+ 0 - 0 | § ¶Keninginnedei
Ik bin net sa'n oranjeman. At it Nederlânsk alvetal spylje moat wol ik noch wol ris wat oranje klean oandwaan mar mei it keningshûs haw ik hast like folle as dat sy mei my hawwe. Dochs hawwe wy hjoed de flagge út, de Fryske fansels. In oranje wimpeltsje ûntbrekt mar hie ik der al ien hân dan soe er healstok en ûnder de Fryske flagge hingje fansels. No is it fansels net allinnich mar ellende mei keninginnedei want it wurd betelle as in feestdei en sjoen it feit dat wylst de keninginne en har famylje dwaande wiene mei âld Hollânske spultsjes earne yn Nederlân ik stie te skreppen yn it fabryk haw ik hjoed wer in fijne keninginnedei hân. Nije wike tiisdei at it lean wer byskreaun wurdt kin ik dan jitris de flagge úthingje...+ 0 - 0 | § ¶De ienige feanfan mei in sjaaltsje om?
It sil wol hyt west hawwe yn de ferskate fuotbalstadions yn Nederlân en dan is sa'n sjaaltsje mei de klubnamme net it meast ideale ark om om jo nekke te hawwen. Ik hie dêr sels gelokkich wat minder lêst fan sjoen it feit dat ik yn de kuolsel wurkje moast by in konstante temperatoer fan 4 graden. De Grinzers hiene hiel efkes de hoop dat sy noch fyfde wurde soene mar neidat Utert op 1-0 kaam, it Fean 1-0 foarkaam en Roda as in gek begûn te skoaren wie dat rap oer. Fan it Fean koene wy op Radio 1 fansels weinich meikrije want alles draaide dêr om PSV en bynammen Ajax. Doe't AZ, dy't op foarhân de measte kâns hie op de titel, op 2-2 kaam en it wer 10 tsjin 10 wie gie noch altyd alle oandacht út nei Ajax. Want soe Ajax ien kear skoare dan wie Ajax de kampioen. AZ kaam hast net yn it ferhaal foar, it Fean allinnich by de goals en de lêste goal haw ik net iens op de radio heard sa spannend wie it doe yn Amsterdam. Lokkigernôch bin de útslagen perfekt en sa krijt Ajax de titel lekker net, It Fean al wer Europeesk fuotbal kommend jier en Feyenoord mei him opmeitsje foar in pear swiere wedstriden tsjin Grins. Wy krije kommende kear fansels in soad omtinken want wy meie tsjin Ajax dy't wat mei oanbelanget no de bekerfinale wol op penaltys ferlieze meie...+ 0 - 0 | § ¶Kampeare nei de boer
Guon minsken wolle graach kampeare by de boer. Sa kinne de berntsjes dan sjen dat de molke net út it fabryk komt mar út it oer fan in ko. Eartiids koe men noch wol ris nei in buorkerij ta foar wat seksuele foarljochting mar tsjintwurdich slacht men by de boer alwer in stapke oer. De bern krije dus fuort te krijen mei Keunstmjittige Ynseminaasje. No dwaal ik wol in hiel ein ôf mar ik bin hjoed net oan it kampearen by de boer mar nei de boer. Freed moast ik wurkje, dêrnei haw ik noch efkes nei de Hoornseplas west en dêr stroffele ik oer guon Bernlefferkes. Dêrnei út iten mei de freondinne en noch efkes nei de boat fan myn omke Wiebe. Doe nei it feestje fan Gerlind en doe't ik dêr foar de safolste kear alles fan de tafel smiten hie wie it tiid om op bêd te gean. Allinnich ik moast de oare dei al wer om 6.00 op it fabryk wêze. De oplossing wie ienfâldich: in matraske, in sliepsekje en de tillefoan op 5.50 en sa koe ik my deljaan yn de âlde kantine fan it fabryk. Moarns wie ik moai op tiid wer wekker, net by de pinken fansels, mar by it einprodukt...+ 0 - 0 | § ¶Nijsgjirrigheden by de Hornbach
Nei myn wurk hie ik om 18.00 mei de freondinne ôfsprutsen by de Hornbach (yn Grins). Dêr moasten wy in leuk plantsje keapje foar de jierdei fan Gerlind. Der is fansels in hiel soad keus en mar weinich planten foelen fuortdaalks ôf (de fleis iters). Ynienen seachen wy neist de tomaten ek noch in paprikaplant en in aubergineplant. No hiene wy eartiids by myn âlden al wolris in tomateplant hân dus dat wie net sa apart. Mar ik haw no dus ek ris sjoen oan hokker plant de paprika's groeie. Wy ha foar Gerlind de aubergineplant kocht. Dêr sieten al in stik as seis sân aubergines oan dus mocht it mei de plant net folle wurde dan koe der altyd noch in fegamiel fan makke wurde. Om it gehiel noch kompleet te meitsjen hawwe wy der noch in druvestrúkje by dien sadat wy yn de takomst ús eigen rebenshoppen meitsje kinne...+ 0 - 0 | § ¶Trep nei de himel
Doe't ik sakrekt de trep efkes op moast om op 'e souder wat te sykjen foel it my op dat de rubberen stripkes der ek al ynsieten. Skoanheit hat him dus wer warber makke wêrfoar tank. De trep wie al in kear as wat yn de lak setten en no't de stripkes yn de treetsjes ferwurke binne kin wy ek net mear fan de trep glydzje. It is in prachtige trep wurden allinnich spitigernôch giet er noch nei in rommelsouder. Dat is ien fan de folgjende projekten, om dêr in badkeamer te meitsjen en in stik as wat sliepkeamers. De wichtichste sliepkeamer sil fansels ús sliepkeamer wurde kompleet mei Frânsk balkon. It balkon is der al, no de sliepkeamer noch...+ 0 - 0 | § ¶Bin ik famylje fan de nije JK Rowling?
