+ 0 - 0 | § ¶Der giet niks boppe slopen, no ek boppe
Om't wy de smaak te pakken hawwe en der ûnder net folle mear te slopen is haw ik myn wurkterrein mar alfêst ferplakke nei de twadde ferdjipping. Ik haw dêr no sa'n bytsje al it illektrysk demontearre. De wasbak mei alle byhearrende fratsen leit fan de muorre. De gaskachel is foar de muorre wei en guon bêden bin demontearre. Kommende wike sille wy wierskynlik fan de souder ien grutte romte meitsje sadat wy de flier dan bedekke kinne mei houten platen om sa de boel wat te effenjen en te ferstevigjen. Fansels ha wy ûnder ek net stilsitten. De lêste plukjes glêswol bin oanbrocht, de lêste stikjes stúkwurk bin fuortbikt. At it goed is komt kommende wike de stukadoar al del om alle stiennen muorren wer flak te striken. Cor kin de lêste gipswanden pleatse en de plafonds kinne der dan ek tsjinoan. Peter hie yn it húske en yn de brûs al de oanslutings foar de kraan makke dat it begjint der hieltyd mear op te lykjen. Mei myn wurkroaster moat it slachje en gean der moandei ek noch efkes in dei hinne te helpen...
+ 0 - 0 | § ¶Lost 2.2
Wy ha der wer efkes op wachtsje moatten mar hjoed lei er yn de winkel. Ik haw 'm. de dvd fan Lost, seisoen 2, diel 2, dan ek fuort mar meinaam. De seary dêr't de freondinne en ik graach nei sjogge allinnich spitigernôch bin it mar in stik as 12-13 ôfleverings. Wy ha de earste 3 fuort al wer sjoen want wy kinne gjin maat hâlde. Mei dit tempo ha wy de dvd oan it ein fan de kommende wike wol sa'n bytsje sjoen tinkt my. En dan ha wy in probleem want diel 3 moat noch op tv komme. Dus dat wurdt dan efkes wachtsje, as alle kearen foar de tv dûke en de reklame der fergees by nimme. It begjint yn alle gefallen wer legendarysk goed...
+ 0 - 0 | § ¶Brilstân
It wie wer in stresfolle wedstryd fan it Hearrenfean fannejûn. Net fanwege de wedstryd sels want dy stelde net in soad foar. Nee it wie al yn de oanrin dat der fan alles mis gie. Ik soe op de kaart fan in maat fan my nei de UEFAcupkriich tsjin Setubal. Sa koe ik dochs yn it smûke Nieuw Noord fak komme. Mar myn maat wie op stap west de jûns fan te foaren. Ik koe him nergens berikke en ik haw him sms't, syn stimpost ynsprutsen en syn bestjoersmaatsjes frege nei him út te sjen. Om 17.00 soe ik Elp ophelje en dan nei it Fean ta mar om 17.00 hie ik myn kaart noch net. Dan earst mar nei de soas want myn maat moast nei in buorrel ta dat hy soe wol yn de omkriten fan Bernlef wêze tocht ik. Dat wie in misrekkening. Doe't wy ta eintsjebeslút al ûnderweis wiene op de A7 krigen wy kontakt. Us maat hie wat te djip yn it waar sjoen en wie krekt wekker wurden om 17.45. No, it wie te let om werom te gean dat dan mar op de gok. Gelokkich wie it net útferkocht en sa koe ik noch in plakje krije yn fak 414 wat neist Nieuw Noord leit. Omdat it net sa drok wie en ik der wol aardich fanatyk útseach mocht ik fan de steward wol ûnder it stek troch, geweldich! Sa koe ik dochs mei Elp de wedstryd sjen tusken de peallen troch. No dat wie dus in 0-0 wedstryd dêr't it Fean al mei de kop by PSV wie. Fansels hiene wy leaver in oerwinning sjoen, mar wy bin al in ronde fierder. Grins wûn al, mar dy stean dochs mei lege hannen. Dan mar better in brilstân en troch fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Stroom
Fannemoarn ha wy wer efkes by it hûs del west en it die bliken dat de sleuf dy't ik groeven haw goed genôch wie. De wetterlieding leit al yn de meterkast en ek de oare liedings lizze al ûnder de grûn. Sa gau at de nutsbedriuwen ús no oanslute ha wy wer alle needsaaklike saken yn de hûs en dizze kear ek noch moai sintraal yn de meterkast. Wol sa maklik fansels! De boutekening fan de keuken haw ik ek oan de elektrysjên jûnt sadat dy no ek de lêste stopkontakten te plak sette kin. Nije wike komt de stukadoar en dan moat dus alle wanden en de plafonds der al yn sitte. Dan sjit it dus al moai op. Mar it wachtsjen is noch op de kezinen fansels. Dêr sit ek noch wol wat wurk yn. Dat stroom hiel wichtich is die juster ek noch wer ris in kear bliken, want yn it datasintrum dêr't dizze webloch wei komt wie in stroomstoaring. Dêrtroch wiene wy hjoed net altyd like goed berikber. Us ekskuzes dêrfoar, de ferantwurdliken sille ynkoarten op in elektryske stoel plaknimme moatte...
