+ 0 - 0 | § ¶De lêste dei fan 2008
Op de lêste dei fan 2008 mocht ik al betiid út de fearren want der moast ek hjoed noch gewoan wer wurke wurde fansels. Yn de suvelyndustry stiet men nea lang stil by sneins en feestdagen. De kij jouwe ek op dizze dagen gewoan harren molke en it is oan ús om dêr wat droege stof fan te meitsjen. Om even foar fiven wie ik thús mar net foar dat ik in pear kear goed nuver om my hinne sjoen hie. By de rotonde fan Dronryp krige ik it gefoel as smiet der immen mei in sniebal tsjin myn auto oan. Ik seach al efkes lulk om my hinne mar der lei oars ek hielendal gjin snie. Net folle letter wie it wer raak mar der wie wer neat te sjen. Doe't ik de rotonde opride seach ik wêr't it wei kaam. Der stie in grut karbitkanon opsteld en de dreunen dy't ik hearde wiene gewoan knallen fan dit meunstereftige apparaat. Plannen foar jûn binne der net echt. Ik haw noch wat fjoerwurk fan ferline jier lizzen dat ik doe troch de mist net ôfsketten haw. Fierders soe ik graach Youp sjen wolle mar dêr is de freondinne grif op tsjin. Wêr't wy dan bedarje sjogge wy letter wol...+ 0 - 0 | § ¶Kommend jier gjin nijjiersdûk
Ik haw dit jier mar ien kear te swimmen west. It wie op de earste dei fan 2008 by de nijjiersdûk yn de Leyen. No hear ik hjoed dat de nijjiersdûk fan 2009 ôflast wurden is omdat der tefolle iis leit yn de Leyen. Se wolle it iis net kapot meitsje omdat der mooglik noch in tocht riden wurde sil. Faaks is men ek bang dat it te gefaarlik is. No ja, kommend jier begjint dizze jonge dus droech efter de earen want ik bin net te benaud om my sels yn it kâlde wetter te plonsen mar ik gean der fansels net foar op reis...updeet: it stiet no ek al op NOS teletekst!

+ 0 - 0 | § ¶Ajax hat al in jier thús net mear ferlern
Soms is der net in soad te melden en dan sykje ik hjir en dêr efkes op it ynternet. Sa fûn ik hjoed tafallich it berjochtsje dat Ajax in jier lang thús net ferlern hat. No ja, se binne der noch net mar troch it program en de winterstop spylje se pas op 31-01-2009 wer in thúswedstryd. It is dan mear as in jier lynt dat se foar it lêst ferlearen yn de Arena mei 2-0 fan PSV. Wêrom no dit stikje oer Ajax sille jim tinke? Op 'm sels sil it my de sek yndie net jûkje mar op 31-01-2009 binne wy it dy't fanút it Fryske haachje oan dizze sesje in ein meitsje kinne. At it in bytsje meisit sit ik dan op de earetribune yn de Arena want ik krij mooglik wat kaartsjes fan de Domo!+ 0 - 0 | § ¶Ron Jans en de kinderen
De sawat, mar krekt net, derby fan it Noarden stie hjoed wer op it programma. Spitigernôch dizze kear op in middei sadat it dreech wie om it krop goed fol te krijen op de al wer ûntgriende soas. De Bernleffers hawwe foar ien kear in útsûndering makke en dizze kear wol oan ûntgriening dien. Om in oerke as 13.00 kaam ik mei de nije Laguna yn Grins mei yn de kofferbak in lyts âld fytske. Op de soas haw ik efkes ien buorrel hân, de tradysjonele Joustra Sânomheech fansels, en doe lekker oan de poeiermolke. Want moarntemoarn moat ik wer fit genôch wêze om nei Dronryp te riden dus kalm oan. Soks komt fansels de