+ 0 - 0 | § ¶Wie it mar in skrikkeljier
Pas justerjûn let krige ik berjocht dat it hûs foar 1 maart leech moast. Sterker noch, foar 17.00 moasten de kaaien ynlevere wurde op de Peizerweg. Wy hiene dan ek in drokke dei foar ús. Moarns betiid haw ik de karre al út syn hok helle sadat skoanheit dizze sa oankeppelje koe. Doe't skoanheit hjir wie ha wy noch wat ark meinaam en doe op nei Grins. De freondinne moast de moarns noch wurkje dat dy soe letter komme. Yn it hûs begûn skoanheit fuortdaalks as in beest yn de flierbedekking om te skuorren. Ik haw my dwaande hâlden mei it ferplakjen fan guod en it fuortsmiten fan de lêste saken. Sa leit no myn folsleine samling lege (by follen soe it alkoholmisbrûk wêze fansels) bearenburchflessen yn bynammen de griene ôfdieling fan de glêsbak. Ek de krúkjes bin yn in kontener ferdwûn mar dizzen meie fansels net yn de glêsbak. Ien lege flesse 'berenburg' haw ik dochs bewarre, myn earste, dy't op toplicht 100-bier healwei de jûn oer myn buorman Adrian(aal) ferdwûn. Dizze moat my der oan herinnerje dat Sonnema krekt Dreft is, ien druppeltsje is al tefolle. Om in oerke as tolve hiene wy de fliebedekking der foar it grutste part al út. It siet gelokkich ek net sa fêst dus dat skeelde. Doe kaam ek de freondinne thús dat sy koe fuort oan it himmeljen. Wy ha doe noch efkes nei it stoart west mei in fracht flierbedekking, ûnderflier, in âld kuolkast, en de ynhâld fan ús yn 11 jier nea lege gemoboks. Doe wie it tiid om de karre fol te smiten en it passe mar krekt allegear. Foar ús twa fytsen wie gjin plak mear dat dy moat ik dan letter mar ris ophelje. It dreechste putsje moast doe noch komme. De lêste stikkers en poasters moasten noch fan de muorre en de freondinne hie guon poasters mei dûbelsidich plakbân op in raam plakt. Nei jierren wol soks der mar min ôf. De flierbedekking joech ús minder wurk. No sa, om goed kertier foar fiven hie ik hast gjin fel mear op de klauwen en wie it bloed my al in kear as wat ûnder de neils weihelle (letterlik) mar ik koe dochs noch krekt op tiid de kaaien ynleverje. De freondinne wie alfêst mei skoanheit opwei mar dy soe ik ûnderweis fansels wol ynhelje (tocht ik). Dat foel tsjin want al foar it stedsperk stie ik yn de file foar de stopljochten en it soe ek net mear goedkomme. Rom foar de Lieke stie der al in plysjeman te swaaien dat it wol wat suniger mocht en ja hear, wer in file. It krige al fisioenen fan in reade opel mei in blaue karre dy't ûnderweis op de snelwei foar in ravaasje soarge hie troch dêr it ien as 't oar te ferliezen mar dat foel ta. By de ôfslach De Lieke wiene in pear autokes op elkoar flein en dat hâlde ús dus in bytsje op. No it foardiel wie wol dat ik dêrtroch net in soad hoechde te lossen...
+ 0 - 0 | § ¶Plúmkejeien hie better west
Juster om 19.00 moast ik eins plúmkejeie, wy hiene in lyts toernoaike. Mar ik hie in ôfspraak mei in steltsje om efkes nei ús hûs te sjen. Ik ha se alles sjen litten en sa wie ik pas om goed 19.30 yn de hal dêr't ik noch krekt 2 oerkes tsjin it plúmke ramme mocht. It steltsje soe ús de oare deis skilje at se it wol as net oernimme woene. No ik haw hjoed de hiele dei foar de tillefoan lein mar pas om goed 20.00 oere waard ik skille troch it hoantsje mei de meidieling dat it oergean soe. Sy namen in oar hûs en it like him wol tûk om ús dat noch efkes mei te dielen. No lekker is dat, de hiele dei neat heard en dan op it ein noch efkes krekt dwaan as bin jo hiel fatsoenlik om dochs noch efkes wat fan jo hearre te litten. Jo hearre noch fan ús, it is ferdomme gjin sollisitaasjegesprek wol? No hat it my dus in heal oere effektyf tsjin in plúmkejeien koste en ik mei moarn yn ien dei alles leech klauwe. Jo wurde bedankt!
+ 0 - 0 | § ¶Soe it dan dochs noch...
