+ 0 - 0 | § ¶No milk today
Earder dizze wike waard troch boaze boeren dy't wat dwaan woene oan de lege molkepriis al it fabryk fan Nijkerk blokkearre. Hjoed wie ek myn nije wurkjouwer it bokje. Ik tink dat it ûngefear sân oere moarns wie doe't immen my frege wêr't ik myn autoke parkeard hie. It die bliken dat der in pear boeresoannen mei in tal trekkers en weinen de hikke blokkearden. Wy ha der hiel efkes hinne west en sa koene in pear kollegas noch rap efkes de auto bûten de poart sette sadat se yn de neimiddei dochs fuort komme koene. Frachtweinen mochten it terrein net op as ôf. No hiene dizze boeren fansels better op moandei komme kinnen want op sneon komme der by ús kwalik auto's en ús grûnstof komt fia in buis fan it tsiisfabryk 20 meter fierderop. Wy hiene dan ek net in hiel soad oerlêst fan de boeren. Doe't ik om 14.00 nei hûs ta woe die bliken dat der noch al wat boeren by kaam wiene. Mei grutte swylmasjines, meanmasjines, ladeweinen en jarretanken blokkearden hja it terrein. Myn weintsje hie ik lykas altyd al bûten de poart pleatst mar no koe ik net mear fan myn parkearplakje komme omdat it hielendal fol stie mei trekkers. Der wie ek net in boer te bekennen dat ik wie al in bytsje benaud dat se miskien wol efkes de Rypster merke oan it besykjen wiene. Lokkigernôch seach ik letter dat se mei syn allen by de oare poart fan it tsiisfabryk sieten. Doe't ik de mannen freonlik frege om efkes in trochgang te meitsjen wie dat gjin inkeld probleem. De trekker waard efkes ferriden en sa koe ik wer op hûs oan. Yn de auto hearde ik op Omrop Fryslân radio dat myn neef Richard in plaatsje oanfrege foar de stakers. Hiel tapaslik draaiden hja 'No milk today' fan Hermans Hermits...
+ 0 - 0 | § ¶Diskriminaasje yn de sport
De UEFA wol graach dat fuotbalklups minimaal seis spilers út it eigen lân opstelle mar dat soe neffens de Europeeske regels diskriminaasje wêze fan de Europeeske bûtenlanners. Der skynt frijheid fan arbeid te wêzen en dat betsjut dat eltse Europeaan oeral wurkje mei. Ik snap hjir neat fan. Dat eltse Europeaan oeral wurkje mei kin ik my noch wol yntinke mar it liket my ta dat wannear't in sportorganisaasje syn spulregels opsteld it net sa'n probleem hoecht te wêzen. At de UEFA fynt dat der seis spilers út it eigen lân komme moatte dan kin Europeaanske bûtenlanners noch altyd wol oeral wurkje allinnich net mei mear as 5 man yn ien ploechje. At dit al diskriminaasje is hoe sit it dan mei de nasjonale tiems dêr't alle spilers yn prinsipe út it selde lân komme moatte. Wat ek te tinken fan de leeftiidsdiskriminaasje by de wedstriden foar spilers ûnder de 21 en 45 plus. Oare foarmen fan diskriminaasje bin der ek. Tink ris oan diskriminaasje op basis fan geslacht by it kuorkebaljen. Wêrom soe it net meie om 5 manlju en 3 froulju op te stellen elkenien is dochs lykweardich...+ 0 - 0 | § ¶De 100 euro grins
Fannemoarn haw ik myn tank efkes goed leech riden. Op de Wâldwei krekt foar Ljouwert gie myn giele warskôgingslampke al baarnen mar ik tocht dat ik de Tinq by Dronryp noch wol helje koe. Lokkigernôch slagge dat ek noch wol. Ik haw it fermoeden dat myn weintsje in tenkynhâld hat fan sa'n 65 liter en dat it lampke by goed 60 liter baarnen giet. Dat soe dan ynhâlde dat ik noch in goeie 50 kilometer ride kin mei it lampke oan mar soks besykje ik leaver net út fansels. Troch de hieltyd hegere benzinepriis en myn sa goed as lege tenk kaam ik hjoed foar it earst boppe de €100,- út. Dat wie fansels in mijlpeal dy't ik leaver net berikt hie. In pear moannen tebek wie sa'n tenkje fol mar ûngefear 80 euro. Wouter Bos laket him dea fansels want hoe heger de benzinepriis, hoe mear aksijns der binnen komme. Seurde men eartiids al oer it kwartsje fan Kok, leau my mar, Bos pikt hiel wat mear ekstra mei dan dat kwartsje wat yntusken noch mar sa'n 11 eurosint wurch is fansels...+ 0 - 0 | § ¶Terraswaar
Mei it moaie waar fan de ôfrûne dagen ûntbriek it yn ús tún noch oan in terras. Wy ha der hjoed foar soarge dat wy no ek yn ús eigen tún fan de sinne genietsje kinne want de tegels lizze der no yn. Wy ha keazen foar in leech-budzjet oplossing troch it sân fan de sânbak fan de skoalle hjir efter op te keapjen. Jim hoege jim trouwens gjin soargen te meitsjen oer de earme berntsjes want dy hawwe nij sân krigen om harren sânkastielen yn te bouwen. Achter ús enoarme samling bouwwurken ha wy op it wite sânbaksân de tegels dy't eartiids foar ús hûs in plakje hiene dellein. Wy ha dat dien op de âlderwetske manier troch mei in grutte stamper it sânbakbêd te fertichtsjen wêrnei't skoanheit de tegels op harren plak timmere. In moai rojaal hoekje stien leit der no sadat wy ek mei in wat gruttere groep freonen hjir ris barbeknoeie kinne. Topless yn de sinne is der foarlopich noch net by want dêrfoar moat wy earst de efterside fan de tún noch efkes tichtmeitsje...+ 0 - 0 | § ¶Dei fan de reklamefolder