+ 0 - 0 | § ¶Is it gjin plaatsje?
Nei lang sykjen, prakkesearen, dreamen en wat al net mear is it ús no dochs slagge en fyn in keuken dy't oan al ús winsken foldocht. Fan in ienfâldich keukentsje is it útgroeit oant in fraaie U-foarm dy't hast de hiele romte fan oanrjocht en kastjes foarsjocht. Fansels stelt de Boretti noch altyd de sjo en der komt gelokkich dochs in Fry-top op sadat wy lekker oan it bakken kinne. De keuken sil levere wurde troch keukencentrum P. de Haan út Langwar. Dizzen hawwe ek de keuken fan ús heit en mem levere en dêr bin hja hiel kontent mei. Us keuken krijt sa mei Italjaanske stikjes en Dútske kastjes dochs noch in Frysk tintsje en dat is fansels ek wat wurch. Op it plaatsje wie der ek in hin tekene yn de oven, dy soe ik der at it goed is ek by krije. Wy kin dan dus fuortdaalks in feestmiel meitsje...
+ 0 - 0 | § ¶(s)wierheden
Neffens de wierheid fan wike wit ik folle út de Jitiizeralmanak krijt dyjinne dy't in kûle dobbet foar in oar sels toarst. No, ik kin jim wol fertelle dat at je in kûle dobje foar josels, dat soks dan ek aardich toarstich makket. Yn ús nije hûs moast in nije ynfier komme nei de nije meterkast ta en de wetterlieding moat net befrieze fansels. Dêrom komt dizze minimaal 1 meter ûnder de grûn. Dat betsjut in gat grave en in greppel nei de meterkast. Mar alles moast fansels troch in lyts gat yn de flier nei boppe wrotten wurde dus dat foel net ta. In pear kroaden fol sân en in fles kola letter wie it dochs ree. It sjit no moai op mei it hûs, moarn komme de stroomtriedden der al yn, it hûs is no fersierd mei sa'n 400 meter pvc-buis. Dêrnei komme de buizen fan de sintrale ferwaarming der noch by en ek it gas en wetter sil ynkoarten syn wei fine. Cor en Jouke ha yntusken de sliepkeamer al hast ticht dat wy kinne dêr ynkoarten wol yn oernachtsje. No de keuken noch mar it liket der op dat dat no ek yn in streamfersnelling komt...
+ 0 - 0 | § ¶Falkje silen is myn nocht
Sa, krekt wer werom fan in dreech sylwykein mei heit. It wie wer tiid foar it jierlikse falkenwykein fan de wettersportferiening fan Sint Nyk. Dit jier wiene der 23 boaten hiert en der striden dan ek 46 tiems tsjin elkoar om de ear en in moai nustje bekers. It begûn sneon fuortdaalks goed want wy wûnen de earste wedstryd. It waaide net botte folle mar troch ús massa koene wy krekt fan pûster nei pûster driuwe en mei in goeie stjoerboardsstart hiene wy gjin oaren foar ús lizzen dy't de wyn út de seilen hellen. Spitigernôch koe de topprestaasje net werhelle wurde. Want troch earste te wurden krigen wy de folgjende ronde de alderminste boat dy't der by wie. It slagge ús dochs noch om dêr in sânde plakje mei te heljen. Dat betsjutte dat wy de op seis nei minste boat krigen foar in jûntsje driuwen wat foar guon hast yn nachtsilen útpakte. Oppenij koene wy troch in goeie start aardich float hâlde en mei it seisde plak wiene wy hiel tefreden. It feest yn de tinte wie machtich moai mar de lêste mominten stean my net mear goed foar de geast. Dat koe ek hast net oars nei in mingel fan de weduwe fansels. No ja, snein hoechden wy mar ien kear te silen en dat wie de alderminste boat dy't wy hân hiene. Wy starten yn de top 3 mar alle rûntsjes hellen der ien as twa minsken ús yn, gewoan omdat ús boat net hurder woe. Wy waarden alfde as tolfde leau ik. No ja, it wie in minne rotboat want ome Catharinus krige dy boat nei ús en dy waard dêr alderlêste mei. Fan de 46 ploechjes hiene wy de tsiende priis en dat wie noch krekt genôch foar in stikje blik. Dêrmei hâlden wy de rest fan de omkes/broers efter ús dus dat wie op 'm sels noch wol wer aardich fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Sweeftrein.NET
Troch dat myn troch drank benevelde harsentsjes justermoarn noch net goed funksjonearren kaam ik der justerjûn pas frij let efter dat der in slim ûngelok bart wie mei de sweeftrein. Op it testtrajekt yn it Dútske Lathen, wat krekt oer de Grins is by Ter Apel, wie de sweeftrein mei 200 km yn it oere op in ûnderhâldsweintsje flein. Dêrby bin 23 deaden fallen en 10 minsken ferwûne rekke. Foar de measte minsken fansels âld nijs mar ik haw sels ferline jier ek yn dat ding sitten dus dan komt soks dochs wat tichter by. De minsken yn de trein ha noch gelok hân dat er mar 200 km yn it oere sweefde want hy kin en giet gauris folle hurder. Yn alle gefallen bewiist dizze testrit wol dat de sweeftrein net sa feilich is. Wy moatte dat ding hjir yn it noarden dan ek mar net ha. It is spitich dat soks op sa'n dramatyske wize dúdlik wurden is...