Ien fan myn lytse nichtsjes, ien dêr't ik eartiids yn myn middelbere skoaltiid noch wol op past haw, stiet oan it begjin fan wat faaks in bloeiende skriuwerskarjêre wurde kin. Al op 13 jierrige leeftiid begûn sy mei it dichtsjen en skriuwen en ek skilderje is ien fan har hobbys. De foarside fan it boek is dan ek fan har eigen hân en it liket ek wol in soarte fan selsportret te wêzen. Fansels haw ik it boek fuortdaalks besteld en ik bin dan ek hiel benijd nei it ferhaal. Om jim alfêst efkes wat op de hichte te bringen fan dit debút hjir efkes wat mear ynformaasje. 'Het pad van de Midewiwin' waard skreaun troch Hetty Zonderland en it giet oer de Odawak indianen fan Michigan dy't harren op harren migraasjetocht nei Tippecanoe tsjin de feriene steaten en gouverneur Harrison keare. De strange winter soarget foar in reis fol ûntbearings. It lot fan Odawak stamlid Miakoda wurdt op in dei noch swierder wannear't sy ûntfierd wurdt troch in spion fan Harrison. Sy moat sjen te oerlibjen yn de blanke kultuer dy't hja frjemd is. Dan moetet sy Cody Lockley, in man mei indianebloed dy't har wrâld wat oangenamer makket. Jim kinne it boek bestelle fia ynternet. It hat goed 360 siden dus alle dagen in side en jim kin der in jier mei foarút.
+ 0 - 0 | § ¶Jitiizer live
Om 13.30 is Jitiizer live te gast by Omrop Fryslân radio. Jim kinne harren dan hearre yn Noardewyn mei Willem de Vries. Foar de leafhawwers, it sil fansels ek fia ynternet te folgjen wêze. En at jim jim in bytsje ynhâlde kinne kin jim tidens de útstjoering terjochte op de Jitiizer-chat.+ 0 - 0 | § ¶Ik kin no ek ien dopje
Ik wie fansels al in skoftke op de hichte fan it feit dat Friesche vlag de molke ynkoarten mei in dop op it pak draaie soe. Dat barde oars by de Aldi al folle langer mar dat is net oars. Hjoed ûntduts ik by de Jumbo dat no ek de Milk en Fruit al mei dop draait wurdt. Dat betsjut fansels dat ik my no as net-bierdrinker ek wer fertoane kin yn it dophok. Sa kin ik dus tegearre mei ús heit efkes ien dopje. Foardiel is ek dat it no folle ienfâldiger is om sa'n pak te iepenjen at jo in pear buorrels hân hawwe. It wurket altyd goed foar de neitoarst dat sadwaande.+ 0 - 0 | § ¶Rommy is dea en ik fiel my ek net sa noflik
Fannemoarn lies ik op Omrop Fryslân dat Rommy ferstoarn is. Rommy Henstra, dy't bekend is by piraatminnend Nederlân as de stim fan de Fryske wâlden, wie al in skoftke slim siik. Fannejûn herhellet Omrop Fryslân de útstjoering oer Rommy en de Stille genieter jitris. Dat is seker efkes it besjen wurdich. Wy ha Rommy in pear jier ferlyn noch besocht nei de Dies te heljen mar dat is doe spitigernôch net slagge. De Dies wie justerjûn wol wer tige slagge al hie ik op in gegeven moment safolle sop hân dat it Woksinezefoer fan Ni Hao it net mear ferwurkje koe. Wy bin dan ek wat earder as oars nei hûs gien (ik wurd noch wol ris ferstandich...) Hjoed is dan ek wer sa'n dei fan krekt net fit. Wol spitich dat Elly der net wie trouwens, want no wiene wy foar it earst net kompleet oanwêzich as bestjoer. It bestjoer liet him de strohrum der net minder om smeitsje trouwens. Oar jier mar wer ris sjen oft it bestjoer him dan wol steande hâlde kin...
