+ 0 - 0 | § ¶Krekt op tiid
Sa, de belestingpapieren hoege de doar net mear út want mei myn nije DigiD haw ik no foar it earst de belestingoanjefte fia de digitale snelwei ferstjoerd. Krekt op tiid ek noch, want it moast foar 1 april en se kinne by de belestingtsjinst wol dingen leuker meitsje, mar in 1 aprilgrapke sille se grif net wurdearje kinne. Jûn sil ik efkes nei de soas fan Bernlef om dêr op de pypkesjûn in pear gleskes drinken te nuttigjen. Fansels gjin alkoholhâldend guod want ik bliuw noch oant Aaipop nuchter. Dat duorret ek net sa lang mear want oer goed 14 dagen is it al wer peaske en op peaskemoandei is elke leafhawwer fan Fryske muzyk fansels yn Nijlân oanwêzich. Der stiet ús dit jier wer in moaie programmearring te wachtsjen al fyn ik it wol wat spitich dat Pigmeat en Jitiizer elkoar wat oerlaapje. Eins is it fansels sawysa spitich dat je net alle bands spyljen sjen kinne. Wat dat oanbelanget soene hja better ien hiele grutte tinte hawwe kinne mei oan beide siden in poadium. Dan kin wylst de iene band opbout de oare spylje. Kontinu muzyk, kontinu wille, wat wolle jo noch mear no? No ja, in lytse snekstop is fansels ek wol noflik...
+ 0 - 0 | § ¶It giet goed mei BC GO! 2
Juster moast ik wer te plúmkejeien út nei Oldepekela al spilen hja har wedstriden yn Nieuwe Pekela. De ienige ploech dêr't wy noch net tsjin spile hiene. Moai op tiid kamen wy oan en troch dat der wat tiid oer wie begûn ik earst mar ris mei wat rûntsjes waarm rinnen. Dit makke al safolle yndruk dat wy de wedstryd hast net mear ferlieze koene. Dat barde ek net want hoewol't de flier oars wie (net fan hout mar fan stroef mar noflik fearjend keunststof) en de ljochten yn earste ynstânsje ek net echt lekker hongen koene wy it mei de ús ynmiddels bekende giele plúmkes aardich rêde. Myn inkelspul begûn wat stroef mar ik haw de earste set dochs frij ienfâldich wûn, de twadde set gie doe al in stik ienfâldiger. Eddy ferlear syn inkelspul spitigernôch yn 3 sets en ek Femke koe it net bolwurkje. Liselot behâlde har sets wol. Nei it inkelspul wie it dus 2-2 en wy mienden dat it wol 4-4 wurde soe want dat ha wy al sa faak hân. It gie dochs oars want mei in nipte marsje koene Eddy en ik de dûbel behâlde (15-13 yn de earste set). Ek de froulju koene har dûbel behâlde. 4-2 mei noch twa miksen te gean. Ek de miksen waarden winnend ôfsletten en sa wûnen wy in bytsje fertekene mei 6-2. Nei fjouwer wedstriden hawwe wy no 6 punten dus dat giet wol lekker. Moandei moatte wy út nei Veendam ta. Dêr ha wy thús mei 4-4 lyk tsjin spile dus wy ha noch wat goed te meitsjen...
+ 0 - 1 | § ¶Digid
As ynternetferslaafde wie it fansels wol apart dat ik myn belestingrommel altyd noch op papier ynlevere. Mei de saak moat soks tsjintwurdich al online barre mar persoanlik die ik it oant no ta altyd gewoan op papier yn de bekende blauwe slúf. Dêr is no fereroaring yn kaam want ik haw sûnt hjoed in DigiD. Dit is in digitale identifikaasje dy't ûnder oaren brûkt wurde kin tsjinoer de belestingtsjinst. No kin ik noch krekt foar 1 april soarchje dat de belesting myn gegevens noch in kear krijt. Want fansels witte se alles al lang en it is dan ek apart dat wy it noch ris befestigje moatte. Oar jier skynt dat allegear wer te feroarjen want dan folje sy de belestingpapieren yn en hoege wy allinnich noch mar te sjen at sy it goed dien hawwe. In hiele ferbettering fansels...
+ 1 - 0 | § ¶Hoax tiid
Ik wit fan mysels dat ik bytiden wat nayf bin. Mar der binne altyd noch slimmere gefallen. Fan dy minsken dy't miene dat sy my, en al harren oare freonen, warskôgje moatte foar in kompjûterfirus dat noch net troch Norton fûn wurdt. Yn sa'n gefal is ien eameltsje nei Norton wierskynlik ferstandiger want at sy op 'e hichte binne komt der wol in updeet en dan komt dy ek wol automatysk op myn kompjûter. No wie it ús aller Daryl wer dy't miende dat ik noch net genôch spam krige op myn adressen. Hy krige in eameltsje dat hy fergees in ipod krije soe at er it meeltsje efkes nei 15 minsken trochstjoere soe. Fansels moast it ek efkes nei de eigner ta, dan koe dy moai efkes de adressen brûke foar reklamedoeleinen of slimmer noch, om se op in kompakt skyfke te baarnen en te ferkeapjen oan alle spammers op dizze ierdkloat. Minsken, at jim in fyts keapje kinne foar 10 euro dan witte jim dochs ek dat jim fout dwaande binne? Wêrom dan wol leauwe dat immen jim in ipod jout foar it ferstjoeren fan 15 eameltsjes. Mochten jim trouwens noch al in kear in grutte groep minsken eamelje moatte, brûk dan de bcc (blind carbon copy) sadat oare minsken net alle eameladressen fuort sjen kinne...
