+ 0 - 0 | § ¶280.000 euro foar Froeks.tv
Froeks.tv krijt €280.000 subsydzje fan de provinsje. Dit bedrach krije hja omdat hja mear en foaral ek Fryskere jongerein nei har side lokt hawwe dan konkurint Fynst. Ik bin tink ik al wat te âld foar dizze beide siden want it kin my net echt hiel bot boeie. Wol tink ik dat ik ek mar ris mei de provinsje prate moat want hie Froeks 40.000 unike besikers per moanne en smiet dat 280.000 euro op, ik haw oars ek alle moannen in lytse 1000 unike besikers op myn webloch. By my binne alle bydragen Frysktalich. Ik soe dan ek graach 1/40ste part fan 280.000 (7000 euro) op myn rekken ûntfange wolle...+ 0 - 1 | § ¶Net 5 en Lost 5
Yn Amearika wurdt op dit stuit seisoen 5 fan de populêre searje Lost útstjoerd. Wy hawwe diel 1 oant 4 op DVD meardere kearen besjoen en binne dan ek bêst wol in bytsje ferslaafd oan dizze searje. It is dan ek tige spitich dat Net 5 noch altyd net begûn is mei de útstjoerings fan dizze searje. No kin ik op ynternet net mear op foarums omskarrelje sûnder efter dingen te kommen dy't ik eins noch net witte wol. Wannear't de searje straks wol te sjen is dan binne alle ûnderwerpen al folslein útbehannele op it ynternet. Wêrom moat dit no sa lang duorje freegje ik my ôf. Ik krij hieltyd mear de nijging om de ôfleveringen dan mar del te heljen. Gewoanwei wiene wy yn maart dochs al oan bar. Straks silst ek noch sjen dat sy sûnder dit yn it foar efkes grut oan te kondigjen ynienen begjinne krekt as ferline jier...+ 1 - 0 | § ¶Kuierkarre
Wy koene de twilling bernewein fan Albert en Jolanda oernimme. Omdat wy hjoed dochs nei Sint Nyk moasten foar in itentsje mei heit en mem dy't foar de feroaring no ris in kear 37 jier trouwt wiene hawwe wy him fuort mar ophelle. It is in prachtige moaie karre dy't mei twa reiswychjes der op hiel geskikt wêze sil foar ús berntsjes yn oanbou. It moaie fan de wein is dat er letter ek noch om te bouwen is ta kuierkarre. Sa kinne wy der dan ek noch jierren wille mei hawwe. De lichte aluminium bernewein kin troch gewoane doarren hinne en troch de grutte tsjillen kin er ek ienfâldich ride. By hurde wyn is it sels needsaaklik en set de wein fêst oan de pols. Wy binne tige wiis mei de wein, no de ynhâld noch efkes opleverje fansels...
