+ 0 - 0 | § ¶Forza Hearrenfean olee olee
Jaaaaaaaaaaa, we (lês sportklub Hearrenfean) ha wûn yn Twente mei in spetterjende 0-1 yn wat neffens teletekst wer in draak fan in wedstryd wie. Dat biedt perspektyf foar de takomst. Woansdei faaks de lêste wedstryd fan it seisoen, it ôfskied fan Arnold Bruggink en Marcel Seip en fansels dochs wer Europa yn. Of soe Twente noch wat presteare kinne op it Fean? Wy ha se oars al 3 kear ferslein dit seisoen dat wy ha der no wol it measte rjocht op. Hast noch gjin kaart foar de play offs, it Fean hat dy no dochs echt efkes nedich. Dus helje op dy kaart en atst nocht hast om mei te sjongen, besykje dan in kaart foar fak 10 te krijen. Atst gewoan swetse wolst oer dingen dy't neat mei it Fean te krijen hawwe, nim dan mar gewoan in kaartsje foar op de haadtribune ofsa...
+ 0 - 0 | § ¶Jierdei syn bul, ik wer jetlêk...
Jaja, wat net ien mear ferwachte hie is dan dochs noch bart. Jarig (Jierdei) hat juster syn bul krigen en dêrom hâlde hy tegearre mei Femke, dy't al har twadde bul krige, in feest. Spitigernôch moast ik earst noch efkes wurkje wêrtroch't ik pas nei 23.00 oere op it feest wie. Jierdei syn âlden wiene doe al wer fuort. Wol haw ik noch efkes mei de heit fan Femke praat. Dy koe my noch wol om't ik yn Follegea west hie mei de Kameleonfilm. Grappich dat minsken soks sa goed by bliuwt. It feestje wie gesellich en der wie wer aardich wat floeiber guod yn omloop. Dat sa koe it barre dat der wer flink wat ôfsmookt waard yn soasjeteit de Pizel. Bynammen nei dat de beide bulbesitters op hûs oan setten wie it sicht minder as in meter. Dêr waard troch in inkeld 'Krols' typke handich misbrûk fan makke. Spitich dat ik de taap oernaam haw om in oerke as fiif want dêrtroch falle de aktiviteiten yn it bestjoershok ûnder beropsgeheim. Dy ynformaasje sil ik dus mar 'ûnder de tafel hâlde'. Yn alle gefallen wie ik fannemoarn om 9.00 thús en dat is wol wer in rekôr fan dit jier tinkt my. Fannemiddei lekker op bêd lein en no haw ik dus wer jetlêk...
+ 0 - 0 | § ¶Yn Grins libje de play offs wol
Ik haw hjoed dochs mar wer efkes in kaartsje kocht foar de wedstryd tsjin FC Twente fan kommende woansdei. Ik wit dat it spul net om oan te sjen is, mar hooplik is de spanning der nei snein noch net alhiel út en kin it Fean mei stipe fan in fol stadion dochs noch in lyts kroantsje op dit seisoen pleatse. De kaartferkeap gie hjoed los om 10.00 mar om 13.00 koe ik noch gewoan in kaart helje foar fak 10 dus dat betsjut dat it wer net stoarm rint. Dan docht Grins it wat dat oanbelanget in stik better. Dêr wiene de kaarten nei in kertier al op. De earsten stiene om seis oere moarns al foar de doar fan de sigarewinkels. Sels nei de 2-0 yn Amstedam leaue de Grinzers noch yn in goed risseltaat, en wêrom ek net. De hel fan it Noarden is noch altyd in hast ûnnimber fort west, en gie Ajax dêr oan it ein fan de kompetysje ek net lekker ûnderút? No ja, dy Grinzers moat har mar rêde. Wy hawwe earst genôch oan ús holle wat dy Tukkers oanbelanget...
+ 0 - 0 | § ¶Hurde medisinen test
Vindicat en Albertus wiene hjoed wer efkes yn it nijs. Hja sille fan no ôf de mooglikheid hawwe om by leden fan dizze studinteferienings in hurde medisyn test út te fieren, dit alles op oanrieden fan Donald Uges. Uges is de toksikolooch dy't ûnderoaren de twadde miening joech by it bloed fan Milosevic. Hy hat dit plan oandroegen as foarsitter fan de ACI, de Advies Commissie Introductietijden. No haw ik 5 jier ferlyn sels ek ekstern bestjoerslid west fan in studinteferiening (Bernlef) en yn dat ferbân haw ik ek wol ris mei Uges om tafel sitten. Al yn 2000 woe Uges de studinteferienings in ferplichte urinetest foar foarstejiers foarskriuwe om sa te sjen oft hja ek kokaïne brûkten. No, sa'n 6 jier letter is it him dochs slagge en helje de grutte ferienings oer in stapke dy kant op te meitsjen. Want it stelt eins neat foar fansels. Pas at der konkrete oanwizings binne sil immen de test no ûndergean moatte. By Albertus wurde jo dan skrast, by Vindicat komt der in tydlike skrassing. Tsja, in geweldich plan minsken. Sa brûkt der straks by de studinteferienings gjinien mear kokaïne, want alle kooksnuvers wurde skrast. Mar se bliuwe fansels wol ferslaafd, mar at se net mear lid bin fan in studinteferiening hâld it foar Uges en syn ACI op fansels. Want in kooksnuver op strjitte soarget net foar in minne namme fan Grins as stúdzjestêd en dêr is it de Universiteit noch altyd om te dwaan fansels...
