+ 0 - 0 | § ¶Jitiizer op USB
Nei harren avontoer yn de USA (Feriene steaten fan Amearika) begjint Jitiizer no oan in nij avontoer op USB. De nijste singel fan de tongercoreband út Sint Nyk komt net langer út op skiif mar kinst 'm no dus keapje op in Jitiizeren USB stikje. Op dizze stik fine jim de nûmers De nije friezen en Heitelân. De nije Friezen is in tongerfersje fan 'De âlde Friezen' wat jim grif better kinne as it Frysk folksliet. It Heitelân is foar safier't ik it wit in nij nûmer. It is yn elk gefal net in oersetting fan 'Dêr't de dyk it lân omklammet' wat faaks logysker west hie yn kombinaasje mei it offisjele folksliet. No't hja it Frysk folksliet dus ek spylje kinne wurdt it fansels in kear tiid dat Jitiizer optreedt yn it Abe Lenstrastadion. Foar de wedstryd efter de Nieuw Noord tribune soe in gaadlik plakje wêze fansels. It wachtsjen is no fansels op wat Jitiizer mei USC fan doel is...
+ 0 - 0 | § ¶It oare oranje
It program fan it betelle fuotbal is earne lekt en dêrút docht bliken dat it Hearrenfean kommend seisoen begjint mei in útwedstryd tsjin de kampioen fan de earste divyzje Volendam. Dit 'oare oranje' kin fansels foar it Hearrenfean in moai opstapke wêze nei in soad goals, trije punten en sa in earste plakje op de ranglist nei 1 ronde. It kin fansels ek hiel oars mar salang't ús ploechje by elkoar bliuwt kin wy in hiel ein komme. PSV mist kommend seisoen de punten en ballenpakkende doelman Gomes. Ajax rekket nei alle gedachten Klaas Jan Huntelaar kwyt oan in ploech dy't wol útkomt yn de Champions League en Twente hat de súkseskootzj ek ferkocht. Lit ús der efkes fanút gean dat NAC in mazzeltsje hie ferline jier. Dan meitsje wy dus goeie kâns om heech te eindigjen dit jier. Us nije súkseskootzj moat it gelyk fan it bestjoer fan it Hearrenfean no mar ris bewize...+ 0 - 0 | § ¶Sied stampe
Ik haw hjoed flink oan it stampen west. Ik tink dat ik wol in kilo sied kwyt rekke bin. Yn elk gefal wie de sek oan it ein fan de middei goed leech. No hoege jim gjin meilied te hawwen mei de freondinne want ik haw fansels drok dwaande west om ús gersfjildsje yn te saaien. No't ús terras klear is moat de boel fansels noch in bytsje oanklaaid wurde. Twa grutte flaktes bin yn syn gehiel omspitten en dêr hawwe wy hjoed dus gers saaid. Dêrnei haw ik mei in pear plankjes ûnder myn Fryske klompen it hiele saakje moai oanstampt. Us nije oanwinst, de Gardena aquazoom 250/2, koe it saakje dêrnei moai damp hâlde dat no mar wachtsje oant it sied syn wurk dien hat...
+ 0 - 0 | § ¶In Fryske TLD
Foar my as webhoster en Frysksinnich persoan is it fansels tige nijsgjirrich dat de ICANN, de organisaasje dy't har dwaande hâldt mei it útjaan en behearen fan de ferskate 'top level domains' (tld's), no de mooglikheid liket te kreëarjen om in eigen Frysk tld oan te freegjen. Op dit bin der neist de offisjele lânsekstinsjes noch 21 oare tld's lykas .com .net .org en .info. Yn de takomst kin hjir nije ekstinsjes oan taheakke wurde. Der bin al minsken dwaande om .nyc (New York City), .paris, .berlin en mear fan dit soart nammen te krijen. De Catalanen bin ús trouwens sawysa al flink yn it foar want dy hawwe al in skoftke harren eigen .cat namme. It is de bedoeling dat wy yn de twadde helte fan 2009 dizze mooglikheid krije. No allinnich noch efkes rúzje meitsje oer de te kiezen ekstinsje. Wurdt it .fy, .frl as dochs .fryslan as .frysk? Ik sels soe der tink ik .frl fan meitsje omdat dat al frij bekend is. Lit ús nije kommisaris him hjir mar ris warber foar meitsje. De namme www.johnjorritsma.frl is noch beskikber...+ 0 - 0 | § ¶Roeger as froeger?
