+ 0 - 0 | § ¶A30 nei Hayle
Nei twa nachtsjes yn de Woodfalls Inn wie it tiid om fierder nei it Suden te gean. Us doel wie ommers Cornwall. Wy hawwe noch efkes in slachje troch it New Forrest riden dêrnei sakken wy wer ôf nei de kust. Op de kaart stiene in moai nustje scenic routes oanjûn dat dêr hawwy wy safolle mooglik gebrûk fan makke. Doe't de freondinne úteinlik wol sin hie yn in bakje tee woe ik eins wol nei Portland wat in skiereilân is ûnder Weymouth. Mar Portland wie sa'n ferhipt lang ein om dat doe't wy der wiene de sin yn tee al wer oer wie en wy rap fierder riden. Omdat wy neffens OAD tusken 13.30 en 14.30 yn it Riviere Sands park wêze moasten en it al wer frijwat dy kant út gie haw ik doe it stjoer mar wer efkes oernaam. Fia de A30, in lyts stikje M5 (trijebaans motorway by Exeter) en dêrnei wer in hiel lang ein A30 kamen wy ûngefear in oere te let yn Hayle oan. Dêr passearden wie in dûbelde roundabout wat in soarte fan 8 foarmige rotonde wie dêr't foar ús net alhiel dúdlik wie dat der healwei de acht immen oars ek graach foarrang hawwe woe. Gelokkich wurke ús bûtenlânske nûmerplaat krekt lykas de blauwe L fan de Nederlânske lesauto as in warskôging en sa rekken wy elkoar krekt net. Doe't wy yn it fakânsjepark kamen begûn de ellende. Wy waarden earst fan de resepsje nei de amusementshal stjoerd om ús papieren en in kaai fan ús steancaravan op te heljen mar by de amusementshal koene hja dizze net fine. Op de ien as d'oare wize wie der gjin sleurhut ree om ús te ûntfangen. Gelokkich wie der noch al wat te regeljen en nei in oerke stressfol sykjen waarden wy nei in steancaravan brocht fan it type sulver. Wy hiene ien boekt mei fjouwer stjerren en dizze wie wat lúkser dus dat paste ús wol. Der bestie al in kâns dat wy moarn wer ferhûzje moasten mar troch al it gedonder krigen wy al in fleske reade wyn. Neidat wy ynstalleard wiene ha wy efkes te winkeljen west, by de Lidl noch wol. Ik ha dêr de yngrediënten kocht foar it full english breakfast sadat wy de kommende dagen net sûnder sitte soene. Nei in ienfâldich miel ha wy in blokje om west oer it strân. Fuort efter ús caravan wie de see al mar it strân lei noch sa'n 30 meter djipper ûnderoan it klif. It wie dus noch wol in eintsje rinnen en dat wylst it al frijwat tsjuster wie. It fleske wyn is hast soldaat makke...+ 0 - 0 | § ¶Stonehenge en sa
Op in eardere fakânsje yn London hie ik al kennis makke mei it Full English Breakfast dat it wie gjin ferrassing mear mar it wie wol wer in genot foar de maach. In stikje tomaat, wat wite beantsjes yn tomatesaus, wat bakte sjampinjontsjes en in pear jirpeltsjes mar fansels it wichtichste part wie wol de dikke woarst en de plakken bacon. In better begjin fan de dei koe ik my (hast) net foarstelle. Hjoed stie Stonehenge op it programma. Ik hie dêr noch net earder west mar de freondinne wie der al ris mei in busreis hinne west. Lokkigernôch wiene wy frijwat optiid want net folle letter streamden de toeristen mei busladingen fol dy kant op. No haw ik yn elk gefal noch wat fotokes nimme kinnen sûnder frjemde lju der op, ússels net meirekkene. Stonehenge wie wol nijsgjirrich om ris te sjen mar sjoen it feit dat je de stiennen net mear fan tichtby besjen en oanreitsje koene, dit om beskadigings foar te wêzen, hearde allinnich in rûntsje om ta de mooglikheden. Net folle letter sieten wy dan ek al wer yn de auto. Fia in omwei kamen wy sa yn Sallisbury dêr't wy efkes wat omsjoen hawwe. Fansels moast ek Sallisbury Cathedral efkes besocht wurde en dêr lei ûnder oaren in echte kopy fan de Magna Carta wat in tige wichtich dokumint út de Ingelske skiednis skynt te wêzen. No ja, it wie allegear latyn en it ienige wat ik my noch herinnerje kin fan dit dokumint is dat in lyts famke sei: "Look mam, he drew lines" (om alles netsjes rjochtút te skriuwen hie er lyntsjes makke en dy letter wer foar in part fuortgomme). Yn Sallisbury ha wy noch in bettere kaart kocht fan Ingelân en in boekje mei wandeltochten. Dêr stie ek in tocht yn troch it Nije Wâld en tafal as net, dizze begûn by de Woodfalls Inn. Dizze tocht ha wy efkes rûn en doe wie it wol wer tiid foar in lekker miel. Ik hie in lekker stikje hin en de freondinne ien of't oare pasta. Sy fûn dat net sa lekker dat ik haw my dêr ek mar mei rêden. As foargerjochtsje hie ik trouwens moksels. Ek net ferkeard fansels.+ 0 - 0 | § ¶Kilometers en mijlen