+ 0 - 0 | § ¶De man fan de wedstryd
Ik kom krekt werom fan it Hearrenfean dy't yn de earste omloop fan de play-offs tsjin Roda JC spylje moasten. Ut wie it in kânsleaze 0-0 wurden wat fansels foar in soad spanning soarge yn de thúswedstryd. No haw ik it Fean de lêste tiid wol gauris spyljen sjoen en it fuotbaljen hâldt de lêste tiid net oer. De earste 10 minuten foelen my dan ek 100% ta. It Fean hie Roda JC aardich yn de macht en it like der op as makken wy in aardige kâns om in ronde fierder te kommen. Nei in útfal fan Pranjic dy't troch Vincent Lachambre (In Bels) efter syn eigen doelman wurke waard stiene wy ynienen mei 1-0 foar en doe wie it ek oer mei it fuotbaljen. Fan it doelpunt like wol in ferlamjende wurking út te gean en dêrtroch krige Roda ek kâns fansels. By 1-1 soe Roda trochgean dus it waard noch frijwat spannend. Bynammen ek omdat de skiedsrjochter net echt reklame makke foar 'Specsavers'. Sa seach hy oeral oertredings fan it Fean, mar de doelman fan Roda mocht wol in weromspylbal samar oppakke. Ek by de ynworpen sieten hja der gauris neist. It wie mar goed dat Brian Vandenbussche wer frij aardich syn doel skjin hâlde koe. Al hy er bytiden wol in ingeltsje op 'e latte sitten. Brian waard ek man fan de wedstryd, dêrmei wie hy de twadde man út Belzenlân dy't goeie saken foar ús die dizze jûn.Wa't yn elk gefal net de man fan de wedstryd wie wie ús trommelaar. Nei't er oan de iene kant fan it fak net genôch minsken mei krije koe gie er nei rêst oan de oare kant stean mei syn trommel. No moat ik sizze dat ik de trommel wol wurdearje, mar dan leaver in eintsje fierderop. It kommintaar fan it tamboerke wie yn alle gefallen de helte minder. Sa mocht ik net freegje om in wiksel foar Mark de Vries omdat dat ien fan ús wie. No dat kin dan wol sa wêze, mar at dy man net yn de wedstryd sit, dan moat er oppakke. Gelokkich krige Gert Jan dat letter ek yn de gaten. No op nei Twente, it sil wol wer dreech wurde at ús 'spitsen' net op tiid wer fit binne...
+ 0 - 0 | § ¶Spullen gelyk
Mei noch altyd frijwat te min winken yn de eachen teach ik nei it stedsperk fan Grins ta om dêr wer in baltsje te slaan. Mei yn de achterholle it moaie waar fan de ôfrûne middei soe it wol ris drok wurde kin oan de stuit. Mar dat foel bot ôf. Wy wiene mar mei ús fjouweren. 2 manlju en 2 froulju wat op 'm sels fansels krekt genôch wie om mei te pearkekeatsen mar dan moat der wol ballen en linen wêze fansels. No nei wat hinne-en-wer skiljen die bliken dat Germ mei noch 3 man ûnderweis wie fanôf de soas en hy hie it guod by him. Doe't er in goed heal oere te let oankaam koene wy los. Mar om't it noch altyd betiid tsjuster wurdt begûnen wy mei in spul gelyk (2-2). Efternei besjoen hiene wy better mei 2 spullen gelyk begjinne kinnen fansels want neidat wy op 4-2 foarkaam wiene kamen ús tsjinstanders op steam sadat wy wer ris mei 5-4 oan de broek krigen. Ik wol leauwe dat ik dit seisoen noch gjin wedstryd wûn haw mei it keatsen dat dat moat al oars fansels. Miskien moat ik oare kear mar wer yn de B-klasse...
+ 0 - 0 | § ¶'Acht - Leafde'
Yn prinsipe soe ik fannemoarn útsliepe mar al frijwat betiid skille Capac om te freegjen at ik ek wurkje koe. No dit koe ik eins net oan my foarby gean litte dat al om 9.30 siet ik op it fytske en mei faasje nei de Friesche vlag ta. Yn de kuolsel koe ik noch wol wekker bliuwe en fansels helpt in pear noflike bakjes sop in minske ek de dei wol troch. Om 15.45 wie ik klear en doe moast ik noch rap iten siede (Lasagna foar wa't it yntresearret) want al om 19.00 moast ús tiem oantrede yn de Sporthal fan Selwerd tsjin de Space Shuttles út Roden. Ut hiene wy dêr mei 5-3 wûn dat wy wisten fansels dat wy se ha koene mar ik wie alteast net yn in topkondysje mei mar goed 15 oerkes sliep yn 3 dagen en mei it toernoai fan snein noch yn de fuotten. Dochs gie it frijwat ienfâldich en sa koe ik myn inkelspul sûnder al te folle moeite behâlde. Ek Eddy wie rap klear en omdat de froulju fan de tsjinstander wat letter kamen hawwe wy doe ek fuort it manljusdûbeldspul mar ôfhannele. Ek net al te dreech dat sa wie it by oankomst fan de froulju út Roden al 3-0 foar ús. Myn freondinne hie gjin inkeld probleem yn it inkelspul en ek Femke koe it rêde al skeelde it mar in hier oars hiene hja noch in tredde set spylje moatten. It frouljusdûbel gie ek ienfâldich en sa stiene wy mei de miks noch yn it foarútsjoch al komfortabel mei 6-0 foar. De oaren wûnen ek dy ienfâldich mar Femke en ik wiene net genôch konsintreare en lieten de earste set út ús hannen glippe. It makke net in soad ferskil want yn de twadde en tredde set wiene wy wer hear en master en sa wie it dus in rojale en folslein fertsjinne 8-0 oerwinning. Ek sûnder Liselot kinne wy dus wol punten helje, sa docht bliken. Om 22.00 wiene wy klear en nei dat wy efkes lekker ûnder de brûs west hiene skoden wy oan de stamtafel oan yn de kantine. Us kantinejuffer hie spitigernôch net mear rekkene op klandyzje want doe't wy noch mar krekt it twadde drankje besteld hiene woe hja ús der al útsmite. Wy kamen oars ommers ek nea efkes neisitten wie it argumint. No Tinie, dat wie dan it lêste drankje datst my ea skonken hast want dy anti Fryske grapkes, dêr koe ik noch wol om laitsje, mar at it sa ûnbeskoft moat wylst wy gasten op besite hawwe dan hast it by my wol goed bedoarn. Tinie bedankt!!!
