+ 1 - 0 | § ¶Myn earste eigen wein
Fannemoarn om 9.05 haw ik fia in tillefoantsje myn earste eigen auto kocht. It is de auto dêr't ik juster al efkes yn fuort west haw wurden, in Renault Laguna 1,8i RT om krekt te wêzen. Ik krij der in nije APK by en der sitte nije bannen ûnder dat ik hoop dat er my foarearst in pear kear op en del nei Grins bringe kin. Ik moat der allinnich noch in radioke by fine want dy hat de foarige eigner der út helle. Mar jim kin der dus, wierskynlik woansdei al, mar om tinke want de diken sille nea wer feilich wurde salang at myn Hulkster oer de dyk kroezet...

+ 1 - 0 | § ¶Proefritsje
Sûnt ik yn de Rottefalle wenje is it lestich om op myn wurk yn Grins te ferskinen dat ik wie al in skoftke oan it sjen nei in nije twaddehâns auto. Hjoed wiene de freondinne en ik ek wer op 'e strún en sa ha wy by ferskate autobedriuwkes del west om in auto dy't net allinnich yn priis by my past, mar dy't ek noch in bytsje fatsoenlik om my hinne past. Hy moat fansels wol myn fuotten in bytsje fatsoenlik berge kinne. Nei in stikmannich bedriuwkes dy't dochs wat te nije autokes yn foarrie hiene kamen wy op it goedkeapere spoar wat troch skoanheit oanjûn wie. Dêr stie er fuortdaalks efter de hikke al. De ferkeaper hie it ek fuortdaalks sjoen want ik moast der fuortdaalks mar efkes yn sitte en in proefritsje wie ek wol mooglik. Ik woe fansels ek noch efkes in slach it terrein oer want dêr stiene noch wol in hûndert autokes yn de selde priisklasse mar sa't soks gauris giet, de foarste, de bêste fansels. Dêrnei wie der net in autoke mear dy't my mear talake as myn earste kar. Wy ha de kaaien mar efkes opfrege en sa makke ik myn earste ritsje yn in wein mei griene kentekenplaten. Wy ha fuort mar efkes nei ús hûs ta west dêr't skoanheit him ek efkes kart hat. Ik sil der noch ien nachtsje oer sliepe mar de kâns is grut dat ik moarn myn earste eigen auto keapje...
+ 1 - 0 | § ¶In nij soart fan HHG
Ik kom krekt by de jiergearkomste fan de RIHA wei. De RIHA is de Rottevalster Industrie, Handel en Ambacht, de ûndernimmersferiening. It die bliken dat der yn de Rottefalle sa'n 74 bedriuwkes ynskreaun steane by de Keamer fan Keaphannel. Fansels bin der ek minsken mei mear as ien bedriuwke. No foel de opkomst my yn alle gefallen net tsjin. It wie ek wol gesellich yn de Herberch. Al frij rap die bliken dat der in fakature yn it bestjoer ûntstien wie. By de fraach oft der ek ien fan de oanwêzigen nocht yn hie giene der net in soad hannen de loft yn. Ik wie noch gjin lid dat ik woe earst wol ris efkes sjen wat der te keap wie fansels. Nei it skoft kaam der in alleraardigste presintaasje fan websidebouwer Fred Kamp dy't de oanwêzigen regelmjittich efkes in pear tellen stil krige mei syn demonstraasje fan in moderne thússide. Nei ôfrin ha wy noch efkes neipraten en nei 3 fan de widdofrou Joustra bin ik al in bytsje hifke om it fyfde plakje yn it bestjoer yn te nimmen. Ik moat it noch mar efkes yn my omgean litte leau ik mar at se my jitris freegje...
+ 1 - 0 | § ¶Aaipop 2007
Ik ha krekt efkes fia ynternet in kaartsje besteld foar aaipop 2007. De kaartferkeap foar it grutste Frysktalige popfestival, dat dit jier al wer foar de tweintichste kear hâlden wurde sil yn Nijlân, skynt wer as in spear te rinnen dat jim moat der rap bywêze at jim ek hinne wolle. Faaks komt dat omdat 10.000 hûsfroulju ek de bern nei aaipop stjoere sadat se yn alle gefallen wer op tiid thús binne. Aaipop is ommers al om 22.00 dien en sa kinne de measte lju noch mei it iepenbier ferfier thús komme. Ik koe altyd noch mei de lêste trein nei Grins ta. Mar ris sjen hoe't dat yn de Rottefalle gean sil. Op it program stean wer ferskate topartysten. Ik sil der net in pear neame want dan ferjit ik der wer in pear oaren mar foar de leafhawwers út Sint Nyk: Jitiizer komt ek! In moai feestje is dan ek wer garandearre en at it in bytsje mei sit is der ek wer hin fan it spit...