+ 0 - 0 | § ¶Gekke oanstekkerij
Fuotbalklup NEC giet net yn berop tsjin de straf dy't hja krigen hawwe foar it mei in oanstekker bekûgeljen fan de skiedsrjochter. De klup út Nijmegen krige in boete fan 50.000 euro en ien wedstryd foarweardlik sûnder publyk. De persoan dy't de oanstekker smiet is noch altyd net oppakt. NEC fans sille no besykje jild yn te sammeljen foar de klup. No is it fansels in grof skandaal dat in malloat in oanstekker op it fjild smyt mar ik fyn it ek wol tryst dat in klup dêr sa de dupe fan wurdt. Der hoecht dus by it Hearrenfean mar ien malloat te wêzen en wy binne 50.000 euro lichter. Dochs is it ek wol wer apart dat de man net op de kamera werom te finen is. Hingje dy kamera's dan allinnich mar yn it fak by de fanatike oanhang? Ik soe dat eins net iens witte want by it Hearrenfean stean ik ek tusken de fanatike oanhang en dêr hingje genôch kamera's. Oft dat yn oare fakken oars is wit ik net. Dochs kin ik my ek net yntinke dat der net in moai nustje minsken sjoen hawwe út hokker hoeke dizze oanstekker kaam. Der wurdt dus immen de hân boppe de holle hâlden. Lit ús hope dat dit soarte fan grappen op it Hearrenfean útbliuwe sille...+ 0 - 0 | § ¶Op jacht nei kaartsjes
Omdat Volendam mar in hiel lyts stadion hat koe it Hearrenfean mar 450 kaartsjes krije foar de útwedstryd yn de heale finale fan de beker. De ferkeap dêrfan soe moarn begjinne by de ticketbox mar hjoed wie der al in mooglikheid om fia ynternet te bestellen. Der koe wol ris in soad fraach wêze en omdat wy mei in moai ploechje dy kant op woene siet ik dan ek al om 8.55 op myn wurk efter in kompjûter mei ynternet. Om ûnnoadich F5'en te foarkommen (foar it ferfarskjen fan de webside) stie der in handich klokje op de webside. Om 9.00.00 soe it los gean mar om 9.00.00 die de side it by my noch net. Krekt om 9.00.02 koe ik al in bestellink fine. Sa swalke ik moai troch it systeem hinne. It nûmer fan de seisoenkaart hie ik al efkes op it klipboerd stean sadat dat mei in simpele ctrl v yn te plakken wie. It bliuwt trouwens ûnnoazel dat wy wol ynlogge moatte yn it online systeem mar dat it systeem net ús eigen klup- as seisoenskaartnûmer ûnthâlde wol. Net folle letter koe ik mei Ideal myn kaart ôfrekkenje. Sa hie ik binnen twa minuten myn eigen kaartsje fêstlein. Om 9.02.00 koe ik noch altyd wol mei gemak mear kaarten bestelle dat ik gie der fanút dat de oaren dan ek wol oan in kaart komme soene. Dy middeis die bliken dat der dochs in hoop domme bargen yn myn freonekring sitte. De iene hie syn bankpaske net by de hân, de oare wie te let. Wer in oar hie op de ferkearde bank drukt. Yn alle gefallen binne der fan de 15 kaarten dy't wy foar eagen hiene mar 4 teplak kaam. It skûtsje dat wy hiere soene soe dus sawysa wat te folle fan it goeie wêze. In polyvalkje kin it sa ek wol dwaan...+ 0 - 0 | § ¶ALV BCD
Hoewol't ik it bêst drok haw de ôfrûne dagen haw ik dochs efkes nei de Algemiene ledegearkomste fan de Badmintonclub Drachten west. Yn prinsipe moatte jo as lid al witte wat der spilet yn de eigen feriening. Boppedat wol ik graach witte hoe't it der oan tagiet op saa'n gearkomste en wa't dêr sa al komme. De drokte foel my net ôf moat ik sizze. Der wie suver hast plak te min yn de kantine fan de Drait. Ik sil jim fansels net fervele mei de details fan de gearkomste mar in pear dingen kin ik wol nei bûten ta bringe. Sa binne wy op dit stuit de grutste feriening fan de Noardlike badmintonbûn. Myn foarige feriening BC GO! stiet op plakje twa. It foel my dêrneist op hoe útwriedsk de boekhâlding besprutsen waard. Eltse sint waard ferantwurde yn in boekwurkje fan