It skynt hjoed de dei fan de reklamefolder te wêzen. It docht bliken dat der yn in jier tiid 12.500.000 fan dy fleanderkes by ús troch de gleuf treaun wurde. Dat betsjut gemiddeld sa'n 36 folderkes per dei. No haw ik dêr op 'm sels net in hiel soad problemen mei. Ik bin der hiel maklik yn want ik skift se fuortdaalks. Alles mei in stekker fyn ik sels prachtich moai en al it oare guod giet op de steapel foar de freondinne. Sa wurkje wy ús yn in pear minuten troch de oanbiedings hinne en dreame wy fan wat der al net te keap is. Bynammen de ferkeappriis fan de platte skermen en de beamers bin foar my tige nijsgjirrich want ik wachtsje no al tiden op dy iene oanbieding fan dy prachtige sony 46 tomkes wiide HDtv. Spitigernôch stiet der noch gauris in siverke tefolle yn dy priis. No ja, yn alle gefallen bin de skoallen der nei ôfrin wer tige wiis mei want it wurdt geregeld ophelle yn de foarm fan âld papier.+ 0 - 0 | § ¶Bernleffyt
Sa't earder al yn de ferskate media te hearren wie moat studinteferiening Bernlef rom 11.000 euro betelje foar it meitsjen fan de Fryske Kameleonfilm. Wy wisten dat fansels al in pear moannen dat wy hawwe al efkes oan it brieden west. De notiidske leden hawwe no besletten dat wy net in jildboete fertsjinje mar dat in wurkstraf in better alternatyf is. Dêrom is hjoed bekend makke dat Bernlef yn it wykein fan 22 oantemei 24 augustus mei in Fytskafee de alvestêdetocht fytse sil. Dat is fansels in hiele toer dat ik haw mysels ek al oanbean om op freed in pear kilometerkes te meitsjen. Sneons kin ik net omdat wy dan Pôledei hawwe en snein sil ik dan wol 'brijfuotten' hawwe bin ik bang. Yn elk gefal is it in allermachtichst moaie askej mei op trije plakken noch wat ekstra aktiviteiten. Sa sil der yn Frjentsjer in grutte kenniskwis spile wurde. Yn Dokkum sil der in keetkriich organisearre wurde om te sjen wa't de sterkste keet hat en oan it ein fan de rit sil der yn Snits in bernlefytkonsert hâlden wurde dêr't op dit stuit Jitiizer, Sebeare en Piter Wilkens al foar tekene hawwe. It sil grif in moai wykein wurde, no mar hope dat it ek noch wat opsmyt. Foar mear ynformaasje oer de wurkstraf kin jim op www.bernleffyt.nl sjen as op www.benefytsaksje.nl (dat is de selde side).+ 0 - 0 | § ¶Fuotbalfoarspellerij
Ik bin sels gjin fuotballer, haw dat nea west en ik sil it ek net mear wurde. Dochs mei ik graach efkes nei it Hearrenfean ta foar de sfear. Ek it Nederlânsk âlvetal folgje ik meastentiids wol at it echt earne om giet. Yn de oanrin fan it kommende EK is it fansels saak en doch mei oan in fuotbalpoeltsje. Fia de pleatslikke kuorbalklup dêr't ik 'whebmaster' fan bin haw ik dit jier keazen foar de poel fan Flexvoetbal. Om myn kânsen op súkses sa grut mooglik te hâlden haw ik myn foarsizzings geheim hâlden mar ien ding doar ik hjir wol te melden. Nederlân wurdt gjin Europeesk kampioen dit jier. Dat sil de mannen fan Guus Gelok wol wurde tinkt my. Dan hawwe myn maten yn it Eastblok ek wer in leuk feestje op it reade plein...+ 0 - 0 | § ¶Gjin haachjes mar wol nije skuon
Hjoed wiene wy safier dat der moasten no ek foar yn de tún mar in nustje bûkehaachjes oanplante wurde. Wy ha dan ek wer efkes nei in beamkwekerij west mar dêr krigen wy ta de freondinne har spyt te hearren dat it plantseisoen al wer oer wie. De bûkjes hiene al wer bledsjes krigen en mei it droege waar soene hja dan ekstreem rap útdroegje en dat soe skande wêze fan de djoere haachjes. Wy moatte no dus wachtsje oant nei de simmer. Wannear't de bledsjes wer fan de beamkes falle kin de haachbûkjes alsnoch de grûn yn. My komt dat eins ek wol sa goed út want ús paadsje nei de foardoar leit der noch net iens yn. Omdat de keapwoede fan de freondinne dus noch net stilt wie moast ik no eindelik mar ris in jierdeikadootsje fan har hawwe. Wy soene om nije skuon. It mochten fan har dizze kear net fan dy ekstreem sterke, handige en goed sittende kisten wurde en ik woe sels ek gjin wite sportskuon dat wy teagen nei wat winkels ta. No haw ik ien grut foardiel want mei myn maatsje 47 is der nea in soad kar mooglik. Stiet der fan maat 46 by de gemiddelde skuonferkeaper