Strawelte hat oppenij fan him hearre litten. Under it motto: Roeger as froeger sille hja fjouwer optredens jaan yn de provinsje. Dêrnei giet de stekker der oppenij út. Spitigernôch sit Aaipop net by dy fjouwer optredens. Wol spylje de hearen op Wâldrock. Dat is op 'm sels wat nuver want dêr bin hja eins net hurd genôch foar tocht ik sa. Feest sil it grif wol wurde want ik gie eartiids al út myn dak at ik de kompakt skiif hiel lûd draaide.05 juli Wâldrock Burgum
22 Novimber Iduna Drachten
29 Novimber Colloseum Dokkum
13 decimber Romein Ljouwert
Mochten der leafhawwers wêze dy't miene dat it miskien wol in moai útstapke is dan kin wy miskien wol efkes wat regelje en gean mei in groep nei Iduna ta. Dat is lekker ticht by hûs en ik haw in grutte souder...

+ 0 - 0 | § ¶It ein fan de eXPerience?
Op 30 juni hâldt Microsoft op mei de distribúsje fan Windows XP. It is dan dus de bedoeling dat elkenien oer giet op Vista. No haw ik krekt in nije kompjûter mar dêr haw ik toch lekker wer gewoan Windows XP op ynstallearre. Vista sjocht der fansels wol hiel gelikt út mar ik haw der in bytsje it Windows Millenium gefoel by. It liket my ta dat it in soarte fan tuskenpaus is en dêrom wachtsje ik leaver noch mar efkes mei oerstappen. Trouwens, der bin noch oant 2014 befeiligingsupdeets te krijen dat it programma kin noch in pear jier mei fansels...+ 0 - 0 | § ¶Hâld it netsjes...
Nei't earder Gregorius Nekschot al oppakt wie om syn nuvere tekeningen dy't er op it ynternet publisearre is no ek Dominique Weesie (ropnamme: Fleischbaum), de haadredakteur fan Geen Stijl, troch de plysje heard. It gie dizze kear net om de faak boute útspraken fan dizze side mar om in tal reaksjes fan saneamde 'reaguurders' op dizze ferhalen. It komt der dus op del dat by fervelende reaksjes de makker fan de webside oppakt wurde kin. Dat giet fansels wol frij fier want in reaksje is dochs de miening fan de reagearder en net fan de eigner fan sa'n side. It soe al fraai wêze wannear't men my op pakte omdat immen hjir wat nuvere wurden falle lit. Gelokkich haw ik allinnich mar fatsoenlikke reaksjes krigen oant no ta. Dat falt my hûndert prosint mei want by guon aksjes foar it Frysk stiet myn outlook fol mei ferwinskings fan minsken fan it type "Kasko"...+ 0 - 0 | § ¶Iel
Ik bin grut wurden mei iel. Us pake Thaeke fong se, sammele se yn in âlde badkúp en rikke se dêrnei yn syn eigen rikkerstonne. Foar in fermogen hawwe wy fan dizze 'fisk' nei binnen wurke en der wie altyd genôch foar elkenien. De lêste jierren is dat wol oars wurden. De ielpriis wurdt hieltyd heger en heger en de marren wurde leger en leger. Wêr't soks oan leit? Ik leau net dat der no folle mear op iel fiske wurdt as eartiids. Wol binne der fansels hieltyd mear streupers op paad dy't folsleine marren tichtsette mei kilometers netten. Dochs liket it my ta dat der wat oars oan de hân is mei de iel. De kâns is grut dat se fanút de Sargassosee in oare rûte naam hawwe en sa net langer yn it Nederlânske wetter terjochte komme. It is trouwens net allinnich mei de iel slim steld wat dat oangiet. Ek mei de snoekbears giet it hurd efterút. Wie it 20 jier ferlyn noch de fraach: "hoefolle hat heit fongen?" No soe dizze fraach earder: "Hat heit noch byt hân?" wêze. Der is no sprake fan dat der in weromsetplicht komt foar sportfiskers dy't iel fange. In bytsje nuver sjoen it feit dat de beropsfiskers wol snoekbears as byfangst hâlde meie. No ja, it sil allegear wol. Pake is der net mear dat de fisk moat no wer djoer betelle wurde. Wat dat oangiet foar my foarlopich net in soad iel mear...+ 0 - 0 | § ¶Kameleon en it Wetterskip misse de boat
