+ 0 - 0 | § ¶Bliid dat er fuort is
Yn de simmerfakânsje wiene wy noch bang dat er fuort gean soe. Doe't AZ it allegear net rûn krige haw ik in gat yn de loft sprongen. Hjir hiene wy fansels net op rekkene want sa'n wereldspits koene wy net hâlde. Spitigernôch fielde Alves him nei't er in pear kear ynfallen wie by it Brasyljaanske alvetal te grut foar ús. Hy hat him dêrnei as in lyts bern gedroegen wêrtroch't hy foar in wichtich part ferantwurdlik wurden is foar ús útskeakeling yn de UEFA en ús minne seisoensstart. Krekt doe't it wer in bytsje better gie kaam er wer opdaagjen, die er wer mei en skoarde er sân kear. Us grutste oerwinning ea mar wy koene der kwalik foar juige. Fan't winter begûn it gedoch wer opnij. Nei't no bliken docht hie er al foar de kryst tekene by AZ, mar yntusken fergriemde er noch wol de wedstryd tsjin Twente troch in strafskop te missen en by Roda hie er der ek net folle sin mear yn. AZ mei fan gelok sprekke dat er no nei Ingelân tagiet. Oars hiene hja kommende simmer krekt like folle problemen mei dizze man krigen as wy hiene. Sûnder Alves bin wy miljoenen riker, ha wy in noflikke seleksje en spylje wy it moaiste fuotbal fan Nederlân. Faaks helje wy de skea fan it begjin fan it seisoen net mear yn mar heech eindigje sille wy grif. In soad súkses winske dêr by Boro en bedankt foar foarich seisoen, en no mar hoopje dat se in moaie skyboks foar dy klear stean ha...+ 0 - 0 | § ¶Stoepke
Nei't in skoftke ferlyn al de stoeprâne teplak lein wie is no ek de stoepe sels der yn lein. Wy kinne no dus wer gewoan in blokje om sûnder troch de drek te banjeren. By ús âlde boekebeam sieten de bouwers noch mei in probleemke want de stoepe is in stikje leger wurden en no sitte de beamwoartels yn it paad. Dêr sil hja letter grif noch in kreative oplossing foar fine moatte. Ek moat der noch wat dien wurde oan it hichteferskil mei ús túntsje...
+ 0 - 0 | § ¶Aldledefeest
Wy ha in útnoeging krigen fan it âldledefeest fan Bernlef. Gewoanwei wie dit feest meastentiids earne yn de hjerst mar it bestjoer hat der dizze kear foar keazen om de teerûnte it feest organisearje te litten. Dat betsjut dat it no sawat tsjin de dies natalis oanplakt wurden is mar se ha wol in leuk tema betocht. Ik bin dan ek benijd hoefolle âldleden harren ferklaaidoaze út de kast helje sille foar dit teedrinkersfeestje...
+ 0 - 0 | § ¶Dei fan de privacy
Omdat it hjoed de dei fan de privacy is (ik haw it efkes opsocht op de Fryske taalhelp mar der is noch net in moai Frysk wurde foar) kin jim der foar kieze om myn webloch hjoed net te lêzen. Jim soene dan moarn werom komme kinne om te sjen wat my sa al dwaande hâldt. Wannear't jim krekt sa as my tinke (soademiterje op mei dat privacygemier) dan kin jim fansels trochlêzen bliuwe. Wat is der hjoed de dei noch privee? Ik haw hjoed mei de freondinne de film The Bourne Ultimatum sjoen en dêryn docht bliken dat men alles al fan elkenien wit. Sa wurde net allinnich alle eamels ûnderskept troch Echelon om dêr ferfolgens de risikofollen út te heljen. Dit selde jildt ek al foar tillefoangesprekken. Yn de film lit men sjen wat men allegear wit fan ús al wurdt der hjir en dêr grif in bytsje oerdreaun. Is dit no in probleem? Yn de film is it fansels al in probleem foar Jason Bourne mar wannear't wy neat geheims dogge dan is der dochs net in reden om jo soargen te meitsjen? Ik kom leaver hûndert kear op in befeiligingskamera dan ien kear foar de flitskamera fan ús stakende grutte broerkes...+ 0 - 0 | § ¶Famyljedagen