Fannemoarn om 4.35 setten wy ôf foar ús wrâldreis mei de auto nei Súd Ingelân. It foel my 100 persint mei want gewoanwei moat ik altyd op de freondinne wachtsje dy't noch de nedige saakjes net foar elkoar hat. Mei faasje giene wy op nei de Wâldwei, de A7, A6 en sa troch de polder op nei Breda. Dêr ha wy by it bensinestasjon efkes in koarte stop hâlden mar net folle letter fleagen wy al de grins oer mei Belzenlân. By Antwerpen wie it noch lekker rêstich en sa kamen wy moai op tiid oan yn Calais. Wy hiene noch hast 2 oerkes oer want de boat gie pas om 12.00 fuort dat wy ha earst noch efkes op it strân omswalke. Eins woene wy de yngong fan de kanaaltunnel fine mar dat slagge ús net. Wol stiene wy op in gegeven moment foar de tolhokjes dêr't de autokes op de trein koene foar de rit troch de tunnel. Mar wy hiene al boatkaartsjes dus wy bin mar omkeard. Yn de haven fan Calais wie it in wirwar fan poartsjes, dykjes en hokjes mar úteinlik kamen wy dochs dêr't wy wêze moasten. Us paspoarten waarden al efkes kontroleard mar de kofferbak hoechde net iepen. De man foar ús wie minder lokkich want dy waard al wat útwreider kontrolearre. In heal oerke letter koe de Focus al de boat op ride. No hiene wy efkes in goed oere frij en doe't wy oan board fan de 'Duke of Kent' wat omseagen kamen al gau ta de konklúzje dat wy wol sin hiene oan wat lekkers. Ik ha dan ek in lekkere Tika Massala hân ûnderweis. Dêrnei ha wy noch efkes op it bûtendek genietsje kinnen fan de moaie wite krytrotsen dy't al fanút Frankryk te sjen wiene mar dy't no wol hieltyd tichter bykamen. Yn Dover naam de freondinne it stjoer oer want ik wie fansels noch wend om rjochts te riden. It lofts riden foel ta salang at der mar immen foar dy riden bleau. Mar bynammen de rotondes (roundabout) wiene lestich omdat it ferkear fan rjochts dan foarrang hat wylst wy wend binne om nei lofts te sjen. De ANWB woe ús oer de motorways fia London stjoere mar wy tochten dat it moaier wie en gean by de kust lâns. Sa kamen wy ûnderoaren by de Long man of Wilmington lâns. Dizze bekende reuseftige kryttekening yn de heuvels koene wy al fan fierren ôf sjen dat wy ha der ek net al te ticht by west. Fia Brighton bin wy sa moai oer de lytste dykjes dy't wy fine koene trochriden nei Southhampton. Dêr waarden de diken wer wat grutter want wy moasten nei it lytse plakje Woodfalls en dat wie it maklikst te finen mei de oanwizings fan de OAD. No docht bliken dat de Ingelsken harren grutte diken wat oars foarmjouwe as wy hjir yn Nederlân. Op grutte trochgeande diken kin samar ynienen in weifersmelling komme as in roundabout. Dy wurde net altyd like goed oankondige. Ek de ôfritten bin bytiden wat lestich te finen. Soms bin it gewoan B-dykjes dy't wy yn earste ynstânsje as oprit nei in hûs beskôgen. Sa ek yn de New Forrest. Wy riden oer de A31 troch it bosk en doe moasten wy ôfslaan mar wy misten de ôfslach. Doe't wy der by de folgjende ôfslach ôfgiene om te swaaien wie der gjin oprit mear. Ek koene wy net mear op de grutte dyk komme dus moasten wy einen omride. Uteinlik slagge it dochs om foar tsjuster by de Woodfalls Inn te kommen. Dat wie ek wol wichtich want yn Ingelân skine wy mei ús lampen de autokes oan de oare kant fan de dyk yn de eagen. No hiene wy dêr wol stikkers foar kocht mar it slagge ús net alhiel om dy goed oan te bringen. Dan mar sûnder ljocht op ride krekt lykas alle oare Ingelsken tochten wy. Yn de Inn krigen wy in aardich keammerke en dêrnei wie der in goed miel foar ús. Ik haw in lekker bakt fiskje hân mei in ferskaat oan grienten. Ek handich wie it WI-FI systeem sadat ik mei de tillefoan ynternette koe. Minder handich wie de ferloopstekker fan skoanheit. Dy hie wol trije yngongen en twa útgongen mar de yngongen wiene te tsjok. It die bliken dat dizze foar Súd Afrika makke wie. No it wurdt wol tiid foar in tukje tocht ik sa. Wy ha hjoed de klok ek al in oere werom set dat wy moasten in oerke ekstra meitsje...+ 0 - 0 | § ¶Tas ynpakke en dan lekker sliepe
Moarn sille wy ier en betiid op reis nei Súd Ingelân ta mei ús eigen autoke. Om de files yn de rânestêd en by Antwerpen wat foar te wêzen en in lytse marzje te hâlden sette wy al om 4.30 ôf út de Rottefalle. Dat betsjut fansels dat ik hjoed alfêst mar myn guod byelkoar garje foar de reis. Fansels moatte der klean mei mar hokker klean? Wat foar waar is it dêr op it stuit eins want der is noch al wat wetter fallen mar it kin ek moai maar wêze. Fan alles mar wat mei dus en dêr't de freondinne in stikmannich pear skuon yn de auto set kin myn kisten fansels allround brûkt wurde. Sawol as learzen, berchskuon as rinskuon. De swimbroek moat fansels ek mei en fan skoanheit krigen wy noch in adapter mei om fan de ingelske stopkontakten gebrûk meitsje te kinnen. Wat iten en drinken foar ûnderweis mar ek dêr moasten wy mei oppasse fansels. Sa mocht der gjin fleis mei omdat men yn Ingelân benaud is foar sykten lykas tongblier en fûgelpest. De paspoarten en wat Ingelske pûnen om de earste dei troch te kommen leine ek al yn de Ford Focus. In folle tank makke it feest kompleet. No gean ik lekker sliepen...+ 0 - 0 | § ¶Húske sûnder bistkes en beamkes