+ 0 - 0 | § ¶Dies
Hjoed is it Dies Natalis by de FFJ Bernlef. As âldlid moat ik dêr fansels al efkes hinne want it is altyd wer in leuke reuny. Eartiids, doe't wy noch yn Grins wennen wie ik der net wei te slaan mar no't wy wat fierder weikomme moatte boeit it dochs wat minder allegear. Sa hawwe wy dit jier net nei it balskoppen ta west. It wie ek te betiid fansels want ik wie juster (fannemoarn) pas om goed 5 oere thús. Wy sille dan ek sa mar efkes op de buorrel sjen.+ 0 - 0 | § ¶tytn test
Dit is in test om te sjen at it slagget om myn webloch fanôf myn nije tytn mobyl by de tiid te hâlden en dat liket te slachjen. Jun mar efkes op de soas sjen tinkt my...+ 0 - 0 | § ¶Kilometers frette
Ik haw hjoed earst wer efkes mei de mobyl yn it spier west. De gegevens bin no syngronisearre mei myn agenda yn outlook. Ek haw ik heu efkes delhelle sadat ik dy straks as skiltoan ynstelle kin. Ik haw outlook no ek op de mobyl oan de praat krigen en msn wurket ek al. Ynternet slagget no ek fia gprs. WiFi moat ek noch efkes in lytse kursus foar hawwe leau ik en bluetooth moat ik ek noch efkes oan de praat krije sadat myn autoradio ek meiprate kin. Oer autokes sprutsen, hjoed wurdt wer in dei lang autoriden. Earst haw ik efkes nei Grins west om ôfskied te nimmen fan myn fêste kapper. Per 1 maaie iepenet hjir yn de Rottefalle in nije kapsalon dat oer in heal jier kin ik hjir dan wol terjochte. Neidat ik hast in oere kursusmateriaal west haw foar in hast ôfstudearre studinte fan de kapakademy bin ik op weis gien nei myn suske want dy hat hjoed de jierdei. Sy wennet yn Goor dus dat bin wer de nedige kilometerkes. No miende ik dat ik by Zwolle de A1 op moast rjochting Ynskedee mar dat wie efkes in misrekkening want ik hie earst noch efkes nei Apeldoarn moatten. Doe't ik in ôfslach Almelo seach bin ik dy dan ek domwei yngien en sa kaam ik fia in moaie slúprûte troch it moaie Oerisel úteinlik nei kilometers omriden te hawwen by Deventer dochs noch op de A1. Yn Goor haw ik goed oardeloere west en doe moast ik al wer nei Grins want om 19.00 moasten wy plúmkejeie yn Assen en ik moast myn tiemgenoaten noch efkes út Grins helje. Al mei al wie ik dêr mar 6 minuten te let en nei efkes in snelle stop by de Mc Donalds oan it Hûndjip mar rap wer nei Assen ta. Dêr bin wy mei 8-0 fan de baan slein troch it tiem dêr't wy thús mei 8-0 fan wûn hiene. Se hiene wol 2 oare spilers mei dizze kear mar it slagge ús ek krekt net. Al wiene der wol genôch spannende wedstriden by en sels noch in pear trije setters. No ja, de lêste kilometers dan ek noch mar efkes meitsje wer nei Grins en wer nei Drachten. It autoke ryd sa moai en mei Slam FM ferjitte jo oer sa'n 40 kilometer ek wer in soad ellende...
+ 0 - 0 | § ¶Tytn
Soms wurde jo ferearle op in frommis, bytiden kin ek in moai apparaat my yn de besnijing hâlde mar no wie allinnich de namme al genôch. Ik haw myn kar makke en myn nije tillefoantsje is de Tytn wurden. De HTC TyTN is net allinnich in tillefoan mar ek in minikompjûter, in saneamde PDA. It beestje hat in 400mhz prosessor en kin dêrom ek ferskate oare leuke dinkjes dwaan lykas eamelje, webswalkje en msn'e. Dat moat ik dan earst noch wol efkes oan de praat krije fansels. Yn alle gefallen kin ik der no al mei skilje want ik haw in tydlik nûmer krigen fan KPN. Ik woe perfoarst in KPN as in Vodafone abonnemint omdat dy de bêste netwurken hawwe. T-Mobile is fansels in stik goedkeaper mar dan docht er it hjir yn hûs faaks net iens. Omdat elkenien op de hichte is fan myn âlde nûmer haw ik dat dus oersette litten mar soks duorret in dei as 10. Ik sil 'm no earst ris in pear oerkes oan de stroom sette en dan sjogge wy moarn wol fierder...
+ 0 - 0 | § ¶Kloatetillefoan
Alle kearen at immen my besiket te skiljen is myn akku leech. Ik wurd dêr in bytsje flau fan. No hie ik op 'm sels in moai ekskús foar in nije tillefoan neidat myn âlde op aaipop ienichsins ferruïnearre wurden wie mar no kaam skoanheit krekt wer oan mei krekt sa'n ien. Ik moat mar ris op syk nei in tillefoan, en dan it leafst ien mei wat mear mooglikheden. Ik sil de ynternetwrâld ris efkes by del om te sjen wat my it moaiste ta liket...