+ 0 - 0 | § ¶Pigmeat, feest fan herkenning
Ik bin noch in bytsje oan it neibrakken efter it rekkenreau. Juster wie Pigmeat by Bernlef op de iepen dagen en dat wie in feestje dêr't ik fansels net by ûntbrekke mocht. Yn de earste set spilen hja in fracht nûmers fan de nije kompakt skiif en it wie gesellich en wat ek opfoel: Der wiene in hiel soad froulju! Faaks is Pigmeat dêrmei hast HIP te neamen en is Douwe Gerlof wat te betiid emigrearre. No ja, guon âldere leden fermakken har tige en hellen tinzen op fan 11 jier ferlyn doe't Pigmeat ek al foar harren optreden hie op skoalle. Sa denderde de jûn flot troch en hiene de measte minsken in poerbêst sin. Doe't de 'greatest hits' foarby kamen gie it hielendal los fansels. Wy ha der noch ien kear fan genoten want ear't je it troch ha spylje se se nea wer. Oan it ein fan de rit wie de Pitcher leech en sa kaam oan Pigmeat wer in ein mar dy mannen sjoch ik grif noch wol in kear wer. Al wie it mar omdat myn Omke Fimme se ek boekt hat foar syn fyftichste jierdei...
+ 0 - 0 | § ¶Wer gjin beker
Wy soene op Talpa efkes nei de wedstryd Hearrenfean - Roda JC sjen mar troch it wat traach op gong kommend skoarend fermogen fan it Fean en Roda wie de wedstryd fan Veendam tsjin Feyenoord heechstwierskynlik wichtiger en aardiger om te sjen. Doe't der healwei de twadde helte dochs efkes nei it Fean skeakele waard en wy Afonso nei de goal fan Roda opstomen seagen tochten wy dat it wol goed komme soe, mar spitigernôch hie Talpa wat te rojaal knipt en sa koe Roda kounterje en op 1-0 komme. Dêrnei ha wy hast allinnich mar Veendam sjoen en it grutte Feyenoord dat wer mei bûtenspul in goal forsearje moast. Krekt foar tiid waard it noch 2-0 en doe ha wy de biemer mar útsetten om noch in bytsje hoop te hâlden de rest fan de jûne. Wy ha wer gjin beker dit jier mar ik sil der fannejûn net in beker minder om drinke. Earder ien mear fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Bitenkampanje
De sûkerfabriken wurkje wer op folle krêft en dat is te merken. De fabriken binne krekt sa situearre oan de súd-west kant fan de stêd dat meastentiids in grut part fan de stêd op de hichte is fan harren aktiviteiten. Sa hoege hja nea reklame te meitsjen foar it feit dat der wer nije sûker is. Dit yn tsjinstelling ta de hjerring fansels. Nei de soere hjerring komt no dus wer it swiet om mei Balkenende te sprekken. Yn alle gefallen tocht ik fannemoarn doe't ik út de hûs kaam dat der wer earne in auto yn de brân stie. Mar dat wie dus de sûkerfabryk want de wyn kaam fan de ferkearde kant en no hiene wy der dus lêst fan. Ach ja, it is mar in pear moanne fansels en it sil ek wol ús lêste bitenkampanje wêze dy't wy fan tichteby rûke kinne. As oprjochte swietbek wol ik fansels ek net sûnder al dy lekkere dingen mei sûker der yn. Dat wy moat it mar wer efkes akseptearje...
+ 0 - 0 | § ¶Gouden krêft
Fannejûn ha wy wer keatst mar ik tink dat ik noch drok dwaande wie om myn iten ree te meitsjen foar in inkelde reis nei de Jouwer dat yn it begjin woe it net slachje. Wy kamen al rap mei 3-0 efter doe't ik op Popeyeaanske wize in blikje gouden krêft fan de Aldi iepen skuorde. Dit joech my wer de krêft om fatsoenlike keatsen te lizzen en sa kamen wy werom nei 3 earsten gelyk. Neffens Jelle Gerbrandy is it sânde earst faak bepalend foar winst as ferlies en dit sânde earst gie op knullige wize ferlern tusken myn hannen troch op de boppe. Dêrnei ha wy yn it healtsjuster de téory fan Gerbrandy ûnderúthelle troch dochs mei 5-4 te winnen. Fansels ha wy mei syn trijen wûn, mar sûnder de gouden krêft wie it net slagge. No mar hope dat dit wûnderbaarlike spul net op de dopinglist komt...