in hiel rek, by maat 47/49 kinne se gauris mei in meterke ta. Streep dan de kisteftigen en berchskuonnen troch, helje de witen der út, lit de lakskuontsjes lofts lizze en hoppakee, dêr wiene myn skuon al. Sa kaam ik earst oan in pear goedkeape swarten fan Scapino mar eins wiene wy op jacht nei wat oars. Sa kamen wy yn in sportwinkel úteinlik út op in bytsje in brúnachtich kleurke fan it merk australian. Se hiene gjin maat 47 mar wol ien grutter en ien lytser. Omdat 46 my lang net paste kaam ik úteinlik dus op maat 48 út en dy paste perfekt. As wie ik Jiskepûtser sa moai gliid myn skonk fuort yn de platte skoech. Trochdat er sa plat is lykje myn fuotten no wol fan it formaat maat Kano fansels mar sjoen ik gjin fan bin fan de klup fan de goadesoantsjes sil ik mar net besykje mei myn maat Kano in tripke te meitsjen oer it Margrietkanaal...+ 0 - 0 | § ¶Pedofilter
Der wurdt de lêste tiid wer in soad praten oer pedofilters dy't troch de ynternetoanbieders ynstalleard wurde moatte om sa it delheljen fan dizze ferachtelikke en siike foarm fan porno tsjin te gean. It liket my ta dat dit in hiel ferkeard beslút is. Dat is hast it selde as in lekker geurke op it húske spuitsje en dan mar hope dat minsken de oare geurkes net mear rûke. Fansels rûkt men it 'oare geurke' ek net mar it is der noch wol fansels. Sa is it mei Pedofile sites ek. Faaks is it wol mooglik om in bepaalde list fan siden te blokkearjen mar is it net folle better en ienfâldiger om gewoan de siden dy't dit materiaal oanbiede fan it net te heljen. At it ús plysje slagget om in tekenaar op te spoaren dan moat dat mei dizze pedo's dochs ek wol slachje wolle liket my. Sa pakke jo de boarne oan fan dizze ellende. Boppedat falt it mei it oanbod fan pedofilie genôch mei. In gewoan minske komt net samar yn oanrekking mei dizze siike plaatsjes. In syktocht mei bygelyks google op pedofile plaatsjes bringt dy grif net op it goeie plak. Der moat dus earst wol wat goed mis wêze yn jo boppekeamer en dan moat der ek noch kontakten wêze dy't dy nei it júste adres ferwize. My liket it dan ek better en skeakelje it Amearikaanske ôflústersysteem Echelon yn om de potinsjele berneferkrefters op te spoaren en nei in mentaal siikenhûs te bringen...+ 0 - 0 | § ¶Gouden soa(i)
Hjoed wie de finale fan de gouden koai op tv. Ik haw dat altyd wol in nijsgjirrich eksperiment fûn al wie ik perfoarst gjin trouwe sjogger. Nei Big Brother dêr't in swikje gewoan folk opsluten siet yn in earmoedich hokje wie dit it ferfolch wêrby't der no mear jild en in moaier hokje stie. Foar de rest wie it fansels foar in grut part mear fan it selde. It aardige fan de sjo wie fansels bynammen it alles mei en fuort is fuort elemint. Wie polityk De Haach yn earste ynstânsje in bytsje benaud dat it in pestsjo wurde soe? Yn it begjin foel dat genôch mei. Der waard bynammen besocht om nije miljonêrs yn spee te ferwekken. Dat moast oars fansels en sa waard op in gegeven moment T(er)reur Jaap yn de filla ynstalleard. Guon tochten yn it begjin noch dat dizze grouwe keardel in akteur fan it type 'Adje' wie mar dan twintich kear sa swier. Oant no ta liket it der noch altyd op dat dat net wier is. It makket de terreurkening der net sympathiker op fansels. As miljonêr yn wurding rolle hy om yn syn eigen útkoarre iten, smiet er mei alles wat los en fêst siet en makke hy elkenien ûngelokkich. Stapelgek waarden de minsken fan him en hy spile elkenien tige kundich tsjin elkoar út. Hast nea gie er echt bûten it boekje fan it program en sa koe it barre dat Jaap in heger bedrach winne koe dan Bryan, dy't wol fanôf it begjin yn it hûs siet. Jaap wie snoad en hy die yn it lêst noch efkes de meidieling dat de helte fan syn te winnen jild nei in goed doel gean soe. Dat soks efternei stifting Jaap wêze soe wie eins net iens in ferrassing fansels. Mar hy sleepte der sa wol 1,3 miljoen euro út. Bryan en Amanda bleaune as slechte ferliezers oer wat fansels wol hiel grappige tv opleverde. De bewenners moasten ommers noch efkes in nachtje bliuwe sadat ek de teloarstelling grandioas moai yn byld brocht wurde koe. Amanda, dy't yn har gouden koai tiid alle koaien hast wol oan ús sjen litten hat, wol no yn de playboy en tinkt dêrmei alsnoch ryk te wurden. Mar famke, wy hawwe alles al fan dy sjoen dus hoege wy dy playboy hielendal net mear te keapjen. Jaap hat it goed foarelkoar. Hy kin no fan de rente libje en dat is mar goed ek want hokker baas soe sa'n keardel no noch oannimme wolle...+ 0 - 0 | § ¶Ik bin in Wâldseiner...