+ 2 - 0 | § ¶Hannen ôf fan de Bearenburch!
De twadde keamer is foar it ferbieden fan 'e "paddo's". As ien fan de wichtichste redens komt men mei it folgjende ynsident oansetten. De dea fan in Frânsk famke dat nei it iten fan wat poddestuoltsjes fan in fiadukt ôfsprong en dêrby ferstoar. De dea fan it Frânske famke is foar VVD'er Fred Teeven genôch bewiis dat minsken gek yn de kop wurde fan poddestuollen en dêrom moat dy ferbean wurde. No is it fansels mar in lyts stapke fan dit iene natoerprodukt nei in oar bynammen yn Fryslân populêr krûdedrankje, de bearenburch. Ik kin jim genôch ferhalen fertelle oer hoe raar en hoe nuver je dêr fan wurde kinne yn de kop. Ferskate minsken bin der op ferskate plakken wat minder moai fan wurden en faaks wie it dan ek mar in gelok dat der op guon plakken gjin fiadukten wiene. At wy de redenearing fan Teeven trochlûke soene dan soe om dy reden dus ek ús bearenburch ferbean wurde moatte. Mar eins ek alle oare alkohol want hoefolle deaden falle der per wike troch poddestuollen, en hoefolle troch alkohol? Gelokkich foar ús Bearenburchdrinkers sit by de VVD ek noch de foarsitter fan it Jeneverselskip de hear Remkes en dy sil syn Feto wol útsprekke oer dit lêste. Dêrneist sil kontsjedraaier Wouter Bos ek net graach fan de aksijns op alkohol ôfwolle. Mei oare wurden, poddestuollen moat net ferbean wurde mar der moat gewoan in belesting op it nuver yn de holle wurden komme. Sa net, dan moat steatsboskbehear mar rap op paad om alle poddestuollen te roaien...
+ 1 - 0 | § ¶Hjoed is blau
De belestingtsjinst wol foar 1 april myn oanjefte binnen hawwe foar sawol ynkomstebelesting as btw. Dat betsjut dat ik no noch rap efkes oan de slach moat om alles foar elkoar te krijen. Hjoed haw ik my earst mar efkes mei de btw dwaande hâlden. Dat is op 'm sels net sa slim. Jo krije btw binnen en jo jouwe btw út. Dy lûke je fan elkoar ôf en dan bliuwt der wat oer as jo moat wat by betelje. Ik haw dêr no in nij systeem foar oantuge wat alles automatisearret mar dan moat fansels wol de faktueren ynfierd wurde. Dus fannemoarn bin ik dapper begûn by faktuer 00000001 en sa fierder. Oan it ein fan de dei siet ik noch altyd efter myn kompjûterke te wrotten mar no sitte net allinnich alle debiteuren yn myn systeem, ek de krediteuren binne opnaam. At ik dat no in bytsje byhâld kin ik it oare jier mei ien druk op de knop myn btw gegevens werom fine. Moarn mar ris sjen hoe't it komt mei myn ynkomstebelesting. Mei ús nije hûs bin der fansels wer in pear ôflûkposten bykaam...
+ 1 - 0 | § ¶Pluvero Rolde ús op
Krekt foar it ein fan de dei binne wy dan dochs wer yn Grins. Wy hiene hjoed ús earste wedstryd yn de rekreantekompetysje fan it plúmkejeien. Us tsjinstander wie Pluvero út Rolde. Doe't wy yn Rolde oankamen wie de hiele sporthal noch leech. Us tsjinstanders wiene der wol, mar wy hiene fierder it ryk allinnich dat wy koene fuortdaalks alle fjouwer los mei ús inkelspul. Dêrtroch haw ik dus net krekt meikrigen hoe't de oaren it diene mar ik hie as foarste hear in drege partij foar de boech. De earste set gong frijwat lyk op mar ik makke dochs krekt wat minder punten as myn tsjinstander en sa koe it barre dat ik de earste set ferlear mei 21-15. Fansels hie ik it smoar yn dat ik haw der alles oan dien om it wer goed te meitsjen. Soms skeelt it ek oan hokker kant fan de hal jo steane. Mei it sicht op de muorre gong it in stik better en sa wist ik de twadde set mei 21-16 te winnen. Wy hiene doe rjocht op in koart skoft en dêr haw ik dochs mar efkes gebrûk