+ 0 - 0 | § ¶Zwartboek
Neidat sneon de bioskoop yn Drachten fol siet namen wy snein gjin inkeld risiko en fia de mustsee-reserfearline bestelden wy rap 2 kaarten. Ik hie leaver net nei de 'Must-efkes wachtsje want it is pauze-see' bioskoop gien mar dat wie wol maklik mei de auto te berikken en wy hiene noch in koartingskaart fan Albert H. dat it moast no wol wêze. Ik sil net te folle ferriede fan de film mar ik kin wol sizze dat it in moaie en ûnderhâldende film is. Hy sjocht lekker fuort en hy hat genôch spannende wendings en skrikmomenten. As in echte Nederlânske film komt der gauris in partij boarsten oer it skerm en spesjaal foar de froulju ek noch wol in pimeltsje al hoege jim der dêrfoar net hinne fansels. Mar Paul Verhoeven lit mei dizze film goed sjen dat goed en fout bytiden hiel ticht by elkoar lizze. Hy hat wat dat oangiet wer in lekkere sinyske ûndertoan yn de film set krekt lykas yn Robocop en Starship Troopers, dêr't de minsken ek in boadskip mei krigen omklaaid mei aksje. Dizze film moast sjen, mar dan wol sûnder fervelende pauzes en dus net yn de Must See Euroborg...
+ 0 - 0 | § ¶It Necskot
Omdat Klyde net nei it Hearrenfean koe en der dus noch plak frij wie yn it steanfek fan Nieuw Noord haw ik mar wer ris nei it Fean west. Wy moasten tsjin NEC en dy hiene noch net in soad punten. De stemming siet der fuort al goed yn want Ajax hie ferlern koene wy op de grutte skermen lêze. Nei wat sykjen koe ik de nije opgang fine nei de Nieuw Noord tribunes. In kreas nij fak ha se krigen. Wol in bytsje heech mar mei in goed oersjoch op it fjild. Allinnich wol spitich dat der wer in pear peallen yn stean. Dy ûntnimme dy toch in stikje fan it fjild atst der deun efter stiest. Foardiel is fansels wol dat der wer hoop is op in nije Bernlefpeal, it moetingsplak fan de Friezen út Grins. No koe ik mei troch in lege akku de oaren net werom fine. Faaks hiene se my wol fine kint want ik hie myn troch ús mem breide trui oan dy't nei al dy jierren dochs wat oan de lytse kant is. It Feansjaaltsje om (mar dy bin der wol mear) en myn Fryske mûts op. Lit de winter mar komme tocht ik. It wie yn earste ynstânsje net hiel ienfâldich mar in soad bange mominten wiene der ek net. Ik hie ommers efkes op ús ultime pisplakje miicht en dan winne wy eins altyd. Nei in heal oere al skopte Afonso Alves de bal fanút in lestige posysje keihurd yn it net. Yn de twadde helte koene wy ek wer Lalalala lalalalalalalalala lalalala lalalalalalala sjonge foar Lasse Nilsson en de fierder op ien aksje nei redelik ûnsichtbere Daniel Pranjic mocht ek noch in goal meitsje. 3-0 tsjin de mannen út Nijmegen dy't wierskynlik foar straf no de restearende 3 dagen fan de fjouwerdaagse rinne meie werom nei hûs.
+ 0 - 0 | § ¶Doarpsfeest Rottefalle
Ienris yn de trije jier hat de Rottefalle doarpsfeest. Sneon hiene hja in optocht mei fersierde weinen en ik moat sizze, dat foel my net ôf. Fansels kinst it net fergelykje mei Sint Nyk mar dat is ek in trije kear sa grut doarp. Mar der diene yn de Rottefalle al mear weinen mei. En der wiene in pear hiele aardige by. Alles stie yn it ramt fan de keunst. It folsleine doarp hong fol mei sels makke keunst en dêr die wol bliken dat der in soad kreative geasten by wiene. Net al te fier efter ús hûs, it wie dúdlik te hearren, stie in grutte tinte dêr't BNN foar muzyk soarge. Dêr stie ek in lytse merke dy't dan faaks wol gjin botsautokes hie mar wol in sweef en dy moasten wy yn Sint Nyk dit jier spitigernôch misse. Sjoen it feit dat der allegear lytse famkes ynsieten mocht ik der fan de freondinne net yn. Letter op de jûn hie dat fansels wol kinnen mar wy hiene oare plannen. Wy soene de jûns nei Zwartboek, de nije film fan Paul Verhoeven. Spitigernôch wiene der mear minsken dy't dat fan plan wiene want de bioskoop yn Drachten hie gjin plakje mear foar ús oer. Dan mar op hûs oan en dêr haw ik dan as pleister op de wûnde in oare Nederlânske film sjoen: "Lek". Dy foel my krekt as it doarpsfeest net ôf. Oer trije jier mar ris wat mear yn de tinte sjen...