+ 0 - 1 | § ¶In goed plan is it heale wurk
De plannen foar de ferbou fan it hûs op 'e Rottefalle begjinne no al wat yn in streamfersnelling te kommen. Myn omke, dy't oannimmer is, hat mei ús ideekes oan de gong west en hy makket dêr in útfierbere tekening fan. Hjirneist sjogge jim it foarlopige risseltaat dêr't myn freondinne en ik tefreden mei binne. Wy krije in rojale wenkeamer mei moaie grutte túndoarren sadat wy simmers sa de tún yn stappe kinne. Ek komt der in rojale keuken dy't troch skodoarren semi-iepen wêze sil. Omdat ús hûs frij rojaal is, sa'n 13 by 8,5 meter krije wy in sliepkeamer beneden mei dêrby in eigen 'priveebrûs'. De romte efter de foardoar wurdt fansels de hal mei dêryn in húske en de trep nei boppen ta. En foar de saak is in moaie romme rûmte oan de foarkant fan it hûs ornearre. Ik hie efkes wat probleemkes mei de skenner fandêr dat alles wat út syn ferbân rukt is, dit is nammentlik in foto fan de plattegrûn. Letter komt der miskien noch wol ris in wat definitivere fersje op de side. Op dit stuit wurde der offertes oanfrege foar de ramen en de folsleine ynstallaasje (sintrale ferwaarming, illektrysk, gas, wetter, kabel ensa...). Dêrnei sille wy sjen at de bank ús genôch liene wol om dat alles mooglik te meitsjen. Slagget dat, dan moat it hûs ûntromme wurde, ûntmantele en mooglik kin dan nei de boufak begûn wurde mei de fernijing. At dat slagget kinne wy der noch ein dit jier wenje. Wat sil it dan rêstich wurde yn Grins...
+ 0 - 1 | § ¶Allegear feestjes
It wie wer gesellich hjoed. Om 10.30 waarden wy ferwachte yn it ferieningsgebou Unitas yn Sint Nyk. Dêr siet hast de folsleine famylje Kuipers de jierdei fan Pake en Beppe Kuipers te fieren. It wie folle bak en it wie gesellich. Sa as altyd krige Pake wer it iene nei it oare kadootsje wat weinich te rieden oer liet (it wie fan glês en it wie fjouwerkant). Wy wiene dêryn gjin útsûndering fansels want der wurdt gauris sein, "salang at er noch jonge jenever yn hûs hat giet de âlde net dea!" Beppe haw ik ek mar oan de drank holpen troch har te ferwennen mei in lekkere abbekaat en in pot mei Boerenjongens. Fansels haw ik wer as lêste it pân ferlitten. Dêrnei noch efkes nei de tún sjen fan omke Fimme, dy't sûnt Pake en Beppe nei Doniahiem gien binne no allinnich oan de skoalstrjitte wennet. It is in redelik ûnderhâldsfrije tún wurden dy't allinnich noch sa no en dan op 2 plakken snoeit wurde hoecht (de rest bestiet bynammen út grint). Fan it iene feestje nei it oare feestje wie mar in lytse stap en omdat ús heit en mem op 24 maart 34 jier trout wiene moasten wy ek noch mar efkes út iten. Lykas alle jierren geane wy dan nei de Sinees yn it doarp en dêr hawwe wy wer lekker sitten. It wie de lêste snein fan de moanne dus dat betsjutte rinnend bufet wat dus ûnbeheind wie. No dan rin ik wol fansels, ek al dogge myn fuotten noch sa sear fan it plúmkejeien fan juster. It iten waard ôfsletten mei in baarnend stikje iis wêrnei't de weromreis nei Grins wer plakfine koe. Dat dit wol ris it lêste jier wêze kin fan sa'n weromreis lêze jim moarn mear oer...
+ 1 - 0 | § ¶Stikken mar mei in priis
Sa, ik bin wer thús. Hjoed wiene de earste BC GO! klubkampioenskippen plúmkejeien wêrby't ik mei die oan de ûnderdiele inkelspul en hearendûbelspul. It moaie fan dit toernoai wie dat it net op tiid gie, mar dat je gewoan 2 setten winne moasten. It begûn lekker mei in redelik ienfâldige oerwinning op myn lettere partner by it dûbelspul. Tijn wie noch mar 15 jier en kaam dêrmei fisyk noch krekt wat te koart mar dat komt noch wol goed at er wat âlder wurdt tink ik. Dêrnei moast ik in drege pot inkelje. Ik stie hieltyd achter mar pakte dochs de earste set mei 15-13 wêrnei't de twadde set in stik ienfâldiger gie (15-10). Efternei besjoen wie dat ek de finale want yn de oare inkelspullen hie ik nouliks tsjinstân. Doe begûn it dûbelspul mei myn foar my fierder noch ûnbekende maat Tijn. Nei ien set mei wat opstartprobleemkes (15-12 ferlern ofsa) wûnen wy de oare 2 sets wol frij ienfâldich. De twadde partij wie in walk over wêrby't wy op de earste opslach al mei 14-0 foarstiene. Uteinlik waard dat dan ek 15-0. Ek de folgjende partij (in moandei 1 derby) krigen wy net in soad tsjinstân. Yn de finale moasten wy tsjin 2 oaren dy't ek alles wûn hiene mar omdat dat al myn sânde partij en fjirtjinde set wie krige ik wat lêst fan kramp yn it kût. Gelokkich koe ik de wedstryd wol útspylje mar de earste set gie ferlern mei 15-13 neidat wy noch wol mei 13-10 foarstiene. De twadde set wûnen wy ienfâldich mei 15-2 mar yn de tredde rêden wy it mei 15-13 wer krekt net op. Krekt net earst dus wat bynammen foar Tijn spitich wie. Mar efternei besjoen foel it ta want hy woe sa graach in beker, mar de prizen bestiene dit kear út aardichheidsjes. In moaie twadde priis likernôch. Dêrnei moast ik noch ien inkelspul mar troch de drege wedstriden, ik hie doe dus al 16 setten spile, kaam dêr net folle spektakel yn foar. Wol wûn ik redelik ienfâldich twa kear mei 15-3 en dêrmei wie ik de earste kampioen fan it nije BC GO! It wie dan wol yn de leechste poule, dy fan de rekreanten, mar myn namme komt wol moai boppe oan yn de wikseltsjelke. En dat is altyd leuk fansels. It kolonisten fan Catan toernoai koe ik net winne mar tuskentroch ha wy noch wol in hearlik bufet hân wêrby't it akwarium wer goed byfolle is. It wie moai, hulde foar de organisaasje mar moarn nei it feest fan pake en beppe mei flink wat spierpine. No earst de wedstriden noch mar efkes sjen om te sjen wat it Fean dien hat...