Ynkoarten binne der wer wetterskipsferkiezings en omdat dy ferkiezings net folle stimmers lûke en omdat sawysa net krekt dúdlik is wat it wetterskip Fryslân sa al docht hawwe hja no kameleonfilmkes en radiospotsjes makke. Hoewol't it Wetterskip ien fan de stipers wie fan de Fryske Kameleonfilm en hja ek in moaie ferfryske namme hawwe is dochs besletten om dit troch Steven de Jong filme projekt yn it Hollânsk te dwaan. Myn stimming is dan ek al wer aardich bedoarn foar dizze ferkiezings.+ 0 - 0 | § ¶Hielendal neat yn Amsterdam
Krekt lykas op it ôfrûne WK, dat neffens Van Basten mar in opwaarmerke wie foar it EK, binne wy wer ôfdroege yn de kwartfinales. Dizze kear wiene de Russen fan Guus Hiddink te sterk. Yn de foarrondes like it as wiene wy net te ferslaan. De ynset wie goed en alles slagge dat wy soene de Russen dan ek wol efkes oan skant skowe. Fansels hat it drama mei it berntsje fan Boulahrouz de spilers, dy't in wike earder noch mei harren eigen berntsjes op 'e skouders troch it stadion flannearden, de oare spilers flink oangrepen. Foar de rest stie der gewoan in ûnynspirearre groep minsken op it fjild dy't tocht dat se Guus wol nei hús stjoere soene. Guus hie syn mannen wol skerp krigen en fanôf it begjin wie it dan ek al in ienrjochtingsferkear op it fjild. Dat Ruud van Nistelrooij it feestje foar de Russen noch efkes útstelle koe wie al in wûnder dêr't net mear op rekkene waard mar yn de ferlenging gie it ljocht by de útrêste seleksje fan Marco hielendal út. Dat betsjut dus gjin feest yn de grêften fan Amsterdam. De eigners fan de wenboaten sil der bliid om wêze. Wy sil ris sjen wat Van Basten prestearje kin as klupkootzj want ek dat hat hy noch nea op nivo dien. Faaks is it kootzjen fan Ajax in moai opwaarmerke foar letter at er yn Milaan dwaande kin...+ 0 - 0 | § ¶Sneldyk as parkearterrein?
Noch net sa lang ferlyn frege minister Eurlings de aksjefierende trúksjauffeurs om de sneldyk net as aksjemiddel te brûken. Hy sei letterlik: "Ik vind het belangrijk dat er geen snelwegen geblokkeerd worden". Yn Ljouwert slute se dit wykein gewoan in flink stik fan de sneldyk tusken Dronryp en Ljouwert ôf om der in grut parkearplak fan te meitsjen foar de iepen dei op de fleanbasis. Dat betsjut dus dat ik no om moarn op myn wurk te kommen in oare rûte fine moat. Op 'm sels gjin probleem fansels mar dochs bliuwt it frjemd dat soks samar kin.+ 0 - 0 | § ¶Net bargje mei barchjes
Fegetariërs en Moslims pas op! Ut in ûndersyk fan Christien Meindertsma hat bliken dien dat barchjes net allinnich as fleis op de merk komme mar ek as ûnderdiel fan fjoerprikjes, krêms, neigesetsjes, bier, limonade, autolak, pillen, bôle, drop, winegums en griene stroom. Fan no ôf dus gjin anty-stollingsmiddel Heparine mear foar de echte fega's en Moslims. Ek de rimpelkrêm kin yn de winkel lizzen bliuwe en wat te tinken fan bôle dat sêft bliuwt troch de proteïnes út barchehierren. Fegetariërs hoege de tosken ek net mear te poetsen want ek yn toskepoetserspasta sit stikjes baarch. Ek hiel grappich is it om te witten dat der stikjes baarch brûkt wurde as geleidemiddel by it ôfsjitten fan kûgels. Dat betsjut dat de Moslims dy't op de ferskate 'fredesmissys' rekke wurde troch dizze kûgels as ûnrein beskoge wurde kinne wat fansels foar harren hast like slim is as dea. Wolle jim it folsleine ferhaal dan kinne jim it boek keapje fansels...+ 0 - 0 | § ¶Fjoerfoks 3
