+ 0 - 0 | § ¶Bios Rottefalle
M8eld en Jelle wiene hjoed by ús om in filmke te sjen. Sy wiene lêsten ienigsins ûnder de yndruk fan de machtige lûden fan myn 5.1 setsje. Ek hiene hja noch nea de Pirates of the Caribean sjoen. Nei in goed miel haw ik se fansels earst noch efkes Lost-ferslaafd makke. Se ha no diel 1-25 mei nei hûs en at it in bytsje meisit sil dat de ferslaving wol oanwakkerje. Dêrnei ha wy dus de Pirates sjoen en dêrby ha de bokskes efkes frijwat leven makke. It is fansels ek in lekkere film om te sjen. It ienigste wat no noch ûntbrekt yn de Bios Rottefalle is in fatsoenlik skerm. Ik sit op dit stuit noch wat te twiveljen tusken in breedplatbyld as in skerm mei in beamer. Dat lêste is fansels wol grutter mar in gewoane tft as plasma is fansels ienfâldiger yn it gebrûk. Wy wachtsje it noch efkes ôf. Op dit stuit haw ik it jild der dochs noch net foar...+ 0 - 0 | § ¶Wy bin wer like âld
Hjoed hie de freondinne har jierdei mar omdat dy altyd yn de fakânsje falt is it nea echt drok. Doe't ik thús kaam fan myn wurk wiene myn skoanâlden der en de freondinne har muoike. Ek wiene der noch twa freondinnen. De oare freondinnen sille letter grif noch in ôfspraak meitsje sadat de kommende wykeinen ek wer folplent binne mei semy-jierdeis. As sjefkok haw ik fansels soarge foar in ferskaat oan lekker iten. Sa hie ik de kalkoencurry hjoed by gebrek oan kalkoen omboud ta hincurry. Ek ha wy in lekkere wokskûtel hân mar it lekkerst wiene fansels de grienten fan de bakplaat. Lekkere courgettes, aubergines en sjampinjontsjes mar ek de gewoane sipel smakket ynienen folle better wannear't dizze bakt is op ús rustfrijstielen plaat. 32 jier bin wy no allebeide en de kommende 5 moanne bin wy dus wer like âld...+ 0 - 0 | § ¶Mem har jierdei
Us mem hat hjoed al wer foar de 60ste kear har jierdei. De ôfrûne 30 jier is dat foar safier't ik my heuge kin op de Pôle fierd. Sa ek dit jier fansels al wie it waar wol ris better west. Gewoanwei is de Pôle mei de auto te berikken fia de heide en dan in lyts stikje oer in polderdyk mei hjir en dêr wat hobbels en gatten. Dizze kear wie der mei troch it wiete waar noch net meand en it gers stie frijwat heech. Ek wie de grûn op plakken frijwat weak. Wy krigen dan ek it advys om mei de auto nei de Ulesprong te riden dêr't wy sûnder problemen foarby de mannen fan Skaaf befeiliging komme koene. Dy steane by it strantsje op wacht omt de gemeente dit frijhâlde wol fan natoersekstoeristen mar kennelik seachen hja ús dêr net foar oan. Fia de âld feart waarden wy mei in lyts boatsje nei de Pôle brocht dêr't ferskate omkes en muoikes efkes delkamen. Hoewol't it himelwetter driichjend oanwêzich wie koene wy it dochs frijwat droech hâlde. Op de Pôle sels wie it droech genôch foar in fatsoenlikke Pôledei. No mar hope dat oer 4 wiken ek it aggregaat wer dy kant op komme kin want sûnder de Mier gjin fertier fansels. Wy ha letter myn nije omke Rob en muoike Elske noch efkes ophelle mar dêrfoar ha wy noch efkes tradysjoneel troch it spinnetunneltsje west ûnder de A6. Oan it ein fan de dei waarden wy troch heit wer ôfsetten op de Ulesprong. It wie in moaie dei west...+ 0 - 0 | § ¶Hûske op de heide