+ 0 - 1 | § ¶It foarste ljipaai
It foarste ljipaai fan Nederlân wie in pear dagen ferlyn al fûn mar no is ek it earste aaike fan Fryslân fûn. De 60-jierrige Parregeaster Joop Wijnja fûn it aaike om 16.00 fannemiddei yn in stik greide tusken Tsjerkwert en Blauhûs. Lokkigernôch naam de lokkige finer it aaike ek mei om it oan te bieden oan kommisaris fan 'e keninginne Ed Nijpels want dêrmei kiest Joop foar de sulveren ljip en lit er it gouden ljipaai fan de Vroege Vogels oan him foarby gean wêrfoar hulde. Wat miene dy Hollanners wol net dat sy ús yn Fryslân in bytsje de wet foar skriuwe moatte. De Friezen tinke goed om de ljip en soargje der kommende moannen wer foar dat in moai nustje nestjes sparre wurdt wannear't de boeren wer it lân yn gean. Lit har dan dy betide aaikes dizze wike noch efkes meinimme, oars frieze se dochs stikken en dan sit it ljipke der foar Jan mei de koarte efternamme op te brieden...
+ 0 - 1 | § ¶Negertuten
Lofts Nederlân hat it wer foar elkoar krigen. De negertút is net mear fan dizze tiid want it soe rassistysk wêze. Tsjonge jonge wat in ûnsin. Ik mei graach Negertuten dat it soe wat dat oanbelanget earder positive diskriminaasje wêze ynstee fan rassisme liket my ta. It wurde no 'Buys Zoenen' wat dan by my earder de assosjaasje opropt mei Stokslobberje (pijp = buis). No haw ik gjin beswier tsjin in tút op de 'buis' mar ik sil net sa rap in 'buis' yn myn mûle stopje. Nee foar my bliuwe it gewoan negertuten en at soks dan diskriminearjend is, dan is dat net oars...
+ 1 - 0 | § ¶Sweeftrein.net
Ik lies krekt yn de Ljouwerter krante dat de Sweeftrein fan de baan is. Dat is fansels ek gjin wûnder, it is oars net om neat in sweeftrein. Mar it giet allegear dus al net mear troch. Sa bin dy besunigings dochs noch earne goed foar. Hans Alders wurd wer bedankt foar alle euro's dy't mei troch syn tadwaan oer de balke smiten binne. No meie de kommisarisen efkes goed harren bêst dwaan om de ús taseine Langmanjilden alsnoch dizze kant op te krijen. Slagget dat net, dan haw ik noch wol in oare opsje. Wy ha yn ús hûs al jierren in gasmeter yn de meterkast. No soe it fansels in lytse muoite wêze en set ek sa'n ding op de Grins fan it Noarden en de rest fan it lân. Dan kin se gewoan per kuub betelje en lit se dan mar flink stoke dêr yn Hollân...
+ 1 - 0 | § ¶Knappe kop
Ynspireare troch it moaie sinneskynwaar haw ik besletten dat it wol wer ris tiid waard en lit in kapster yn myn hier om fykje. Nei de kapper gean ik eins allinnich as it hier my iriteart as wannear't ik my iritear oan lju dy't har oan myn hier iritearje. Mar om't pake en beppe kommende snein harren jierdei fiere tocht ik dat ik it gemier fan ús mem mar foar wêze moast. Ik moat sizze, it hat de kapster hiel wat bloed, swit en triennen koste, it earme famke knipte har sels yn de finger, mar it risseltaat kin besjen lije. Myn harsentsjes kinne no mar wer oeroeren meitsje sûnder kâns op harsenbroei. Wat dat opsmite sil lêze jim faaks letter...
+ 1 - 0 | § ¶Us earste thúswedstryd
Sa, de earste thúswedstryd sit der wer op. Wy hawwe in drege pot hân (mar sy ek). Uteinlik hawwe wy 4-4 gelyk spile en dus wer in punt oan ús totaal taheakke mar it kealle swier. Ik begûn fuortdaalks mei it inkelspul as earste hear. Mei troch dat ik de opslach net goed foar elkoar hie ferlear ik de earste set mei 11-15. Myn tsjinstander waard dêr in bytsje oermoedich fan dat ik koe de twadde set mei 15-13 nei my ta lûke. In tredde set moast doe de beslissing jaan. Omdat wy elkoar net in sintimeter tajaan woene en der dêrtroch lange seary's makke waarden moast myn tsjinstander earst wol 5 minuten by komme. De tredde set rekke ik wat te gau efter en dizze ferlear ik úteinlik frij kânsleas mei 7-15. Yn de tiid fan myn inkelspul wiene der op de baan neist my al twa en in heal partij spile. Eddy hie ek syn heareninkel ferlern, mar Lizelot wûn har inkelspul. Ek Femke pakte de winst. Nei de inkelspullen dus in moaie 2-2 stân. De hearen dûbel wie ek wer dreech mar lykas by it inkelspul kamen wy krekt wat te koart. Twa kear 11-15 wie de stân. Fansels moasten de froulju har dûbel wol winne mar Lizelot en myn freondinne makken it dochs noch spannend. In trijesetter mar wol wer winst. Sa giene wy mei de stân fan 3-3 nei de miksdûbels. Ik spile mei myn freondinne en de earste set wâlden wy sa oer ús tsjinstander hinne. 15-7 ofsa. De twadde set gie ek flot, mar dan wol de oare kant út. Troch dat ik wat tefolle prate en de freondinne har dêr wat te bot oan steurde krigen wy gjin poat om op te stean. Mar yn de tredde set wisten wy it punt dochs te rêden en nei't ik sawat kramp krigen hie by in ultime smash makken wy it dochs mei 15-10 út. 4-3 en noch ien miks te gean. Wy hiene dus al in lykspul en wy koene noch winne. Mar it slagge net, Eddy en Femke rêden it net op en sa eindige de wedstryd tusken BC GO! en SV METEOOR yn in 4-4 lykspul. Nei trije partijen hawwe wy no 4 punten dus dat koe minder. Nije wike tongersdei moatte wy út tsjin BOP út Oude Pekela en sneon binne der klubkampioenskippen dus it wurdt noch in heftige plúmkejeiersmoanne...
