+ 0 - 1 | § ¶Kalou - Verdonk
Hulde foar minister Verdonk. Fuotballer Salomon Kalou soe safolle mearwearde hawwe foar it Nederlânsk alvetal dat er mar rap Nederlander wurde moat fine Cruyff, Van Basten, Gullit en noch in pear hoatemetoaten. Mar de bêste jonge kin de taal net iens. Hy is ek sakke foar de relatyf ienfâldige ynboargeringstoets. Verdonk hat no tasein dat er mei faasje Nederlander wurde mei at er oan twa easken foldocht. Yn it foarste plak moat er dus de ynboargeringstoets helje. Dêrneist moat er sjen litte dat er yn Nederlân wenjen bliuwe wol. In drege taak fansels foar de breafuotballer dy't gjin nocht hat om Nederlânsk te learen en dy't oar jier nei syn optreden op it WK djoer troch Feyenoord oan in bûtenlânse klup holpen wurde kin. Mar dan moat er wol in EU paspoart hawwe fansels, want oars smyt er lang safolle net op omdat klups mar in beheind tal bûtenlânske (bûten de EU) spilers opstelle meie. Ik bin net sa ûnder de yndruk fan dy hiele Kalou. Hoe soene wy it fine at dy Manschaft 'Das Fantoom' fan ús oernimme soene, en de Ingelsken Ruud van Nistelrooy? It soe faaks net iens sa gek wêze want dan krijt Klaas Jan ek syn kâns...
+ 0 - 1 | § ¶Op en del gean
Ik wenje yn in grutte flat fan tolve ferdjippings en wol op de tsiende ferdjipping. Dat betsjut dat wy foar in grut part ôfhinklik binne fan it goed funksjonearjen fan de lift. No hawwe wy yn ús 60 ûnder ien kapswenning dus 2 liften, ien foar de even- en ien foar de ûneven ferdjippings. Mar omdat Patrimonium ús sa aardich fynt ha se besletten dat de beide liften kompleet fernijd wurde fan binnen en fan bûten. Dat is fansels prachtich, mar dat hâld wol yn dat wy no al hast ien moanne mei mar ien lift ta moatte. De ûneven lift is no hast klear, dêrnei is ek ús lift noch oan de beurt. Mar omdat wy no dus mar ien lift ta ús beskikking hawwe kin it barre dat je wat langer wachtsje moatte. Soms is der ien oan it ferhûzjen bygelyks. Noch minder is dat de doar op de achtste ferdjipping net goed ticht wol. Dêrtroch bliuwt de lift gauris op acht stean en nimmen kin der dan mear wat mei wurde. Sa moast ik hjoed dus mei in lading boadskippen alle treppens op. Doe't ik op de achtste ferdjipping kaam haw ik fansels de lêste 2 ferdjippings noch al efkes mei de lift dien. Myn freondinne is krekt hymjend thúskaam. Ek by har stie de lift wer fêst op acht. Dus it is heech tiid dat hjir wat oan dien wurd. Moarn begjinne se oan de even lift, wy kinne dan wer gebrûk meitsje fan in folslein renovearre lift. Mar it neidiel is dan fansels wol dat wy altyd ien treppen omheech as omdel moatte ear't wy by de lift binne. No ja, wy kin dan yn alle gefallen wer noflik op en del...
+ 0 - 1 | § ¶Geëamel oer Coca Cola
Der wurdt de lêste tiid in soad eamele oer de nije flessen fan Coca Cola. Se binne te sêft wêrtroch't der by it iepen meitsjen in fracht Cola útspuitsje kin. Ek wolle se net goed stean bliuwe troch de nije ûnderkant. Coca Cola docht it oerkommen dat se de nije flessen ynfiert hawwe omdat dy oare flessen net A-merk weardich wiene. Dêr is men dan wol let efterkaam fansels. Wol Coca Cola echt wer nei A-merk flessen ta, dan moat se de glêzen flesse wer ynfiere want dat is pas echt A-merk weardich. Nee Coca Cola hat mei dizze nije flesse in moaie manier fûn om de priis wer nei it nivo fan foar de priiskriich te bringen. Want dat de Coca Cola flink yn priis ferhege is dat mei dúdlik wêze. En om ús dêr oan wenne te litten hawwe se no de 4 helje en mar 3 betelje regeling. Dan kinne de minsken de nije flessen alfêst keapje foar de âlde priis. In lytse stap straks om oer te gean nei de folle mep. Handige jonges dy jonges fan Coca Cola. Mar wat ik it measte mis oan de nije flesse is de wiide ring oan de boppekant. Dêr koest de flesse altyd sa maklik oan meinimme, tusken de wiis- en de middelfinger, op in nachtelijke speurtocht. Mar dan wol fol mei Aldiwyn fansels...
