+ 0 - 0 | § ¶Flat soadsje
De toanielferiening fan de Rottefalle spile hjoed it blijspul 'Flat soadsje'. Nei't wy earder al nei de toanielploech fan de kuorbalferiening west hiene moasten wy no fansels ek efkes sjen by de echte toanielferiening. Boppedat is it stik Frysktalich en it doarpshûs leit mar op in stienwoarps ôfstân fan ús hûs. Ik hie al kaarten helle yn de foarferkeap want it soe drok wurde sa wie foarspeld. Doe't wy de seal fan it tiksel binnen kamen siet it yndie al frijwat fol. Healwei de seal koene wy noch krekt neist elkoar sitte oan de sydkant. It wie in fleurich stik mei hjir en dêr sels noch in fleuchje sêfte porno. In jonge sjippesearjeaktrise yn spee moast op in appartementekompleks passe. Doe't der immen by de doar kaam die hja har foar as de eigner fan it appartement. Dêrbei barde der fan alles. Tusken de bedriuwen troch wûn ik mei de ferlotting noch in moai stikje kearsfet mei lont. Altyd handich yn in tiid fan stroomsteurings en gaslekken. Nei ôfrin ha wy noch efkes koart mei wat minsken praat mar nei in lange wurkwike wiene wy ek wol wurch genôch om nei hûs te gean. Foar de leafhawwers fan Frysk toaniel, it stik wurdt moarn jitris opfierd.
+ 0 - 0 | § ¶Nûmerdomeinen
Sûnt hjoed is it mooglik om in .nl domeinnamme mei allinnich nûmers te brûken. It bedriuw 9292 reisynformaasje wie ien fan de minsken dy't graach sa'n namme woe. In pear jier ferlyn haw ik fia in trúkje de Fryske band Jitiizer al oan it domein www.117.nl holpen mar oare kombinaasjes fan mear as trije nûmers wiene net mooglik. Sûnt hjoed is dat dus oars. Jo kinne jo eigen geboartedatum, troudatum of favorite nûmer fan no ôf oanfreegje fia in dielnimmer fan SIDN. Sjoen it feit dat ik dat sels ek bin kin jim dus op
www.thaeke.com terjochte foar al jim oanfragen...
+ 0 - 0 | § ¶Kûtpine
Ferline wike haw ik my wat te bot ynsetten by it plúmkejeien. Ik hie doe wat lêst fan stive kûten. Hjoed haw ik mysels dêrmei de genadeklap jûn. It wie hjoed wer in tosjûn wêrby't de yndieling fan de wedstriden makke wurdt troch immen fan de klup. Ik waard dêrby koppele oan in pear toppers wêrûnder ús trener. Fansels wolle jo dan jo bêst dwaan en wêr mooglik noch in stapke hurder. Dat lêste hat my úteinlik foar it ein fan de wedstryd nei de kant krigen. By in uterste poging om it plúmke noch fuort te krijen skeat it my yn it kût. Wat der krekt oan de hân is wit ik noch net mar ik haw yn elk gefal krekt noch mar efkes by skoanheit oan west foar wat tigerbalsum. No mar hope dat it gewoan kramp wie en dat ik net in spierke kapot skuort haw...
+ 0 - 0 | § ¶Fitna
De
film fan Geert Wilders wurdt oant no ta noch troch gjin inkelde omrop útstjoerd. Dêr't BNN wol in soad minsken wit te reitsjen mei harren pornofilmke mei yn it foar in lange dokumintêre lykje hja net ree en lit Geert syn gong gean. Faaks soe it in kâns wêze foar de Nederlânske Moslimomrop om ek ris wat sjoggers te krijen. My tinkt dat de film fan Geert op in gaadlik tiidstip de njoggen miljoen sjoggers fan Peter R. de Vries wol yn it skaad stean litte sil. Nei de útstjoering soene dan ferskate moslimpartijen live yn debat gean kinne mei Geert Wilders om sa de minsken yn ús lân fan syn ûngelyk te oertsjûgjen...
+ 0 - 0 | § ¶Stokslobberje
Dêr't yn de nacht fan sneon op snein al 907.000 sjoggers opbleaun wiene foar de troch de publike omrop op it skerm brochte stokslobberfilm Deep Throat kin der no 907.001 fan makke wurde. Ik hie de film efkes opnaam. Net op in moderne hurde skiif opnimmer mar gewoan op in âlderwetske fideobân. Ik fûn it útgongspunt fan de film wol grappich en ek sieten der grapkes yn de film dy't yn De Kameleon sjocht yn it waar II net misstean soene mar om no te sizzen dat de film ek die wêr't er foar bedoeld wie? De faak rare kamerastandpunten koene my net echt hyt krije. Dat der yn elk gefal wol fraach is nei wat fermaak op de lette jûn mei dúdlik wêze. Fansels hie Peter R. mei syn komafingerteeps tsien kear safolle minsken lutsen mar dat wie op in gaadlikker tiidstip. Dat der fraach nei porno is mei dúdlik wêze. Jo hoege jûns let mar wat oer de kommersjele stjoerders te swalkjen en de hite froulju sitte al foar jo oan de tillefoan. Wat dat oanbelanget hat BNN in merk oanboard dy't oant no ta sawol troch de publike as troch de kommersjele omroppen noch net oanboarre waard. Kommende sneon mar wer ien, en dan wat resinter...