+ 0 - 1 | § ¶Thaeke MALT
Net dat ik de lêste tiid no sa ferskriklik folle drank hân haw. Mar ik bin dochs fan betinken dat in lytse alkohol sabbatikal moanne gjin kwea kin. Fandêr dat ik besletten haw om oant Aaipop gjin alkohol mear te brûken as genotsmiddel. It koe ek wol ris myn lêste aaipop wurde want ik haw it gefoel dat ik dochs wol hiel deechlik wurden gean kommend jier. Daalks sil ik wer nei de Friesche vlag ta, moarn betiid ek wer en dan moarntejûn ús earste thúswedstryd mei it plúmkejeien tsjin Meteoor 1 út Veendam. It begjint om 19.00 en der binne ek tribunes...
+ 1 - 0 | § ¶Trots fan it Noarden
Omdat Cnossen pas oan it ein fan de moanne syn earste lean bart fan de Hornbach koe ik op syn seisoenkaart wer in kear nei it Fean ta. De tsjinstanders wiene RKC Waalwyk en 4 Belzen (grif allegear 'Waal' ynstee fan Flaamsk). Dizze kear net mei de auto mar mei de ynterliner. By de bushalte stiene in stikmannich minsken mei blauwe sjaaltsjes en sa ek Klaas dy't tegearre mei my de efterbank ynnaam. Hearlik rilekst waarden wy moai op tiid dropt op rinôfstân fan it stadion. Spitigernôch stiene der allegear stewards en plysjes by ús pisplakje dat wy ha 'it beamke' net wetter jûn. At dat mar goed komt. Nei in aardich begjin dat fanút fak 10 fokaal wer frij aardich stipe waard die bliken dat it dreech wurde soe. Eins ha wy yn de earste helte nouliks kâns hân om foar gefaar te soargjen. Vandenbussche hat ús dêrby goed rêden troch in 200% kâns tsjin te hâlden. Us âldspiler Lurling liet ek noch efkes sjen hoe rap at er ek al wer wie. En sa kaam RKC yn de earste helte ek noch op 0-1 wat de Sfear net ten goede kaam. Gelokkich wie der yn de rust efkes in stel jonge spitsen dy't sjen liet dat der noch hoop is foar de takomst. Gert Jan hat yn de rêst de pipers útdielt dy't dêrnei anaal ynbrocht waarden. Yn de twadde helte rûn it allegear wat better en kaam RKC eins ek net mear oan spyljen ta. Us spits Bruggink naam it tiem op sleeptou troch net allinnich de spitsposysje yn te foljen mar ek de hoekskoppen te nimmen en ferrassend, de frije trapen. Doe't Bruggink de 1-1 makke karde de Belgyske Braamhaar de goal ûnterjochte ôf fanwege bûtenspul (ik bin der spesjaal noch foar opbleaun om de herhelling op Talpa te sjen jûns let). Gelokkich krige hy net syn twadde giele kaart foar it smiten mei de bal nei de grinsrjochter want wy hiene him noch nedich. Neidat Pranjic ús al op 1-1 setten hie bleau it Fean gefaarlik en nei in frije traap op de peal wist Arnold Bruggink it oan de oare kant wol foar elkoar te krijen. In prachtgoal dy't it stadion op syn kop sette. Nei noch in spannende blessuretiid fluite de skiedsrjochter foar it lêst. 3 punten foar it Fean, en mei de wedstryd fan Grins tsjin Ajax op it program snein soene wy no wol wer ris boppe Grins stean kinne...
+ 1 - 0 | § ¶Spam freontsjes
Sûnt in pear dagen is myn webloch frijwat populêrder. Der komme hieltyd mear reaksjes op. Mar troch al dy reaksjes snije de echt wichtige reaksjes (de Frysken) wat ûnder. Fandêr dat ik sa frij west haw om de Ingelske reaksjes efkes fuort te heljen. Ik hoop net dat jim it slim fine aardige spamfreontsjes? Dus of jim leare gewoan Frysk, of jim hawwe minder as fjouwerentweintich oeren wille fan jim reaksjes. Besparje jim de muoite en lit myn oprjochte freonen en besikers ek de romte krije dy't harren opmerkings fertsjinje...
+ 0 - 1 | § ¶Brakjes en Pakjes
Sa, de brokolly stiet al wer op it fjoer, de lêste jirpels lizze neaken yn in waarm badsje en trije noflike stikjes fleis lizze op it oanrjocht te wachtsjen oant hja in fet nij kleurke krije kinne. In net fegetaryske freondinne dy't dochs net sa bot fan fleis hâldt kin soms syn foardielen hawwe.
Om 14.30 moat ik my wer yn akseptabele tastân op de wurkflier befine by Friesche vlag dus no mar rap efkes wat bunkerje en dan der wer tsjinoan. Foar de leafhawwers fan Aldiwyn noch efkes in tip: Moarn pakjesjûn op de soas yn ferbân mei ús 8ste dies. Efkes foar de dúdlikheid, ús rûnte wurdt moarn 8 jier en wy bin dêrmei ien fan de âldste noch libjende rûnten fan Bernlef...
