bûsflakontsje bearenburch op de soas op my te wachtsjen. Dat wie ôfrûne freed troch de stewards fan FC Grins ôfpakt by myn besite oan harren griene balskoptempel mar lokkigernôch wurket ús SB-ko Germ ek yn de Euroborg dat sadwaande is it fleske wer boppe wetter kaam. Faaks kin ik dêr fannejûn noch wat wille oan belibje. Oars sille der grif wol wer in pear moaie mominten plakfine dy't it deilocht net ferneare kinne. De soas hat ommers gjin ruten...
+ 0 - 1 | § ¶Turks Swiet
Sûnt in pear moanne is it boek Turks Fruit fan Jan Wolkers ek yn it Frysk te krijen. Ik haw Turks Fruit eartiids lêzen foar myn Nederlânske list fan sawol HAFÛ as TWÛ en ik haw fan it boek genoten. Hoewol't it boek skreaun wie yn de jierren '60 en ik it lêzen haw begjin jierren '90 wie it noch altyd like omearmjend. De frije manier fan it skriuwen fan Wolkers oer seks lêst lekker fuort. Mar der is mear as allinnich mar seks yn dit boek. Jan Wolkers wit op in unike wize yn koarte haadstikken mei moaie titels syn fyzje te jaan op it libben en de dea. Hy lit sjen dat je net in soad nedich hawwe om gelokkich te wêzen. Jild is net wichtich, al it oare is mar tydlik. Mar úteinlik oerwint de leafde. No hat Tineke Beetstra Turks Fruit oerset yn it Frysk dêr't it de titel Turks Swiet mei krigen hat. Ik haw it boek kocht en oppenij lêzen. En ek yn it Frysk griep it boek my wer oan. Safolle boeken binne der ek net yn it Frysk dêr't sa iepen en bleat oer seks praten wurdt. En dat is wol ris noflik fansels. Dit is in boek wêrfan ik fyn: Better goed oerset dan min betocht.
+ 1 - 0 | § ¶Praat mar Frysk suster
Wy hawwe krekt efkes mei ús mem nei it Siikenhûs fan Snits west om by ús heit en syn nije knibbel te sjen. It like allegear goed. Hy wie sels al wer nei it húske west (mei krukken) dat it liket der op dat er freed wer nei hûs ta kin. Ik kaam myn âld dokter ek noch tsjin dy't my 20 jier ferlyn fan myn stikje nulle ôfholpen hat. Hy herkende my net mear dat ik haw it der mar net oer hân fierder. Wat my wol opfoel wie dat de susters allegear Hollânsk praten. It like wol as wie it in plysjeburo. Hja koene wol Frysk mar kennelik wie dat net foarskreaun troch it siikenhûs ofsa. Nei in pear wurdsjes geef Frysk waard wer oergien op it Hollânsk. Dat kin better suster, dat kin better...
+ 1 - 0 | § ¶Operaasjes
Juster waard ús heit operearre. Mar gelokkich is alles goed ferrûn. No mar ôfwachtsje at it holpen hat fansels. Wy sille moarntemiddei efkes by him op besite yn it siikenhûs fan Snits. Ik haw hjoed ek noch efkes in kaartsje helle foar it Hearrenfean tsjin Steaua Boekarest op 15 febrewaris (UEFA). Gelokkich wiene der noch kaarten foar fak 10. It sil wol mei it feit te krijen hawwe dat it seisoen foar de Feanfans frijwat oan de priis is. Neist in seisoenskaart binne der in soad ekstra wedstriden lykas de Gatoradecup en de UEFA-cup. En dan straks oan it ein fan it jier ek noch de playoffs. Ik haw gjin seisoenskaart dus dat skeelt wer, mar oant no ta haw ik wol alle Europeeske thúswedstriden besocht fan dit jier en it ôfrûne jier. It sil my benije mei hokker goaltsjesdiif Riemer en Gert-Jan de kommende wedstriden yn gean sille want Samaras hat nei syn aparte optreden fan juster fansels behoarlik ôfdien. Lit dy jonge mar foar de haadpriis nei Manchester City gean en helje foar 1 febrewaris noch immen dy't wol graach foar it Fean útkomme wol. En oars moat Samaras ek noch mar efkes ûnder it mes, om him te befrijen fan syn seursek!