+ 1 - 0 | § ¶In noflike jûn as dopper
Fannemoarn kaam ik om 6.00 oere thús. It wie wol fris mar net heal sa kâld as tongersdeitejûn. Ik wie taper (eins dopper want de taap is op freeds ticht) en dus noch sa goed as nuchter. It wie net drok mar ik haw my wol poerbêst fermakke. It smûke hoekje oan de bar siet wer fol mei allegear aparte typstra's wêrby't de termometer by flagen wer fier útsloech nei it pervasive. Nei tal fan nijsgjirrige diskusjes waard troch it Sineeske part fan de delegaasje besletten om nei hûs te gean. Alle oaren útsein Johan bin ôfset nei de Golden Arm wêrnei't ik besletten hie om de boel mar ticht te goaien. Dat wie tink ik om in oerke as trije. Dat ik dochs pas om seis oere thús wie hie te krijen mei de nijsgjirrige gesprekken dy't ik mei Johan fiert haw. Wat der krekt besprutsen waard is fansels it 'beropsgeheim' fan in taper. Mar dat wy ûnder it genot fan de troch ús SB ynkeaper oanskafte gehaktbaltsjes yn waarme sju noch in pear weardefolle oerkes makke ha dat mei dúdlik wêze. Ik wol hjirby ús ynkeaper ek noch efkes betterskip winskje want hy skynt fan de fyts fallen te wêzen ûnderweis nei in bernlefkamp en no mei 4 hechtings om te rinnen. No noch wat joustra-sânomheech glêzen oanskaffe lytse punkkabouter en dan bist wer ús held...
+ 0 - 1 | § ¶Jûn pypkesjûn
Foar de âldleden fan Bernlef dy't noch wat bining mei it floeiber guod hawwe en de notiidske leden dy't spitigernôch net mei koene op kamp is der jûn wer de fertroude Pypkesjûn op de soas fan Bernlef. It bestjoer is der net by (want dy bin op kamp) dus it sil der wol wer útnaaie. Johan sil oant 23.15 efkes foar jim dopje, dêrnei nim ik it oer. In âlderwetsk gesellich jûntsje barhingjen foar de echte leafhawwer dus. Do komst dochs ek?
+ 1 - 0 | § ¶Hulde foar it Fean
Fansels wie it Fean sa goed as kânsleas nei de 1-3 yn it Abe Lenstrastadion. Mar dochs giene hja der yn it stampfolle stadion fan Steaua foar. Trije kear skoare wie fansels net te dwaan mar yn de lêste minuten makke ynfaller Arnold Bruggink dochs noch de winnende goal. Wy hawwe de wedstryd op de soas fan Bernlef sjoen en dêr wie it bearegesellich. Ik tink dat der wol in stik as 15 minsken wiene dy't de wedstryd allegear op harren eigen wize belibbe hawwe. De buorlju koene grif meigenietsje en faaks hat M8eld ús ek noch hearre kinnen? AZ ha wy ek noch efkes sjoen en dy hiene fansels in noch mindere jûn dan wy omdat hja wol alle kâns hiene om te winnen. No ja, dan moat ús âldspiler Klaas Jan mar soargje dat Ajax in rûnde fierder komt. Net foar Ajax fansels, mar foar de punten dy't nedich binne om Portugal foarby te gean om sa in ekstra Champions League plakje te fertsjinjen...
