+ 0 - 0 | § ¶Frijheid fan mieningsbeperking
Yn it begjin wiene der yn ús lân gjin wetten. Doe koe en mocht alles noch. Dat gie fansels net lang goed want der barden saken wêrfan''t de mearderheid fan de Nederlanners fûnen dat dat net troch de beugel koe. Dêrom binne der wetten makke. Wannear't der op papier stiet dat eat net mei dan binne der fansels altyd wer minsken dy't besykje mis- as gebrûk te meitsjen fan hiaten yn dy selde wetten. Dêrom komme der wer nije wetten en sa hâlde de amtners harren funksjes yn stân en kinne abbekaten en rjochters nei jierren lange stúdzjes ús krekt fertelle wat wol en net mei. In hiel soad wetten binne folslein net logysk en in goed foarbyld dêrfan is de wet dy't beskreaun stie ûnder artikel 147. Yn dizze wet stiet dat it net tastien is om dy yn it iepenbier, mûnling as op papier as yn de foarm fan in tekening dwaande te hâlden mei it misledigjen fan goaden, godstsjinsten en de minsken dy't leauwe yn dizze saken. Dizze wet rint fansels folslein út de pas wat de wet op de frijheid fan mieningsutering oanbelanget. It is dan ek gjin wûnder dat dizze wet ynkoarten net mear fan tapassing is. Wol is it wûnderbaarlik dat soks krekt bart yn in kabinet mei Christenunie en CDA oan it roer. Fansels wurdt dit hiaat yn in oare wet wol wer ticht timmere sadat der dus noch altyd in soarte fan frijheid fan mieningsbeperking yn ús lân foarkomt. Ik wol trouwens noch wol efkes opmerke dat it rjocht om eat te sizzen jo net ferplichtet om yn alle gefallen fan dit rjocht gebrûk te meitsjen. Yn prinsipe moat it dus mooglik wêze om te diskriminearjen as te misledigjen mar in soad freonen meitsje je der net mei...+ 0 - 0 | § ¶Anti-smook stikkers
Wylst de Hjerst stadichwei opskoot rjochting de winter en de temperatuer it nulpunt bytiden hellet hat smokend Nederlân it swier. Sûnt der op in soad wurkplakken, wêrûnder ek de kroegen, net mear binnen smookt wurde mei binne hja bynammen oanwezen op bûtendoarske ôfwurkplakjes. It lytse bytsje fjoer wat yn it peukje sit hâldt jo dan fansels ek net lang waarm. Sûnt jier en dei wurde de smokers dan ek noch in kear konfrontearre mei grutte swarte letters op in wite eftergrûn dy't besykje de smokers te warskôgjen foar de earnstige gefolgen fan smoken. Dit docht my altyd tinken oan ien fan de wierheden út de Almanak fan Jitiizer. Dizze wierheid gie sa: "Wy lêze sokke rare dingen oer it smoken, dat hâld mar op mei lêzen". Rony Halma lies de warskôgings al en hy wie fan betinken dat dy krekt wat te Hollânsk wiene. Hy hat der no foar soarge dat der Frysktalige oerplakstikkers útjûn wurde om sa jo smookje wat Frysker te meitsjen. Mei teksten lykas: "Fan smoken gean jo dea", "Dyn bern rochelje aanst ek mei" en "Mei in tút fan de jiskepanne" besiket Romy no de Friezen dy't net goed Nederlânsk lêze kinne ek te warskôgjen. Wol de leste Fries syn peuk útdwaan?
+ 0 - 0 | § ¶De kapotte kapo
Ferlieze is noait leuk fansels mar it drama want him hjoed yn it Abe Lenstrastadion ôfspile hat wie echt net om oan te sjen. Vitesse, nei Feyenoord op 'e nij in ploechje út de kelder fan de Earedivysje, spile ek net denderjend fuotbal mar hja toanden noch al krekt efkes in bytsje ynset. Fan it Fean gie hjoed hielendal neat út en de 0-2 nederlaach wie dan ek net mear as terjochte. Us kampioensaspiraasjes kinne wer in jier de kuolkast yn en dan ek noch twa fan ús bêste spilers mei in fervelende blessure nei de kant. Beerens en Pranjic sjogge wy de kommende wiken wierskynlik dan ek net wer op it fjild en dat mei de wichtige wedstriden yn de UEFAkup foar de boech. De earste helte wie der op de tribune noch in bytsje sfear mar nei't Vitesse op 0-2 kaam gie sels de 'kapo' kapot. Dizze selfkikker op in kistje sjongt kenlik ek allinnich at wy winne. Mocht it Hearrenfean fan betinken wêze dat se it jild foar dizze wedstryd oan de taskôgers werom stoarte, ferjit dan ek de reiskosten net soe ik sizze...+ 0 - 0 | § ¶Gemeentlikke weryndieling