Myn neef Peter en syn frou Jolanda kinne mar net genôch krije fan feestjes. Earst hâlden hja al in grut troufeest en no ek wer in feest omdat hja in lytse jonge krigen hiene, in nije eigen saak en as klap op de fjoerpylk is Peter ek noch 30 wurden. Oppenij wie de hiele famylje en alle freonen en bekenden útnoege yn it sealensintrum fan Sint Nyk. Omdat de freondinne noch frijwat wurch wie fan juster bin ik mar efkes allinnich hinne west. Wylst ik yn de auto noch de goeie nijtsjes oer it balskoppen folge, Grins koe de Feyenoorders en harren sels wer 2 punten ôfhandich meitsje. Sa sjogge jo mar wer dat it altyd handich is, sa'n âld Hearrenfean spiler by de konkurint want Fledderus makke mei in eigen doelpunt de 1-1 dêr't Feyenoord wer kollektyf faalde. Op it feest haw ik my poerbêst fermakke en it die bliken dat der ek noch in pear lêzers wiene fan myn tinzen op dizze webloch (Hoi Jenny). Wy ha de plannen foar in neven en nichtendei mar wer efkes fan de planke helle dat Ineke en ik sille no sjen nei in datum en in lokaasje foar in leuke dei fuort. At it heal kin sil der ek mooglikheden wêze om te oernachtsjen sadat der gjin bobs nedich binne. De heiten en memmen moat dan mar efkes op de berntsjes passe. It liket my yn alle gefallen hardstikke moai. Binne der mear minsken entûsjast dan kinne jim efkes in eameltsje stjoere nei jellesmadei@hytmeel.com, wy kin elkenien dan fia de eamel op de hichte hâlde fan de plannen. Peter en Jolanda sil earst wol útfeesten wêze dat it moat no wer ris fan in oar komme fansels...+ 0 - 0 | § ¶Kuorkeballers op en tusken de planken
Neist in gewoane toanielklup hat ús doarp ek noch kuorkeballers dy't it moai fine om op, of tusken de planken, te stean dan wol te lizzen. Earst liet de jongerein al efkes sjen dat dizze feestjûn ree is foar minimaal noch in generaasje. Foar in folslein útferkocht hûs koe ek de grutte toanielploech yndruk meitsje mei in by flagen skitterend moai stik dat him ôfspile yn it kantoar fan in útfeartmaatskippij. Op it toaniel stie in grutte deadskiste midden op it poadium. Ek stie der noch in mei de Grinzer flagge beskildere deadskist. Dat model is in soarte fan Allrounder ûnder de kisten want dizze docht it goed yn 't Zand mar ek yn 'de brand'. Ik bin sels wol frijwat Frysksinnich mar ik soe dochs net yn in Fryske flagge kiste bedobbe wurde wolle. Doch my dan mar sa'n Amearikaanske legerútfeart mei in moaie Fryske flagge oer de kiste dy't dêrnei kreas opteard mei myn neibesteanden nei hûs kin. Dan kin se op feestdagen ek jitris oan my tinke. Yn elk gefal ha wy ús poerbêst fermakke. Moarn moat de freondinne allinnich al wer om 10.00 kuorkebalje. Ik draai my dan noch mar efkes in kear om. Dat liket my better ta...
+ 0 - 0 | § ¶Fjoerwurk
Ien kear per jier op 31 desimber mei der fjoerwurk ôfstutsen wurde. Wy hâlde ús dêr yn it generaal frij aardich oan want bûten dizze lêste wike fan it jier wurdt der hast hielendal nearne knald. It yllegale fjoerwurk is oars yn Belzenlân en Dútslân genôch foar hannen. No wol de polityk ek noch dy iene dei ôfnimme. Der moat spesjale ôfstekplakken komme en der mei daalks allinnich noch mar fan 22.00 oant 02.00 fjoerwurk ôfstutsen wurde. Doe't wy eartiids lyts wiene giene wy al om 19.00 oere nei bûten ta om wat moaie fjoerpylkjes de loft yn te stjoeren. It leafst hiene wy fan dy parasjutepylkjes sadat wy letter ús legopopkes mei de parasjútsjes fan de trep soademiterje koene. Net hiel folle letter giene wy dan op bêd. No wol de regearing dit dus foarkomme en moat de bern it sûnder fjoerwurk dwaan wêrtroch't de boaze geesten frij spul krije. In oare mooglikheid soe fansels wêze om de bern langer op te hâlden. Wannear't it dochs de bedoeling is om it fjoerwurk te beheinen dan kin it ek wol allinnich tusken 24.00 en 01.00 tastien wurde. Ach, salang at de plysjes noch stake makket it ek net folle út wat it regear bepraat...+ 0 - 0 | § ¶It spinnemantsje is hast útskiten
Hjoed haw ik mei de freondinne Spiderman 3 sjoen. Ik moat sizze dat dizze ôflevering my wat ôf foel. De earste twa ôfleverings wiene noch ienichsins foar te stellen mar no giene hja wurklik oer de top mei de sânman en it swarte ding út de romte. Wat my oanbelanget hoecht der dan ek gjin part 4 mear te ferskinen.+ 0 - 0 | § ¶VVVFeestje (mei in nassale stomme n)