+ 1 - 0 | § ¶Under it mes
Op dit stuit leit ús heit at it goed is yn it siikenhûs. Hy sil hjoed in heale nije knibbel krije. Dêr't Beatrix in 'royal knee' krige krijt ús heit wierskynlik gewoan ien fan rustfrijstiel, mar wol in rojalen ien fansels. Want hy moat al hiel wat drage kinne. In operaasje is fansels altyd in hiele yngreep, mar ús heit sil net folslein ûnder narkose brocht wurde. Al mei hy de operaasje net sjen fan de Dokter. "Oars dogge jo dy oare knibbel daalks sels" wie it argumint.
+ 1 - 0 | § ¶Biertje?
Sa, it hûs is wer leech. It hat moai west, it hat gesellich west, en der binne noch frikkedillen. Elkenien is op hûs oan. De bearenburch is hast op, de frisdrank in flink gat yn slein, mar ferjamme it ienige dat wy sels net meie is noch oer. Wa helpt my fan myn bier ôf. De earste pear minsken dy't ynkoarten jierdei binne krije in kistje bier op de jierdei dat mei dúdlik wêze. Of ik moat ynkoarten de Champions League winne yn huize Sipma (de Pleats)...
+ 1 - 0 | § ¶Jierdeistress
Moandei haw ik de jierdei, en as jierdeikadootsje krijt ús heit in nije knibbel op dy dei. Dêrom fier ik de jierdei mar in pear daachjes earder (hjoed dus). Sa'n jierdeifeestje bringt dochs altyd wol in moai soad stress mei him mei. Wat moat der komme, wa komme der wol, en wa komme der net. Is der genôch guod om de kiel te smarren, en binne de hapkes op 'e tiid klear. Krekt foardat de earste gasten komme moat Aetsje sa noadich noch in taart bakke, mar op it moment súprêm komt it der fansels wer op del dat ik dy taart bakke moat. Gefolch is dat ús hiele keuken no ûnder de sûkeladespatten sit (fan de mjukser) en dêrby nimt it stressgehalte fan Aetsje logaritmysk ta. Dat wurket my dan wer op myn senuwen wêrtroch't ik my mar wer efkes werom lutsen haw efter myn rekkenreau om oan myn webloch te wurkjen. Ik haw guon minsken útnoege, mar ik haw ek guon minsken net mei opsetsin fergetten út te noegjen. By dizze meie de minsken dy't noch net útnoege wiene mar dy't wol fan betinken binne dat se der by hearre ek komme. Hja kinne dizze bydrage yn myn webloch as in útnoeging beskôgje. Minsken dy't net witte wêr't ik wenje binne net wolkom! It feest begjint om goed 21.00 oere.