sprekkoaren ek wol ten goede. Spitigernôch wiene der in soad minsken dy't net op de hichte wiene fan it feit dat de bar iepen wie mar wy ha ús wol fermakke fansels. Dêrnei nei it stadion mar yn tsjinstelling ta de oare kearen wiene de bussen ús dizze kear foar. It stadion siet dus al aardich fol mei Feanfans. Ideaal wie wol dat de kaartsjesskennerij net troch gie. Elkenien mei in omwikselbiljet koe sa de kaart ruilje en dus gjin wachtrijen by it skennen. Yn it stadion wie it gesellich fol. Foar de wedstryd kaam de iisbearmaskotte efkes nei ús ta. Doe't er fan in lyts jonkje in flachje krige dêr't it Hearrenfean troch in Grinzer ûnderpisse waard begûn er ús dêrmei út te daagjen. Fansels wie soks yn it Abe lenstrastadion foar de bear fuortdaalsk op in stadionferbod útdraaid mar hjir mocht soks gewoan. Wy hawwe it bearke dêrom mar efkes fjoerich tasongen. Doe't de wedstryd begûn wie it aaklich stil yn de Euroborg. De Feanfans wiene dan ek goed te hearren want wy hâlde ús de bek fuort net en by Grins is de Fryske sfear altyd wol goed fersoarge. De Grinzers hiene noch wat doekjes makke mar dy hiene net folle om de hakken. De wedstryd golfde wat op en del mar wy kamen moai op in 0-1 foarsprong. Doe't de Grinzers letter de 1-1 makken joegen se suver efkes wat lûd mar net folle letter wie it wer 1-2. Sa gie it lekker troch. De Grinzers besochten út alle macht oan te fallen en Vandenbussche mocht besykje syn goal skjin te hâlden. Wylst wy al lekker oan it sjongen wiene dat se hielendal neat hiene yn Grins makken hja dochs 2-2 en dêr wiene hja hiel bliid mei. Mar troch goed it spul wer op te pakken wisten wy yn de ekstra tiid fan de ekstra tiid noch de 2-3 tsjin de touwen te krijen. Doe ûntplofte sels Ron Jans efkes. De middelfinger dy't wy troch it feest yn it stadion sels net sjoen hiene mar dy't letter wol byldfoljend alle ústjoerings fan studio sport helle wie prachtich om te sjen. Gelokkich foar Ron Jans hie de skiedsrjochter it ek net sjoen. It dreechste wie dêrnei fansels om sûnder grutte glimk op it gesicht tusken de Grinzers troch wer nei de auto te kommen. Gelokkich is dat slagge! In aparte middei eindige sa mei in goed gefoel. Wy wiene yn 2008 wer de trots fan it Noarden!
+ 0 - 0 | § ¶De Bernlefferfers
Moarn spilet de trots fan it Noarden wer ris yn Grins tsjin de pleatslike FC. Guon Grinzers wiene dêrom fan betinken dat de soas fan Bernlef mar efkes in oar kleurke hawwe moast. It giel-blau, de kleuren fan Fryslân en net yn it foarste plak fan Cambuur, moast plak meitsje foar it grien en wyt. Ek waard der noch in útslach oan taheakke. De Grinzers miene dat sy moarn mei 3-0 winne fan it Hearrenfean. Dat is fansels in útslach dêr't se allinnich mar fan dreame kinne. De lytse jonkjes mochten fan de Arbotsjinst ek net mear op in leider sa docht bliken by it sjen fan de foto op DVHN.nl want allinnich de ûnderste helte fan de soas is grien-wyt. Sa steane de Cambuurkleuren dus dochs noch boppe de Grinzer kleuren. It is mar te hopen dat de mannen fan Trond Sollied moarn de Grinzer ferfers efkes in oare útslach toane sille...