Myn skoansus en sweager wenje mei myn twa omkesizzers yn Rotterdam. Dat is fansels net de ideale lokaasje foar opgroeiende bern. Foar datst it wist hast in pear lytse Feyenoordhooligans yn hûs fansels. Om de bern dochs noch wat frisse loft te gunnen hawwe hja no in fakânsjehûske kocht yn Voorthuizen, oan de râne fan de Veluwe. Wy hawwe dêr hjoed efkes sjoen en sy ha dêr in alderaardichst moai plakje. No bin ik sels net in fakânsjehûskesminsk, mear in boatsjeminsk wat dat oanbelanget. Mar fansels is it wol in moaie kâns om ek ris in wykeintsje op de Veluwe om te swalkjen. No noch sjen dat wy de tandem yn in karre krije want efterop de trekheak, dêr is er te grut foar fansels...+ 0 - 0 | § ¶De fiskjunk by de kapper
Ik mei de lêste pear dagen graach efkes sjen nei Omrop Fryslân TV en dan bynammen ek nei it skûtsjesjoernaal. Juster wiene hja yn Langwar en dêr hiene hja âld foarsitter fan it Fean Riemer van der Velde te gast dy't it skûtsjesilen wol wat ferkommersjalisearje woe. Ek siet Joop Braakhekke der by oan tafel. Dy wie laaiend entûsjast oer de Weduwe Joustra bearenburch mar neffens my hie er ek al de noadige romerkes preaun. Hjoed wie it in rêstdei mar it skûtsjesjoernaal wie der fansels wol. Oan it ein fan de útstjoering mocht Doede Bleeker, de misthoarn fan Starum, noch efkes in stikje muzyk fersoargje. Mar dat wie wol tige sneu want ús tige wurdearre Fiskjunk, Fiskboer en Sjonger/Gitarist Doede waard al nei krapoan ien minút fuortknipt omdat de útstjoering oars oertiid reitsje soe.+ 0 - 0 | § ¶Jûntsje Paddepoel
Wy hawwe by Globe yn Paddepoel efkes in petearke hân oer ús reis nei Cornwell. Wy sille op trije ferskillende lokaasjes oernachtsje. Wy ha trije dagen boekt yn it uterste puntsje fan Ingelân yn de omkriten fan Land's end. Dêr foar sitte wy yn in hotel sadat wy net fuortdaalks it hiele ein hoege te riden want dat is noch wol in pear oerkes. Ek weromweis sitte wy wer healwei Ingelân mar de weromreis is fansels minder wichtich omdat it net folle útmakket hoe let wy wer thús binne. Wy ha dochs mar keazen foar de boat fan Calais nei Dover. Dat is it koartste faren en sa kinne wy ek noch in stikje fan Frankryk meipakke. Om te fieren dat ús reiske no fêstlein is ha wy ús noch efkes lekker kulinêr ferwenne litten troch de Woksinees fan Paddepoel (wewok).+ 0 - 0 | § ¶Koplampen ôfplakke
Hm, doe't ik hjir foar it earst oer hearde tocht ik dat men de gek mei my hie mar it skynt dochs wier te wêzen. Wannear't jo mei eigen auto nei Ingelân gean moatte de koplampen foar in part ôfplakt wurde. Us lampkes hawwe in lytse ôfwiking nei rjochts ta sadat ek de berm bylochte wurdt. Yn Ingelân ryd men fansels oan de oare kant fan de dyk (lofts) en dus soene wy dêr dan dus de oare autokes ferblynje kinne. Om dat tsjin te gean en in aardige bekeuring foar te wêzen sille wy dus ús lampkes ôfplakke moatte. Wy sil ris sjen at wy dat sels dwaan kinne mei plakbân as dat der in spesjale Ingelânstikker foar nedich is.+ 0 - 0 | § ¶Koos Formsma treedt ôf en ik fiel my ek net sa noflik