Fannemoarn om 7.30 setten de mannen fan it beamroaibedriuw al útein mei harren motorseachjes. Fanút in heechwerker waard ús 100 jier âlde beamke yn minder as 5 oeren lytsman makke. Dit diene hja tige kreas en foarsichtich want der groeiden nochal wat ferrotte tûken boppe it hok fan de buorlju. Stikje foar stikje waarden de bledsjes nei ûnderen smiten dêr't hja fuortdaalks ferpulvere waarden sadat der úteinlik in frachtautoke fol mei griene rommel oerbleau. Doe't it beamke hielendal fan takken ûntdien wie waard de stamme dy't hast wol in meter yn trochsnee wie trochseage en sa foel ek it lêste blok hout oan ús fuotten. Ynkoarten sille hja mei in frees de stobbe noch efkes fuorthelje sadat ús túntsje wer in meter as wat grutter wurdt. It is no yn elk gefal in stik ljochter wurden en de sinne krije wy sa ek mear yn de tún...+ 0 - 0 | § ¶Feanfun en Feantrientsjes
Nei alle 'fun' dy't wy makke hiene op de Pôle juster wie it fansels de oare deis wer efkes sleau op gong kommen. Mar mei 80 aaien (op 19 man) slagge dit aardich. It die bliken dat ús Feanfun kommend jier nei alle gedachten net wer op it selde plak hâlden wurde kin omdat men fan doel is it ûnder wetter te setten. Dat soe fansels skande wêze want ús foarâlden komme der al jierren en wy ek al ús hiele libben. Wat dat oanbelanget moat wy desnoads de Pôle mar besette mei alle feestbisten dy't dit bjusterbaarlikke plakje ea befolke hawwe. Neidat wy mei de Klemtanker werom faard wiene nei Langwar kamen de Feantrientsjes ek noch efkes want it Hearrenfean koe it sûnder Alves en Verbeek tsjin 11 man en in skiedsrjochter net winne fansels. Dik Jol kin him dus foarlopich mar better net yn Fryslân ophâlde...+ 0 - 0 | § ¶Pôledei
It is wer in ûnhuer moai en megalomaan feestje hjir op de Pôle. Wy wiene fannemoarn al om 9.00 by de Drie Zwaantjes yn Langwar wêrnei't wy oan board fan it prachtige motorjacht mei de tapaslikke namme de 'Klemtanker' giene. Fia Skarsterbrêge kamen wy sa op de Pôle oan. Dêr hawwe wy earst in aldermachtichst grutte legertinte opsetten. Dêrnei waard de stroomfoarsjenning regele wat my fansels wer in fijne jaap op de poaten oplevere en net folle letter snorde it aggeregaat al en koe de koelwein it bier wer opfrisse. Ek de diskoferljochting en de megastrobo fan 3000 watt diene leuk mei. Oerdei hat it fansels net in hiel soad effekt mar it is goed te witten dat hja it diene. Wat op de pôle bart bliuwt op de pôle dat ik kin jim fansels net alles fertelle. In pear persoanlikke hichte en djiptepunten kin ik noch wol opnimme fansels. Wy hawwe toulutsen en ús tiem wie de winner. Ik haw de Skarsterrien efkes opsocht en koe sa ek noch efkes kennis meitsje mei in barbeque en in kapotte stoel dy't troch minder netsjesse foargongers efterlitten wiene. No ja, it feest is moai en ik sil my der wer efkes by jaan. Rolator...+ 0 - 0 | § ¶Tee sûnder sûker
Wouter Deurholt mei himsels no basisarts neame oftewol Dokter Deurholt. Om dat te fieren moasten wy fannejûn efkes nei Grins ta om mei him wat te drinken. Hy fierde it feestje fansels op de soas fan Bernlef tegearre mei in Sara dy't ik fierder net koe mar dy't wol foar lekkere hapkes soarge hie. Sa lei de soas fol mei lekkere stikken Piza. It wie frijwat drok op de soas mar it wie net in echt Wouter feestje fansels. Wouter wie dêrfoar te netsjes, te nuchter en te fatsoenlik. Om wat dat oanbelanget alhiel yn dy styl mei te gean haw ik mar in heal mingel tee nei binnen wurke. Spitigernôch wie der gjin sûker te finen op it soaske dat echt wurdearje koe ik it bakje net. De poeiermolke smakke gelokkich better. As kadootsje hie ik foar Wouter it spultsje 'minsk ergerje dy net' meinaam. Dit omdat Dr Deurholt him altyd oeral oan ergerje kin. En ja hear, hy ergere him fansels ek wer mateloas oan dit kadootsje...+ 0 - 0 | § ¶Jit-Teaser
De hearen muzikanten fan Jitiizer hawwe wer nije konsepten op de merk brocht. Neist de bekende mouhimden, kompakt skiven, sinnebrillen en autostikkers handelje de mannen no ek yn dildo's mei Jitiizerlogo. De saneamde Jit-Teasers komme yn 5 farianten. Op de foto sjogge jim it model Rikus. Dizze hat net sasear in bysûnder ûntwerp, mar hy is gewoan ûnfoech grut en hat fansels in grutte reade knop! Net oan te rieden foar begjinners. Ideaal foar de froutsjes thús wannear't jo sels in pear daagjes yn Nij York omtoere fansels. Foar mear ynformaasje kinne jim op de side fan Jitiizer sels sjen...