+ 1 - 0 | § ¶Ynrjochting
Sa at ik al earder ferteld haw binne wy dwaande mei de oanskaf fan in nij âld hûs. It hûs bestiet al hast in ieu mar it is noch net alhiel sa at wy it graach sjen soene. Dêrom moat der ferboud en renovearre wurde. Omdat der oan de binnenkant hast gjin muorre oerein bliuwt kin der frijwat boarte wurde mei de ynrjochting fan it hûs. Mar der binne fansels ek praktyske problemen lykas in kelder midden yn it hûs, in ferskaat oan frjemdsoartige ramen en doarren en in skean dak. Al moannen lang binne wy dwaande mei it tekenjen fan fodsjes mei yndielings, de iene noch moaier as de oare. Bynammen myn freondinne is dêr in held yn. Ik besteed soks leaver út oan saakkundiger folk. Sa haw ik myn omke frege om der ris nei te sjen. Mar troch it oanhâldend gemier fan de frou bin ik sa stadich wei oan sels ek hast ree foar in ynrjochting...
+ 1 - 0 | § ¶Sportman fan 'e ieu
Dat ik frijwat sportyf oanlein bin wie grif by elkenien wol bekend. Sa mei ik graach tsjin in plúmke slaan, in baltsje opgoaie, troch de wyn gean en ek oan it tou stean ik myn mantsje. Mar no docht bliken dat ik myn namme ienichsins mei haw. Want yn de nije Frysktalige film Sportman fan 'e ieu spilet Taeke (spitigernôch sûnder h) de rol fan de wrâldkampioen pealsitten. No is pealsitten fansels net myn ding, soks lit ik oan de froulju oer, mar grappich bliuwt it dochs wol. Foar de leafhawwers is der ek al in foarpriuwke te sjen. In leuk oanstekkend stikje muzyk sit der by. Fansels is it wol spitich dat de webside (noch net) yn it Frysk is. Ek it adres www.sportmanfaneieu.nl is noch frij (tip). Neffens Omrop Fryslân hoopje de makkers mei te liftsjen op it súkses fan oare Fryske films lykas Nynke en de Kameleon. De film giet 3 april yn premjêre yn Tivoli yn Ljouwert. Dêrnei is er te sjen yn 35 bioskopen yn hiel Nederlân. Ik tink dat ik der mar efkes in kear hinne moat...
+ 0 - 1 | § ¶It Hearrenfean
In pynlike nederlaach yn Utrecht hat der foar soarge dat it Fean net oer Grins hinne nei it 5e plakje gien is mar dat Utrecht no oer sawol ús as Grins hinne nei it 5e plak gien is. Dat fyfde plak is hiel wichtich want mei it each op de kommende bekerfinales is de kâns hiel grut dat de earste 5 sawysa UEFAcup as Champions League spylje meie oar jier. De nûmers 6-9 moat dêr dan noch foar fjochtsje. Ik haw krekt sjoen dat oantemei de nûmer 12 (Roda JC) der noch in redelike kâns is om by de earste njoggen te kommen. At de stân sa bliuwt spylje wy yn de earste ronde tsjin NEC en dan tsjin de winner fan Grins - Twente. Dat soe fansels in moaie lotting foar Grins wêze. Earst tsjin de rivaal Twente en dêrnei om de trots fan it noarden tsjin it Fean. Mei it relatyf ienfâldige program fan Utrecht en Ajax dy't sûnt Huntelaar wer op steam komt sil it dreech wurde om fyfde te wurden, dus no net mear ferlieze blinder. RKC oprolje, Twente en NEC ferpletterje, skitterje tsjin Feyenoord en dan de trije punten pakke tsjin Willem II. AZ is oan it ein al wis fan in plakje by de earste 5 en moat ús de trije punten dan mar jaan as kadootsje fan Scheringa oan skiedend foarsitter Van der Velde...
+ 1 - 0 | § ¶Zwarte Cross
Neidat wy it der freedtejûn op de soas al efkes oer hân hawwe haw ik ris op it ynternet omstrúnt en wat mear ynformaasje fûn oer it Zwarte Cross festival. It sil dit jier hâlden wurde yn it wykein fan 21-23 july yn Lichtenvoorde. Foar 65 euro hast in kampingpaspartût dat dy tagong jout ta it folsleine festival. Yn 2005 wiene der sa'n 60.000 besikers en sjoen it feit dat it dit jier foar de tsiende kear hâlden wurde sil wurdt it grif noch grutter. Wat kin wy sa al ferwachtsje? Der is foar elk wol wat te rêden. Fan motercross oant muzyk, fan merke oant gekke stunts. Der falt genôch te laitsjen. Dêrneist sil der sa'n 30 bands út binnen en bûtenlân spylje op 5 ferskillende poadia ferdield oer trije dagen. Der sille skyfkesruters wêze, teatersjows en fansels bands yn ferskate genres: Rock, Pop, Blues, Hardrock. Reggae en sels Folk! Neist muzyk is der ek in soad romte foar motorcross. It is mei 60.000 besikers it grutse motorcrossevenemint fan West-Europa. Serieuse motorsport mei echte wrâldkampioenen wurde ôfwiksele mei bizarre klassen dêr't it publyk fermeitsje wichtiger is as it winnen. Der is in race by dêr't elkenien ferklaaid oan de start komt en in spesjale klasse dêr't dielnimmers sels in aparte masine ynelkoar set hawwe lykas bygelyks in Flintstonesmobyl, in iiskarre as sels in kameel. Ek is der fansels in spesjale brommerklasse, binne der sydspannen en der is in spesjale prominentenklasse. Allegear sille hja stride om de gouden helm. As lêste is der fansels de kemping. Dit is sels al ien grut evenemint. Prachtige sleurhutten en feestvierende minsken byelkoar. Op de kemping kinne 10.000 gasten in plak fine. Op de kemping is in eigen supermerk, badhûs (?), kapsalon, kampfjoer mei gitaren en fansels it Zwarte Cross kafee. Foar de grevo's is der dêrneist ek noch in tsjerketsjinst dus ek Marcel kin mei. Elkenien kin sels bier as oar floeiber guod meinimme nei dizze kemping dus in feest wurdt it sawysa. No mar hope dat ek aldiwyn tolereare wurde sil. Wolst mei, reagear dan mar efkes op dizze webloch...