ik leau wol mear as 20 siden. Dat fûn ik sels wat te mâl want no wie der hast net te sjen hoe't it der foar stie. De ferskate toernoaien mochten om my wol as ien post op de begrutting stean. By spesifike fragen soe in ponghâlder dan altyd noch de details jaan kinne. De gearkomste gie lekker flot en der wiene net in hiel soad fragen. Wol waard der noch efkes koart stil stien by de kontribúsjeferheging. De sealhier yn Smellingerlân wurdt troch de gemeente lyk skeakele oan dy yn de Rânestêd. Dêrmei is Drachten nei alle gedachten de djoerste, gemeente yn Fryslân. Beweging stiet by de ried fan Smellingerlân dan ek net heech op de aginda sa docht bliken. Earder die út de ôfwizing fan de subsydzje foar de Fryske Sinteklaasskiif ek al bliken dat it Frysk dat ek net stie. Ik freegje my dan ek ôf wêr't it jild fan Fryslâns twadde gemeente, wat ynwenners oanbelanget, dan wol oan op giet, it blau skilderjen fan dykjes faaks?+ 1 - 0 | § ¶Tweelingenboek
It tweelingenboek is hjoed yndie binnenkaam. It is in prachtich moai neislachwurk foar de oankommende âlders fan in twilling en de jierren dêrnei. It boek is hiel praktysk en ferteld krekt wat je spesifyk witte moatte foar in twilling. Sa't de auteurs sa moai omskriuwe: "In twilling is mear as allinnich in ekstra namme betinke". Sa steane der listen yn fan guod dat je by de hân hawwe moatte. Ek stean der in hiel soad ferhaaltsjes yn fan âlden fan twillingen. It hâld ek net op by de befalling mar it boek giet noch in pear jier fierder. Foarlopich hawwe wy wol wer efkes lêswille. Sa'n 440 siden te gean en it is no fjochtsjen om wa't it boek jûns lêze mei. Om't de freondinne krekt lykas oare swiere froulju emoasjoneel nochal oer de toeren rekket at sy har sin net krijt lis ik dus in pear siden op har efter...+ 1 - 0 | § ¶Twillingenboek en in bernewein
No't it nijs yn alle hoeken fan de wrâld bekend wurden is komme fansels ek de oanbiedings binnen. Sa krigen wy fan Albert en Jolanda, myn neef en de frou dy't ek heit en mem fan in twilling binne, te hearren dat wy harren bernewein wol oernimme mochten. Ek krigen wy de tip om it Tweelingenboek fan Lenny Duijvelaar & Anjo Geluk oan te skaffen. Wy hiene fansels al in moai boek mei plaatsjes oer noch net berne babys mar oer twa wisten wy noch net folle. Om de freondinne te ferrassen haw ik dan ek efkes Drachten yn west. Yn de boekhandels dêr't ik west haw koe ik it boek net fine. Om net hielendal om 'e nocht nei Drachten te fleanen haw ik dan ek noch mar efkes by Marista del west foar in Aaipopkaartsje. It die bliken dat dy der noch net wiene wylst de foarferkeap dochs sneon al starten wie. Sa wie ik dochs om 'e nocht nei Drachten flein. Ut pure frustraasje haw ik it boek dan ek mar by Bol.com kocht. Sy stjoere it fuortdaalks op en moarn soe it hjir al wêze moatte. De aaipopkaart haw ik fia aaipop.nl besteld!De bernewein sille wy kommend wykein efkes besjen. It is noch wol hiel betiid fansels, wy binne noch mar krekt op 14 wiken, mar sa'n moai oanbod kinne jo fansels net lofts lizze litte...+ 0 - 0 | § ¶Faak frege saken (FAQ)
Sûnt it nijs fan it feit dat wy heit en mem wurde fan in twilling de wrâld ynflein is krije wy hieltyd wer dy selfde fraach. Hawwe jim mear twillingen yn de famylje? Om dêr dan yn ien kear mei klear te wêzen hjir it antwurd: Ja, der binne mear twillingen yn ús famyljes. De helft fan de freondinne har neven en nichten is in twilling (twa fan de fjouwer dus). Ek wie myn pake ien fan in twilling. Ik haw twa twillingnichten en ik haw in pear neven dy't in twilling krigen hawwe. Makket dat dan wat út? Nee, yn ús gefal net want wy krije in ien-aaiige twilling en dat is foar safier't men no wit net erflik bepaald. By twa-aaiige twillingen is dat wol it gefal.+ 0 - 0 | § ¶It iselmar en omride