+ 0 - 0 | § ¶Plúmkejeie as slope
Eins moasten wy hjoed efkes te plúmkejeien mar wy hiene der beide net in soad nocht oan. Plúmkejeien is wol moai hjer, en BC GO! is ek neat mis mei. Mar it is sa'n geflean nei Grins ta hè. Dat wy bin mar thús bleaun en om dochs noch ús wyklikse bytsje beweging te krijen hawwe wy hjir oan de sydkant fan it hûs in âld ferrotte sket oan it slopen west. It wie der jammergenôch samar wei want slopen bliuwt dochs moai wurk. Spitigernôch jout it sa'n rotsoai...
+ 0 - 0 | § ¶In kofferbak fol kadootsjes
Ofrûne freed waard beppe Kuipers 89 jier mar wy fierden dit hjoed. De hiele famylje en in soad freonen en bekenden wiene nei it sealensintrum kaam yn Sint Nyk. De famylje is yntusken wol sa groeit dat it net mear allegear yn in gewoane wenning, lit stean yn Doniahiem, passe soe. It wie gesellich al wie ik dan fansels wol de bob. Doe't it feestje middeis nei in bêste lading sop en bôle dien wie moast Beppe fansels wer nei Doniahiem. Om't it moai waar wie gie se yn de rolstoel dy kant op. Ik haw de Laguna doe mar efkes oanbean as pakjesauto want sy hie my dochs in fracht kadootsjes krigen. In hiele kofferbak fol mei flessen abbekaat, flessen skippersbitter, sûkelaatsjes, blommen en wit ik wat al net mear. Doe't ik letter wer nei De Rottefalle ried krige ik sels ek noch in kadootsje fan Afonso en Rob. It Fean wûn en Feyenoord ferlear wêrtroch't de wedstryd tsjin AZ no net mear in soad útmakket (útsein at wy winne fansels). Wy ha it no yn eigen hân om fyfde te wurden. Der hoecht dan allinnich noch mar fan Feyenoord wûn te wurden. Dat moat kinne soene je sizze, mar se krije it fansels net kado...
+ 0 - 0 | § ¶Autonijs
Fannemoarn bin ik mar efkes te tenken west by de foarsitter fan de RIHA. It motto is ommers: "wat je eigen dorp je biedt, dat koop je bij een ander niet". It autoke hat 700 kilometer riden en hat dêr sawat 58 liter bensine foar nedich hân. Dat betsjut dat er sa ûngefear 1:12 riden hat. Dat wie mei de klimaat kontrôle oan en mei in snelheid dy't gauris justjes boven de 120 kaam op de snelwei. Gemiddeld kostet in kilometer riden my dan ek 0,12 euro oan bensine. No mar hope dat de bensineprizen net te heech oprinne...
+ 0 - 0 | § ¶Ik bin wer bestjoer
Fannemoarn krige ik besite fan Ina Lap fan de Rottevalster Industrie, Handel & Ambacht oftewol de RIHA. Ik hie op de ledegearkomste al oanjûn dat ik wol lid wurde woe en no waard ik ek fuort al frege en nim in sit yn it bestjoer. Dêr hie ik fansels al efkes oer neitocht en dat like my wol wat ta. Ik sil no earst ris efkes de kat út de beam sjen en dan sille wy op 30 april ris wat ballontsjes oplitte skynt it. Yn juny sil wy noch te skûtsjesilen mei de ûndernimmers en dat fyn ik sawysa machtich moai.
+ 0 - 0 | § ¶De tenk leech
Ik wie eins wol benijd wat myn Renault Laguna foar tenkynhâld hawwe soe dat ik woe de tenk de earste kear mar efkes goed leech ride. No stie de bensinemeter yn Grins al frijwat horisontaal mar ik hie noch de hoop dat der in warskôgingslampke brânen gean soe. Op de A7 dendere ik wer lekker troch de nacht mar doe't ik tusken de Lieke en Marrum by in tenkstasjon delkaam stie der in boardsje dat de folgjende pas oer 25 kilometer wie. Dat wie fansels wol efkes in gokje sa op freed de trettjinde mar ik bin dochs mar trochriden. Doe't ik thúskaam stie de meter hielendal op 0 mar der baarnde noch gjin lochtsje. Ik bin der dan ek mar fanút gien dat der gjin ljochtsje baarnen giet. Moarn earst mar efkes tenke, dat kin dan moai hjir yn de Rottefalle...
+ 0 - 0 | § ¶Keatswaar
It begjint al wer aardich keatswaar te wurden. Yn Grins bin de mannen fan KWEA al wer los yn it stedsperk. Yn Sint Nyk wachtsje hja noch efkes in pear wykjes. Ek Google wie hjoed yn de keatsstimming. It falt my nies krekt trouwens op dat wannear't je sykje op keatsen yn Google, de KNKB net op de earste side stiet, en ek net op de foarste tsien. Fierder haw ik net socht. Wannear't socht wurdt op kaatsen stiet de KNKB wol op ien mar dat sil grif net sa lang mear duorje want âld webmaster Jan Braaksma timmert goed oan de wei mei syn 'kaatsnieuws'.