+ 0 - 0 | § ¶Damnec
Nei twa útwedstriden op rige wie it wol wer ris tiid dat wy de moaist fuotbaljende klup fan Nederlân yn it Fryske haachje spyljen sjen koene. Thús tsjin NEC betsjut fansels trije punten en in bytsje wurkje oan it doelsaldo sa hiene wy yn it foar betocht. Likernôch hiene de spilers fan it Fean it selde idee en namen hja yn earste ynstânsje faaks wat te maklik de taak op harren. It publyk like dat ek wat oan te fielen want ûnder oanfiering fan in 'kapo', in iritant razerke mei in megafoan, kaam de sfear mar net echt op gong. Yn alle gefallen wie it wol Hearrenfean dat rap op foarsprong kaam troch in knal fan Pranjic op de krusing dy't dêrnei ienfâldich troch Roy Beerens yntikke wurde koe. Wy sieten wer op roazen fansels. Dat it gjin tamme roazen wiene die al gau bliken want net folle letter moast doelman Bryan Vandenbussche kieze tusken útkomme as stean bliuwe. Hy keas lykas altyd foar it earste dat hy fleach op de bal ôf mar de spiler fan NEC wie der in fraksje earder en sa waard ús goalidoal de bal tsjin de hân spile. Jol luts him fuort de reade kaart út de bûse. Troch dizze tsjinfaller moast ús twadde doelman Rob, 'De ôfslútdyk', van Dijk yn it fjild komme mar ja, dan moat der dus ek noch ien út. De man fan de ienige goal oant dat stuit, Roy Beerens, waard it slachtoffer. Mei 10 man like ús alvetal wer ta te kommen oan ús fertroude nivo. Wy spilen NEC hielendal fuort en net folle letter koe ús eigen superFries Geert Arend Roorda ek syn earste goal meitsje foar it earste alvetal fan it Hearrenfean. Dêrmei wiene it fansels twa bysûndere goals want wie dy fan Geert Arend de earste sûnt tiden makke troch in Fries, dy fan Roy Beerens earder yn de wedstryd betsjutte in ferbettering fan it kluprekôr, en dat mei noch 8 wedstriden te gean. Mei rêst stiene wy dan ek moai mei 2-0 foar en der like neat oan de hân. Nei rêst waard it rap in stikje minder. Sa krigen de NECneukers wer in bytsje hoop troch de 2-1 en net folle letter waard it ek noch troch in bytsje in nuvere blunder 2-2. Doe't wy úteinlik hast tefreden wiene mei in punt krigen de Nijmegenaren noch in frije traap. Yn de blessuretiid krigen wy sa sels it necskot. Mei in drege rige wedstriden foar de doar, earst tsjin 5 konkurinten en dan noch tsjin 3 degradaasjekandidaten is it fyfde plakje no ynienen noch in ein fuort. Al hawwe wy fansels mei wedstriden yn it foarútsjoch tsjin NAC, GRINS en ajax noch wol alle kaarten yn eigen hân...
+ 0 - 0 | § ¶Net te hâlden
Wylst ik leaver efkes ôfwachtsje oant de nije dyk, de nije stoepe, de nije riolearing en de nije strjitlantearnen pleatst binne hat myn freondinne al hielendal de holle by ús nije tún mei terras. Sa moat der in protte grûn ferset wurde en sy wol de boppelaach fan ús gersfjildsje ôf hawwe omdat dizze fol mei spikers, glês en oare rotsoai liket te sitten. As in gek hat sy de karre fan har heit hielendal fol skept mei seadden om sa in plakje te meitsjen foar ús terras mei útsjoch op in noch net foltôge renovaasjeprojekt en yn de lijte fan de twa grutte stiennen loadsen fan it eartiidske meubelfabryk. Ik wachtsje leaver mei it oanlizzen fan de tún oant ek it fabryk by ús thús it leadsje lein hat. Dan kin wy de tún yn ien kear oanpakke...