Nei't wy sneon de moaiste wedstryd fan it ôfrûne seisoen oant no ta sjoen hiene, moaier sels dan de 9-0 dy't troch it gedonder om Alves en de ferlerne UEFAcup-wedstryd net echt útgroeie woe tot in echt moai feestje, koe it hjoed fansels allinnich mar tsjinfalle. VVV kaam op besite yn it Abe Lenstrastadion en ik wie der moai op 'e tiid by. Doe't ik om efkes oer healwei sânen by de Mc Donalds fan it Fean delkaam wie it noch lekker rêstich. Gewoanwei is it op it klaverblêd al drok mar no koe ik sa troch ride. Ek op de parkearplakken by it stadion wie it noch net drok. De wedstryd soe dochs wol trochgean? It die bliken dat ik earne wat ferkearde ynformaasje yn de aginda stean hie. De wedstryd begûn net om 19.30 mar pas om 20.00. No ja, sa koe ik efkes moai in praatsje meitsje mei ien fan de stewards fan it Fean. As tydlik BF'er koe er my fansels al fan de Rottevalster nijjiersdûk. Net folle letter kamen der wat mear minsken it stadion yn en sa wie it dochs wer folle bak. De VVV mannen hiene de grutte trije op in lyk spul hâlden dat hjoed woene hja fansels wer foar in stunt soargje. Mei Amrabat foarop makken sy it de Feansters de earste 20 minuten ek wol lestich. Sa balfêst at de Feansters tsjin AZ wiene, sa stiene de Venloënaren no ús de bal ôf te pakken mar nei 20 minuten herpakten wy ús. Dêrnei waard VVV mei prachtich fuotbal in oare lang it bosk yn spile. Wy ha no net mear ien spits dy't 30 goals makket mar wy ha no 5 man dy't der faaks 20 per persoan meitsje sille dit seisoen. Bradley, Sibon, Poulsen, Pranjic en tèrètètètè tèrètètètè tèrètètètè Sulejmani dy't bynammen ek yndruk makke troch ek in oar, Sibon yn dit gefal, in goaltsje te gunnen. Wy ha no in ploech stean dy't foar elkoar troch it fjoer gean wol en dy't elkoar it ljocht yn de eagen gunt. It wie dan ek net mear dan terjochte dat ús kootzj Gert Jan Verbeek efkes in hert ûnder de riem stutsen waard. Wy ha him by dizze foardroegen foar Oranje. Van Gaal hat ommers wol bewezen dêr noch net klear foar te wêzen en Foppe mei net fan de frou...+ 0 - 0 | § ¶Tink om it opstapke
Wannear't ik op dit stuit ús âlde púndyk by del sjoch dan falt my in pear saken op. Sa hawwe wy sûnt koart al wer in stoeprâne oan ien kant. It nivo fan de nije wei is allinnich wol in stik leger wurden. Ofgeande op de hichte fan de putten, dy't no noch in klinkerhichte boppe de dyk útstekke en dus net folle bydrage oan de wetterhúshâlding fan dit momint, sakket de dyk inkelde tsientallen sintimeters. No moat ús tegeltúntsje dochs noch efkes oppenij ynrjochte wurde mar der sil dus in flink hichteferskil oerwûn wurde moatte. De postbesteller kin dan ek mar oan it sparjen foar in pear berchskuonnen. Der bin ek al in stikmannich stroomtriedsjes oanbrocht lâns de dyk en sa liket it der op dat de grutte lantearnepeal foar ús hûs ferdwine sil. Dat is ek net ferkeard fansels...+ 0 - 0 | § ¶Ferwende berntsjes
De Grinzers begjinne hieltyd mear te lykjen op lyts Hearrenfean. Yn neifolging fan ús ha hja earst ek in nij, mar lytser, stadion boud. Dêrneist ha se ek in kootzj oansteld dy't op duraselbatterijen liket te wurkjen en dy't yn neifolging fan Foppe no de langst sittende trener is. No ha se yn neifolging fan ús Alves ek al in ferwend mantsje yn de gelederen. Bruno Silva wol net mear foar Grins balje omdat er graach nei Ajax wol. Yn neifolging fan earste man (hoewol't er dat nûmer noch net hat) Vandenbussche hat ek earste man fan Grins, Ron Jans al oanjûn dat er dy Silva net wer hoecht te sjen. Silva sil dan ek wol nei Ajax gean al sil hy grif gjin 20 miljoen opsmite. Wy moat fansels sels ek noch mar sjen dat wy dat krije. It wurdt tiid dat de FIFA, en oars de KNVB, ris optreedt tsjin dizze ferwende berntsjes...+ 0 - 0 | § ¶Champions League