fan makke want it wie dreech. De oare inkels wiene al dien. It wie al 3-0 foar Pluvero dus der waard wat fan my ferwachte. Yn de tredde set hie ik it swakke plakje fan myn tsjinstander fûn en sa koe ik ek de tredde set útserveare mar dreech bleau it al. Mar at jo mei 3-1 efterstân út de inkelspullen komme giet der al wat net goed fansels. De hearen dûbel wie wer spannend. Oant 19-19 gong it gelyk op mar doe krigen hja de opslach werom en op 20-19 ferstapte ik my spitigernôch, 21-19. Yn de twadde set wiene wy dêrtroch in bytsje yn de war en dy gie dan ek wat ienfâldiger ferlern. Sjoen it feit dat de froulju beide it inkeldspul ferlern hiene hiene wy ek net in soad fidúsje yn it dûbelspul mar hawar, de froulju wûnen dochs yn trije setten, hulde! Mei 4-2 wie der dan ek noch in kâns op in lykspultsje en dat is fansels yn sa'n earste útwedstryd net iens gek. Mei de freondinne begûn ik as in trein dy't al op gong kaam is. Wy rammelden sa troch de earste set hinne mei 21-10 ofsa. De twadde namen wy alles wat te ienfâldich op en dy gie dus krekt ferlern mar yn de tredde wie alles wer 100 punten en sa pakten wy it tredde punt. Femke en Eddie hiene spitigernôch ferlern. Mei 5-3 ferlies en dus gjin punten kamen wy wer werom út Rolde. Al is myn persoanlike skoare al better, 2 fan de trije partijen wûn! Omdat Femke graach yn Assen nei it stasjon woe binne wy op de weromreis yn Assen noch ferdwaald. It die bliken dat se fan Assen in soarte fan fûke makke hiene. Jo kinne dêr op 't stuit mar op ien plak út omdat alle oare diken ôfsletten binne. Neffens my stean hast alle read-wite pealtsjes fan ús lân hjoed yn Assen. No ja, úteinlik mar wer werom riden nei it stasjon en dêrwei wist de freondinne gelokkich it paad wer...
+ 1 - 1 | § ¶Ajax - Roemeenje
It nasjonale alvetal fan Roemeenje (mei in âld ajaxyt op goal) koe de oanfallers fan Ajax fannejûn frij ienfâldich fan skoaren ôfhâlde. Dêr't wy yn Nederlân kieze kinne út de oanfallers fan Real Madrid en Liverpool en oare toppers fan AC Milaan en Bayern Munchen set ús bûnskootzj wer in hast folsleine Ajaxploech yn it fjild. Sneijder, Huntelaar, Babel en letter ek noch Emanuelson mochten de oanfal liede. Us nasjonale nûmer 2 dy't punten fergriemt tsjin Excelsior en fansels It Fean koe neat bringe tsjin de Roemenen dy't foar in punt nei Nederlân kaam wiene en dit dan ek fierden as in oerwinning. De ienige Ajaxyt dy't fan my hjoed in foldwaande krijt wie Maarten Stekelenburg. Hy hat de 0 in kear hâlden en dat wie him sûnt jannewaris al net mear slagge yn de kompetysje...
+ 1 - 0 | § ¶Weindiele
Hjoed wie ik mei Buma nei it wurk ta riden. Buma komt út Deinum, it doarp mei de sipel op de toer, en dus moast hy dochs fia de Wâldwei nei Grins. Hy koe my sa moai efkes oppikke op it weindielterrein ûnder it fiadukt fan de Wâldwei en de Litswei. No like in weindielterreintsje my it ideale plak om sûnder eigen auto te kommen mar mei de fyts foel it noch net ta om der te kommen. Ik hie eins wol in lyts fytspaadsje ferwachte nei de ferhurde âlde dyk tusken de Pein en de Rottefalle mar dat koe ik net fine. Om't it lêste stikje dwers troch in sompich stik greide gie like it my better en pleats de fyts tsjin in beam oan mei it ketting om de beam hinne. Lokkigernôch wie Buma frijwat let sadat ik myn fuotten noch wer wat skjinwâldzje koe. Doe't ik jûns werom kaam by myn fyts wie der immen sa freonlik west en doch myn efterlochtsje alfêst efkes foar my oan. Sa koe ik de fyts makkelik wer werom fine wêrfoar dank...
+ 1 - 1 | § ¶Dies nijs?