+ 1 - 0 | § ¶Kûfeusefuotbal
Ik haw juster tsjûge west fan de iepening fan de Euroborg. Mar de jûn begûn al earder by Bernlef dêr't wy hiel gesellich efkes yndronken hawwe. De sfear siet der goed yn en it wie perfoarst net in smookfrije jûn. It gong sa mâl dat de buorman fan boppe bang wie dat syn pimel yn in reekwoarst feroarje soe. No dat wie net de bedoeling fansels. Ik woe graach betiid by it stadion wêze om noch wat fan de iepening mei te krijen. De oaren woene leaver wat letter hinne dat ik op it fytske nei de Euroborg. Mar earst noch nei de Mc Donalds dêr't ik mei myn fyts foar in enoarme opstopping soarge yn de Mc Drive. Ik mocht net op de fyts troch de Mc Drive. Nei in lange diskusje waard der in iritante útsmiter op my ôfstjoerd, der stie oars ek al in flinke rij auto's mei Grinsfans efter my. Ik woe 2 Big Macs en gjin útsmiter want aai is net echt myn favorite iten. Dat ik bin mar mei in lege maach fierder gien nei it stadion. Gelokkich wie myn útregistraasje goedkaam. Minder lokkich wie ik mei de Grinzer befeiliging dy't myn heupflakontsje mei Widdo Joustra ûnduts. De foartekens fan in echte freed de tretjinde wiene der doe al. Troch in tunnel it stadion yn en ynienen stie ik yn de Euroborg yn in noch hast leech útfak. Ik moat sizze, it stadion sjocht der op 'm sels prachtich út en ek it útfak hat in rojaal en net sa min plak krigen mei goed sicht op it fjild. Wat wol spitich is is dat der in dikke plaat glês fan hast 3 meter heech foar sit wêrtrochst it idee hast datst yn in kûfeuse sitst of in akwarium. Foardielen binne der fansels ek. It glês kin prima as trommel brûkt wurde en je kinne de Grinzers op de ûnderste ring moai besjen as wiene it aapkes yn Emmen. De lesersjo wie wol aardich, fan de rest fan de iepening haw ik net it meast meikrigen en hoe't Arjan Robben it stadion úteinlik iepene hat soe ik net iens witte. Doe begûn de wedstryd en de sfear wie poerbêst. De Grinzers ha wy it earste heal oere net heard mar skiedsrjochter Haverkort naam efkes wraak foar Braamhaar en fluite yn alles tsjin it Fean. Der mocht mar ien ploech winne jûn dat wie dúdlik. Der wie ek mar ien ploech dy't winne woe en dat wie spitigernôch Grins. Elke ôffallende bal wie foar de Grinzers en sa krigen ús spitsen gjin inkelde kâns. Dat Grins úteinlik 2 kear skoarde wie ús min nei it sin mar it hie noch wol slimmer kint. Lit wy ús der mar oan fêst hâlde dat it úteinlike risseltaat fan de kompetysje om de 'trots fan it Noarden' mei 4-2 wûn is. Op de weromreis hiene wy fan de Grinsfans net in soad te frezen. Der wiene by ús dan ek gjin problemen om wer op de soas te kommen dêr't de jûn stylfol oan 'e ein kaam mei in rituele kaartsjeferbaarning op de bar. De bar is dêr spitigernôch net better fan wurden...
+ 1 - 0 | § ¶Fuotbal en blessures
Dat je by it fuotbaljen gauris bleseard reitsje mei bekend wêze. Mar dat it no ek al bart by it heljen fan in kaartsje foar it balskoppen is fansels minder. Fannemoarn koene klupkaarthâlders in kaartsje helje foar de bekerwedstryd fan it Fean tsjin Ajax en omdat ik graach yn it fanatike steanfak (fak 10) stean wol moast ik der dus betiid by wêze. Om 8.45 oere rap nei it winkelsintrum ta, mar by de earste bocht helle myn achterste tsjil my al yn. It wie glêd en ik gie ûnderút. It like allegear ta te fallen dat ik bin trochflein nei de MILO yn it winkelsintrum fan Finkhûzen mar dy wie noch net iepen. Doe haw ik efkes nei de AH west om in blikje kola. Mar de automaat die it net, myn jild kaam der net út mar de kola woe der my ek net taskikke. Doe't in frommiske fan de servicebaly my holp die bliken dat der al mear minsken west wiene, it jildbakje streamde sawat oer en der sieten sels 2 euro munten yn. Wol apart dat je dêr dan neat fan sizze liket my. Miskien hat Zalm gelyk wat de earmoed oanbelanget, alteast foar besikers fan de AH. No ja, úteinlik is it my slagge om in kaartsje foar fak 10 te krijen. Der wie sels noch immen foar my dy't ek nei de wedstryd woe, al siet dy leaver yn fak 18. No ik net, ik stean op 2 febrewaris efter it Fean. Moarn ek fansels, al sil ik dan wol wat kreupel rinne want myn blessure is dochs slimmer as ik tocht. Moarn mear oer de Noardelike Derby fansels...