+ 0 - 0 | § ¶Pôledei 2007
Oankommende sneon sil wy wer mei alle soanen en (oansteande) skoansoanen fan de bern fan pake en beppe Kuipers nei de pôle ta. Nei it súkses fan ferline jier mei machtich moai waar en megalomaan grutte en moaie dingen sil it dit jier faaks noch gekker wurde. Sa binne der dit jier noch wer mear neven op de pôle. Wy sille dan ek de noadige autanstikjes nedich hawwe. Ek oars as ferline jier is de opstaplokaasje. Wy sille dit jier fanút Langwar dy kant op. Radmer sil ús yn de Trije Swaantsjes ûntfange wêrnei't de drege tocht nei de Pôle ûndernaam wurde kin. Mochten jim noch tinke, leuk ik wol ek mei? Dan binne der leau ik noch in pear fakatueres yn Grins...+ 0 - 0 | § ¶Potter, de lêste bydrage
Doe't ik justerjûn om goed 23.30 thús kaam moast ik noch 60 siden fan de Deadly Hallows lêze. Ik haw my der efkes ta setten en sa koe ik fannemoarn it lêste Potterboek oan de kant lizze. Ik kin wol sizze dat it ien fan de moaiste Potterboeken wurden is. Fanôf de earste haadstikken sit der fuortdaalk in soad gong yn it ferhaal en it sil wol wer in lange film wurde want der bin net in soad dingen dy't der útknipt wurde kinne neffens my. Nei in pear tûzen siden is it fansels wol lestich om ôfskied te nimmen. It lêste haadstik wie dan ek wat minder en ek 'Kings Cross' fûn ik wat faach. Mar it ein fan de Harry Potter rige, at er no wol as net dea giet dat moat jim sels mar útfine, wie op 'm sels wol goed útwurke. Al haw ik wol it idee dat de skriuwster it ein op it lêst noch in bytsje oanpast hat...+ 0 - 0 | § ¶Idioaten
Neidat ik in pear dagen ferlyn de 'in de blotekontesong' fan Moai Wark al efkes foarby komme litten haw is it no tiid foar dat oare nûmer: 'Idioot'. Ik waard om 15.20 skille troch myn wurkjouwer foar in ekstra tsjinst en ik koe fuortdaalks wol begjinne. Dus stapte ik yn de Laguna en sa gie it mei gang rjochting Grins. Mar healwei de A7 fûn God (as Allah) it nedich om de fûgeldong efkes fan myn auto ôf te spielen. Hy sette de kranen goed iepen dêr boven en ik seach gjin hân mear foar eagen. De rutewiksers koene it net ferwurkje sa mâl gie it. Mar it slimste wie noch dat der in stikmannich autokes rûnriden sûnder ljocht. En ien fan dy autokes hie ik sawat efkes in heale meter koarter makke. Dy idioat hie sawol gjin ljocht as snelheid. No set 'm dan mar oan de kant soe ik sizze, grutte idioat! Foar sokke minsken ha se in flechtstrook útfûn...+ 0 - 0 | § ¶Omfytse
Nei de Opsterlânrûte en it kerspelenpaad hawwe wy hjoed gewoan samar wat omfytst troch de bosken by Beetstersweach. De tandem is wat dat oanbelanget syn sinten mear as wurch want fytsen is no wer leuk. Troch de bosken by Sparjebird en lâns de râne fan de Liphústerheide ha wy wer in dikke marathon fytst mar dizze kear die de kont net sear. It begjint sa stadich wei oan al wat te wennen mei dy hurde sadels. Oan it ein fan de rit ha wy wer in nije oerstek fan de A7 fûn (eins ûnderstek want it wie in tunneltsje). Sa ha wy no al in stik as 5-6 plakken dêr't wy fanút Drachten nei de oare kant fan dit asfaltearre kanaal komme kinne...+ 0 - 0 | § ¶Keiweak part III
Justerjûn nei it balskoppen bin ik troch de freondinne nei Drachten brocht. Dêr soe ik mei lijn 100 nei Grins mar dy hie fansels wat fertraging troch opstoppings fan nei hûs ridende fuotbalsupporters. Dat waard allegear wat letter dus. Doe't ik yn Grins kaam wie it al hast middernacht en ik hie eins ek wol wer in bytsje honger. Dat ik bin earst mar efkes nei Cappadocië west foar in tradysjoneel Turks broadsje Zuzuck of hoe't it ek mar hite mei. Doe op nei de soas en dêr wiene in moai nustje bekenden al drok dwaande yn de stimming te kommen. It wie ek pykoere sa te sjen want de bar stie fol mei bier. Ik ha fansels de nedige Joustra sânomheechjes nuttige mar it toppunt fan de jûn wie wol dat Feiko op it balkon oan it ielrikjen wie. Ik ha dus fijn efkes in pear ieltsjes hân wat net eltse fega likefolle wurdearje koe. Op Trynke nei (mei eare frij) wie ús hiele âlde bestjoer der dus dat wie fansels tige posityf. Wat der fierder krekt bart is kin ik jim net krekt fertelle. Wol wit ik noch dat wy efkes de broek sakje litten