+ 0 - 1 | § ¶Lamlendige dei
Ik fiel my hjoed net hielendal 100 punten. Faaks bin de dokes op myn balkon besmet mei H5N1 ofsa want ik bin de hiele dei al frijwat sjachrijnich. It soe fansels ek de gewoane gryp wêze kinne dy't my efkes koart oanrekke hat. Ik bin net sa rap siik dus it sil al mei al wol wat tafalle en gelokkich soarget myn freondintsje goed foar my. Ik wol it dan ek mar koart hâlde hjoed. Noch efkes spesjaal foar Bert Plat: ï
+ 0 - 1 | § ¶Kuipers en topsport ensa
Ik hie ferwachte dat ik nei juster aardich wat spierpine hawwe soe mar dat falt gelokkich genôch ta. Ik bin no wol hiel wurch dus jûn mar betiid op bêd. Ik haw krekt de 1500 meter fan de manlju efkes sjoen. Lokkigernôch hat grutbek Chad Hedrick wer net wûn. Wat dat oangiet haw ik mear respekt foar Shani dy't him de kop net gek meitsje lit en alle kearen gewoan sa hurd mooglik rydt. Itaalje sil no wol op syn kop stean fansels, jammer fan myn nammegenoat Kuipers. Dy hie wol in medalje fertsjinne fûn ik. No ja, dan moat Timmer moarn mar wer efkes har bêst dwaan. Ik lies hjoed ek noch yn de krante dat Lasse net oanpakt wurdt foar syn reade kaart. Hy kin dus yn it kommende jûntsje NAC (dat sneintemiddei spile wurde sil) gewoan wer 3 goals meitsje foar it Fean. Wol in minne streek fan dy grinsrjochter om ús goaltsjesdiif der út te stjoeren wylst der efternei besjoen kwalik wat oan de hân wie. No ja, hooplik kin der snein wer sjongt wurde: Lalalalala lalalalalalalalalala en wa wit tongersdei noch in grutte ferrassing yn de UEFAcup...
+ 0 - 1 | § ¶De kilo's fleane der ôf!
Ik bin eltse moandeitejûn om 19.00 oan it plúmkejeien by BC GO! yn Grins. Gewoanwei spylje wy dan fan 19.00 oant 21.00 oere. Earst in oere trene en dêrnei in oere frij spylje. Soks is altyd in moai begjin fan de wike omdat jo dan efkes alle stress en oare ellinde fan jo ôfslaan kinne. Mar fannejûn hie de jûn in oare opset. Troch de maaitiidsfakânsje (ik nim oan dat it dat wie tenminste, al is it noch lang gjin maaitiid fansels) wiene de groepen wat lytser en dêrom hie it bestjoer tocht dat der wol in soarte fan toernoaike spile wurde koe. No dat wie in boppeslach want ik haw neffens my al hiel lang net mear sa lekker spile. Fan 19.00 oantemei 23.00 haw ik flink fan my ôfhuft en by flagen gie it net min. Ik kin dúdlik merke dat ik in stik liniger wurden bin en dêrneist bin ik no ek in stik rapper oan it net. Doe't ik thúskaam efkes lekker ûnder de brûs (de brûs yn de sporthal wie bûten wurking) en dêrnei ris sjen wat it risseltaat wie. Ik haw mysels efkes mjitten op de skealje en wat ik seach foel my net ôf. 116 kilo skjin oan de heak dêr't dat ea sa'n 130 west hat. Noch 12 kilo der ôf en ik bin wer op it gewicht dat ik hie doe't ik út Sint Nyk wei gie...
+ 0 - 1 | § ¶Fia de A7 nei it strân
Juster wie wer in lange dei. Wy moasten op jierdei by in freondinne fan myn freondinne en dy wenje hielendal yn Heemskerk. In aardich ritsje út Grins wei. No fyn ik it ek altyd hiel moai om efkes by de see te sjen. Dy prachtige ûneindige wettermassa soarget altyd wer foar wat rêst yn myn bloed. Dus mei de auto de A7 op en richting ôfslútdyk. Pas oan de oare kant fan de ôfslútdyk ferlieten wy de A7 om dêrnei by Alkmaar in ôfslach te nimmen nei Castricum oan see. Mar trochdat froulju in gebrekkich romtlik ynsicht hawwe, wat harren kaartlêzen net ten goede komt, rieden wy fansels earst wer ferkeard. Doe't wy wer op it goeie spoar sieten duorre it mar eefkes en wy stiene mei de auto midden yn de dunen. Dêr wie in grut parkearterrein mar dêr fregen se in pear euro foar. Ut prinsipe en omdat ik mar efkes in kertierke bliuwe woe hawwe wy dat net betelle en bin wy efkes fierderop stean gien wêrnei't wy in slach troch de bosken makke hawwe. Dêrnei op nei de fisite dêr't wy noflik efkes sitten hawwe, de poppe efkes besjoen hawwe en in bêst board Sineesk nei binnen te wurkjen. Weromweis hawwe wy noch efkes by de see del west. En wylst de fleantugen ús fan alle kanten beseachen hawwe wy dêr dochs noch efkes wat sân oan de skuon krigen. Dêrnei wer immer gerade aus nei Grins werom. It wie in moaie dei fuort en de kater fan Roda is al wer wat sakke...