De Fryskste webswalker fan it ynternet hat sûnt hjoed in nije fersje lansearre. It moaie is dat Firefox 3 fan it begjin ôf yn it Frysk te krijen is. Dêr hawwe de Ljouwerters Wim Benes en Hindrik Sijens foar soarge. Jim kinne de Fryske firefox hjir delhelje. Hy kin gewoan neist de net sa Fryske internet explorer brûkt wurde.+ 0 - 0 | § ¶Sneu foar Timmer
It Nederlânsk alvetal hat nieskrekt mei in oanpaste seleksje in matte pot spile. Hast alle toppers krigen rêst en hast alle subtoppers mochten opdrave om sjen te litten dat se ek wat koene. It moat dan ek wol hiel sneu west hawwe foar Henk Timmer, de ienige spiler dy't dit EK noch gjin spylminuten pakt hat. Wy hawwe no alle kâns om fier te kommen en dan hie it leuk west at ek elkenien efkes tusken de linen stien hie. Mar Marco van Basten keas fansels foar de Ajax-doelman dy't nei alle gedachten oer in pear wiken ek wer syn fêste doelman wurde sil yn de Arena. No ja, de sportive plicht is yn elk gefal dien en de Italjanen sille bliid mei ús wêze. Lit ús hope dat dy selde Italjanen ús yn de heale finale net de poat wer dwers sette sille...+ 0 - 0 | § ¶B-seleksje?
No't it Nederlânsk alvetal al wis is fan it earste plak yn de swiere poel kin wy moarn tsjin de Roemenen in B-alvetal opstelle. Fraach is fansels oft soks winsklik is. De spilers mei in giele kaart kinne no sparre wurde fansels en ek de spilers dy't net hielendal fris binne. Fierder is it ek in kâns om alle spilers dy't selektearre binne spylminuten te jaan. Sa soene de beide reservedoelmannen elk in helte op goal kinne. Fansels is ús B-seleksje sterker as de measte A-ploegen op dit toernoai. Oan de oare kant is it fansels wol dat fervelende Roemeenje dat yn de foarrondes punten fan ús pakt hat. It soe fansels ek in mooglikheid wêze om mei opsetsin te ferliezen om sa de Italjanen en de Frânsen út it toernoai te wippen. Mar omdat wy yn it ferline ek wol ris ôfhanklik west hawwe fan oaren moat wy no fansels ek ús sportive plicht dwaan. Hokker alvetal de greide yn giet makket my net it measte út, mar wy moat al winne fansels. It is net leuk om kampioen te wurden wêrby't de Roemenen letter sizze kinne, mar wy ha fan se wûn...+ 0 - 0 | § ¶Lost fjouwer, de finale
Fannejûn haw ik de lêste ôflevering fan seisoen fjouwer fan Lost sjoen. Ik moat der noch efkes oan wenne want sûnt it einde fan seisoen trije hawwe der wer in hiel soad nijsgjirrige ûntwikkelings west en it ferhaaltsje oer in pear minsken dy't troch in ûngelok op in eilân kaam binne wurdt no dochs wol hiel apart. It begjint suver hast wat Science Fiction te wurden. Lokkigernôch is it noch altyd wol in geweldige searje mar nei de lêste ôflevering is it no earst wachtsjen op de DVD dy't op dit stuit pas foar begjin desimber plent stiet en dan mar wachtsje oant der wer nije ôfleverings komme. Der soene noch twa seisoenen komme en nei it seisde seisoen witte wy yn prinsipe alle antwurden. Ik bin benijd oft it de skriuwers noch slachje sil om dit ek befredigjend eindigje te litten...
