+ 0 - 0 | § ¶Spammers en hackers
Ik wurd der in bytsje flau fan dat alle kearen wannear't ik earne in side mei in gasteboekje bou binnen in pear dagen dizze gasteboekjes hielendal folspamt wurde troch automatyske skripts dy't neat oars fan doel hawwe as reklame te meitsjen foar de ien as de oare kutside. Krekt haw ik it gasteboek fan ús keatsferiening wer in bytsje ûntdien fan dy ellende en twa oeren letter is der al wer sa'n malloat. Wat in wille net? Mar it kin fansels noch wol folle slimmer. In, foar safier't ik werhelle haw, turks hacktiem hat no de side fan de toanielferiening fan de Rottefalle (www.tsderottefalle.nl) hackt. Ik wit net at it ferstannich is om nei dizze side te gean op dit stuit mar der stean no allegear teksten op dy't lestich te folgjen binne foar Wâldpiken. Ik bin bliid dat dizze side (noch) net op myn server draait yn elk gefal...
+ 0 - 0 | § ¶Flinke buiskes
Hjoed fûnen de wurksaamheden oan de buorren krekt foar ús hûs plak dat ik haw de luksafleks mar efkes omheech dien sadat ik fanút myn waarme kantoar alles moai oersjen koe. De klompen stiene by de foardoar sadat ik sa no en dan ek efkes bûten sjen koe wannear't ik tocht dat it nijsgjirrich wie. Wy wenje op in krúspunt mei in soad fervelende opstakels. Sa steane der beamkes wêrtroch't de kraan lestich draaie kin mar ek ûnder de grûn is it in moai soadsje. Der lizze ferskate wetter-, gas-, kabel- en tillefoanliedings en ek leit der noch in ferbiningsstik fan it âlde noch altyd funksjonearjende rioel fan de master de Vrieswei nei de buorren. Dit rioel waard oan beide kanten ôfsletten mei in opblaastampon dy't mei help fan in gewoane fytspomp de buis ôfslute moast. Dat dit net alhiel slagge die bliken doe't de buis stikken skuord waard. It rioelwetter bleau mar de kûle yn streamen dat úteinlik hat de kraanmasjinist der mar in fracht liem yntreaun. Nei dat it gat rûm en djip genôch wie waarden der twa stikken buis yntakele. Ien foar it reinwetter (grien) en ien foar it ferfier fan dong (beton). Op de foto is it net goed te sjen mar it gat is wol hast 2 meter djip. Alles is yntusken wer keurich ôfdekt dat wy ha no wer in moaie sânbak foar it hûs. No mar hope dat it saakje rap oansletten wurdt. De klinkers meie noch wol efkes op har wachtsje litte want ik fyn it wol noflik, sa'n rêstich dykje foar hûs...
+ 0 - 0 | § ¶Moarn krijt ús kasteel in slotgrêft
De mannen fan de werynrjochting binne goed dwaande. Hjoed bin se tot oan de sydstrjitte njonken ús hûs kaam dêr't hja twa grutte putten pleatst hawwe. It wie al hast tsjuster doe't de lêste put te plak set waard mar neffens de opsichter wie it better sa omdat oars moarn it gat fol mei grûnwetter stean soe. It giet allegear hiel sekuur want nei mjittings die bliken dat de putten mar 1,5 sintimeter skeelden mei wat op papier stie. It is in wûnder dat dy mannen mei sa'n grutte kraan sa flot en dochs sa presys wurkje kinne. Oan it ein fan de dei wurde de twa liedings, dy fan it reinwetter en dy nei de Jouwer, ôfsletten en dan smite se it gat wer ticht. Sa kin der net per ûngelok immen ynfalle. Moarn hawwe wy dat grutte gat hjir efkes tydlik foar de doar dat it komt moai út dat ik dan in frije dei haw...