Yn earste ynstânsje wie it de bedoeling dat wy in pear nije hûsgenoaten fine soene om de hier en ús besittings oer te nimmen mar dat slagge min. Wy ha de hier per 1 maart opsein en doe wie it de bedoeling om ús flierbedekking yn kombinaasje mei ús gasfornuis, waskmasjine en kuol/frieskombinaasje oer te dwaan oan de nije bewenner. No bin wy 26 febrewaris en wy ha noch neat heard fan in nije hierder. Omdat Patrimonium minne ûnderfinings hat mei it lizze litten fan flierbedekkings ensa moat it der foar 1 maart útwêze at der net immen komt om it oer te nimmen. No haw ik krekt tillefoan hân fan in famke dat mooglik yn ús sechstich ûnder ien kap komt. Sy sil jûn efkes sjen at it wat is. Faaks ha wy dan dochs noch mazzel en hoege wy net alles leech te heljen...
+ 0 - 0 | § ¶Doarpsbelang
Ik wit net at it yn it doarpsbelang is dat ik lid wurden bin fan it doarpsbelang mar it liket my ta fan wol. Ik haw my dan ek mar efkes opjûn as lid. Dêrneist stypje ik no ek it hertekamp, de 'bernebuorkerij' fan de Rottefalle in bytsje mei. Alle lytse bytsjes helpe ommers en it is moai dat mei help fan in soad frijwilligers soks bestean kin. No't de measte saken yn ús hûs harren plakje hast wol fûn ha moat wy fansels ek sels ús plakje noch efkes fine yn ús nije omjouwing. Ynkoarten mar efkes offisjeel lid wurde fan de buertferiening en dan sil wy ris sjen wat ús doarpke sa al te bieden hat...
+ 0 - 0 | § ¶Alwer gûle de goaden
Ik bin krekt werom fan in yndrukwekkende ôfskiedstsjinst fan ús muoike Rike. It wie sa tsjokfol yn it tsjerkje fan Stienwikerwâld dat de koster moast hjir en dêr wat lietboekjes by minsken ynsammelje om dy wer earne oars út te suteljen sadat dochs elkenien wat meisjonge koe. Carolien en Ineke fertelden beide wat oer harren mem wat sa herkenber wie en sa moai dat mannich besiker de eachen net droech hâlde koe. Ek yn de himel gûlde men mei sa die bliken want de luchtfochtichheid wie op plakken wer 100 prosint. Oan de iene kant is dat fansels wol spitich, dat it kâld en wiet is by immens lêste reis. Oan de oare kant heart it der ek wol in bytsje by fansels, dat gûlen fan de goaden by it weigean fan sa'n aardich en goed minske as ús muoike Rike...
+ 0 - 0 | § ¶Wy hâldt der in dûbele moraal opnei
Wannear't jo by de keninginne op besite meie binne der in protte foarskriften, gedragings en mores dêr't jo achte wurde jo oan te hâlden sa haw ik begrepen. Jo moatte josels net te opfallend klaaie sadat jo net mear omtinken krije as de keninginne. Ek skynt it gebrûklik te wêzen dat sy nei jo takomt en net oarsom. Dat allinnich sy de konfersaasje oangean mei en dat fierder alles fatsoenlik wêze moat. Ik kin my ek noch hiel goed in stikje út de film Turks Swiet foar de geast helje wêryn't de haadrolspiler mei syn Olga tidens de ûntbleating fan ien fan syn keunstwurken troch de keninginne út de omkriten fan hare maje wei hâlden wurde om't Olga har boezem wat te prominent yn byld wie. No is soks fansels mar in film, mar ek by it staasjeportret fan de ministerploech moat alles netsjes en is de keninginne it middelpunt fan alles. Hoe nuver is it dan ek dat sy in foarstelling organisearret foar de Turkse presidint wêrfan't hja witte moatte soe dat hy dêr net hinne mei at der immen in hollekapke op hat. Wol de keninginne hjirmei in stelling ynnimme dat froulju frij wêze moatte om dat op harren holle te hawwen wat sy wolle? Ien ding is wis, mocht ik ynkoarten ris troch Bea útnoege wurde foar in gleske bearesop, dan kin ik ek gewoan in Jitiizer-mouhimd oan hâlde...