+ 0 - 0 | § ¶Lege hannen en in folle maach
Fannemoarn gie de wekker noch earder as juster. Al om 9.00 waard ik rûch út myn koarte sliep helle want ik moast om 10.01 al yn de Q-liner op nei Sint Nyk. It wie wer let juster, nei in trage start troch omstannichheden en in kater fan de jûn dêrfoar duorre it efkes eart ik myn plakje fûn hie. Mar neidat de Dieskommisje ús traktearre hie op sipelsop en sûkerbôle kaam de fleur der wer wat yn. Sa haw ik mei oankommend ponghâlder Gerbrandy in romerke Strohrum (minder as 20% wetter) efteroer slein en wy hawwe in leuk stikje muzyk hân fan de band 6th gear. Eindelik wer ris in wat stevigere rockband ynstee fan al dat weakere spul fan de lêste tiid. Nei lang omswalkjen bedarre ik úteinlik om goed 5.30 yn myn nêst dêr't ik dus rap wer útpiipe waard. Ik soe earst op de fyts mar brak as ik wie like it my dochs better en gean mei de stedsbus. Mar om dat de oansluting net hielendal optimaal wie wie ik al om goed 9.40 op it sintraal stasjon wylst de bus pas om 10.01 gie. Dan earst mar nei de Burger Kening foar it moarnsiten. Spitigernôch wie dizze pas om 10.00 iepen en ôm't in kâlde burger ek net alles is en ik gjin nocht hie om hurd te draven haw ik dochs mar keazen foar in broadsje klearebare sûnens. Op nei de Q-liner dêr't ik mar wer foar in deikaart keazen haw. Foar €8,60 kinst in inkelde reis nei de Jouwer krije. Mar foar €10,- kinst de hiele dei fergees mei de Q-liner. Dat is dus folle goedkeaper. Op 'e Jouwer stie ús heit al op my te wachtsjen mei de auto want ja, it iepenbier ferfier yn Sint Nyk is net sa bêst mear de lêste tiid, en al hielendal net op snein. Ik koe pas om 13.23 fanút Grins yn Sint Nyk komme mei it iepenbier fervier en dan moast ik ek noch om 10.20 al fuort om mei de trein fia Snits te plak te wêzen. No ja, efkes by mem sjoen en doe mei har nei de sporthal ta foar it jierlikse plúmkejeitoernoai fan myn âld klub 'De Plúmkejeiers'. Fuort de earste wedstryd moast ik mei ús mem tsjin myn neefke Aerjen. Dat like wol frij goed te gean mar doe krigen hja in goeie seary. En troch myn jetlêk ensa koe ik net lekker folút smesse dat wy ferlearen dy partij. Letter haw ik bûten de wedstriden om yn in inkelpartij wol fan Aerjen wûn lokkigernôch. No ja, ik haw in pear kear wûn en in pear kear ferlern, hiel leuk spile en in moaie dei hân mar fansels nei ôfrin gjin priis en dus mei lege hannen. Gelokkich hie de organisaasje ek poerbêst foar de ynwindige minske soarge want Iwan en Ria hiene wer in poerbêst kâld en waarm bufet gearstald dêr't bynammen de hinnepoatsjes my poerbêst befoelen. Ta eintsje beslút moast ik om 19.20 wer op nei Grins omdat in lettere ferbining net mooglik wie. Gelokkich woe de sjauffeur my ek yn de gewoane bus mei hawwe op de deikaart fan de Q-liner dus dat skeelde wer 6 strippen. Yn Grins moast ik noch in 20 minuten wachtsje op de stêdsbus en sa kaam ik wer yn Grins dêr't de freondinne al op my siet te wachtsjen...
+ 0 - 0 | § ¶Nergens tiid foar en dochs in time out...
Justerjûn (fannemoarn) wie ik om 6.00 oere thús nei in besite oan it jierdeifeestke fan Gerlind en it oanslutende efterneifeestke op de soas fan Bernlef. Mar de wekker gie al wer om 11.00 oere en ik wist by god net mear wêrom. Gelokkich kaam myn freondinne mei de oplossing fan dit riedsel. Ik soe efkes nei it balskoppen tusken de âldleden en de lêden fan Bernlef. No hawwe wy dat de ôfrûne jierren as leden gauris won dat ik wie wol benijd. Net dat ik ea meidien haw fansels, want balskoppen is myn ding net sa. Ik hâld it mar by silen, keatsen en plúmkejeien. It moast al efkes wenne om de âldleden oan te moedigjen mar it slagge aardich en mei 1-0 giene wy de rêst yn. Yn de rêst ballen de famkes efkes en dat hie net in soad mei balskoppen te meitsjen, mar it wie dochs in hiele aardichheid om nei te sjen, al hiene de koarte broekjes fansels wol oanmochten. Nei de rêst kamen de mannen wer it fjild op mar doe die bliken dat de leden dochs wat mear ynhâld hiene. Hja kamen dan ek op in 1-2 foarsprong mar troch in prachtige Paul Bosvelt weardige lob waard de einstân dochs 2-2. Omdat de leden it duel graach mei strafskoppen beslisse woene moasten der noch twa kear fiif minsken mei stielen senuws oantrede. Mar al by de twadde poging miste oankommend foarsitter en notiidsk dieskommisjelid Jorrit Rodenhuis. Syn skot waard ienfâldich blokt troch de útblinkjende Siebren de Jong. Sjoen it feit dat de âldleden wol kâldbloedich bleaunen waard it dus mei 5-3 beslist yn ús foardiel. Tiid foar in feestje dat op nei de soas. Nei in flink stikje resepsje dêr't in protte minsken efkes delkamen wêrûnder de wrâldferneame Jacobien 'Dolly' Hiemstra, it famke dêr't se der wol 100 fan klone meie. Nei de gebrûkelike plichtplegings bedarren wy mei in tweintichtal âldleden yn de 'Time Out' oan de Poelestrjitte. Dêr hawwe wy lekker iten en in stikmannich drankjes hân. Wat dat oangiet wie dat poerbêst regele. Dêrnei wer rap it feest yn want nei dy 'time out' koene wy wer trochpakke fansels. Moarn mear hjiroer fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Bûtendei as Baaldei?
In moai nustje Bernleffers is hjoed op bûtendei mei de Dieskommisje. Twa jier ferlyn hawwe wy dat organisearre wat in machtich moai feestje wie. Mar no bin ik âldlid en ik fiel my dan ek net roppen om mei te gean, al bin ik noch wol troch de Dieskommisje frege om mei te gean. Fansels hiel aardich fan harren, mar ik moast hjoed ek wurkje dat it koe sawysa net troch gean. Sjoen it feit dat ik juster ek al efkes op de soas west haw en pas om 00.30 op bêd lei wylst myn wekker al wer om 5.15 gie kinne jim jim wol yntinke dat it wer in swiere dei wurde soe. No dat wie it dus ek. Ik haw hjoed net echt produktyf west en ik haw hast mear guod fan de pallets ôfriden dan stean litten. It wie dan ek mar goed dat ik tusken de middei efkes in fiskmomint hie. In lekkere sâlte hjerring docht soms wûnders en it jout boppedat reden om it akwarium jûn wer efkes goed by te foljen. Gelokkich bin ik noch hiel thús kaam want op it fytske koe ik ek mar dreech op koers bliuwe. No sa earst mar efkes in lyts tukje tink ik, en dan jûn der wer mei frisse moed en wat fris mei bearenburch der yn op. Want it kommend wykein falt der wer gjin rêst te ferwachtsjen...