Myn bertegemeente Wymbritseradiel (Wâldsein) hat hjoed tegearre mei Snits, Boalsert, Wûnseradiel en Nijefurd besletten dat it tiid is foar in fúsje. No bin ik wol benijd wat dit foar gefolgen hawwe sil. It is ommers sa dat Wymbritseradiel en Wûnseradiel de Frysktalige plaknammen ynfierd hawwe. No soe ik my yntinke kinne dat Nijefurd dat ek wol dwaan wol mar Boalsert en bynammen ek Snits sille hjir net in grut foarstander fan wêze tinkt my. Dêrneist moat der fansels noch in moaie namme betocht wurde foar de nije gemeente. It liket my dat De Súdwesthoeke in ienfâldige oplossing wêze kin. Kwa grutte soe it logysk wêze dat it stêdhûs yn Snits komt fansels mar dit leit net al te sintraal yn de nije gemeente. Ik bin dan ek benijd nei de oplossings foar al dizze probleemkes. Ik bin benijd wat ik yn myn folgjende paspoart as berteplak te stean krij. Lit is asjeblyft wol in moaie Fryske namme wurde...+ 0 - 0 | § ¶Indiana Jones
Krekt hawwe wy de nijste Indiana Jones (and the Kingdom of the Crystal Skull) op DVD sjoen. Dit wie eins in film dy't ik wol yn de bioskoop sjen woe mar dat is der efkes net fan kaam. Spitich fansels mar yn myn eigen hûsbios wie it ek noch wol in oangename erfaring lokkigernôch. De earste trije films stamme út in fier ferline wêrby't ik noch by Rasmoes op souder nei in âld fideorekorder siet te sjen. Prachtige avontoeren wiene it altyd. De nijste film hie samar in jier letter opnaam wurde kinnen want it is mar amper te sjen dat Harrison Ford tweintich jier âlder wurden is. It is allegear wol wer frij fier socht fansels. Noch mear as yn de foarige films mar de film dendert yn elk gefal wol yn in goed tempo troch. Dêrmei hawwe wy dus in noflikke jûn hân tegearre en ik kin dizze film dan ek seker wol oanriede...+ 0 - 0 | § ¶Us oanfal is ús ienige ferdigening
Hjoed stie de beladen útwedstryd tsjin it leech klassearre Feyenoord fan âld-Hearrenfean trener Gert-Jan Verbeek op it programma. It Hearrenfean hat it meastentiids dreech yn de Kuip mar der wiene kânsen dit jier dat ik tocht dat ik mar ris in pear euro bestede moast oan Eredivisie LIVE. Der wie lêsten sa'n muts dy't it my oansmarre woe foar 10 euro yn de moanne. Dan soe ik 120 euro kwyt wêze yn it jier om 17 útwedstriden te sjen. De thúswedstriden sjoch ik ommers wol yn it stadion. Wannear't ik de wedstriden los keapje bin ik 17x5=85 euro kwyt. Ik sit trouwens ek hielendal net te springen om de measte útwedstriden live op tv te sjen. Dan soe ik noch earder efkes hinne gean fansels. Dizze haw ik al sjoen yn elk gefal en it earste oere wie in hiele aardichheid moat ik sizze. Wy stiene nei in oere sels al mei 0-2 foar. Alles like goed te gean en der wie eins neat oan de hân mar doe't it Hearrenfean nei in oere tocht dat se de buit binnen hiene woene se de oerwinning simpel útferdigenje. Dat is op dit stuit net ús sterkste punt en doe't de driging fan it Hearrenfean ôfnaam pakte Verbeek syn ploechje de oanfal op en sa waard it nei de 1-2 út in frije traap noch knap spannend. Ynstee fan oppenij de oanfal te kiezen waard it Fean hieltyd mear yn de ferdigening drukt en ja, dan falt fansels de goal ek noch krekt foar tiid. 2-2 en wer gjin oerwinning yn de Kuip. Moai foar Verbeek fansels mar wat ha wy dêr op dit stuit mei te skaften. It liket der dochs wer op dat yn dit seisoen dêr't de lytse klups opstean ús middenmoatklupke him dochs wer opmakket foar de play-offs...+ 0 - 0 | § ¶Fol is net fol en âld is net âld
It âldledefeest bringt altyd wer in moai nustje âldleden fan Bernlef nei de soas yn Grins. Om dêr net mei in lege mage oan te kommen wiene wy fan doel om earst efkes te wokken yn de Pein. Doe't ik freed in tafel foar 5 persoanen reservearje woe wie ik al te let. It wie folle bak dêr yn de Pein dat wy fisken efter it net sa die bliken. De sneontejûn bin wy dochs mar op de bonnefoai dy kant efkes op riden en wat die bliken? Der wie wol plak yn de herberch dat wy koene ús bealchjes dochs noch efkes fol ite. Dêrnei op nei Grins fansels. Doe't wy oankamen wie it noch frij rêstich en sa kaam ik ta de konklúsje dat ik de âldste wie op dat stuit. Letter kaam Pier gelokkich noch om my ôf te lossen. Kinst dochs merke dat der in generaasje minsken drok dwaande is mei bern en sa. De generaasje krekt foar my liet it dan ek yn grutte getalen ôfwitte. De generaasjes ûnder my wiene aardich better fertsjintwurdige gelokkich. Sa waard it dochs wer in hiel noflikke jûn allinnich is it dan fansels spitich dat de bob nei hûs giet. Rap ôfskied nimme is noch altyd net myn sterkste punt...+ 0 - 0 | § ¶Fryske TLD fêstlizze?