+ 0 - 0 | § ¶Net mear yn de rige

Fannemiddei om 12.00 gie de kaartferkeap foar de wedstryd Grins - Hearrenfean los. Sûnt koart kin no fia ynternet de kaartsjes al ien dei earder kocht wurde as yn de winkels by de tickutboks. Ik hie my fansels al in skoftsje ferlyn registrearje litten dat ik koe no sa ynlogge en om efkes foar 12.00 wie ik op de side. It duorre noch efkes in pear tellen mar doe't de ferwizing aktyf waard haw ik rap myn kaartsje besteld. No miende ik dat ik by it oanmeitsjen fan myn akount al de gegevens fan myn klupkaart yntikt hie. Ik moast it hjir jitris dwaan yn elk gefal. Net folle letter, ik tink om 12.05, wie ik de eigner fan in kaart foar eigen ferfier. Dizze kaart sil my tastjoerd wurde haw ik begrepen. Ik bin benijd wannear't er komt. Ik haw der yn elk gefal sin yn. Earst efkes lekker yndrinke op de soas fan
Bernlef en dat nei it balskoppen om dêrnei nei alle gedachten noch wer efkes lekker út te drinken op dy selde soas fan Bernlef.
+ 0 - 0 | § ¶Pink(p)op?
Hjoed krige ik te hearren dat de kampingkaarten foar
Pinkpop folslein útferkocht wiene. Ik haw dan ek mar efkes mei Jellie skille om te hifkjen oft it slagge wie en besoargje my ien fan dy 40.000 kaartsjes. Spitigernôch hie Jellie wat problemen hân mei har pinpaske en wy fisken dus efter it net. Ik haw fuort mar efkes op
merkpleats.nl sjoen en dêr wie al in levendige hannel yn kaarten op gong kaam. De kaarten dy't oarspronklik al 129 euro kosten wiene hast in kear oer de kop gien. Ferskate ticketburokes hiene kaarten foar 200,- yn de oanbieding en dat giet my persoanlik fierstente mâl. Ik haw no noch efkes in bod dien op 3 kaarten sadat ek Hein en Jellie noch mei kinne mar it is noch efkes ôfwachtsjen oft it wat wurdt...

+ 0 - 0 | § ¶Nea ferlern mar dochs kânsleas
Myn plúmkejeiersferiening
BC Drachten hie hjoed wer in toernoai organisearre. No wie ik fansels al in bytsje op de hichte dat dizze toernoaien in wat oare opset hiene dan dat ik wend wie. De foarige kear dat ik mei die wie it net dyjinne mei de measte punten dy't mei de priis nei hûs koe mar it wiene spilers dy't wat bysûnders presteard hiene mei de punten. Dizze kear gie it noch wer wat oars. By binnenkomst moasten wy in nûmer tusken nul en âlve op in bryfke skriuwe. Dêrnei lutsen wy in kaart dy't ús oan in bepaalde baan koppelde. By winst skode it winnende tiem in baan nei rjochts en giene de ferliezers nei lofts. De maat waard dan automatysk ek noch de tsjinstander yn de nije partij. Sa rekken de goeie spilers hieltyd op in heger baannûmer en de wat minderen krigen ek in tsjinstander fan it selde nivo op in wat leger baannûmer. Doe't ik in bytsje op dreef kaam wist ik de earste pear partijen nei my ta te lûken en sa bedarre ik op baan ien. Mar troch dat der mar 14 froulju wiene en 26 manlju bleau der op baan ien mar ien frou stean. Ik haw doe mei dizze frou spile en wûnder boven wûnder koene wy it ek noch op in gelykspul hâlde. Doe wie it pauze en moasten wy oppenij lotsje. Ik haw alle partijen wûn mar trochdat ik úteinlik net op de meast ynfolle baannûmers stie hie ik dochs gjin priis. No koe my dy priis fansels ek net sa folle skele want ik koe mei in goed gefoel nei hûs ta. In flinke spierpine yn myn rjochterkût joech wol oan dat ik my maksimaal ynspant hie. It wie in moaie plúmkejeiersjûn...
+ 0 - 0 | § ¶Fia Ruslân nei Japan
Us Russyske emigrant Marcel stie hjoed efkes by my op de stoepe. Hy is dwaande mei it organisearjen fan
reiskes nei Ruslân en dêr woe hy graach efkes wat foar meitsje op myn kompjûter. No woe ik fansels de beroerdste net wêze mar krekt foardat Marcel by my foar de doar stie lutsen de mannen fan de riolearing hjir yn de strjitte de stroomkabel stikken. Nei't al earder de gaslieding, de wetterlieding en de tillefoankabel beliis jaan moasten stiet no neffens my allinnich de kabeltelevyzje noch op de nominaasje. Sûnder stroom binne wy yn dit lân aardich lyts man sa docht bliken. Ik krij dan ek al meilied mei de minsken yn de Bommelderwaard. Wy hawwe mar trije oerkes sûnder sitten wylst sy trije dagen neat dwaan koene. Faaks kin it dochs gjin kwea en skarrelje noch ris earne in generatorke op. Yn alle gefallen koene wy neat wurde mei myn rekkenreau dat wy bin mar efkes ôfset nei Grins. Op de soas waard it reispapier fierder klear makke foar de kopiearwinkel. Omdat it dochs al frijwat let wie en ik foar it iten soargje soe haw ik de freondinne mar efkes skille. Sa hawwe wy tegearre iten by
Wagamama oan de fiskmerk. Yn dit wat Jappansk oandwaand restaurant gie alles krekt efkes wat oars as by oare restaurants. Yn in relatyf romme en skjinne omjouwing mei in iepen keuken dy't troch in soarte fan hege bar in bytsje út it sicht lei koene wy ferskate Jappanske spesjaliteiten bestelle. Foargerjochten hiene hja net mar der koene wol ferskate bygerjochten klear makke wurde. It waard allegear flot klear makke en sa koene wy al nei in minút as tsien begjinne mei ús miel. Nei goed in heal oere hiene wy ús miel al wer op en dat smakke toch seker net ferkeard. De wagamama sit dêrmei in bytsje tusken in snackbar en in restaurant yn. Wat op de kaart stiet is kulinêr seker ferantwurde mar it wurdt sa rap klear makke dat it faaks ek ûnder it rapiten (fastfood) falt. Hoewol't wy genôch hân hiene lei it ek net as in blok op de mage. Dit restaurant sil wat dat oanbelanget seker noch wol ris troch my besocht wurde yn de takomst.