+ 0 - 0 | § ¶Gouden slieptip
Troch myn ferhûzing krige ik it bledsje fan de Menzis wat letter mar ik haw it dochs efkes trochblêde en wat trof ik dêr oan op de foarlêste side? Ynte de Vries dy't tegearre mei syn frou yn in spiksplinternij bêd leit fan 7000 euro. Sy hawwe dat wûn troch it jaan fan de gouden tip foar minsken dy't snurke. It skynt sa te wêzen dat Ynte snurkt en dat hy dêrom in golfbaltsje achterop syn pyjama naaie litten hat. No kin er net mear noflik op 'e rêch lizze en dus hat syn frou gjin lêst mear fan him. Ik bin wol benijd at dat nije bêd ek op peallen stiet...
+ 0 - 0 | § ¶Wat wie der earder, de heale hin as it aaipopfestival?
Op boppesteande fraach kin ik nei frijwat djipgeand ûndersyk noch gjin goed antwurd op jaan. Wol haw ik wer in moai aaipopfestivaltsje sjoen. Nei't ik nei de fisitaasje yn in file fan Sint Nyksters, dy't krekt mei in bus fol oankaam wiene, wat munten kocht hie haw ik earst mar efkes in mouhimd ophelle dêr't ik in bontsje foar krigen hie. In droech mouhimd is altyd handich foar de weromreis. Dêrnei de jas mar ynlevere en doe begûn it hoopjen op moai waar. No dat moaie waar kaam der net mar it bleau al droech en dat is fansels ek hiel noflik. Om't de heale hinnen noch net gear wiene haw ik earst mar efkes by Smûk sjoen. Dat wie wol aardich en der wie fierders ek neat oars dat sadwaande. Net folle letter, ik hie krekt myn earste hintsje, no ja, de helte dêrfan, waard ik traktearre op it bekende 'Wheup' en dêr wiene Germ en Wiebe ek al. Sa hawwe wy efkes yn rap tempo wat (w)yndronken. Fan Batsum begûn der op te batsen en sy herkenden my noch, altyd leuk fansels. Dêrnei haw ik fan in hiel soad bands in hiel soad lytse fragmentsjes meipakt. Ik haw noch efkes mei Wim Beckers fûstke, in klant fan my (Om 'e Noard) dy't tige tefreden wie. Altyd moai om te hearren fansels. Doe moast it fansels oangean want Jitiizer wie dochs wol dêr't ik foar kaam fansels. En it gong der wer om wei mei de mannen dy't in ferskaat oan swimbantsjes en oare opblaasbare saken it publyk yn smieten. It mouhimd gong út en der waard beukt as wie it in optreden fan Piter Wilkens (letter mear dêroer). Jitiizer wie wat dat oangiet wer it moaiste stikje fermaak fan it festival foar my. Spitigernôch kaam ik der net folle letter efter dat myn tillefoan net mear yn myn bûse siet. Jelmer skille my efkes en doe die bliken dat er al fûn wie en by de kassa lei, bedankt dêrfoar. By de kassa oankaam krige ik mar in heal tillefoantsje. De efterkant dy't fierder allinnich estetyske wearde hat, siet der net mear by. Dy fûn ik letter yn trije stikjes werom. No ja, dan moat der mar wer in nij frontsje om hinne. Ik koe yn elk gefal wer skilje. Doe mar efkes nei Piter Wilkens en dêr wie ik krekt op 'e tiid binnen sa die bliken want nei my woene der noch in hiel soad minsken yn. Mar doe't dat net slagge waard de sfear wat gremitich en de plysje moast noch efkes yngripe ek. Wy hawwe dêr yn de grôtfolle seal neat fan meikrigen fansels en Piter stie wer as in beest op syn gitaar om te rammen. Ik bin bang dat syn fûgeltsje wer in minne jûn hân hat. Ik fûn it dus al sa frjemd dat it hieltyd rêstiger waard want sa no en dan gong der wol ris immen de tinte út mar der kamen gjin nijen mear by. Letter doe't wy it harkjesankjesealtsje ferlieten moasten wy troch in hiel kordon plysje en security minsken. Doe die bliken dat Piter te grut wie foar it harkje sankje sealtsje. De minsken dy't him mist hiene koene letter by in gastoptreden yn elk gefal noch al in kear fan Piter genietsje dy't mei Sebeare noch in nûmer spile. Sebeare spile ek lekker mar it ein wie in bytsje nuver. Der kamen wat nuvere Russysk útsjende lju binnen, faaks wie it in gjalpkoar ofsa. En dy diene op frijwat ûnfersteanbere wize it Frysk Folksliet. Dêrnei wie it festival dien mar der wie net ien dy't dat it publyk efkes dúdlik makke. Ynstee fan te sizzen, dit wie Aaipop, oant oar jier moasten wy no sels mar sjen dat it dien wie. No ja, de lêste muntsjes noch efkes yn kola omset foar de earste neitoarst en doe mei in hiele hin opweis nei myn bus. Aaipop wie wer in moai feestje. En om't it lawaai wer lûd genôch wie koe ik ek noch de heale nacht net sliepe fanwege gepiip yn myn earen...