+ 0 - 0 | § ¶Bananesop
Foar de leafhawwers fan in lekker bakje sop haw ik noch wol in lekker resept yn hûs. De freondinne moat moarn mei de kolega's út iten en elk moat wat lekkers meitsje. Ik haw tegearre mei har in pear liter bananesop makke. Wolle jim dat ek in kear meitsje? It is hiel ienfâldich en ek ideaal foar de fega's want it is fleisleas. Foar 4 persoanen giest als folcht te wurk: Fan 2 boskjes bosksipels hellest it grien fuort en snijst it wite part yn skyfkes. Dêrnei skylst 4 teantsjes knyflok en ek dy snijst yn skyfkes. Dit selde jild foar 4 lytse bananen. Dêrnei moatst 2 reade pipers trochmidden snije, de pitsjes der út helje (net yn de eachen wriuwe) en dêrnei yn lytse stikjes snije. Ferwaarm dêrnei yn in panne 3 ytleppels arachideoalje en fruit dêryn de bosksipeltsjes en de knyflok ien minút. Blus it dêrnei mei 800 mililiter grientebûljon en 400 mililiter kokosmolke. Ried der dan 6 teeleppels sojasaus, 1 teeleppel sûker en in heale teeleppel sâlt trochhinne. Bring de sop op smaak mei piper út de mûne en lit it dan 5 minuten op in leech pitsje siede. Smyt der dan trije kwart fan de bananen en de pipers troch en purear it saakje mei de staafmjukser oant it smeuïch wurdt. Heakje dan de rest fan de bananen en de pipers ta en lit it noch 3 minuten troch pruttelje. Lekker ite...
+ 0 - 0 | § ¶Jierdeis
It bin allegear wer jierdeis kommende wike. Hjoed hat myn suske Rinkje de jierdei, se wurdt alwer 28 en wy sille daalks efkes by har sjen yn Goor. Sneon tinkt Gerlind (ransaapke) dat sy jierdei is mar omdat ek Bernlef op dy dei de jierdei fiert (Dies Natalis) sille wy freedtejûn efkes by Gerlind thús sjen en dêr de noadige pakjes aldiwyn nei binnen ta wurkje. Fansels moat der ek wer kadootsjes komme mar foar Rinkje is dat net sa moeilik want dy krijt alle jierren in stikje webhosting fan my mei har eigen domeinnamme rinkje.nl dêrby. Foar Gerlind haw ik ek al in skoftke wat ransichs yn 'e hûs lizzen en Bernlef, ach dy ferbliidzje ik wol gewoan mei myn geselskip...
+ 0 - 0 | § ¶Joadelahidihido!&hop!hop!
Juster op aaipop haw ik de nije kompakt skiif fan Pigmeat kocht. Dat is de earste kompakt skiif dy't ik kocht haw sûnt ik mei dizze webloch begûn bin wol 'k leauwe. Dat dizze moat fuortdaalks mar efkes belústere wurde. Myn nekke is noch wat te stiif om lekker mei te hoppen mar yn gedachten komt myn liif al wer yn beweging op de moaie deuntsjes. Lykas meastentiids begjint de skiif mei in ynstrumintaal nûmer sadat jo der efkes lekker ynkomme kinne. Dêrnei komt der in ferskaat oan stijlen en talen foarby. Moaie teksten om nei te lústerjen wurde ôfwiksele mei komplete kolder. Ek it Frysk komt der wer goed foarwei. Pigmeat is sûnt de lêste skyfkes goed dwaande mei it Frysk. Hieltyd mear Frysktalige topperkes bin al op skiif set (no noch efkes as delheller, dan kin se ek yn de Fryske mp3 top 30). Ien ding is wis, stjoer har mar retoer giet net op foar dizze skiif want dy hâld ik lekker sels.
+ 0 - 0 | § ¶Aaipop
Peaskemoandei stiet elts jier wer it aaipopfestival op it program. It festival dêr't allinnich mar Frysktalige bands optrede. De lêste jierren haw ik dit net in soad mist en ek dit jier moast ik mar wer efkes hinne. Dus mei de trein nei Snits. Ik soe earst earste klas reizgje mar dat skynt no echt te bestean want de tarieven fan de trein bin oanpast, no dan mar yn de twadde klas. Yn Snits wie de bus nei Nijlân oan de lette kant dat ik haw de iepening misse moatten mar gelokkich hie ik it aardich drok mei it pakje aldiwyn dat ik earst efkes soldaat makke haw. Sa'n aaipopfestival is oars djoer genôch (20 euro yntree, 20 euro treinkosten en noch in strippekaart foar de lêste eintsjes) mar gelokkich wiene de muntsjes net sa hiele djoer. Foar mar €1,60 fûn ik dat noch in hiele skaplike priis. Dan de bands, ik haw net alles sjoen want guon bands oerlapen elkoar dat je moasten wol ris kieze. Sa haw ik de Fryske Paul de Leeuw mist mar Cormick mei it Famke, de hûn en de houthakker wie aardich. Ik soe noch efkes nei Beand Baas en Smarige Skep mar dy haw ik ek misrûn. Foar dat Pigmeat begûn te spyljen haw ik earst harren nije kompakt skiif mar efkes kocht (Joadelahidihido!&Hop!Hop!). Pigmeat begûn lekker mar spitigernôch haw ik it lêste stikje misse moatten omdat ik dochs efkes by Jitiizer wêze woe. Jitiizer wie it moaiste wat ik op aaipop sjoen haw, in strakke set sûnder toeters en bellen dizze kear. Mar wol mei in gastoptredentsje fan Remon de Jong. Lekker stuiterje foar it poadium wat ik dit kear wûnderbaarlik lang fol hâlde koe. Myn kondyzje is dus wer in stik better as eartiids, dat plúmkejeien docht in minske goed. Nei Jitiizer wie der skoft, dus ik haw efkes in hin fan 't spit helje litten. De bêste man woe 'm trochmidden knippe mar ik haw leaver in hielen. Mei 2 healen hast 2 kear kâns op H5N1 en no mar ien kear. It bistke gie der lekker yn dat mei nije enerzjy koe ik wer fierder. Zwart op Wit wie wol moai mar lykas mei in soad bands lestich te ferstean. Swee wie ek moai, mar dit Reboelje - Marius miste neffens my noch wol in ferfanger fan Marius want op ien as oare wize moast der no tefolle switst wurde fan keyboerd nei mikrofoan ensa. Der ûntbruts in bytsje in frontman en dat is jammer. De muzyk wie der seker net minder om dat ik wachtsje no al op de earste kompakt skiif fan Swee. Nei ôfrin haw ik noch in hin mei naam foar ûnderweis. Mei de bus en de trein werom en lekker op tiid wer yn Grins... Weltrusten!