+ 0 - 0 | § ¶Fryske Donald Duck
Geart Benedictus fan de Jouwer wol graach in Fryske Donald Duck omdat soks mear opsmyt dan al dy oare saken lykas in F-side en in moanneblêd (Frsk) as ynteardinkje yn 'e Fryslân post. Geart, dy't troch guon lju no al Beneducktus neamt wurdt, waard troch Hanna Ludwich fan de PVDA útgniist. No docht bliken dat de redaksje fan de Donald Duck mar wat graach foar in Fryske fersy soargje wol. Dêrom soe ik sizze wolle: "HaHanna, immen útgnize is ienfâldiger dan sels mei in goed plan komme"! De PVDA hat dêr oars wol in hantsje fan. Ynkoarten dus neist in Fryske Asterix, in Fryske Túfke, in Fryske Suske en Wiske en in Fryske Bommel ek in Fryske Donald Duck. Wit immen in moaie namme foar it eintsje, want Donald Ein klinkt fansels net geweldich. En om no krekt as de Hollanders gewoan it ingeslke wurd Duck stean te litten? Eise Ein ofsa soe kinne, of Jouke Jerk. Minsken mei mear fan dit soarte fan fantasyfolle ideekes meie har oppenearje. Faaks hat Geart sels ek noch in aardich ideeke...
+ 0 - 0 | § ¶Pigmeat wer ris yn Grins
Kommende tongersdei spilet it duo pigmeat nei jierren fan ôfwêzichheid wer ris in jûntsje op de soas fan Bernlef. Dit yn it ramt fan de iepen dagen om nije leden te werfen foar de Fryske studinteferiening. Pigmeat wie de earste band dy't ik yn 1995 by Bernlef moete en ik bin harren dêrnei noch ferskate kearen tsjin it liif rûn. It is altyd wer in feest at de mannen spylje. De optredens fan pigmeat dy't ik sjoen haw bin al net mear op 2 hannen te tellen. Kommende tongersdei bin ik der dan ek wer by fansels. Om jim alfêst yn de stimming te bringen kinne jim no dus 'I saw the light' delhelje en om ek efkes yn de kunde te kommen mei nijer wurk fan harren nijste kompakt skiif doch ik der as tagift noch efkes in bewurking fan Britney Spears by (Oops! I did it again)...
+ 0 - 0 | § ¶Pakje rebenschoppen te keap
Omdat ik op dit stuit mar kwalik rûn komme kin troch in kombinaasje fan hier en hypotheek haw ik besletten om myn lêste pakje Aldiwyn (âlde ferpakking) op Marktplaats te setten. Sûnt de Aldi de pakken Rebenschoppen opnij ûntworpen hat is der in soad sjarme ferlern gien. Eartiids makken wy slingers fol fan dy âlde giele pakken. No't der keazen wurden is foar in modern wynglês snapt nimmen mear wat fan ús glês mei de griene poat. No ja, jim kinne my dus helpe oan wat finansjele romte dus ik soe sizze, begjin mar te bieden...
+ 0 - 0 | § ¶Google ierde
Google Ierde is wer wat by de tiid brocht. It is no mooglik om sa'n bytsje hiel Fryslân fan redelik tichteby te besjen en ek de stêd Grins stiet no goed op de map. It is wol hiel grappich om jo âldlik hûs ris fan boppe te besjen. Us sechstich-ûnder-ien-kap stiet der ek kreas op en it is dat der wat beammen foar groeie mar oars wie ek ús nije stulpke goed te sjen. De hokken bin trouwens wol goed te sjen. De boatsjes op it tsjûkemar bin te ûnderskieden en de file foar de rotonde fan de jouwer is ek dúdlik oanwêzich. It fotoke hjirneist fyn ik ek tige de muoite wurch. Faaks wit immen wêr't dizze naam is? Lit it mar efkes witte yn de reaksjes...
+ 0 - 0 | § ¶Alles út 'e kast
Jitiizer is sneon út kast kaam mei in nije kompakt skiif. Ik hie noch net earder de tiid hân om dizze efkes goed te beharkjen mar no doch ik dat al efkes fansels en dan fuort mar efkes in resinsje op Thaeke.net fansels. De kompakt skiif sjocht der moai út dus de earste yndruk is goed. Nûmerke 1 is 'Foarspul' en dat foarspelt net in soad goeds want muzikaal is hjir weinich ear oan te beheljen. Op de skiif stean yn totaal 19 nûmerkes wat yn totaal dan wer krekt in oere tongercore oplevert. Trije nûmers wiene al ris earder op kompakt skiif útbrocht. Sa binne 'Fryslân boppe', 'Gek' en 'Sop Siere' efkes yn in nije strakke fersy stutsen. Wy koene him al lang hearre by de optredens mar no is dochs ek '117' op skiif set. In nije fersy fan 'Ik kom út Fryslân' troch Jitiizer in bytsje ferbastere ta 'Ik kom yn Fryslân' is fansels ek tige aardich betocht. Mei 'Alles út 'e kast' krijt it nûmer Bro Hymne fan Pennywise eindelik ek in Fryske tekst. De knyn mei fansels net ûntbrekke al is er dan sels net alhiel mear ûnder de libjenden. Lit ús hope dat dizze ôfskiedstsjinst net it ôfskied fan Jitiizer ynliedet want dizze feestband kin noch mannich feestje bouwe. Earlik is earlik, dizze skiif hellet it net by in Live optreden en ik leau ek net dat it de beste skiif fan de hearen muzikanten is. Mar miskien moat soks efkes tiid hawwe en moat ik de skiif noch in pear kear faker hearre (wat ek wol barre sil). Rollator...