+ 0 - 0 | § ¶De lêste fla
Hjoed is it persoaniel fan it Friesche vlag fabryk fan Grins ynljochte oer de definitive slutingsdatum. Sa't it no liket sil op freed 18 april de lêste produksje plakfine yn Grins wêrnei't de Friesche vlag deifarske produkten fan dan ôf allegear út Nijkerk komme sille. Oant dy tiid sil der noch in soad barre moatte. Sa sille guon masjines oerpleatst wurde moatte nei it nije fabryk wat fansels in protte ekstra drokte mei him meibringe sil. Foarige wike bin der al twa grutte tanks út ús fabryk wei takele en ek waard der al in doasynpakker fuorthelle. De sfear wurdt der fansels ek net better op. Ynkoarten moatte alle fêste meiwurkers ferplicht op ekskursje nei Nijkerk hoewol't dêr hast net ien hinne wol te wurkjen. In soad kar hawwe de fêste meiwurkers fansels ek net want hieltyd mear fabriken fan Friesland Foods slute harren doarren hjir yn it Noarden. Wat dat oanbelanget hawwe wy as útstjoerkrêften it wat ienfâldiger. Wy binne it wol wend om sa no en dan om oar wurk út te moatten. Mocht der trouwens noch immen in geskikt en goed fertsjinjend tiidferdriuw witte yn de omkriten fan Rottevalle/Drachten, lit it my dan foaral efkes witte...
+ 0 - 0 | § ¶Der is wat oan de hân mei 117
In jier as wat ferlyn haw ik foar de mannen fan Jitiizer it (persoans)domein www.www.117.nl registreard. Omdat de earste www net ferplicht ynfolle hoecht te wurden wurdt dêrtroch fia www.117.nl dochs de webside fan Jitiizer fûn. No is de SIDN, de stifting dy't oer de útjefte fan de .nl domeinnammen giet ophâlden mei it ferkeapjen fan persoansdomeinnammen lykas www.jamesbond.007.nl en dizze nammen sille oan it ein fan dit jier dan ek ophâlde mei bestean. Dêrnei sil der yn tal fan rondes nammen mei allinnich sifers mooglik makke wurde. It mei dúdlik wêze dat Jitiizer graach de namme www.117.nl hawwe wol. Yn prinsipe wie der ek noch net ien dy't dy namme registreard hie fia it persoansdomein. Omdat www.112.nl wierskynlik wol gewoan nei de oerheid ta giet soe it net mear as redelik wêze en jou dy oare namme dan mar oan Jitiizer liket my ta mar de SIDN wol de namme dochs leaver ferlotsje. Omdat it in moaie koarte namme is sil der grif snelle jongens wêze dy't der mei oan de haal gean. Ik sil myn SIDN account yn elk gefal ek ynsette om te besykjen dit domein feilich te stellen foar de Fryske tongercoreband út Sint Nyk.