+ 0 - 0 | § ¶Pinkpop
Nei't ik earder al in eameltsje krigen hie fan Martha oft der ek ynteresse wie om mei in groep nei
Pinkpop te gean haw ik juster besletten dat it dochs mar wêze moat. Jellie sil efkes besykje in pear wykeinkaartsjes te regeljen en mei in bytsje gelok krije wy dan myn legertintsje fol mei feestfolk mei dy kant op. Yn alle gefallen is der wol in aardige programmearing mei û.o. Metallica dy't ik fansels sûnt myn Beavis en Butt-headtiid altyd noch wol in kear sjen wol. It kost in pear sinten mar at it waar in bytsje geunstich is kin it wol ris hiel smûk wurde.

+ 0 - 0 | § ¶Aldledefeest
Wy wiene fannemoarn wer moai op tiid thús. It wie hast âlderwetsk let, krekt lykas doe't wy noch yn Grins wennen. Juster wie dan ek in tige gesellige jûn mei in moaie kloft âldleden. Der wiene lykas ferwachte mar in hantsje fol dy't har oanpast hiene oan it tema mar it soaske wie yn alle gefallen wer goed fol. Wy ha efkes gesellich mei minsken praten en doe die bliken dat der noch in moai nustje minsken aardich op de hichte wiene fan ús dwaan en litten. Mei oare wurden, der wiene aardich wat lêzers fan myn weblochje. Sels âld-foarsitter Siebren Marten de Boer, de foarsitter dy't my ynaugureard hat, wie efkes oerflein út Sweden. De Dies sil er misse moatte om't syn frou dan smite moat dat hy woe der no al efkes by wêze. Hy wie bot teloarsteld dat syn omkesizzers gjin Frysk praten en dêr kin ik fansels yn komme. Ik sil by my wol net folle oars wurde trouwens. Myn skoansus wennet yn Rotterdam en myn suske yn Goor. No hat dy lêste fansels noch gjin bern mar wa wit komt it der noch in kear fan. Yn elk gefal die bliken dat der hieltyd mear heiten en memmen fan ús generaasje omstapten by Bernlef. Faaks moat wy dochs ek ris wat mear ús bêst dwaan...
+ 0 - 0 | § ¶El Pacho Drachten
Hoewol't ik eins graach efkes op de soas fan Bernlef de wedstryd fan it Fean tsjin Heracles sjen woe moatte jo soms wat konsesjes dwaan. Hjoed dus net fuortdaalks nei Grins ta foar it âldledefeest mar earst efkes mei de
kuorbalklup fan de freondinne op stap yn Drachten. Us reisdoel wie
El Pacho, it Meksikaansk restaurant dat ek wol op oare plakken (sels yn Dearsum) in festiging hat. Wy wiene mei in aardige groep want it wie in komby-útstapke fan sawol de midwike as it fjirde. Op de hearlik sittende krukjes namen wy plak oan twa lange tafels. Doe't ek de fytsers te plak wiene koe it feest begjinne. Ik woe fansels in echt Meksikaansk drankje ha dat úteinlik belâne ik oan in Tequila dy't mei wat sâlt en in limoentsje rap fuort wie. Dêrnei mar in read wyntsje om fan de toarst ôf te kommen. No wie dat in hiele toer want ús earste gong wie in bakje jirpelsop dêr't neffens guon lju de sâltpot yn fallen wie. It wie yndie frijwat sâlt mar ik haw der dochs mar twa kopkes fol fan hân. Mei in broadsje mei krekt wat te folle fan in ûnbekende mar frisse reade supstânsje wie it goed út te hâlden. Dêrnei kamen de liflafjes dy't op in grutte tafel foar ús klear stiene. It wie in soad rinnend bufet. Omdat de man tsjin oer my oan de miksdrankjes gie like it my ek wol wat ta en besykje ris wat út. De mikskes wiene oars nouliks djoerder as it Meksikaanske bier of de enoarme grutte glêzen normaal bier. It smakke allegear wol goed en ek de hapkes koene my wol bekoare. Doe't wy by it haadgerjocht kamen giene de deksels fan de waarmhâldskalen en sa koene wy noch genietsje fan meardere soarten fleis. Der wiene guon dy't it fleis leaver wat waarmer hân hiene. Ek hie der foar guon wat mear griente by mochten mar ik haw my goed fermakke mei de lekkere stikjes fleis. Oan it ein fan de rit koe der ek noch flink wat iis op it board. Ik siet aardich fol fan dit alles al wie de beurs der al aardich leger fan wurden. Yn elk gefal mankearde der neat oan de boaium dy't my de rest fan de jûn noch troch helpe moat op it âldledefeest. Ien lyts domperke wie der fansels al. De mannen fan Verbeek koene it yn Almelo net rêde en hâld de foarsprong fêst. Mei 2-2 moasten wy genoegen nimme mei in punt. PSV kin dêrmei de titel hast net mear ûntgean. Wy moat no mar mikke op in plakje by de earste twa...
