+ 0 - 0 | § ¶Bûten it fjild
Klaas Jan Huntelaar hat in skikkingsfoarstel krigen fan ien duel foarweardlik omdat er foar de televyzje fertelde dat skiedsrjochter Braamhaar marsjandearde troch Feyenoord wol en Ajax net in strafskop te jaan. Earder hie Gert-Jan Verbeek in boete fan 500 euro krigen en twa wedstriden foarweardlik omdat er skiedsrjochter Van Egmond beskuldige fan marsjandearjen. Yn it gefal fan Verbeek wie de straf noch in bytsje heger omdat er ek wat dingen sein hie oer de skiedsrjochter syn privee libben. Yn elk gefal mei der fan de KNVB neat mear sein wurde oer de skiedsrjochter dat mei dúdlik wêze. Dêrmei is it fuotbaljen net allinnich mear in spultsje mei in pear fuotten en in bal mar moat de spilers dus ek goed de kop brûke. It wurdsje marsjandearje moat men foarlopich dan mar net mear brûke. Mei Braamhaar moatte je sawysa oppasse want dy hat in soad freontsjes yn de skiedsrjochterij...+ 0 - 0 | § ¶Kredytkrisis
Nederlân, Europa en de Wrâld ferkeare yn in kredytkrisis sa wurdt sein. Dit wurdsje kredytkrisis is sa nij dat it yn myn fjoerfoks mei fryske staveringshifker in read streekje krijt. It is fansels ek in fout wurd. Eartiids haw ik by ekonomylessen wol leard dat de ekonomy yn it generaal in golfbeweging folget. Wat dat oanbelanget is it ek net mear as logysk dat nei jierren fan stigings wy no wer efkes by de roetsbaan del meie. Minsken dy't krekt wat te folle lienings ôfsletten hawwe mei it each op de stiigjende wearde fan harren hûs komme no fan in kâlde merke thús. It is dan ek net om neat fansels dat de doarpsfeesten allegear yn de simmer plak fine en net yn de kâlde wintermoannen. No kin wy fansels wol hiel mâl dwaan en ús soargen meitsje oer it omfallen fan de banken ensa mar dat hat fansels gjin doel. Júst troch as in gek nei de bank te fleanen en al de sinten te ferplakjen nei in âld sok falle de banken om. Boppedat is de kâns dat banken lykas de Rabobank en de Friesland bank omfalle lytser as de kâns op brân yn jo hûs. En by it omfallen fan in bank wurdt yn elk gefal noch 38.000 euro fergoede by in saldo fan mear as 40.000 euro. Ik hoech my dan persoanlik ek nearne drok om te meitsjen want safolle jild haw ik net iens. Wat dat oanbelanget sitte de measte Friezen wol goed tinkt my. In fertroude deeglike bank en net te folle jild dêr op. Jild moat rolje at je der gjin fleantúchjes fan fouwe kinne...+ 0 - 0 | § ¶Trochgeand ferkear

De groep fan Auwerk (dêr't ik persoanlik neat mei te krijen haw) hat om de slach by Warns betinking hinne fan har hearre litten troch ferskate ferkearsboerden fan in Fryske tekst te foarsjen. Sa steane der hjoed yn de Súdwesthoeke boarden mei 'trochgeand ferkear' en 'fytspaad'. Hjirby bin foar safier't ik dat begrepen haw gjin saken fernield want de boarden binne allinnich mar bestikkere. It is fansels in aardige aksje dy't wer efkes omtinken freget oan de posysje fan it Frysk. Tsientallen jierren ferlyn waarden ommers ek de plaknammebuorden oerskildere mei Fryske nammen en hjoed de dei binne der hyltiten mear gemeenten dy't de plaknammen der sels yn it Frysk op sette wolle. Faaks kin yn 2028 ek de boarden mei trochgeand ferkear yn hiel ús provinsje ynfierd wurde. Yn Hollân binne dy boarden dochs net mear nedich omdat dêr hast gjin trochgeand ferkear mear is mei al dy drokte en de files ensa.
+ 0 - 0 | § ¶En un momento ûngelokkigo
Yn it drokke spylskema fan it Hearrenfean docht de KNVB der alles oan om de UEFAcup aspiraasjes lestich te meitsjen. Nei de fiere útwedstryd yn Maastricht fan ôfrûne woansdei mei it Fean trije dagen letter al wer fris en fit yn Breda oan de ôftraap ferskine. At dit no fan ynfloed wie op de wedstryd wit ik net mar feit wie wol dat it Hearrenfean net goed oan de wedstryd begûn en al rap mei 2-0 efter stie. Doe't Dingsdag krekt foar rêst 2-1 makke wie de ferslachjouwer fan Omrop Fryslân (radio) út 'e skroeven want in goal flak foar de rêst wie fansels tige wichtich. De mannen fan Breda hiene dat ek wol troch dat hja makken yn de blessuretiid noch twa goals en sa koe it Fean mei 4-1 de klaaikeamer yn. De wedstryd wie spile fansels al kaam it Hearrenfean noch wol op 4-2 en sa bliuwe wy wer in soad goals tsjin krijen. Sa lang at jo der mar ien mear meitsje as de tsjinstander is dat gjin probleem fansels. Hjoed slagge dat net! Hjoed waard trouwens ek noch bekend makke dat Hearrenfean - Vitoria Setubal rjochtstreeks útstjoerd wurde sil troch Omrop Fryslân TV. Je snappe dan net wêrom't se foar dizze wedstryd kieze en net foar de wedstryd yn Portugal. Hjir kin eltse Fries ommers wol hinne en Portugal leit dochs wat fierder efter de Tsjonger. No ja, it makket ek net út want ik bin der fansels wol live by...+ 0 - 0 | § ¶Libelly, de story oer it priveelibben fan Elly