Rendert Algra fan it CDA wol dat de provinsje it TLD (top level domain) .frl fêstleit. Nammen lykas www.thaeke.frl soene dan mooglik wurde sadat jim fuortdaalks begripe dat dizze side brûk makket fan de Fryske taal. Yn it Flaamske part fan Belzenlân is men op dit stuit ek dwaande mei in .vla ekstinsje. Dat jout fansels prachtige moaie kombinaasjes lykas jierdbei.vla, pjiske.vla en sûkelâde.vla. Dy lêste sil trouwens noch dreech wurde want dakjes en streekjes binne ek noch altyd net mooglik yn domeinnammen. Mei de Fryske ekstinsje is folle minder mooglik fansels al is it wol in hiele aardichheid dat sa'n ekstinsje der komt fansels. Dêr bin ik ek flak foar! It argumint dat in kommersjeel bedriuw oan de haal giet mei de .frl ekstinsje liket my al wat fier socht trouwens want wa soe dêr no oan fertsjinje kinne?+ 0 - 0 | § ¶Hearrenfean - AC Milan
De kâns op in oerwinning wie fansels lyts dat de desepsje is net hiel grut mar dochs hie ik it gefoel dat it Hearrenfean net ôf gien is. De earste 15 minuten koene wy de stân sels noch op 0-0 hâlde. Dat de Italjanen wol hiel effektyf mei kânsen omgean mei dúdlik wêze. Yn rap tempo meitsje se twa doelpunten en dan is de wedstryd eins wol spile fansels. It is dan foar it Hearrenfean fansels noch aardich om te sjen wat de mooglikheden binne. Der komme ek wol kânskes mar it is pas neidat wy in strafskop krije dat Pranjic mei in prachtige Panenca de 3-1 op it skoareboerd bringt. Gjin punten en mei noch mar ien thúswedstryd te gean moat der no op frjemde boaiem tsjin in Bundesliga as Premier League klupke punten pakt wurde om te oerwinterjen. Dat sil in hiele toer wurde fansels mar ik bin wol ris sjachrijniger by in ferliespartij weirûn...+ 0 - 0 | § ¶5000 man by in trening
AC Milan is yn Fryslân en dat lûkt fansels in soad taskôgers. Sa wiene der fannejûn by de trening yn it Abe Lenstrastadion mar leafst 5000 taskôgers oanwêzich. Der bin wedstriden yn it betelle fuotbal dêr't minder minsken op ôf komme. In soad minsken dy't gjin kaartsje foar de wedstryd krije koene ha no dochs efkes de grutte nammen op ús fjildsje sjoen. Ik bin der net hinne west. Ik haw neat mei AC Milan en ik gean ek net nei de trenings fan it Hearrenfean dus wêrom dan wol nei de trenings fan de tsjinstander. Boppedat sjogge wy de mannen moarn wol yn aksje fansels. Ik bin benijd wat it wurde sil. It is fansels wol te hopen dat al dy grutte nammen net op de bank bedarje want by in oerwinning op de Italjanen mei der fansels gjin ekskús wêze...+ 0 - 0 | § ¶Bestel no de Fryske Sinteklaasferskes!
Omdat hast elkenien fergees as sa goed as fergees meiwurke hat oan ús Fryske kompakt skiif koene wy fansels ús topproduksje net út hannen jaan oan in kommersjele partij. Dêrom ha wy der foar keazen om sels de distribúsje fan de skiif te regeljen. It is de bedoeling dat de Fryske kompakt skiif mei 21 ferskes (tsien âlde besteande nûmers en 11 folslein nije topstikken) dêrop yn hiel Fryslân yn winkels te krijen wêze sil. Winkels mei belangstelling kinne dan ek kontakt opnimme mar foar dy minsken dy't wis wêze wolle fan in eksimplaar is fan hjoed ôf de mooglikheid de skiif online te bestellen. Omdat de Sinteklaasperioade sa koart is dat in nije parsing fan de skiif net op tiid klear wêze sil is it saak en wês der rap by want op kin op wêze. Foar mar €10,- (eksklusyf ferstjoerkosten) stjoere wy jo de skiif sa rap mooglik ta.
+ 0 - 0 | § ¶Wetterskipsferkiezings
Ynkoarten binne der wer wetterskipsferkiezings. It Wetterskip Fryslân makke dêrfoar al in tiidsje reklamefilmkes troch gebrûk te meitsjen fan foute Hollânske Kameleonfilmkes. No is in ferkiezing foar de twadde keamer al dreech mar it wetterskip stiet wol hiel fier fan myn bêd ôf. It is dan ek moai dat er in Kieskompas is dy't jo helpe kin by it meitsjen fan de kar. Nei in flinke list mei fragen dy't, lokkigernôch dizze kear wol, twatalich Nederlânsk en Frysk steld waarden kaam ik úteinlik op de VVD út al sit ek de FNP en it CDA ticht by. Wat foar útkomst hawwe jimme en gean jim ek nei de stimbus?
+ 0 - 0 | § ¶Fortising
Nei dat de oerheid earst al de Fortis bank oernaam hat is no ek de ING yn swier waar bedarre. It liket der op dat it potsje fan 20.000.000.000 euro dat Wouter Bos beskikber steld hat hjoed al wer foar de helte leech giet. No is dat op 'm sels gjin beswier fansels want de oername fan Fortis kin op net al te lange termyn bêst ris in aardige duit opbringe. No't ek de ING oankloppet wurdt it fansels wol in soadsje yn de bankwrâld. De staatsbanken kinne net omfalle sa docht bliken. De Nederlânske staat giet ommers nea oer de kop. Dat tocht it regear fan IIslân grif ek in pear moannen ferlyn mar gelokkich stiet ús PVDA man ek dêr wol wer garant foar. Jo kinne dus yn alle gefallen jo earste 100.000 euro op de bank sette mei de bêste rinte. Mocht dit net fertroud blike te wêzen dan betelje de banken dy't it better dogge jo jild wol werom. No bin ik by de Rabobank en dy hat al oanjûn dat se gjin gebrûk meitsje sille fan it oanbod fan Wouter syn miljarden. Dat hat fansels foar- en neidielen. Foardiel is dat ik frijwat wis bin dat myn sinten feilich binne. Neidiel is dat ik dus wat minder rente beur...+ 0 - 0 | § ¶Fryske top 100 fan 2008

Omrop Fryslân is wer begûn mei in aksje om minsken oan it stimmen te krijen foar de Fryske top 100. It is alle jierren wer dreech om mar 5 plaatsjes fan 5 ferskillende artysten te kiezen. Ik haw safolle Fryske skyfkes en der binne folle mear as 5 dy't ik hardstikkene moai fyn. Dochs besykje ik der altyd foar te soargjen dat it net te âldfrinzich wurdt. Der mei bêst wat muzyk yn de top 100 foar de jongerein. Der is neat mis mei Gryt Wiersma, Piter Wilkens, Anneke Douma en Marije Maria mar der bin noch safolle oare bands dy't ek leuke muzyk meitsje. Ik sil hjir myn úteinlikke top 5 mar net bekend meitsje want dan doch ik tefolle bands in bytsje sear fansels mar Jitiizer stiet fansels seker yn myn top 5. Stim ek efkes foar de top 100 fan Fryslân. Faaks komt der ris in nije nûmer ien dit jier...