+ 0 - 1 | § ¶Gewaldich
Juster ha wy eindelik ús nije trui fan de aldiwynrûnte krigen. In moaie donkerblauwe fleasetrui mei achterop yn wite letters it net besteande wurd Gewaldich. Neffens guon lju is de trui wat Machteldiaansk mar ik bin fan betinken dat it in moaie nije trui is dêr't wy as trouwe drinkers fan it edele Rebenschoppenfocht in soad wille yn hawwe sille. Oare wike freed is offisjeel ús dies en dêrom sille wy dan de freedtejûn in bytsje ombouwe sadat it net allinnich pypkesjûn is, mar ek pakjesjûn. Elkenien is wolkom om dan mei ús in pakje as twa trije te nuttigjen op it achtjierrich bestean fan ús gewaldige rûnte. Fierder hawwe wy ek ôfpraat om fan't simmer wer in Ekspedyzje Aldiwynson te organisearen dêr't wy mei myn legertinte de Fryske binnenwetters en har eilannen ûnfeilich meitsje sille. Dêrneist is der ek noch ôfsprutsen dat wy mooglik nei it Zwarte Cross festival sille. Ek dêr komt de legertine fansels wol fan pas...
+ 0 - 1 | § ¶Wat sinnichs taheakke?
It sil de trouwe besikers fan myn webloch grif net ûntgien wêze dat der sûnt in pear dagen wat mear reklame makke wurdt op dizze side. Dit binne net reklames dy't standaard yn Pivot sitte mar it bin Google Adsense reklames dy't troch my taheakke binne. Google levert de advertinsjes oan de hân fan de ynhâld fan de oanbelangjende side. Yn prinsipe soe it dan ek sa wêze moatte dat der wat sinnichs taheakke wurdt. Mar sa te sjen hat Google in bytsje muoite mei it Frysk. Dit nettsjinsteande it feit dat Google sels al jierren yn it Frysk oerset is. Kinst Google ek hielendal Frysktalich meitsje en dat is fansels geweldich moai. Dêr kin Bil Gates mei syn Windows mar in foarbyld oan nimme. Dat Google my op dit stuit in lytse poppe ta ha wol yn in hotel yn Fryslân is wol grappich, mar dêr binne wy noch lang net oan ta. Earst mar ris in eigen hûs yn Fryslân. Mar dêr wurdt oan wurke fansels. De muorren stean der wierskynlik al en it dak sit der ek al sa'n hûndert jier op...
+ 1 - 0 | § ¶Der baarnt in fjoer in my, in libbenslang ferlet
De kâns is frij grut dat ik noch dit jier út Grins wei ferhûzje om my wer yn it heitelân te festigjen. Wy hawwe op dit stuit in opsje op it hûs dêr't eartiids de pake en beppe fan myn freondinne wenne hawwe. Op dit stuit bin wy oan it útsykjen wat der mei dit hûs mooglik is en wat dêrfan de kosten wêze sille. Der moat yn alle gefallen in protte ferboud wurde. Eins moat it folsleine hûs renovearre wurde. Oan it ein fan de rit soene wy der dan in moaie eigen frijsteande wenning yn it moaie Fryske doarpke Rottefalle oan oerhâlde kinne. It is noch net 100% wis dat de keap trochgiet, mar it hat goeie kâns fan slachjen. Nei 10 jier Grins wurdt it wer tiid om werom te kearen. De tiid hâldt gjin skoft en der baarnt in fjoer yn my, in libbenslang ferlet...
+ 1 - 0 | § ¶Myn stim kwyt
Doe't ik juster nei it plúmkejeien soe wie ik fan doel earst noch efkes myn stim út te bringen foar de gemeenteriedsferkiezings. Mar by de auto koe ik ynienen myn stimbiljet net mear fine. Ek yn de hûs lei it net mear die bliken nei in tillefoantsje mei de freondinne fia de ynterkom. No ja, dan giet it oer fansels, want ik hie myn paspoart ek net by my. Ien fan de potinsjele riedsleden hat dus no eins in stim minder mar ik haw it efkes neisocht en it hie yn dit gefal gelokkich gjin ferskil makke. No hear ik ek ris by de grutste partij, de Net-stimmers. Dy groep is noch altyd grutter as de freontsjes fan Wouter...
+ 1 - 0 | § ¶Roden út
Ik bin krekt wer werom út Roden dêr't wy yn de rekreanteplúmkejeikompetysje oanrukke moasten tsjin it pleatselike earste tiem. Roden leit eins hast tsjin Grins oan mar it is al wol yn Drinte mar al mei al wiene wy moai op tiid yn de hal. Alteast, dat tochten wy. Want wy hiene fan ús kompetysjeliedster troch krigen dat wy dêr 21.00 begjinne moasten. Mar sy ferwachten ús al om 20.00 oere. Omdat hja de seal mar oant 22.30 hiene moasten wy dus flink trochspylje. Mar yn de moaie sporthal fan Roden slagge dat mei 4 fjilden wol. Wy hawwe yn Grins in sporthal mei mar 6 banen, Assen hie der yn totaal 9 mar Roden ferslaat wat dat oangiet elkenien. Yn dy sporthal lizze mar leafst 18 badmintonfjilden. Wy koene dan ek fuort alle fjouwer los yn it inkelspul. It gie flot en elkenien koe yn 2 setten in beslissing forseare. Myn inkelspul haw ik frij ienfâldich wûn en ek de beide froulju wûnen harren partij. Allinnich Eddy, dy't krekt in bytsje heal west wie, slagge it net om syn inkelpartij te winnen. De stân wie doe al 1-3 yn ús foardiel fansels. De beide froulju wonnen dêrnei ek it dûbelspul mar Eddy en ik ferlearen dizze krekt mei 15-12 en 15-13. 2-4 brocht ús noch foar de miksdûbels dus al wer op it selde tal punten as ferline wike yn Assen. Sjoen it feit dat ik fan de hear wûn hie en Liselot fan har dame mocht it miksen fansels ek gjin probleem wêze. Dat wie it ek net. Eddy en Femke koene it dêrnei yn de miks krekt net rêde en slút dizze winnend ôf. Wol slagge it om foar 22.30 (wy hiene noch 4 minuten oer) út te wêzen. Dêrnei hawwe wy de oerwinning noch efkes fiert mei in drankje en in bitterbaltsje. 3-5 jout ús nei de 4-4 yn Assen nei twa útwedstriden fansels in moai puntental fan 3 dêr't wy grif mei yn de top 3 stean sille. Ik sil ynkoarten it ynternet ris ôfstrune om te sjen at de stân ek earne byhâlden wurdt...