Elly (sûnt hjoed mei dûbeld ui) stapte hjoed yn it houliksboatsje tegearre mei har Frank. Wy wiene foar de folsleine dei útnoege om mei te rinnen dat it begûn fannemoarn al betiid. Earst mar ris sjen oft ik noch wol yn myn pak paste. Dat hie ik eins efkes earder besykje moatten fansels mar troch drokte mei it meitsjen fan in blêd foar deeglikke hûsfroutsjes (Libelly) wie soks der efkes net fan kaam. Gelokkich paste ik noch yn it pak dat ik ferline jier kocht haw doe't myn suske boaske. De brûk sakke suver hast in bytsje ôf dat ik haw it gefoel dat ik de goeie kant wer op gean mei myn gewicht. Nei't Gerlind en Thijs by ús hûs oankaam wiene stapten wy yn ús auto en sa kamen wy tradysjoneel frij wat let oan yn huize Pruiksma-Kuik. Dêr wiene de oare deigasten al drok dwaande mei sop en bôle. Elly en Frank wiene noch oan it fotokes meitsjen mar dy soene wy op it stedhûs wol sjen fansels. De rezjy fan de brulloft wie by Elly har sus yn strakke hannen. Sa krige elkenien in euro foar de parkeargaraazje en in lintsje foar om de antenne. Ik wie as earste fuort mar omdat de froulju dat net goedkarden hawwe wy efkes in pear rûntsjes om in minirotonde dien sadat wy wer midden yn de troustoet sieten. Op it gemeentehûs stiene Frank en Elly al te wachtsjen yn in prachtige wein. Se seachen der ek prachtich út allebeide. De trouwerij wie folslein Frysktalich dus dat koe my ek wol bekoare. Doe't se beide it jawurd jûn hiene reizgen wy wer fierder. Sa kamen wy úteinlik yn Ketlik út dêr't de feestlokaasje eins rekkene hie op min waar wêrtroch't it program binnen plakfine soe. Omdat ús leave hear it sinnich ynseach koene wy dochs in grut part fan de dei bûten fiere. De taart mocht oansnien wurde en Frank friet fuort de kop fan de marsepinen Elly op. As wraak naam Elly net folle letter ek de kop fan Frank yn de mûle. Doe't de kop der ôf wie waard de Libelly presintearre. It blêd foar de deeglike hûsfrou dêr't tagelyk ek de story fan alle privé saken fan Elly yn stiene. Wy hiene dit boekje makke omdat der gjin stikjes dien wurde mochten mar letter die bliken dat dit ferbod net foar elkenien jilde. De freonen fan Frank diene wol in stikje wêrby't Pruikje op Pruikje ôf spile waard mei grappige fragen. Nei dat wy in goed miel krigen hiene koene wy ús ree meitsje foar it tsjerke. Yn it prachtige tsjerkje fan Ketlik krigen Frank en Elly in mis dêr't net in soad mis mei wie. Ek krigen hja de ring dêr't Elly al salang fan yn de ban wie. Doe't it tsjerke útgie waarden de Sint Thomasklokken lûde. Dêrnei wie it noch lang gesellich mei muzyk, joustra sânomheech en in soad minsken...
+ 0 - 0 | § ¶KNVB Beker
Justerjûn hat sportklup Hearrenfean ienfâldich mei 3-0 fan MVV wûn yn de bekerwedstryd. Wy hawwe it dan oer de KNVB-beker fansels. Dat de KNVB dêr in hân yn hat is fansels net te bewizen mar dochs wiene de skiedsrjochters al wer efkes nedich om de útslagen de goeie kant op te bûgjen. Sa kamen de Grinzers nei't hja mei 2-0 efter stiene tsjin de amateurs út Hoarn yn de lêste minuten noch op 2-3. De skiedsrjochter joech de Grinzers dêrby twa strafskoppen wêrfan't der ek noch ien mist waard. Faaks koe de man ek net oars mar hy twivele net lang en sa koene de Grinzers nei't hja yn de 88ste minút noch mei 2-1 efter stiene dochs noch sûnder ferlenging mei 2-3 wer op hûs oan. Ajax tsjin Utert wie noch al sa'n wedstryd dêr't de skiedsrjochter de wedstryd beslisse mocht. Earst krige Suárez gjin reade kaart en letter fersierde hy ienfâldich in strafskop en in reade kaart. Huntelaar siet net yn de wedstryd en hy miste dan ek mar mei in man minder koe Suárez it net wol fine. Doe wie de wedstryd spile en letter mocht Huntelaar dan noch foar de statistiken de 2-0 meitsje. Ik wol net sizze dat Ajax it net fertsjinne om te winnen mar it hie dochs efkes help noadich fan de 'man yn it swart'. No hawwe wy gelokkich net fuortdaalks tsjin Ajax lotte mar mei in thúswedstryd tsjin Haaglandia moat der wol wer in folgjende ronde yn sitte foar it Fean tinkt my...+ 0 - 0 | § ¶Kom op foar it Frysk
Op woansdei 1 oktober sil der yn de twadde keamer praten wurde oer it foarstel fan minister Ter Horst om it Nederlânsk wol, en it Frysk net yn de grûnwet op te nimmen. Kommisaris John Jorritsma en de Fryske steateleden en deputearren sille hjiroer prate mei de twadde keamerleden. Dêrneist organisearret it komitee "Frysk yn de grûnwet" in busreis nei De Haach en do kinst ek mei. Kinst dy opjaan by it provinsjehûs en de bussen sette om ûngefear 13.00 oere ôf út Ljouwert. Om 17.00 is der dan earst in buorrel yn Nieuwspoort dêr't repper Remon de Jong foar wat leven yn de brouwerij soargje sil. Wannear't it Frysk net yn de grûnwet komt en it Nederlânsk al dan is alles wat sûnt kneppelfreed berikt is yn ien klap wer ûntdien dus net stinne mar hinne!!!mear ynformaasje
+ 0 - 0 | § ¶Frysk yn de grûnwet
