+ 0 - 0 | § ¶Ferklearring fan ôfstân
It is al wer in pear daachjes ferlyn dat Sjoerd Groenhof fan de Harkema by my kaam mei it fersyk in thússide te bouwen om syn striid foar it opjaan fan de Nederlânske nasjonaliteit nei foaren te bringen. Tegearre hawwe wy doe yn it spier west om de briefwikselings mei de gemeente en mei De Haach op it net te setten. Juster, op de slach by Warns, hat Sjoerd de side www.ferklearringfanofstan.eu oan de grutte klok hongen. It sil dan ek wol in bytsje drokker wurde op syn side de kommende dagen. Wat is no krekt it idee efter dizze side? Sjoerd fielt him Frysk en hy wol dêrom ek dat der by nasjonaliteit yn syn rydbewiis en paspoart Fries komt te stean. Hy wol wol gewoan Nederlânsk steatsboarger bliuwe mei alle rjochten en plichten mar hy wol dus de nasjonaliteit dêrfan loskeppelje. Fansels stypje ik him yn dizze striid want ek ik bin gjin Hollander. Wolle jim him ek stypje, tekenje dan efkes syn loyaliteits-petysje.+ 0 - 0 | § ¶Winst en ferlies
Op de dei dat guon Friezen de oerwinning op de Hollanners yn 1345 betochten, foar de feroaring in kear net op it klif sels, krige it Hearrenfean in lytse ôfstraffing fan de Hollanners yn de Kuip. Wy ferlearen mei 2-0 en de Rotterdammers binne it ferline, de lêste wedstryd fan it foarich seisoen, al wer fergetten. It is ommers folle moaier om te tinken oan positive saken. Dêr't wy by it Fean werom tinke oan Abe en de magistrale oerwinning op Ajax giet it by de saneamde topklups bynammen om it no. Dêr soene de Friezen ek ris wat mear nei sjen moatte. Net allinnich werom tinke oan ús oerwinning fan 1345 mar soargje dat wy de slach ek dit jier wer winne. It sil in kear tiid wurde dat Fryslân Europeesk oerwinteret...+ 0 - 0 | § ¶Kompjûter fan de Aldi
Myn skoanheit hie in âlde kompjûter mei windows '98 krigen fan de freon fan de sus fan myn freondinne. Hiel entûsjast wie er dêr mei dwaande en hy hie ek noch in moaie alles-yn-ien printer/skenner kocht fan Lexmark. Neffens de ferpakking soe it apparaat ek ûnder windows '98 wurkje moatte mar wy krigen it net oan de praat. No woe skoanheit eins wol in nije kompjûter keapje dat hy seach al ris wat om him hinne. Uteinlik haw ik him mar oanrieden om nei de Aldi te gean foar in kompjûter omdat dy moaie simpele snelle en komplete kompjûters ferkeapje. No hat er dus in supersnelle dualcore intel kompjûter mar der is ien probleemke. It systeem draait ûnder windows vista en dêr draait de Lexmark op dit stuit ek noch net op. En omdat skoanheit ek noch gjin ynternet hat koe ik ek net in nije driver delhelje. No kin er dus noch altyd neat mei syn printerke...+ 0 - 0 | § ¶Cambuurfan as anti AZ?