Yn april is it altyd wer dies fan Bernlef en sjoen it feit dat ik my dêr sels ek in skoftke mei dwaande hâlden haw yn it ferline bin ik wol nijsgjirrich. Yn de harpe lies ik faach eat oer in wiete bûtendei. No haw ik op 'm sels net it idee dat ik my noch tusken it jonge folk mjukse moat. Dêr bin oare âldleden better yn tinkt my, âldleden dy't jo net gau op fotokes werom fine. Mar mocht der in sylboatsje oan te pas komme dan liket it my wol wat ta en skriuw ek efkes in âldledeboatsje yn. Want foar silen is dizze jonge hast altyd wol te finen. Wy wachtsje it noch efkes ôf fansels, mar de drok besette âldleden wolle wol graach rap in bytsje mear ynformaasje tinkt my. Dus organisaasje, lit ris fan jimme hearre blinder...

+ 0 - 0 | § ¶Snipperdagen foar in autoke
Wy ha de ôfrûne moannen sa hurd wurke oan ús hûs en foar de baas dat wy tochten dat it wol ris tiid waard en nim efkes in wykje frij. Nije wike is dus de wike dat jim ús net lestich falle moatte mei oarstallige tillefoantsjes en oare saken dy't net tot nije wike oer in wike wachtsje kinne. Dêrneist haw ik ek mar fuortdaalks wat ekstra snipperdagen útbetelje litten. Ik bin no op syk nei in aardge occasion (twaddehâns autoke) foar my. De freondinne hat al in auto, in moaie ford focus, mar ik bin hjir op it doarp noch frijwat bûn oan myn kisten, myn skerjontsjes en myn twasjiller mei 1 TK. Ik bin der noch net hielendal oer út wat it wurde moat. It leafst in âld Dieseltsje want ik meitsje gauris wat kilometerkes sa op en del nei Grins fansels. My liket in Caddy wol wat ta, krekt sa'n auto as Boele eartiids hie fan APH. Dan kin dêr moai wat reklame op foar de saak. Faaks wurdt it ek in hiele oare auto want de freondinne sjocht it net sa sitten, sa'n bestelautoke...
+ 0 - 0 | § ¶Triatlon
Jim sille it grif net efter my socht hawwe mar fannemoarn haw ik fan mysels in soarte fan triatleet makke. Ik bin fannemoarn al om 5.50 op it fytske nei Drachten gien. Dêr bin ik om 6.13 yn de bus stapt en doe haw ik om 6.45 noch in lyts heal oerke rûn om op myn wurk te kommen. Lokkigernôch koe ik weromreis meiride (bedankt Hendrik). Doe hoegde ik dus allinnich mar te fytsen. It ritsje wat my mei de auto dus sa'n 25 minuten kostet giet mei it iepenbier ferfier yn oardel oere. Lang leve it iepenbier ferfier wat sawysa al net folle better wurden is mei de nijste wizigings. Eartiids koe ik yn ien oere en 10 minuten fan Sint Nyk nei Grins, no wie ik yn dy selde tiid noch mar yn Drachten. De oanslutings fan de Q-liner mei line 41 bin flink efterútgien. Foardiel is no wol dat jo jo oansluting hast net mear misse kinne...
+ 0 - 0 | § ¶(Under) it mes
Us heit is wer in prothese riker. Nei it keunstgebit, it gehoarapperaat, de lêsbril en in heale nije knibbel is no ek de oare knibbel ûnder it mes west. It ienige wat er no noch net hat is in plestik sek! Fannemoarn ha se him efkes sear dien mar hy fielt it no pas. De ferdoving is hast útwurke en no kin er him sels om de sân minuten in bytsje morfine jaan allinnich hat er it knopke al hast laamdrukt want it is net niks fansels, sa'n keunstknibbel ynstallearje. Hy fergiet sa no en dan fan de pine. No ja, mei dy oare is it ek goed kaam dat oer in pear moannen sil dizze ek wol wer in stik better wêze en dan kin er faaks wer sûnder pine bewege. Op knibbels is der net mear by dat hy moat mei Sint Nykster merke al wat oppasse. Doe't wy letter noch efkes by Beppe delgongen hie hja ek noch in ferrassing foar my. Ik mocht it bûsknyft fan pake hawwe. No't ik in echte Wâldpyk begjin te wurden is sa'n mes fansels in earste fereaske. Straks noch in auto mei trekheak, oanhangers ha wy sat hjir yn it hok stean...
+ 0 - 0 | § ¶Wer ris wokke
Hjoed wiene Machteld en Jelle op besite om ús foarderings yn it hûs te besjen. Wy ha efkes gesellich sitten en nei in slach troch de Rottefalle woene Jelle en Machteld wol efkes út iten by de Wokchinees yn de Pein. No dat like my ek wol wat ta dat wy ha wer efkes te wokken west. It wie drok by it wokrestaurant mar troch taktysk te skeakeljen tusken wok en bakplaat slagge it my dochs om hast tagelyk mei de oaren sêd te wurden. It is dochs wol ferrekte lekker hear, dat wokken en bynammen ek de bakplaat. Ik haw fansels wer efkes goed de keunst ôfsjoen foar op myn priveebakplaat. By de sinees draaie se it fleis lang sa faak net om. Se litte it gewoan lizze en healwei keare se it ien kear om. Ik bin faaks tefolle oan it pielen...