+ 0 - 0 | § ¶Analooch Frysk hekwurk
Nei't earder al de webside fan ús Rottefalster
toanielklup slachtoffer wie fan in Turkse hacker is der no ek in analooch Frysk hekkerstiem. It binne de mannen fan
Strawelte, de punkrockers fan krekt foar myn Fryske muzyktiid, dy't wer wat fan harren hearre litte. Sy hawwe de iepening fan harren nije webside oangrepen om it bedriuw dat de side makke hat efkes op in ludike manier te hekken. Ik kin Strawelte net fan harren optredens mar de kompakt skiif Greatest tits hawwe wy by Bernlef yn it ferline wol griis draaid. Wy ha it dan fansels oer de tiid dat der noch minder as tsien kompakt skyfkes op de soas leine. Letter is dizze skiif, dy't op dit stuit net mear te krijen is, op misterieuse wize ferdwûn. Hy leit grif by in leafhawwer yn de kast al hoop ik al dat dizze leafhawwer der net in soad wille fan hat no't er as dief fan Bernlef troch it libben moat. Op
www.fryskemp3.nl stean in moai nustje fan de nûmers fan Strawelte dy't jim delhelje kinne...

+ 0 - 0 | § ¶De sândyk foarby
De sândyk feroaret stadichwei oan wer yn in echte dyk. Hjoed binne de strjitlizzers yn elk gefal it krúspunt foar ús hûs foarby kaam dat wy ha no útsjoch op in moaie reade klinkerdyk. Dat is fansels al in hiele ferbettering mei de âlde sândyk, de âlde púndyk en de betonwei dy't der earst lei. Fansels kinne wy noch net oer de dyk hinne ride omdat de wei hjir nei ta der noch net yn leit. Ek stean hjir en dêr noch grutte boarden foar dy't besykje de ynwenners en harren weinen op te kearen.

+ 0 - 0 | § ¶Jelle kompetysje?
Yn Grins diene wy oan it ein fan it jier altyd mei oan de rekreantekompetysje fan it plúmkejeien. Mar no't ik by de BC Drachten ûnderdak fûn haw is der wer in oare kompetysje dêr't ik my foar ynskreaun haw. Ik leau dat it de namme Jelle-kompetysje krigen hat. Wat it krekt ynhâld wit ik noch net mar der sil in yndieling makke wurde en dan spylje der ferskate tiems fan de BC Drachten tsjin elkoar. It liket my yn alle gefallen hiel leuk om wer ris fûl striidzjend it plúmke oer it net te jeien. No mar ôfwachtsje by wa't it bestjoer my yndiele sil. Ik hoop op in soad sterke tsjinstanners...
+ 0 - 0 | § ¶Noch in renovaasje
Nei't ús hûs al in aardige ekstreme opknapbeurt hân hie wie it hjoed de tiid foar ien fan de bewenners (ik dus). Myn mûle hat wol wat wei fan ús hûske en net allinnich oangeande it formaat. Ek wat it ûnderhâld oanbelanget lykje wy frijwat op inoar. De restoraasje hat ek in protte oerienkomsten. Sa is by beide ûnder begûn en wurdt dat earst moai makke. Der is noch in lange wei te gean mar ik haw de ôfslach fûn...
+ 0 - 0 | § ¶Lost 4
Ik wit it noch net hielendal seker mar feit is wol dat 13 april op in snein falt. Sjoen it feit dat seisoen trije al hielendal útsjoerd wurden is liket it my ta dat wy oan nûmerke 4 ta binne. Freonen dy't it al fia ynternet sjoen hawwe wiene wer tige entûsjast oer de nije ferhaallinen mar ik wol eins alles sels útfine. Dat makket it in stik spannender. Mooglik giet seisoen 4 dus fan start op snein 13 april.