"Koos Formsma? Wa is dat?" hear ik jim tinken. Koos Formsma wie de opfolger fan Riemer van der Velde as foarsitter fan SC Heerenveen. De man is hjoed opstapt om saaklikke redens sa't er sels seit. Wat dat krekt ynhâld sille wy wol nea te witten komme fansels. Yn alle gefallen giet der al eat net hielendal goed by it Fean. De iene nei de oare spiler wol fuort as hat de klub al ferlitten. Yildirim, Tarvajärvi, Friend, Kissi, Waterman en Hansson binne al fuort. Bosvelt is der mei ophâlden Nilsson en Pranjic wolle ek wol omsjen nei wat oars en Alves, de man dy't neffens Koos Formsma nea fuort mocht, noch foar gjin 20.000.000, stiet no fansels ek net mear ûnder de beskerming fan de âld-foarsitter. Ik haw der net in al te goed gefoel by...+ 0 - 0 | § ¶Stroomtaryf
Wy krigen post fan de Nuon dat de kosten fan stroom en gas ferlege binne. Gemiddeld skeelt dit in gesin sa'n 80 euro per jier sizze se. It is dan ek mar goed dat wy net yngien binne op mannich oanbieding fan dy selde Nuon om dizze tariven fêst te setten foar 3 jier. Dat hie ús no moai sa'n 200 euro skeelt yn harren foardiel. Likernôch besiket de Nuon it yn de selde brief oppenij. Wy kinne de ferlege tarifen ek wer foar trije jier fêstlizze. No dat dogge wy mar net...+ 0 - 0 | § ¶Romte yn de kast
Sa, wer werom fan de Feanhoop en ik leef noch, sterker noch, ik bin aardich fit. Spitigernôch is Boele net mei west nei de Feanhoop, wierskynlik wie er benaud dat syn mouhimd it net oerlibje soe. It hie oars al krekt wat foar him west. In tinte fol minsken dy't it frijwat normaal fûnen om inander de klean fan de bealch te skuorren. Ik hie ien fan myn minst moaie mouhimden útsocht. In Bernlefmouhimd mei Bert Terpstra (gjin famylje fan Boele) op de rêch. Hy wie earst wol moai west mar Bert is der yn de wask al sawat ôfgien dat no waard it tiid om Bert alderferskuorrends ferskourre te litten. Doe mei de auto op nei de Feanhoop. Foar trije euro koe ik de wein yn in gersfjild neist de tinte kwyt. It earste stikje koe ik noch oer metalen rydplaten ride mar it lêste stikje waard it echt gers. Ik wie fansels wat te betiid want ik hie gjin kaart yn de foarferkeap kocht en ik hie gjin ûnderfining mei dit festival. Earst mar efkes wat om my hinne sjoen dus. En dan docht bliken dat de fans fan Normaal oeral wei komme. In soad tukkers dy't mei kempers dizze kant op kamen wiene ek. Guon kempers waarden mei in trekker it kempingterrein opsleept. Dat wie wol moai om te sjen fansels. Dochs foel de kemping my in bytsje ôf. Ik hie folle mear tinten ferwachte. Op it grutte terrein wie noch romte genôch al like it wol hiel gesellich. Doe't de tinte úteinlik iepen gie koe ik it terrein efkes ferkenne. Der wie in patatwein, in hamburgertinte en in sjittinte. Foar de rest wie it bynammen in drinkfeest. Neidat de DJ de stimming der wat ynbrocht wie it tiid foar it foarprogramma. No wiene dat 3 muzikanten wêrby't de sanger/gitarist as in soarte fan Rolling stone in bytsje nuver kromboege oer syn gitaar fan alles de seal yn song. It koe my de sek net echt jûkje want ik kaam foar Normaal fansels. Net dat ik no in hiele grutte Normaal fan bin, mar guon nûmers bin wol geweldich en Bennie Jolink is wol in nijsgjirrich mantsje fansels. Doe't Normaal begûn waard der rap ôfweeft mei in soad mouhimden mar ik stie wierskynlik troch myn net troch alkohol oantaaste harsentsjes wat te fier fan de pit. Want de hiele earste set haw ik it mouhimd