+ 0 - 0 | § ¶Sânde plak en in posityf saldo
Hoewol't wy hjoed mei 2-4 ferlern hawwe fan AZ moat wy dêr fansels ek wer net te swier oan tille. AZ is op dit stuit de terjochte nûmer 2 fan Nederlân en dêrfan ferlieze kin in kear barre. De earste helte waarden wy fuortspile en it like der op as soene wy mei dûbelde sifers ferlieze. Gelokkich kaam it Fean yn it lêste oere noch werom nei 2-3 wêrtroch't der suver hast noch in lykspul yn liek te sitten. Dat is net slagge, mar it sânde plakje is wol oerein bleaun en mei sawol in posityf saldo op de bank as in posityf doelsaldo waard de kompetysje fan 2005-2006 ôfsletten. Grins die it ûnferwacht goed en is al wis fan Europeesk fuotbal troch har fyfde plakje. Faaks wurdt it ek noch Champions League, it kin mâl gean mei dy Grinzers. Ien ding is wol moai. Troch de útslagen hoege wy sneon mei de dies gjin thúswedstryd te spyljen. Wy begjinne sneon om 20.00 tsjin Roda JC mei it útduel en kinne dan woansdei 26 april besykje de 'finale' te heljen. Troch dan ek noch te winnen fan Utrecht as Twente soene wy ek kommend jier wer UEFAcup spylje kinne. 3 kear op rij, it soe moai wêze. Ferlieze wy dy finale, dan moat wy noch in kear tsjin de winner fan 10-13 foar intertotofuotbal. Mar dan moat der al wat barre by it Fean, want sa't it no giet hawwe wy yn Europa net folle te sykjen...
+ 0 - 0 | § ¶Fan alles en noch niks
Sa, ik bin wer in bytsje bykaam fan de drokke dei fan juster. Earst bin ik om even nei ienen nei de ticketbox west om in kaartsje foar de play offs te heljen. Dat is slagge, der wiene noch kaarten foar fak 10 dat ik bin der by. Dêrnei wurkje oant 23.00 en doe nei de soas dêr't ik taapje moast op wat wer in enoarm grappige pypkesjûne waard. As taper hawwe jo fansels in beropsgeheim dat ik sil net al te folle op de saak yn gean. Mar guon Bernleffers sille grif hjir en dêr wat blauwe plakken hawwe. Faaks ek wat kniesde ribben en in lichte alkoholfergiftiging. Ik sels hie nearne lêst fan en neidat op ien nei al myn klanten de doar út wiene haw ik de soasdoar efter my ticht slein. In net neier te nimmen persoan lei doe noch lekker te kûsen op de banaan. Om goed 8.00 wie ik wer thús en bin ik lekker op bêd gien. It wie in lange dei west. Op de soas haw ik ek wer de seisoenskaart fan Cnossen mei krigen sadat ik moarn nei Heerenveen - AZ kin. It sil wol in salonremise wurde want dan wurdt AZ 2e en wy 7e dus dêr hawwe wy beide foardiel by. Ik kom krekt ta de konklúzje dat dy play-offs noch wol ris fervelend plant wêze kinne. At wy sânde wurde spylje wy earst út en dan op 25/26 april OF op 22/23 april. Dy lêste opsje soe presys midden yn de Dies fan Bernlef falle of noch slimmer, tidens it plúmkejeien want ik haw op 23 april in toernoai by myn âlde klub yn Sint Nyk. 25/26 is der minder loos. It liket der op dat at de stân sa bliuwt it Fean en Grins yn de twadde omloop útfjochtsje meie wa't UEFAcup spylje mei kommend jier. Wy wachtsje it ôf, moarn earst AZ mar ris...
+ 0 - 0 | § ¶It ein fan de 'Bernlef-peal'?
Om 13.00 oere giet de kaartferkeap foar klubkaarthâlders fan it Fean los foar de Play Offs. Wy witte noch net iens wa't de tsjinstander wurde sil mar dat makket net út fansels. Foar mar 11 euro kin der in kaart kocht wurde foar de steantribune fan fak 10 op Noard. Wêrom sa goedkeap sille jim tinke? No dat frege ik my ek al ôf mar no haw ik krekt op de side fan it Fean it antwurd fûn. Wy stean ûnder de bleate himel en kinne dus at it tsjin sit wolris in bytsje wiet reine. No ja, earst mar ris sjen at dat systeem fan de ticketbox it allegear noch wat oankin want der sille wol wer rijen foar de doar lizze hjir yn Grins. Mocht it slachje en helje in kaartsje, kom dit dan jûn efkes fieren op de soas fan Bernlef. Jo taper: De taper fan 'e foarige ieu, Thaeke...
+ 0 - 0 | § ¶En no rap nei de sportman blinder
Ik haw justerjûn efkes nei priveebioskoop Camera west yn Grins om dêr de film Sportman fan 'e ieu te sjen. Omdat dizze film noch net al te folle besikers lutsen hat woe ik wol ris mei myn eigen eagen sjen wêr't dat oan lei. De Sportman luts 1500 besikers yn de earste wike en dat hiene wy mei de Kameleonfilm al yn ien dei byelkoar garre. Yntusken binne der al 1502 minsken west want ik siet juster allinnich mei myn freondinne yn seal 4 dêr't dochs sa'n 210 plakjes wiene. Dan de film sels. Sa't jim witte giet de film oer Taeke (sûnder H) dy't as hobby pealsitten hat. Op it provinsjehûs prate guon lju oer de ferkiezing sportman fan 'e ieu (û.o. Henk Kroes en Riemer van der Velde). De ien fynt dat it in keatser wurde moat, de oar is foar in skûtsjeskipper en wer in oar wol in reedrider ynbringe. Mar dan komt in âld ferslachjouwer fan de Ljouwerter krante mei it ferhaal oer de pealsitter Taeke. In folslein libbensferhaal oer Taeke dat wol in bytsje liket op Forrest Gump set dan útein. Wat der krekt bart sil ik noch net allegear ferklappe, dan is de ferrassing fuort en dy is der wier wol. In pear aardige dinkjes binne yn elk gefal dat Kees Flodder (út de searje, net dy út film 1) neist him op in peal sit. Dy lult elkenien fan de peal ôf. Fansels soe it gjin Nederlânske film wêze sûnder sekssêne, en wêr kin soks better plakfine as op in peal? It ferhaal is bêst aardich, der sitte genôch leuke stikken yn en it Frysk falt my genôch ta. De ien kin it wat better as de oar mar ik haw my der yn elk gefal net oan ergere. Sjoen it feit dat de film hieltyd minder draait troch de minne risseltaten moatte jim der noch rap efkes hinne, want dizze film is it besjen seker wurch en hy fertsjinnet it om troch in grut publyk besjoen te wurden. Sneon kin jim at jim yn Grins wenje foar mar 3,50 nei Camera, mei in bon út de Gezinsbode. Dus net stinne, hinne! Taeke hat jim nedich...
+ 0 - 0 | § ¶Tiid foar in oare foto...