+ 0 - 0 | § ¶Opsizze
Earne lid fan wurde as wat bestelle is gauris ienfâldich. Mar dêr nei ferrin fan tiid wer fan ôf komme is in stik dreger. Sa moat ik no fan alles en noch wat opsizze oangeande ús hûs yn Grins. De tillefoan is al ôfsletten, de kabeltv en it ynternet ek al. No it wetter, gas en illektrysk noch. Mar ja, dan moatte jo mei meterstannen komme en dy bin yn Grins (op de meter) mar dêr haw ik wer gjin ynternet. Boppedat wol ik it pas per 1 maart opsizze, oant dy tiid brûk ik dus noch stroom, wetter en gas. Per 1 maart moat ús hûs leech wêze mar de flierbedekking kin faaks noch wol in twadde libben mei. Mar hoe wit ik no oft de nije bewenners dit (fergees) oernimme wolle? En hoe kin ik it der letter noch úthelje sûnder kaai? Ik bin bliid dat wy no in keaphûs hawwe al is it fansels ek net de bedoeling om jitris te ferhûzjen...
+ 0 - 0 | § ¶Lost seisoen 3
Wy ha der efkes op wachtsje moatten mar nije wike freed begjint seisoen trije fan de populêre tv searje Lost. Ik haw wol wer sin yn wat ûnferwachte saken en ik bin benijd wêr't se no wer mei komme sille. Yn alle gefallen ha de makkers sein dat se der nei goed 100 ôfleverings in punt efter sette sille. Dus nije wike freed allegear mar efkes nei Net 5 sjen, om 21.25 ofsa...
+ 0 - 0 | § ¶Rêst sêft muoike Rike
Us mem har âldste suster, ús muoike Rike, is justerjûn fierstente betiid en frijwat ûnferwachte ferstoarn. Se hie al jierren kanker en wat se dêr ek oan dienen, alle kearen kaam dy ellendige rotsykte wer werom. Muoike Rike is de striid dapper oangien mar it wie in striid dy't hja net winne koe. Us muoike Rike is 67 jier wurden. Ik haw altyd in soad respekt foar muoike Rike hân. Doe't wy jong wiene kamen wy dêr altyd yn de fakânsje in pear dagen mei de boat. Hja hiene doe noch in buorkerij en hoe drok at hja it ek hiene, hja makken altyd tiid foar ús en wy ha dêr altyd in soad wille hân. Wat my der noch fan bystiet is dat wy gauris mei ús nichten oan it tafelbalskoppen wiene en yn lettere jierren ús earste karambools op it griene lekken makken. Ek krigen wy fia muoike Rike ús earste, twadde en tredde Minky (kat). Yn de tún koene wy lekker krúsbeien ite, skommelje op in allermachtichst hege skommel en fansels de kij út it lân helje. Ek de letterkes-fermeselly stiet my noch goed by. Wy wiene by muoike Rike altyd sa dwaande mei de letterkes dat de sop gauris kâld waard. Jûns rûnen wy dan wer werom nei de boat wylst de fallende stjêren by boskjes nei ûnderen kamen. Wannear't ús mem de jierdei fierde op de pôle kamen Bennie en Rike altyd mei de fyts. Wy setten harren dan altyd efkes oer mei in lyts boatsje, dat skeelde harren wer sa'n 10 kilometer. In hiele prestaasje likernôch fanút Stienwikerwâld. Wy sille muoike Rike dan ek herinnerje as in sterke doch rjochtfeardige frou mei in hert fan goud. Ik wol Omke Bennie, Ineke en Carolien dan ek in soad sterkte tawinskje by it ferwurkjen fan dit ferlies.
+ 0 - 0 | § ¶Himelwetterôffier
It is fansels in leuk wurd foar galchje dat 'Himelwetterôffier' mar it is ek in hiele put. Op sa'n momint soene jo wolle dat je in lyts wâldhûske hiene en net in riante wenning fan rom 13 meter lang. De nije dakgoate hong der al oan mar de pypkes eindigen krekt boppe de grûn. In bytsje in stoartbui soe dan ek fan ús stege in flinke dwersfeart meitsje kinne. Fandêr dat skoanheit en ik ús dwaande hâlden mei de oanslutings. Ik haw in groppe groeven by it hûs del en dêr ha wy fan ferskate âlde en nije stikjes reinwetterpipe in ôffier makke nei de âlde wetterput dy't wy in eintsje ferpleatst hawwe. Oan de oare sydkant fan it hûs hiene wy al in buis oanlein dy't no tydlik op it rioel útkomt mar dy't letter sa op de nij oan te lizzen himelwetterôffier oansletten wurde kin. No moat der allinnich noch in ferbining makke wurde tusken de put en de nije ôffierleiding. Dat moat moarn dan mar!