+ 1 - 0 | § ¶Grypke
Nee bêste lêzers, jim hoege net benaud te wêzen, ik bin net siik. Mar om my hinne binne der in moai swikje minsken dy't troch de gryp te pakken naam binne. Sa soene wy hjoed nei Rotterdam ta om efkes by myn skoansuster, har freon en myn earste omkesizzer te sjen. Mar twa fan de trije lizze mei gryp op bêd dus dat giet oer. Moarn sille wy nei Heemskerk om dêr op 'e jierdei te gean by in freondinne fan myn freondin. Mar de kâns is fansels wol frij grut dat ek dat net trochgiet. No ja, lokkigernôch binne der Olympyske spullen en fermeitsje ik my om 17.00 oere wol wer by de 1000 meter foar de manlju. Ris sjen wat der no wer mis giet want ús reedriders hawwe it gelok net oan harren kant dit jier. Ik ferwachtsje eins in problematyske wiksel yn de lêste rit wêrby't de ien de oar ûnderút ryd mei as risseltaat in diskwalifikaasje en in pear botbreuken. Mar it kin fansels ek wol goed ôfrinne...
+ 1 - 0 | § ¶Holland Heineken House
Alle kearen at it oer de Olympyske spullen giet krijst automatysk wer dingen mei oer it Holland Heineken House. Hoewol't ik gjin bierdrinker bin is der mei Heineken op 'm sels net in soad mis fansels. In Hollânsk produkt dat ús lân yn in grut part fan de wrâld fertsjintwurdiget. Mar dy oare twa wurden fyn ik wol frijwat fout. House is gjin Frysk, gjin Nederlânsk, nee sels gjin Italiaansk wurd. Lekker ynternasjonaal mar fansels net lekker Nederlânsk. Noch slimmer is fansels de term Holland dy't gauris yn it bûtenlân brûkt wurdt at wy it oer Nederlân hawwe. De measte medaillewinners komme noch altyd net út Hollân. Ireen Wüst net, Sven Kramer net, Rintje Ritsma net, Timmer net, Wennemars net. Stik foar stik gjin Hollanders dus. It soe eins noch better gewoan it tanklokaal hite kinne...
+ 0 - 1 | § ¶De kompjûter opnij ynstalleard
Hjoed haw ik eindelik wer ris wat tiid oer en dêrom haw ik myn c-skiif mar wer ris formatearre. De kompjûter die wat nuver en wie wat sleau de lêste tiid dat ik tocht dat it wol wer ris tiid waard foar in radikale oplossing. Mar wat in gedonder is dat sis. Earst oeral besykje in kopy fan te meitsjen, dan alles formateare (gelokkich is myn skiif opdield yn partsjes) en dan begjint it gedonder pas echt. Windows ynstallearje, windows by de tiid helpe, jitris windows by de tiid helpe (ensafh.) oant je der flau fan wurde. En dan is Windows eindelik wer operasjoneel en dan begjint it spultsje wer opnij mei Office. No ja, dy twa stean der no wer op en ek Norton draait wer al is er noch al dwaande mei in folsleine firussken fan myn hiele kompjûter op dit stuit. Dat duorret ek wer oeren mar hawar, feilichheid foar alles fansels. No ris sjen wat der allegear noch mear ynstalleard wurde moat. Ik bin noch lang net klear, dat is dúdlik...
+ 1 - 0 | § ¶Wy stean noch altyd boppe Ajax
Ik bin krekt werom út it Abe Lenstrastadion dêr´t wy spitigernôch mei 1-3 ferlern ha. Neidat wy nei 24 minuten noch moai mei 1-0 foarkamen troch Arnold Bruggink (waard ek in kear tiid) makken de Roemenen in pear minuten letter al 1-1. Yn de 2e helte wiene wy in kertier lang goed dwaande mar nei de twadde treffer en fuort dêrnei ek noch de 3e wie it oer. It Fean hat geweldich strieden mar Steaua wie dochs in maatsje te grut hjoed. No mar hope dat hja oare wike allegear de fûgelpest ûnder de lea hawwe sadat wy der dêr yn Boekarest mei 3-0 oerhinne walse kinne. Der is fansels ek noch goed nijs. Wy wiene flot wer werom yn Grins dêr't ik mei it spikerslaan noch in pear aardige rûntsjes wûn ha. We stean trouwens ek noch steeds boppe Ajax en Grins...+ 1 - 0 | § ¶Valentijnsdei
Hjoed is it Valentijnsdei. Eartiids wie dat de dei dat je anoniem immen de leafde ferklearren mar troch de kommersje is it no de bedoeling om dyn leafste te ferwennen mei kadootsjes, blommen en wit ik wat al net mear. Ik bin net sa'n foarstander fan dy kommersjalisearring. 14 febrewaris is foar my gjin spesjale dei en ik sil dan ek net ekstra myn bêst dwaan hjoed. Ik haw sneon al in geweldich miel makke foar myn wyfke en ek moarn sil ik wer har keukenprins wêze. Wat dat oanbelanget kin men op de skealje sjen hoefolle at ik myn freondinne it hiele jier troch al ferwend haw...