+ 0 - 0 | § ¶Frette op ierde
Hoewol't de hiele skoanfamylje hjoed by ús oan it krystdinee oanskowe soe wie de freondinne dochs fan betinken dat wy earst noch mar efkes nei skoanheit en -mem moasten foar in bakje tee. Ik woe wol mar dan op de tendem. De freondinne woe leaver op har eigen fyts wêrtroch't ik mar mei de auto gien bin. Nei't wy in bakje tee dronken hiene bin ik foar de famylje út wer op hûs oan gien om de lêste dinkjes fan it iten klear te meitsjen. De sjampinjontsjes moasten noch efkes troch de Boeuf hinne en alles moast wer efkes waarm fansels. It begûn hieltyd lekkerder te rûken yn ús rojale keuken en it wie dan ek in genot om sa no en dan efkes in lid op te tillen om sa de smaaklikke dampen te ynhallearjen. Us twa lytse omkesizzers lieten de amuse fan snoepkes goed smeitsje sadat wy ús buorrelgleske mei salmsnipperkes ek noflik nei binnen lade koene. Dêrnei kaam de sop op tafel dy't tige goed slagge wie. It haadmiel foel der ek bysûnder goed yn en sels myn oars frijwat fegetaryske skoanmem hat in pear bêste happen fleis nei binnen wurke. Doe't it neigesetsje op tafel kaam wie elkenien al takocht mar omdat it sa goed smakke hawwe wy it der dochs noch mar by yn troppe. In supergesellich krystfeest mei de famylje rissultearre sa yn in útbûkritueel wêrnei't de skoanfamylje ôfskied naam mei in hûnepûde fol boeuf bourguignon mei. En dat wie net foar de kat fansels. Iten siede kin ik frij aardich, mar maat hâlde wat minder. Ik meitsje my der net drok om want leaver in kilo tefolle dan in gram te min...+ 0 - 0 | § ¶Drok yn de keuken
Fannemoarn bin ik mar alfêst begûn mei de Boeuf Bourguignon. By de tips stie dat it lekkerder wie om dizze in dei earder al te meitsjen. It wichtichste ûnderdiel fan it stoofpotsje wie it fleis mei de yngrediënten 3 oeren op in leech pitsje, yn ús gefal de fry-top, te stoven. Dat betsjutte dat de freondinne fansels hielendal oeremis waard omdat wy dan te let op it krystdinee komme soeden yn Sint Nyk. Ik hie har al ferteld dat dat net safolle útmakke mar dat kwartsje foel mar kwalik. De kalkoen by heit en mem moast ommers ek wol efkes in skoftsje opstean. Doe't it gasfornuis út koe binne wy ôfsetten nei Sint Nyk om dêr in lekkere kalkoen in better libben te besoargjen. It bistke smakke poerbêst en sa hawwe wy noch in moai skoft by heit en mem trochbrocht. Mei troch de tariedings fan earder dizze dei kinne wy moarn lekker útsliepe...+ 0 - 0 | § ¶Krystynkeapen
Moarn hawwe wy in makje want dan ite wy kalkoen by heit en mem mar twadde krystdei komt de skoanfamylje by ús del foar it krystmiel. It wie hjoed dan ek saak om de lêste hapkes en drankjes yn te slaan. Der is yn de ôfrûne dagen in soad útprobearre om ta in fatsoenlik krystmiel te kommen. Op it program stean ûnderoaren in knolselderijsopke en in boeuf bourguignon wêrfan't ik it resept fan ynternet plukt haw. Foar de wissichheid haw ik ek noch in kant en klear wyldstoofpotsje kocht dus mocht de boeuf mislearje dan ite wy altyd noch wat fleis. As neigesetsje krije wy de sûkerbôlepudding dy't wy mei Sinteklaas by Elly iten hawwe. It wurde drokke dagen mar ik haw der sin oan...+ 0 - 0 | § ¶Twa swarte lieders
Yn it jier dat yn de feriene steaten foar it earst in swarte presidint keazen waard is no ek de kryststâl fan Sint Nyk wer kompleet makke. Nei't yn 1993 de swarte kening stellen waard út it kryststâltsje foar Doniahiem hat de stâl jierrenlang mar twa keningen hân. Gelokkich is it no dochs slagge en meitsje it spul wer kompleet. Wêrom't no krekt immen dizze swarte kening stellen hat sil wol nea dúdlik wurde. It is te hopen dat men der no mei de klauwen ôfbliuwt want it is sa'n prachtich moai setsje bylden...+ 0 - 0 | § ¶De Fryske wikipedia