+ 0 - 0 | § ¶Sjongend op de efterbank
Fannemoarn wie ik om 7.00 oere thús mar ik hie al wer in ôfspraak om 12.00 yn Drachten. Dêr moast ik Wilma, de hamboaispylster op ús Sinteklaasskiif, ophelje. Dat slagge allegear prima fansels en neidat ik Wilma efkes ynlochte hie oer de kuren fan myn auto rekken wy frij flot yn Burgum. Dêr wiene de bern al wer aardich oan it sjongen. Ek wie Meindert Talma efkes yn de studio. Hy hat mei de bern noch flink oan it hatsjoe 'en west. Doe't de bern klear wiene mocht Wilma wer los gean op de hamboai (leuk wurd foar yn in ferfolch op de Fryske kenniskwis Klaas Yde). Dêrnei mocht ik Wilma en twa fan ús jonge sjongeressen wer thús bringe. De sjongereskes mochten nei skoalle trouwens. It grappige wie dat doe't ik yn de auto in Sinteklaasferske begûn te fluitsjen de bern op de efterbank fuortdaalks ynsetten. Echt super moai om te sjen dat elkenien sa entûsjast is. Wy hiene fansels ek wol it Pizzaliet sjonge kinnen (effe wachte, noch efte wachte) mar allee. It is allegear wer goed kaam. Jûn mar betiid op bêd want ik bin bêst in bytsje wurch...+ 0 - 0 | § ¶Lêste Pigmeat (by Bernlef)
Doe't ik yn 1995 keirinner wie hong de hiele stêd Grins fol mei stikkers. Dêrop wie te lêzen dat Pigmeat by Bernlef spylje soe. Ik haw dêr fansel efkes hinne west en it wie ien fan de drokste sauna's ea. Der siet noch mar sa weinich soerstof yn de lucht dat de peukjes spontaan útgiene en it wetter dripte fan it plafond ôf. Hjoed spile it muzikale duo foar it lêst by Bernlef. Hoewol't ik Pigmeat de ôfrûne tiid al wer in pear kear sjoen haw woe ik dochs graach efkes nei dit optreden ta. Earst moast der fansels noch al efkes wat bunkere wurde mar by de woksinees yn Grins is altyd wol wat te krijen fansels. Ik haw it bargefleis mar oerslein. Letter op de jûn haw ik earst efkes spikerslein mei Sytse (de lytse helte fan it orkest). Doe't Pigmeat begûn te spyljen wiene krekt as yn 1995 de peukjes wer út. Net omdat it sa benaud wie mar troch it smookferbod. It wie net heal sa drok as yn '95 mar it wie aardich fol en it wie gesellich. In feest fan herkenning fansels en foar it earst yn lange tiid haw ik wer ris it roeiwedstrydsje wûn. Spitigernôch hat Bernlef noch altyd wat lêst fan de lokaasje want de buorlju woene leaver net dat Pigmeat it al te let makke. Dêrom wie it om 1.00 al wer dien. Doe't úteinlik om in oerke as 5 de muzyk der hielendal mei útskaaide bin ik ek mar ôftaaid. Noch ien kear Pigmeat tinkt my, de datum, 21 maart stiet al yn de agenda. It plak is noch net dúdlik fansels...+ 0 - 0 | § ¶Hast ien fan de 600
Hjoed giene de lêste 600 kaarten foar de UEFA-kup yn de ferkeap. Seisoenskaarthâlders en klupkaarthâlders hiene de kâns om in (ekstra) kaartsje te keapjen. Ik haw it sels ek efkes besocht. Ik hie spesjaal efkes in kompjûter mei ynternet frijmakke op myn wurk en om 12.55 siet ik te wachtsjen en te F5'en. Neffens Omrop Fryslân stiene der rijen minsken by de tickutboksen te wachtsjen mar dy wiene fansels hast allegear kânsleas. It ynternet wie lekker flot oant 13.00 want doe wiene der fansels mear kapers op de kust. Alles waard traach mar ik krige úteinlik dochs in kaart te pakken sa like it. Ik koe útsykje en keas foar fak 414 omdat dat lekker ticht by Nij Noard is. Doe drukte ik op trochgean en doe rûn it saakje alsnoch fêst. It wie dan ek hast slagge mar it slagge dus hielendal net. Letter yn de auto hearde ik dat der nei in heal oere wer kaarten wiene. Dat wiene de kaarten dy't foar my en oare ûngelokkigen fêst lein wiene mar dy't nei in heal oere wer frij jûn binne. No ja, hielendal ûngelokkich bin ik fansels net want myn eigen kaartsje is binnen. In hiel soad jild rin ik ek net mis want ik hie 'm foar ynkeapspriis wol oan in freon as freondinne oanbean fansels. Ien ding is wis, fia ynternet stiest wol altyd foaroan yn de rige mar de kâns op stoarings is wol hiel grut. It soe yn sa'n gefal faaks better wêze en lit de ferkeap fan mar 600 kaarten allinnich oan de kassa fan it stadion plakfine. Dan is dyjinne dy't al om 8.00 oere yn de rij leit yn elk gefal wis fan kaarten en dyjinne dy't om 13.30 noch ris op ynternet omswalket net...+ 0 - 0 | § ¶Bernlef yn aksje nijs