Dêr't de mannen fan Gertjan Verbeek al hast dreame meie fan de foarrondes fan de Champions League bin ik sels al wer in stapke fierder. It hat efkes wat tiid koste mar no ha wy wer in datum foar de kapioenen fan it klaverjassen prikt. Ik mei earst noch wol efkes wat oevenje want myn klaverjasnivo is der de lêste jierren net op foarútgien. Hjir op 'e Rottefalle wurdt ek wol klaverjast mar lit dat no krekt op de selde dei wêze as myn oare hobby, it plúmkejeien. Dat lêste soarget der earder foar dat ik wat kilo's kwyt reitsje dat ik haw der mar foar keazen om tsjin it plúmke oan te slaan ynstee fan it lizzen fan wat kaartsjes. Freed 8 febrewaris sil wy no wer los. Op dizze webloch lêze jim der grif mear oer. Sa net, dan haw ik ferlern...+ 0 - 0 | § ¶OerklAZt
Hjoed hawwe de spilers fan it Hearrenfean sportyf wraak naam op de klup dy't ús eartiidske topskutter Alves al sûnt de simmerfakânsje de kop gek makket. De grutte man efter AZ doarde him op it Fean net iens sjen te litten. Hy keas foar it reedriden. De Fries yn kwestje seach de bui fansels al hingjen want de Feanfans wiene net sa entûsjast oer dizze man dy't mient dat mei jild alles te keap is. Op de tribune waarden dan ek al gau struibryfkes omparte. It ferske dat úteinlik de hitparade op de tribune helle gie sa: "Dirky van AZ, van AZ, van AZ. Dirky van AZ die wil een prijs boven zijn bed. Geld heeft hij, geld heeft hij, hij heeft een hele hoop. Maar Dirky, maar Dirky, een prijs is niet te koop!". Dit alles op de bekende wize fan "De sek fan Sinteklaes". De spilers fan it Fean wiene dizze kear ek fan in oare planeet. AZ koe de bal net lang yn de ploech hâlde en al nei 2 minuten krigen wy it earste kadootsje fan de spilers fan Van Gaal. Wie it ferline wike noch efter de line dat in spiler de bal tsjin de hân krige, no wie it wol binnen de linen en ek noch yn de sechtjin meter. In strafskop wie it gefolch en nei de ûndúdlikheid by Utert wie no wol dúdlik dat Pranjic dy nimme moast. Sa koe ús feestje nei 2 minuten al net mear stikken want syn Panenka gie moai oer âld Hearrenfeandoelman Waterman hinne. Net folle letter waard it feestje kompleet doe't de einstân fan 4-0 op it skerm kaam. Rot op en nim dy Alves mei songen de Feanfans en ek Louis van Gaal moast op de parsekonferinsje tajaan dat se folslein fuortspile wiene. Dat mei ek wol yn de krante want meastentiids bin de mannen fan Van Gaal better, ek by ferlies...+ 0 - 0 | § ¶Gjin boer en ek net op syk nei in wiif
Heal Nederlân sit alle wiken wer foar de buis om te sjen nei in stel boeren dy't foar de kamera op jacht bin nei in wiif. No kin ik my fan dy boeren fansels wol yntinke dat hja oan de frou wolle. In sopsieder dy't dêrneist noch foar wat aardigheid en mooglik in opfolger soargje kin gun ik de mannen wol fansels. Eartiids woe ik sels ek wol boer wurde. Dat wie yn in tiid noch fier foar dat ik efter de froulju oan siet. No wol ik gjin boer mear wurde en in geweldige frou haw ik ek al. Dochs fyn ik it in bytsje sneu om foar de kamera lykas in soarte fan feekeuring oan de frou te kommen. Ik freegje my dan ek ôf wêrom't de Nederlanner yn sokke grutte oantallen nei dit programma sjen wol. Soe it ek net in bytsje te krijen hawwe mei de ferskraling fan de televyzje yn it algemien want safolle leuks is der hjoed de dei ek net mear op by de kommersjele stjoerders.+ 0 - 0 | § ¶Kabouterkes
Troch it minne waar en de hjir yn ús doarpke opbrutsen dyk wie myn autoke de lêste pear dagen bot ta oan in waskbeurt. Mar omdat dy drekbende hjir foar hûs noch wol efkes oanhâlde sil haw ik it noch mar efkes útsteld. Doe't ik juster wer by de auto kaam wie er in stik skjinner as foarhinne. Ik fûn dat wat apart mar it hie ek bot reind dat ik tocht dat it smoargens der wol ôfreind wêze soe. Ik koe it my fansels al hast net foarstelle mar wat hie der oars barre kinnen? Justerjûn kaam myn skoanheit mei in ferhaal oer de kabouterkes dy't wol hiel aktyf wiene op de buorren. Mochten jim dus in smoarge auto hawwe, set 'm dan efkes by ús yn de bleek del...+ 0 - 0 | § ¶33