+ 0 - 0 | § ¶Wurkwille
Nei it dramatyske ferlies fan juster wie it fansels hjoed efkes dreech begjinnen op myn wurk yn Grins. Elkenien begûn der fansels oer hoe min at it wie om fan de superboeren te ferliezen. Elkenien wie der fansels ek wol fan oertsjûge dat Grins it skip yngean soe tsjin Feyenoord mar ynfaller Berg tocht fan net en sa wûnen de Grinzers wat ús ferlies allinnich noch mar mear sear die fansels. No hie ik ien gelokje. Sneintejûn helje wy altyd Sineesk iten op it wurk. Guon nimme dan in Loempia mar ik haw de Grinzers wer efkes de eachen útstutsen troch wer in lekkere Indyske rystafel nei binnen te wurkjen. Soks makket in minne dei dochs wer in bytsje goed fansels...+ 0 - 0 | § ¶Net kânsleas
Nei fiif winstpartijen op rige gie it Hearrenfean tsjin de Graafschap dochs wer in kear ten ûnder. Sûnder Alves moatte ús goals komme fan ferdigeners of út strafskoppen. Dat wy dêryn net iens ûngelokkich wiene mei dúdlik wêze want dêr't wy as Hearrenfean wol in strakskop krigen fertsjinnen de superboeren der yn de earste helte dochs ek wol ien foar in hast identike situaasje. De 2-3 útslach jout fansels net alhiel goed de ferhâldings yn de wedstryd oan. It Hearrenfean krige kâns nei kâns en hie eins al nei 10 minuten mei 2-1 foar stean moatten mar de ballen woene der net yn. Doe't Zuiverloon ek noch twa kear op de middenline in mantsje ûnderút skoffele moasten wy mei 10 man fierder. Domme oertredings fansels dy't ús oan it ein fan de rit de kop kostten fansels. Ien kompliment moat ik de superboeren trouwens wol meijaan. Sy woene wol fuotbalje en dat makke de wedstryd spannend en iepen. Dochs wie in lykspul seker wol fertsjinne west. It sil noch dreech wurde de kommende 3 wedstriden sûnder Alves bin ik bang...+ 0 - 0 | § ¶Aldiwyn en rotsoai
Foar guon is Aldiwyn faaks in synonym foar rotsoai mar yn myn freonekring is Aldiwyn ta in kultdrankje ferheven wurden. Sels dokter Wouter Deurholt drinkt aldiwyn (Googlehumor). Dy selde freonen hiene hjoed al harren rotsoai ynpakt en meinaam nei de Rottefalle. Net tsjinsteande myn fantastyske speurtochtrûteoanwizingsbryfke (leuk wurdt foar galchje as scrabble) wiene der dochs in pear minsken dy't fertrouden op de tomtom as op rûtes út it ferline. Mei de opbrutsen dyk hjir foar ús hûs kaam dat dus net goed en de drekpoaten dy't wy graach foarkomme woene kamen sa dochs noch troch de foardoar. Neidat elkenien binnen wie begûn it spultsje. Elly hie in bryfke makke mei de oanwizings. Der waard dobbele mei in dobbelstien en by elk getal wie der in opdracht fariearjend fan pak in pakje, pak in pakje út, sko in pakje troch as ruilje in pakje mei in oar. Al gau die bliken dat guon minsken it 'nim wat rotsoai mei' kommando fan Gerlind wol hiel letterlik naam hiene. Sa wiene der û.o. in dopke fan in shampooflesse, in plestik weismytmes, in koeler fan in pentium I en in tampon. Ek sieten der wol saken by dy't foar guon tige nijsgjirrich wiene. De USB hub mei kopkewaarmer wie bygelyks in ding dat meardere jonges ha woene. Troch taktysk te ruiljen en goed te spyljen kaam oan it ein fan de rit elkenien dochs wer mei wat rotsoai werom. Ik wie tige te sprekken oer it troch elkenien as lelijk bestempelde ks-rek. Wannear't der skyfkes ynsitte sjogge je hast net mear dat it in lelijk ding is. Foar de rest ha wy gesellich sitten en de noadige pakjes yn ús kiel omkeard. Oar jier mar wer soe ik sizze...+ 0 - 0 | § ¶Dat kin better Steven...