Mei in side oer de Schotanusatlas, de atlas fan Fryslân fan om 1700 hinne, hat de Fryske wikipediaside no 10.000 artikels. De Fryske fersje fan de grutte ynternet enseklopedy is begûn yn septimber 2002. Der is fansels noch in flinke efterstân op it Nederlânske suske dat al mear as in heal miljoen siden telt. De Ingelske fersje beslacht mear as 2,6 miljoen siden. Dochs is it moai dat der troch de frijwilligers al safolle ynformaasje op it ynternet pleatst wurden is. Ik haw der sels mar in minime bydrage oan levere want it kost tefolle tiid. Gelokkich binne der ek minsken dy't de tiid wol hawwe. Op nei de 100.000ste side dus...+ 0 - 0 | § ¶It lek is noch net boven wetter
Nei de 2-0 op de Graafschap moast ús gemiddelde fan twa goals tsjin per wedstryd fansels wol ta gefolch hawwe dat wy der fjouwer om de earen krigen. Sparta wie ús nijste opstakel en mei 4-1 mochten wy wer út Rotterdam wei. Dêr't ik wy skriuw bedoel ik fansels sy want sy ferlieze altyd wylst wy altyd winne. Ik wie der sawysa net by dizze kear want de measte útwedstriden lit ik oan my foarby gean. Dizze dus gelokkich ek. Ynkoarten sil ik trouwens al efkes nei Grins - Hearrenfean ta. Grins sit ek yn in dipke dat it koe wol ris in moaie striid om it kampioenskip fan it Noarden wurde...+ 0 - 0 | § ¶Aldi Sinteklaaske
Wylst hiel Nederlân al wer yn de kryststimming is fierde de Aldiwynrûnte hjoed noch efkes rap Sinteklaas. It wie wer it tradysjonele 'wy smite mei de dobbelstien en dan sykje wy in pakje út dat dêrnei hiel faak fan eigner wikselt oant it op it ein fan it spul by de ferkearde bedarret' spultsje. Spitigernôch wie Wouter der dizze kear net want ik miste noch in pear kompjûterûnderdielen foar myn old-timerrekkenreau. Foarich jier hy Wouter de opdracht om saken mei te nimmen dy'tst sels wol kwyt wolst net hielendal goed begrepen. It gefolch wie dat wy mei ferskate hurde waren opskeept waren. Ek dit jier wie it wer feest want der wie wer in soad moais te krijen. Hiele ranzige stripboekjes bygelyks dy't út pure nijsgjirrichheid faak wikselden fan eigner. Oan it ein fan de rit hie ik in âld kandelaar en noch wat oare soai. Mar it moaiste wie noch dat Elly foar ús in geweldich neigesetsje betocht hie wat fuortdaalks op de list fan gastronomyske ferwensels foar twadde krystdei komt te stean. In hearlik sûkerbôlepuddinkje wêrfan't ik jim it resept op twadde krystdei noch wol tafertrouwe sil. Nei in alleraardigst leuke jûn bedarren wy mei in auto fol guod wer yn de Rottefalle...+ 0 - 0 | § ¶Sneinsrêst
De Tour de France start kommend jier yn Nederlân. No kin ik hjir fansels in hiele diskusje begjinne oer it feit dat dit ding ofwol de Tour d' Europe hite moat of gewoan yn Frankryk bliuwe moat mar dat wie ik no net fan doel. Ik lies hjoed in stikje oer de SGP dy't fan betinken wie dat de sneinsrêst yn Seelân sa wichtich is dat de Tour dêr mar foar oan de kant moat. Dat fyn ik dus altyd sa jammer fan it geloof. Dat der altyd minsken binne dy't oare minsken dingen ferbiede wolle. Omdat God bestiet mei der op snein neat seit de ien dan. In oar leau't dan wer dat de Sabbat op sneon falt en dus is ús hiele wykein al nei de kloaten at wy ús liede litte troch dit soarte fan minsken. Ik fyn dat elkenien sels bepale mei oft er wol as gjin rêst nimt mar der bin fansels útsûnderings. Minsken dy't yn de suvel wurkje as yn oare farske produkten moatte meastentiids ek yn it wykein wurkje. Dat selde jildt foar plysjes, brânwacht en sikenhûspersoaniel. Ek minsken dy't yn it iepenbier bestjoer sitte, de gemeenten, provinsje en ryksambtners kinne net in dei frij krije omdat it tafallich snein is. Ik hoop dat it in moai feestje wurdt dêr yn Seelân. Dy hurdfytsers bin oars yn in sucht en in skeet foarby dus der moat al wat aksje omhinne plent wurde fansels...+ 0 - 0 | § ¶Kola is gjin antikonsepsjemiddel!