Bernlef hat genôch jild ynsammele om de boete oan útjouwerij Kluitman te beteljen. Dêrmei is it projekt Fryske Kameleonfilm no hast wol ôfsletten fansels. In alleraardigst filmke fan Durk de Vries jout noch in ympresje fan wat der sa al bart is om it jild op te heljen. Ik kom der sels ek frij wat yn foar en soms rop ik dat miskien ek wol wat oer mysels ôf mar om dan ek noch oeral pylkjes by te pleatsen? No ja, it iepeningswurdsje gie my noch frij aardich ôf yn elk gefal net tsjinsteande de grutte hoeveelheden sponsormateriaal yn myn bealchje...+ 0 - 0 | § ¶HEA
Mear as in oere oan materiaal liedt úteinlik ta in filmke fan sa'n trije minuten. Hjirûnder sjogge jim it filmke fan HEA (Omrop Fryslân). It begjint mei Sint Nykster wynmakkers. Dat is wer ris wat oars as Sint Nykster wyn drinkers fansels. Nei 4.50 komme wy, ik net trouwens, yn byld.+ 0 - 0 | § ¶Hast fergetten te bestellen
Mei al dy drokte om de Sinteklaaskiif en it fleisskroeien op myn wurk wie ik noch hast fergetten om myn eigen plakje foar it UEFA-kup treffen tusken Hearrenfean en AC Milan en Braga te reservearjen. Gelokkich kin soks tsjintwurdich online dus ik hoechde de doar der net mear foar út. Fjirtich euro foar twa kaarten. In hiel ferskil fansels mei de fiif euro fan it kaartsje tsjin Setubal. Dochs sit ik der net oer yn dat it stadion wol fol komt al bin ik wol bang dat net elkenien yn it Hearrenfeanfek in blau mei wyt pompeblêdehert hat. Troch dy rottige trochferkeapers sil der grif ek wol in read-swarte sitte dy't net út de Knipe komt...+ 0 - 0 | § ¶Fleis skroeie op it wurk
Op myn wurk is de ôfrûne tiid in soad nijbou west. Ien fan dizze gebouwen is al in jier âld en hat noch gjin offisjele iepening hân. In moai momint foar in feestje fansels dat wy mochten hjoed oantrede foar in fleisskroeierij. De hiele dei wie ik al oan it wurk west om neist myn gewoane wurk ek noch de hal in bytsje moai oan te klaaien en dat wie frij aardich slagge tocht ik sa. Om 17.00 begûn it festijn mar ik moast doe earst noch efkes nei it stasjon fan Dronryp ta wat sa'n 3 kilometer bûten it doarp leit. Dêr soe myn bob mei de trein oankomme. It wie moai waar dus it wachtsjen wie net sa slim. Oankaam op myn wurkplakje wie der genôch fleis om te brieden mar der waard mar nea in startskot jûn. Gelokkich wie der wol genôch te drinken dus wy fermakken ús bêst. Omdat it nei in goed heal oere dochs wol wat leech oanfielde yn myn mage haw ik de sjef ris frege oft er noch fan doel wie om de hal te iepenjen mei in wurdsje ofsa. Dat wie er net fan doel dat ik mocht wol oanfalle. Myn earste pikepoat wie fansels foar de oaren ek it sinjaal om oan te fallen. De âlde siswize oer de skiep is ek hjir wer fan tapassing. Fraach is dochs wêrom't ik altyd it earste skiep wêze moat. Der wie yn elk gefal iten en drinken genôch en hoewol't de Kroatyske man fan ús skjinmakster flink oan it bakken sloech rekke it ek net op. Sa hawwe wy dus no de kuolkast foar moarn al wer fol lizzen...+ 0 - 0 | § ¶Geweldige opnamedei
Hjoed wie ik wer efkes yn studio Apres Midi yn Burgum. Der wie wer in opnamesesje foar de Fryske Sinteklaasskiif plent en ik woe dêr fansels graach efkes by wêze. Omdat ik as earste oanwêzich wie koe ik moai efkes hearre wat der allegear al opnaam wie sa tuskentroch. Remon de Jong wie al efkes yn de studio west en Meindert Talma ek. Adri de Boer, Doede Veeman, Piter Wilkens en Gurbe Douwstra hiene ek al in stikje op de plaat setten en hjoed mochten de bern harren stikjes dêr oer hinne sjonge. De bern hiene der in soad sin oan mar dirigent Egbert Klazenga wie strang en it moast fansels wol krekt sa en net oars. In kundich man dizze Egbert Klazenga want hy krige it foarelkoar. Doe't letter ek noch Fokke Miedema delkaam mochten de bern efkes om it patatsje nei de Pleats. Fokke hie wat mear studioûnderfining en de opnamen giene dan ek flot. Doe't net folle letter de programmamakkers fan Omrop Fryslân kamen om te filmjen foar it programma HEA waarden de bern wat senuweftich. Dochs slagge it wol en meitsje de opnamen ôf. Nei't de bern wer fuort gien wiene hat Fokke noch efkes wat hynstelûden makke mei twa kokosnuten. Dêrnei kamen der noch in dwersfluit, in trompet en in hamboai (Wa't wit wat in hamboai is mei it sizze yn de kommentaarseksje) foar it ljocht. Kompleet mei trije froulju der by. Sa waarden der ek noch efkes in pear echte ynstruminten taheakke oan de kompjûterfersjes. De skiif begjint hoe langer hoe moaier te wurden en krekt as 25 jier ferlyn kin ik hast net wachtsje oant Sinteklaas komt...+ 0 - 0 | § ¶File-frij?