+ 0 - 0 | § ¶Fan op stap nei in nije treppen
No't ik krekt in pear dagen noflik op stap west haw wurdt it tiid om my wer mei ús hûs dwaande te hâlden. Stie ik it ôfrûne wykein noch oan de bar mei de trepmakker, snein wie ik mei de freondinne al wer oan it slopen yn ús nije hûs. Sy miende dat sy ek in bydrage leverje moast oan it wurk en dus moast der op de boppeferdjipping efkes in stikje muorre fuort slein wurde. Dêr moat dan letter in wat rojaler gat makke wurde foar de nije trep. Fansels wol de freondinne har hielendal stoarte op it soart treppen en de kleur wylst it noch net iens wis is hoe't dy trep der krekt by komt te lizzen. No ja, ik lit har mar gewurde want oars krije wy dochs wer lijen. Ynkoarten sille se de trep wol in kear ynmjitte en dan moat wy mar ris in kear nei de sjokeamer ta. Ek de keukenjacht sil ynkoarten wol wer losbarste want de definitive maten fan de keuken binne no ek bekend...
+ 0 - 0 | § ¶Keatsen, toulûken en tongercore
Fannemoarn moast ik der al wer betiid út want ik soe om 9.30 by Albert en Jolanda wêze om dêr 'De Mier' wei te heljen. Ik hie in oartsje ferlyn tasein dat ik foar in draaioargel soargje soe by de merkepartij. Mei troch de Mier siet de stemming der goed yn op it keatsfjild. De earste omloop kaam ik goed troch mei 5-1 en 6-0 mar doe gie it mis. Yn de winnersronde ferlearen wy fan it faaks wat better keatsende partoer fan Jan de Wolff cs. Om't ik der dus al foar 14.00 ôf wie tocht ik dat ik noch wol efkes by it toulûken sjen koe. No dêr wie noch in tiem mei 4 man dêr't hja my wol my brûke koene. Mei myn keatsskuon oan krige ik wol aardich grip op it gers en sa slagge it ús om twa kear oan it langste ein te lûken. Doe't wy dêrnei tsjin in ploech moasten dy't krekt wat mear kilo's yn de striid goaie koene msten wy beliis jaan. Mar fan de 16 ploegen wiene wy dochs mar moai tredde. Doe wer nei it keatsfjild fansels en dêr hie ik no de wyn mei. Sa waard it gesellich en koene wy sa troch nei it doarp dêr't Jitiizer de kompakt skiif presintearre. Dat gong der ek wer om wei dat it sil moarn allegear wol wer lekker sear dwaan. No ja, de merke sit der wer op. Wy kin ús no mar alfêst opmeitsje foar it doarpsfeest fan de Rottefalle kommende wike...
+ 0 - 0 | § ¶De freeds fan de merke
Ik haw dit jier in goedkeape merke want der is gjin sweef dit jier. In minne aksje fan de organisaasje want de sweef is foar in protte Sint Nyksters moai boartersguod. Der stie no wol in grutte megasweefmasine foar yn it plak mar dêr bin je nei ien kear wol op útsjoen fansels. Al myn jild kin dus gewoan op gean oan wite wyn, jenever en sa no en dan ris in friske of in fiskje. De optochtwein dy't myn stim krigen hie foar de publykspriis hat dy priis úteinlik ek wûn. Hjoed waard bekend dat de Gaastdyk wer ris de earste priis hie fan de sjury. Dêr wie net elkenien it mei iens al moat ik sizze dat it wol in kreaze wein wie. No jûn noch mar efkes nei it fjoerwurk ta en dan net te let op bêd fansels want der moat moarn keatst wurde...
+ 0 - 0 | § ¶Nijpels en mear fan it selde
Ed Nijpels mient dat er ús no te pakken hat troch krekt it selde te dwaan as wat wy mei him dien hawwe (sjoch omropfryslan.nl). Sa hawwe wy út namme fan de stifting Fryske aksje in jier as wat ferlyn syn namme (www.ednijpels.nl) registreard. No hat er ús op syn manier werom pakt troch www.stiftingfryskeaksje.nl te registrearjen. No hat de stifting Fryske aksje net sa folle op mei de .nl ekstinsje dus hy mei dizze namme fan ús bêst hâlde. Hy hat de namme ek al sûnt 6 jannewaris en wy ha dêr noch neat fan meikrigen. Wol soene wy graach sjen dat Nijpels de .fy ekstinsje oanfreget. Mei in .fy ekstinsje soene wy gjin belang mear hawwe by ednijpels.nl en dan soe hy dy wol werom krije kinne. Nijpels is sawysa net sa bot orisjineel yn syn aksjes want earder al waard er frege foar de Fryske kameleonfilm mar hy wegere dat. Letter die er wol mei yn de Nederlânske fersy (sjoch hjir). No kaapt er in namme wêrfan't hy tinkt dat er ús dêr mei hat mar hy hat it wer mis. Faaks kin wy him útdaagje om sels ris wat te betinken...