Hjoed berikte my it goeie nijs dat myn bertegemeente Wymbritseradiel offisjeel oergiet op de Fryske plaknammen. Dat betsjut dus dat ik fanôf 2009 offisjeel berne bin yn Wâldsein ynstee fan Woudsend. Dêr bin ik fansels tige wiis mei al brûkte ik fansels altyd al de Fryske namme. It is te hoopjen dat de oare gemeenten no rap folgje sille. Foaral de gemeente Smellingerlân soe der goed oan dwaan. Foar it doarp Drachten feroaret der neat fansels mar in soad fan ús prachtige doarpkes soene dan in folle moaiere namme krije.+ 0 - 0 | § ¶Digitale televysje
Omdat ik gauris op ynternet aktyf bin haw ik eartiids it rapste ynternetabonnemint fan UPC naam (UPC Extreme). Dat kost in pear sinten mar dan siet der ek noch fergees in tillefoanoansluting by. Dizze brûk ik nea omdat ik wol in fêste tillefoanferbining fan KPN ha mar ach, fergees is fergees no. No die bliken dat se by UPC in nije oanbieding hiene. Ik koe foar folle minder jild dy selde rappe ferbining hâlde mei tillefoan en digitale televyzje en in hurdeskiifopnimmer foar mar sa'n 2 euro yn 'e moanne ekstra. De goedkeapste tsjinst is dan fergees dat sadwaande. Hjoed kaam de apparatuur binnen dat ik haw it fuortdaalks efkes oansletten. Wy ha no sa'n 90 tv stjoerders mei it rojale pakket. Ek bin der in moai nustje radiostjoerders bykaam. It moaie fan dizze radiostjoerders is dat der foar hast elts sjenre in stjoerder is dy't sûnder reklame en sûnder dj wurket, ideaal dus foar feesten en partijen. It opnimmen wurket ek as in spear en it is no mooglik om in programma live te pausearjen sadat ik straks mei it EK efkes nei it húske kin at it spannend is. Bûtenspul as net, ik kin sa efkes werom spiele en it jitris besjen. Spitigernôch is myn antennefersterker op dit stuit noch net retoergeskikt. Ik kin dan ek noch net al te folle gebrûk meitsje fan de digitale tsjinsten fan UPC lykas útstjoering mist en Fideo op oanfraach. Ynkoarten mar ris sjen nei in oare fersterker yn de meterkast dus. Fierder bin ik dus hiel tefreden al is it fansels wol spitich dat bepaalde stjoerders, dyjinne dy't 24 oeren deis hurde plysjefilms útstjoere, net yn it rojale pakket sitte...+ 0 - 0 | § ¶Kingdom of heaven
Ik haw krekt de fjouwerdielige dvdboks fan Die Hard oanskaft en dêr woe ik de freondinne graach efkes kennis mei meitsje litte. It famke hat by gebrek oan kommersjele stjoerders yn it bûtengebiet fan de Rottefalle in flinke efterstân oangeande films en searjes dat ik moat sjen at ik har dêryn efkes in bytsje byspikerje kin fansels. It like har mar niks want Die Hard moast wol in geweldiedige film wêze mei in hiel soad deaden en sjitterij en ellende ensa en dus net echt in film foar myn famke sa tocht sy. Se kaam doe sels oansetten mei Kingdom of heaven, in film mei Orlando Bloom yn de haadrol. Hoewol't se Lord of the Rings noch altyd net sjen wol moasten wy dizze film dan mar efkes sjen. No dat hie se dus better net dwaan kinnen want Kingdom of heaven wie noch folle bluodrigger as Die Hard. It gie oer de krústochten en de iene nei de oare massale fjochtpartij kaam yn byld. Op in gegeven moment like it wol in hiel soad op de Lord of the Rings trouwens kwa bylden. Aksje wie der dus genôch yn dizze film mar it ferhaal foel my flink ôf. It wie in bytsje in en toen en toen en toen ferhaal. No ja, de freondinne hie fansels wol in weakere film útsykje kinnen. In oanrieder is it yn elk gefal net...+ 0 - 0 | § ¶Tukkeralarm
Sa, ik haw it wer oprêden en bin wer feilich werom yn it heitelân. Juster haw ik efkes yn Goor west by it feestje fan de man fan myn suske en dat wie wer tige gesellich. Ik wie sa'n bytsje de ienigste Fries (op myn suske nei) mar mei Tukkers kinst ek wol in leuk feestje bouwe fansels. It wie yn earste ynstânsje de bedoeling dat ik noch werom ride soe en om de plysjes net de kâns te jaan my te snappen mei in pear promille te folle wie ik dus yn it begjin fan de jûn de bob. Mar doe't Marcel oanbea dat ik ek wol sliepen bliuwe koe haw ik dochs noch mar in pear gleskes bearenburch hân, lichtjes oanlenge mei sân omheech. Wannear't de alkohol mei de bubbeltsjes mei stiget nei it nivo fan de legere harsenfunksjes dan krij ik soms de nijging om op ferskate knopkes te drukken. Sa ek de smookmelder fan myn suske boppe de doar nei de trep. Wy ha sels ek in smookmelder yn 'e hûs en dat jout altyd wol in moai yndringend lûd dat ik tink ik sil de minsken efkes skrikke litte. Doe die bliken dat dizze smookmelder ûnderdiel útmakke fan in breder alarmsysteem dat alle bellen yn hûs ôfgean liet. Net folle letter gie de tillefoan ek noch en sa koe myn suske midden yn de nacht op syk nei de pinkoade dy't oanjoech dat it in loas alarm wie. No ja, it systeem wurke yn elk gefal goed en foar my wie it tiid om op bêd te gean...+ 0 - 0 | § ¶Snelwokke