Guon Friezen binne foar Ajax, Feyenoord as PSV omdat hja súksesfol binne. It is altyd ienfâldich om fan te wêzen fan in tiem wat goed spilet op dat stuit. Ik bin al sûnt begjin jierren '80 Feanfan omdat it Hearrenfean it tichtste by Sint Nyk leit en fansels ek in bytsje omdat it Fean de pompeblêdemouhimden oan hat. Neist it Hearrenfean fyn ik it ek moai as ús oare Fryske ploech, Cambuur, it goed docht. Ik bin gjin Cambuurfan fansels mar se meie wat my oanbelanget twadde wurde fan de Earedivyzje. Yn prinsipe soe myn tredde klup faaks Grins wêze moatte want dêr haw ik ek in skoftke wenne mar myn ûnderfinings mei Grinssûpporters yn it ferline bin fan dyn aard dat ik my dêr net sa by thús fiel. No ja, ik dwaal ek al wer ôf want wêr't ik it oer hawwe wol hjoed is fansels Cambuur. Doe't ik fannejûn nei myn wurk riid yn Grins hie ik de radio op Omrop Fryslân stean. Dêr wie Cambuur - AZ foar en it wie spannend. AZ krige sels in strafskop mei mar dy waard net fersulvere. By it gebou fan de gasuny begjint de Omrop altyd te stoaren, faaks dogge de Grinzers soks mei opsetsin, dat doe waard it efkes lestich. Mar foarby de Euroborg koe ik noch krekt meikrije dat Cambuur de 1-0 makke. Ik bin doe op it parkearterrein fan Friesche vlag efkes yn de auto sitten bleaun omdat it sa spannend wie. Uteinlik wûn Cambuur en sa meie hja krekt lykas myn klup Hearrenfean ek mei lotsje foar de folgjende omloop. No wit ik net at ik wizer bin mei de oerwinning fan Cambuur as mei it ferlies fan ús opkeapers út Alkmaar. No ja, troch in administratyf flaterke fan PSV hawwe de Friezen yn elk gefal noch trije izers yn it fjoer...+ 0 - 0 | § ¶1 út 2
Lykas ferwachte wûn it Hearrenfean ienfâldich fan de amateurs fan Argon. Mei 3-0 hawwe hja net ûnnedich folle enerzjy ferbrûkt want de kommende wiken steane der wer wichtige partijen op it program. Alves makke syn rentree ek wer yn it pompeblêdemouhimd. Hy moat him fia it twadde werom fjochtsje yn de basis mar it kaam fansels foar it twadde ek wol goed út dat ús kanary mei dwaan mocht tsjin it grutte PSV. Spitigernôch koe Alves it ferskil net meitsje al naam er al wer in geweldige frije traap. PSV is op dit stuit foar de measte klups in maatsje te grut en dat ús beloftes mar mei 3-0 ferlearen wylst Feyenoord der fjouwer om de earen krige betsjut dus dat ús earste alvetal sneon noch genôch kânsen hat tsjin de Rotterdammers...+ 0 - 0 | § ¶Kanarys vs Kanary
It liket der op dat Afonso Alves moarn de kâns krijt om him werom te fjochtsjen yn de basis fan it earste alvetal troch mei it twadde te bekerjen tsjin P$V. Tegearre mei ús oare kanary Paulo Henrique meie hja besykje it Brasyljaan nûmer trije (eins nûmer 1 fansels omdat er op 'e goal stiet) lestich te meitsjen. Gomes hat yn de kompetysje noch gjin goal tsjin krigen mar Alves skoart fansels hast eltse wedstryd wol. It is dus te hopen dat de beloftes it efteryn better skjinhâlde kinne as de mannen fan ús earste tiem. Mocht Alves spylje en in bytsje syn bêst dwaan dan moat wy him ynkoarten yn it earste mar wer gewoan tasjonge. Al kin de tekst faaks in bytsje wizige wurde:"You are OUR Alves, Afonso Alves, you make us happy when you are there. Cause when it’s pooring you keep on scoring, please don't take OUR alves away."