Minister Ter Horst is fan doel de grûnwet oan te passen. Der soe in rigeltsje yn moatte dy't oanjout dat it Nederlânsk dé mienskiplike fiertaal fan Nederlân is. In aparte set fan in oerheid dy't no al by guon saken brûk makket fan Turks en Marrokaans om sa alle 'Nederlanners' te berikken. Dochs is it op 'm sels wol goed dat dúdlik makke wurdt dat it Nederlânsk achte wurdt de fiertaal te wêzen yn Nederlân. Jildt soks dan foar hiel Nederlân? Nee net foar hiel Nederlân fansels, want yn it Noarden fan Nederlân leit in gebied dêr't ek it Frysk de fiertaal wêze kin. It soe dan ek in moaie oanfolling wêze en set it Frysk, de twadde rykstaal, der ek yn. Minister Ter Horst sjocht dat oars: "it Nederlânsk heart yn de grûnwet as mienskiplike fiertaal fan alle Nederlanners, wylst it Frysk foaral in soad foar de Friezen is", sa sei hja. "Boppedat kin it Frysk ek hiel goed beskerme wurde sûnder de taal yn de grûnwet op te nimmen." Wat is der dan mis mei om it sa yn de grûnwet te pleatsen liket my ta. It Nederlânsk is de mienskiplikke fiertaal fan alle Nederlanners. It Frysk is yn Fryslân lykweardich oan it Nederlânsk en kin dêrmei ek as fiertaal yn de provinsje Fryslân brûkt wurde. Op 'm sels hoecht it Frysk net sa noadich yn de grûnwet, mar dan it Hollânsk ek net fansels. Want tink der goed om. Wy Friezen hawwe jierren lang fjochtsje moatten om it Frysk lykweardich te krijen. Troch it Frysk net, en it Hollânsk wol yn de grûnwet op te nimmen soe yn ien kear al it wurk om 'e nocht west ha. Wannear't men yn De Haach mient dat se ús taal har status ôfpakke moatte dan bin wy dêroer noch net útpraten fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Autofrije snein
Juster wie it wer autofrije snein en gelokkich dogge wy yn Fryslân oan dy ûnsin noch net mei. It idee fan de autofrije snein is it opkearen fan útlitgassen, it tsjingean fan lawaai en it kreëarjen fan romte en rêst. Dêrneist wol men oantoane dat de auto net altyd needsaaklik is en dat je bêst sûnder kinne. No haw ik juster efkes te silen west en wannear't ik sûnder auto nei de Rottefalle werom woe hie ik om 19.17 yn de bus sitte moatten om dan ferfolgens fia Balk en de Lemmer nei hûs ta te kommen. It leste stikje soe ik dan trouwens ek noch mei in taksy ride moatte wat úteinlik dochs ek wer in auto is. Nee it iepenbier ferfier is der net op foarút gong de ôfrûne jierren. Bynammen op snein is it in drama. Dêrneist bin in hiel soad minsken echt ôfhanklik fan de auto en dy meie dan op snein ynienen Amsterdam net mear yn as út. In waardeloaze aksje dy't by minsken allinnich mar kwea bloed set. Ik kin my de lulkens fan de minsken dy't op it sjoernaal wiene bêst yntinke. In better miljeu begjint by dysels en net by it steanlitten fan dyn auto...+ 0 - 0 | § ¶Startperikels
Fannemoarn waaide it krekt wat hurder as juster. Dat wol sizze: de flachjes op de platboaiums hongen noch altyd wol slap nei ûnderen mar der siet al in lyts bytsje beweging yn it faantsje. Omdat de kommisje in nustje pryskes hie mei in datum derop moast der dochs mar sylt wurde. Der waard dus in olimpyske baan útset en groep 1 koe him dêr oan weachje. It gong allegear net hiel hurd mar se kamen wol foarút. Doe't se werom kamen begûn it krekt noch wer wat hurder te waaien. By groep 1 hie ik al sjoen dat de start der moai yn lei foar de stjoerboard start en dat hie men net feroare. Mar omdat elkenien dat keunstke wol ôfsjoen hie fansels soe it grif drok wurde. Wy keazen der dan ek foar om oer bakboard, en dus mei foarrang, by de ûnderste tonne út te kommen sadat wy de stjoerboarders wat narje koene en dêrtroch sels as heechste út de striid komme soene. Troch in ynskattingsfoutsje wiene wy wat te let om se goed te narjen en fan de 21 boatsjes hiene wy der by de heechste tonne dan ek noch mar twa efter ús. In ware ynhelrees moast der dus komme om noch in goed risseltaat del te setten. Wy hellen wol ris immen yn mar faak waarden wy foar de wyn dan wer foarby sylt troch in oare boat mar yn it allerlêste rakje nei de finish koe ik dochs noch in boatsje as trije pakke troch krekt wat langer troch te silen en sa op de streep dochs noch as nûmer 11 oan te kommen. Mei mar twa wedstriden wie in hege klassearing mei no al 11 punten fansels kânsleas. Nei in pear hapkes fan de makkaroanje mochten wy it wer besykje mar no giene der in pear dinkjes goed mis. By de start wurket men folgens de folgjende prosedure: 5 minuten foar de start lit men de hoarn blaze en komt der in flagge op it startskip. 4 minuten foar de start komt der dan in toeter dy't it mooglik makket de it stopklokje op de sekonde gelyk te setten mei it klokje fan it startskip. 