+ 0 - 1 | § ¶Kiezeltiid
Moarn begjint by Bernlef de Kiezel. Dat is it lytse broerke fan de Keiwike en it betsjut dat Hendrik, Cleopatra en Bernlef de doarren iepen smite foar alle studinten om ris rûn te sjen en mooglik lid te wurden. Mochten der Fryske studinten wêze dy't dit lêze en dy't noch gjin lid binne fan Bernlef. Gean dêr dan dizze wike (tiisdei, woansdei en tongersdei) ris del. De doar is iepen, de bearenburch stiet klear en der is fan alles te rêden. Sjoen it feit dat ik no âldlid bin fan Bernlef sil jim my dêr net in soad tsjin komme. Faaks drinke wy woansdei foar en nei de wedstryd fan it Fean tsjin Steaua Boekarest efkes wat op de soas. Foar de rest sil Bernlef it no sûnder my dwaan moatte, en ik haw der alle fertrouwen yn dat dat wol goed komt. Foar de minsken dy't gjin kaartsje ha foar it Fean - Steaua, it is fansels ek Live te sjen op de soas fan Bernlef...
+ 1 - 0 | § ¶Hitchikers guide to the Galaxy
Fannejûn haw ik mei Aetsje de Hitchikers guide to the galaxy sjoen. In maffe film mei in origineel ydee der efter. Op 'm sels net de bêste melige komedy kwa útfoering, mar it ferhaal is seker net min. Fierder haw ik de hiele moarn op bêd lein want it wie gesellich juster by it Fean...
+ 0 - 1 | § ¶Fryslân boppe
It binne wer de Friezen dy't it dwaan moatte. Sven Kramer dy't oant no ta de ienige is dy't foar Nederlân in medaille wûn. Spitigernôch gjin gouden mar dat komt oer 4 jier grif noch wol. Hy bliuwt yn elk gefal wol de snelste man ea op redens oer 5 kilometer. Nei syn rit en dy fan Hedrick bin ik mei noch 3 man yn de auto nei it Fean west. Dy moasten spylje tsjin Vitesse en hja stiene mar 4 punten ûnder ús dus it wie wer in 6 punten duel. De sfear siet der ûnderweis al aardich yn en wy parkearden de auto op ús fêste plakje. Fansels joegen wy it beamke efkes wat wetter op it gebrûklike plak (oars ferliest it Fean). Ek dit kear wiene der wer minsken dy't hjir opmerkings oer makken mar it ferske fan Ferbean (lik op stik) docht meastentiids wol fertuten, sa ek no. It Fean begûn flot en hie nei 1 minút de earste hoekskop al fertsjinne. Dochs wie it Vitesse dat nei sa'n 8 minuten troch in lokkige (mar wol knappe) kopbal út it neat op 0-1 kaam. De Vitesse fans wiene dêr fansels hiel bliid mei. Gelokkich giene de kopkes fan de spilers net omdel en koene hja troch goed de striid oan te gean rap op 1-1 komme troch nimmen minder dan Ugur Yildirim. Foar rêst noch in pear prima kânsen hân gie it nei rêst fuort wer los. Mar omdat Wegereef him net fit genôch achte foar noch 3 kertier moast der in nije skiedsrjochter komme. Dat duorre efkes en de mannen fan Vitesse ferlieten it fjild. It Fean bleau op it fjild en bleau dêrtroch ek waarm en koe fuort nei it begjin fan de 'tredde helte' de 2-1 binnen sjitte. In moai ôfstânsskot fan Paul Bosvelt dy't wer tige wichtich wie foar it Fean. Lasse mocht ek noch in goal meitsje op in Samaras-eftige wize wêrmei't wy de bêste Gryk al hast wer fergetten binne. Lasse begjint yn foarm te reitsjen mei 5 goals yn de lêste 3 wedstriden. No de spitsen noch of soene wy sizze moatte dat ús spitsen fleugels krigen hawwe? Yildirim mocht ek noch syn twadde meitsje en mei in frije traap op de latte hie er ek noch hast foar in tredde goal soarge. De Vitessefans wiene al lang stil. Wy fansels net en neidat de Weef ek troch de haadtribune kaam wie koene wy yn it Funplaza noch efkes neigenietsje mei de Havenzangers. De jûn eindige noch mei drege mar seker net minder moaie diskusjes oan de bar fan Bernlef dy't troch de Ugur fan Bernlef noch efkes foar ús iepen gie. It wie moai, no lekker kûse. Fryslân Boppe dus, sawol yn Turijn as op it Fean. En foar de leafhawwers, Fryslân Boppe is in nûmer fan Jitiizer.