Helle foarige wike myn auto al de 200.000 kilometer. Hjoed is it oppenij feest op de buorren want ik haw hjoed myn 33ste jierdei te fieren. No sil ik der dizze kear net in al te grut feest fan meitsje want dat bewarje wy gewoan noch efkes foar it twadde eigen hûs en túnfeest. Dan is it ek wat moaier waar en dan kinne wy fuortdaalks ek efkes it hûndert jierrich bestean fan ús wenning fiere. In echt feest is it foar my op dit stuit noch net want de freondinne hat my wer in ferskaat oan opdrachten jûn. Ik bin mar begûn mei de ôfwask. Sûnt wy in ôfwaskmasine hawwe is dat yn elk gefal noch mar ien druk op de knop...+ 0 - 0 | § ¶Nije flitser op de rûnwei fan Grins
No't de plysjes stake en hja dus gjin bekeurings foar oertredinkjes fan niks útskriuwe krijt de oerheid gâns minder jild binnen. Om de ynstream fan hurde faluta oppenij te garrandearjen ha se in nije flitspeal betocht. Yn Drachten stiet der al in skoftke sa'n ien tusken de Folgeren en de Jumbo. In grutte 4 meter hege sigaar yn in moai grien skutkleurke dy't syn oanwêzichheid nei oare weibrûkers net langer kenber makket mei in opfallende flits mar dy't stikem in ynfrareadfotoke fan jo nûmerboerd makket. No seach ik fannemiddei tafallich dat der op de rûnwei tusken it Julianaplein en it Europaplein ek sa'n kring oprjochte wurdt. It gemene oan dizze peal is dat er flak nei dy oare bekende rakker stiet. In protte automobilisten dy by it Julianaplein rjochting it Europaplein net te bot oplûke mar nei't hja it grize kastke foarby binne wat gas by jouwe sille ynkoarten de bekeurings wol thús krije. Jim bin by dizze warskôge...+ 0 - 0 | § ¶Bestel snel by tel sell
Foar safier't ik wit is Tel Sell oer de kop mar by UPC bin se dêr seker noch net hielendal efter kaam. Ik seach krekt doe't ik oan it seppen wie mei de ôfstânsbetsjinning noch wer de Fresh air globe foarby kommen. Sa'n alleraardichst leuk fiskomke sûnder fisk der yn dy't jo de lucht yn hûs himmelt. Faaks wie soks foar Vroomshoop noch wol in útkomst west. Ik haw sels trouwens ek op it punt stien om nei Vroomshoop ôf te reizgjen want myn auto is wol ta oan in poetsbeurt.+ 0 - 0 | § ¶Goeiemoogle
Op de webside www.goeiemoogle.nl kinst in webside opjaan dy't dan troch de goeiemooglemangel helle wurdt wêrnei't der in side ûntstiet alla dy fan Vistransploft Willep de Vriep. It liket wol of ha se de spitsen fan it Hearrenfean ek troch dizze goeiemoogle helle want dit is no al wer de twadde strafskop dy't mist wurden is troch ien fan ús superspitsen.+ 0 - 0 | § ¶Buorrels
Justerjûn hiene wy fan de ûndernimmersferiening fan de Rottefalle, de RIHA, in nijjiersbuorrel. Ik sit sels yn it bestjoer dat ik moast dêr op tiid wêze mar dat slagge fansels mar wer heal. Uteinlik wie ik der dochs noch foar acht oere en sa koene wy yn it paviljoen oan de Leyen in moai keppeltsje minsken lokwinskje. Nei in iepeningswurdsje fan ús foarsitter Wiebe lei Mascha efkes wat út oer de plannen fan ús bestjoer nei de takomst ta. Dêrnei mocht ik de nije webside presintearje. Op www.rottevalle.biz fine jim no in platfoarm foar de lokale ûndernimmers fan ús skoandere doarpke. Dêrmei besykje wy ús leden op de kaart te setten. Nei dizze presintaasje spile it entûsjaste duo Michiel en Sytske noch in ferskaat oan prachtige ferskes. Ik haw mei ferskate potinsjele leden sprutsen want wy hiene alle ûndernimmers útnoege en bynammen fan it nije bedriuweterrein oan de Ambachtsloane kamen ferskate nije bedriuwkes opdaachjen. Troch de floeibere geselligens haw ik sels noch net krekt foar eagen wa't no al lid wurden binne mar ik haw begrepen dat wy der sûnt fannemoarn betiid wer 5 nije leden by hawwe. Dat bin fansels positive berjochten.Nei't wy efkes lekker útsliepen hawwe mochten wy fannemiddei alwer oanrukke foar in buorrel. Dizze kear wie it doarpshûs ôfhierd troch de buertferiening De Buorren. It wie wol efkes leuk om te sjen mei wa't je no krekt yn ien strjitte wenje. Elkenien mocht sels drinken meinimme mar de buertferiening hie foar in kâld bufet soarge. It smakke wer poerbêst mar dat is Pier en Mascha fansels ek wol tafertroud. Nei ôfrin ha wy noch in heal pantsje mei mosterdsop mei nei hûs ta naam want der wie wer rojaal genôch...