No't de earste ljipaaien wer fûn binne (en de lêsten ek alwer) wurdt it fansels wol ris tiid en helje dy kâlde foto fan de side. Jo moatte dochs wat mei jo tiid mei gean no. Ik stean noait sa moai op foto's, bynammen net wannear't ik der foar posearje moat. Dêrom mar wer in spontaan kykje dat makke waard tidens it earste rûntsje om Sint Nyk yn 2003. Dizze foto waard makke op de Sleattemermar doe't wy noch earste leinen. Spitigernôch bin wy yn Sleat ynhelle troch it WSSFS dy't wy dêrnei net mear werom pakke koene. Mooglik organisearje wy jitris sa'n sylkriich want it wie wol in legendaryske dei fansels. Mear wyn yn 'e bealch as yn it seil yn elk gefal. Mar hawar, it is hast wer simmer dat de sylboatsjes kin wer it wetter op...
+ 0 - 0 | § ¶Gjin kwea, gjin boppe, mar bynammen foar
Tsja, oan al it goeie komt in ein fansels. Juster wie de opkomst wer frij aardich by it keatsen al kaam it wer wat let op gong. Mei Gerda moast ik it opnimme tsjin Jorrit en Jan Brolsma. Gerda stie as in keardel te keatsen, mar ik spitigernôch as in wiif. Yn it perk woe it noch wol mar oan de opslach haw ik it wer ris fergriemd. Sa koe it dan ek barre dat wy op 5-5 en 6-4 ferlearen. Dochs is 10 punten út twa wedstriden grif noch wol genôch foar in plakje yn de top 5 dus der is noch fan alles mooglik. Oare kear better en sorry Gerda, it lei net oan dy...
+ 0 - 0 | § ¶Ik bliuw mar winnen...
Fannejûn moasten wy oantrede foar ús twadde thúswedstryd fan de plúmkejeikompetysje. Us tsjinstander wie BOP út Aldepekela dêr't wy út al mei 2-6 fan wûn hiene. Mei alle fertrouwen stiene wy dus yn de sporthal. Myn inkelspul gie wer stikken better as ferline wike wêrby't ik de earste set frij ienfâldich nei my ta lûke koe. Yn de twadde set krige ik al wat mear tsjinstân mar trochdat myn tsjinstander gjin punten makke op syn opslach, en ik dat wol die, wûn ik úteinlik sûnder yn gefaar te kommen ek de twadde set. Eddy makke der wer in spannende striid fan mar ek hy slagge der yn om yn 3 setten syn inkelspul te winnen. Myn freondinne makke yn de earste set punt nei punt en won dizze ienfâldich mar yn de twadde set stie se dochs frijwat efter. Mar yn de ferlenging kaam it dochs noch goed. Doe wie it al 3-0 en Liselot, ús bêste dame, moast doe noch spylje. Mar Liselot siet net lekker yn de wedstryd en hoewol't it net in soad skeelde slagge it har dit seisoen foar it earst net om har inkelspul te winnen. Mei 3-1 wie it dochs noch wol in lekker begjin fansels. Sjoen it feit dat Eddy en ik beide wûn hiene fan ús hearen moast it dûbelspul foar ús ek gjin probleem wêze. Dat wie it ek net al wiene de hearen tegearre wol stikken better as yndividueel. Mei 4-1 koene wy al net mear ferlieze mar spannend waard it dochs noch. Want de frouljusdûbel gie krekt ferlern (15-13). Ek haw ik myn miksdûbel krekt ferlern (15-13) en doe wie it al wer 4-3. Gelokkich hie ús twadde miks it in stik ienfâldiger en hawwe wy de jûn dochs noch winnend ôfsletten mei 5-3. Wy hawwe de jûns noch efkes neisitten yn de kantine dy't spesjaal foar ús iepen bleaun wie mar neidat de kantinejuffer mei flauwe grapkes en denigrearjende opmerkings oer Friezen en it Frysk de toan set hie wie de kantine ek ridlik rap wer ferlitten. Sa bliuwe wy dus boppeoan stean yn de kompetysje mar dêrby moat wol opmurken wurde dat wy wol mear ferliespunten hawwe as guon oaren. Oer 14 dagen moatte wy thús tsjin de Space Shuttles fan Roden, sûnder Liselot dizze kear dat wy moat mar ris sjen hoe't dat ôfrint. No sjen at ik it winnen noch ien dei folhâlde kin sadat ik moarn ek wer aardich meidraaie kin by it keatsen yn it stedsperk...
+ 0 - 0 | § ¶En de winner is...
Sa, nei in pear drege jûnen, dy't sels Gerard Reve úteinlik te folle waarden, is der no dochs in beslissing fallen yn de Champions League fan it klaverjassen fan Bernlef. Op de lêste jûn by Jarig op de pleats hawwe wy de lêste 6 beamkes spile en úteinlik bin ik dêryn noch frij ienfâldich oerrein bleaun. Mei sa'n 2000 punten foarsprong koe ik it foarste plakje behâlde. Under it genot fan sa'n 4 liter poeiermolke en 2 kilo nasi slagge it my om fan de troch alkohol oantaaste harsentsjes foar te bliuwen. Omdat myn freondinne op dit stuit efter myn kompjûter sit en ik feroardiele bin ta de laptop sille jim it hjir earst mei dwaan moatte. Ynkoarten sil der wol efkes in folslein ferslach op de side komme kompleet mei analises en kommintaar fan deskundigen...
+ 0 - 0 | § ¶Champions League
It Hearrenfean slagge der juster krekt net yn fan Feyenoord te winnen. In oerwinning hie ek net terjochte west mar dochs skeelde it mar in hierke. Se hawwe yn alle gefallen wer in soad ynset toand en net ferlern fan dy nepdútser fan in Kalou en syn maten út Rotterdam. Dêrmei is it fyfde plak spitigernôch noch net helle wêrtroch't it mei de kânsen op Champions League oar jier net sa bêst stelt is. Mar hawar, der kin fansels noch fan alles barre dy lêste twa wedstriden. Wat wol wis is is dat wy (Jarig, Jellie, Dorien en ik) jûn de finale spylje fan de Champions League fan it Klaverjassen. Op de pleats sil it kampioenskip beslist wurde oer 6 beamkes. Op dit stuit stean ik boppeoan mar de ferskillen binne minimaal dat de earsten kin noch de lêsten wurde (of net Jarig). Fisyk stean ik der net goed foar yn elk gefal. Juster it balskoppen sjoen op de soas en efkes neipraten. Doe't ik nei hûs soe kamen de mannen út it Abe Lenstrastadion noch efkes del dat dy moasten wy ek efkes oanharkje fansels. En sa wie it samar wer in oerke as 2.00. Fannemoarn om 5.15 gie de wekker al wer. Wat dat oanbelanget haw ik dus in licht neidiel. In grut foardiel is fansels myn alkoholmatigingsbelied wat ynhâldt dat ik oant aaipop net sûpe sil. Wy wachtsje it ôf, moarn mear hjiroer fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Thaeke.eu ???