1 minút foar de start komt der dan wer in toeter en by de start lit men de hoarn wer klinke. No gie dizze kear alles goed wie it net dat men it 1 minút toeterke fergetten like te wêzen. Dat makke fansels net út en by it startskot hie ik dan ek in prachtich plakje op de streek mar ynstee fan it startskot waard no it 1 minúttoeterke ynset. Dêrmei wie alles dus yn de war en wy bin wer opnij de prosedure yngien. No wie it 1 minút toeterke in minút te betiid dat wy sylden fan de ûnderste starttonne nei it startskip om te melden dat se wol wer oppenij begjinne koene mar doe't wy healwei de streek wiene klonk it startskot in minút te betiid. Wy ha dochs mar starten al hiene wy der fansels op rekkene dat wy werom roppen wurde soene. Dat barde net en sa sylden wy daalks nei in earste plak ta. Dat earste plak ha wy ek net wer ôfstien al wie it soms noch wol efkes in bytsje eangstich om te sjen hoe't de blauwe boatsjes, trije fan in oar type, op ús oansetten kamen. Dochs koene wy stân hâlde en sa giene wy mei 11,9 punten nei it sânde plak. De earste trije krigen in klokje al hie it better west en jou de starters in goed oerwurk. No ja, mei in start op 6 en 4 minuten klopt it gemiddeld wol wer fansels...+ 0 - 0 | § ¶Wyn en beamkes
In âlde siswize fertelt ús dat de bêste silers meastentiids op de wâl te finen binne. No, dat wie dus de sneons fan it falkesilen ek wis fan tapassing. Troch it gebrek oan wyn wie al foar tolven dúdlik dat der de sneons gjin wedstryd sylt wurde koe. Sa bleaune dus alle silers op 0 punten stean en dus op in dield earste plakje. It gebrek oan wyn waard fansels fuortdaalks manmachtich kompinsearre troch op bier oer te skeakeljen. Net folle letter ûntstiene der op ferskate plakken groepkes dy't it op it klaverjassen setten. Sa waard it tal beamkes op de Gânzetippe yn rap tempo ferdûbele al bleau der ek noch wat romte oer foar it piksjitten. Dêr hâlden de bern har manmachtich mei dwaande dat de sinten fleagen yn it rûn en mei it prachtige neisimmerwaar fermakke elkenien him tige goed. Al wie it fansels wol wat spitich want de 21 falkjes leine kreas neist elkoar op ús te wachtsjen. Doe't der dan ek op in gegeven moment in suchtje wyn kaam bin ik mei Angeline efkes in rûntsje om it eilân sylt. De oare silers fûnen it de ynspanning net weard mar nei't der in bêste partij frikadellen, patat en fisk bakt wie kamen dochs noch alle boatsjes los fan de wâl. Net dat it no sa hurd waaide mar troch goed oan de ferkearde kant te sitten woe de boat noch in bytsje skean hingje. Yn de tinte hawwe wy it feest noch efkes trochsetten mar omdat de measten al betiid begûn wiene mei it opsykjen fan de boaium fan harren bierfleskes waard it foar de measten net al te let.+ 0 - 0 | § ¶Nei 't eilân
Moarn is wer it jierlikse sylhichtepunt fan de WSV Sint Nyk, it falkjesilen op it sjûkemar. Gewoanwei syl ik dan mei ús heit mar omdat heit fan syn eartiidske wurkjouwer in reiske nei Skylge oanbean krige moast ik in nije maat hawwe. Ik haw fansels al efkes de boat anneksearre en omdat it drok wurde soe op it eilân bin ik mar betiid ôfsetten. Sa tufte ik kâlm mei de Jolithari nei it eilân ta. Dêr leine al in pear boaten mar ik koe noch oan de walbeskoeiïng lizze gelokkich. It die bliken dat der krekt meand wie en dat wie troch wat sterke manlju al fakkundich oan de kant harke. Oankaam op it eilân haw ik earst efkes in praatsje makke mei de organisaasje en dêrnei haw ik my efkes deljûn mei in goed boek (The white plague fan Frank Herbert). Wat letter hawwe wy de tinte opsetten en doe waard troch ferskate minsken alfêst in potsje bier doppe. Ik hie yntusken yn Angeline van Aalsum in geskikte fokkemaat fûn. Sy skeelt hast 80 kilo mei ús heit en bynammen by wynstil waar is dat fansels in grut foardiel. Nei't ik in noflik bakje makaroanje foar my sels klear makke hie haw ik noch in pear oerkes gesellich oan de jenever sitten yn de grutte legertinte. It wie gesellich en ik haw dan ek sin yn moarn...+ 0 - 0 | § ¶Vitória Setúbal - SC Heerenveen
Hoewol't it Hearrenfean troch de oere tiidsferskil mei Portugal op it lette tiidstip fan 22.00 begûn oan de ôftraap fan wer in seisoen UEFAcup hie de NOS gjin nocht om de útstjoerrjochten te keapjen. Sa moasten wy dus nei de dramatyske wedstryd fan Feyenoord sjen dy't troch ús nije oankeap Elm ek noch it lid op de noas krigen. Fanôf 1 jannewaris komt Elm by ús baljen en dan kin er Feyenoord faaks jitris sear dwaan. By de wedstryd fan Twente waard ek skoart troch in âld-Hearrenfeanspiler (Denneboom) en by Ajax kamen de goals bynammen fan Sulejmani en Huntelaar. De âld Feansters hiene dan ek wer in wichtige rol yn it Europeesk avontoer fan fannejûn. Dan moast it dochs mei ús eigen SC ek wol goedkomme? Mei de radio op Omrop Fryslân haw ik de wedstyd dochs noch folgje kinnen. It wie in minne wedstryd wêrby't it der ek noch in moai skoft min útseach foar de man fan Trond mar yn de 91ste minút wie it dochs Elyounousy (jippy jippy jee) dy't de wichtige 1-1 makke. Mei in útgoal op sek hawwe wy no oer twa wiken genôch oan in 0-0 stân mar ek by winst bin wy wis fan de folgjende ronde mei 4 nije opponenten. Ik haw gelokkich al 5 kaarten yn hûs dat ik kin dan langút lizze yn it Nij Noard fak...+ 0 - 0 | § ¶De kar fan Bos, Balkenende en Rouvoet.