+ 0 - 1 | § ¶In bytsje heal
Ik bin hjoed net echt fit, myn noas sit ticht en myn foarholle stiet ûnder druk, dat ik sil wol in bytsje siik wêze. Fansels haw ik wol nei myn wurk west en ek myn webloch sil it fuort net sûnder my stelle kinne. Aetsje sil daalks lekkere eigenmakke snert meitsje. Dêr bliuwe jo net lang siik by fansels. Mar ik haw it drok, dat dizze bydrage is krekt as my in bytsje heal...
+ 0 - 1 | § ¶De út-en-thúswedstryd
Myn útregistraasje foar it Hearrenfean is der lang om let trochkaam. Krekt op 'e tiid want freed sil ik der al gebrûk fan meitsje. Dan sil ús SC hjir yn Grins te gast wêze by de FC om harren nije stadion, de Euroborg, te iepenjen. In soart út-en-thúswedstryd dus eins, mar fansels sit ik yn it útfak en bin ik yn dizze foar it Hearrenfean. Wy sille de Euroborg ris efkes ûntgriene. De Grinzers kinne alfêst mar begjinne te sipels skilen want skrieme sille. Tsjin Veendam ha sy foar 2 wedstriden genôch goals makke (5-0) dus no is it wer tiid foar Samaras om sjen te litten dat er seker net minder is as Huntelaar. En koe de FC twa jier ferlyn Huntelaar noch krije, foarich jier ha se Age Hains Boersma fan Snits gean litten. No hoe't it mei Huntelaar ôfrûn is mei dúdlik wêze. Age Hains hat no ek tekene by de SC dat Ajax kin mar alfêst wer begjinne te sparjen. Boppedat is it fansels altyd goed at de SC ek in pear Friezen yn tsjinst hat. Myn foarspelling foar freed is: 0-2 (0-4 - 2x Huntelaar - Bosvelt + Lasse Nillson).
+ 1 - 0 | § ¶Wurch, sa'n protte te dwaan
Ik lien mar wer efkes in stikje út in bekend Frysk nûmer om dizze post mei te iepenjen. Foar de leafhawwer, 'Wurch, sa'n protte te dwaan' komt út it nûmer 'Wurch' fan de band Reboelje dy't der spitigernôch twa jier ferlyn mei ophâlden is. Juster haw ik de hiele dei oan it wurk west, fannemoarn wer en om 19.00 oere wurdt ik wer yn de sporthal ferwachte foar myn wyklikse plúmkejei-sesje. Gelokkich haw ik moarn noch net al te folle ferplichtings en kin ik dan wer efkes wat foar my sels en foar oaren dwaande. De webloch sil hjoed net in soad oan gebeure bin ik bang. No ja, ik woe der dochs efkes wat op kwyt, al is it mar út prinsipe.
+ 1 - 0 | § ¶Pivot yn it Frysk
Dizze webloch wurdt makke mei it programma Pivot. Ik moat wat dat oanbelanget alles noch in bytsje útfûgelje mar dat komt grif wol goed. Yn alle gefallen haw ik it folsleine taalbestân no oerset yn it Frysk. Fansels sille der hjir en dêr noch wol wat saken ferbettere wurde moatte mar it begjin is der. No ris sjen dat ik it saakje in bytsje foarm jaan kin. De standerteftergrûn haw ik der yn alle gefallen mar alfêst ôfsmiten. Op dit stuit haw ik de side foarsjoen fan de selde giele eftergrûn as fan myn allerearste ynternetside út 1995. Ik bin wurch en sil sa op bêd dat it moat sa earst mar efkes bliuwe.