Steven de Jong hat krekt in kontrakt tekene foar fiif films wêrfan't "De scheepsjongens van Bontekoe" de earste is. Omrop Fryslân wie fansels by de premjêre dêr't hja efkes mei Steven en syn soan Leo praten. Omrop Fryslân frege Steven oft Fryslân no ek grutsk op him wêze moast. Steven, dy't eartiids op de lokale omrop fan de gemeente Skarsterlân altyd de rubryk "mei ik jo wat freegje?" hie, wist dêr gjin antwurd op te jaan mar hy sei wol dat er grutsk wie op Fryslân. It is dan ek wol nuver dat syn soantsje Leo de Jong gjin wurd Frysk praatte foar de kamera's fan de Omrop. Soks kin dochs better Steven? De resinsjes koene ek better trouwens, mar dy wiene by syn Kameleonfilm ek net al te bêst dat it kin noch altyd wol in finansjeel súkses wurde fansels...+ 0 - 0 | § ¶Myn efterbuorfamke makket it Frysk hyt
Topmodel Doutzen Kroes sil har sterk meitsje foar it Frysk. Neist har wurk as topmodel oeral op de wrâld sil se har no belangeleas ynsette foar de kampanje "praat mar frysk" dy't nije wike útein set. Doutzen komt út Eastermar en is dêrtroch sawat myn efterbuorfamke. Hoewol't se no wrâldferneamd oan it wurden is yn de modellewrâld bliuwt se der hiel gewoan ûnder. Se seit dat se mei har âlden en freonen gewoan yn it Frysk sms't en eamelt. No Doutzen, mei dizze kampanje makkest do seker kâns op de Fear yn de broek...+ 0 - 0 | § ¶Fan haadwei tot sânreed
Wy wenje op de 'Buorren' mar eartiids hite dit de 'Haadwei'. No't se mei de renovaasje fan ús doarp alwer mei fase 4 begûn binne meitsje se fan de eartiidske haadwei wer in âlderwetske sânreed. De âlde betonlaach dy't hjir al foar de twadde wrâldkriich dellein is wurdt hapke foar hapke fuorthelle en alles steapelt him moai op foar ús hûs. Alle kearen at de kraan in pear kante meter beton út de dyk pakt en dizze in eintsje fierder wer falle lit klinkt en davert ús hûs en dat fan de buorlju fier yn it rûn. Foarlopich kin wy foar hûs net in kant mear op en ik haw dan ek begrutsjen mei de postboades en krantebesoargers fan ús doarp.
+ 0 - 0 | § ¶Op slot
Doe't de freondinne sakrekt thús kaam fertelde hja dat se myn auto opsletten hiene. De mannen dy't ús strjitte en riolearing oan it fernijen binne hiene in grut stek neist ús hûs pleatst lyk efter myn auto. No kin ik my wol yntinke dat se de boel wat ôfslute wolle omdat der fansels ek noch in skoalle yn de omkriten is mar ik wol mei myn auto dochs wol graach fan it hiem komme kinne fansels. Fia in omwei kin ik efterhûs troch ferskate lytse strjitsjes no dochs wer op de grutte dyk komme. It earste stikje fan de doarpsfernijing is al wer te beriden gelokkich. It is efkes behelpen fansels mar oan it ein fan de rit wurdt it fansels wol folle moaier...+ 0 - 0 | § ¶Sinteklaas
Sinteklaas is wer yn Nederlân mar ik koe fannemoarn myn skuon noch oandwaan sûnder dêr earst efkes yn te sjen. Yn Rottefalle komt de Sint pas nije wike sneon oan mei syn boat. In rûnritsje troch it doarp sil der grif net ynsitte foar de Sint want ús strjitte, de haadstrjitte fan de Rottefalle, sil fan moarn ôf in sânpaadsje wêze. No soe de Sint fansels mei Amerigo oer de daken huppelje kinne mar ik tink dochs dat er de foarkar jout oan in feiligere rûte. Fansels fynt Sinteklaas it moai om tasongen te wurden. At dat dan ek noch yn it Frysk bart is it fansels noch moaier. Yn in fier en griis ferline haw ik de stikjes al ris op bernlef.com setten mar mei de nije wachtwurdenside skynt it ynienen efter in koade te sitten. No ja, lokkigernôch haw ik se noch earne fûn:De stomboat
Oer wâljende weagen, oer brûzjende see
Komt Sint mei syn stomboat, d'âld man stiet al ré
De flaggen dy waeije, it seewetter blinkt
De pypen dy rikje, de stoomfluite klinkt
Hwet laket syn feintsje de berntsjes al ta
Syn sniewite tosken dy blinke den sa
Hy stiet by it hynder det knikt mei syn kop
Twa kleurige tufen dy waeije der op
En och hwet in koffers! de boat suver fol
Foar elk in presintsje hwent Sint is sa gol
De berntsjes hja winke sa bliid mei de hân
Dach Sint en dach Pieter wêz wolkom yn 't lân.