oanhâlde kinnen. Guon oaren wiene al gau yn de bleate bealch oan it toutsjespringen mei mouhimden dy't oan elkoar knope wiene. Yn it skoft seach ik noch in pear Sint Nyksters dy't mei de boat wiene. Ek in pear Rottefalsters haw ik koart efkes nei wuift. Mar ik kaam foar Normaal fansels. Nei it skoft kaam de organisaasje mei in soarte fan bakkraan de seal yn. Der gong in man omheech om de mouhimden fan de feestferljochting ôf te heljen. Dat wie fansels oalje op it fjoer dat hy krige de folle laach. It bier en de mouhimden fleagen him om de earen mar nei in kertier hie er dochs wûn want de slinger wie wer mouhimd frij. Ik fûn it wol wat sneu eins sa sûnder alkohol yn myn bloed. Yn alle gefallen knalde Normaal wer lekker stevich troch al waard it nea echt legendarysk. In soad nûmers dy't hja spilen koe ik ek net en oars stie it lûd wol sa hurd dat it hast net te ferstean wie. Ik haw yn alle gefallen de hiele nacht in piip yn de earen hân en noch altyd hear ik mar heal. Nei in stik as trije nûmerkes ûntduts men myn mouhimd mar de lytse mantsjes wiene earst noch wat skruten. In pear mislearre rukjes diene net safolle. Net folle letter kamen se fan alle kanten en doe moast Bert beliis jaan. Ik haw dus wer wat romte yn de kast. Nei ôfrin haw ik mar rap de auto ophelle. Op it feestterein waard it al aardich sompich en ik wie benaud dat it op it parkearterrein net folle better wêze soe. Ik hie al wat fisioenen fan in trekker dy't myn Laguna út it fjild slepe moast mar it foel ta. Doe't it nette folle letter begûn te reinen die bliken dat ik ek noch wat post krigen hie efter de rutewikser. Gelokkich net fan de man mei de pet mar fan oare festivals yn de omkriten. It belemmerde myn rutewikser yn alle gefallen wol yn syn goed funksjonearjen mar ach, ik wie noch nuchter en ik bin dan ek feilich thúskaam. Ik haw de Feanhoop net echt meikrigen, dêrfoar wie ik te nuchter, mar ik wit yn elk gefal noch wol wat der bart is...+ 0 - 0 | § ¶Nei de Feanhoop
Fannejûn sil ik foar it earst yn myn libben nei it Feanhoopfestival ta. Doe't ik lyts wie en mei myn âlden yn de boat lei yn Earnewâld koe ik it festival altyd hiel goed hearre. Mar omdat it festival altyd yn de boufak foel en ik dan meastentiids earne oan it wurk wie wie it der noch net earder fan kaam. Ik soe der earst mei de fyts hinne mar ik haw dochs mar besletten en gean mei de auto. Dan kin ik fansels net sûpe mar dat is dan net oars. Boele sil ek mei de auto hinne dus dy kin ek net sûpe. Lit my dan mar in kear solidêr wêze mei de man út Moskou...+ 0 - 0 | § ¶Achter op skema
Fannacht om 01.01 komt it lêste part fan Harry Potter (the deadly hallows) út. No haw ik my pas nei it útkommen fan boek 6 fernuvere om de searje dus de foarige kear lei ik net foar de doar fan de boekwinkel. Ik kin my noch wol herinnerje dat Dorien doe efkes de soas ferlitte moast en neffens my haw ik doe efkes de taap oernaam. Yn alle gefallen bin ik op dit stuit drok dwaande yn The goblet of Fire wat it fjirde boek is en mei sa'n 750 siden ek ien fan de tsjoksten. Dêrmei bin ik dus hast op de helte. Ik haw no de earste trije parten op DVD sjoen. Part 4 sjoch ik pas as ik it boek lêzen haw. Dan moat ik boek 5 noch trochwrakselje sadat wy ek efkes nei de bioskoop kinne foar de fyfde film en dan de lêste twa boekjes noch efkes. Eins hie ik no fansels drok dwaande wêze moatten mei de lêste siden fan boek 6 mar it duorret dochs langer as ik tocht hie...+ 0 - 0 | § ¶Nei Cornwall