+ 0 - 0 | § ¶Fan en nei Aaipop 2007
Nei myn ynternetsjoernalistyk fan in pear dagen earder folget no de praktyk. It iepenbier ferfier yn Fryslân is mar nuver regele. Sa stie ik by de bushalte doe't der in taksybuske stoppe, dat blykte line 13 te wêzen dy't riid as wie it in gewoane moandei. Mar neffens de bushalte soene hja it skema fan de sneins-en feestdagen oanhâlde moatte. No ja, yn alle gefallen kaam myn bus moai op tiid en ik koe yndie foar €1,- fan Drachten nei Ljouwert komme. Op it stasjon fan Ljouwert gie it fuort al mis. Ik soe efkes nei de Arrivawinkel dy't ik mar kwalik fine koe, hy wie frijwat fuortstoppe op in úteintsje fan it perron, mar dêr die bliken dat ik net mei in eurokaartsje reizgje koe. Ik moast in gewoan retoerke hawwe fan €7,-. Dat skeelt dochs wer sa'n trije kwart hin fansels. Connexxion makke it dêrnei noch folle belaggelikker. Ik frege at de dalkaartsjes jildich wiene en dat wiene hja. Dus ik lei €1,- del mar doe moast der fan de bussjauffeur noch ien euro by. Want it tarief fan ien euro wie allinnich yn de skoalfakânsjes. No miende ik dat de bern op moandei gewoanwei wol nei skoalle moasten, en dat dat op twadde peaskedei net it gefal wie. Wy namen soks meastentiids skoalfakânsje of net? It makket fansels net út mar it is wol wat nuver dat jo foar hast in oere bussen fan Drachten nei Ljouwert mei Arriva in euro kwyt binne en dat Connexxion jo dan twa euro freget foar it skytstikje fan Snits nei Nijlân. Ik hie ek hast rinne kint. No ja, yn de bus trof ik Wytske, âld foarsitster fan de Mokumer Mjitte, dy't mei har respektabele leeftiid neidat sy studint ôf wurden wie ek noch mar ris foar it earst nei Aaipop gie. Yn Nijlân waarden wy noch ynhelle troch in bus fol Sint Nyksters en sa wiene dy dus noch earder teplak as ik. Jûns rûn it programma in bytsje út hie ik it idee want gewoanwei hie ik de bus fan kertier oer tsienen wol helle mar no dus krekt net. Ik moast no trije kertier wachtsje as in eintsje rinne. Mar it duorre mar even doe kamen der noch twa man by de bushalte. It wiene twa artysten fan de Johannes D. Kernemerband en sy woene besykje in lift te krijen. In kânsleaze missy sa like it mar nei in tweintichtal autokes stoppe der dochs immen dy't ús meinaam nei Snits (wêrfoar hulde). Dat skeelde wer twa euro en hie ik dat witten dan hie ik noch wol in kwart hintsje ha kint fansels. Ik hie de mannen al warskôge dat it frijwat sinleas wie en gean liftsjend nei Snits om't de trein nei Ljouwert dochs net earder komme soe. Sa hiene wy dus noch trije kertier oer op stasjon Snits dêr't it om goed alve oere frijwat saai is. Mar de mannen wisten noch wol in kroech dat wy belannen noch efkes yn 'De Draai' dêr't ik myn earste Widdowke fan de jûne skoarde. It koe ek hast net oars yn Snits fansels. Dêrnei mar wer troch nei Ljouwert en dêr kaam wûnder boven wûnder om goed healwei ienen noch in bus nei Drachten. It ritsje wie wer foar mar ien euro en sa kaam ik yn Drachten wer by it fytske. De lêste kilometer haw ik slingerjend ôflein mar doe't ik thúskaam hie ik bynammen toarst. Yn teory we it ritsje dus seis euro, yn de praktyk waard it alve euro (mei dank oan ús lift oars hie it trettjin euro west. Dat falt noch genôch ta fansels en it is yn alle gefallen gâns minder as wat 9292 advisearre...
+ 0 - 0 | § ¶Ramptoerisme
Fannemoarn betiid hearden wy de sirene fan in plysjeauto en net folle letter ek noch in sikenauto. 'Der koe wol wat oan de hân wêze', tocht ik dat ik tink ik moat der mar efkes hinne. It wie noch gjin 100 meter fan myn hûs dêr't in al wat âldere frou fan har fyts fallen wie omt der in hûn foar har del flein wie. It like allegear wat ta te fallen mar se is al efkes ôffierd leau ik. Dat der mear nijsgjirrige minsken binne mei dúdlik wêze, fan alle kanten streamde it publyk ta en net folle letter as de plysje wie der ek al immen fan Wâldnet. Dizze professionele ramptoerist hie ek al frij rap wol troch dat hjir net in soad nijs te heljen wie. Ik koe dan ek net in stikje weromfine op de side dêr't oars al gau ris wat oer de Rottefalle te finen is...