hawwe by Moai Wark's 'Blotekontesong'. Ek is der noch flink kaartsjeblaast mei bearinnesop leau ik. Wat my noch wol heuge kin is trouwens de ferbouwing fan de soas. It is no allegear wat tsjusterder wurden en wat minder giel. Ek is de soas wer in pear meter lytser wurden omdat de muorren fierder isolearre binne. Der is in nij poadium dat yn tsjinstelling ta it âlde noch gjin fatsoenlik stikje Fryske muzyk droegen hat tinkt my. Ik hoop al dat se dêr in bytsje foar soargje sille yn de takomst. Mar yn it generaal is de ferbouwing wol moai. It kin seker besjen lije. No mar hope dat it ek hufterproof is want Bernleffers yn kombinaasje mei spirituozen kin bytiden it ferâlderingsproses fan in gebou flink fersnelle. Myn nacht eindige fannemoarn by de Jumbo yn Drachten dêr't de freondinne my oppikt hat mei de auto. Ik haw no in flinke partij pine yn de holle dat ik sil mar besykje net te folle te beweegjen by it omslaan fan de siden fan myn Potterboek...+ 0 - 0 | § ¶Aardige wedstryd sûnder goals
Willem II is fansels in ploech dêr't wy dik fan winne moatte thús op it Hearrenfean. Mar ús spits dy't in pear wiken ferlyn noch fit genôch wie om de coppa america te winnen hat no ynienen in treningsefterstân. Hat er überhaubt al wol treent freegje ik my eins ôf? Soe Alves it yndie fisyk net oankinne as soe it dochs in soarte fan disiplinêre straf wêze fan Verbeek? Oan de iene kant wol hulde fansels want jo moat sokke spilers ek net de hân boven de holle hâlde. Wat dat oanbelanget is it krekt as by de lytsere doarpsklupkes: Net trene, dan ek net spylje. Oan de oare kant kostet it ús faaks wol 2 punten want ek sûnder kondysje hie Alves der fansels noch wol in frije traap yntraapje kinnen. Mar goed, wy ha efkes boppeoan stien yn de Eredivysje al wie it mar omdat de S (as de H) foar de W fan Willem II komt yn it alfabet...+ 0 - 0 | § ¶Begjin fan it ein fan de betonwei
De ferbouwing dêr't ús doarpke sa lang op wachtsje moatten hat is no dochs echt begûn. As earste is de Bildwei oan bar. Sy binne no al drok dwaande om de klinkerkes oan de sydkant fan de âlde betonwei derút te heljen. De bewenners sille foarlopich de fuotten goed faaie moatte want it wurdt in lekkere drekboel. Nije wike sil wol in begjin makke wurde mei it oprêden fan it beton tinkt my. Ik bin hiel benijd hoe't hja dat swaan sille en wat der dêrnei allegear krekt bart. It is in moaie oevening foar de mannen want oer ik pear wiken begjinne se mei it selde putsje ek hjir foar hûs. Mei myn jierdei yn jannewaris kin jim dan ek better mar learzens oan dwaan tinkt my...+ 0 - 0 | § ¶'Laadmaster'
Omdat in offisjele laadmaster offisjeel tefolle fertsjinje moat hawwe hja by ús op it fabryk dizze funksje ôfskaft. Mar omdat wy alle dagen wol in stikmannich frachtweinen fol mei suvel ôfleverje moatte sil der dochs immen foar soargje moatte dat dy weinen op 'e tiid en mei de júste fracht ôfsette. By ús op it wurk neame wy dat no 'de laadmeiwurker', 'de nûmer ien' as 'de man mei de tillefoan'. Feitlik bin wy allegear allround-kuolselmeiwurkers mar sa't George Orwell lang lyn al sei, guon binne mear allround as oaren. Sûnt in pear dagen haw ik my ek wat 'allrounder' field as dêrfoar. Want sûnt ik in koarte oplieding folge haw kin ik no ek bonnen draaie. De rûtine hjiryn moat fansels noch wat komme mar ik haw yn elk gefal wer in nije útdaging sa lang't it noch duorret...+ 0 - 0 | § ¶In pear siden ekstra
De minsken dy't yn myn msn lyst steane waarden der al in pear daachjes mei konfrontearre. Noch safolle siden Potter te gean. No wie ik krekt ûnder de tûzen siden kaam doe't fannemoarn de besoargtsjinst my it lêste boek brocht. Ik hie earne lêzen dat dit boek 680 siden hie en dêr wie ik dus mei myn telling ek fanút gien. No docht bliken dat myn edysje mar leafst 759 siden hat. Dat betsjut dat wylst ik tocht dat ik al oan de lêste tûzen siden ta wie, ik no dus noch in kear troch dy barjêre hinne moat. Mar om't it boek der earder wie as ferwachte en ik de ôfrûne dagen rêstich oan die om sa net in skoftsje sûnder Potter te sitten kin ik no fansels wer fol gas trochstome...+ 0 - 0 | § ¶Oeren draaie