Fansels is it elts jier wer in hiele striid om in fakânsjebestimming te finen. Ik wol nei goeie ûnderfinings op Corfu en Gran Canaria wol wer nei in Waarm eilân. De freondinne wol graach nei Súd Ingelân ta. Mar snoad at it famke wie hat se my no wiis makke dat Ingelân feitlik ek in eilân is en dat it yn it súdlikste puntsje ek tropysk is. It skynt dat dêr sels palmbeammen groeie. Sy wol dêr graach mei de auto hinne en ik ha my der ek al hast by deljûn. Ynkoarten sille wy dus in pear daachjes mei ien fan ús autokes nei Cornwall. Us bestimming moat skynber mei in C begjinne. It is noch net alhiel dúdlik at wy mei de Ford (diesel) gean as mei de Laguna (airco). Ek wit wy noch net oft wy fia de trein (kanaaltunnel) gean of mei de boat (en fanút Calais of Oostende. Allegear dingen dy't wy ynkoarten noch útsykje meie. Tips bin fansels wolkom yn dizze. Ek us ferbliuw is noch lang net dúdlik mar de datum ha wy al sa'n bytsje op it each. It is de bedoeling dat wy tusken de Pôledei en de Sint Nykster merke fuort sille...+ 0 - 0 | § ¶Dûnsles foar de mûs
De simmerfakânsje soe yn prinsipe it ideale tiidstip wêze moatte foar in stressfrij libben. Op it wurk is dat fansels frijwat oars want at de kat fan hûs is dan moatte de mûsen noch op dûnsles. Yn it flafabryk, dat op dit stuit dwaande is oan har lêste produktive simmerfakânsje, binne yn de fakânsje in soad útstjoerkrêften. Der sitte no fansels in soad fêste krêften thús, al dan net troch gebrûk te meitsjen fan snipperdagen, as op harren fakânsjeadres. Foar de fakânsje wie it al dreech om de plenning rûn te breidzjen mar no is fansels hielendal elkenien wolkom. Dat betsjut dat der gauris heftrúksjauffeurs komme dy't wol in papierke hawwe mar gjin ûnderfining. Ek komme der minsken dy't wol heftrúk ride kinne mar dy't net genôch ferstân hawwe om dêr effektyf mei te wurkjen. It is dan ek kostlik om te sjen hoe't alles wat fout gean kin fout giet. En at jo der dan wat fan sizze, dan wurdt it allinnich noch mar slimmer. Ik kin der wol om gniise, en dat skynt ek wer ûntstressend te wurkjen dus lit de mûsen mar dûnsje...+ 0 - 0 | § ¶It is wer rêstich yn de Lits
Sa, hiel de Rottefalle hat kennis meitsje kinnen mei myn âlden dy't fansels as ien fan de weinige passanten yn de haven in wolkomme atraksje wiene. Se kinne no nei in pear dagen al hast like folle minsken as wy. Yn alle gefallen bin de doarren no moai yn de ferve setten en ús heit en mem ha wer it romme sop keazen op wei nei de Smelle wetters by Earnewâld en omstreken dêr't sy fansels it skûtsjesilen wer folgje sille krekt lykas alle jierren. Ek fan dizze kant tige tank foar it skilderwurk. Al sil se dit betankje wol nea te lêzen krije want se bin frijwat digibeet...+ 0 - 0 | § ¶Min sliepen