-> (lês fierder)
+ 0 - 0 | § ¶Hy giet nei skoalle, sy nei it EK
Lytse Jorrit wurdt al in grutte keardel. Sa is hy tongersdei fjouwer jier wurden en no mei hy dus nei de beukerskoalle. Om te fieren dat myn earste 'omkesizzer', de freondinne en ik bin noch net boaske, fjouwer jier wurden is hawwe wy him fansels efkes in besite brocht. Omdat hy mei syn âlden yn Rotterdam wennet wie dat fansels wer in hiele optocht. Doe't wy dochs nei Rotterdam giene hawwe wy earst noch efkes by Correct del west. Dêr hiene hja in sjo mei ferskate grutte plasma- en lcdskermen. Eat wat yn myn noch prille hûsbios noch ûntbrekt fansels. Ik wie dêr fansels ek bynammen om myn freondinne te oertsjûgen fan it nut fan sa'n oanskaf want sy is noch altyd fan betinken 'ús âlde tv is noch wol goed'! Nei wat omswerfings troch Rotterdam ha wy úteinlik dochs ús bestemming berikt. Jorrit wie tige bliid mei syn kadootsjes en neidat ik him fuorre haw (oan tafel) hat er my as freon erkend. Sa gau at er syn eigen hyves kriget sil er my taheakje tink ik. Omdat it Nederlânsk alvetal yn de Kuip yn Rotterdam in wedstryd spylje moast tsjin it altyd lestige Luksemburch wie it op de weromreis lekker rêstich op de dyk. De man op de radio koe my der yn it live-ferslach ienfâldich fan oertsjûgje dat ik neat mist hie fan it balskoppen. No ja, wat makket it út, sy gean nei it EK!+ 0 - 0 | § ¶It ein fan de snelle trein
Doe't mister Sweeftrein Hans Alders syn namme ferbûn oan ien fan de reade Arrivatreintsjes wie dúdlik dat de Sweeftrein dêr't hy al dy jierren foar striden hie der net komme soe. Krekt foardat minister Eurlings hjoed terjochte in streek helle troch dizze snelle ferbining joech er syn stokje as kommisaris fan 'e keninginne noch gau efkes oer oan Max van den Berg. In echte kapitein wie mei syn sinkende luchtskip ten ûnder gien! Al dy hege hearen dy't sa oertsjûge wiene fan harren eigen gelyk moatte no mar ris ôfrekkene wurde op de jildfergriemerij dy't de Sweeftrein oant no ta west hat. Nijpels hat syn ôftreden ek krekt op 'e tiid kenber makke sadat ek hy net mear ferantwurdlik hâlden wurde kin. It komt allegear wol hiel moai út fansels. No krijt it Noarden dus gjin trein mear mar 2 miljard dy't ynfestearre wurde sille yn kânsrike ekonomyske projekten. Nei it ûndersyk fan Langman soe it Noarden earst sa'n 5 miljard gûne krije foar fersterkings fan de ekonomy. Under oanfiering fan sweeftreinman Hans Alders waarden wy letter foar de kar lein: trein as jild. Us hege hearen ha doe keazen foar de trein sadat it jild fuort wie. No is ús ek de trein ûntnaam en it jild dat der foar werom komt is al net mear 2,73 miljard mar noch mar 2 miljard. Dat skeelt dochs 730.000.000 euro en dat wylst der dan noch gjin ynflaasjekorreksje yn meinaam wurden is. Wy moatte der no ek om tinke dat wy gjin sigaar út eigen doaze krije fansels. Want dit jild sil straks grif wer yn projekten pompt wurde dy't dochs al útfierd wurde soene. Ien gelokje is der al fansels. De Hollânske treinforenzen bin foarlopich efkes opkeard...+ 0 - 0 | § ¶Omke Ljibbe 1931-2007