+ 0 - 0 | § ¶Kommanodzje
Ik bin hjoed de folsleine dei hast oan it programmearjen west mei html, javascript en php. Dat programmearjen komt frijwat krekt omdat ien komma op it ferkearde plak foar hiele oare útkomsten soargje kin. Ek is der noch al in ferskil tusken " en '. Mar troch krekt salang te besykjen oant dat it wurket kom ik fansels in hiel ein. Sa is de dei yn elk gefal rap wer foarby en komt it aaipopfestival mei de minút tichterby...
+ 0 - 0 | § ¶IF-wille
Peaskemoandei moat ik nei Nijlân ta foar it aaipopfestival. No haw ik ris oan it sykjen west hoe't ik dêr it bêste komme kin. Yn earste ynstânsje tinke jo dan al rap oan www.9292ov.nl fansels en nei wat puzzeljen haw ik tink ik no in redelik alternatyf fûn. Ik hie yn gedachten om nei Drachten te fytsen en dan mei line 100 nei it Fean en dan mei line 99 nei Nijlân mar it blykt ienfâldiger te wêzen om nei Nijtap te fytsen. Dat is tichter by dus dat skeelt twa kear in ein fytsen en ik gean dan fia Ljouwert en dan mei de trein nei Snits. No ris sjen wat de kosten dêrfan binne. Nei fan en nei Ljouwert kost 2 kear 9 strippen (€8,16) en in retoerke mei de trein is €7,-. Dan moat ik noch nei Nijlân op en del fanút Snits wat ek 2 kear 4 strippen is (€3,62). Yn totaal kom ik dan op in retoerke Aaipop op €18,78 mar dat is op basis fan de prizen fan in 15 strippekaart. No haw ik sûnt koarten in auto en dus is myn foarrie strippen beperkt ta 3 en omt dy kringen yn de bus ek net te beteljen binne, se net mear yn de automaat sitte om't se te faak stellen wurde en de winkels mei de peaskedagen ek frijwat ticht binne moast ik ris in oar alternatyf fine. No skynt it sa te wêzen dat Arriva in eurokaartsje hat yn it wykein en yn de fakânsjes. Dat soe betsjutte dat ik dus foar €1,- nei Ljouwert kin en dan foar €1,- nei Snits. Mar dan komt der in kinkje yn de kabel want fan Snits nei Nijlân moat ik mei Connexxion. Wa't dat no wer betocht hat, om yn ien provinsje mei twa ferfierders te wurkjen? Gelokkich hawwe dy dan ek wer in alternatyf, it dalkaartsje wat ek mar 1 euro kostet. Dat soe betsjutte dat ik dus foar seis euro hinne en werom kin. Ik wit noch net wat myn Renault Laguna nimt per kilometer mar foar dy 6 euro hoech ik fansels net op syk nei in bob. En it moaie is ek noch dat de bussjauffeurs fan Connexxion gewoan Frysk ferstean kinne. Troch efkes wat speurwurk te dwaan op ynternet haw ik sa dochs mar wer 12 euro besparre wat al gau wer sa'n twa tot trije heale hintsjes is. No mar hope dat it yn de praktyk ek sa wurket...
+ 0 - 0 | § ¶Jou lûd
De kommisaris fan de keninginne fan Fryslân rôp ús okkerdeis op om lûd te jaan. No't ik myn nije autoke haw wol ik dêr fansels ek yn meigean. Dat kin op meardere manieren, sa haw ik al trije plakjes ûntdutsen dy't soargje dat de toeter lûd jout. Mar in saai ritsje oer de snelwei is fansels neat sûnder in stikje muzyk op de efter- as foargrûn. No hie ik juster al efkes in autoradio oantuge. Foar de leafhawwers, wy hawwe it dan oer de 'Pioneer DEH-P55BT'. Dizze haw ik der juster al efkes yndrukt mar doe hie ik noch frijwat in monolûd yn de wein. Fannemoarn haw ik der noch efkes nei sjoen en doe die bliken dat it stekkerke los siet. No komt it lûd dus wol fan beide kanten út de doarren. Allinnich hie ik de hoop dat der seis lûdsprekkers yn myn wein sieten om't der hjir en dêr noch lûdsprekkereftige roasters sieten mar dy blike no dus noch leech te wêzen. De triedden lizze der oars al wol yn dat ik kin mei weinich moeite fan myn wein in konsertseal meitsje dêr't it Heudyheu fan Jitiizer mar flink lûd jaan kin...