In pear dagen ferlyn wie ik mei de auto al efkes oer de A7 tusken de kop fan de ôfslútdyk en Snits riden. It foel my doe op dat de dyk frij wat stikken wie. Omdat wy hjoed nei Heemskerk moasten like it my dan ek better om in alternative rûte te nimmen. Fansels litte wy soks yn earste ynstânsje oer oan myn rûteplenner mar dy woe ús fia Amsterdam stjoere dêr't 5 kilometer file wie. Gewoanwei giene wy altyd oer de ôfslútdyk dus dat diene wy no ek mar. Omdat it net folle fierder wie binne wy dizze kear oer de Wâldwei fia Ljouwert en Harns riden. Dat wie foar in grut part 100 kilometer yn it oere mar dat is altyd noch better as 90 op de sneldyk en 50 op de rûnwei fan Snits fansels. It is wol in soadsje op de grutte diken fan Nederlân. De asfaltearders dogge der alles oan om wurk te hâlden sa docht wol bliken. Uteinlik wiene wy foar de feroaring no ris net in heal oere te let op ús bestemming. Weromweis binne wy dochs mar fia de rûtebeskriuwing fan myn navigaasjesetsje gien. Doe giene wy dus yndie fia Amsterdam mar doe wie der net in hiel soad ferkear op de wei. It woe dan ek wol aardich trochride. Wat no krekt de koartste rûte wie is ús noch net bekend, mar wy hawwe wol wer efkes in moai rûntsje Iselmar dien...+ 0 - 0 | § ¶It Fryske haachje
No't de maaitiid wer begûn is hawwe wy hjir foar hûs eindelik ris ús boekehaachjes plantsje kinnen. Foarich jier hawwe wy de sydkant fan de tún al mei sa'n prachtige moaie reade boekehaach ôfskoattele. Doe't wy dêrnei ek foar hûs oan de slach soene hiene de haachjes al blêdsjes krigen. Dan wie ferplantsjen net mear in ferstandige set sa waard ús ferteld. Nei in pear oeren graven en bedobjen is no ús foartún fisyk ôfgrinze fan de iepenbiere wei. No mar hope dat de beamkes wat oanslaan sille want fan de foarige sessy hat net elk strúkje it oerlibbe sa liket it.+ 1 - 0 | § ¶Hy woe der net yn
Freedtejûn en allinnich thús dus by hege útsûndering haw ik mar ris in wedstryd besteld fan Eredivisie live. Us Hearrenfean, dat op dit stuit de meast skoarende ploech is fan de hiele earedivyzje, mocht it opnimme tsjin de nûmer lêst. In makje soene je sizze en dat hie it ek wurde moatten fansels. Yn de rees om it twadde plakje wiene hjir gewoan trije punten nedich. It slagge spitigernôch net! Al nei in kertier hiene wy in enoarme kâns mar Beerens koe de bal net tsjin it net krije. Dochs bleau it Hearrenfean wol oanfallen mar it wie de Graafschap dy't samar de 1-0 makke. It like der doe noch altyd wol op dat it wol goed komme soe mar de bal woe der mar net yn en hoe langer de wedstryd duorre, hoe dreger it waard. De superboeren kamen sels noch op 2-0 ek. Dêrmei like it in dúdlike saak dat wy gjin rjocht hiene op wat punten. Sollied dy't de hiele wike al warskôge hie foar ûnderskatting seach syn ploechje dochs ferliezen. Sa bliuwt it behelpen tsjin de ploegen út it rjochter rychje. De reis nei de Kuip hoecht dan ek noch net fêstlein te wurden. Yn alle gefallen wer 5 euro net goed spendearre...+ 0 - 0 | § ¶Google knipt omraak fotokes
Yn Amearika wie it al earder bekend mar no hat ek Nederlân syn eigen google streetview fotokes. Google hat mei in spesjale kameraauto troch Nederlân riden en om de safolle meter efkes in fotoke naam. Dit wurdt dan wer keppele oan google maps. It is op dit stuit noch mar op in pear plakken yn Nederlân te brûken mar ien fan dy plakken is Grins. Sa hawwe sy ûnder oaren by Bernlef foar de doar in fotoke naam.+ 0 - 0 | § ¶Nei aaipop?