Ut ûndersyk hat bliken dien dat kola gjin goed antykonsepsjemiddel is. Doe't ik dat lies tocht ik dat der idioaten wiene dy't tochten dat in famke net swier wurde soe nei it drinken fan in bytsje kola. It docht bliken dat ik it mis hie. Der binne noch folle gruttere idioaten op dizze wrâld. Sa tochten guon minsken dat it manlikke sied nei de koïtus wol mei in kolaynjeksje út te skeakeljen wie. Fandêr al dy nuvere fotokes op it ynternet fan famkes mei kolaflessen op plakken dêr't it ljocht net skynt. It wurket dus net sa is no ûntdutsen. Oft dy selfde kolabrûs wol helpt tsjin in ferruske spiraaltsje is net ûndersocht...+ 0 - 0 | § ¶Foar de statistiken
Hoewol't it duel Portsmouth - Hearrenfean nergens mear om gie, beide ploegen wiene ommers al útskeakele, fleach it Hearrenfean dochs mei in folsleine seleksje nei Ingelân. De searje dy't tsjin AC Milan noch hoopfol begûn mei in op papier net al te dikke nulpunter eindige sa yn styl. Fjouwer wedstriden yn Europa leverden it Hearrenfean 0 punten en in doelsaldo fan 3 foar en 13 tsjin. It ienige ljochtpuntsje fan dit avontoer wie dus de wedstryd tsjin AC Milan dy't foar in soad oandacht yn de parse soarge. Foar de rest kinne wy krekt as ferline jier it Europeesk avontoer mar better sa rap mooglik ferjitte...+ 0 - 0 | § ¶Swaffelje is sa 2004
De minsken fan Geen Stijl hawwe it wer foar elkoar. As wurd fan 2008 is troch de ynternetmienskip 'Swaffelje' útkeazen. Swaffelje is foar de minsken dy't dat noch altyd net witte it mei in heal slappe pimel earne, it leafst tsjin persoanen fansels, tsjin oan slaan. It wurd kaam yn it nijs omdat de ien of d'oare aparte de Taj Mahal swaffele hie wat foar in lytse rel soarge. Ek waard de jonge nei dat der filmkes fan op ynternet kamen fan skoalle stjoerd. Wat my oanbelanget is dizze útkomt wer in bewiis dat Nederlân grôtfol idioaten sit. Swaffelje is boppedat net iens echt 2008. Jierren lyn waard der yn Grins al bot swaffele en ek dat wie grif net it debút fan de heal slappe pimel...+ 0 - 0 | § ¶Hoesa lege priis foar bensine
Elkenien is wer bliid want de bensinepriis is wer lekker leech. No ja, lekker leech? In liter diesel kost no hast likefolle as in liter bensine in pear jier ferlyn. Ik wit noch wol dat flak nei de ynfiering fan de euro in liter euro 95 presys ien euro kostte. No kost in liter diesel dus hast in euro en elkenien is bliid omdat it in skoftke ferlyn folle djoerder wie. Minsken hawwe oer it generaal mar in koart ûnthâld...+ 0 - 0 | § ¶Ynstee fan kaartsjes
Op dit stuit is hiel Nederlân de kredytkrisis efkes fergetten. Rojaal wurde der frachten mei krystkaarten ferstjoerd nei freonen en bekenden. Ik bin net sa kaartsjestjoerderich mar dat betsjut net dat ik it net goed mei jim foar haw. Dêrom fanôf dit plak allegear in pear fijne kerstdagen, in lokkich 2009 en ek noch 363 oare fantastyske dagen yn it jier tawinske. Dan hawwe wy dat ek mar wer hân no...+ 0 - 0 | § ¶Eindelik de 0