Neidat ferline wike myn âlden al mei de doar yn hûs foelen bin se no noch in stap fierder gien. Se ha de doar fan de sliepkeamer der út helle om dizze fan twa laachjes ferve te foarsjen. Op 'm sels net sa ferkeard fansels, mar sjoen it feit dat ik de hiele wike nachts wurkje moat en ús heit en mem tegearre mei skoanheit drok dwaande binne yn en om it hûs is it dreech sliepen fansels sûnder doar. Se meitsje fansels sa weinich mooglik lawaai mar ek flústerjen is hiel iritant want dan gean je noch better opletten wat der sein wurdt fansels...+ 0 - 0 | § ¶Wer( )om
Op de reis werom út Aldeboarn hiene sawol de bestjoerder as de tOmtOm 'm aardich om. Wy hiene nei it yndrinken noch efkes nei de pleatslikke kroech anneks bioskoop west. By Moeke de Bruin hawwe wy ek wer de noadige Joustra-Sânomheechjes naam. Dizze kroech is dus offisjeel goedkart troch it selskip fan de freonen fan de Joustra Sânomheech. It die bliken dat wy by Moeke de Bruin ek in kear as wat west hiene mei de Kameleonfilm. Sa wie dêr ek de 10.000ste besiker west. Mar it ein fan eltse reis is it paad werom dat wy moasten mar wer ris nei de Rottefalle ta. It wie tsjuster dat it ljocht moast mar efkes oan allinnich omdat de bestjoerder en de byrider it net iens wiene oer de te nimmen rûte waard earst noch efkes hollebatst. Uteinlik stjoerde tOmtOm ús fia Beetstersweach nei de Rottefalle. Doe't ik sakrekt op it kilometertellerke seach hoe lang at wy dêr oer dien hiene die bliken dat wy hast 31 kilomter fytst hiene en dat wy dêr hast 2 oeren oer dien hiene. 4 Kilometer fierder as op de hinneweis mar wol in heal oere langer op it fytske en dat wylst wy hinneweis wynkrêft 7 tsjin hiene en weromreis wynkreft 0. Wy hiene ek in lekke bân mar ik tink dat dat pas thús bart is al soe it wol ferklearje kinne wêrom't de gong en de breuk der wat útwiene. No ja, eigen skuld, dikke bult...+ 0 - 0 | § ¶Op de tandem nei Boarn
Nei in alderferskuorrendst ein (28,13 km) tsjin de wyn yn fytst te hawwen kamen wy sneontejûn krekt wat letter as ôfsprutsen mei de tandem yn Aldeboarn. Dêr soene wy efkes catanne mei M8eld en Jelle. By moai waar soene wy ek efkes barbeknoeie en net tsjinsteande de hurde wyn wie it waar wol moai genôch foar in fleis en fegaskroeierij. Under it genot fan de noadige keatspryskes smakke it fleis nei mear. Oare kear moat der allinnich al efkes wat briketten by want mei allinnich houtskoal wurdt it barbeknoeien dochs wat in haastklus. Jo moat it fleis der rap opsmite oars bin de koaltsjes opbaarnt. It wie gesellich en fan Catannen is dan ek neat kaam. Yn de prachtige tún hawwe wy op de biertafels noch lang sitten. Ek hawwe wy Jelle syn hjoeddeiske wurk efkes bewûndere en dat sjocht der allegear bekend út. Hy is de boppeferdjipping oan it isolearjen mei gips en isolaasjeguod. Dêr is no ek haast by fansels want der komt in lytse griemer oan...+ 0 - 0 | § ¶Ungeloksdei foar ús beamke

Om efkes in yndruk te jaan fan it formaat fan de beam dêr't it hjir om giet haw ik efkes de foto taheakke. Sa kin ik sûnder in soad wurden te brûken dochs in moai lang stik op myn webloch krije. Wy hiene al in skoftke in fergunning fan de gemeente foar it fuortheljen fan dizze grutte jonge mar no ha wy ek immen fûn dy't de beam foar ús delhelje sil. Nei de boufak sil er ree makke wurde foar de iepen hurd. At it meisit kin der ek noch in stikje mei nei de Pôledei 2007 (foar de neven Kuipers, dy is op 25 augustus).