Hjoed soe in file-frije dei wurde. It idee fan in file-frije dei is dat der dan dus gjin files binne. Gewoanwei stean ik eins nea lang yn de rij mei myn auto. Dêr hâldt de Laguna trouwens ek hielendal net fan want dy moat toeren meitsje. Hjoed wie it dus wol mis. Kennelik wiene minsken op oare tiden fan hûs gien en sa kamen sy no op myn tiid wer thús. Net dat it no hiel oerdreaun wie fansels. Echte files hawwe wy yn Fryslân kwalik fansels as it moat al op 'e Jouwer wêze. Dochs mocht ik in moai ein yn de earste fersnelling efter de oare autokes oan krûpe. In leuk eksperimint fansels mar in ferfolch hoecht om my net...+ 0 - 0 | § ¶Fuotbal wie oarloch
Tongersdei giet de ferkeap foar kaarten foar de UEFA-kup foar seisoenskaarthâlders los. Dochs steane der hjoed al oanbiedings op ferskate websiden dêr't kaarten oanbean wurde foar de wedstryd tsjin AC Milan. Der wurde dan absurde bedragen frege fan tsjin de twahûndert euro oan. Sportklup Hearrenfean warskôget minsken troch te melden dat minsken dy't dizze kaarten keapje in risiko nimme. Fraach is fansels: hoe komme dy buro's oan kaarten? Neffens my hawwe se gewoan in nustje seisoenskaarten yn eigen besit. Troch ien kear dyn kaartsje foar Milan te ferkeapjen foar €200,- kinst trouwens wol wer in hiel jier dyn seisoenskaart ferlenge. Eartiids wie fuotbal noch gewoan oarloch, no is it kommersy wurden...+ 0 - 0 | § ¶Moaie lotting
De mannen fan AC Milan komme nei it Hearrenfean. Us nasjonaal penaltysyndroom Clarence bringt hast de heale seleksje fan Itaalje en Brasylje mei him mei nei it Abe Lenstra stadion. Nammen lykas Ronaldinho, Kaka, Dida, Maldini en Shevchenko sille ynkoarten op de grutte skermen fan it Abe Lenstra stadion foarby komme wannear't men de opstelling opleppelt. Wy sette dêr fansels ús toppers Sibon, Bak Nielsen, Beerens en Pranjic tsjinoer en as slútpost ús eigen Reade Duvel Brian Vandenbussche. De earste trije punten binne dan al yn de knip fansels. In útwedstryd nei Wolfsburg is mar 406 kilometer riden. Dat is mar 81 kilometer fierder as in útwedstryd nei MVV. Dan krije wy mei Sporting Braga wer in Portugese klup op it Hearrenfean dy't wy krekt as Setubal gewoan oprolje moatte. De lêste útwedstryd nei it Ingelske Portsmouth is wat fierder fuort. Dochs is ek dit yn ien dei prima te riden want in goed jier ferlyn haw ik mei de freondinne dat ritsje al ris dien en doe bin wy ek noch by de kust del gien. Fansels bin wy dan al pleatst dat ik moat noch mar efkes sjen oft dizze útreis foar my wei lein is. Wolfsburg liket my yn elk gefal al hiel aardich. It is yn elk gefal in toplotting want wy hoege no ris in kear net hielendal nei it eartiidske Eastblok.+ 0 - 0 | § ¶Lit de lju mar rabje
Neffens guon ûndersikers is de Nederlanner yn syn reaksjes op foara en nijsgroepen hurder en platter yn syn reaksjes as oare Europeanen. It seuren en skellen op ynternet liket typysk Nederlânsk te wêzen. Dútsers binne dat oangeande in stik fatsoenliker. De Frânsen kinne ek wol hurd reageare mar hja dogge dat dan wol troch mei arguminten te kommen. De Ingelsken brûke in soad humor yn harren reaksjes. Oer de Friezen is gjin útspraak dien yn it ûndersyk mar útgeande fan it feit dat der op myn side net in hiel soad reaksjes komme wylst Omrop Fryslân harren reagearmooglikheden ek al wer yn de djipfrieskast pleats lykje te hawwen is de Fries bynammen in minske fan mar in pear wurden. As soe it komme omdat Friezen harren eigen taal sa min behearskje dat se it net oandoare?+ 0 - 0 | § ¶Alwer 5-2
Mocht it Hearrenfean dit seisoen it pattent hawwe op 5-2 dan tekenje ik dêr fuortdaalks foar. Hjoed kaam Marco van Basten mei syn grutte Ajax opkeapploech by ús del. Ajax stie eartiids bekend om de ploech mei in geweldige jeugdoplieding mar tsjintwurdich keapje se gewoan alles wat by it Hearrenfean en Grins goed prestearret. Dizze simmer kochten hja Sulejmani neidat al earder Huntelaar oergie nei de Amsterdammers. It hat se de titel noch net opsmiten want sa't Dirky fan AZ wol wit: In priis is net te keap. Mei in krapte yn de beskikbere ferdedigers moast Bak Nielsen eins krekt wat te rap opdrafe. No foel dat achternei besjoen genôch mei want wat hat er Huntelaar prachtich út de wedstryd spile. Ek Sualbuaris koe neat goed dwaan. Krekt as tsjin Setubal kamen wy wer lekker flot op 1-0 en 2-0 en oant de rêst hat Ajax ek gjin grutte kânsen krigen. De sfear wie dan ek goed. Spitigernôch waard doe