Wy hawwe der wer efkes op wachtsje moatten mar hjoed koe it ploechje fan Trond Sollied eindelik wer ris de 0 hâlde. En troch de twa goaltsjes fan Roy Beerens wûnen wy de wedstryd ek noch. Gewoanwei hat it Hearrenfean minimaal trije goals nedich om te winnen. Wy krije der ommers altyd wol twa om de earen mar dizze kear dus net. Nei goed 23 minuten wie de wedstryd oer en gie it as in nachtkears út. Wol moai trije punten fansels en dêrmei dogge wy it yn de kompetysje noch net iens sa hiele min...+ 0 - 0 | § ¶Tunnelfisy
De brêge yn de A6 oer de Skarsterrien moat ynkoarten ferfongen wurde. Der is gauris wat mis west de lêste tiid en de iene reparaasje is noch net klear as de folgjende kondiget him al oan. Joop Atsma is fan betinken dat der better in akwadukt oanlein wurde kin. Dat liket my persoanlik ek it allerbêste want elt lullich dykje krijt tsjintwurdich sa'n moaie pasaasje mar de grutte A6 moat sa no en dan blokkeard wurde foar in lullich kruiserke dat krekt in pear sintimeter boppe de dyk útkomt. Ik haw it yn it ferline wol meimakke dat ik mei ús Folksboat 480 de hiele autodyk ta stilstân brocht. No draait de brêge tsjintwurdich net mear foar boatsjes wêrfan't de mêst strutsen wurde kin mar feit bliuwt dat it foar sawol auto's as boaten in fervelend opstakel is. Wannear't men no dizze brêge tagelyk mei it nije ferkearsplein fan de Jouwer oanleit dan kin mooglik ek de oerlêst beheind bliuwe. It is spitich dat Follegea de lêste tiid sa autolij makke wurden is oars hie dêr de beweechbere brêge ek in akwadukt wurde moatten. Fanút Sint Nyk koene je dan sa de folsleine Fryske wetterwrâld berikke...+ 0 - 0 | § ¶Ald en nij feriene
By de earstfolgjende alvestêdetocht krije de wedstydriders in tsjipke mei. Sa kinne de tusken- en eintiden fan de riders better folge wurde. Ek kin sa net per ûngelok immen fergetten wurde wat by de lêste tocht noch wol barde. Faaks kinne wy dan op it ynternet sjen wêr't de kopgroep him befynt sadat wy oant koart foar de passaasje op in waarm plakje genietsje kinne fan in slokje. Wat ik dan wol wer moai fyn fan de alvestêdetocht is dat it âlderwetsk stimpeljen ek bestean bliuwt. Wat dat oanbelanget binne Friezen wol aardich behâldend en dêr is neat mis mei fansels...+ 0 - 0 | § ¶Ferfrjemding fan it skûtsjesilen
Hjoed makke Anne Tjerkstra bekend dat er net langer skûtsjeskipper wêze sil. Anne Tjerkstra wie yn de tiid dat ik mei ús heit en mem it skûtsjesilen folge altyd de skipper fan De Jouwer. Letter is hy oerstapt op de Swan fan Langwar. Mei it ôfskied fan Anne Tjerkstra bliuwe der net in soad fêste waarden mear oer yn it skûtsjesilen. Fansels is Douwe Visser der noch by Snits mar de measte oare skippers soe ik sa ien twa trije net mear opnimme kinne. Myn eigen favoryt Wâldsein mei Ype van der Meulen oan it roer is der fansels noch. De measte oare skippers bin foar my like ûnbekend as ik foar harren. Faaks wurde der no nije kampioenen oan it roer setten mar it sil dochs efkes wennen wêze sûnder de fertrouwde nammen...+ 0 - 0 | § ¶Trond Sollied bûnskootzj?