It sil jim grif net ûntgien wêze dat hjoed de grutte 'registrear no dyn .eu domein' kampanje begûn is. Fannemoarn om 11.00 giene de registers iepen foar elkenien dy't mar in eigen europeeske domeinnamme woe. No wiene der fansels al in moai nustje minsken mei in automatisearre ferlanglistke wêrtroch't de kompjûters fan eurid it no razend drok hawwe. Ik haw sels net al te folle mei de ekstinsje .eu omdat ús Europa noch altyd net ien is. Mei Thaeke.nl. Thaeke.com en Thaeke.net haw ik wat dat oanbelanget ek wol genôch domeinnammen. Ik gun de oare Thaeke's dan ek dy .eu namme wol. De ienige namme dy't ik eventueel noch wol hawwe wol is fryslan.eu mar ja, ek dy is al fersein. Sex.eu, Seks.eu, Casino.eu ensfh bin miskien noch wol nijsgjirrich foar de hannel mar ik tink dat der straks in moai nustje minsken mei in domein sitten bliuwt dêr't net ien op sit te wachtsjen. Mochten jim dochs oertsjoege wêze fan it nut fan .eu en jim eigen namme feilich stelle wolle? Ik kin fansels altyd wat foar jim regelje, mar dan moat jim net op Thaeke.net wêze en alhiel net op Thaeke.eu mar gewoan op Thaeke.com...
+ 0 - 0 | § ¶In noflik stikje muzyk tidens it lêzen
Rjochtsboppe fine jim sûnt juster in knopke dêr't jim in moai stikje muzyk fan Fryskemp3.nl delhelje kinne. Dan is it net sa stil wylst jim oan it lêzen binne. At ik yn de buurt bin is it net gau stil dat ik tocht dat ik jim dy opsje op myn webloch ek mar jaan moast. Wa wit komt der in stikje muzyk foarby dat jim oars net sa gau draaie soene mar dochs wol wurdearje kinne. Yn dat gefal litte jim dat mar efkes witte. Is it plaatsje net hielendal geweldich, besykje it dan noch mar ris dan krije jim wer in oar plaatsje der foar. Hiel ienfâldich dus en ek noch goed foar de Fryske muzyk fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Kwea, boppe, foar
Op de earste tiisdei fan april begjint tradysjoneel it keatsen yn Grins wer, sa ek justerjûn. Gewoanwei begjinne wy om 18.30 yn it stedsperk (foar de leafhawwers, op it grutte fjild dêr't in keunstwurk stiet mei grutte izeren platen yn in rûntsje) mar troch dat immen op de Bernlefside 19.00 oere set hie kamen guon lju wat letter as de oaren. Mei 7 man en ien frou wie de opkomst goed te neamen, alteast foar de foarste kear. It fjild wie noch frijwat fochtich dat it wie mar goed dat ik myn swarte sokken oan hie. Ik keats dan wol net op sokken, mar it spetterde dochs noch al in bytsje. Omdat de keatsballen noch net oankaam wiene haw ik earst efkes mei Germ (de Junk) oan it oersmiten west mei de honkbalwanten fan Karst oan. Eartiids op skoalle hawwe wy in soad softballe en ik fûn dat altyd machtich moai. Omdat de partij pas let op gong kaam haw ik foarsteld om mar mei in spul gelyk te begjinnen. Omdat it de earste kear wie gong it net echt op hiel heech nivo. Ik keatste mei Sebastiaan tsjin Douwe G. en Jorrit. In moaie lotting wol sa die bliken. Mar troch it frisse waar krige ik net in soad gong yn myn opslach en ek gie er soms wat te bot nei rjochts. In soad opslachflaters dus. Mar yn it perk wist Sebastiaan de ballen noch wol ris in kear te reitsjen gelokkich. En op in gegeven momint begûn it by my ek te kommen. Nei in kwea slach, dy't ek sa goed as boppe wie, rekke ik letter in bal wat better. De earste boppeslach fan it seisoen wie in feit. Wy boekelden wat troch, de iene sloech noch mear ballen neist dan de oare en sa waard it fiif earsten gelyk. Wy stiene doe yn it perk en wy leinen in keats rom foar de middelline. Op 5-5 en 4-4 gelyk rekke ik de bal eindelik goed en dy wie dan ek hast twa kear boppe. De boppeslach fan it jier bin ik bang, dus te betiid pykt en wer gjin winner fan de merkepartij
Op 5-5 en 6-4 mocht ik opslaan foar de wedstryd, in baltsje foaryn mei in nuvere draai deryn dy't troch it perk fia in pear stuiten kwea gie. Efter de kwea lei de bal foarby de keats, mar neffens ús wie er op it plak dêr't de line passeart waard dúdlik net foarby. Omdat it sa sneu wie foar de minsken yn it perk haw ik mei tsjinsin dochs in nije bal slein, en fansels fuortdaalks twa opslachmissers efterelkoar makke. Dus op 5-5 en 6-6 ferlearen wy yn twadde ynstânsje de partij. Sebastiaan en ik fiele ús no de winners, mar de punten foar de kompetysje gean spitigernôch nei de oaren. No ja, der bin slimmere dingen op dizze wrâld no. Yn alle gefallen haw ik no myn kaart foar Aaipop binnen. Dy hat Hinke efkes foar my ophelle út Nijlân. 17 april kinne jim dus mar wer oppasse want Jitiizer (mei trije i's Aaipop!!!) út is altyd lestich...