Sneintenacht moast ik wurkje. Dat betsjut dat ik fan 22.00 oant 6.00 ûnder de pannen bin. Mar omdat ik graach wat oerkes draaie wol en omdat Capac, myn wurkjouwer, it yn de fakânsje lestich fynt om alle fakatures op te foljen haw ik my ek mar oanbean foar de moandeitemiddei. Dat betsjut dus wer fan 14.30 oant 23.00 oan it wurk. Tusken 6 en 14.30 moast ik dan ek noch twa kear in heal oerke autoride en in bytsje sliepe. Dizze dei is der dan ek net in soad te melden útsein dat myn banksaldo sa fansels wol wer in bytsje rjochting de plus giet...+ 0 - 0 | § ¶Sânkarspelen en in lekke bân
Neidat wy okkerdeis de gemeente Opsterlân fan alle kanten besjoen hiene wie no Achtkarspelen oan bar. Fannemoarn om in oerke as 11.00 stapten wy wer fleurich op de tandem opwei nei de Harkema dêr't wy dan op de ANWB fytsrûte it Kerspelenpaad komme soene. Mar nei goed 4,5 kilometer fytsen fielde ús efterbân net mear sa hurd as doe't wy fuortgiene. Noch foardat wy op de rûte sieten stie de tandem dus al ûndersteboven. Lokkigernôch hiene wy plakspul mei mar omdat it gat krekt op de râne fan in âld plaatsje siet hie ik der net al te folle fertrouwen yn. Mar rap wer op hûs oan dus en om de rûte dochs noch wat moaier te meitsjen ha wy it lêste stikje noch efkes oer de Mûntzegroppe fytst. Doe't wy wer thús wiene kaam skoanheit noch mei in nije twaddehâns fytsbân oansetten en sa koene wy dochs noch de middeis wer op paad. Dizze rûte wie ek seker wer de muoite wurch. Sa kamen wy by de Westerein del en dêr wiene in pear hiele moaie paadsjes mei hjir en dêr noch wat Dobben oerbleaun út de iistiid. Ek wiene der in soad houtwâlen en prachtige lytse paadjes. Wat dat oanbelanget hat de ANWB wol har bêst dien. Oan it ein fan de rit moasten wy eins noch in lytse omlieding nei Surhústerfean dwaan. Mar troch tiidgebrek ha wy dat dochs mar oerslein. Al mei al hiene wy toch al wer sa'n 65 kilometerkes dien sadat no ús tandem ûngefear 1:1 rint...+ 0 - 0 | § ¶Fallende stjêren
Heal augustus is it altyd wer tiid foar de fallende stjerkes. Dan giet ús ierdkloat troch de stofwolken dy't efterlitten waarden troch de komeet Swift-Tuttle. Soms binne der dan wol 60 fallende stjerkes te sjen yn in oere tiid. No wie dit gelok fansels krekt wat te let foar de ôfrûne steatslotterij mar de Jackpot is wer net fallen en ik hie dochs noch 5,- wûn (as 8,50 ferlern, it is mar hoe't je it besjogge). Yn elk gefal ha wy der fannacht efkes op út west om se te sjen. Wy bin in ein it doarp útrûn en healwei de Leyen hawwe wy ús efkes deljûn op it asfalt. Dit skeelt dy in stive nekke en de himel is sa goed te oersjen fansels. It wie noch net hiel drok oan de himel mar ik haw der wol in stik as 20 sjoen wêrûnder in pear hiele spektakulêren. De kâns is dan ek grut dat ik ynkoarten wol 16 miljoen euro op myn rekken byskriuwe litte kin. Spitigernôch komt it wol te let om der op de Sint Nykstermerke noch fan te provitearjen. It is net oars...+ 0 - 0 | § ¶Harry Potter and the order of the Phoenix
It rebelearken giet oan sa wurd sein op de filmpoasters. No ik hie boek 5 út dus it koe wat my oanbelanget ek oangean en sa sieten wy hjoed wer yn de echte bioskoop fan Smellingerlân. Ik moat sizze dat de ferfilming frij aardich slagge wie al wiene der al wat nuvere dinkjes. Sa hie Luna Lovegood eins like goed net yn de film sitte kinnen want har heit en syn blêdsje kamen net iens foarby. It selde jilde foar Kreatcher dy't wol efkes foarby kaam mar ek neat taheakke oan it ferhaal. Alle leuke grapkes lykas by it Quidditch wiene der úthelle en it ferhaal stuitere soms miskien wol wat te flot troch. Wat ek gjin wûnder is fansels want om fan 870 siden ien film te meitsjen fan 2,5 oere is net ienfâldich. De Lord of the Rings is oars ek noch gjin 1000 siden mar dat waard dan al wer ferdield oer 3 films. It die trouwens bliken dat de regiseur dizze films goed besjoen hie. De fjoerwurkdraak fan de Lord of the Rings wie wol ferhipte goed neimakke. No ja, it is yn elk gefal wer in spektakulêr stikje film. Ik bin op dit stuit drok mei boek 6 dwaande mar ek wer net te drok want boek 7 sit no wierskynlik earne op in boat fan Amazon.com...+ 0 - 0 | § ¶Wer in tradysje minder?