+ 0 - 0 | § ¶De missende stikjes
Troch it EK fuotbal waard myn ynstallaasje juster noch in bytsje opkeard mar hjoed bin ik wer mei nije moed fierder gien. Ik haw yntusken ek it probleem fan de missende skiifrûmte oplost. Wat die no bliken? Windows XP snapt pas fanôf Servicepack twa dat der hiele grutte skiven bestean. Ik haw myn fersje fan XP kocht binnen in pear dagen nei dat er útbrocht wie. Dat betsjut dus dat ik de servicepacks allegear delhelje moat en dan nei ôfrin ynstallearje. Doe't ik it skyfke fan microsoft yn de dvd-skriuwer smiet snapte er dus noch neat fan myn 500GB en sa tocht er gewoan domwei dat it by 130 wol ophâlde soe. Nei't de allernijste updeets oanbrocht wiene koe ik de rest fan myn 500GB alsnoch formatearje en no kin ik de kompjûter eindelik fatsoenlik brûke. Letter op de jûn haw ik noch efkes nei Marpop ta west oan it Tsjûkemar. Dêr haw ik myn eigen hurde skiif noch efkes formatearre mei help fan wat Bessen-Rosé. Faaks kin immen my noch efkes helpe oan Kuipers-servicepack 2 sadat ik ek de missende stikjes fan it konsert fan Mooi Wark en Jitiizer wer wit...+ 0 - 0 | § ¶Gang is alles en gjin ho mear
It earste berjochtsje fan myn nije rekkenreau komt jim no temjitte. Binnen in dei hiene hja myn systeemke gearstald en ik bin dan no ek druk dwaande om de saak te ynstallearjen. Windows XP stiet der al wer op mar der binne noch wat probleemkes want op ien as d'oare wize herkent er myn hurde skiif mar foar in part. Der sit in hurde skiif yn fan 500GB mar Windows XP kin mar in goeie 130GB dêrfan fine. No miende ik earst noch dat der miskien in foutsje makke wie en dat ik in ferkearde skiif krigen haw mar dat blykt net sa te wêzen. No ja, 130GB is fansels ek al in ferdûbeling ten opsichte fan myn âlde bakje en mei de 500GB ekstra netwurkskiif dy't ik yn de meterkast lizzen haw is der foarlopich gjin ferlet fan romte tinkt my. Ik miende earst dat ik noch in probleemke hie want myn 17-tommer hat noch in âlderwetske oansluting en myn nije fideokanon hat allinnich twa DVI útgongen. Dat betsjut dus wol dat ik der no twa byldskermen oanhingje kin wat yn de takomst seker noch wol ris barre kinne soe. It earste wat my trouwens opfoel oan myn superhippe kast is dat der allegear blauwe ledlampkes ynsitte en in grut raam oan de sydkant. Yn de winkel hie ik eins allinnich de foarside sjoen en der wie my ferteld dat der in soad kuolling yn siet. Ik haw der wol in stik as fiif fentilators ynsitten dy't de hurde skiif en alle oare apparaten in bytsje kuolje en myn keamerke fan't winter lekker waarm meitsje. De snelheidstest jout my no ek eindelik de 24 mbit dêr't ik rjocht op haw dus dat is no ek eindelik goed kaam. Fansels komt myn gigabit ethernetkaartsje noch net hielendal tot syn rjocht mar ik bin no wol ree foar de takomst. No de brut noch efkes in bytsje ynregelje en it noadige sêftguod oppenij ynstallearje...
+ 0 - 0 | § ¶Nij rekkenreau
Myn rekkenreau (kompjûter) wie de lêste tiid sa oergryslikke traach dat it waard tiid foar in nijen ien. Hjoed haw ik efkes om my hinne sjoen mar ik woe fansels al in moai bakje hawwe. Mei myn notiidske AMD 800 (384mb yntern en 32mb fideokaartsje) dy't gearstald waard yn de tiid dat Dr Deurholt noch gewoan in nurd wie haw ik it ûngefear 8 jier úthâlden. Hjoed haw ik by ferskate winkels west mar by de measte winkels stiene eins allinnich mar kant en kleare systemen. Dêr sit dan allegear rotsoai op dy't ik al haw lykas in mûs, kaaiboerd en sêftguod. Ik