it kistje en de megafoan wer nei boppe tovere. Ik hie dat ding noch net iens mist sa goed wie de sfear mar ja, de oanfuhrer fan Nieuw Noord moast fansels ek wer syn mookmomintsje hawwe. It is oars better om yn in doaze te sitten dan op in kistje te stean. No ja, fan de twadde helte hat dizze oproeikraaier dus net in soad sjoen omdat er allinnich mar mei de rêch nei it fjild stien hat. It waard rap 3-0 en nei in strafskop krigen wy ek noch de fjirde goal fan kluptopskoarder Pranjic. Doe't ik de bylden letter op tv seach, de freondinne hie se efkes opnaam want troch it lette tiidstip fan spyljen koene wy net foar studio sport begûn thús wêze fansels, die bliken dat de oertreding bûten de 16 meter wie mar hy foel der al binnen fansels. In mazzeltsje dus mar Huntelaar sil der wol neat oer doare te sizzen. Efkes letter mocht Huntelaar dochs noch efkes juige omdat er fia de holle fan in Hearrenfeanspiler prachtich in frije traap binnensjitte mocht. 4-1 en noch 10 minuten te gean dus wy sieten op roazen mienden wy. Twa minuten letter waard troch Grindheim, dy't al giel hie, in oertreding makke en dat levere Ajax in strafskop op dy't Sualbuaris ek goed binnen skeat. Doe waard it ek noch efkes spannend en it wie mar goed dat Grindheim net syn twadde giele kaart krige want Ajax sette noch efkes oan mar sûnder Abe wie in 4-0 efterstân net om te bûgjen fansels. Yn it slot krigen wy noch in strafskop en dêrby krige Van der Wiel dan wer wol syn twadde giele kaart. Pranjic miste yn earste ynstânsje mar koe goed troch rinne en makke sa dochs noch de 5-2. It mei wol ris faker (goals) reine yn it Abe Lenstrastadion...+ 0 - 0 | § ¶Stoaring
Hjoed hie ik net in soad op it programma stean dat it wie in dei om efkes mei saken dy't al wat te lang lizzen bleaun wiene dwaande te gean. Dat wie alteast de bedoeling want al frij betiid krige ik in tillefoantsje fan in klant dy't melde dat syn side net mear funksjonearre. Dat bin fansels altyd fervelende berjochten dat ik haw fuortdaalks de kompjûter efkes oansetten om dit te ferifiearjen. It die bliken dat der wer in side oan it spammen slein wie. Hiel fervelende lju binne it,dy spammers en dy hackers. Omdat de server hieltyd wer plat gie wie it lestich om de oarsaak te finen. Uteinlik bin der in pear klanten tydlik út de loft helle. Op dit stuit is dan ek it measte wer te berikken. De krekte oarsaak moat wy noch útsykje fansels. De dei is wei yn elk gefal...+ 0 - 0 | § ¶Frank en frij
Juster hawwe wy yn it Abe Lenstrastadion wer ris in galafoarstelling fan it Hearrenfean meimakke. Tegearre mei Frank (fan Elly) bin ik nei de wedstryd tsjin Vitoria Setubal west. Om't it yn de útwedstryd 1-1 wurden wie hiene wy oan in 0-0 stân genôch mar de 0 hâlde falt foar ús ploechje noch net ta dat der moast eins al efkes wat oanfallen wurde. Al nei 4 minuten hiene wy de 1-0 makke. In bliksemstart dy't it Hearrenfean der net fan wjerhâlde koe om troch te setten. Twa kear Sibon soarge der foar dat wy nei 24 minuten al op roazen sieten mei 3-0. De Portugezen moasten no ommers ek trije kear skoare om troch te gean en se wiene wat dat oanbelanget noch net gefaarlik west. Doe't nei de rêst ek noch rap de 4-0 makke waard wie it feestje kompleet. De 4-1 en de 4-2 kamen dochs wer frij ienfâldich ta stân wat fansels net in goed teken is mei de wedstryd tsjin Ajax no snein yn de efterholle mar doe't it rap 5-2 waard wie de wedstryd spile. Hearrenfean kin him klear meitsje foar noch minimaal fjouwer wedstriden yn Europa...+ 0 - 0 | § ¶Pigmeat kondiget it ôfskied oan
Nei't al in moai nustje Fryske bands it byltsje der by del lein hiene kondige hjoed ek Pigmeat oan dat se fanôf 21 maart 2009 net mear as duo te boeken wêze sille. Nei mear as twatûzen optredens is Pigmeat tinkt my wol it meast kwantitatyf súksesfolle stikje muzyk fan hiel Fryslân. In moai nustje kompakt skyfkes hawwe hja ek op de merke brocht. Grutte hits fan oaren lykas 'I Saw the light' stoppen hja yn in eigen jaske mar ek eigen nûmers lykas 'Herman moest naar Brada' en de bekende útsmiter 'U wordt bedankt, u kunt wel gaaaaaaaaan'. Wy sille Pigmeat misse fanôf 21 maart mar oant dy tiid genietsje wy der noch in kear as wat fan want sa't Jan Seunenga altyd sei: " Geniet er nog maar een keer van want voor je het weet hoor je ze noooooooit meer!"Tip foar de jonge Fryske studintsjes yn Grins: 16 oktober spilet Pigmeat by Bernlef en de tagong is fergees!