Sneon begjint de foarferkeap foar it Aaipopfestival. Ferline jier haw ik in kear oerslein mar dit jier is Jitiizer wer fan de partij dus dan bin ik der fansels ek wer by. Wa komme der noch mear op Aaipop? Neist Jitiizer sille ek Syb van der Ploeg, Gurbe Douwstra, SD Peije Rasp, Strange Onions, Wiegels Wjukkelmasine, Ed Lip en Aart Lus, Gien Gok, Mink, Ramsk, Meindert Talma, Sipke de Boer, Gerrit Breteler, Sephyros, Johannes D. Kernermershow, Rûs, Michiel Oudega & Toby en Sebeare optrede. Bynammen Wiegels Wjukkelmasine is bysûnder omdat dy band al jierren net mear aktyf west hat. Spesjaal foar Aaipop komme hja wer byelkoar sa liket it. In moaie kâns foar de leafhawwers fan Wachtsje yn de rein om dizze band noch in kear oan it wurk te sjen. Spitigernôch gjin Strawelte. Dat hie dit aaipopfestival eins wol hielendal slagge meitsje kinnen. No sil dat fansels ek wol slachje. Salang't der mar hinnen fan it spit binne rêde wy it lang fansels. Kaarten binne te keap op de foarferkeapadressen yn Nijlân (Hottingawei 1 en yn m.f.c. De Mande). Yn de foarferkeap koste de kaarten €20,00. Oan de kassa € 22,50. It reservearjen fan kaarten is ek mooglik. Meitsje dan in bedrach fan €21,- de kaart oer op gironûmer 9522889 fan Stifting Aaipop, Hottingawei 1, 8771 SR Nijlân. De kaarten wurde dan fan 21 maart ôf opstjoerd. Ferjit net der by te setten wêr't de kaarten nei ta stjoerd wurde moatte. Ik sjoch jim dêr wol. Wannear't ik net by de hinnekarre stean bin ik yn it generaal te finen yn de omkriten fan it poadium...+ 0 - 0 | § ¶Kwaliteit wetter Fryslân goed
Ik lês krekt op de webside fan Omrop Fryslân dat de kwaliteit fan it swimwetter yn Fryslân goed is. Dat is fansels fantastysk goed nijs want ik makke my al frijwat soargen. Ynkoarten dan mar wer efkes nei de Leyen ta foar in dûk yn it ûndjippe. It sintsje skynt, de loft is blau, de swimbroek oan en net fan dat benaude. Wa giet der mei te swimmen?+ 0 - 0 | § ¶Buskomby
Tsja, sa hawwe jo in alleraardigst moai plan om der mei in skûtsje as klipper twa dagen tuskenút te knipen en in dei letter docht al wer bliken dat de wedstryd tsjin Volendam útdraaie sil op in buskomby. Dat betsjut dat der ferplicht mei de bus reizge wurde moat. Volendam en it Hearrenfean stean ommers beide bekend as risikofol wat de suporters oanbelanget. Dat betsjut dus gjin ieltsje keapje op de seedyk. Gjin middei lang kaartsjeblaze mei Jan, Nick en Simon. Wy sille gewoan royaal op tiid en ûnder plysjebegelieding de ôfslútdyk oer riden wurde. No ja, dan kinne wy fansels moai efkes oevenje foar de busrit nei de Kuip. Ik bin benijd oft der ek in útregistraasje nedich is foar de finale no't de winner fan Volendam - Heerenveen de thús spyljende ploech is. Der binne trouwens mar 400 kaarten beskikber dus wa't mei wol moat rap wêze...+ 1 - 0 | § ¶Mei de boat nei Volendam?