+ 1 - 0 | § ¶Stimme
Moarn sil ik myn stim útbringe mar op wa? Neffens de stimwizer soe ik foar de VVD kieze moatte mar dat mei net fan Amarins. As ûndernimmer soe ik fansels ek op de VVD stimme moatte, mar de VVD is wol de meast anty-Fryske partij dy't ik my mar yntinke kin. Soks makket it kiezen dreech. Fansels bin der ek in stik as wat minsken dy't ik persoanlik kin dy't op de list stean. Mar dan soe ik dus net allinnich in partij kieze moatte, mar ek noch ien fan dy persoanen. Fansels gun ik elkenien dy't as listtriuwer op de list stiet in soad stimmen. Wat dat oangiet is it krekt Hyves of net Jan Ale? Probleem is allinnich dat de measten by Student en Stad op de list stean. En hoewol't dat grif in prima partij wêze sil is it net myn partij. De mearderheid hat it mar maklik, dy kin gewoan blanko stimme, mar wat moat in minderheid lykas my stimme? Earst noch mar in nachtsje der oer sliepe...
+ 1 - 0 | § ¶Foljebal
It wurdt wer in sportive wike. Hjoed hawwe wy famyljefoljebal toernoai spile, moarn moat ik wer plúmkejeie (trene) en tiisdei spylje wy al wer ús twadde kompetysjeduel fan it plúmkejeien út tsjin Roden. De kilo's sille der dan ek oan alle kanten wer ôffleane want ek moat ik dizze wike noch 4 kear in oere op de fyts sitte. Mar ik wie dus bleaun by it foljeballen. Ien kear per jier komt alle famylje fan Beppe Kuipers (broers en susters foar safier't dy noch libje en harren neiteam) byien yn de Doniahal fan Sint Nyk om dêr in geweldige sportive middei te fieren. Earst meie de alderlytskes efkes tsjin in bal oan skoppe, dêrnei de wat âlderen, en dan begjint it hichtepunt. In echt foljebaltoernoai mei 10 tiems op 2 fjilden. Fansels is meidwaan wichtiger as winnen. Der leit sawysa gjin priis klear foar de winners útsein in jûn lang beare. Folle wichtiger is fansels de ûnderlinge kompetysje tusken heit en soan, mem en dochter en broerkes en suskes ûnderelkoar. Om't ús heit noch net sa fluch is op syn nije knibbel, en ús mem ek net mear de jongste is wie der dus bynammen ear te heljen tsjin myn suske Rinkje en har freon Marcel. Rinkje ha wy fuort yn de earste omloop al oerwonnen, dat wie net sa dreech. Marcel hie noch alles wûn doe't wy yn de lêste wedstryd tsjin him spilen. Wy hiene 2 wûn en 1 ferlern op dat stuit. It gie gelyk op en yn de allerlêste minút wie de stân 20-20. Doe kaam der in hiele lange rally wêrby't ik 2 sekonden foar tiid de bal noch nei de grûn drukke koe. Einstân yn huize Kuipers wie dus 2-0 yn myn foardiel...
+ 0 - 1 | § ¶It orakel fan de Kameleon
It orakel fan Diever, de brontosaurus dy't neffens Alexander Pechtold mear ferstân fan fersekerings hat, hat yn Grins wer fan him hearre litten. De rol fan D66 wie neffens him útspile en it jonkje Alexander koe wol wer nei Weinum. Wouter Bos moast him net ferskûlje efter de beammen mar ris mei in dúdlike miening nei foaren komme. Dat er D66 sa oanfoel fûn ik net sa taktysk fan him, se sitte ommers noch mei elkoar yn in koalyzje, en sûnder D66 wie de VVD net iens yn in kabinet kaam. Mar wat de PVDA oanbelanget hie Wiegel wol gelyk. Wouter Bos seit wol dat it safolle better kin, mar wêr wol hy dan it jild weihelje om it safolle better te dwaan? It is altyd as dit as dat. Polityk is keuzes meitsjen en wat my oanbelanget kieze wy Wiegel kommend jier as Minister Presidint. Dan ha wy wer immen om tsjinop te sjen. Doe't ik him juster seach moast ik trouwens fuort wer efkes tinke oan syn optreden yn ús Kameleonfilm...