In begrutting opstelle foar in hûshâlden, in aktiviteit, in aksje as in folslein lân: It ferskil sit 'm allinnich yn it tal nullen foar de komma. Sa kin it regear krekt as ús net mear útjaan as dat der binnenkomt. Dogge se dat wol dan moat dat ekstra jild liend wurde wat yn de takomst wer nije kosten mei him mei bringt. No't de BTW net nei 20% giet skeelt ús dat yn earste ynstânsje 1% oan keapkrêft mar dêr stiet foar de oerheid dan wer 1% minder opbringsten tsjinoer. By gelyk bliuwende kosten sil der dan dochs in kar makke wurde om te skrappen as te lienen. Dêrmei is alles wat se ús foarhâlde úteinlik in sigaar út eigen doaze. Dat is fansels wol in ding om ris oer nei te tinken wannear't de oerheid wer ryklik mei jild struit. Ik bin fan betinken dat salang at wy noch ierdgasbaten hawwe, dy reitsje ommers in kear op, wy dit brûke moatte om de steatsskuld fuort te wurkjen. De rinte dy't wy dêrtroch minder hoege te beteljen kin dan letter wer brûkt wurde foar it swiet...+ 0 - 0 | § ¶Om 'e noard hâldt op
Popgroep Om 'e Noard hâldt der lang om let per 1 oktober mei op. Dizze Fryske band mei û.o. âld Bernlefster Pytrick Bruinsma, hat jierren lang moaie Fryske popmuzyk makke en in ferskaat oan kompakt skyfkes útbrocht. Ien fan de bekendste nûmers giet oer Sylvia Millecam dêr't sanger Wim Beckers in eachje op like te hawwen. Nei Bricquebec is dit al wer de twadde fan de al wat langer besteande bands dy't ophâldt. Ik begjin my sa stadichwei oan dochs wat soargen te meitsjen oer Jitiizer...+ 0 - 0 | § ¶Gouda's gloarje
Yn Gouda doare de bussjauffeurs net mear op bepaalde plakken te riden omdat it dêr te ûnfeilich is. Geert Wilders hat dêrom oandrongen op it werom heljen fan ús troepen út Uruzgan sadat se yn Gouda de feiligheid garrandearje kinne. Op 'm sels fansels in nuver idee mar wannear't je der ris wat langer oer nei tinke is it ek wer net iens sa gek. Stel jo proppe in bus fol mei militêren yn boargerkostúm. Lit dy bus dan troch de wyk ride dy't problemen jout en by de earste de bêste poging om rotsoai te skoppen wurde ús militêre passasjiers ynset om de oarde wer te herstellen. My tinkt dat in moai nustje fan dy militêren soks wol in moai putsje fine soe. Kin it net mei militêren ôf dan bin der fansels ek altyd noch wol ME'ers. Dy bin it oars ek wol wend om yn in buske te sitten. Wy moatte fansels yn ús lân net oer ús hinne rinne litte troch in swikje minkukels. De stok op de bealch en net te sunich...+ 0 - 0 | § ¶Fokfakatuere
Kommend wykein is wer it jierliks falkjesilen fan de wettersportferiening fan Sint Nyk. Gewoanwei syl ik altyd mei ús heit mar omdat dy dit jier oare ferplichtings hat haw ik my dit jier mar sels opjûn. No haw ik fansels noch al in fokkenist nedich en omdat it oant no ta net slagge is der ien te finen dy't sawol tiid hat as geskikt is hjirby dan mar in oprop. Ik sykje in fokkenist (f/m) dy't net benaud is (om mei my yn in boatsje te sitten), dy't net te swier is (dat bin ik sels wol), dy't gean wol foar de earste priis (mar it net slim fynt at soks krekt net slagget) en dy't it ek leuk fynt om gesellich yn in legertinte wat te drinken en eventueel wat fisk nei binnen te haffeljen. It silen fynt plak op sneon en snein 20 en 21 septimber op it Sjûkemar. At it heal kin gean wy freed al hinne om yn te drinken. Ik soargje foar ûnderdak, foar iten en drinken en ik haw al in boat regele. Man as frou makket net út en sile kinne is in pré mar it is net perfoarst needsaaklik. Jim kinne jim sollisitaasjes fia it ûndersteande reagearraamke dizze kant op stjoere.
+ 0 - 0 | § ¶Amearikaanske tastannen
Hjoed yn it nijs: Ike raast oer de feriene steaten, de iene nei de oare bank yn Amearika soademitert om en fansels ek noch efkes in stikje oer de ferkiezings dy't pas op 4 novimber hâlden wurde sille. Dan efkes koart wat oar nijs mar dan rap wer werom nei de feriene steaten want der wie ek noch in treinûngelokje yn Californië. Dat is dan it Nederlânske sjoernaal fan acht oere. It wie al in wûnder dat men ek net efkes it waar fan Amearika bespruts mar fierder giet alles dus oer it lân fan de stjêren en de streepkes. Se ha dêr in streepke foar op de rest fan de wrâld sa liket it...+ 0 - 0 | § ¶Foetbalblochje
Mei de start fan de fuotbalkompetysje liket Thaeke.net wer in fuotbalblochje te wurden al is dat wier net de bedoeling fansels. Ik haw hjoed de hiele dei oan it wurk west mar dêr falt fierder net in soad oer te fertellen dus sil it dochs wer gean oer Hearrenfean tsjin Heracles bin ik bang. De earste thúswedstryd fan dit seisoen krigen wy Heracles op besite. Ik wie in goed oere yn it foar mei de Laguna dy kant op gien fanút de Rottefalle mar it wie drok op de dyk. In soad malloaten dy't mei 110 op de lofterbaan riden bleaune en ek noch wat reinwetter der by. By de ôfslach nei it yndustryterrein, de lêste ôfslach foar it klaverblêd, wie it sa drok dat wy bytiden stil stiene op de snelwei. Doe't ik dy hindernis naam hie koe ik wer flot troch ride nei it klaverblêd om dêr oan te sluten yn de rij nei it binnendoarp. Gewoanwei haw ik myn wein faak yn de Anjelierstrjitte stean mar dy wie al aardich fol dus bin ik in blokje omriden en sa fûn ik in hiel ein fuort dochs noch in plakje. Binnen