haw hjir noch in offisjele fersje fan Windows XP pro en dy foldocht goed. Uteinlik haw ik by Update yn Drachten in systeem gearstalle litten. Ik krij no ynkoarten in fjouwerkearn Inteltsjipke mei 2gb yntern geheugen en in 512mb fideokaartsje. Dêrneist kin ik straks ek TV sjen op myn tastel wat handich is yn dizze tiid fan fuotbal en olimpyske spullen. Foarlopich bliuw ik noch efkes sjen fia myn eigen 17 tommen brede en faaks noch djippere monitor. In plat skermke haw ik hjoed ek mear dan ien kear oanskôgje kinnen dus dat sil der ek noch wol oankomme. Spitigernôch moat ik noch al in pear daagjes wachtsje oant er klear is mar ik kin hast net langer wachtsje...+ 0 - 0 | § ¶Sci Fi kanaal
Op 'm sels bin ik wol in leafhawwer fan de bettere Science Fiction films (en boeken). Films lykas Starwars, Alien, Dune, Star Trek, 2001 a space oddysey en sa kin ik der grif noch wol in pear opneame. Ik wie dan ek tige benijd nei it Sci Fi kanaal wat yn ús rojale digitale pakket fan UPC sit. Dat falt oant no ta behoarlik ôf moat ik sizze. Der is fansels wol in hiel soad, of eins allinnich mar, Science Fiction op mar it is bynammen hiele âlde prakke of prakke dy't it eins net wurch is om op grut skerm te besjen. In pear dagen ferlyn wie der in film op dêr't ik dan noch wol efkes foar sitte woe. Ik haw 'm dan ek efkes opnaam op de hurde skiif opnimmer. Wy hawwe it dan oer Dungeons en Dragons. It is dan wol gjin echte Science Fiction mar mear in soarte fan fantasy en dat mei ik ek wol graach sjen. No foel it nivo fan dizze film my dochs wol in bytsje ôf. De acteurs wiene slecht, it ferhaal stelde net al te folle foar en de spesjale effekten wiene ek net foarbestemd om yn de takomst noch wer yndruk te meitsjen. In echte net-oanrieder dus!!!+ 0 - 0 | § ¶De boartlikke boarre
Nei de Pompesetters, it woelige waad, de goalgetter en de alvestêdestunt is it al wer tiid foar de fyfde Frysktalige Suske en Wiske. Dizze kear giet it wer om in gewoane oersetting yn tsjinstelling ta de alvestêdestunt dy't him ek noch yn Fryslân ôfspile. Omrop Fryslân mient dat it de seisde Suske en Wiske yn it Frysk is mar ik tink dat se dan de Cambuur- en de Hearrenfeanfersje fan de goalgetter dûbeld telle. Dy hawwe allinnich beide in oare foarside. It docht yn elk gefal wol bliken dat Fryske stripboeken lêzen wurde want der komme dochs wer sa'n 6000 stiks fan yn omloop. Spitich is fansels wol dat ek dizze Suske en Wiske wer sa'n hypermoderne foarside krigen hat. It hie moaier west en bring de Fryske Suske en Wiskes út yn de klassike reade kaft. Ik haw alle Fryske Suske en Wiskes wol yn myn besit mei útsûndering fan de aller earste. De pompesetters soe ek al is er dan twadde hâns noch wol ris in moai jierdeikadootsje foar my wêze (hint)...
+ 0 - 0 | § ¶It koe minder
Nei in lange seary fan minne potten fuotbal hat Marco syn mannen foar de wedstryd tsjin notiidsk wrâldkampioen Itaalje dochs op tiid skerp en gretich krigen. Yn in fantastyske pot waarden de Italjanen folslein fuort spile. It wie gewoan moai om der nei te sjen en dat wiene wy de ôfrûne jierren net wend. No moat wol sein wurde dat Van der Sar syn goal knap leech hâlden hat want ek de Italjanen hawwe wol in pear kânskes krigen mar trije-nul is dochs wol in geweldich begjin fan de earste wedstryd. De Italjanen sille no fol oan de bak moatte yn de kommende twa wedstriden en wy ha alfêst in moaie stap setten nei de folgjende ronde. Hoewol't it balskoppen no al wer in stik better wurden is is myn oranjestimming der noch net. De ôfrûne jierren seach ik it balskoppen meastentiids yn in groep by Bernlef op de soas. Yn in groep mei wat oranjeatributen is it gefoel hiel oars as thús op de bank wylst de freondinne de plantsjes wetter jout. No ja, miskien komt it noch wol...+ 0 - 0 | § ¶ThaEKe stookt it fjoer op