+ 0 - 0 | § ¶Wer tillefoanysk berikber
Justerjûn bin ik betiid op bêd gien. Ik wie wurch en ik lei dan ek al om 20.30 yn myn nêst. Omdat de tillefoanline dea wie ferwachte ik in goeie nachtrêst mar dat foel wer tsjin. De iene nei de oare skille my op myn mobyl om ús te fertellen dat ús tillefoan it net die. Dêrneist moasten sy net my hawwe mar de freondinne dy't sels ek wol in mobyl hat mar dizze stiet altyd út en is allinne foar needgefallen. Ik leau dat ik wol in kear as trije wekker skille bin. Fannemoarn om in oerke as 13.45 krige ik ynienen wer in tillefoantsje op de mobyl dat trochskeakele waard fanút de saak. Dat betsjutte dus dat de ferbining it wer die. Ik haw doe de monteur mar wer efkes ôfbelle en fiif minuten letter krige ik alwer tillefoan fan de KPN dat se yndie in triedsje kapotskuord hiene. No docht alles it gelokkich wer.+ 0 - 0 | § ¶Gjin tillefoan
Gewoanwei wurde wy net oergryslik faak skille mar it is dochs wol fijn om in eigen fêste line te hawwen. Bynammen foar de saak is dat fansels in needsaak. Doe't ik fannejûn efkes immen skilje woe die bliken dat ik gjin ferbining hie. No kin soks fansels in ferskaat oan redens hawwe mar sjoen it feit dat ik noch wol yntern skilje koe like it my sa ta dat it net oan myn tillefoansintrale lizze koe. Fia in webside fan KPN fûn ik in tillefoannûmer foar stoarings en gelokkich die myn mobile tillefoan it noch wol want oars kinne jo ommers net iens in stoaring trochjaan. Ik haw efkes skille mei in 0800 nûmer en doe koe ik kieze út privee as saaklik. Omdat ik alles op de saak stean haw keas ik fansels foar saaklik en doe krige ik te hearren dat ik in oar nûmer skilje moast en de ferbining waard ferbrutsen. In bytsje klantûnfreonlik fûn ik dat dochs wol want se hiene my dochs ek wol efkes trochskeakelje kint. Mar yn alle gefallen hoege je as saaklikke klant nea lang yn de wacht te stean dus dat skeelt wer. Ik haw se útlein dat myn NT1 kastje gjin grien lampje mear toant en dat der heechstwierskynlik by de graafwurksaamheden wat mis gien is hjir yn de strjitte. No sy soene wol efkes in monteur stjoere dat dy komt ús no moarn wer oansluten. Op dit stuit bin wy dus tillefoanysk min te berikken...+ 0 - 0 | § ¶SASWoensdag
Oer it generaal haw ik it net sa mei Hollânske wurden mar sûnt ik dwaande bin 20 kilo ôf te fallen komt fansels ek Sonja Bakker om de hoeke sjen. Wylst ik al honger krij at ik nei de hoeveelheden dy't Sonja foarskriuwt sjoch krije jo dan fansels automatysk in bytsje lêst fan it SAS gefoel. De saneamde SASDag, de schijt aan Sonja dag, komt dan gauris nei foaren. Sjoen it feit dat it by ús yn de bedriuwskantine op woansdei fiskdei is haw ik de woansdei dan ek mar adoptearre as ien fan myn fêste Sasdagen en dan komme jo fansels al ridlik gau út op Saswoensdag. Dit is fansels net oer te setten yn it Frysk want Saswoansdei liket net op jiskewoansdei en dêrmei is it dus in wurd fan niks. Saswoensdag hâlde wy der yn elk gefal noch wol efkes yn. In nije katolike feestdei...+ 0 - 0 | § ¶200.000