+ 0 - 0 | § ¶Wiete tongersdei
Nee in opmerking lykas 'en folgje Fryslân A' is net fan tapassing op boppesteande titel. Ik haw hjoed de hiele dei mei wetter oan it boartsjen west op it fabryk. Der wie in fracht testferpakkings dy't mei wetter folle wiene en dy pakken moasten leech. Wat is der dan fansels moaier en gean efkes werom nei de jeugdjierren en betink fernijende en nijsgjirrige wizen om dy pakken (in pear tûzen) te leechjen. Myn earste eksperimint wie se gewoan op de grûn smite en dan stikken stampe mar dat gie net alhiel goed. Myn Fryske sokken hâlden it net droech en sa haw ik de hiele dei mei wiete fuotten omrûn. It fuotwaskjen gie dus hjoed ek net oan my foarby. Us mem sil grutsk op my wêze!
+ 0 - 0 | § ¶Plaatsjes sizze mear as wurden
Sprekke is sulver, in auto is goud. Hjirûnder sjogge jim myn op ien nei en myn op twa nei moaiste besittings. En nee Marcel, op nûmer ien stiet net de frituurpanne...

+ 0 - 0 | § ¶Skoareboardsjoernalistyk
Juster spilen wy ús twadde wedstryd yn de rekreantekompetysje. De tsjinstander wie dizze kear de BC Assen út Assen. Om't myn freondinne mei de auto út Súd Laren komme moast wie ik wer oanwezen op it iepenbier ferfier mar dat wie sa min noch net iens. Yn ien oere en tsien minuten wie ik fanút Rottefalle yn de sporthal yn Grins. Fia bûtenpost en dan mei ien fan dy nije arrivatreinen nei Súdhoarne om dêr dan wer mei stêdsbus 11 yn Selwerd te kommen. Omt ik noch net in soad iten hân hie haw ik by de lokale C1000 noch efkes twa slaatsjes nei binnen wurke en doe op nei de hal. Foarsitte yn de kantine wie gjin opsje sjoen it feit dat ús kantinejuffer ús dêr altyd sa hertlik ûntfangt Lokkigernôch wie Assen dêr sels ek tsjûge fan foarich seisoen. Dan de wedstriden: Troch it trage plúmke wat wy útkeazen hiene wie ik yn it foardiel yn myn inkelspul. Dêr't Herbert miende dat in plúmke út wie foel it dochs noch krekt foar de efterline del. Sa koe ik frij ienfâldich it earste punt binnen helje. Ek Eddy slagge der yn om syn inkelspul te winnen. Doe moasten de froulju en bynammen Aetsje hie it dreech mei har tsjinstander. Yn trije sets slagge it har dochs. Femke hie in wat ienfâldigere oerwinning en sa giene wy nei de inkelspullen al mei 4-0 oan de lieding. De hearen dûbel gie dreech mar ek dêr lutsen wy oan it langste ein. Nei in pear klappen wiene wy sa goed op elkoar ynspile dat wy de oerwinning net mear fuortjoegen (5-0). It frouljusdûbel wie wer in trije setter want dy wiene aardich oan elkoar weage mar wy pakten 'm toch. De lestichste partij wie noch wol de earste miks. Omt ús tsjinstander net echt in swak plakje hie en ik mei de freondinne noch wol ris wat argewaasje ha oer fanatisme tsjinoer leuk spyljen. De earste set pakten wy mei faasje mar yn de twadde stiene wy fuort al mei 6-0 efter. Dy koene wy ek net werom pakke dat der moast in tredde set oan te pas komme. Oant 14-14 gie it moai gelyk op mar doe makken wy in goeie searje en sa pakten wy ek it sânde punt. No dan moast it fansels ek mar in 8-0 wurde en dat waard ik ek, mar wol wer yn trije setten. Uteinlik wie de einstân BC GO! - BC Assen dus 8-0 mar it hie eins foar it selde 4-4 wêze kinnen...
+ 0 - 0 | § ¶1 april...
Spitigernôch hiene de measte minsken wol troch dat it berjochtsje fan juster mei in bytsje sâlt it bêste smakke. Us hûsferwaarmjend feestke hat noch net wist en der is ek noch gjin datum foar. Yn alle gefallen wiene der in pear minsken dy't net bliid wiene dat hja net oanwêzich wiene dus dat is dan op 'm sels ek wol moai fansels...
+ 1 - 0 | § ¶Kwaliteit boven kwantiteit
It hûsferwaarmfeestje foar alle freonen en bekenden wie justerjûn tige slagge. Net troch de grutte kloften minsken (der wiene hast mear út 'e Rottefalle dan út de rest fan de wrâld) mar mear troch de minsken dy't der wol wiene. Oan de iene kant foel my de opkomst fan de Bernleffers al wat tsjin. Ik hie dochs wol in man as wat út Grins ferwachte, der wiene der mar trije. Oan de oare kant is it sa faaks ek better want no falt de skea ta en myn foarrie Bearesop hat ek gjin uterste hâldberheidsdatum. Dy 12 kratten Amstel nim ik wol mei nei de earstkommende pôledei. De freondinne is al wer drok oan it stofsûgjen en ik haw net iens in kater. Ik leau dat ik no echt deeglik wurden bin...