+ 1 - 0 | § ¶Mingde gefoelens
Justerjûn moast ik sa't jim al wisten nei Assen ta om te plúmkejeien. Wy bin mei de trein hinne west mar omdat myn kollegaplúmkejeiers wat letter op it stasjon wiene haw ik earst noch mar efkes nei de Burgerking west. Tsjonge jonge wat in net effisjent soadsje is it dêr sis. Lange wachtrijen, te min kassa's iepen en persoaniel dat op har alve en tritichst te wurk giet. No ja, it slagge yn elk gefal noch krekt op tiid de trein te pakken. Oankaam yn Assen waarden wy oppikt troch Liselot dy't al mei de auto yn Assen wie. Fia in iritante mar fierder wol korrekte rûtebeskriuwing fan ús koatzj Femke Flederus (ik soe har namme efkes neame omdat sy neffens har net te finen wie yn google en sy dus om dy reden ek net ûntgoogle hoegde te wurden) kamen wy rap yn de Timp oan dêr't myn freondinne al op ús siet te wachtsjen. Nei efkes ynspile te hawwen kamen wy al rap tot de konklúzje dat it plafond leger wie as by ús, de shuttles sneller wiene as by ús en dat ek it ljocht oars wie as by ús. Ik begûn fuort as earste hear myn inkelspul en ear't ik it yn de gaten hie stie ik al mei 8-0 efter. Dat gong wat te mâl mar doe't ik wat mear oan de omstannichheden went wie kaam ik noch werom tot 10-11 mar troch in ûngelokkige slach wêrby't ik mysels mei in 'around and against the head' slach in opdonder joech wie ik sa fan slach dat de earste set mei 15-11 ferlern gie. De twadde set slagge it my net om de opslach binnen te linen te hâlden wêrtroch dizze flot dien wie, 15-1 (gr...). Sa stiene wy al rap mei 1-0 efter mar gelokkich wist ús twadde hear Eddy wol te winnen. Us earste dame (myn freondinne) ferlear ek, mei trochdat sy troch de inkel gien wie. Ik hie dêr neat fan meikrigen omdat ik doe sels op it oare fjild aktyf wie. Gelokkich koe Liselot de stân wer rjochtlûke troch 2 kear mei 0-11 te winnen fan har dame. De stân wie dus nei de inkelspullen 2-2. Doe kaam ús moaiste partij, de hearen dûbel. Eddy en ik wûnen de ears set ienfâldich mei 15-6 ofsa. Wy stiene doe nei de muorre ta te spyljen. Mar yn de twadde set ferlearen wy frijwat ienfâldich omdat it sicht dêr hiel oars wie. Efter it fjild wiene noch 2 fjilden te sjen wêrtroch't de djipte wat fuortfoel. In trije setter waard it dus en yn dy lêste set foel de beslissing pas op it aller aller lêste momint. Wy kamen samar mei 8-2 foar mar doe moasten wy wer nei de beroerde kant en sa wie it ek samar wer gelyk. Gelokkich kamen wy as earste op 14 mar ek dat waard wer 14-14. In ferlinging oant 17 dan mar. De opslach gie in pear kear hinne en wer op 14-14 mar úteinlik kamen ús tsjinstanders wol op 16-14. Wy fochten ús der wer neist mar op 16-16 moasten wy dochs wer de opslach oerdwaan nei de oare kant. Mar troch spanning, adrenaline en wit ik wat net mear slagge it ús tsjinstanders net mear it punt te meitsjen. Mei 2 opslagen foar ús naam ik wat ekstra risiko op myn earste slach. En mei in bekeken opslach yn it linkse hoekje koe ik de tsjinstander út balans krije wêrnei't wy it mei in smash ôfmeitsje koene. 16-17 dus en in soad bloed, swit en triennen. Spitigernôch hiene de froulju it dûbelspul yn in trijesetter ferlern, de stân wie no 3-3. Mei myn freondinne haw ik it miksdûbel spile en dat gie boven ferwachting goed. Wy wonnen frij ienfâldich de beide setten. Spitigernôch ferlearen Eddy en Femke Flederus harren partij wêrtroch't de einstân op 4-4 kaam. In terjochte en swier befochten lykspul wêrby't wy net in punt ferlern hawwe mar in punt wûn. Ik baal no wol fan myn inkelspul, mar trochdat ik by 2 fan de 4 punten belutsen wie haw ik der dochs noch wol in goed gefoel oan oer hâlden. Kommende tiisdei stiet al wer ús twadde útwedstryd op it programma. Om 21.00 spylje wy dan yn Roden...
+ 0 - 1 | § ¶Rekreantekompetysje
Ik sit sûnt in pear jier wer op badminton. Eartiids doe't ik noch yn Sint Nyk wenne haw ik ek jierren op dizze sport sitten mar nei't ik nei Grins ferhûze bin is it der wat by bleaun. No bin ik tegearre mei de freondinne lid fan BC GO!, de feriening dy't sûnt har füzje ien fan de gruttere badmintonferienings fan Grinslân wurden is. Alle moandeis trene wy en spylje wy foar de aardichheid wat partijtsjes. Mar omdat ik ek wol graach efkes fanatyk spylje wol doch ik dit jier mei oan de rekreantekompetysje. Fannejûn is ús earste wedstryd, út nei Assen. Wat it wurde sil wit ik noch net. It is noch net dúdlik hoe sterk at wy yndield binne. Ik hoop dat wy in sterke poule krije, mar dat wy fansels wol alle partijen nei drege trijesetters winnend ôflslute kinne. Mochten jim ús oanmoedigje wolle. Us earste wedstryd is dus fannejûn om 19.00 oere yn de Timp yn Assen. Moarn hearre jim wol hoe't wy it der ôfbrocht hawwe. Ik haw no in hin ophokt yn de oven en dy is hast klear, dus ik soe sizze: "de heudy en oant moarn!"
+ 0 - 1 | § ¶Sudoku
Jim kinne se grif wol, de sudoku's dêr't je tsjintwurdich yn alle kranten mei platgoaid wurde. Meastentiids bin dizzen allinnich fan it nivo minder as in kertier. Ik moat sizze dat myn Sudokufily al wer wat oer is mar it is soms wol efkes in moai tiidferdriuw op it wurk. Jarig hat my in oartsje ferlyn in super-sudoku stjoerd fan 16x16 en dat wie in stik aardiger. Dêr kinne je hast in dei mei folje. Om't myn bedriuw stiper is fan Bernlef moast der ek in advertinsje yn de Harpe fan Bernlef fansels. Ik haw keazen foar in Sudoku om sa it gemiddelde nivo fan myn klanten wat op te krikken. Mar omdat it foar de measte Bernleffers dochs te slim fûn wurdt jou ik no ek oaren de kâns om dizze Sudoku op te lossen en yn te stjoeren. Dus doch allegear efkes jim bêst en folje yn dat ding. Faaks winne jim in eigen domeinnamme...