It is altyd wer in bysûnder evenemint wat de measte minsken net al te faak meimeitsje sille. Hjoed kamen alle siferkes fan de kilometerteller fan myn Laguna al wer foar de twadde kear yn beweging. Fan de earste kear koe ik spitigernôch gjin tsjûge wêze want dat wie al wer de noadige jierren en twa eigners tabek. Doe't ik fannejûn werom kaam fan myn wurk en ik krekt de Grins fan Fryslân oer wie sprong om 23.27 by hektometerpealtsje 168,6 op de A7 fanút Grins nei Drachten de teller fan 199.999 nei 200.000 kilometerkes. Dat betsjut dat myn Laguna no offisjeel 5 kear de wrâld omriden is. Ik sels haw no hast trije kwart rûntsje om de wrâld fersoarge. No mar op nei de 300.000 kilometerkes fansels...+ 0 - 0 | § ¶Hulde foar Verbeek
Gertjan Verbeek hat besletten dat er net langer brûk meitsje sil fan de keunsten fan Afonso Alves salang at dy leaver foar in oare klub spylje wol as it Hearrenfean. De stjêr mei stjêrallures kin dêrmei net mear in stimpel drukke op de groep dy't wol fuotbalje wol. Ek krije de oare spitsen no dus it fertrouwen fan Verbeek. In hiele goeie set fansels want ik krige al in tiidsje de yndruk dat ús Alves net mear dy Alves wie fan ferline jier. No wolle dy wolven fan AZ him wer graach hawwe mar lit ús earlik wêze. Soks is dochs op dit stuit gjin ferbettering. Ik bin dan ek hiel benijd wat der by de earstkommende thúswedstryd, tafallich tsjin AZ, barre sil...+ 0 - 0 | § ¶De afûkwinkel
Sa't ik earder al skreaun hie fûn ik it spitich dat de Fryske Suske en Wiske allinnich nei nije ynwenners fan de provinsje gean soe. No is er lykwols dochs te krijen en ek noch foar in hiel skaplik pryske. Foar €4,50 kinst 'm keapje yn de webwinkel fan de Afûk. Fansels haw ik 'm fuortdaalks efkes besteld en omdat ik dochs al wat ferstjoerskosten kwyt wie haw ik dêrneist ek de Fryske taalhelp 2.0 noch mar efkes yn myn winkelkarreke treaun. Mei de Fryske taalhelp krijst in unike kombinaasje fan staveringskontrôle en wurdboekfunksjonaliteit. De beide wurdboeken Frysk - Nederlânsk en Nederlânsk - Frysk hoege no dus net mear út de kast helle te wurden.
+ 0 - 0 | § ¶De Russyske ynfaasje
Myn twa kommuraden út Moskou kamen hjoed efkes del foar in koarte fisite oan ús nije stulpke. Bynammen kommuraad Marcel wie tige benijd nei it troch himsels nei binnen kroade betonflierke. Kommuraad Boele wie moai op tiid en hy hat efkes in hapke mei iten mar Kommuraad Marcel moast earst noch efkes wat saken ôfhandelje yn Utert. Doe't wy him skillen wie er krekt op it Hearrenfean dêr't er de bus pakke soe nei Drachten. Wy mienden dat wy moai op 'e tiid yn Drachten wiene mar dêr wie noch gjin Marcel te sjen fansels. Wat die bliken? Hy wie yn de ferkearde bus nei Drachten stapt en sa fia de Gordyk opwei nei Drachten. It skeelde hast neat as hy wie ek noch fia Moskou riden. Boele en ik hawwe dêrom earst noch mar efkes nei in smulhoekje west op de Kaden. Doe't Marcel úteinlik dochs teplak wie bin wy rap wer nei de Rottefalle flein dêr't Marcel de freondinne ferbliidzje koe mei in pear moaie blomkes, tige tank dêrfoar hearen. In pear fleskes bier letter skille Wouter om te freegjen oft Marcel en Boele al fuort wiene. Dat koe ik net befestigje want hja wiene ommers noch by my. Ik sei dus mar tsjin Wouter dat se hjir noch net west wiene. Net folle letter bin se dochs mar ôfsetten.+ 0 - 0 | § ¶Parys-Dakar giet net troch
Omdat it wat gefaarlik is om troch Mauretaanje te riden hat de organisaasje fan de Parys-Dakar rally besletten om de tocht ôf te blazen. No snap ik net wêrom't it sa'n grut probleem is en ryd efkes om dit lân hinne. Der is ommers genôch sânbak oer. Safolle wurk kin it dochs ek wer net wêze om de rûte in bytsje om te goaien. Mei de alvestêdetocht leit dat fansels efkes oars.