Neist sneldamjen wat in snelle fariant is fan it bekende (net Fryske) damspul bestiet der sûnt hjoed ek snelwokken. Fansels is wokken sawysa al in rappe wize om iten waarm op tafel te krijen mar hjoed haw ik dat by de woksinees op de Pein noch efkes perfeksjonearre. Myn sweager fiert jûn de jierdei dat ik wurd yn Goor ferwachte marst mocht ik noch efkes wat sekken folje yn Dronryp. Der wie in soad poeier dat it rûn allegear in bytsje út en ik hie wol honger. Fansels hie ik thús efkes wat yn elkoar flanse kinnen of nei de ôfhelsinees fleane kinnen mar ik tocht ik kin ek wol efkes nei de Woksinees ta. Om goed 18.00 wie ik teplak yn de Pein dêr't it al aardich fol siet mar dêr't ik de grutte drokte noch krekt foar wie sa like it. Ik krige in moai lyts tafeltsje tabedeeld en doe koe it oan gean. In bêste lading byfstikjes op de bakplaat, in board sop foar tidens it wachtsjen en in moai nustje wokskûtels mei de Thaiske saus mei ekstra sambal letter koe ik binnen trije kertier wer ôfrekkenje. It persoaniel koe it fuortheljen fan myn boarden mar kwalik bybene...+ 0 - 0 | § ¶Ik wol blaze blinder
Al sûnt 1995 haw ik myn rydbewiis mar ik bin noch nea oanhâlden foar in blaastest. No liket it my bêst in kear aardich om dit ritueel in kear te ûndergean mar ek hjoed gie dy mooglikheid wer oan myn noas foarby. Doe't ik fannejûn werom kaam út Hurdegaryp stie der op de strjitwei by Noardburgum immen nuver te swaaien mei in lampke. Ik tocht dat der in ûngelokje bart wie want elkenien stoppe. It die bliken dat it in alkoholkontrôle wie dat ik soe no eindelik in kear oan bar wêze. Ik hie fansels al in pear dagen gjin alkohol mear hân dat it koe lije. Omdat se al safolle autokes op de paraleldyk stean hiene dat hja it hast net mear bybene koene mocht ik trochride. Foar de measten in segen fansels mar ik woe sa graach in kear blaze...+ 0 - 0 | § ¶Gregorius Nekschot
Doe't Theo van Gogh noch libbe en hy mei in bernlefmouhimd mei dêrop de tekst "Leaver dea as braef" de fjouwerdaagse fan Nijmegen rûn fûn ik op syn webside (de tevreden roker) al in link nei Gregorius Nekschot. Dizze tekenaar makke groffe plaatsjes om dêryn syn fysje op ús hjoeddeiske maatskippij te toanen. Yn syn plaatsjes waarden ferskate befolkingsgroepen en politisy frij radikaal ôfbylde om sa syn stânpunt út te dragen. De measte Nederlanners hiene noch nea fan de man heard mar troch de promoasjekampanje dy't ûnder lieding fan it iepenbier ministearje losbaarnt is wit no de hiele wrâld de man syn webside te finen. It tekenjen fan in pear plaatsjes dy't guon net sokke frije tinkers net wurdearje koe levere him in arrestaasjetiem fan 10 man en oardel dei sel op. Dêrmei komt ynkoarten faaks ek noch syn identiteit út sadat it regear wer in befeiligingstiem ynsette mei om him foar it nekskot te beheinen. De kûgel sil dan wol oppenij fan links komme yn elk gefal. Ik bin fan betinken dat de man nuvere plaatsjes makket mar ik kin der faak wol om gnize. It is wat dat oanbelanget krekt as mei dy 3D fotokes. Jo moat der op in bepaalde manier nei sjen om de djippere betsjutting der fan te lêzen. Ik bin in grut foarstander fan it frije wurd. Alles moat sein wurde kinne mar dat is fansels net it selde as dat alles ek sein wurde moat. It is jammer dat Nederlân wat dat oanbelanget hieltyd mear klem komt te sitten yn in grûnwet dêr't alles yn sein wurde mei mar dêr't jo bepaalde dingen dan wer net sizze meie. Wat my oanbelanget is Gregorius krekt Dirty Harry, sy diskriminearje beide net mar hawwe it mier oan allegear...+ 0 - 0 | § ¶Balskopperij sûnder ballen
Ajax wol Sulejmani fan ús oernimme mar it Hearrenfean hoecht him fansels noch net perfoarst te ferkeapjen. Foar 20 miljoen mei er fansels dy kant wol op mar oars is it faaks better en meitsje ús earst noch ris in jierke kampioen. Mei it fuort gean fan sawol Heitinga as Huntelaar kin wy Ajax dan kommend jier mei twa fingers yn de noas oprolje. Gomes sil ús ek gjin striebreed mear yn de wei lizze en mei it fuortgean fan de trener fan Twente leit de wei nei in plakje by de earste IEN kommend jier iepen. Dan moat Bak Nielsen fansels al wer yn foarm reitsje en ús ferdigening ticht goed meitsje mar ik sjoch wol mooglikheden. Wat it EK oanbelanget sjoch ik dy mooglikheden hieltyd minder wurden. Seedorf sil net mei gean dat wy hoege ús om de strafskoppen net te bekommerjen. Dy helje wy nei alle gedachten ek net iens want wy hawwe in hantsje fol aardige spilers dy't hast allegear in bytsje blesseart binne mar in tiem is it bepaald net. Myn foarspelling is dan ek dat Nederlân fjirde wurdt yn de poel en dat Marco him rap rjochtsje kin op de UEFA kup mei syn nije poetsmiddelklupke, en dat sûnder Sulejmani mei ik hope...+ 0 - 0 | § ¶Komt it dan dochs noch goed?