tsien minuten wie ik yn it stadion want sa grut is it Hearrenfean ek wer net fansels en dêr wie it al aardich drok. Der stie in B-artyst (Ali) op de middenstip te rappen mar it wichtichste fan rap is dochs dat it te ferstean is. Wat dat oanbelanget bin ik bliid dat ik gjin Bose bokskes kocht haw want ik hearde allinnich mar echo's en dat wiene gjin willeecho's. Der bin genôch Fryske A-artysten lykas Remon de Jong, at it dan sa noadich in rapper wêze moat, dy't hjir better stean koene. Flak foar de wedstryd begûn waard der ek noch in blikje Hearrenfean-bavaria oanbean. Dat is frij sinloas fansels omdat blikjes yn it stadion gewoan net meie want dêr kin mei smiten wurde. Thermoskannen skiene dan dochs wol wer te meien. Yn elk gefal begûn de wedstryd mei in moaie tifoaksje wêrby't neffens my de tribune tsjinoer ús folslein, en dus net allinnich it ûnderein, yn de pompeblêden feroare. Ik wit dat net seker want it leuke fan tifo is dat net ien sjocht wat der bart omdat elkenien efter in grut kleed sit. Der bin dus úteinlik mar in stik as 20 minsken dy't in goed byld ha fan sokke aksjes. Nij by it Hearrenfean is ek in flitsende reklameboarding. It binne hiel iritante dingen en se bin ek seker net optimaal foar minsken mei epilepsy. Nei it Frysk folksliet begûn it Hearrenfean fuortdaalks goed. Nei fiif minuten stiene wy al mei 1-0 foar troch ús superFries Pranjic. Nei tolve minuten wie it al 2-0 troch opnij Pranjic dy't dêrmei foar it Hearrenfean de man fan de wedstryd waard. Oan de oare kant sil doelman Piekenhagen dy rol wol krigen hawwe want hy hat der in moai nustje ballen goed úthâlde kinnen. Mei noch 78 minuten op de klok like in werhelling fan ferline jier (9-0) yn de maak mar it gie oars. Heracles makke djip yn de ekstra tiid fan de earste helte 2-1 en se krigen wer hoop. Fan doe ôf wie eltse ôffallende bal foar de Almeloërs. It Hearrenfean krige kâns nei kâns mar se makken gjin goal mear. Dan krije jo fansels in kear in goal tsjin en sa waard it yn de 65ste minút ek noch 2-2. Alle tiid om hjir noch wat oan te dwaan like my mar it publyk, ek dat yn Nieuw Noord, woe der net massaal efter stean. Der bin sels noch in moai nustje taskôgers dy't al sa betiid opwei nei harren auto giene dat se de trije hoekskoppen yn de blessuretiid noch op studio sport sjen koene. Wy ha in moaie earste helte sjoen en in minne twadde. Dochs hiene wy twa hannen fol kânsen en Heracles faaks trije. Dat Heracles dêr wat effektiver mei omsprong is spitich. Tongersdei dan mar in goed risseltaat delsette yn Portugal. Der is no yn elk gefal foldwaande rêst...+ 0 - 0 | § ¶Wer hast te let mei de kaartsjes
Foar de aardigheid seach ik wer ris op de webside fan sportklup Hearrenfean om te sjen oft der al kaartsjes kocht wurde koene foar de thúswedstryd tsjin Vitória Setúbal yn de UEFA kup. Tot myn skrik hie ik myn eigen kaartsje keapje kinnen op 3 en 4 septimber. Wer sa'n ferhipt koarte tiid en slimmer noch, ek al wer in wike ferlyn. Ik bin dan ek mar rap efkes nei de ynternetkaartferkeapwinkel gien en gelokkich wiene der noch kaarten foar Nieuw Noord 2. De kaarten foar fak NN1 liken al op te wêzen. No makket dat yn de praktyk neat út en omdat de kaarten (oant 18 septimber) mar €5,- kostje haw ik der fuort mar fiif besteld. Dan kin ik lekker breedút stean. Hawwe jim noch gjin kaarten helle? Gean dan mar rap hinne oars stean der straks allegear wer fan dy malloaten yn ús fek...+ 0 - 0 | § ¶Lette reaksje op in betide wedstryd
Yme Kuiper is lulk op de KNVB omdat it Hearrenfean freed fuotbalje moat tsjin Heracles wylst der woansdei noch ferskate spilers in ynterlân spylje moatte. Heracles hat hjir fansels in stik minder lêst fan omdat dy grif minder rojaal yn de ynternasjonale toppers sitte. It giet by it Hearrenfean ek net allinnich om de grutte tiems lykas Kroaasje en Finlân (Pranjic, Väyrynen) mar ek om de jongere tiems lykas Jong Oranje en gelykweardige tiems fan oare lannen. Dizze spilers komme woansdei as tongersdei pas wurch werom en moatte dan freed alwer oan de bak yn it Abe Lenstra stadion. By grutte klups kin dan gewoan oan de boargemaster frege wurde om de wedstryd te ferbieden mar it Hearrenfean kin dêr fansels gjin redens foar fine. It liket my ta dat soks by it fêststellen fan de kompetysje al bekend wie en dat it dêrom better earder melden wurde koe. It is fansels ek in lúkseprobleem wat je allinnich ha at je in soad goeie spilers yn de seleksje hawwe.+ 0 - 0 | § ¶Plaatsjes sizze mear as tûzen wurden

+ 0 - 0 | § ¶Ik mis in stikje út de film
Freedtemiddei hie Gurbe Douwstra it noch songen mar hy bedoelde der hiel wat oars mei fansels. Ik mis no letterlik in stikje út de film. De freondinne hie The Island opnaam op ús âlderwetske VHS opnimmer. In alleraardigst slagge film oer klonen fan rike lju dy't yn de ferûnderstelling wiene dat hja de lêste oerlibjenden wiene fan in firus dy't al it libben op ierde útroeid hie. Wannear't de rike minske siik waard en in donor nedich hie waard de kloon útlotte om nei 'It eilân' te gean om fan dêrút de ierde oppenij fan in befolking te foarsjen. Yn wurklikheid wie de kloon dan de pineut fansels. Wy hiene der al in moai skoft nei sjoen en it wachtsjen wie op de ôfrin en de ôftiteling mar doe die bliken dat de freondinne de tiid wer wat te krap plent hie. Wy sille dus foarlopich noch efkes yn it ûngewisse wêze oft it kloonfabryk noch altyd bestiet as dat der in ein kaam is oan dizze praktiken...+ 0 - 0 | § ¶Sinteklaasdemo numer twa