Wylst Pranjic, de Hearrenfeanbydrage oan it EK, syn wurk opknapt yn de ferdigening fan de Kroatyske nasjonale ploech sit ik lekker mei de freondinne yn de tún mei de fleisskroeier oan en de flam yn de fjoerkoer. No't ús nije terras allinnich noch fanút de loft en fanút in inkeld raam op de twadde ferdjipping fan ús buorlju te sjen is kin wy dêr smûk sitte. Mei de fleisskroeier fan 5 euro, dy't nei meardere útfierings noch altyd goed prestearret, en in wat te grutte lading briketten koe it fleisskroeien mar los gean. Ik hie net in soad nocht oan gepiel hjoed dat ik hie in moaie samling besteande stokjes en woarsten kocht. De freondinne hie yn in fier en griis ferline al ris in fjoerkoer krigen yn har krystpakket. Dizze hawwe wy ek foar it ljocht helle en omdat ús hok noch grôtfol mei moai droech hout leit ha wy mar in begjin makke mei it opromjen dêrfan. Sa hawwe wy fan in pear kapotte stuoltsjes dochs noch wat waarmte en geselligheid hân. In fjoerkoer is wat dat oanbelanget in ideaal middel om rap in moaie fik te krijen. It ienige wat wol wat spitich wie is de fjoerkoer sels. Doe't wy begûnen wy dizze noch moai swart mar no't wy him brûkt ha is al dizze farve opbaarnt en hy is no in bytsje griis wurden. Dochs nuver, in fjoerkoer dy't net oer waarmte kin...+ 0 - 0 | § ¶Gjin djoere jonge
Ut ûndersyk fan saakkundigen docht bliken dat minsken mei obesitas wat de soarch oanbelanget goedkeaper binne as de Sonja Bakkerfens. No beskôgje ik mysels fansels net as in obesitasser mar neffens de noarm soe ik dêr wol ta hearre op dit stuit. Obesitas betsjut dat de BMI boppe de 30 sit. (BMI = gewicht/lengte x lengte) Mei myn 1,98 soe ik dan dus 30x1,98x1,98=117,6 kilo wege meie. Spitigernôch foar my sit ik dêr op dit stuit noch krekt in bytsje boppe. Dat is dan wol wer goed foar jim (lês: de maatskippij yn it gehiel) fansels omdat ik dus dan earder dea gean sil sadat ik yn de takomst minder lang soarch nedich haw. It sil my op dit stuit in soarch wêze yn elk gefal...+ 0 - 0 | § ¶Franeker - Frjentsjer
Hieltyd mear gemeenten ferfryske de plaknammen. No sil ek de gemeente Frjentsjerteradiel de nammen yn it Frysk fêststelle. De hiele gemeente? Nee fansels net! De stedsfriezen hawwe der wer foar soarge dat Frjentsjer gewoan Franeker bliuwt. Dat is wol spitich fansels en ik wol hjirby dan ek de notiidske Bernlef studinten oproppe om op it kommende krystkongres de jubilearjende boargemaster Haveman (25 jier boargemaster) hjirfoar efkes op it matsje te roppen. Straks is hiel Fryslân wer Frysk en dan sil ús âlde akadeemjestêd wer dwers lizze?+ 0 - 0 | § ¶Krintsjebrij part II
Heit waard hjoed al wer 66 jier en tradysjoneel krije wy tidens in jierdei thús altyd pareltsjebrij. In moai moment om dus efkes nei it resept te freegjen (sjoch berjochtsje fan juster). Hjir komt er:Ungefear 100 gram groat mei ien liter wetter sa'n 20 minuten siede
In pakje resinen taheakje
In fleske reade beiesop der by smite
In pypke kaniel der by
Op smaak meitsje mei sûker
Ik haw it noch net besocht mar sa makket ús mem it yn elk gefal altyd. Waarm mei wat ekstra sûker is it in hearlik neigesetsje...