Ik seach krekt in soarte fan advertinsjeoprop fan Steven de Jong op Omrop Fryslân TV. Hy is op syk nei in nije Kameleontwaling. Wêr't it krekt foar is wurdt my noch net folslein dúdlik mar dat de bêste man no al om in Fryske twaling freget is in stap yn de goeie rjochting. Spitigernôch siket er in twaling fan ûnder de 18. Janaal en Mario falle wat dat oanbelanget wol ôf en ek mei der dan op de set fansels gjin bearenburchjes skonken wurde wat oer it generaal it aktearnivo net fermindert. Jammer dat er dit net wat earder betocht hat. It hie ús in moai soad sinten skele kinnen...+ 0 - 0 | § ¶Trots fan it Noarden en fan Europa
Mei de útskeakeling fan Grins en it beheljen fan UEFA fuotbal kommend jier is it Hearrenfean der oppenij yn slagge om de trots fan it Noarden te wurden. Twa kear hawwe wy de Grinzers dit seisoen ynmakke dat foar de grien witen sit der dit jier gjin priis yn it fet. Dat is mar goed ek fansels want hûskepapierstokerijtsjes kin men by de Uefa grif net wurdearje. Yn elk gefal liket it no foar NAC allegear wol hiel sneu te wurden want nei't de antifuotballers it tsjin Twente en Hearrenfean ôfwitte lieten stiet ynkoarten NEC ek al wer klear om se in NECskot te jaan. It lange fuotbalseisoen krijt no foar in moai nustje Hearrenfeanspilers noch in Olimpysk neigesetsje. It liket der sels op dat de al wat belegenere Sibon ek noch opdrave mei. Wat dat oanbelanget kin it Hearrenfean de fakânsje wol oerslaan en kommend seisoen stean se der dan fuortdaalks by de foarrondes fan de UEFA. Of se bin allegear dea wurch fansels, dat is ek mooglik. Yn elts fefal sil it Hearrenfeangehalte de kommende moannen wat leger wêze. Woftor sil der bliid mei wêze...+ 0 - 0 | § ¶Memme(n)dei
Myn freondinne is noch gjin mem. No hie ik fansels lykas Teake van der Meer ûnder it mom fan 'Niet gebaard, toch een taart' wol mei wat lekkers oansette komme kinnen mar dat haw ik mar net dien. Fansels hie ik wol in taart kocht want heit en mem soene delkomme. Dy woene graach mei ús út iten. Skoanmem hie it selde idee dat wy ha dat mar efkes kombinearre. Sa bedarren wy dus oan it ein fan de jûn yn El Patcho yn Drachten. Foar ús heit en mem wie dat hun Meksikaandebút. Mar lokkigernôch bin it echte fleisleafhawwers en wat dat oanbelange koene hja fansels mei de Meksikaanske keuken wol rêde. Ik haw sels ek in pear hiele lekkere hapkes hân. Allinnich it iis (skodde molke) wie wat weak. Dat hie wol wat mear smaak hawwe mochten om my...+ 0 - 0 | § ¶Fleis skroeie en in salade oerskot
Moai it moaie waar is der yn de winkel fansels in stoarmrin op fleisskroeiersbenoadigdheden lykas briketten, houtskoal en oanmakblokjes. Ek in fatsoenlik barbequepakket sil wol lestich te finen wêze. Wy wiene hjoed útnoege foar in fleisskroeierij yn Aldeboarn en yn it eameltsje stie dat wy mar wat salade meinimme moasten. De organisaasje wie frijwat Fegetarysk dat ik haw mar in pantsje fol riissalade makke. Spitigernôch wiene de oare minsken ek allegear sa fanatyk west om salade mei te nimmen sadat der úteinlik mear grien foer wie as fleis. M8eld en Jelle hiene in moaie grutte fleisskroeier kocht en dy die it ek prima. Nei ôfrin wie er sels noch as fjoerkoer te brûken. Sa ha wy wer in noflik jûntsje hân mar de freondinne doarde net mear op de tandem hinne...+ 0 - 0 | § ¶Rouadvertinsje
Omdat it ferstjerren fan Landon yn Boedapest (Hongarije) noch al in ein fan ús bêd ôf plak fûn hat wie it fansels lestich om ôfskied te nimmen fan ús freon. Der is yntusken ek mear bekend oer de oarsaak fan syn ferstjerren. Sa docht bliken dat Landon syn medikaasje yn kombinaasje mei syn net sa sûne libbensstyl de oarsaak west hat. Hy hat yn it foar al ferskate warskôgings hân mar Landon libbe syn libben foar de folle 100% en der wie gjin sykte dy't him dêr fan ôf hâlde koe. Landon wurdt yn Hongarije kremearre en dêrnei yn Maryland (Feriene Steaten) útstruid. Om syn ôfskied dochs in plakje yn Fryslân te jaan komt der moarn in advertinsje yn de Ljouwerter krante. Dat giet tsjintwurdich allegear online fia in hiel ienfâldich systeem. Jo beantwurdzje in pear fraachjes en yn in pear tellen leit der in komplete offerte plus advertinsje. De ûndersteande advertinsje komt dus moarn yn de Ljouwerter krante...
+ 0 - 0 | § ¶Nationale Anti-voetbal Club
Hjoed moasten wy (lês SC Heerenveen) it op it Hearrenfean al om 18.30 opnimme tsjin NAC Breda dy't yn de kompetysje in moai tredde plakje binnen helle hie mar yn de earste omloop fan de playoffs kânsleas wie tsjin FC Twente. Mei sawat de selde opstelling as tsjin Ajax, allinnich Bradley siet syn skoarsing út, begûn it Hearrenfean oan dizze wedstryd. Dat betsjutte wer net in hiel soad oanfallende aspiraasjes yn it foar noch net iens de helte folle Abe Lenstrastadion. NAC, wat neffens my stiet foar Nationale Anti-voetbal Club of soksawat, koe ek net in fûst meitsje. NAC hat in goeie ferdigening en spilet dêrmei gauris op de 0. Sy hope dan mei in gelokje en in snelle útfal fan Lurling en dy op in 1-0 oerwinning. Yn de kompetysje ha wy NAC twa kear flink ynmakke mar doe hiene wy Alves noch en letter Sulejmani. It begûn pas in wedstryd te wurden doe't Hearrenfeanspits Paulo Henrique yn it fjild kaam. Dy koe op oanjaan fan Sibon twa goaltsjes meipikke. Ik moat trouwens wol sizze dat net tsjinsteande de lege opkomst de sfear wol folle better wie as tsjin Ajax. Wat dat oanbelanget meie de seurders wol ris faker in dei oerslaan. Mei 2-0 is it foar NAC no wol in hiele lestige opjefte om noch in omloop fierder te kommen. In ploech dy't meastentiids mei 1-0 wint kin fansels net samar om skeakelje nei in ploech dy't trije goals makket. Mei in bytsje gelok bin wy dan ek kommend jier wer aktyf yn de UEFA. No mar hope dat wy dan gjin lêst ha fan in dwerse Brasyljaan.+ 0 - 0 | § ¶Sproeie hat effekt