+ 0 - 0 | § ¶You are my Alves...
Us Alves is wer krekt op 'e tiid fit foar de play-offs en mooglik sels de striid om de Champions League want Feyenoord sjocht ús oankommen. Mei syn trije goals stiet er no wer fier boven de rest yn it topskoardersklassemint en hy rint hast 1:1 dat de bêste man sil de kommende simmer wol wer in soad sinten opsmite foar it Fean. It Brasyljaanske balskopfenomeen dat ferantwurdlik wie foar it sjampanjefuotbal (Belgyske term neffens Vandenbussche) hat net allinnich myn respekt foar syn goaltsjes, mar ek omt er it fertikt om Hollânsk te praten...
+ 0 - 0 | § ¶Wurd fan it jier
Alle jierren ûntsteane der spontaan wer nije wurden yn sawol it Nederlânsk as it Frysk. Ien wurd dat my ôfrûne dagen opfoel yn 'e kranten wie de saneamde Reltoerist. Eartiids wiene der altyd al ramptoeristen dy't altyd foaroan stiene at der wat te rêden wie mar no gean guon lju noch in stapke fierder. Hja bemoeie har aktyf mei de situaasje. Omdat it balskoppen meastentiids mar ien kear yn 'e wike is en de hooligans dan ek noch 6 dagen oer hawwe skynt it no moade te wêzen om it rellen fierder út te wreidzjen. Doe't der yn Utert wat te rêden wie yn it ûndjippe kamen dêr net allinnich Uterthoolys by mar ek dy fan Rotterdam, Amsterdam en De Haach kamen efkes del. It moat net gekker wurde mar hjirmei is dus de Reltoerist it wurd fan 2007 wurden. Wat my ek noch opfoel wie in melding yn it sjoernaal: "De stille tocht verliep rustig"...
+ 0 - 0 | § ¶2 kear yn 'e wike
Ferline wike hie ik in lekke bân mei de auto mar ik hie dat net troch. Ik haw der dêrom wat te lang op troch riden en no is dy bân wei. Hjir yn ús strjitte bonkt it sawysa nochal nuver, it is hjir in betonwei, dat it falt dan sa bot net op. No ja, kin barre fansels, mar no hie ik fannacht al wer in lekke bân. Dizze kear hie ik al wol it idee dat der wol ris wat net hielendal goed wêze koe. Op myn wurk oankaam seach ik dat de efterbân net alhiel hurd mear wie. Der siet noch wol wat lucht yn dat ik tink hy moat earst mar efkes wat bekomme. Jûns om 2.00 wie de auto dochs wer frijwat mank oan ien kant en doe haw ik foar it earst yn myn libben allinnich in bân ferwiksele. Mar goed dat ik ferline wike goed opletten hie hoe't skoanheit it die. Uteinlik wie it ek net iens sa lestich al moat de krik fansels wol op it goeie plak ûnder de auto. Nei in heal oerke koe ik wer ride. No mar ôfwachtsje en hope dat dizze kear de bân net wei is...
+ 0 - 0 | § ¶Hyvespraat
Sitte jim al op it freonenetwurk hyves? Ik bin der sels net hiel aktyf mei dwaande mar myn freonekrinkje groeit al stadich wat. Ik ferwachtsje oars noch wol ris boven de 100 te kommen. Alle minsken dy't miene dat se myn freon binne kinne oars in fersyk yntsjinje. Spesjaal foar de famylje Kuipers is der no ek in familiekuipers hyves. Mochten der dus neven en nichten, omkes en muoikes en wa wit ek beppe (fanút ynternetkafee Doniahiem) wêze dy't wol op hyves sitte mar dy't wy noch net fûn hiene, kom yn de Kuipers hyve. Fansels is der foar de oare kant fan de famylje ek in hyves, de saneamde Roel en Rinkje hyves. Ik lies okkerdeis yn de krante dat der al 3 miljoen hyvers wiene. Dan liket it my dochs ta dat der ek minimaal 20% fan ús famylje op it netwurk sitte moat...
+ 0 - 0 | § ¶Semint tusken de stiennen
Fannemoarn om 7.00 oere al wiene de minsken fan it foechbedriuw dwaande mei it opbouwen fan in steiger om sa wer efkes wat semint oan te bringen tusken de stiennen. It wie der no waar foar. Spitich dat men yn de bou altyd sa betiid begjint mei wurkjen want it lei oars noch wol noflik. Yn alle gefallen begjint it ein fan ús earste stap fan de ferbouwing no yn sicht te kommen en dat is moai want dan kin wy efkes in bytsje ta rêst komme...