+ 0 - 0 | § ¶Fuotbalfile
Sneins moat ik om 14.00 op myn wurk wêze dat ik wie moai op tiid mar krekt nei it Julianaplein moast ik ynienen fol yn de ankers. Ik wie hielendal fergetten dat de FC Grins thús spylje moast. De logistyk yn Grins is noch net hielendal goed regele want alle banen stiene stil wylst hja allegear rjochting Hoogezand moasten wylst ik in oare kant op moast. Ik hie ferwachte dat ik it yn 10 minuten noch wol rêde soe mar dat foel ôf. Ik siet yn de middelste baan en omdat der hieltyd minsken fanút de lofterbaan ynfoege moasten yn de middelste baan skeat it foar gjin meter op. Ik hie faaks ek better yn de bûtenste baan ride kint dan hie ik yn elk gefal net hieltiten wer ynhelle wurden. Uteinlik kaam ik by de trochlutsen streep sadat minsken (offisjeel) net mear nei de rjochterbaan mochten mar de kloatsek foar my woe dat al besykje. Wylst der foar him in folslein lege dyk wie moast ik wachtsje eart immen him der tusken liet. Dêrnei koe ik rap troch mar ik haw dochs mar efkes sondige en bin oer de streep riden. Der wiene dochs gjin autokes mear rjochts fan my. Sa koe ik 10 minuten te let dochs op myn wurk ferskine. Hast 20 minuten fêst stien dus. Ik hie it rinde flotter dwaan kinnen...
+ 0 - 0 | § ¶11 kastentocht
Wy binne noch altyd op syk nei in kast foar yn in nis yn ús hûskeamer dat fannemoarn moasten wy der al wer betiid út omdat de freondinne my meislepe woe op kastenjacht. Sa hawwe wy de hiele sneon fan it Fean nei de Jouwer en fan de Jouwer nei Snits en fan Snits wer nei Sint Nyk en sa fierder oan it sykjen west nei in geskikte kast. Uteinlik hawwe wy der miskien ien fûn dy't ús beide wol oanstiet. No moat wy dêr fansels noch efkes oer gear en dan silst sjen dat dy kast alwer ferkocht is krekt lykas de foarige...
+ 0 - 0 | § ¶Yn de goate

Fannemoarn wie ik om 6.30 thús (nachttsjinst) en om de freondinne noch in heal oerke ekstra nachtrêst te gunnen haw ik earst noch efkes in ôflevering fan Andromeda sjoen op DVD. Om sân oere bin ik dochs mar op bêd gien mar doe't de freondinne der in pear tellen letter ôf gie seach sy al in mantsje om ús hûs strunen. It wie bekend dat hjoed de dakgoate pleatst wurde soe dat ik wie der al wat op tared mar myn sliep krige ik sa net fansels. Ik hie wol op bêd gean kint mar de goate komt krekt efter ús sliepkeamer en der moast ek noch in stikje fan it dakskot ôfseage wurde. Sliepe hie dan ek kânsleas west. No, ik haw de mannen efkes in bakje kofje set want troch myn ûnderfining yn oare beropsgroepen wit ik dat sûnder kofje de wrâld ophâld fan draaien. Dêrnei begûnen de mannen te wurkjen en fansels haw ik der sa no en dan efkes by sjoen. Ik wie foaral hiel nijsgjirrich nei de nije dakgoate want dy soe hjir foar ús hûs op maat makke wurde. 13 Meter aluminium goate waard der sa yn ien kear út de auto draaid. In rolle aluminium waard troch in trijetal walsen yn de júste foarm walst en sa krige ik in dakgoate op maat mei 3 sintimeter ekstra as boanus. Dy trije sintimeter moast der letter noch wol wer ôfknipt wurde want hja hiene ferkeard metten. No dat kin barre fansels, mar hy sit der no op en hy sit der moai strak tusken dat lit it wetter no mar komme. Of nee, wachtsje noch mar efkes oant wy it wetter ek wer kwyt reitsje kinne...
+ 0 - 0 | § ¶Harry Potter yn it Frysk
Utjouwerij Steven Sterk sil de boeken fan Harry Potter yn it Frysk oersette. Dat is fansels geweldich nijs want ik bin bêst wol in bytsje fan fan Harry Potter. Ik haw al syn boeken lêzen yn it Ingelsk mar it soe fansels geweldich wêze om se ek yn it Frysk te hawwen. Dêr't wy by it lêste boek yn de orisjinele taal noch efkes in pear moanne wachtsje moatte sil it ek noch wol in moai skoft duorje eart alles oerset is yn it Frysk want hoe fierder yn it ferhaal, hoe tsjokker de boeken wurde. No mar hope dat de oersettings in bytsje goed dien wurde. Want dy Nederlânske nammen bin net al te al te...