+ 0 - 0 | § ¶Harry en syn oarder
De fyfde film oer it tsjoenderke Harry Potter is hjoed útkaam op DVD. "Harry Potter and the order of the Phoenix" hiene wy fansels al in kear yn de bioskoop sjoen mar sjoen it feit dat ik de earste fjouwer DVD'kes ek al yn hûs hie mocht dizze fansels net ûntbrekke. Ik moat sizze dat it ek op myn eigen hûsbioskoopset in alleraardichst soad leven jout. De regiseur hat in soad fan de klassike Haary Potter deuntsjes skrapt en dêrfoar yn it plak in folslein nij lûdsspoar makke. It moaiste stikje fyn ik sels eins it tefoarskyn kommen fan it haadkertier fan de oarder. Dan geane der twa hûzen oan de kant om rûmte te meitsjen foar in tredde. Dêrby rammelt ús hûskeamer sa bot dat it krekt liket as sieten wy boppe in sâltwinput. De freondinne waard der yn elk gefal al gek fan...+ 0 - 0 | § ¶Fiif wedstriden
Blikstienders, no is ús djoere spits dy't sa graach nei in (oare) topklup ta wol samar fiif wedstriden skoarst wêrfan ien foarweardlik. Dat betsjut dat wy him misse moatte yn de wedstriden tsjin De Graafschap, NEC, NAC en FC Grins! At der gjin gekke dingen barre kin wy him dan allinnich noch oan it wurk sjen tsjin Twente, Roda en Feyenoord. Dat bin fansels wol de klups dêr't wy him goed brûke kinne. Dy oare fjouwer moat ek sûnder Alves gjin probleem wêze. Foar Grins gok ik sels op in 5-1 oerwinning want dêr skine de Grinzers pattint op oanfrege te hawwen. No ja, Verbeek kin yn elk gefal troch de ynterlânferplichtings fan guon spilers moai in wike langer oefenje mei de spilers dy't gjin ferplichtings hiene. Dat is dan wer it neidiel fan in topklup, dat je safolle spilers misse moatte...+ 0 - 0 | § ¶Sint Maarten?
Omdat 11 novimber dit jier op in snein foel waard Sint Maarten dit jier troch in part fan ús lân op sneon 10 novimber fierd en troch in oar part op moandei 12. Yn prinsipe hiene bern fansels ek beide dagen by de doarren del kinnen mar sa brutaal wiene hja yn de Rottefalle yn elk gefal net. It soe hjir op de 12e fan de 11e barre moatte. De freondinne hie in pear snoepkes kocht mar dat wie neffens my fierstentemin dat der moast mear komme. In grutte skaal fol mei ferskate lekkere snobberijkes hiene wy yn de gong stean en doe mar wachtsje op de bern. Wy ha lang wachtsje moatten mar úteinlik bin der dochs noch in stik as 16 west. Yn fjouwer groepkes fan in stik as fjouwer foel de opkomst ús wat ôf. No ja, wy lesse sels fansels ek wol in lekker snoepke dat it komt wol op. Oar jier ferwachtsje wy al wat mear berntsjes oan de doar fansels. De Buorren leit der dan at it goed is ek wer kreas by...+ 0 - 0 | § ¶Altyd wer dy Alves