+ 0 - 0 | § ¶De PVDA hat no ek in Rita
Je soene tinke dat de PVDA learing lutsen hie út de machtstriid binnen de VVD tusken Rita en Rutte. Dochs gie de PVDA hjoed op de selde wize it skip yn. No mar ôfwachtsje at dizze froulikke kapitein in bytsje rjocht troch de see giet. Hiene hja by de VVD in frommiske yn de striid goait sadat Rutte de ienige man wie. By Jan Pronk wiene der noch in stik as fiif oare mannen en ien froulikke kandidaat. Dat in soad froulju op dizze frou stimd hawwe mei dúdlik wêze. Jan, dy't gauris pronkt mei in oar syn fearen at er wer jild útdiele mei dat net troch himsels fertsjinne is, stiet no mei lege hannen. Fansels is dit foar it lân ek better want in foarsitter dy't syn partij op ramkoers lizze wol mei syn eigen kabinet dêr sit neffens my ek gjinien op te wachtsjen...+ 0 - 0 | § ¶Falkjesilen part II
Mei ús 10 punten út twa wedstriden die bliken dat wy op in dield fyfde plakje stiene. Dat foel aardich mei fansels en it kaam bynammen omdat hast elkenien yn ien fan de twa wedstriden in minne boat fûn. Sa die it sprekwurd de earsten sille de lêsten wêze alhiel fan him sprekken. Troch ús fyfde plakje krigen wy oppenij de boat dy't as 17e eindige wie. Dit wie in minne rot boat want hy hie ien kear njoggende west en trije kear sawat lêst. Heit siet no wer efter it roer en wy hiene noch wol in aardige start mar troch dat it wer net hurd waaide en wy fansels wol sa'n 260 kilo minsk oan board hiene waarden wy troch guon boaten mei faasje foarby fearn. De blaue boaten wiene ús fansels sawysa foar mar ek de boaten mei 130 kilo minsk dwarrelden oan alle kanten ús foarby. Dat is fansels wol frustrearjend. Ek die de sylkommisje der alles oan om ús mar út de prizen te hâlden troch de wedstryd rûntsje nei rûntsje net ôf te blazen. Elts rûntsje koste ús wol wer in plakje en sa kamen wy oan it ein fan de rit op plakje njoggen terjochte. Dêrmei stiene wy noch wol hieltyd yn de top 6 fan it klassemint want it siet ticht by elkoar. It foardiel fan ús heit syn njoggende plakje wie fansels wol dat wy no boat 12 krigen wat ek noch nûmer 13 blykte te wêzen. Spitigernôch hiene wy ús Jitiizer-Johannes 13 trui net by ús mar tafallich wie it wol. Boat 13 wie ek net in reesmûnster, dat wie al bekend, en earste as twadde koene wy al net mear wurde. Dêr hie de oare groep silers al foar soarge troch wat konstanter te silen. Dochs hiene wy in moaie start. Ik hie al sjoen dat de start der kreas yn lei foar in stjoerboardstart. Mar omdat mear tûke silers dat sjoen hiene wie it dêr drok by de ûnderste tonne. Heit en ik besleaten om it de stjoerboarders ris wat lestiger te meitsjen. Sa kamen wy oer bakboard oansilen oer de startline en krekt op it startskot leine wy dus yn foarrangsposysje hast by de ûnderste tonne. Dêrtroch moasten alle stjoerboardstarters efter ús del wat fansels net yn harren plan paste. Sa sylden wy as earste nei de hege tonne ta mar dêr bleau it dan ek wer by. Want de blaue reesmûnsters en de ferskate oare snelle en lichte boaten kamen wer opsetten en plakje foar plakje rekken wy kwyt. Mei in gelokje waarden in pear boatsjes foar ús troch ûnkunde fan in oar efkes tsjin de tonne drukt en sa koene wy dochs noch aardich stân hâlde. Uteinlik bin wy leau ik as 7e eindige mar wis bin ik der net fan omdat de earste boaten in hiel ein foar leine. Yn elk gefal in persoanlikke oerwinning op heit! By de priisútrikking hie ik nei wat rekkenwurk in plakje by de earste sân foarspeld. It die bliken dat wy as fyfde eindige wiene en dat sûnder ea yn in reesboat sitten te hawwen. Net gek op 42 boaten fansels...+ 0 - 0 | § ¶Falkjesilen part I