+ 0 - 0 | § ¶It Fryske (De) Haachje net yn de ferlinging
Minister Ter Horst hie mei it regear besprutsen dat it Nederlânsk yn de grûnwet moast as de fiertaal fan alle Nederlanners. Om der foar te soargjen dat ek it Frysk hjir in plakje yn krije soe wie der fanút de provinsje in twatal bussen ynhierd sadat de Friezen it Frysk hjoed op de kaart sette koene yn De Haach. Omdat de gemiddelde leeftiid fan de measte dielnimmers dochs wat heech lei waarden ek wat Bernleffers optrommele om sa wer ta in akseptabel gemiddelde te kommen. As âld-lid fan Bernlef en belutsen Fries woe ik wol ris yn de twadde keamer sjen en dit wie fansels in moaie kâns. Mei de Laguna fleach ik dus moarns al nei Grins ta. Omdat ik gjin sin hie om parkearkosten te meitsjen en omdat it parkearterrein by de âlde IKEA al net mear fergees wie tocht ik dat ik de auto wol by Friesche vlag delsette koe. Dat foel ôf want it fabryk, as wat der noch fan oer wie, wie mei hikken ôfsetten. De folsleine kuolsel dêr't ik dochs wol wat oerkes yn trochbrocht haw wie al lytsman makke en ek in grut part fan de rest fan it fabryk wie net mear. Dan mar wer in blokje om en sa kaam ik úteinlik op it parkearterrein by de keukenboeren terjochte. In lyts stikje rinde nei it stasjon en dêr (foar) yn de trein nei Ljouwert. Dêr namen wy moai plak op de efterbank fan de bus. Foar de gelegenheid hie ik myn krease mouhimd oan dien.
De busreis gie oant Amsterdam frij flot, dêrnei waard it wat drokker op de wei. Gelokkich wie der genôch te drinken yn de bus en sa kamen wy dochs noch moai op tiid oan yn De Haach. Dêr folgen wy de meute om sa nei Nieuwspoort te gean. Hjir wie it Willehúske al ynstrumintaal dwaande de minsken wat op te fleurjen. Nei in koart kofjeskoft dêr't ik de kofje mar oan my foarby gean litten haw koene wy mei ús allen krekt net yn de seal. It wie dan ek wer krekt Kneppelfreed. Yn de seal fan Nieuwspoort dêr't de net Friezen op ien hân te tellen wie waard dochs troch Griet van Duinen en konsorten oerskeakele op it Hollânsk. Der waard in filmke sjen litten dêr't Friezen yn alle kleuren en maten wat fertelden. Ek wie der in koarte ympresje fan it Hearrenfeanpublyk (pride of the north???). Doutzen mocht ús noch efkes fertelle dat se altyd yn it Frysk eamelt en sms't. Dêrnei mocht Abe de Vries in pear gedichten foardrage en Remon de Jong koe noch efkes fjouwer minuten wurdkeunstelje. It Willehúske sette wer yn en der wiene noch in pear taspraken fan Geart Benedictus (Jaantsje har heit) en ús nije kommisaris John Jorritsma. Doe wie it tiid foar in hapke en dat wie goed fersoarge. Der wiene û.o. broadsjes iel en kroketten wat der grif foar soarge hat dat de partij fan de dieren letter op de jûn ferstek gean liet.
Doe wie it ek al wer tiid om nei de twadde keamer te gean. Dat tocht ik alteast want efternei die bliken dat wy net yn de twadde keamerseal sieten mar yn de Thorbeckeseal. No ja, dat wie jammer fansels mar earst moasten wy noch efkes troch de metaaldetektor. Dat kostte fansels in soad tiid. Yn de Thorbeckeseal oankaam pleatste Durk in moaie stikker op it boardsje fan de foarsitter. Dat wie de lêsmyp, dy't de rest fan de gearkomste allinnich wat statich in boekje siet te lêzen yn de baas syn tiid, net nei it sin. Wol mochten wy noch efkes it Frysk folksliet sjonge fan har. Doe begûn de gearkomste. De foarsitter hie sels safolle tiid noadich dat hy koe de sprekkers fan de partijen mar seis minuten tasizze. By de sprekkers fan SP, VVD en D66 slagge dat noch frij aardich mar doe't de koalysjepartijen CDA, PVDA en Christenunie oan bar wiene woe D'66 ankerman Pechteld noch wol wat ekstra tiid. Hy bleau mar hammerjen op it JA-JA, NEE-NEE as JA-NEE fan bynammen it CDA mantsje dy't der nuver yn om begûn te stammerjen. Gelokkich wie de earder al neamde partij fan de bisten net bywêzich want dan hiene fansels ek noch it woef, waf, miau, hinnik hinnik en blub blub yn de grûnwet moatten. Ek trots op Nederlân liet ferstek gean. Wol wiene de SGP en de PVV der noch. Alle net koalysjepartijen woene it Frysk yn de grûnwet hawwe wannear't it Nederlânsk der ek yn kaam. De koalysjepartijen lieten har der net oer út al wie in simpel nee fansels te ienfâldich. De tiid tikte fierder en doe't alle fertsjintwurdigers al oan bar west wiene hiene minister Hirsch Ballin en Ter Horst noch net in wurd sein. De SP en de VVD woene doe ek noch it debat op in letter tydstip foart sette. Gelokkich koe de foarsitter har yn in soad stadige wurden oertsjûgje dat de Fryske delegaasje rjocht hie op in pear minuten Ter Horst. Spitigernôch hie de provinsje net in pear ekstra sinten oer foar in pear oerkes bushier want healwei it petear fan Ter Horst moasten wy de seal ferlitte om noch op tiid wer yn de bus te kommen. Dat wie wol skande fansels. Wy hiene wat dat oanbelanget better 5 minuten earder demonstratyf de seal ferlitte kinnen doe't de minister gjin fêstlizzende útspraak dwaan woe. No ja, op de weromreis gie it allegear in stik flotter en fanôf de Jouwer koene wy sels noch trije kear genietsje fan Losing my religion fan REM. Mei CDA en Christenunie yn it regear wie dat wol hiel tapaslik fansels...