+ 0 - 0 | § ¶Fyts - Tsjerke
Juster haw ik by de tsjerketsjinst west fan it houlik fan Dick Welfing en Martine Bakker. Martine skyn ik te kennen fan it spikerslaan. Sy koe my wol yn elk gefal mar Dick kin ik yn elk gefal al wat langer. Yn de tiid fan de Fryske kameleonfilm haw ik gauris mei Dick yn ien fan syn Citroëns nei in foarstelling west. Dick is in echte autogek mei in fasinaasje foar de Citroën. Op in gegeven moment hie er wol in stik as fiif fan dy kringen dat wannear't wy ferfier nedich hiene wisten wy wêr't wy wêze moasten. Dat Dick leaude wie algemien bekend dus dat er yn it tsjerke trouwe soe wie ek net al te apart fansels. Yn de moderne refajahtsjerke yn Grins, dy't ik noch krekt op tiid berikke koe, trof ik in moai nustje (âld) Bernleffers oan. Ek wie de folsleine mienskip útrûn om dit feestje mei te fieren. De tsjerke siet oan de harsens ta fol. Neist de bibel hat Bernlef ek noch wol wat ynfloed hân op Dick sa die bliken want der waard ek noch in Frysk ferske songen. Dêrneist wie it fansels ek in bytsje in promoasjekampanje om my as net sa folle leauwend persoan wer by de les te krijen. Mei in moai grut skerm dat my oppenij tinken die oan de Kameleonfilm wie der in filmke makke. Nei in wat serieus begjin koe de tsjinst dochs úteinlik swingend ôfsletten wurde wêrby't mannich hantsjes de loft yn giene. De minsken om my hinne hiene goed oevene op de ferskes dy't my fierder net as bekend yn de earen klonken. Dick hat der yn elk gefal in moaie swingende bruid oan oerhâlden. It moaiste ferhaal wie fansels dat Martine Dick in kear út syn auto wei krigen hie om sa op it fytske nei de dûmny ta te gean. In hiele prestaasje hoewol't it lykwols ek in hiele prestaasje is om my nei it tsjerke ta te krijen. Spitigernôch hat PSV doelman Gomes nei alle gedachten krekt wat hurder bidden as my want hy wie wer oppermachtich en koe sa it Fean op 1-1 hâlde...
+ 0 - 0 | § ¶Champions League by Dorien
Fanút de keamer fan Jarig Sipma bin ik oan it bykommen fan in jûntsje klaverjassen op nivo sa't ik dat lang net mear spile haw. Mei de nûmer 1-4 fan de Bernlefkompetysje hawwe wy sa no en dan wer in (yn)spannende pot. Nei't ik myn auto by Jarig foar de doar parkeard hie hawwe wy earst mar efkes in bearenburchje naam. Dat wol sizze, ik naam in bearenburchje mei sân-omheech en Jarig in Sonnema mei kola. Dêrnei ha wy Jellie ophelle wêrby't sy my yn in sucht en in skeet ek noch efkes har hiele hûs sjen litten hat. It die bliken dat Jellie noch altyd wol in leafhawwer fan Hein(eken) is want de thústaap stie op tafel. Doe nei Dorien ta dêr't wy mei Lasagna earst in goeie boaium krigen. It foardiel fan Lasagna is fansels dat it út laachjes opboud wurdt wêrtroch't ek de boaium út laachjes bestiet. Doe koe oppenij de flesse iepen en de kaarten waarden skodde. It gie my net sa hiele gekke raar ôf moat ik sizze. Sa helle ik efterienfolgens: 1921, 1699, 1389, 1944, 2054 en 1448 punten. De beide mindere potten spile ik mei Jellie dy't hjoed alles ferlern hat. Mei de altyd deeglik kaartsjende Dorien helle ik twa kear 1900+ en mei Jarig dy't tige ûnfoarspelbaar út de hoeke komt helle ik de heechste skoare fan 2054 punten. Oan it ein fan de rit bin ik op elkenien útrûn, Dorien is op Jarig útrûn mar Jarig koe al Jellie efkes foarby gean yn it klassement. De lêste partijen wie it dreech tellen mar dat kaam sa die letter bliken omdat de flessen joustra en sonnema beide oant de boaium ta leech wiene. Ik sit dêr no noch wat fan nei te genietsjen. Jarig moast al wer betiid fan bêd en dêrnei ek noch balskoppe. Ik wachtsje noch efkes oant ik wer yn de auto doar te riden en dan gean ik nei de tsjerketsjinst fan Dick en Martine harren houlik...
+ 0 - 0 | § ¶Skriuw dy alfêst yn atst nei Grins wolst...