Krekt no't wy mienden dat wy wer in bytsje genietsje koene fan ús kanary begjint de man wyld om him hinne te meanen. Ien lyts tikje wie net genôch dat hy moast noch mar in kear wapperje mei syn grutte hannen. No stelde it fergryp op 'm sels fansels neat foar. Lazoviz die it by PSV-AZ folle mâler, mar ja dy spilet by in topklup en dan skynt soks wol te meien. Yn elk gefal gie de Vitesse-spiler mar al te graach lizzen. Op sa'n momint is der fansels altyd wol in fjirde man, dizze kear net Bas Nijhuis trouwens, dy't de skieds hjir op wiist. No wie de reade kaart fansels ek wol terjochte en it sil Alves dan ek wol in pear wedstriden oan de kant hâlde. Mocht de bêste man yn Jannewaris ferkasse dan spilet er mooglik noch mar in hantsje fol wedstriden yn de pompeblêden. It is te hopen dat er ús yn de lêste wedstryd foar de winterstop tsjin Feyenoord noch in leuk ôfskiedskadootsje meijaan kin. Gelokkich wie it Fean wol sa goed dat hja de Vitessedoelman dochs noch passeare koene. Mei 0-1 en de ferskate lykspullen by de top 3 en AZ komme wy al wer aardich yn de omkriten dêr't wy thús hearre...+ 0 - 0 | § ¶Shrek de tredde
Nei in flinke moarn slept te hawwen yn de studintekeamer fan Dorien, mannich Bernleffer soe der alles foar oer hawwe, fielde ik my wol wer fit genôch om werom te riden nei de Rottefalle. De freondinne hie fansels dy moarns al wer yn it ûngewisse sitten dat ik moast der mar rap hinne. Nei sa'n alkoholysk jûntsje is it de oare deis faak netten droechje fansels. Sa waard ik nei de fideotheek stjoerd om dêr in DVD te hieren. It leafst ien dy't ek de freondinne wurdearje koe fansels. By de Videoland yn Drachten haw ik earst efkes omsneupt mar ik woe Shrek graach hiere en dy wie folslein ferhierd. No hie de Videoland wol in oanbieding. Wannear't ik foar 39,99 op myn opwurdearkaart sette soe krige ik Shrek 3 fergees. No dat skeelt dan ek wer in retoerfrachtsje dat mei dizze fershrekkelik aardige DVD fleach ik werom nei hûs. De foarige twa Shrek films wiene super dat de ferwachtings wiene heech. De film wie ek wol hiel aardich al moat ik dochs sizze dat nei trije fan dizze films de grutste ferrassings der wol wat ôf binne. Dochs koene wy noch wol hurd gnize om de gekke ezel dy't no ek al berntsjes makke hie by syn draakje...+ 0 - 0 | § ¶Gleske op, lit dy ride
Nei in lyts sittinkje by Pier om te fieren dat ús kammeraad Boele wer ris werom wie út it Eastblok moasten wy fansels efkes nei de Pizel ta foar in buorrel. Jaap hie de measte minsken al efkes sms't dat der wol wat floeibere geselligens stie te wachtsjen op toarstige kieltsjes. Boele en ik wiene mei de auto en by Pier koene wy dy wol foar de doar stean litte. Yn de stêd moasten wy de oare deis wer betelje fansels. Dat wylst de oaren mei de fyts nei de soas giene namen Boele en ik de taksy. It wie noch in limotaksy ek dat wy koene rojaal sitte. Spitigernôch siet der gjin minibar yn mar ach, it ritsje wie mar koart dat de toarstige kieltsjes soene by Jaap wol smart wurde. No wit ik my noch út in fier en griis ferline te herinnerjen dat wy foar 10 euro fan de soas nei Finkhuzen koene. Dat dy tiid lang west hat mei dúdlik wêze. No koene wy foar 10,- mar kwalik oant de soas ta komme fanút de Rembrand van Rijn. Op de soas kamen wy al rap ta de konklúzje dat de minsken op kamp it net echt hiel drok hiene. Der wiene sa'n 18 man mei wêrfan de helte op stap wie yn Emmen. De rest ferveelde har wat op de blokhut. Sjoen it feit dat Dorien wol efkes nei har mantsje ta woe en sy