+ 0 - 0 | § ¶20 kilo oan goeie foarnimmens
No't de nijjiersdûk wer efter ús leit kin it isolearjende laachje de kommende moannen wol wer wat minder. Ik haw op nijjiersdei foar de kamera fan Omrop Fryslân sein dat ik wol 20 kilo kwyt wol dat ik sil sjen oft ik my dêr ek oan hâlde kin. Under it wittenskiplik motto "Mjitte is witte" bin ik dan ek mar begûn mei it oantugen fan in skealje. Us âlde skealje wie noch analooch. Op dy skealje woech ik hast neat omdat de wizer de 120 foarby wie en hy al wer sawat tsjin de 0 oan stie. Us nijste oanwinst mjit net allinnich it gewicht mar rekkent dêrneist ek noch it wetter en fetpersintaasje út. Sa kaam ik der dus efter dat ik foar 54% út wetter bestean en foar 28% út fet. Dat bin net echt wearden om grutsk op te wêzen want ik soe eins foar 60% út wetter bestean moatte en foar maksimaal 20% út fet. No ja, wy sil ris sjen at wy der wat oan feroarje kinne. Mei de freondinne doch ik no in soarte fan wedstryd. Sy moat 10 kilo kwyt reitsje en ik 20. Wa't hjir it earst yn slagget hat wûn. Wat dyjinne wûn hat dêr bin wy noch net alhiel oer út.+ 0 - 0 | § ¶Stimwizer foar Amearika
Op www.kieskompas-usa.nl kin krekt as by de Nederlânske ferkiezings in tal stellings beantwurde wurde. Sa kinne jo sels sjen by hokker Amearikaanske presidintskandidaat jo it bêste passe. Ik haw de test efkes dien en sa wit ik no dat ik it bêste op Bill Richardson stimme kin al is Hillary Clinton in goeie nûmer twa. It fierst stean ik ôf fan it gedachtegoed fan Fred Thompson. Dan witte jim dat efkes. Net dat it in soad útmakket fansels want ik mei dochs net meistimme.+ 0 - 0 | § ¶Nijjiersdûk Rottefalle
Fannemiddei moast ik alwer moai op 'e tiid út 'e fearren omdat ik my opjûn hie foar de nijjiersdûk. Om 13.00 soe it plakfine by Paviljoen de Leyen. Doe't ik dêr op it fytske hinne fleach kamen my in bulte autokes foarby dy't allegear de bildreed opdraaiden. Sjoen it feit dat der fierder oan dizze reed net in soad te beleven falt koe it wolris drok wêze by it wetter. Doe't ik hjir en dêr efkes wat minsken in lokkich nijjier tawinske hie moast ik earst in ferklearring ynfolje dat ik meidie foar eigen risiko en dat ik sûn wie. Dat hiene wy by de nijjiersdûk fan Bernlef nea hân. Dêr sprongen wy altyd dûmwei it wetter yn mar hjir wiene fansels minsken mei wat mear ferantwurdlikheidsgefoel by belutsen. Sa wiene der ek twa EHBÛ'ers regele dy't fan betinken wiene dat it tinne flúske iis earst fuorthelle wurde moast. Wy koene ús oars raar snije oan de skerpe stikken iis. Doe't Omrop Fryslân ek noch mei in kamera opdûkte moasten se my fansels ek wer de kamera ûnder de snufferd drukke. Dêr hie ik fansels net op rekkene. Ik leau dat ik sein haw dat ik 20 kilo ôffalle wol. Fierders haw ik elkenien efkes in goed nijjier winske. Doe moasten wy noch dûke fansels. Earst namen wy in oanrin mar omdat de omrop mar mei ien kamera útrukt wie mochten wy noch net it wetter yn. Doe't de kameraman in nije opstelling fûn hie koene wy yn twadde ynstânsje dochs de mar yn drave. Omdat de wâl in bytsje soppich wie en ik net falle woe wie ik net as earste yn it wetter mar ik haw der tink ik wol it fierste yn west. Doe't de foto fan de freondinne net hielendal goed slagge wie haw ik der ek noch in twadde kear yn west om efkes te posearjen by it boardsje dat de foar bern gefaarlikke djipte fan 1,80 oanjout. No sa djip wie it fuort net. Werom op de kant moast de Omrop my oppenij befreegje dat ik sil jûn wol wer foar de tv wêze. It wie in kâlde dûk mar ek wer net hiel ekstreem. Faaks skeelt it dat ik yn de kuolsel wurkje...