Troch it droege waar moat wy ús krekt oanplante bûkehaachjes fansels goed wetter jaan bliuwe. Dochs liket it der op dat it goed komt want by sawat de helte fan de 50 haachplantsjes komme der al griene bledsjes oan. Ek de hedera dy't ús tún ôfskermje moat fan de bûtenwrâld begjint aardich te groeien. No skynt dat sawysa net sa'n probleem te wêzen. No bin ik noch wol benijd oft de bûkjes dy't it tichst tsjin harren grutte broer oanstean it ek dwaan sille. Dy ha net sa folle romte foar de woartels krigen omdat der nochal wat besteande woartels fan harren grutte broer sieten...+ 0 - 0 | § ¶Prima ynfestearing
It hat in pear sinten koste fansels mar mei dit waarme waar bin ik dochs ferhipte wiis mei myn luchtko. Wannear't myn autoke de hiele dei lekker opwaarme is yn de waarme maaiesinne en it binnen gauris boppe de 33 graden wurdt is it nei it starten fan de motor binnen in pear tellen wer prima út te hâlden. It ienige grutte neidiel fan in luchtko is dat it útstappen fan de auto wat minder is. Wat my oanbelanget hoecht it waar yn elk gefal nea wer oars. Dan mar gjin alvestêdetocht op redens...+ 0 - 0 | § ¶Marsjandearje
Krekt wie ik, live fia it troch Univé oanbeane tele twa kanaal, tsjûge fan it optreden fan it Hearrenfean yn de Arena. Ik moat sizze dat it Hearrenfean op 'm sels frij aardich begûn oan dizze wedstryd allinnich miste der krekt as yn de thúswedstryd wer in echte ôfmakker. Ik hie dan ek leaver sjoen dat Henrique yn de spits stean soe neist Sibon. Mei it fuortfallen fan Sulejmani is der dochs in hiele wichtige feroaring yn it tiem kaam wêrtroch't de oare spilers ek minder ienfâldich witte te skoaren. Krekt doe't ik wiis wie mei it fuortfallen fan de rappe lús Salaris, al hie it net mei in blessure hoegd fansels, tocht Bradley dat er op it middenfjild noch wol in oertreding meitsje koe nei syn earste rap jûne giele kaart. Van Egmond toande gjin kleminsje en stjoerde him fan it fjild. De twadde giele kaart wie op 'm sels terjochte dat dêr falt de skiedsrjochter net in soad te ferwitten. At it goed is hawwe wy Bradley dus ferline wike foar it lêst sjoen yn it Abe Lenstrastadion. Soms spylje 10 man better as 11. Johan Cruyff lei dat als folgt út. Wannear't je mei 10 tsjin 11 spylje dan dogge alle 10 in stapke ekstra mar wannear't je mei 11 tsjin 10 spylje dan nimme se alle 11 gauris in bytsje gas werom. Dochs wie Ajax krekt wat te goed om in oere lang mei in man minder te spyljen. Ek noch omdat wy twa kear skoare moasten wat de nedige risiko meibrocht. Yn de blessuretiid fan de blessuretiid krigen wy doe ek noch in fierders mear as terjochte strakskop tsjin. Nei 49 minuten stiet der dan ynienen in 1-0 op it skerm. Dat makke yn feite noch neat út want no moasten wy noch altyd twa kear skoare mar yn de twadde helte drukte Ajax der noch twa by yn. Mei 3-0 moasten de tsien fan Hearrenfean 4 kear skoare en dat wie net te dwaan fansels. Doe't de wedstryd al spile wie begûn Van Egmond ynienen hiel oars te fluitsjen. Sa krige Urby Emanuelson foar twa giele kaart weardige oertredings net syn twadde kaart. Net dat wy de wedstryd dan noch wûn hiene mar earlik is oars fansels. Gelokkich joech it Hearrenfean noch net hielendal op sadat ús topper Pranjic der dochs noch 3-1 fan meitsje koe. Verbeek wie nei ôfrin woest om Van Egmond en dat wie fansels ek terjochte al hie er him fansels net mei de gesinssituaasje fan de man yn it swart bemoeie moatten. Wy kinne ús no mar wer oplade want troch it gesijk fan Ajax dat net op deadebetinkingsdei spylje woe moat wy no tongersdei al wer oan de bak tsjin NAC dat sels twa dagen langer bykomme koe. Sa makket de KNVB der nei 34 wedstriden noch in stikje kompetysjeferfalsking fan wannear't it om de prizen giet...+ 0 - 0 | § ¶Foute ynformaasje oangeande Ajax - Hearrenfean