Oan it ein fan septimber stiet altyd wer it tradysjonele falkjesilen fan de WSV Sint Nyk op de aginda. De wettersportferiening hiert dan in moai nustje fan dizze polyester sylboatsjes en dêr sile wy dan it hiele wykein wedstriden yn. Ik moast der dit jier al wer betiid út want troch myn Lost-ferslaving bin ik pas sneontemoarn ôfreizge nei it eilân de Gânzetippe yn it Sjûkemar. Us heit hie regele dat ik om 8.00 yn de haven fan Sint Nyk oppikt wurde soe dat de wekker gie al wer foar sânen. No om 8.00 wie ik by Thys en Marijke oan board dy't my meinamen nei it wedstrydwetter wêrfoar tank. Doe't wy oan de oare kant fan de grutte dyk by it eilân delfoeren telde ik mar 12 mêsten en dat foel wat tsjin wat oare jierren hiene wy altyd wol in stik as 20 boaten. Doe't ik letter op it eilân kaam die bliken dat der wol 21 boaten wiene mar dat guon de mêst noch net oerrein hiene. De 21 boaten waarden ferdield oer twa groepen en ik siet yn groep twa dat ik hoechde pas om in oerke as tolve los. Wy moasten earst wachtsje op de earste groep en it waaide gjin sprút. Doe't de earste groep nei ien folle ronde werom wie waard de wedstryd dan ek útsteld. Sa koene wy earst noch efkes genietsje fan mem har snert mei bakte sipels. Mei troch de sipels kaam der hieltyd in bytsje mear wyn en sa setten heit en ik ôf foar it wedstrydwetter. Earst moast it seil fansels noch in bytsje better dat heit begûn ferskate toutsjes oan te lûken as losser te setten. Neidat alle boaten op it wetter wiene koe de start begjinne. Wy hiene wol in moaie start en sa giene wy as tredde om de heechste tonne. Troch tûk te silen leine wy in tonne letter sels hiel efkes twadde. Mar yn ús striid om plakje ien makken wy in minne slach de mar yn dy't troch de skifterige wyn net goed útpakte. Wy ferlearen in pear plakjes en sa koene wy úteinlik as 5e eindigje. Net in gekke prestaasje fansels op 22 boaten. It die doe al bliken dat der ferskil yn de boaten siet. Der wiene fjouwer blaue falken by dy't hyltyd by de earste seis sieten. Spitigernôch hiene wy sa'n snelle boat net dizze wedstryd en omdat ús heit oan it roer 5e wurden wie krigen wy de wedstryd dêrnei de boat dy't as 17e eindige wie. Mei my oan it roer soe it dreech wurde dizze prestaasje te oertreffen fansels. By de start waarden wy fuort al in bytsje dwers sitten troch Harm en John dy't mei harren blauwe reesmûnster krekt wat hurder koene as ús. Mar omt wy hegerop stjoerden hiene hja mei omheech moatten wat hja net diene. Sa sieten wy dus in bytsje klem en koene wy gjin kant út. John spruts dêrby de prachtige wurden út: "It giet net om in pleats". Tsja, om in pleats gie it net fansels mar in plakje op it poadium soe nei ôfrin wol moai wêze fansels. Uteinlik slagge it om fuort te kommen en troch ús redelikke start sieten wy dochs wer op plakje fiif. Mar omdat de wat mindere silers no in blaue boat krigen hiene waarden wy yn de rin fan de striid dochs wer wat foarby syld. By de lêste tonne leine wy dan ek sânde mar troch rap troch de wyn te gean wêrby't wy de finish noch net oansile koene koene wy yn in lêste stjoerboardslachje dochs noch wer twa plakken omheech en sa eindigen wy oppenij as fyfde. Heit en soan wiene dus hjoed oan elkoar weage. Doe wie it tiid om deltsjes, patat en fisk nei binnen te wurkjen yn de tinte. It wie gesellich al wiene der in protte silers de jûns efkes nei it fêste lân ferhûze. Omdat ik wurch wie bin ik mar betiid op bêd gien.+ 0 - 0 | § ¶Lost ferslaving