+ 0 - 0 | § ¶Sint Nykster merke, de optocht
De earste tongersdei fan de moanne is it alle jierren Sint Nykster merke. Dat betsjut fansels ien grutte reuny en in oade oan Bachus. Ik haw fannemoarn efkes nei de optocht west en dat foel my net ôf. In grut ferskaat oan optochtweinen wêrby't de iene noch moaier wie as de oare. Wa't no krekt de moaiste wein hie is dreech te sizzen. Sa hie de iene wein hiele moaie spesjale effekten lykas in fulkaan mei in soad reek en in meters hege flam der op. Ek wie der wer in moai tonielstik fan de Gaestdyk. Thriller wie der mei in swikje sombys dy't je earder om 03.00 op de merke ferwachtsje dan om 10.00 en de opswypjende dûnskes fan Grease wiene fansels alderaardichst. De banaan song prachtich en omke Jappy siet goed yn syn rol. Alle oare weinen wiene ek geweldich, de ode oan it wetter, Pippi Langkouse mei sa'n tûzen lytse Pippys, Thea Beckmans krústocht yn spikerbroek. Neef Ronnie wie mei in kraan allegear blokjes oan it opstapeljen en neef Richard hie op trommelles west. De lêste krijt myn stim foar de publykspriis. It wie faaks net de wein mei it measte wurk der yn mar se diene it wol moai. Twa grutte tsjillen dy't net allinnich de tsjillen wiene mar ek de ombou fan it reuzerêd dat befolke waard troch in 25 trommelaars. De merke begjint goed want de sinne komt der no troch, dat it sil wol wer toarstich wurde. Moarn mear hjiroer fansels. Mar net te betiid fansels...
+ 0 - 0 | § ¶4 earsten der út
Sneon moat ik wer de partij fan it jier keatse dat ik tocht dat it wol in goeie saak wie om noch efkes in kear te trenen yn Sint Nyk. No dat hie ik like goed net dwaan kinnen fansels want nei alle drank fan tiisdei (en woansdeitemoarn) woe dat fansels net al te geweldich. Wy ha mei 5-5 en 6-0 ferlern mar dat lei foar in grut part oan my om't ik der fjouwer earsten bûten slein haw. Dat moat dus sneon al efkes oars mar dan haw ik fansels minder lêst fan senuwen om't it akwarium dan wol wer goed fol sitte sil...
+ 0 - 0 | § ¶Mei de hânkarre
Fannemoarn stie ik om kertier foar alven al op it sintraal stasjon fan Grins. Ik hie dêr ôfpraat mei Mario en Marcel om nei de Rottefalle ta te gean om dêr efkes in pear kroadsjes fol beton ús hûs yn te riden. De gelegenheidsboufakkers hiene de folchoarder alhiel trochinander mjukse want hja begûnen fuort al mei in potsje bier. Yn Drachten waarden wy troch de Astra fan skoanheit oppikt en sa kamen wy op ús boupleats oan dêr't de mannen sawat ta wiene oan it middeisiten. It betonizer lei der strak yn dat wy koene mar los gean. Der wie no noch mar ien probleem en dat wie frij struktureel. De beton wie der noch net. Dêrom ha wy earst mar efkes in pear hjerrings der yn sakje litten. Efkes letter kaam Boele ek noch en doe wie it stel kompleet.
Doe't even letter de enoarme betonmjukser ús lytse sydstrjitsje yn draaide koe it begjinne. De kroaden waarden neist elkoar opstelt en sa koe de mjukser hast kontinu trochdraaien bliuwe. At de lêste kroade fol wie de earste faak al wer leech en sa gie it hurder as dat ik tocht hie. De mannen dy't yn de hûs it beton kwyt moasten koene by flagen de stream fan kroaden mar kwalik ferwurkje mar nei in oere wie de auto in stik lichter en lei ús flier aardich yn it beton. Doe't Cor it beton dêrnei moai flak makke seach it der fuortdaalks al geweldich út.
Grutsk lieten wy der noch efkes in sâlte hjerring yn glide en doe setten wy ôf mei Boele yn de auto nei Grins fia de lytse dykjes. De mannen hiene toarst krigen en der moast efkes in kroech oandien wurde. Sa bedarren wy yn Surhústerfean yn de Dikke draai wol 'k leauwe. No dêr wie it wol efkes gesellich en nei't wy dêr mei in ferskaat oan skodde molken ôfskied namen pakten wy dochs mar de A7 wer werom nei de stêd. Nei in koarte tuskenstop op de Brugstrjitte giene wy fierder nei Ni Hao, de Sinastêd fan Grins. Dêr ha wy it folsleine wokmenu nei binnen wurke útsein de tee en/of kofje. Fan de pittichste woksaus mei trije piperkes dy't allinnich mei in glês kola goed yn te nimmen wie oant ferskate lekkernijen fan de tepan yaki plaat. Ossehazze en Fietnameeske fiskjes, garnaal en krab, it glied der noflik yn en fansels waard sa ús maachje krekt sa fol stoart as de flier fan ús hûs in pear oeren earder...