Om't ik efkes it keiprogramma fan Bernlef bewûnderje woe haw ik wer efkes op Bernlef.com sjoen. Doe't ik de agenda der foar hie foel my ek wat oars op. Troch it feroarjen fan de keiwike, dy't no net langer yn it wykein falt, is der in lyts probleemke wat it kamp oanbelanget. Gewoanwei hâlde de keiwike op woansdeitemiddei op. Dan koene wy tongersdei bykomme en freed wie dan it tradysjonele skierkamp. Omdat de keiwike no sneontemiddei ophâldt soe der sa liket my no in pear ekstra rêstdagen mooglik wêze en dan it wykein nei de keiwike alsnoch nei Skier. Mar de FJK 2 hat it oars betocht sa docht bliken. Op 14-16 septimber giet de feriening op Amelânkamp. In eilân dat oars altyd foar de Federaasje reservearre wie. Mocht it oktoberkamp ek noch trochgean dan betsjut dat dat de beide kampen wol hiel ticht opelkoar sitte. No ja, it soe my dan ek neat ferbjusterje at it Oktoberkamp gewoan opskood waard nei novimber ofsa...+ 0 - 0 | § ¶Ferbinining mei de bûtenwrâld
Ik wit noch goed dat doe't ik myn earste mobile tillefoan krige, wy prate dan oer it foarich millenium fansels, ik yn 'e hûs hast tsjin de ruten oan stean moast om fatsoenlik te skiljen. No is dat hjir yn de Rottefalle noch altyd in bytsje it gefal, yn elts gefal wol yn ús tige isolearre wente. Mar der is hoop op ferbettering want oan de râne fan it doarp wurdt momenteel in grutte antenne reemakke. No mar hoopje dat KPN dêr ek gebrûk fan meitsje sil ynkoarten. Dan hat myn ferbining faaks ek wer wat mear streepkes en UMTS soe fansels ek tige wolkom wêze. Wy wachtsje it ôf en no mar hope dat it ús fierder gjin pine yn de holle besoargje sil. Wy bin fansels wol wat wend want op de flats yn de Aquamarijnstrjitte stiene ek wol in pear fan dy apperaten...+ 0 - 0 | § ¶Seach III
Wy ha krekt Saw III efkes sjoen yn de Bios Rottefalle. Fansels is de grutste ferrassing der nei part I en II wol wat ôf mar dochs wie ek dizze film wer bêst aardich. It skynt dat der minsken flau fallen binne yn de bioskopen mar ik koe sa net ien twa trije in momint fine om dit te dwaan. Sa slim wie it no ek wer net. Jawis, der giene ferskate minsken dea op de meast waansinnige wizen. Guon minsken waarden folslein útinoar ropt mar it wie nea sa skokkend dat ik efkes fan de wrâld wie. De freondinne rûn der oars al in pear kear by wei...+ 0 - 0 | § ¶Keiweak part II
Omdat de âldleden fan Bernlef net allegear harren nije eameladres bekend makke hawwe by Bernlef, ik seach bygelyks noch in bioledu.rug.nl adres foarby kommen, hjir ek mar efkes de oprop fan Durk cs."Eala Aldleden,
Krekt as oare jierren wolle wy jimme útnoegje foar de âldledejûn tidens de Keiwike! De âldledejûn sil plakfine op freed 17 augustus!
Dit jier sil de Keiwike wat earder plakfine as foarige jierren en wol fan 13 oant 17 augustus. In oare feroaring is dat de keiwike no fan moandei oant freed is yn plak fan tongersdei oant tiisdei. Dit hat qua planning de nedige gefolgen. De bands sille bygelyks no op tiisdei en tongersdei optrede.
Omdat der op de âldledejûn gjin band oanwêzich is sille wy soargje foar in leuk muzykje en in oantal leuke aktiviteiten.
Wy hoopje dat jimme allegear delkomme op freed 17 augustus!
Groetnis,
Bestjoer Mei Sinne en Wille"
Wat my oanbelanget faaks oant 17 augustus...