+ 0 - 0 | § ¶Plasterk fan ûnder wizer as fan boppe
Ronald Plasterk, de namme seit it al, hy plast sterk oftewol hy mei graach sijke. Noja, de 'bêste man' sil de nije minister fan ûnderwiis, kultuer en wittenskippen wurde yn Balkende IV. Dat is op 'm sels faaks net sa slim mar dizze man hat it min foar mei it Frysk. Sa hat er yn in kollum foar de VPRO it Frysk delset as wie it in dialekt. Friezen meie neffens him belaggelik makke wurde en it Frysk is krekt sa'n mearke as de gemiddelde atraksje yn de Efteling. No, mei dizze man oan it roer sil it wol goed komme mei it Frysktalich ûnderwiis en ús Fryske kultuer! Wat dat oangiet is it mar in gelok dat noch gjin inkeld kabinet Balkenende de haven helle hat en dat se stik foar stik op folle see fergean, gauris by in stoarm net heal grut genôch foar in glês wetter. It mearke fan Plasterk sil dan ek wol rap oer wêze. Daalks kin er fan syn wachtjild yn de rij stean gean foar de Holle Bolle Gijs. Kabinetsplannen hjir, Kabinetsplannen hjir! Ien ding is wis, Plasterk stamt ôf fan de apen, hy hat te dom praat foar Ynteligent ûntwerp (Intelligent Design)...
+ 0 - 0 | § ¶Nocht en Wilkens
Hjoed is it wer Kiezel, de lytse keiwike (yntroduksjewike) fan de lytse studinteferienings healwei it jier. Njoggen jier ferlyn siet ik sels yn de organisaasje en sa haw ik ek it famke dat in heal jier letter myn freondinne wurde soe lid makke fan Bernlef. Fannejûn stie Piter Wilkens nei jierren fan ôfwêzigens wer ris op it programma dat ik moast mar efkes hinne. Piter soe fan njoggen oant alve spylje hie ik begrepen dat ik tink, dan kin ik noch moai efkes in oerke meipakke ear't ik oan myn wurk beginne moast. Allinnich it die bliken dat Piter der nocht yn hie en it wie gesellich dat ik bin mar efkes in oerke langer bleaun. Piter woe de hiele nacht wol troch sa like it wol dat it spiet my al dat ik net frijnaam hie. No ja, der moat ek sinten fertsjinne wurde fansels. Ik sit oars ek noch altyd mei 2 hûzen (mar net lang mear). In koart mar moai optreden foar my wêrnei't ik ek noch hast 2 famkes lid makke haw. Is dat noch slagge Klaas Yde? It soene tink ik wol de earste famkes wêze dy't ik lid makke haw mei help fan Baileys...
+ 0 - 0 | § ¶Sliepend ryk
Wat is der no moaier dan sliepend ryk wurde. Ik bin krekt wer wekker en no sjoch ik al dat ik mei it ôfrûne WK Allround op it Hearrenfean wer in pear sinten fertsjinne haw. Ik haw okkerdeis ris in setsje domeinnammen registreard oangeande it ek- en wk allround. Op dy siden stiet wat ynformaasje en dêrneist ek in moai nustje handige advertinsjes dy't mei it ûnderwerp te krijen hawwe. At minsken dêr op klikke dan smyt my dat in pear dollarsinten op. No komme der gewoanwei net in hiel soad minsken op de spesifike allroundsiden. Mar krekt dit wykein wie it fansels wer efkes drok. En hoe mear minsken hoe mear klikjes en dus bin ik dit wykein wer sliependewei in bytsje riker wurden (of minder earm). It is ek wer net datst seist ik keapje in nije auto, mar yn alle gefallen smyt it wol safolle op dat ik no ek noch mar efkes in pear nammen oangeande de wk-ôfstannen registreard haw. Foar de leafhawwers, it setsje is fansels ek te keap...
+ 0 - 0 | § ¶It is NET oeral gelyk
De freondinne hie ús stimkaarten fûn. Spitigernôch meie wy dochs wer foar de Grinzer provinsjale steaten oan de bak. Ik sil sjen oft ik dat noch feroarje kin mar dat sil wol dreech wurde. No ja, om't ik my net sa bot dwaande hâlden haw mei de Grinzer steaten dochs ek mar efkes de stimwizer fan Grins ynfolle. En dan docht ynienen bliken dat de Christenunie dêr pas op it fyfde plak komt. It CDA stiet wol wer op it earste plak en, hoe kin it ek oars as selsstannich ûndernimmer, de VVD stiet op twa. Ferrassend is fansels wol dat de PVDA op trije stiet. Ek in grutte ferrassing is dochs wol dat ik yn Fryslân goed skoar by de Partij foar de bisten, mar dat dyselde partij yn Grinslân hielendal ûnderoan stiet. Se sizze yn Grinslân altyd dat yn Fryslân de kij moaier binne as de froulju, faaks is dat in ferklearring...