SC-Heerenveen hat wer wat nijs betocht. It is no ek mooglik om kaartsjes fia de
webside te reservearjen. No is dat fansels net sa hiele bysûnder mar wat it al wichtich makket is dat de foarferkeap foar wedstriden online ien dei earder begjint as yn de winkel. Foar de leafhawwers dy't graach nei FC Grins - SC Heerenveen wolle is it dan ek saak om sa rap mooglik efkes in ynskriuwing te regeljen. Der kin dan fanút de luie stoel kaarten regele wurde sûnder yn in lange rige foar de doar te klommerjen. Mei de minne ûnderfinings by de tickutboks yn de efterholle tink ik wol ris: at dat mar goed giet allegear!
+ 0 - 0 | § ¶Benny Neyman (1951-2008)
Benny Neyman is hjoed ferstoarn. No hear ik jim tinken: "No en? Der giet sa faak ris ien dea!" en dêr hawwe jim fansels ek wol in bytsje gelyk oan. Ik haw ek net in skyfke fan dizze man yn hûs foar safier't ik my heuge kin al fyn ik in stikmannich fan syn ferskes bêst aardich om nei te harkjen. "De vrijgezel", "Ik weet niet hoe" en "Waarom fluister ik jou naam nog" bin fansels ek no noch wol grutte hits op de ferskate piratefestivals. Ik kin dat net mei sekerheid sizze want ik haw noch nea nei in piratefestival ta west mar dizze ferskes koene my wol bekoare. It feit dat ik no krekt efkes stil stean by de dea fan Benny Neyman is omdat ik de man yn it ferline al ris efkes koart moete haw. Hy wie by Radio 1 om syn plaatsje te pluggen en ik moast dêr ek efkes wêze om wat te fertellen oer it Frysk op ynternet en de Fryske sykmasjine yn it bysûnder. Hy stelde him keurich foar wylst ik him wol herkend hie. Hy koe my noch net! It sil gjin djippe yndruk makke hawwe op Benny mar dêr wiene oaren ek better yn tinkt my. Ik wit it yn elk gefal noch wol. Yn de kroegen sil se dyn namme noch wol ris flústerje tinkt my Benny...
+ 0 - 0 | § ¶Piter Wilkens op Bernlef
Der efkes fanút geande dat in soad lêzers fan dizze webloch sawol jong as heger begaafd binne soe it bêst kinne dat jim al in pear moanne as wat langer yn Grins studearje. Dan is der foar jim goed nijs want
Piter Wilkens spilet kommende tiisdei yn it kader fan de Kiezel, de lytse keiwike, de hiele jûn op de soas fan studinteferiening Bernlef. Dizze feriening fine jim oan de túnstrjitte nûmer 22 of op it ynternet op
bernlef.com. Dus ha jim tiisdei neat te dwaan en falle jim yn de doelgroep fan Bernlef? Dan net stinne mar hinne! Kinne jim tiisdei spitigernôch net hinne dan is de soas ek op woansdei en tongersdei noch wol foar jim iepen allinnich kin Piter der dan net bywêze...

+ 0 - 0 | § ¶Beerenburg Xtra Oergriselik âld
Heleen Sonnenberg fan de
Weduwe Joustra hat wer in primeur. Nei't der al earder in trije jierrige Frysk Superieur en in fiif jierrige Frysk Superieur oerâlde Beerenburg makke wie (de FSOB) is der no ek in krúkje te keap mei bearenburch dy't mar leafst 10 jier ripe hat op in houten fust. Dizze Bearenburch hat as namme meikrigen "Beerenburg Xtra Oergriselik âld". In soad Bernleffers sille noch wol de lustrumbearenburch fan Bernlef herinnerje. It drankje dat wy yn gearwurking mei de Weduwe Joustra fabrisearre hawwe en dat in hiel jier lang op de soas ripe hat. Dizze drank hat folle langer lein en is dêrtroch ek folle sêfter seit men. Ik kin út eigen ûnderfining melde dat de FSOB en de FS farianten goed smeitsje. Dizze moat ik faaks ek noch mar in kear keure. Al is it priiskaartsje wol wat oan de hege kant fansels (€24,95 foar in heal mingel).