Juster op de tribune by it fuotbaljen hiene wy it der al efkes oer hân mar it soe fansels in fantastysk moai idee wêze om mei in boat nei de bekerwedstryd tsjin Volendam te gean. Fanút De Lemmer, Starum as in oar Frysk havendoarpke/stedsje soe in oertocht nei it fiskersdoarpke dat bekend stiet om it lûd fan iel in prima mooglikheid wêze kinne. Dêrneist binne wy der dan ek fuort efkes twa dagen lekker út. It is dan wol saak dat wy mei in man as wat kaarten krije foar eigen ferfier. Ek moat de fuotballers fan it Hearrenfean der foar soargje dat sy net de boat yn gean want dat soe in weromtocht in stik minder aardich meitsje. Wy wachtsje it efkes ôf...+ 0 - 0 | § ¶Alwer nine-eleven
Fannejûn hiene wy oppenij ús eigen nine-eleven op it Hearrenfean. Nei't ferline wike de Grinzers al mei twa man minder tsjin ús akteare mochten wie it no de beurt oan Bas Nijhuis om twa Spartanen nei de klaaikeamers te stjoeren. Dêrmei waard it it Hearrenfean oppenij in stikje ienfâldiger makke. De Rotterdammers wisten ek net safolle wjerstân te bieden as de Grinzers in wike earder. Dêrtroch koe it Hearrenfean wurkje oan it doelsaldo. De wedstryd waard mei 5-1 wûn wêrby't dy iene goal fan Sparta dan dochs wol frijwat ûnnoadig wie want mei 11-9 moatte jo dochs de nul hâlde kinne liket my. No ja, wy stean efkes boppe Ajax foar in dei en dêrneist hawwe wy no de measte goals makke fan alle ploegen yn de earedivyzje. Wat dat oanbelanget hawwe de Feansupporters al in hiel soad goals sjoen want ek by it tal tsjingoals stean wy noch altyd yn it lofter rychje...+ 0 - 0 | § ¶Gûchelje mei google
De earste kompakt skyfkes binne yntusken ferkocht fia myn eigen nije Fryske wepsjop. Wylst ik noch net iens ekstreem folle reklame makke haw foar de side binne der dochs al in pear foar my wyldfrjemden dy't in bestelling dien hawwe. Dat sil dan grif komme omdat ik myn side fia google oan de man brocht haw. It is in hiele aardigheid om te sjen dat de side by guon sykopdrachten no al aardich skoart. Om noch better yn google te kommen haw ik ek noch mar in pear ekstra domeinnammen oanmakke. Sa is myn webwinkeltsje no ek fia fryskecd.nl, fryskecds.nl, friesecd.nl en friesecds.nl te finen. Sykje mar ris op jim favorite artysten en bestel in leuk kompakt skyfke. Der is genôch kar...+ 1 - 0 | § ¶Reaksjes bin wer mooglik
Troch in technyske steuring wie it in tiid lang net mooglik om te reagearjen op myn webloch. Dêr wie ik sels net fan op de hichte want sa faak reagear ik net op myn eigen berjochtsjes fansels. Wol foel it my op dat it al in moai skoft lyn wie dat der in reaksje pleatst wie. Mocht it wer ris barre dat jim reaksje net pleatst wurdt, nim dan efkes kontakt op want it is wol sa leuk om wat reaksjes te krijen fansels. No brûkt elkenien myn hyves-side foar de reaksjes wylst ik se folle leaver yn myn eigen Fryske bolwurkje werom fyn fansels...+ 0 - 1 | § ¶Krekt lego