+ 0 - 0 | § ¶Ferve, skroefkes en iten foar de hiele wike
De freondinne hat fannemoarn drok oan it skilderjen west mar no hat se net genôch. Se hie der op rekkene dat it wol yn ien kear dekke soe mar it moat eins noch wol in kear oer. Mar om't sy sels op it allerlêste momint noch frege waard om yn te fallen by it kuorbaljen slagge it har net om hjir sels efkes efteroan te gean. Ik mocht dan ek wer alle winkels fan Drachten by del. Om te begjinnen efkes nei de decorette om de gerdynstalen werom te bringen. Dêrnei nei de Jumbo foar in foarried iten dêr't wy in pear dagen mei foarút kinne en as lêste ek noch efkes nei de Gamma foar de ferve en foar in pear skroefkes om sa de lêste lampen op te hingjen. De skroefkes dy't dêr op dit stuit yn sitte binne te koart dat sadwaande. No kin de lampe yn de hal ek hingje...
+ 0 - 0 | § ¶De ideale skoansoanheit
Ik haw it wier troffen mei myn skoanheit. Sa wie de freondinne hjoed yn Grins bleaun om by har freondinnen wat te iten. Ik moast dan ek mei de bus nei Grins ta om't ik dêr fannacht wer oan de bak moat. Mar doe't ik skoanheit frege oft ik ek in fyts liene koe hie er in better idee. Ik koe wol mei de auto! Sa kin ik fannacht wer ris yn in reade opel astra nei Grins ride. Geweldich dat soks sa kin. Ik hie my fansels dochs al gjin bettere skoanheit winskje kinnen nei wat de bêste man allegear foar ús dien hat. Sa kin ik daalks noch moai efkes de 5000 meter fan it reedriden meipakke. Set 'm op Sven...
+ 0 - 0 | § ¶Stimwizer steateferkiezings
Nei 11 jier Grinzer west te hawwen bin ik sûnt 2 febrewaris wer offisjeel Fries. Dat soe betsjutte dat ik mei de kommende steateferkiezings dus wer in stim útbringe kin foar de provinsjale steaten fan Fryslân. It is noch efkes ôfwachtsjen fansels, want it soe kinne dat ik te let ferhûze bin wêrtroch't ik noch yn Grins stimme moat mar ik tink dat ik krekt op 'e tiid oer wie. No haw ik de Fryske polityk fansels al in tiidsje net mear fan tichteby meimakke dat ik tocht dat it gjin kwea koe en folje efkes de stimwizer yn. Ek dit jier is dy ek wer yn de Fryske taal beskikber. No de fragen wiene oer it generaal net al te dreech dat yn 5 minuten wist ik al wa't myn stim it measte fertsjinne. Dat wie wol efkes skrikken want hoewol't ik by de fragen oer sneinsrêst en de keunst op iepenbiere plakken net it meast Kristlikke antwurd jûn haw kaam de stimwizer dochs mei it stimadvys Christenunie. It CDA kaam as twadde út de striid. Ek de partij foar de bisten kaam ûnfoarstelber heech. Faaks moat ik myn fraach oer de jacht noch mar efkes rektifisearje want op dizze prutspartij sil ik fansels nea stimme. Ik bin gek op bisten, mar dan wol goed gear!