+ 0 - 0 | § ¶Op en út yn Opsterlân
De freondinne hie in boekje mei ANWB fytsrûtes yn Fryslân krigen dat wy moasten mei it moaie waar fan hjoed mar wer ris in eintsje fuort op de tandem. Wy hiene de Opsterlânrûte yn gedachten. Dizze wie 59 kilometer lang dus dat moast te dwaan wêze. Mar wy hiene wol efkes fergetten dat it ek noch sa'n 16,5 kilometer fytsen wie nei de rûte ta. Wy bin earst fia Drachtster Kompenije de A7 oer stutsen en doe op nei Oerterp. Net folle fierder kamen wy op de rûte dy't ús al gau de bosken fan Bakkefean yn stjoerde. Dat wie in ferhipt moai stikje fytsrûte mei smelle asfaltpaadsjes dy't meanderjend troch it bosk giene. Yn Bakkefean ha wy efkes wat focht en foer ynnaam en doe op nei it trijeprovinsjespunt by Allardseach. It wiere trijeprovinsjespunt ha wy net ûntdutsen al ha wy der ek net goed nei socht. Doe wiene wy op it fierste punt en koene wy werom. Fia de Kompanjonsfeart kamen wy úteinlik fia Jobbegea yn de Gerdyk. Dêr ha wy oan it wetter by de slûs efkes wat drinken en in gebakje hân en doe op nei Lippenhuzen. De Liphústerheide stie al moai yn bloei mar wy wiene al frijwat stikken dat wy bin mar trochfytst. Uteinlik kamen wy oer it nije fytsbrechje oer de A7, dy reade mei dy nuvere rûnde poat, wer yn Drachten werom. By it ôfgean fan de brêge ha wy noch in nij snelheidsrekôr festige. Wy fytsten op in bepaald stuit 48 kilometer yn it oere. Gie it hiele ein mar sa steil nei ûnderen. Nei goed 84 kilometer wiene wy wer thús. Doe hie ik eins allinnich noch nocht oan myn bêd. Yn elts gefal is de Opsterlânrûte in oanrieder, ek foar de leden fan Bernlefs fytsrûnte...+ 0 - 0 | § ¶Kruistocht in spijkerbroek
It hie in moaie titel wêze kinnen foar in saneamde hurde plysjefilm mar ynstee dêrfan is it in film foar njoggen jier en âlder. De freondinne hie de DVD op 'e jierdei krigen en ik wie dêr moandei al by yn sliep fallen. Dat hoecht op 'm sels net oan de film te lizzen, it soe ek oan myn groanysk slieptekoart lizze kinne fansels. Ik skyn ien fan de weinigen te wêzen dy't yn myn jongere jierren net it boek fan Thea Beckman lêzen hat. Yn alle gefallen wie it idee alleraardichst en de útfiering wie op 'm sels ek net raar foar in Nederlânske film. Al hoewol Nederlânsk? De fiertaal wie krekt as yn de Ontdekking van de Hemel Ingelsk. Dat is dochs wer tige nuver, it soe it selde wêze as in Kameleonfilm yn it Hollânsk. No ja, de film wie yn alle gefallen wol spannend mar oan it ein ûntbruts der in bytsje in hichtepunt en dat wie dan wol wer spitich...+ 0 - 0 | § ¶Tongblier
Ja hear, dat hawwe wy wer. Krekt in fakânsje boekt nei Ingelân en dan stekt it tongblierfirus wer de kop op. Wat it krekt betsjut is noch net dúdlik fansels mar ienfâldiger sil it der net op wurde fansels. Ik ha no al lêzen dat wy gjin produkten fan bisten meinimme meie fan en nei Ingelân. Dat betsjut dus gjin broadsje mei ham as tsiis op de hinne as weromreis. Wy hoopje fansels dat it in stoarm yn in glês wetter is en dat oer in pear wiken nimmen mear fan de tongblier fernaam hat mar ideaal is it net fansels. No ja, ik leau dat se yn Ingelân noch net sa went binne oan de kroket, dus wat mysels oanbelanget sil it wol wat tafalle mei de tongblierren...+ 0 - 0 | § ¶Afonso Alves Al fuort?
Ferline jier tekene ús topskutter Afonso Alves noch foar fjouwer jier by it Hearrenfean mar troch syn 34 goals fan it ôfrûne seisoen en de winst yn de Copa America mei it almachtige Brazyljaansk alvetal hat er it no, sa docht bliken, wat te heech yn de kop krigen. Hy skynt in (iensidich) autoûngelok hân te hawwen en dêrom mocht er noch wat langer fakânsje hâlde. No't er net op 'e tiid werom is foar de trenings (it nije seisoen begjint heal Augustus) begjint men op it Fean dochs ek te fernimmen dat der eat net alhiel yn de heak is. Neffens syn freontsje hat er ferskate oanbiedings krigen wêrûnder ien Nederlânske topklup. Dat soe dan nei alle gedachten Ajax wêze fansels want dy hawwe noch net echt in topskutter yn hûs en sy ha fansels wol in pear bûssinten bart dit jier. No is it fansels net de bedoeling dat it Hearrenfean de skouting foar Ajax docht dus dêr moat er sawysa mar net hinne. Mar mocht er al fuort gean, dan is dat fansels in ramp foar it Fean want wa moat dan by ús kommend jier de goals meitsje? Soe it fuortgean fan foarsitter Formsma hjir ek wat mei te krijen ha?