+ 0 - 0 | § ¶Lutske laket
Noch net sa lang lyn wie der in lytse rel om de Fryske beatles want Rinke Schroor en Wietske Laverman wiene dêr al in skoftke mei dwaande mar no komme Ernst Langhout, Johan Keus en Koos Tiemersma ek samar ynienen mei in ks út. De ks fan Rinke en Wietske komt noch lang net mar dy fan Ernst Langhout en dy leit al yn de winkel. It is mar in lyts skyfke mei 4 nûmers. Wat dat oangiet hawwe hja der mei Bob Dylan mear wurk fan makke. Yn alle gefallen is it in aardich skyfke wat de titel 'Lutske Laket' meikrigen hat. Dat is tagelyk ek de titel fan de oersetting fan it nûmer 'Lucy in the sky with diamonds'. Neist dizze stean op de skiif ek 'Betink foar my' (Imagine), 'Mind games' en 'Fjoer' (Norwegian wood). In degelik stikje wurk mar der is fansels noch wol folle mear beatlesmuzyk dy't ferfryske wurde mei. Foar Rinke en Wietske is der dan ek noch genôch oerbleaun. Opfallend is trouwens ek dat op it hoeske fan Ernst en dy it wurd Beatles net foarkomt...
+ 0 - 0 | § ¶Famyljebesite
Hjoed hiene wy de folsleine skoanfamylje op besite, myn skoanâlden, myn skoansus mei de freon en myn twa omkesizzers. De iene is noch sa lyts dat dy noch gjin omke sizze kin mar hawar. Fansels moast ús nije keuken ek efkes útprobearre wurde en ik hie dan ek wer aardich wat nijsgjirrige resepten fûn. Ien fan de moaiste dingen wie fansels wol de seefruchtesalade. De freondinne hâldt net fan fisk en alles wat dêr op liket mar ik mei der wol sop fan. Sa hie ik no wer ris de kâns en meitsje fan alles mei fisk klear wylst de froulju it mei fegetaryske dinkjes stelle moasten. De fry-top draaide wer oeroeren mar sa rekket er yn elk gefal in bytsje ynbakt. Fansels wie der wer fierstente folle want iten siede kin ik wol, mar maat hâlde bliuwt lestich...
+ 0 - 0 | § ¶Kuorbaltoaniel
It leuke fan wenjen op in doarp is dat der net sa faak wat te rêden is as yn de stêd, mar dat at der wat bart ek fuort it hiele doarp bywêzich is. Juster hie de toanielploech fan kuorbalklup Wêz Handich de jierlikse toanielfoarstelling. Yn in hast hielendal fol doarpshûs spilen earst de jongerein in moai stik en nei it skoft wie de grutte toanielploech oan bar. It wie in alderaardigste foarstelling mar omdat se it stik jitris spylje sille sil ik dêr fierder net te folle oer sizze. Omdat der by it toaniel in ferskaat oan nijsgjirrige minsken wie haw ik ek efkes hjir en dêr mei praten. Sa haw ik no in útnoeging krigen om by de fergadering (mei sprekker) fan de RIHA te wêzen, de ûndernimmersferiening fan de Rottefalle. Sa wurdt myn netwurk wer in stikje grutter...
+ 0 - 0 | § ¶Teletekststress
Fannemoarn kaam ik om 6.30 thús fan myn wurk en de freondinne soe om 7.15 lande op Skiphol. Ik hie dan ek noch moai in pear oerkes om efkes de ôfwask te dwaan (klep iepen, guod der yn, poeier der by, knop yndrukke, klep ticht
). Efkes de brut wat oan de kant sette en doe mar efkes op teletekst sjen at it fleantúch út Washington DC al oankaam wie. It wie wol efkes skrikken doe't krekt de flucht fan myn freondinne annulearre blykte te wêzen. No wist ik net at se thús komme soe en wannear. Ik bin dan ek mar op bêd gien. Middeis om in oerke as ien kaam se dochs noch thús. Hja wiene omboekt fia it altyd gefaarlikke Nij York en hiene fandêr in flucht nei Amsterdam pakt. It like wat mei te fallen mei de jetlêk mar faaks komt soks moarn noch...