Trond Sollied soe mooglik de opfolgers wurde kinne fan Aage Hareide dy't krekt syn ûntslach naam hat as bûnskootzj fan Noarwegen. Men hat dus yn Noarwegen in hege pet op fan ús Trond. Ik tink sels dat de man faaks ek wol in goeie bûnskootzj wêze kin mar op dit stuit hat er in kontrakt op it Hearrenfean. Dêr hat er as taak om ús ploechje binnen in pear jier oan minimaal ien priis te helpen. DIt jier wurdt dat wer gjin uefakupke mar de beker leit noch foar it gripen fansels. Dêrom moat Trond earst op it Hearrenfean (en yn útwedstriden) noch mar efkes sjen litte dat it in echte superkootzj is. Yntusken lit er syn spilers yn elk gefal efkes turnje. No mar hope dat wy troch al dy turnoefeningen straks net te folle oerdreaun moai útfierde 'sualbes' meitsjen gean...+ 0 - 0 | § ¶Plaknammen yn Wymbrits
De gemeenteried fan Wymbritseradiel, wat tafallich ek noch ris myn bertegemeente is, wol de plaknammen ferfryskje. In goeie saak fansels en it sil ek in kear tiid wurde. No komme de ûndernimmers yn opstân. De plakjes Wâldsein, Heech, Drylts, Toppenhuzen en Twellingea soene net mear te finen wêze troch de toeristen. No dat liket my frijwat stuch want sûnt Eernewoude Earnewâld waard hat it dêr noch nea sa drok west yn de Simmers. De oprjochte boatsjefaarder brûkt oars ek noch altyd de selde kaart en it makket him wier net út wat de namme fan it plak is. Sterker noch, de Fryske namme klinkt faaks bûtenlânsk en dus fierder fuort sadat je noch mear it idee hawwe dat je der echt efkes hielendal út binne. Dêrom ried ik de gemeenteried fan Wymbritseradiel dan ek oan om de poat stiif te hâlden. Myn berteplakje is Wâldsein en net Woudsend blinder!+ 0 - 0 | § ¶Namme fan de baas
Ien fan de wichtichste karren yn in minskelibben is de kar foar in bepaalde wurkjouwer. Dizze kar wurdt beynfloede troch in ferskaat oan faktoaren. Opfallend is dat wurknimmers faak kieze foar in bedriuw dat de selde begjinletter hat as harren eigen namme. Dat docht bliken út ûndersyk fan prof. dr. Frederik Anseel en prof. dr. Wouter Duyck fan de Universiteit Gent. Dit saneamde 'name-letter effect' betsjut dat minsken in foarkar hawwe foar saken dy't mei de selde letter begjinne as de eigen namme. Dat komt dan wer omdat minsken hjir ûnbewust posityf oer oardielje. Ut ûndersyk fan de hearen die bliken dat der 12% mear oerienkomsten wiene dan men ferwachtsje soe op basis fan kânsberekkening. Ik fal ek yn de doelgroep fansels. By my bin sels de earste seis letters gelyk...+ 0 - 0 | § ¶Sinteklaas - Cohen
No't Sinteklaas wer ûnderweis werom is nei Spanje kinne wy de ballâns opmeitsje fan ús Sinteklaasskiifprojekt. It liket der op dat wy hast 2500 skyfkes kwyt rekke binne. Dat is fansels net ûnaardich yn oardel moanne tiid en sûnder grutte promoasjekampanje. In oare Frysktalige skiif dy't it goed skynt te dwaan is de Fryske útfiering fan de nûmers fan Leonard Cohen. No is dat fansels ek gjin wûnder want dêrmei wurde je oeral deagoaid op radio, televyzje, ynternet en de kranten. Ik haw noch nea sa'n grutte reklamekampanje sjoen foar in Frysktalige kompakt skiif. It wurdt dan ek tiid dat der immen in spesjale 'Fryske gouden plaat' betinkt foar Frysktalige skyfkes dêr't mear as pak 'm beet 6000 fan ferkocht binne. Wêrom 6000 sille jim tinke? No, ik haw begrepen dat der sa'n 600.000 ynwenners fan Fryslân binne. 60.000 skyfkes ferkeapje wurdt in bytsje dreech mar 6000 moat wol slachje wolle mei guon súksesfolle eksimplaren. Ik bin wol benijd eins hoefolle Frysktalige skyfkes dit oantal al helle hawwe? Piter Wilkens sil grif hege eachen goaie mei in pear fan syn platen en fansels Simmertime (bynammen de earste). Fan hokker skiif tinke jim dat der fierders noch mear as 6000 skyfkes fan ferkocht binne? Lit it mar efkes witte yn de kommintaren soe ik sizze...+ 0 - 0 | § ¶Sinteklaas is in Feanfan