Freed wiene der wer opnamen west foar de Fryske Sinteklazekompaktskiif en dizze kear wiene der aardich wat nûmerkes opnaam. It begjint no allegear in bytsje te rinnen mar de tiid hâldt ek gjin skoft fansels want Sinteklaas is ommers oer in pear moannen al wer. Bianca hie my al efkes SMS't dat ik efkes nei GPTV sjen moast. Ik haw dêr freedtejûn hiel let noch efkes nei sjoen en it wie in leuke positive útstjoering. Nei't earder al Sinteklaas is ferkâlden fan Meindert Talma as demo te belusterjen wie is no ek it earste ferske mei bern op de side fan Warber Fryslân del te heljen. (mar hjir kin it ek fansels)+ 0 - 0 | § ¶De sneons fan de merke
Fannemoarn wie ik al om 9.00 spontaan wekker wurden. Troch myn autoritsje nei it Hearrenfean ta bin ik pas om 22.15 begûn te drinken dat ik wie suver hast fit. Wol hie ik fansels wer efkes op de grûn lein by myn hyvesfreonen fan Pigmeat. It wie fansels wer in feest fan herkenning nei't ik se twa wiken ferlyn noch yn Snits sjoen hie. Om 10.00 waard ik ferwachte op it Renadoterrein om dêr te keatsen. Foarich jier hie ik by it wekker wurden de kisten noch oan dat it like der op dat ik in goeie start hie. Spitigernôch wiene der ek Sint Nykster frije partoeren. Ik haw ek al in jier gjin baltsje mear slein dus it wie efkes wennen. De earste partij ferlearen wy al wiene wy bepaald net kânsleas. Sa kamen wy yn de ferliezersronde terjochte en dêrby krigen wy allinnich noch mar ferliezers as tsjinstander. De earste omloop yn dy ferliezersronde wûnen wy frij ienfâldich. Doe stiene wy ek al wer yn de finale en ek dêr gie alles frij aardich. Mar yn it lêst neidat wy mei 5-3 foar stien hiene gie it dochs noch wer mis. In pear flaterkes fan ferskate kanten (wêrûnder myn kant) en ús tsjinstanders kamen werom. Sa ferlearen wy dochs noch in moast ik mei it lytste bakje fleis nei hûs ta. Efternei besjoen wie myn froulikke maat dêr net iens echt rouwich om want sy wie fegetariër. Op nei Binkrock fansels want dêr soe Jitiizer optrede mei as gastsjonger hiel ferrassend Doede Bleeker. De man dy't eartiids troch it libben gie as de misthoarn fan Starum leit him no bynammen ta op it wat serieusere wurk. Foar Jitiizer hat er dochs mar wer ris putten út syn wat âldere repertwaar. Sa brochten hja tegearre de Sweefteef en de Brulkikker mei in soad tonger en geweld. Spitigernôch kamen de switsokken net mear út de skuon. Binkrock wurdt jier nei jier serieuser en nei in lyse absinsje fan ferline jier (dat hie net moatten) wie Jitiizer no wer geweldich op dreef. Ik haw wer de noadige Skoddemolkejierdbei mei jenever hân want dat bliuwt yn al dat geweld dochs it bêste yn de beker sitten. Ek hoech ik net in heale hin mar nim ik allinnich hielen. Doe't immen my frege wêrom't dat wie haw ik him ferteld dat wannear't de iene helte goed smakket it lestich is om efternei noch oan dy oare helte te kommen. Smakket de iene helte net goed dan kin dy oare helte altyd noch wer ynlevere wurde fansels. Oan it ein fan de jûn haw ik noch efkes mei neef Radmer wat diskusjearre mei de plysjes. Radmer siet yn in rolstoel troch syn 'fal yn de steech avontoer' en no siet er oan de drank. Hy ried dus mei drank op mar de plysje fûn dat allegear wol prima. Ik fûn it op in gegeven moment ek wol prima allegear en sa bin ik op eigen krêft nei hûs ta rûn...+ 0 - 0 | § ¶Nij Noard Gearkomste
Hoewol't it Sint Nykster merke wie haw ik hjoed dochs noch efkes nei it Abe Lenstrastadion tawest foar de jiergearkomste fan Nieuw Noord. Yme Kuiper en Henk Hoekstra soene dêr nammentlik ek bywêzich wêze en it like my wol ris aardich om dêr ris in wurdsje mei te wikseljen. Dêrneist bin ik sûnt twa jier lid fan Nieuw Noord en stean ik sûnt ferline jier ek yn it Steanfek dus ik woe ek wol ris út de earste hân witte wat der sa al barre soe binnen sa'n gearkomste. Dit betsjutte fansels al dat ik dus gjin buorrel nimme koe by it konsert fan Gurbe Douwstra. Ik haw de priisútrikking noch efkes meipakt want dat is altyd wol in moai emoasjoneel moment foar in bûtensteander. Sa kin ik jim melde dat de skipsjonges fan Bontekoe mei troch myn stim de publykspriis wûn hawwe. De sjuery fûn de wein fan de KPJ it moaist. Krekt op tiid wie ik yn de Friesland bank seal fan it Abe Lenstrastadion en mei my wiene der dochs noch in man as 40. Dat foel my op 'm sels net ôf wie it net dat de feriening Nieuw Noord fansels wol hast 1000 leden hat. Dat is op 'm sels ek wol wer in opfallend getal sjoen it feit dat der 1200 minsken yn it Nieuw Noord fek stean. Hâld der dan ek jitris rekkenskip mei dat der ek Nieuw Noord leden binne dy't net yn it fek stean. It komt der dus op del dat der yn it Nieuw Noord fek sawysa 200 minne hûnen steane dy't te beroerd binne om lid te wurden fan Nieuw Noord. Feit bliuwt fansels ek dat it Nieuw Noord fek it goedkeapste plakje biedet. Faaks wie it better west en meitsje it fak tsien euro djoerder en lit it Hearrenfean dy 10 euro byskriuwe op rekken fan