+ 0 - 0 | § ¶Holloway hype
Peter R. de Vries hat juster heal Nederlân foar de televyzje krigen om te sjen hoe't hy nei syn beskeiden miening de saak Holloway oplost hat. Ik moast juster wurkje en hoewol't ik in fideorekorder haw is dizze net ynset want sa nijsgjirrich wie ik no ek wer net nei dizze saak. De sjitpartij fan de ien of't oare Houtigehaagster is oars in stik tichter by hûs. Dat Joran in foute baas is mei dúdlik wêze. Dochs fyn ik it wol wat apart dat er no sa iepen is oer syn 'ûngelokje' op it strân. Op de ien as d'oare wize bin ik in bytsje bang dat Joran, eventueel op oanrieden fan syn heit, dizze opnames bewust meitsje litten hat om sa net foar moard pakt te wurden mar allinnich foar it ferdwine litten fan in lyk. Syn 'maat' is ommers sels nei de plysje en nei Peter R. de Vries tastapt mei it fersyk om kamera's yn syn auto te pleatsen. Hy hat ommers fol faker sjen litten dat er goed lige kin foar de kamera. Oft Joran no wol as net oppakt wurde sil, de hiele wrâld is der no fan oertsjûge dat Joran in foute baas is. Wat dat oanbelanget hat er fan Peter R. yn elk gefal libbenslang krigen. No wurdt it tiid dat de Nederlânske oerheid dizze kriminele Antilliaan útset en weromstjoerd nei Aruba. Faaks kin immen him dêr helpe oan in ûnderdûkadres...
+ 0 - 0 | § ¶Lêste kear oer Alves
Yn prinsipe is dit it lêste berichtsje oer Afonso Alves. Op de thússide fan syn nije klub
Middlesbrough (BORO) seit er it folgjende. "I believe I will score a lot of goals for Middlesbrough. I am proud to have scored many goals in Sweden and in Holland but I aim to have an even better goals to games average in the Premier League. I promise the fans that there will be many goals before the summer. Free-kicks are my speciality but I want to score goals no matter where they are from. I am excited about the challenge." Dat is fansels net safolle oars as wat er hjir op it Fean sei doe't er kaam. Hy slijmt no sels noch mei it publyk om. Yn Nederlân hat er nea gjin respekt hân foar syn fans mar no seit er: "I felt extremely welcome by the people at the club but I was very impressed by the way the fans received me in such a warm way even before I had signed." Wachtsje mar Borofans, oer in jier as twa stekt er syn holle wol wer yn it sân. Ik soe mar in skybox frij hâlde at ik jim wie... (for the Borofans who try to read this: I suggest you keep a skybox free for him because Alves spels trouble and always remember one thing, Alves never plays for the fans...)
+ 0 - 0 | § ¶Supersfear
Nei't Alves fuort gien is ha wy in matenploech oerhâlden dy't in soad foar elkoar oer hat en dy't it balskoppen aardich ûnder de knibbels hat. Hjoed wiene de hast bankroete Arnhimmers fan Vitesse te gast yn it Abe Lenstrastadion. Aad de Mos liet syn ploechje op him sels aardich balje mar se wiene dochs wer in maatsje te lyts foar ús. Al yn de earste 20 minuten stiene wy mei 2-0 foar. De fanatike oanhang dy't de lêste tiid net sa ferwend wie mei goals oan de Nieuwnoordside krige hjoed in topdei. Gewoanwei spilet it Hearrenfean altyd de earste helte fan Nieuwnoord ôf. Omdat it no sa goed gied stean wy dan yn de twadde helte sa dik foar dat it net mear sa noadich hoecht. Dizze kear wie dat oars. De ploech hie der sin yn en sa koe wer hast de heale ploech in goaltsje meipikke. 7-0 waard it úteinlik en der wiene mar leafst seis spilers dy't de bal tsjin it net skeaten. Piet Veldhuis hie it sa raar noch net faak meimakke. Aad de Mos sei letter dat wannear't jo fan fuotbal hâlde, jo it bêst in seisoenskaart fan it Hearrenfean nimme kinne. Hy koe fansels ek net witte dat dêr by ús in wachtlist foar is en dat it sa maklik dus net giet. Nije wike krije wy PSV út en dêryn kin wy troch te winnen noch in lyts kânske hâlde op ús earste kampioenskip. Dêrby is it fansels ek aardich op te merken dat ús lêste wedstryd tsjin Excelsior wêze sil. De ploech dy't AZ foarich jier op de lêste dei noch opkearde...
+ 0 - 0 | § ¶Lekker ite mei kollegas
De freondinne hie hjoed in itentsje regele mei har âldkollegas fan it wurk. It idee wie dat elkenien in foar-, haad- as neigerjocht fersoargje soe. Dit wie fansels allegear strak koartsluten wêrtroch't wy de hiele jûn foarsjoen waarden fan ferskate lekkere hapkes. It begûn allegear mei in troch de freondinne fabrisearre mosterdsop. Dêrnei krigen wy in soarte fan seane roukost mei sjampinjon en griene asperge wat goed smakke en ek noch frijwat sûn smakke. Dêrnei krigen wy lekkere wraps, in soarte fan stoofpotsje en ek noch lasagna. Oan it ein fan de rit wie der krêm brulee wat in lekker swiet puddinkje wie mei dêrop brune sûker dat yn de grill noch wat ferbaarnd wie. Dit smakke sa goed dat ik my ek noch mar ûntferme haw oer it bakje dat oerbleaun wie. In leuke jûn mei in soad iten, faaks kin wy dat ek jitris dwaan mei oare freonen.