Sinteklaas gie dit jier oan ús hûs foarby. Net omdat wy sa ûndogensk west hiene mar hy hie dit jier de pakjes yn Sint Nyk brocht. Sadwaande mocht de nije Laguna it earste tripke nei de Schonegevelstrjitte meitsje. Nei in goed miel fan de gourmetset wiene wy frijwat takocht. De pakjes waarden oanrukt mar it wie dit jier dreech rieden. Ik hie ommers hielendal gjin ferlanglistke ynfolle. No die bliken dat de freondinne dat wol foar my dien hie dus wat krije jo dan: sokken, ûnderguod, sjampoo, in sûkeladeletter en in moaie Fryske Suske en Wiske foar de samling. Mar it moaiste wat ik krigen haw foar Sinteklaas wie fansels wol it offisjele SC Heerenveen wedstrydmouhimd. Ik bin dus no net langer 'dy jonge mei dy trui'...+ 0 - 0 | § ¶Braga thús is altyd lestich
De 'wy krije elke wedstryd twa goals tsjin dip' fan it Hearrenfean is noch net oer. Nei de ûngelokkige wedstryd tsjin it Hearrenfean mochten wy hjoed alwer oantrede tsjin it Portugeeske Braga. Mei in oerwinning op de Portugezen koene wy noch goeie saken dwaan yn Europa. By ferlies wie it avontoer noch foar de lêste wedstryd oer. De wedstryd begûn noch frij aardich mei in frije traap fan Sibon dy't ús al rap op 1-0 brocht. Doe moasten de Portugezen wol oanfalle fansels en dat diene hja. It Hearrenfean like wol ûnmachtich te wêzen en sa rekken wy dus wer ris oan ús twa goals tsjin. Mei 1-2 op it skoareboerd soene je tinke dat se de mouwen noch wol efkes opstrûpe soene mar ek dat barde net. Nei't Pranjic ek noch wer nei de kant mocht mei in blessure wie de wedstryd dien. De minsken dy't al in kaartsje kocht hawwe foar Portsmouth sille no wol bale...+ 0 - 0 | § ¶Snelheidsmjitters
De gemeente Skarsterlân set digitale snelheidsbuorden yn om automobilisten te konfrontearjen mei harren snelheid. Op dizze buorden stiet dan de snelheid dy't de auto op dat stuit hat. Ik tink persoanlik dat it effektiver is om de snelheid net yn kilometer per oere oan te jaan mar yn de hichte fan de bekeuring. 'Op dit stuit riskeare jo in boete fan 36 euro' rekket minsken grif mear dan jo ride no 36 kilometer yn it oere...
+ 0 - 0 | § ¶Kentekens op it skip mei jild?
Bert Kuiper, boargemaster fan Skarsterlân mar klearblyklik ek noch foarsitter fan distrikt noard fan it KNWV, is tsjin de ynfiering fan in kenteken op boaten. Ik bin it dêryn folslein mei him iens. De oerheid komt mei dit plan om sa de hurdfarders oan pakke te kinnen en stellen boaten ienfâldiger op te spoaren sa wurdt sein. It is no allinnich ek al ferplicht foar snelle boaten om in registraasjenûmer te hawwen. It liket der dan ek mear op dat de oerheid hjirmei it skip mei jild besiket binnen te heljen. Omdat op dit stuit noch altyd de faarbelesting der net trochdrukt wurden is besykje hja it no mei in nûmerboerd. Kreatyf fansels al wurde de boaten der net moaier fan fansels.