+ 1 - 0 | § ¶Oer de Grins yn Grins
In pear moannen ferlyn haw ik by de Aldi ris in boek kocht oer de Azyatyske keuken. En fansels hie ik Aetsje tasein om har dêrút ris lekker te ferwennen. Fannemiddei haw ik dan ek efkes nei Toko Melati west om yngrediënten te heljen foar in geweldich 3 gongen menu út de Indyske keuken. Ik moast dochs dy kant op om Johan syn seisoenskaart op te heljen, dêr't ik moarn mei nei it Fean - Vitesse sil (sorry Radmer), dus dat kaam moai út. Nei in heal oere sykjen hie ik de measte yngrediënten wol byelkoar. Sa haw ik fan 3 oere middeis oant 7 oere jûns yn de keuken stien. It wie de muoite wurch! Nei in kâlde yoghurtsop en in hearlike ryssalade kamen wy by it haadgerjocht. In typysk Indyske kalkoencurry. Healwei de oanwizings fan dy curry moast ik ynienen in staafmjukser brûke dat ik haw fuort mar efkes by de Blokker oan west en no hawwe wy dus ek in staafmjukser. In hiele moaien ien want hy kin bygelyks ek hiel fyn sipeltsjes snije. Dat is dan wol wer handich foar by de wat minder kulinêre del spesjaal...
+ 0 - 1 | § ¶Brêgewipper
Op dit stuit wurdt der oer praat om de brêgewipper fan de brêge te heljen en alle brêgen yn Fryslân fan op ôfstan te betsjinjen. 'Sa moat foarkaam wurde dat de boatsjeminsken ûnnedich lang lizze te wachtsjen' lês ik op www.omropfryslan.nl. It giet hjir dan oer it oerke skoft dat de brêgewipper hat wêrby't de brêge tusken de middei dus efkes in oere ticht is. No hawwe wy sels ek in boat, en it is fansels hiel fervelend at jo krekt nei tolven by in brêge komme mei de ljochten op read. Mar oan de oare kant jout soks ek efkes in momint fan rêst. Efkes oan de kant lizze om sels ek efkes in stikje bôle nei binnen te wurkjen. Wannear't je mei de boat op paad gean binne je der meastentiids efkes tuskenút. En dan moat jo net op in oerke sjen fansels. Ik tink ek net dat it hjir om de boatsjeminsken giet mar om it omdel bringen fan de kosten fan al dy brêgewippers. Mar wurdt dêr dan ek yn mei berekkene dat sa'n brêgewipper dan de WW yn giet? Boppedat kin immen fia in kamera lang net sa goed sjen at alles feilich is. Komt der in bus, brânwacht, plysje as ambulance del dan kin de kameraman sa maklik net yngripe. Ek is de kâns op steurings de helte grutter en it tafersjoch de helte lytser. Want in brêgewipper hâldt fansels ek in eachje yn it syl. En dat it klompke op guon brêgen bliuwe mei as toeristyske atraksje dat roait fansels ek igge noch seame. Gjin inkelde wettersporter sit op dat klompke te wachtsjen...Foar de leafhawwers: Brêgewipper is ek noch in nûmer fan de Fryske band Jitiizer...
+ 1 - 0 | § ¶Delhelje...