+ 0 - 0 | § ¶Yn de gerdinen en op de kast
Woansdei is altyd de frije middei fan de feondinne. Sy hoecht dan net te wurkjen mar echt frij is sy fansels nea want der moat wer bot winkele wurde. It is tiid foar gerdinen en der moat eins ek noch in moaie grutte kast komme. Se hie al in moaie kast op it each mar dy waard har krekt foar de noas weikocht dus dat makke it winkeljen der net ienfâldiger op. No haw ik fan ús heit de tip meikrigen dat je by fragen lykas: "wat fynsto fan dizze gerdinen?" it bêste melde kinne dat je kleureblyn binne en dus gjin ferstân fan kleuren hawwe. Dat hat al yn in soad situaasjes fertuten dien al wurdt de freondinne der fansels wol wat sjachrijnich fan. Freegje it my dan ek net! Ik fyn alles bêst en at ik it net goed fyn dan meitsje ik wol gebrûk fan myn fetorjocht. No ja, it sil noch wol in pear dagen duorje eart wy gerdinen hawwe. Wy ha al wat probearlapkes yn hûs mar ja dy moat by deiljocht besjoen wurde en at de freondinne thús komt is it al tsjuster fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Thermostaetsje
Wy hawwe yn ús nije hûs in nije sintrale ferwaarmingsynstallaasje mei in hypermoderne thermostaat. Dizze kinst programmeare sadat er it hûs moarns al lekker waarm stookt hat atst fan bêd komst. Ek giet it kacheltsje jûns automatysk wer nei in wat miljeufreonlikker temperatuer ta. Spitigernôch hat de freondinne it idee krigen dat sy it better kin. No stiet it ding dus op de hânbetsjinning. At sy it kâld hat giet er heger, at sy it waarm hat giet er omdel. En hoewol't sy tinkt dat sy sunich dwaande is sit ik no wer yn in kâld kantoar te wurkjen en krijt de kachel it hinne en wer fan it út en oangean. En ik hie it ding noch wol sa moai programmearre. Moarns om 8.00 wie it lekker waarm yn hûs en jûns om 23.00 soe it stadichwei wer wat frisser wurde sadat wy it kâld krije soene en wy inander wat oankrûpe moatte soene...
+ 0 - 0 | § ¶Ik mis de aldi
Wy wenje al hast wer in wike yn de Rottefalle en ik moat sizze ik haw der noch net in soad fan meikrigen. Sa haw ik hast alle kearen nachttsjinst en lis dan de heale dei op bêd. Mar it befalt wol goed hjirre. Sa haw ik oant no ta alle dagen poerbêst slept yn ús nije sliepkeamer en ek mei de fry-top haw ik no wat mear ûnderfining. De Rottefalle is wol in moai rêstich doarpke leau ik. It is allinnich wol spitich dat der gjin supermerk mear is. Doe't ik begûn by de Friesche vlag moast ik noch wol ris in kontenerke mei suvel dizze kant op stjoere mar Wilco en Martha bin der mei útskaaid. Spitich is dat want eartiids hie ik de supermerk op rinôfstân en dat mis ik dochs wol in bytsje. At ik no sin yn wat haw dan moat ik hielendal nei Drachten ta en sûnder auto fergiet my de honger dan al gau. Wat sil de kilo's der ynkoarten ôffleane...
+ 0 - 0 | § ¶Zero
Justerjûn wie in sportive dei. Earst in kertier fytse, dan 12 setten plúmkejeie en dan wer in kertier fytse. Dêrnei efkes mei de bus nei it sintrum om dêr noch wer in eintsje te rinnen nei it stasjon. Mei de q-liner nei Drachten om dêr ta de konklúzje te kommen dat je nei healwei seizen net mear mei de bus by de rûnwei fan Rottefalle komme kinne. No dan mar efkes rinne, dan wit ik hoe fier at dat is. Underweis kaam ik noch in Albert Hein tsjin dy't noch iepen wie. Dêr haw ik in flesse Zero kocht. Dat is de nije kola fan Coca Cola dy't wol 'Light' is en dus sûnder fet en sûker mar dy't net 'Light' hyt omdat manlju dat net stoer genôch skine te finen. Ik tocht dat kin ik dan moai efkes in kear besykje op myn tocht nei de buorren. Ik moat sizze, it foel my justerjûn net hiel bot tsjin dat Zero. Wat my al wat tsjinfoel wie it rinnen. Sa haw ik ien oere en tsien minuten wurk hân om fan Knobeldorffsplein nei myn foardoar te kommen. En omdat myn sok stikken wie haw ik no ek in bêste blier op de fuotten. No ja, dat giet wol wer oer fansels. Fannemoarn waard ik trije kear wekker mei in enoarm droege strôte. At dit fan de Zero komt wit ik net, mar ik bin bang fan wol. Gewoane Coca Cola soarget altyd fuort daalks foar toarst, de Zero kennelik wat letter. It sil wol sûn wêze, ûngefear 80 kear sa meager as sinasappelsop, mar gewoane kola is dochs lekkerder...