noch gjin drank hân hie waard besletten om dan mar efkes hinne te gean. Uteinlik bedarre ik mei Wiesje en Dorien oppenij yn in taksi mar dizze die der mei in koartere wein dochs wat langer oer. Foar €15,- wiene wy wer op de Rembrand van Rijnstrjitte en dêr stie de Laguna al op ús te wachtsjen fansels. Dorien hie noch net sa hiele lang it rydbewiis mar wy rêden it op en kamen úteinlik op in soarte fan blokhutkamping oan. Dêr wie it yndie wat in suffe bedoening mar lokkigernôch wiene der kaarten en in flesse fan de widdo. In kompakt skyfke mei Jitiizer makke it feest kompleet. Sa haw ik my dochs noch wol in pear oerkes fermakke mei in stikmannich âld(ere) leden. Dochs wie dit oktoberkamp in hiel ferskil mei myn earste kamp yn oktober doe't der mear as 60 minsken meigiene wylst der mar 90 lid wiene. Dêrom: "Oan it wurk Durk!" Doe't it hast wer locht waard ried Dorien ús kreas wer werom nei Grins. Bedankt BoB!+ 0 - 0 | § ¶Gjin HHG
Omdat ik tafallich freed efkes fan doel wie op stap te gean yn Grins seach ik efkes op Bernlef.com om der efter te kommen oft de soas moarn wol iepen is. De notiidske leden sille ommers masaal nei it oktoberkamp ta. It die bliken dat de pypkesjûn yn prinsipe wol gewoan trochgang fine koe mar de HHG, want it wie ommers alwer de twadde tongersdei fan de moanne, wie ôflast. Soks falt my dan dochs wer in bytsje ôf fan Bestjoer Durk cs. No wie dit fansels ek wol te ferwachtsjen fan it bestjoer dat it skierkamp op Amelân hâlde, it oktoberkamp yn novimber organisearret en it âldledefeest oergean liet omdat de teerûnte de organisaasje fan it feest net op tiid rûn hie. It wie altyd al in tradysje by Bernlef dat tradysjes tradysjoneel nea langer as in pear jier tradysjes bleaune mar de twadde tongersdei fan 'e moanne is in oar ferhaal fansels. Der hawwe de lêste jierren fan myn lid wêzen wol faker bestjoeren west dy't opperden om der in pear te skrassen mar lokkigernôch waard dêr dan meastentiids wol in stokje foar stutsen. Faaks hie ik it stokje dan dochs efkes wat better trochjaan moatten...+ 0 - 0 | § ¶Hokker Nijpels moat wy ha?
Ed Nijpels sil ynkoarten ôfskied nimme as kommisaris fan 'e keninginne. No is de Ljouwerter krante op syk nei it profyl foar de nije kommisaris. De Ljouwerter krante docht dit op ludike wize mar de fraach is fansels wol in goeie. Wat ferwachtsje wy fan in nije kommisaris? Wolle wy in 'blazer' lykas Wiegel, in 'oanpakker' lykas Hermans as in 'genieter' lykas Nijpels (wurden fan de Ljouwerter krante). Faaks sit wy op in hiel oar persoan te wachtsjen as moat der in kombinaasje fan faktoaren wêze dêr't de persoan oan foldwaan sil. Moatte wy in frou as in man hawwe as makket dat net út? Ik sels bin fan betinken dat de bêste kandidaat keazen wurde moat en dat hjiryn net in bepaalde foarkar foar it geslacht útsprutsen wurde moat. Faaks soe it ek in idee wêze en lit de úteinlikke kar oan it folk oer. Stel dat jim op dit stuit ris kieze mochten tusken:- Hans Wiegel
- Loek Hermans
- Ed Nijpels
Wa soene jim dan kieze foar de kommende 5 jier en wêrom?