+ 0 - 0 | § ¶It plúmkejeien is wer begûn
Sa, ik bin krekt wer werom út de sporthal want it plúmkejeien is wer begûn. It wie drok en wol gesellich, útsein yn de kantine fansels. Sa'n earste dei is fansels altyd lestich want je moatte efkes it gefoel werom fine mar it gie bêst aardich. Ik haw mar net treent omdat ik in bytsje benaud wie foar in blessure en dat soe net sa goed út komme sjoen it feit dat wy moarn beton stoarte sille. Ek haw ik my net al te fanatyk útslooft want de spierkes moat fansels noch wol in bytsje soepel wurkje. No mar betiid op bêd dus ik sil it fierder koart hâlde. Moarn wer in swiere dei mar gelokkich komme der wat sterke mannen om te helpen.
+ 0 - 0 | § ¶It hat efkes duorre
Foar de minsken dy't graach op de hichte bliuwe fan alle feiten en bysûnderheden wat ús ferbouwing oanbelanget is der no nei lang wachtsjen eindelik in fotoside oanmakke. Op dizze side fine jim in ferskaat oan fotokes fan ús hûs sa't it wie en sa't it no is. Jim kinne ek jim reaksjes kwyt op de fotoside mar troch tiidgebrek haw ik it noch net foarelkoar krigen en meitsje de side yn it Frysk. Wat dat oanbelanget noch mar efkes geduld dus.
+ 0 - 0 | § ¶Hûswaarming
Doe't ik fannemoarn op de bou kaam lei de flier al hielendal bedekt mei piipskûm. Troch dat piipskûm wie it gewoan al in stik noflikker yn de hûs. De flier wie gewoan lekker waarm en it like no ek wer wat grutter troch de ljochte flier. Hjir en dêr wiene gatten yn it skûm makke dêr't ik mei in enoarme grûnboar dan gatten yn meitsje moast foar de fundearring. Moandei sil der dan betonizer oerhinne komme en tiisdei komt nei alle gedachten it beton. Der is ek al wer in nije berekkening makke want der komme noch wat stikjes by. Wy ha no dus al 12 kúb beton nedich. Dat is sa'n 144 kroaden fol! Cor hie mei opset dy gatten as lêtste boare litten omdat der oars minsken yn ferûngelokje koene en hawar, dêr stoarte de freondinne al mei har skonk yn ien fan de farske falkûlen. Gelokkich betearde it allegear goed. Om dat te fieren ha wy mei de skoanfamylje út iten west mar doe krigen wy tillefoan fan M8eld en Jelle. Dy hiene de dei dêrfoar ek krekt in âld hûs kocht. Wy moasten it mar efkes besjen. No, wy mienden dat wy in grut hûs krigen. Mar it past wol 4 kear yn dat fan hun. 2 Foardoarren, 3 dûsen, 3 húskes, 25 sliepkeamers en in tún sa grut as de gânzetippe (eilân yn it Tsjûkemar). It hûs is sa massyf dat der yntern noch in mobile tillefoanantenne bypleatst wurde moat want Telford ok, mar at sels Vodafone it der al moeilik mei hat... In prachtich âld hûs yn it sintrum fan Aldeboarn. Genôch romte foar lytse Eppengatsjes dus. Fan dizze kant dan ek in soad ferbou-wille yn jim nije hûs en mar rap wer in ynternet oansluting dêr yn Aldeboarn.
+ 0 - 0 | § ¶Septimbertinzen
En sa binne wy al wer 1 septimber. Septimber is altyd in moaie moanne want de earste tongersdei fan septimber is it Sint Nykster merke mei moaie optochtweinen, in soad floeiber guod, fjoerwurk, Jitiizer (dy't dit jier ek noch mei in nije kompakt skiif alles út de kast skuort) en fansels de merkepartij. Dêrneist is septimber ek altyd de moanne fan de Iepen Dagen by Bernlef en dit jier spilet Pigmeat dêr wer ris. Op ien fan de earste jûnen dat ik by Bernlef kaam spile Pigmeat dêr ek en dat wie geweldich. No yn myn lêste dagen yn Grins krij ik noch in kear de kâns om harren yn ús lytse Fryske swithokje te sjen. Moai dat dat sa kin. Oan it ein fan septimber moat ik dan wer mei heit de boat yn foar it falkjesilen fan de WSV Sint Nyk. Altyd in machtich moaie silerij mei in stik as 20 polyfalken, in grutte legertinte en in hiel soad fisk, en bearenburch. At it safier is is it al wer hjerst, mar dat liket it hjir no ek wol mei al dat reinwetter. Hawar, ik haw der sin yn en neist al dy feesten en partijen moat der fansels ek noch 120 kroaden fol beton ús hûs yn riden wurde...