+ 0 - 0 | § ¶Lekke bân
Doe't ik fannemiddei wekker waard fertelde myn skoanheit my dat ik in lekke bân hie. No dêr hie ik oars neat fan murken mar hy wie yndie frijwat plat. No hawwe wy it reservetsjil der efkes om lein en it wie frij gau dúdlik wat de oarsaak wie fan it lek. Der siet in dikke skroef yn de bân. Om't ik der mei myn domme harsens wat te lang op troch riden skyn te hawwen, it wie de achterste dat ik hie it net troch, is de bân no oan ein. It wie dochs al net folle mear sei de bannenman, hy wie der ek net mei troch de keuring kaam. No, wy ha 2 nije bannen besteld dat dan kin it mar wer oangean...+ 0 - 0 | § ¶Ferkearde lûden?
Dêr't men yn Fryslân graach sjocht dat bynammen ek de jongerein lûd jout om foar de provinsjale steaten te stimmen spylje guon lanlike partijen in smoarch spultsje. Mark Rutte fan de VVD ropt kiezers op om VVD te stimmen mei as argumentaasje dat dan yn de foarste keamer de 'Bos-belesting' tsjinhâlden wurde kin. It giet dus net om al as net in sweeftrein, in ferdûbeling fan de N381 en de sintrale as. Ja yn Garyp miskien, mar fierder giet it dus oer dûbelde nasjonaliteiten en bybaantsjes. De partij fan Wilders docht oars net iens mei oan dizze ferkiezings mar hy krijt wol alle omtinken. Op Omrop Fryslân lieten de listlûkers har ek fan in goeie kant sjen troch allinnich mar wat troch elkoar hinne te balten. Ik hie net tocht dat de opmerking "Jou Lûd!" dat as doel hie! No ja, wy sjogge it wol. Ik haw myn stim oan Jarig jûn want dy wennet de kommende 4 jier noch yn Grins. It lûd dat ik jou is dus 'Jadijadija', in lûd dêr't guon politisi ek goed yn wêze kinne soene...+ 0 - 0 | § ¶Klassejústyzje?
Ik lês krekt op Omrop Fryslân.nl it neigeande berjocht
"Hûnderten drankriders moatte der rekken mei hâlde dat se dochs in straf krije fan justysje. Dat is it gefolch fan in útspraak fan it Ljouwerter gerjochtshôf. It hôf behannele twa wike lyn in saak tsjin twa autoriders dy't frijsprutsen waarden omdat de blaastest net legitym wêze soe, omdat de aginten gjin goeie beskikking hiene om de test ôf te nimmen. It hof hat no útsprutsen dat sa'n beskikking net perfoarst nedich is. Dat betsjut wer dat de groep earder frijsprutsen drankriders dochs yn 'e beneaming komt foar in feroardieling."
No is it fansels dúdlik dat jo net mei drank op ride moatte en dy bekeurings bin dan ek mear as terjochte. It is eins al sneu genôch dat sokke minsken dêr tsjin yn berop geane. Mar wat ik tusken de regels troch lês is it folgjende: "de plysje hoecht net oer de korrekte papieren te beskikken at oannaam wurde mei dat hja wol witte hoe't hja handelje moatte". Dan freegje ik my ôf oft ik dan noch wol in rydbewiis nedich haw at ik yn de auto stap, ik kin ommers sûnder dat bryfke like goed/min autoride. At ik dus goed genôch autoride kin om te slachjen foar myn eksamen, dan hoech ik dat eksamen dus eins net ôf te lizzen en kin ik my dat eksamenjild dus moai besparje. It sil sa wol net wurkje fansels mar faaks kin de Ankers der ris in proefproses oer fiere...
+ 0 - 0 | § ¶In pear dagen frijgesellich
De freondinne sit op dit stuit earne boppe de Atlantyske oseaan tinkt my. Sy is ûnderweis nei de feriene steaten foar har wurk. Altyd link sa'n reiske nei it lân fan Bush bynammen ek omdat it de terroristen noch altyd net slagge is om it wite hûs mei in fleantúch te reitsjen. Wy hope mar dat de mannen fan Bin efkes in sabattical naam hawwe. Ik haw no sels ek efkes in wykje it ryk en de wein foar my allinnich wat bytiden ek wol ris handich is al fiel ik my noch net al te geweldich nei it swiere wykein...