De twadde helte fan it tredde seisoen fan Lost is al wer yn folle hevigheid dwaande en de freondinne en ik bin al wer hielendal ferslaafd oan dizze searje. Alle seisoenen feroarje der in pear dingen dy't wy gauris net oankommen seachen en sa hâlde de betinkers de spanning der goed yn. En omdat hja al oankundige hawwe dat de searje net iuwich troch rinne sil wurkje wy stadich nei in klimaks ta fansels. M8eld en Jelle sille yntusken ek al wol wer drok mei seisoen twa dwaande wêze want ek dy bin sûnt in pear wiken ferslingere oan it Lostavontoer. It grappige is dat at jo de ôfleverings op DVD besjogge it hiel dreech is om te stopjen. Wat dat oanbelanget makket NET 5 it ús wat ienfâldiger troch de show twa kear te ûnderbrekken foar in reklameblok om ús dêrnei mei in klifhinger wer in wike it bosk yn te stjoeren. No ja, nije wike mar wer foar de buis fansels. Mochten jim no ek tinke dat Lost miskien wat foar jim is. Begjin dan net midden yn seisoen 3 want dan snapst der neat fan. Faaks bin de DVD's earne te lien ofsa...+ 0 - 0 | § ¶SC Heerenveen - Helsingborg IF
Fannemiddei haw ik earst mar efkes nei it Fean ta west om myn seisoenskaart op te heljen. Doe't ik nei it parkearplak by it stadion woe waard ik al hast tsjinhâlden want de parkearplakken wiene fansels al reservearre foar bepaalde lju foar fannejûn. Jûns haw ik Jelle efkes ophelle út Aldeboarn. Fia Haskerdijken bin wy oer in slúprûte nei it Fean riden om dêr úteinlik op gepaste ôfstân fan it stadion te parkearen. Yn it stadion troffen wy fansels in nustje bekenden en nei it ynslaan fan wat muntsjes en floeiber guod namen wy plak op de steantribune by de peal dêr't Elp al stie te wachtsjen op de wedstryd. Jelle mocht der hast net yn omdat op syn kaartsje de priis 0,00 euro stie mar ja, it wiene ommers ek frijkaarten fan it Fean. Ik hie ek sa'n kaart mar mei myn Feanútrusting doarden hja my fansels net op te kearen. Doe't de wedstryd goed en wol oan de gong wie wist de kameraman ús sjen te litten dat Afonso Alves ek earne yn it stadion siet. Dat dy earme jonge, je soene der hast meilied mei krije, krige in drege jûn (al hie it noch wol slimmer kinnen fansels). By eltse goal fan it Hearrenfean klonk it "Alves, Alves, who the fuck is Alves? En ek it "1, 2, 3, 4, 5, 6, 7, waar is onze Alves gebleven. Hij is niet hier, hij is niet daar, hij zit bij Dirk Scheringa." klonk gauris. Mar yn de wedstryd wie oars ek genôch te beleven. Yn it foar hie ik in foarspelling dien fan 4-2 foar it Hearrenfean útgeande fan de gauris lekke definsje fan it Hearrenfean mei dêrby dochs wol in produktive oanfal. Nei in goed heal oere stiene wy oars al mei 3-0 foar en it like in gouden jûntsje te wurden. Spitigernôch mochten de Sweden nei rêst fuortdaalks wat werom dwaan en net folle letter stie it al 3-2 wat Europeesk besjoen fansels in min risseltaat is. Gelokkich drukten wy efkes troch nei 5-2 en sa like it dochs noch goed te kommen wie it net dat de skiedsrjochter fluite foar in strafskop. No koe ik dat fierders net goed sjen mar neffens teletekst wie it terjochte dus dat sil dan wol sa west hawwe. Yn elk gefal fûn ik de skiedsrjochter mar in panyksaaier. Hy hie syn namme dan ek mei (Panic). Doe't Verbeek ús skoarende spilers hast allegear wiksele hie (Sibon, Bradley elts 2x) kaam ús nije skaadspits (sjoch syn foto op it grutte skerm) út Poalen ek noch yn de ploech. Sa't