Ik hear hyltiten op de radio dat it Hearrenfean moarntejûn mei twa goals ferskil winne moat fan Ajax om in rûnde fierder te reitsjen mar dat is fansels net alhiel wier. Om it Hearrenfean in bytsje mear moed te jaan kin ik hjir melde dat it nedich is om minimaal twa kear te skoaren yn de Arena. Dêrneist moat de wedstryd ek noch in kear wûn wurde. Dan binne wy gewoan in rûnde fierder. Wannear't wy ús bêst dogge om der twa yn te prikken sil Ajax ek grif ien as twa meitsje mar 2-3 is ek genôch want dan telle ús útgoals ek dûbeld. Wy ha fansels noch altyd in penalty iepen stean tsjin Ajax yn de Arena, faaks kin Van Egmond ús dy ek noch efkes mei jaan yn de lêste minút. In ferlenging soe oars wol hiel min út komme sjoen it feit dat de folgjende thúswedstryd al op woansdei as tongersdei spile wurde moat. Wat dat oangiet binne NAC en Twente yn it foardiel want dy hawwe fansels wat mear rêst krigen. Lit ús hope dat der noch in reiske nei Emmen yn it foarútsjoch leit kommende wike. Foar de minsken dy't net yn de Arena sitte kin de wedstryd hjir trouwens live folge wurde, mei mooglik makke troch Univé dy't noch gjin winsteachmerk hat. Hooplik hat it Hearrenfean dat jûn wol..+ 0 - 0 | § ¶Bûkehaachjes
De freondinne is hielendal gek fan de saneamde bûkehaachjes (fagus sylvatica) dat wy hawwe hjoed de hiele dei op knibbels lein yn ús túntsje. Bûkehaachjes binne yn de simmer ticht mar sjoen it feit dat de blêden de folsleine winter hingjen bliuwe bin se ek winters net al te trochsichtich. Wy hiene earst in stikelhaachje lâns ús hûs stean mar dat is no dus ferfongen troch reade bûkjes. It wie noch in hiele toer om de bûkjes in bytsje yn de omkriten fan de âlde bûkebeam dy't wy al hiene te plantsjen. It soe in moai oanslutend gehiel wurde moatte mar troch de woartels fan de grutte reade moast der noch al efkes wrotten wurde. It sil my dan ek benije oft se it allegear oprêde sille.+ 0 - 0 | § ¶Sfeerfak as Seurfak
Troch it ferstjerren fan Landon wie ik der juster fansels net hielendal mei de kop by. Dochs haw ik fansels al efkes nei it Abe Lenstrastadion west om te sjen hoe't de Hearen fan it Fean it der ôfbringe soene tsjin de Amsterdammerkes. Ik wit net oft Landon yn dizze wedstryd foar de Joaden as foar de Friezen wêze soe. Ik tink dat er foar de ûnderhûnen keazen hie, yn dit gefal de Feansters. Yn alle gefallen is troch it weifallen fan Sulejmani in moai stikje kreativiteit ynlevere dat mei dúdlik wêze. It Hearrenfean koe it de earste helte frij aardich fuotbaljen hâlde al hiene wy ek in pear kear goed mazzel. Wy hâlden de 0 oant yn 'e rêst fêst. It folume yn it Sfearfak stie oars net folle heger as dy selde nul. Je koene de seurders wer goed boppe de sjongers út hearre. Wat dat oanbelanget is it te hoopjen dat der in nustje minsken fan fak feroarje kommend seisoen. Dat 'Kasko' (Persoan sûnder ynhâld, net te ferwarren mei de kaskommisje) dat de hiele tiid "bek hâlde" stiet te razen moat him sels de lippen ris opelkoar naaie litte. Foar de rest hear ik myn eigen echo te faak. Yn de twadde helte kaam Ajax troch in flaterke op 0-1 en dat wie fansels in útgoal en dy binne nea geunstich. Lokkigernôch koe ús Sibon noch al de 1-1 meitsje en der wie noch in bytsje hoop oerbleaun en folge der sels noch in offensyfke mar neidat Heitinga de 1-2 ynkopte wie it foar it grut part oer mei de wille. Kânsleas bin wy fansels net yn de Arena want Gert Jan wint elts seisoen wol in kear fan Ajax en dizze kear soe noch komme moatte. Der moat no allinnich wol twa kear skoard wurde...+ 0 - 0 | § ¶RHIPH Landon Brant Gildar (19-3-1975 - 29-4-2008)
| Fannemiddei om efkes foar tolve oere krige ik in naar en ûnferwachte tillefoantsje fan it bestjoer fan Bernlef mei de melding dat Landon Brant Gildar dea wie. Landon waard dea fûn yn syn hûs yn Boedapest yn Hongarije. Hy is trijentritich jier jong wurden. Mear koe men my op dat stuit ek net fertelle. Ik koe, en woe, it earst hast net leauwe mar ik haw my der dochs mar ta setten en ynformearje de oare leden fan de Aldiwynrûnte, de rûnte dêr't Landon al frijwat sûnt it begjin diel fan útmakke hat. Wy sille Landon altyd herinnerje as dy aparte Amearikaan dy't Frysk prate mei in grappich Amearikhaansk Akshint.
Hy hat altyd diel útmakke fan de saneamde Aldiwynrûnte, dy't lyk as de wyn dy't wy dronken, bestie út in griemank fan aparte leden. Landon wie wat dat oangiet folweardich lid want der wiene net in soad eigenaardigheden dy't by him ûntbrieken. Wylst ik dit skriuw rinne de triennen my oer de wangen at ik tink oan Landon dy't him drok makket oer it feit dat hy by it kaartsjeblazen diskriminearre wurdt omdat hy sawol de boeren, de froulju as de hearen sûgje moat. Landon wie ek ûnmisber op ús tintekamp dêr't hy altyd de middelste peal beet hâlde oant wy de skearlinen fêst setten hiene. Wy seiden dan altyd dat Landon op pole-position stie. Landon hat, nettsjinsteande syn sûkersykte en syn oare mankeminten dochs altyd oant de lêste druppel ta de wille út in pak helje wollen. Sa koe it wêze dat wy oant djip yn de nacht diskusjearren oer fan alles en noch wat wêrby't Landon it gesprek faak nei in heger nivo wist te tillen. Mei Landon syn dea is de bêste Amerikaan dy't ik kin wei rekke al giet it ek seker net te fier om him postúm ta Fries te naturalisearjen. Myn triennen om Landon sizze fansels ek mear as tûzen wurden. Yn gedachten silst by ús bliuwe en ik wol by dizze al dyn famylje, freonen en bekenden de krêft tawinskje om dy ek by harren foar altyd in goed plakje te jaan. Mocht der yn de himel gjin Aldi wêze, lit it ús dan efkes witte. Fansels nimme wy dan in pear pakjes foar dy mei at it ús tiid wurden is...
|