+ 0 - 0 | § ¶Straftrening
De ôfrûne nacht soe ik yn prinsipe by Jarig sliepe mar omdat myn klaverjasspul hjoed net goed genôch wie, ik haw sels in kear fersaakt, haw ik mysels mar in straftrening oplein. Ik bin fannemoarn om 5.00 op it fytske stapt en nei de Rottefalle fytst. De ôfstân sil ûngefear sa'n 45 km west hawwe mar ik wist it koartste paad ek net fansels, dat ik moast ek wol ris efkes gokke. Wat dat oangiet kin de ANWB foar fytsers noch in soad ferbetterje want it is dreech om fia de boardsjes nei Drachten te kommen. Faaks nimme de measte Grinzers dan ek mar de auto of de bus. It hie fansels in opsje west om oer de flechtstrook fan de A7 te fytsen. Je reitsje dan it paad fuort net bjuster mar de kâns op in bekeuring en nei in eventuele blaastest faaks ek noch in nachtsje yn de sel lokke my net echt oan. Dus mar oer Hoogkerk, de Poffert, Nuis en wit ik folle wat foar plakjes noch mear rjochting Leek, Marum. Leek bin ik leau ik blyn foarby flein mar der stiet my noch wol faach wat by fan de Krúswei yn Marum dat dêr sil ik wol delgien wêze. Op in gegeven moment, myn kop waard better mar de fuotten heften dat foardiel wer op, stie ik yn Fryske peallen. Doe fia de skieding noch in hel fan in beklimming by it fiadukt oer de A7 hinne mar dêrnei gie it mei faasje by it bultsje del. Fansels wer de ferkearde ôfslach naam fia De Kompenije mar úteinlik kaam ik dochs feilich yn de Rottefalle oan. It wie doe krekt 7.30 dus dat wie noch net iens sa'n gekke prestaasje. Efkes foar de leafhawwers fan it klaverjassen. De stân is no:
1 Thaeke 15836
2 Dorien 15268
3 Jellie 14976
4 Jarig 14800
+ 0 - 0 | § ¶In oar slot op 'e doar
Faaks is it de mans minste nachtmerje om op in dei foar jins eigen doar te stean en dan ta de konklúzje te kommen dat der in oar slot op sit. Ik moat daalks klaverjasse foar de 'Tsjempjunsliek' tsjin de eartiidske nûmers 2-4 fan it seisoen 2004-2005. Jellie is drok dwaande mei it iten, Dorien en Jarig binne alfêst oan it yndrinken. Omdat ik myn fytske noch by de flat stean hie haw ik dêr earst mar efkes del west. Ik sliep fannejûn yn prinsipe by Jarig en dat is noch wol in eintsje rinnen dat sadwaande. Doe't ik sjen soe at wy noch post hiene, de kaai fan myn kleankast op it wurk paste oars ek op ús brievebus, like der in probleem te wêzen. It slot woe net draaie! Dan mar efkes boven sjen en dêr kaam ik ta de konklúzje dat der yndie in nij slot op de foardoar setten wie. De brievebus en it fytseskuorke sil dan dus ek wol dien wêze. Moai foar de nije bewenner fansels, dat er wis is dat wy net sa by him ynslûpe kinne mar dat wie ik dochs al net fan doel. No ja, dan mar gjin post mear. Us perioade sechstich-ûnder-ien-kap is no letterlik ôfsletten...
+ 0 - 0 | § ¶It minst kreaze plakje
It CDA wie hjir nieskrekt oan de doar. It is oars hast ferkiezingstiid dat sy moasten efkes sjen litte dat hja belutsen wiene fansels. Hja wiene dwaande mei in ûndersykje hjir op 'e Rottefalle en de froulju hiene dan ek mar ien fraach: "Wat is it lelijkste plakje fan Rottefalle?" No de freondinne en ik seine fuort yn koar: "Hjir by ús efterhûs!" Dy âlde hokkebrut hjir op ús túntsje is fansels net echt mear by de tiid. Ik leau dat se it wol opskreaun hawwe mar it wie fansels net de suggestje dêr't hja in protte mei koene. Ik bin benijd wat oare Rottefalsters minder kreas fine, faaks kin wy dat ynkoarten lêze op de CDA webside...
+ 0 - 0 | § ¶It fielt wat neaken
Alle kearen at ik yn myn bûse nei myn kaaien gryp moat it efkes wenne. Myn kaaiboskje is nei it ynleverjen fan de kaaien fan ús Grinzer hûske de helte lytser wurden. It is no hast like tsjok as myn boskje fytskaaien en as de autokaai. Eartiids wie it altyd efkes graaie yn de grabbeltonne dy't men myn bûse neamt en dan wie it gewoan dy grutte bosk mei kaaien. No helje ik faak earst de ferkearde út 'e bûse. No ja, myn fytske stiet oars ek noch yn Grins dat ik bin der noch altyd net hielendal wei. De fyts fan de freondinne haw ik fannemoarn al meinaam yn de auto doe't ik fan myn wurk kaam. Dy fan my bliuwt tink ik noch mar efkes yn Grins foar de needsaaklikke ritsjes stasjon-wurk ensa...