+ 0 - 0 | § ¶Krintsjebrij
Neffens Omrop Fryslân hâldt Friesche vlag meikoarten op mei it meitsjen fan Bessola, better bekend as krintsjebrij. Dat soe komme omdat it hjoeddedei te min ferkocht wurde soe. Dit berjocht doocht net alhiel fansels. De krintsjebrij waard makke yn it fabryk fan Friesche vlag yn Grins en dy festiging waard heal april sletten. Friesche vlag is dus al folle earder ophâlden mei it meitsjen fan de brij. Yn de future factory wie gewoan gjin plak mear foar it âlde en fertroude resept. Dat der te min ferkocht waard liket my net in jildich argumint. De Aldi hie it ommers noch yn it assortiment en dy brûke harren winkel yn it generaal net as opslachplak. Ik sil ús mem ynkoarten ris freegje nei it resept foar ús eigen 'pareltsjebrij'. Sels makke is it ommers ek noch folle lekkerder...+ 0 - 0 | § ¶Embryo seleksje
De medyske wittenskip fynt hyltiten wer nije dingen út om minsken better te meitsjen as om minsken bettere kânsen te jaan yn it libben. No is it op dit stuit al mooglik om by erflikke foarmen fan kanker yn it foar in seleksje te meitsjen fan befruchte aaisellen wêrby't de ferkearde sellen dan fuorthelle wurde. De christenunie is hjir op tsjin. Sy wolle al it leven beskermje en dus moatte de froulju dy't dizze erflikke foarm fan kanker hawwe it der mar op weachje en hope dat ús Leave Hear harren dochters der gjin lêst fan krije lit. In frome gedachte fansels mar soks docht my altyd wer tinken oan dy mop, as faaks wie it in ûnderdiel út in preek, oer de pastoar dy't lêst hie fan heech wetter. Doe't der in boat by him delfoer dy't frege oft sy him ek helpe moasten sei hy "God helpt my wol". Doe't it wetter him oant de nekke ta stie kaam der oppenij in boat del en wer woe er fan gjin help witte. God soe him wol helpe sa bearde der. Net folle letter stie er op teannen en kaam it wetter him oant de lippen ta mar hy woe net oan board naam wurde. Uteinlik fersoop menear pastoar en doe't er boven by syn hear foar de doar stie wie er poerrazend omdat God him ferrekke litten hie. Mar God antwurde doe, "Bêste man, ik haw trije kear in boat by jo del stjoerd". Mei de medyske wittenskip is it krekt sa'n ferhaal. Mocht der in God wêze dy't almachtich is en dy't ús makke hat dan hat er ús ek de mooglikheid jûn om ús sels te helpen. Wy kinne minsken wer better meitsje of der foar soargje dat bern sûn berne wurde. No noch tastemming fan it folsleine kabiNET...+ 0 - 0 | § ¶Boer tsjin Boer
By Omrop Fryslân ha se Boer tsjin Boer om te sjen hokker boer de bêste boer is. Yn de molkfeehâlderij ha se Boer tsjin Boer omdat de iene boer graach wat mear sinten ha wol foar syn molke wylst de oare boer graach sinten ha wol foar syn molke. Doe't ik sneon it fabryksterrein ferliet seine de boeren dy't de boel blokkearden noch dat se der moandei noch wol stean soene. Jûns let bin se der doe dochs mar mei ophâlden want der giene geruchten dat der oare, lulke, boeren op paad wiene om de blokkades op te heffen. It is fansels in nobel stribjen fan de blokkearende boeren om in pear sinten mear de liter te krijen, mar om no in 5000 liter molke, goed foar in pear tûzen euro, yn de jarretank te smiten docht ek wol wer hiel bot sear yn de beurs fansels. Fandêr dat it de ôfrûne dagen Boer tsjin Boer wie. Sûnder kamera dizze kear en sûnder echte winners. Yn elk gefal wie de poart hjoed wer gewoan iepen yn Dronryp...+ 0 - 0 | § ¶TBS
TBS is in film út 2008 en dochs wie er 31 maaie al op Nederlân 3 te sjen. Dat gie flot wylst de film yn de bioskoop dochs ek al in 115.000 besikers lutsen hie. Dit wie no typysk sa'n film dêr't ik net foar nei de bioskoop ta woe mar dy't ik wol graach sjen woe. Wat dat oangiet hat de film my ek net teloarsteld. It ferhaal giet oer in TBS'er dy't ûntsnapt út syn klinyk en dêrby in famke fan 13 ûntfiert om sa oan de plysjes te ûntkommen. Foar de rol fan de TBS'er wie mafkees Theo Maassen útkeazen en dat wie in goeie kar fan de regiseur. Theo komt altyd al in bytsje oer as in trochdraaide gek en yn dizze film falt dan alles moai op syn plak. Tegearre mei it famke giet Theo op syk nei syn mem dy't syn ûnskuld bewize kin. Hoe't it ôfrint sil ik net ferklappe mar it bliuwt boeiend om fan ticht by mei te sjen oer it skouder fan sa'n gestoarde.