+ 0 - 0 | § ¶Ferlern mei it plúmkejeien
Juster moasten wy oppenij spylje tsjin Veendam. Foarige kear hiene wy dêr mei 4-4 lyk spile en dizze kear koe ús twadde hear net mei omwille fan wurk. Mei trije froulju gie ik dy kant op wêrby't der ien har opofferje moast om as hear te spyljen. Sjoen it feit dat wy de foarige kear as hearen de punten ek al net binnensleepten waard besletten om net ús bêste dame (Liselot) as hear yn te setten mar ien fan de oare twa. Dat sy dêrby fansels gjin skijn fan kâns hie yn it inkel mocht dúdlik wêze. Mar de froulju wûnen wol de inkelspullen wêrtroch't de stân nei de beide inkels 2-2 wie. Dat betsjut yndie dat ik myn inkelspul ferlern haw mar it hie ek oars kint. Yn de earste set kaam ik mei 14-13 foar mar it slagge my net de partij te winnen en sa rekke ik dy set yn de ferlenging kwyt mei 14-16. De twadde set begûn ik hiel min, en ik stie samar mei 1-12 efter. Mar nea opjaan fansels, dus fjocht ik mysels werom nei 12-13. Doe ferlear ik myn opslach wer en wie it oer. Der siet mear yn mar oppenij slagge it my net en dêr baal ik fan. De hearendûbel wie fan ús kant doe dus in mix, wêrby't wy folslein kânsleas wiene mar omdat de froulju de dûbel wûnen wie der eins noch neat oan de hân. De stân wie krekt lykas 14 dagen ferlyn gewoan 3-3. Spitigernôch koe ik de foarm net goed fine en ferspilen wy ús miks. Us oare miks bestie wer út 2 froulju en ek dy koene it net rêde. Jammer, it hie net hoecht mar Veendam wie oer 2 wedstriden krekt in bytsje sterker (9-7). No mar hope dat wy yn de trije kommende thúswedstriden de punten yn Grins hâlde kinne. Jûn mei it keatsen sil ik besykje de agresje der noch in bytsje út te slaan. Ik koe juster sa min sliepe dat ik it boek dêr't ik yn oan it lêzen wie (Dan Brown: Deception point) ek noch mar efkes útlêzen haw oant 04.00 nachts...
+ 0 - 0 | § ¶Op nei it stedsperk
Nei it drama fan Nijmegen is it no wer tiid foar inkelde sportive topprestaasjes. Fannejûn spylje wy ús lêste útwedstryd yn de rekreantekompetysje fan it plúmkejeien. Wy moatte út tsjin Veendam en dat wurdt in lestige wedstryd. Thús hawwe wy mei 4-4 lykspile dat it sil der om spanne. Ik haw nochal wat revanchegefoelens dus dat sit wol goed. Ik haw foarige kear myn inkelspul ferlern yn in spannende trijesetter. Ris sjen at ik dy op frjemde boaium wol behâlde kin. De bealch krijt yn elk gefal net in tel rêst want moarn begjint it keatsseisoen ek al wer. Om 19.00 sil yn it stedsperk de earste partij yn de keatskompetysje fan Bernlef fan 2006 ferkeatst wurde. En hoewol't ik dan wol âldlid wurden bin ôfrûne jier sil ik dochs sa no en dan efkes besykje in baltsje te reitsjen. Want al bin je noch sa wurch, keatsen is moai wurk (Bauke en Greetje)...
+ 0 - 0 | § ¶Helje wy de play offs noch?
No't it Fean oppenij punten lizze litten hat tsjin in direkte konkurint wylst hja by winst Ajax foarby gean kint hiene wurdt it wol hiel dreech om tsjin Feyenoord en AZ noch genôch punten te pakken om foar it fyfde plakje yn oanmerking te kommen. Grins hat wat dat oanbelanget bettere papieren. Hja kinne mei in salonremise (krekt as ferline jier) yn Eindhoven PSV oan de titel helpe, en sels mooglik Ajax foarby gean op de ranglist. It Fean moat miskien ek mar hope dat Ajax no seisde wurdt want dan gean de earste tsien ploegen striden om UEFAcup fuotbal. Mochten wy dan ferlieze fan Feyenoord, Willem II en AZ, dan is de kâns noch altyd oanwêzich dat wy noch in 'derby' tsjin Grins spylje meie al sil der dan wol wat pipers ynkocht wurde moatte...
+ 0 - 0 | § ¶1 april ;-(
Hm, in goed útfierde aksje fan guon ynternetters is de Fryske ekstinsje op ynternet .FY. Wol apart dat ik dêr noch neat oer fernaam hie fansels, dus wat dat oanbelanget is de aksje eatwat minder goed slagge. Mar hja hawwe it dochs mooglik makke fia tal fan oanbieders it domein sidf.fy oan te meitsjen wêrtroch't wy Friezen no dochs in eigen ekstinsje lykje te hawwen. It is jammergenôch mar in grap want de ICANN hat noch altyd gjin .fy ynfiert foar it bêste lân fan d' ierde. Yn elk gefal hulde foar de inisjatyfnimmers dy't mooglik kontakten hawwe mei Omrop Fryslân. Wol is it spitich dat minsken dy't fan doel wiene in webside te meitsjen oer seks mei bisten net ûnder .fy operearje kinne. De rigels dêroer bin ienfâldich: "Op alle .fy domeinnammen is de Nederlânske wetjouwing fan tapassing. Derby komt, dat websites wêrop minsken seks hawwe mei bisten net tastien binne.
By het beoardielen fan it domein sil nei de ynhâld fan de website sjoen wurde, mar ek nei de domeinnamme sels." sa falt te lêzen op de webside. Tige spitich dat it hjir om in 1 april grap giet...
+ 0 - 0 | § ¶Wonen & co
Neidat de dei fan juster hast 24 oeren duorre hie (5.15 - 4.45) stie de freondinne fannemoarn al wer betiid klear om mei my nei de wenbeurs fan it dagblad van het noorden te gean yn de Prins Bernhardhoeve yn Súdlaren. Om in oerke as 13.00 setten wy ôf nei Drinte om ús dêr te fergapjen oan in ferskaat oan wendingen en saken dy't dêr mei gearhingje. Fansels begûnen wy op de ôfdieling bouwen en wenjen dêr't wy wat omsjoen hawwe by ferskate fabrikanten fan hing- en slútwurk. Sa wit ik no it ferskil tusken houten en keunststof kezinen (hout hat in rjochte hoekferbining, keunststof in diagonale). De kar wurdt der al mei al net ienfâldiger op mar keunststof hat yn elk gefal wol in positive yndruk efterlitten op my dêr't ik yn earste ynstânsje dochs wat hout-orriëntearre wie. Wy wachtsje earst de offertes mar efkes ôf fansels. Nei in lange gong fol mei antyk, dêr't ik mei gong by del rûn omdat oan it ein it restaurant wie, koene wy de honger in bytsje ferjitte mei in lekkere bal gehakt. Dêrnei hawwe wy noch by ferskate hallen del west, sa ek de Hornbachstent dêr't Cnossen juster noch wurkje moast. Ek hawwe wy efkes yn it tintsje sjoen fan in ferkeaper fan Boretti gasfornuizen wat dochs wol hiel moai ark is. Fansels wiene der ek genôch oare leuke dingen te sjen. Wy ha ús der in pear oerkes prima fermakke mar doe't de maachjes echt begûnen te rammeljen bin wy dochs mar wer ôfset nei ús eigen wenningstiftingkeukentsje...