+ 0 - 0 | § ¶(Poe)delpriis
Fannemoarn siet ik al wat wer betiid op it fytske. Ik hie fannacht yn it Aquamarijnhotel sliepen en dat foldie my tige goed. Om 9.00 waard ik ferwachte yn de sporthal fan Hoogkerk dêr't de BC GO! klupkampioenskippen hâlden wurde soene. Wy hawwe it dan fansels oer it plúmkejeien. Ik mocht yn myn earste inkelpartij fuort aardich oan de slach en de earste set gie krekt ferlern. De twadde set wist ik wol te winnen en sa mochten wy ek noch in tredde set dwaan. Dy gie spitigernôch wer ferlern. Omdat wy yn in pûltsjessysteem sieten koe ik doe de tsjelkekânsen hast wol ferjitte. Mar ik hie noch in izer yn it fjoer. Ik die ek noch mei oan it dûbelspul en mei Thijs slaggen wy der yn om de earste set nei 20-19 efterstân dochs noch mei 22-20 yn ús foardiel te beslissen. Spitigernôch wûnen wy de oare beide sets net. Myn twadde inkelspul wie ik frijwat kânsleas en yn ús twadde dûbelspul ferlearen wy ek krekt. Doe stie der allinnich noch in inkeldspul tusken my en myn dûbelmaat Thijs op it programma. Dat gie fansels nergens mear om want wy hiene beide noch neat wûn mar Thijs kaam mei it idee en set der in deltsje spesjaal tusken. No foar sa'n priis kin ik my fansels noch wol ien kear hielendal jaan dus yn twa sets sloech ik Thijs fan de baan en sa hie ik oan it ein fan de rit net in stikje blik mar wol de (poe)delpriis...
+ 0 - 0 | § ¶Trots fan it Noarden
Fannejûn stie de titel 'Trots fan it Noarden' wer op it spul yn de noardlike 'derby' tusken de FC Grins en it Hearrenfean. De thúswedstryd wie yn 4-2 einige dus wy hiene in lichte foarsprong. Om de spanning alfêst in bytsje op te bouwen haw ik earst efkes nei de soas fan Bernlef west om dêr wat yn te drinken. Mar sjoen it feit dat ik mysels in alkoholstop oplein haw bleau it by heal mingels tee. Doe noch efkes nei Lee Garden foar in moai nustje menu a's en doe op nei de Euroborg fansels. In part fan de groep gie rinde mar dat gong my net hurd genôch dus ik bin op it fytske gien. Mei de kamûflaazjejas waarden de Fryske atributen earst mar in bytsje tadekt want op de soas fan Bernlef wiene wy troch de plysje al warskôge dat de Grinzers wat gremitich wiene. By it stadion wiene wy moai foar de bussen binnen sadat wy noch in goed plakje útsykje koene. Efkes in drankje by Germ besteld fansels en doe mar sjonge. Us ferwachtings fan it Grinzer publyk wiene heech mar dat foel frijwat tsjin. De makken nouliks leven en sa wiene wy hast de hiele wedstryd mei 1000 man fokaal al de Grinzers de baas. Op it fjild wie it fierder in wedstryd fan in dramatysk nivo mar it Hearrenfean hie neffens my al it bêste fan it spul. Yn de twadde helte krige Grins ek in pear kânskes mar it wie dochs wer Alves dy't in haadrol opeaske. Earst tûsjearde er in bal fan de Grinzers wêrnei't dy yn de rjochterboppehoeke fan syn eigen goal ferdwûn. Doe begûnen de Grinzers te sjongen en te ruien. Mar in pear minuten letter skeat er in bal fanút in ûngelooflike hoek de lofterkruzing yn achter Bas Roorda. Doe wiene de Grinzers ek fuort wer stil. Der ha fierder noch wol in oantal kânskes west mar it hie net echt in hiel soad om de hakken. Mei 4-2 en 1-1 ha wy dan ek de titel 'Trots fan it Noarden' wer foar in jier yn de kast stean...
+ 0 - 0 | § ¶twa kear in heal oerke
Eartiids moast ik op de fyts nei myn wurk. Dat wie sa'n 7,5 km fytsen troch de stêd wêrby't de noadige opstakels yn de foarm fan drokke krúspunten en stopljochten der foar soargen dat ik dêr hast in heal oere wurk mei hie. No is in auto fansels mear op syn plak want om alle dagen twa kear goed 40 km te fytsen dat giet my wat te fier fansels. Op dit stuit diel ik de auto mei de freondinne omdat sy 'm oerdeis brûkt en ik nachts. Ik bin ek mei de auto yn goed in heal oere op myn wurk dus dat falt genôch ta. Mar ik sil der ynkoarten wol oan leauwe moatte en sels ek in autoke oantuge. Want allinnich mar nachttsjinsten komt myn relaasje fansels net ten goede. Yn alle gefallen haw ik de earste pear nachten poerbêst slept...