+ 0 - 0 | § ¶Ferrassing
Samar ynienen stiene ús heit en mem foar de doar. Sy lizze mei de boat yn de passantehaven fan de Rottefalle. Nije wike wolle se dochs graach nei it skûtsjesilen en omdat heit syn knibbels no wer 100 prosint binne kin hy no tegearre mei skoanheit moai efkes ús efterdoarren en de raamkes yn de keuken ôfskilderje. En at se noch tiid oer hawwe sille se ek noch mei de binnendoarren oan de slach. De freondinne en ik binne hjir fansels tige wiis mei want sels bin wy net sa handich mei de kwast.+ 0 - 0 | § ¶Pottermoanne
Omdat july 2007 dochs wol in bytsje de skiednis yn gean sil as de Pottermoanne haw ik myn Pottermany noch mar wat fierder útwreide en sa haw ik no diel 1 oant 4 op DVD oanskaft. Diel 5 draait sûnt koarten yn de bioskoop mar ik haw part 4 noch mar ien kear sjoen en it wurdt fansels wol wer efkes tiid om by te sjen hoe't it ek al wer gie. Mei de boeken bin ik ek drok dwaande al sil it wol dreech wurde en krij se op skema allegear út foar de 21ste. No ja, dat is dan net oars fansels. Ik sil ek net midden yn de nacht foar de doar fan de boekhannel lizze fansels. Faaks bestel ik it boek ek wol gewoan wer by Amazon.com...+ 0 - 0 | § ¶Positive en negative gearkomsten
Fannemiddei wie der op it flafabryk in gearkomste fan de Sintrale ûndernimmingsried mei it persoaniel oer de foar te nimmen sluting fan it fabryk. In soad minsken wiene dêrby oanwêzich. De ried hie it fan alle kanten besjoen mar sy koene der net om hinne. It fabryk giet definityf ticht. De wichtichste fraach wie noch, wannear tinke jim dat it fabryk slute sil. Medio 2008 wie yn earste ynstânsje sein mar de ûndernimmingsried wist ús te melden dat it faaks al yn maart dien wie. Net folle letter bin ik begûn mei myn oplieding CSB wêrfan't ik noch net wit wêr't dizze ôfkoarting foar stiet mar dat it net al te dreech is mei dúdlik wêze. Jûns hiene wy ek noch in positive gearkomste dat ik bin efkes wat earder fuort gien fan myn wurk. Om goed healwei njoggenen hearde ik yn doarpshûs It Tiksel dat de werynrjochting fan de Rottefalle no nei de boufak los sil. Wy krije moaie nije stientsjes yn de dyk en it wurdt allegear flink wat griener. Ek krije wy nije lantearnepeallen en in nije oansluting op it rioel. De plannen sjogge der goed út al sil it fansels wol in rommeltsje wurde de kommende oardel jier. Want stikje foar stikje brekke se ús wichtichste ferbiningswei der út. Ik sil dan ek mar alfêst sparje foar in 4x4...+ 0 - 0 | § ¶Suske en Wiske en de ferneukte foarside
Sûnt ik earne op de legere skoalle fan in tante De Gezanten van Mars krigen haw bin ik bêst wol in fan fan de Suske en Wiske rige. Doe't ik it boek earst krige wie ik der faaks noch net hielendal klear foar, en de Gezanten van Mars is faaks ek net de ienfâldichste ôflevering. Mar net folle letter wie ik ferslaafd oan de bekende reade boekjes. Wannear't der op in gegeven moment in nije edysje útkaam dan kocht ik dy. Yn de fakânsjes kocht ik faak ek de strips dy't dan tsjin redusearre taryf yn de winkel leine. En sa groeide myn samling as koal. Letter, doe't ik wat âlder wie, gie ik regelmjittich nei rommelmerken ta. It leafst fan dy hiele grutten lykas yn Thialf. It moaie fan de Suske en Wiskes is dat se sa'n karakteristyk kleurke hawwe sadat jo se op rommelmerken al fan fier ôf lizzen sjogge. Steapels twaddehâns Suskes en Wiskes haw ik kocht ear't ik op in gegeven stuit alle nûmers dy't efterop te finen wiene yn myn besit hie. Mar kommersjeel at de Belzen wiene giene hja gewoan troch mei it útbringen fan nije eksimplaren. Om de samling kompleet te hâlden haw ik die ek mar kocht. Ik tink dat se allinnich op dy samlers al wol in leuke omset draaie kinne. No ha de Belzen it yn de plasse krigen en betink dat de foarside net langer read wêze moat mar folslein yn kleur krekt lykas safolle oare flutterige stripboekjes. In domme aksje fan de Belzen fansels. De strip op himsels is sa gek noch net iens, der bin wol minderen skreaun de lêste tiid troch it bytiden hege tempo fan ferskinen. Mar dy foarkant, nee dy is flink ferneukt. It is ivich spitich...