Nieuw Noord. Dan helje jo de krinten út it fek en it skeelt ek noch dûbelde ynkassokosten en 200 ekstra leden. Wat yn de gearkomste besprutsen is sil ik fierders net iepenbier meitsje en de boppesteande saken bin ek myn fysje en net perfoarst dy fan it Nieuw Noord bestjoer. Yme Kuiper wie spitigernôch dûbeld boekt (troch syn frou) dat dy kaam net. Wol wie Henk Hoekstra oanwêzich en dat wie seker ek in nijsgjirrich man om mei te praten. It bestjoer hie al in moai nustje saken opsteld en fansels kamen der wer in moai oantal saken foarby lykas bleate bealchjes, biergoaierij, sprekkoaren en jild dat op it fjild stean moast ynstee fan op de (jild)bank. Oer it smiten mei bier wiene wy it allegear wol iens fansels. Soks is fervelend en ek noch skande fan de alkohol. Sprekkoaren moatte fansels opbouwend wêze nei de eigen ploech ta al kin in skiedsrjochterlikke dwaling fansels op guon tiden al wat emoasjes oproppe. Immen in sykte tawinskje as famyljeleden it âldste berop fan de wrâld útfiere litte kin fansels net troch de beugel. It ferske oer Dirkie fan AZ hie Hoekstra minder problemen mei. Neffens Henk Hoekstra is it opruiend en útdaachjend om yn de bleate boarst yn it stadion te stean. Dêrom hat it Hearrenfean de regels oanskerpe en mei dit no net mear. Ik haw doe tsjin Henk sein dat ik it noch folle opruiender fyn at der neist my immen stiet mei in ajax himd as sjaal oan. No wit ik ek wol dat it lestich is om oan de kop fan immen te sjen oft dit in Ajax- as Feyenoordoanhanger is mar in ienfâldich ferbod op mouhimden en sjaaltsjes fan de tsjinstander yn de thúsfekken liket my dochs net sa'n grut beswier. Yn elk gefal haw ik leaver immen yn syn bleate bealch neist my stean dan in provosearjende ajaksyt. Wy kin him fansels ek fan syn himd ôfhelpe dan krijt er fansels wol in stadionferbod. Omdat it bestjoer de gearkomste op in gegeven momint ôfkapte wie ik net mear yn steat om noch in lêste fraach te stellen dat ik haw Henk efkes stalkt op de trep nei ûnderen. Sa krige ik dochs noch antwurd op de fraach hoe't it komt mei de smokerij. Spilers en stewards hawwe ommers ek rjocht op in smookfrij wurkplak. Boppedat fyn ik dat at men net bier oer in oar útstruie mei der foar kankerferwekkende en stjonkende smook dochs ek it noadige te ferbieden falt. Henk Hoekstra wist my te fertellen dat fanôf kommend seisoen yn alle stadions it smoken ferbean wurde soe. Dat lêste stiet dus net yn de notulen en dat wie mar goed ek want it hie faaks de gearkomste noch wat ferlenge kinnen en ik wie no al te let foar it fjoerwurk.+ 0 - 0 | § ¶Allegoaryske optocht 2008
Omt ik de freondinne wiis makke hie dat de optocht om healwei tsienen begûn wiene wy moai op tiid foar de optocht dy't alle jierren wer om 10.00 úteinset yn it kader fan de Sint Nykster merke. Wie de optocht wol om 9.30 begûn dan wiene wy fansels krekt te let west mar dit efkes ter ynformaasje. Oankaam yn Sint Nyk moasten wy earst efkes in eintsje omride omdat de optochtrûte fansels al ôfsletten wie. Marcel en Rinkje wiene ek al thús en sa kuierden wy moarns moai op tiid nei de hoeke Gaestdyk/Vegelinstrjitte. Dêr stie fuortdaalks al ien fan de grutte kânshawwers opsteld. De wein fan buertferiening de Gaestdyk is altyd ien fan de kânshawwers en dit jier hiene hja wer in aparte wein makke. Troch mei in ferskaat oan houtsjes in pear keunstsinnige beamkes te meitsjen waard it hôf fan Eden útbylde. Yn totaal siet der wol in pear kilometer hout yn en it soe dan ek in wolkomme oanfolling wêze kinne op ús fjoerkoer. Der wiene fansels mear moaie weinen by. Myn âlde buertferiening de Grietman hie in prachtich stikje Caledonia (Skotlân) neimakke en der waard noch echt songen ek. In doedelsek makke it fansels hielendal ôf. Myn omke Jappy hie mei syn buert de Fûgeldobbe in grutte reus makke dy't neidat er brune beannen fuorre krige sketen liet dy't dêrnei opfongen waarden om sa poffertsjes te bakken. Om alles oaljeloas te dwaan siet der ek noch in fytstrekker foar mar spitigernôch wiene de Fûgeldobbers net by machte en lûk de wein op eigen krêft. Der moast dochs noch wer in echte trekker efter de wein. It giet fansels te fier en besprek alle weinen hjirre mar trije wol ik der dochs noch wol efkes útpikke. In prachtich moai neimakke skip fan de skipsjonges fan Bontekoe wêrby't de karre folslein ynboud wie en de trekker dus út it sicht siet. Dizze wein wie makke troch in skoalle, de Paedwizer. Net tsjinsteande it feit dat dit net myn skoalle wie hat dat my der net fan wjerhâlde kinnen om dizze wein te nominearjen foar de publykspriis. De KPJ hie in moai soad minsken op in wein setten dy't de fjouwer eleminten útbylden mar it allerleukste orisjineelste idee fûn ik dochs wol de âlde piip fan it molkfabryk. Dêr is yn Sint Nyk diskusje oer. Moat er om, moat er stean bliuwe as moat er faaks wat ynkoarten wurde. De piip sit sels yn it VVV-logo dus hy kin net samar om. Oan de oare kant is it ek in bytsje kolder en helje it fabryk fuort mar lit de útlaat stean. De buertferiening oan it spoar hie der yn elk gefal in moaie oplossing foar fûn. In smookromte mei oan de iene kant romte foar de jongerein fan de Wissel en oan de oare kant romte foar de bejaarden fan Doniahiem.