in goeie skaadspits heard te spyljen ha wy de man mar weinich sjoen. Nei it einsinjaal wie it dan ek 5-3 wat op 'm sels net ûnaardich is mar Helsingborg bliuwt fansels gefaarlik omdat hja mar mei 2-0 hoege te winnen. Lit ús der yn elk gefal fan út gean dat wy dêr ek ien as twa meitsje dan sil it wol goedkomme en dan kin wy ús Europeesk avontoer noch mei 4 wedstriden útwreidzje. Al hoop ik al dat wy it dan efteryn wat better ticht sette. En faaks kin Alves ek noch leuk yn de spits mei Sibon. Al wie it mar foar de frije trapen mei bananeboleffekt. Mar earst mar efkes op de middenstip syn ekskuses oanbiede oan it publyk want oars koe it wol ris in drege pot foar him wurde...+ 0 - 0 | § ¶Plúmkejeie yn de Drait
Nei in dei hurd wurkjen koe ik fuortdaalks troch nei sporthal de Drait yn Drachten dêr't ik myn debút hawwe soe by it plúmkejeien. Om 19.45 stie ik noch in bytsje ûnwennich yn de hal mar mei noch in oare nijkommer haw ik efkes ynslein en net folle letter krigen wy ek trening. No hie ik fansels al yn gjin trije moannen in plúmke oanrekke dat it foel noch net ta en doch wat de trener fan ús frege mar it gong noch frij aardich. Nei in oerke trenen begûn it frij spyljen. Ik hie snel efkes myn namme op in papierke setten sadat ik mysels ek op it boerd hingje koe. De minsken dy't al wat langer lid wiene hiene fansels in kaartsje mei in pasfoto derop. Myn neidiel wie fansels dat ik de minsken noch net goed ynskatte koe. Hja koene my fansels ek net mar ôfgeande op myn 'kaartsje' tochten guon grif dat ik in begjinner wie. No dat foel wol ta fansels want doe't wy net folle letter mar mei trije man op de baan stiene en ik oanbea om dan mar allinnich tsjin twa man te spyljen stie ik al rap mei 10-2 foar. Doe woe der noch immen meidwaan mar doe haw ik it mar efkes troch elkoar hussele want allinnich wie ik al te sterk dat mei ús twaën soe it der grif noch slimmer fan wurde (al hoecht dat net perfoarst fansels). Nei de wikseling wiene wy aardich oan elkoar weage en sa ferlearen wy de earste set mei ik mien 22-20. Dit wie in stân dy't de jûns noch gauris wer foarkomme soe. Net folle letter wie ik mei noch trije jonge mannen oan it spyljen en wy wûnen yn trije setten fan ús tsjinstander mei oppenij 22-20. Nei in wikseling, ien winner mei ien ferliezer, waard it oppenij 22-20 yn de tredde set mar no ferlear ik. Dat jout wol oan dat der genôch tsjinstân is om leuk te spyljen mar dat ik it nivo oars ek wol aardich oan kin. Ik haw no al wer nocht yn nije wike. No mar sjen hoe sear't myn spierkes moarn dogge...+ 0 - 0 | § ¶Wouter matst my...
Doe't de troanrede útsprutsen waard en de miljoenenota bekend makke waard wie ik noch oan it wurk. Mar fansels haw ik al efkes it ien en 't oar der fan meikrigen. En it liket der waarempel op dat Wouter my matst hat. Sa sille wurkjenden en gesinnen mei bern der oant 2011 sa'n 4 oant 5% op foarútgean. Mocht ik dan dus efkes gjin wurk ha dan kin wy altyd noch besykje om bern te meitsjen foar 2011. Der is minder wurk! Ek wurdt de Diesel en de LPG djoerder, tref ik it efkes mei myn benzinemotorke! Bier en sigretten bin ek net oan dizze man bestege en ús hûs is wer net djoer genôch om al te folle lêst te hawwen fan de kabinetsplannen. Dêrmei bliuwt fansels allinnich de syktekosten oer dy't wer mei 150 pp omheech gean sille (bedankt wanbetellers!!!) en de btw dy't nei 20% gean sil. Wat is it dochs moai dat de partij van de arbeid oer de sinten giet...
+ 0 - 0 | § ¶Meitsje ik dy wekker?