Neist in eigen webloch, in eigen Frysk foarum en in eigen bedriuw haw ik ek noch wol wat oare dinkjes dy't my dwaande hâlde. Sa haw ik in jier ferlyn bygelyks in Fryske delhel side makke. Op dit stuit stean dêr sa'n hûndert mp3-nûmers op dy't stik foar stik Frysktalich binne. Omdat dizze nûmers gewoan fan de besteande ynternetsiden helle wurde is soks neffens my net yllegaal. En oars mar wol, dan bin ik in bytsje stout. Fan de delhelle nûmers wurdt automatysk in top 30 gearstald sadat ek sjoen wurde kin hokker muzyk populêr is. Omdat de de foarste kompakt skiif fan Sebeare útferkocht is hat Sebeare dizze no ek op harren side stean. Dêrmei sille hja grif goed skoare yn de top 30 want Sebeare makket in noflik stikje muzyk. Ald Liet-winner 'Te folle foar dy' stiet ek alle jierren wer heech yn de top 100 fan Omrop Fryslân. Fine jim Sebeare ek moai, as wolle jim wol ris hearre hoe moai at Sebeare wol net is. Gean dan rap efkes nei www.fryskemp3.nl en lit jim ynternetferbining wat wurk fersette...
+ 1 - 0 | § ¶Frysk foarum
Neist myn eigen webloch haw ik ferskate plakjes op it ynternet dêr't ik gauris, as sa no en dan ris, in reaksje efter lit. Meastentiids doch ik dat by de op Fryslân rjochte saken gewoan yn it Frysk. Dat jout gauris in soad argewaasje sadat de taal fan myn bydrage de diskusje bytiden oernimt fan it te besprekken ûnderwerp. Om der no ris foar te soargjen dat der ek in plakje is dêr't men fatsoenlik yn it Frysk oer dingen diskusjearje kin haw ik besletten in Frysk foarum te bouwen. Mei help fan phpBB is dat ek net sa lestich fansels. Op www.foarum.nl fine jim de foarlopige útkomst. No is der dus in foarum dêr't je Frysk op prate kinne, mar dan is it ek wol leuk at der wat minsken op komme dy't mei jo yn diskusje gean. Dus by dizze allegear nei it Fryske foarum, registreare en swetse blinder!!!
+ 0 - 1 | § ¶Plúmkejeie
Hjoed haw ik berjocht krigen dat it troch ús gearstalde tiem talitten is ta de rekreantenkompetysje fan it badminton. Dat betsjut dat Aetsje, Femke, Liselot en Eddy mei my oan de bak moatte yn inkel-, dûbel- en miksdûbelspul. Ik haw dêr in soad nocht oan omdat wy ús op de trening gauris wat ynhâlde moatte en je by in kompetysjewedstryd fansels wol 100% jaan meie (moatte). It is leuker om in wedstryd mei 15-13 te winnen dan mei 15-1 fansels. Oan ús trener sil it yn elk gefal net lizze. Wy wurde treent troch Balder Massing. Syn broer Rune Massing wie op it ôfrûne NK twadde. Balder leart ús no al de meast prachtige techniken ûnder oaren ynspirearre troch de Karate kid. Us tsjinstanders bin dus warskôge...
+ 0 - 1 | § ¶Soe it dan dochs noch wat wurde?
Sa't Radmer al sa skerp opmurken hat haw ik yndie net nei it Fean - De Haach west. In 3-0 oerwinning mei dank oan Lasse Nillson. Omdat dizze man ús dochs wer wat hoop jûn hat foar de kommende wedstriden krijt hy de ear om ynfolling te jaan oan de earste foto op myn webloch. En Radmer, dat it Fean altyd ferliest at ik hinne gean is net wier. Se ferlieze ek wol as ik der net by bin. Boppedat haw ik ek by de wedstryd tsjin Banik Ostrava en Levski Sofia west en dat wiene dochs oerwinnings. Der is grif in oar mantsje op de tribune dy't gauris nei it Fean giet as ik der ek bin en dy't foar al dy pech soarget. No ja, mei it lestige programma fan Utert en Nijmegen yn de efterholle kinne wy faaks woansdei op it keunstgersfjild fan Heracles (dat gjin ûnbekende is foar Gert-Jan fansels) wolris oprukke nei de earste 5. Dan hawwe wy wer sicht op Champions League...
+ 1 - 0 | § ¶Pornojûn
Tongersdei krige ik in sms'ke fan Eke wêryn't sy my útnoege foar in feestje mei as tema Porno. Doe't ik op it feestje kaam hie Eke aardich har bêst dien om it leuk oan te klaaien. Oeral hongen slipkes, bh's en sjarreteltsjes en de tillevyzje draaide kontinu hurde porno. Om it net te oanwêzich te meitsjen hie Eke dêr in trochsichtich doekje oer hongen mar dat wie der fansels rap wei. Wy wiene bedarre yn in keunstnersomjouwing dat wie wol dúdlik. It feestje kaam flot op gong en it wie gesellich. Neidat de Albertiaan en de Hendrikker oanwêzich wiene koe it hielendal los gean. En oan it ein fan it feest hawwe wy der ek noch efkes foar soarge dat alle drankjes op giene troch se der yn rap tempo troch te kaartsjeblazen. Doe fûn Eke it wol genôch en bin wy noch efkes fia de soas op hûs oangien. It wie gesellich Eke, en do krijst de groetnis fan de ûnderbuorman...