It libben fan in útsjoerkrêft giet net oer roazen en sliepe as in roas is der ek net mear by. Sa hie ik sneintenacht nachttsjinst op it flafabryk dat fan 22.00 oant 6.00 wie ik ûnder de pannen. Mei noch in ritsje oer de A7 foar de boech lei ik om goed 6.30 op bêd. Om goed alve oere gie de tillefoan. It wie it útstjoerburo dat alheal fernuvere wie dat ik noch op bêd lei. Mei de domme fraach "Maak ik je wakker?" begûn de ellinde al en dêrnei waard ik dochs noch mar efkes frege oft ik der ek wat foar fielde om om 14.30 wer oan it wurk te gean. No dêr fielde ik op dat stuit net it measte foar en ik hie ek noch oare dingen te dwaan. Dat ik haw harren fatsoenlik frege om mar nei in oar út te sjen. Oare kear al efkes op de plenning sjen frou Capac want at ik mei gestrekte earen lis dan wol ik eins net steurd wurde. De freondinne kin dêrop fansels in wolkomme útsûndering op wêze...+ 0 - 0 | § ¶It buorjonkje ensa
Ik bin krekt wer werom út Hillegom dêr't Eelse en Monique juster in hûsferwaarmjend feestje joegen. Hillegom leit krekt wat ûnder Haarlem dat de Laguna hat wer wat kilometerkes makke mar al mei al foel it noch ta. Binnen twa oerkes wie ik teplak. Hja wenje no yn in rijtsjeshûs yn in wyk dy't kwa opbou fan de strjitten wol wat op Beyum liket. Doe't ik de strjitte binnen ried wie ik nûmer 48 al foarby sa like it mar dochs moast ik noch in pear sydstrjitsjes fierderop wêze. Gelokkich hie ik efkes skille oft der noch barbekjoeguod wie want no wiene der yn elk gefal noch hamburgers oer en better noch, der wie ek noch immen dy't se foar my brún bakte. Yn it lytse troch houten sketten omheinde túntsje ha wy efkes noflik sitten allinnich wie dat de lytse buorjonkjes mar min nei it sin. Gebekt lykas hja yn de rânestêd skine te wêzen hong er oer it sket hinne om ús te melden dat er op bêd soe en dat wy dan net mear lawaai meitsje mochten. Fansels antwurde ik him dat dat wol goed wie, mar dan woene wy him moarns om 8.00 ek net hearre. No hy hat wurd hâlden want ik haw 'm net heard. It feestje wie fierder prima foar elkoar en it Fean won ek noch neidat hja doe't ik út de auto stapte noch mei 2-0 efter stiene tsjin de nûmer lêst. Eelse, Monique bedankt foar de wille. Ik tink dat ik noch mar in tukje doch (al haw ik dêr ek bêst sliepen)...+ 0 - 0 | § ¶Al wer in homohoulik
Neidat wy in pear jier ferlyn al ris tsjûge west hiene fan it houlik tusken Jan en Sandro stiet hjoed alwer de twadde op it program. Hjoed joegen Jan en Hans inander it ja-wurd. Wy ha dizze kear net nei de seremoanje west mar allinnich nei it feestje. Dat waard hâlden yn it hippe Kaap hoorn by de hoornseplas (tafal?). It bruidspear hie betocht dat elkenien in ballon by him hâlde moast. Sa hoegden wy net yn de rij te stean mar it bruidspear wurke sels de balonnen ien foar ien ôf. Dit wurke tige goed. Om 18.00 wie it foar ús wer tiid om op hûs oan te gean. Jûn is der noch feest yn Hillegom by Eelse en Monique dat dêr moat ik ek eins ek noch efkes hinne fansels.+ 0 - 0 | § ¶Fan de wachtlist ôf
In pear dagen ferlyn krige ik fan SC Heerenveen te hearren dat der noch in pear plakjes frij wiene yn it Abe Lenstrastadion. Sjoen it feit dat ik mar allinnich op de wachtlist stie en net as groep koene hja my fansels op ferskate plakken earne tusken drukke. Ta myn ferbjustering stie ek it Nieuw Noord fak by de mooglikheden. Ik mocht mei in 1, 2 en 3 oanjaan yn hokker fakken ik it leafst plaknimme woe dat ik haw by Nieuw Noord mar 1,2 en 3 delsetten want ik woe allinnich in kaart foar it fanatieke steanfak hawwe oars soene minsken dochs allinnich mar lêst fan my ha. Tinkende dat der foar Nieuw Noord in wachtlist wêze soe en dat it bestjoer fan Nieuw Noord my wol op de hichte hâlde soe at der in plakje frijkomme soe hie ik der net op rekkene dat myn oanfraach honorearre wurde soe. Mar hjoed lei der wer sa'n prachtich kevet fan SC Heerenveen (mei de Fryske flagge as eftergrûn) troch de bus en dêrmei waard befestige dat ik in seisoenskaart krije sil. Dy kin ik ynkoarten efkes ophelje. Fansels is it seisoen al efkes in pear wedstriden âld. Der hawwe al twa thúswedstriden west dy't ik mist haw en dochs betelje ik de folle mep foar de seisoenskaart. Mar wedstriden lykas Willem II en Sparta binne fansels net in ramp om te missen en as kompinsaasje haw ik twa kaarten krigen foar it uefacupduel tsjin Helsingsborg IF. Yn elk gefal haw ik noch gjin wedstryd fan Avonso Alves mist...