+ 0 - 1 | § ¶Breuer hat it ferbruid
Ik haw juster nei SC Heerenveen - Ajax west foar de Gatoradecup (de beker). It Fean hat goed syn bêst dien allinnich wie it jammer dat se op in knullige wize in goal fuortjoegen. Breuer lei de bal gewoan klear op de penaltystip en Rosales koe net misse. Dan steane jo de hiele wedstryd efter en moat der dus wol fol op de oanfal spile wurde. En tsja, dan krijt Ajax fansels ek romte wêrtroch't it yn de lêste 2 minuten noch in fertekende 0-3 wurdt. Dochs hat it Hearrenfean net sa min spile, al sieten der fansels wol wat swakke mominten yn. Ek hiene wy fansels in penalty krije moatten mar ja, doar as skiedsrjochter mar ris te fluitsjen tsjin it grutte Ajax. Sûnder echte ôfmakker yn de spits krije jo it dan dreech fansels. No ja, de sfear yn fak 10 wie yn elk gefal wer folle better as tsjin Sparta. Wy ha de hiele wedstryd in soad lawaai makke. Wat my noch wol opfoel wie it folgjende. Je soene tinke dat de oanhang fan Ajax de Arena went is, en dat se dus gjin hichtefrees hawwe soene. Dochs doarden se net boppe yn it útfak plak te nimmen wêrtroch't der ek yn oare fakken gauris wat Ajaksiten sieten. It gefolch wie dat der foar dy pear hûndert oanhingers fan Ajax in lyts legerke fan ME optrommele wurde moast. Net dat se wat dwaan hoechden, want dêr bin wy fierstente leaf foar (gelokkich). Mar it jout dochs in bytsje in rare sfear at je dy mannen mei dy helmen en dy stokken stean sjogge. Kommende wedstryd is tsjin Den Haach, dy meie harren net sa fatsoenlike oanhing ek wol thús litte. Dan sil ik sels tsjin Steaua mar wer ris nei it Fean ta. Faaks kin wy ús goeie Europeeske searje wol trochsette...
+ 1 - 0 | § ¶Sfear yn it sfearfak
Oer oardeloere sil wy mei in auto fol nei it Hearrenfean - Ajax. De foarige wedstryd dêr't ik by oanwêzich wie tsjin Sparta wie de sfear net al te bêst. De oarsaak dêrfan lei bynammen by $amaras dy't ús op in aparte manier bedonderde en fan ús ôf woe. No is $amaras fuort en hat it Fean hooplik allinnich noch spilers dy't graach yn it pompeblêdemouhimd spylje wolle oer. Der skine ek nochal wat Ajaxfans yn Hearrenfeanfakken te sitten, sels yn it fanatike fak 10! No, dat liket my net echt ferstandich ta want fuotbal is oarloch, en jûn is Ajax de fijân fansels. Klaas Jan Huntelaar kin noch ien kear in aplaus krije, mar dêrnei moat er út de 16 weibliuwe. En dy smoarge Schwalbes fan Ajax kinne se ek mar better net mear útfiere. Ajax is sa wol sneu genôch tocht ik sa. Soe Ajax al rûn wêze mei de nije haadsponsor Cup a soup? How big is your dip...
+ 0 - 1 | § ¶Mark de Vries
It Hearrenfean hat mei Mark de Vries flak foar it sluten fan de oergongsmerk dochs noch in nije spits helle. Immen dy't fuortdaalks ynsetber is en dy't ek yn de UEFACUP noch meidwaan mei. De namme sei my earst net safolle mar de berichten lykje goed. Hooplik kin er moarn tsjin Ajax fuort meidwaan en skopt er ús nei de heale finale. At PSV fannejûn dan ek ferliest fan Grins, en wy ha it lot wat oan ús kant, dan soe in Noardelik treffen mooglik wêze yn de finale yn de Kuip. Dan kin wy dêr de titel 'Trots fan it Noarden' befjochtsje, neist de beker fansels. No wy wachtsje it ôf. Lit ús hoopje dat Huntelaar de 0 noch efkes hâld, as better noch, noch ien goaltsje meipikt tsjin Ajax...