Juster hawwe wy foar it earst nei it siikenhûs west. It krijen fan in twaling wurdt as in risikofolle befalling sjoen en dêrom hat de kreamfersoargster ús fuortdaalks trochferwezen nei Nij Smellinghe. De gyneakolooch sil fan no ôf ús berntsjes en harren mem yn de gaten hâlde. Dat is op 'm sels ek wol wer maklik want no hoege wy dus net langer nei te tinken oer wêr en hoe de befalling yn syn wurk giet. Oppenij waard der in echo makke mar omdat it liifmoer no al safolle groeit wie wiene de bylden minder moai as de earste kear. Wol hawwe wy no de hartsjes net allinnich sjoen mar ek heard. Beide berntsjes binne noch moai like grut. Sy binne no ûngefear sa grut as legopopkes. Dochs is al hiel dúdlik te sjen dat der hannen en fuotten oan sitte. Wat dat oanbelanget hawwe wy ek wer in gelokje want wy krije no troch de ekstra kontroles in hiel soad willeecho's fansels...+ 0 - 1 | § ¶Pakes en Beppes
Dit jier krige ik fan de freondinne it moaiste jierdeikadootsje ea. Wy kamen der heal jannewaris efter dat wy heit en mem wurde soene. Prachtich nijs fansels en je wolle it dan ek it leafst oan elkenien fertelle mar omdat it de earste pear wiken noch al risikofol is hawwe wy besletten dêr noch mar efkes mei te wachtsjen. Op tiisdei trije febrewaris hiene wy in earste ôfspraakje by de kraamsoarch. Nei in pear fraachjes moast der earst mar efkes in echo makke wurde. Dat is fansels in hiel spannend moment omdat je oant dy tiid allinnich mar ôfgien binne op it streepke fan de predictor en it útbliuwen fan de menstruaasje. Doe't it echoapparaat by de freondinne tsjin de búk hâlden waard wie al rap te sjen dat wy dochs echt wol heit en mem wurde soene. Mar it frommiske bleau mar ompielen mei it echoapparaat wat by de freondinne de fraach oprôp: "It binne der dochs gjin twa wol?" No, dêr tocht ús kreamhelp dus ek oan dat nei in soad gepiel en geëcho kamen wy ta de konklúsje dat wy twa berntsjes krije. Wy koene doe ek fuortdaalks al beide hartsjes klopjen sjen en wy hawwe in pear prachtige moaie echo fotokes mei krigen. Ik moat sizze dat ik dat wol hiel moai fûn. In twilling is eat wat jo folslein net foar it sizzen hawwe. Op de weromreis binne wy fuortdaalks efkes by de skoanâlden oanwipt. Wy hawwe har de fotokes sjen litten en skoanmem seach fuortdaalks wol dat it der twa wurde soene. In hiele ferrassing fansels want wy hiene noch net ferteld dat wy serieus oan it oevenjen wiene. Tongersdei haw ik doe nei Sint Nyk ta west om ús heit en mem it bliide nijs te ferkondigjen. De freondinne wie in bytsje griperich dat dy is mar thús bleaun. Wy woene fansels net it risiko nimme dat se it fia fia hearre soene. Dat is it neidiel ek fan ynternet. De earste de bêste kin mei in opmerking op hyves as thaeke.net it hiele feestje fan it fertellen fan it heugdelikke nijs ferknalle. Mei in ferlechje oer in boutekening gie ik nei heit en mem ta om der wis fan te wêzen dat se thús wiene. Doe't heit de echofotokes út de enveloppe helle snapte er der neat fan. By mem foel it kwartsje wat earder al wie de ferrassing wol kompleet want hjir hiene hja net op rekkene fansels. Dat it der twa wiene hiene se trouwens net sjoen. Sa koe ik se dus noch in kear ferrasse yn it selfde besoekje. Dy selfde jûn haw ik ek noch mar efkes by beppe lâns west en by myn Peter en Meter Jaap en Akke. Myn suske Rinkje haw ik mar efkes fia de tillefoan op de hichte brocht. Dy wennet wat te fier fuort. Elkenien fûn it fantastysk nijs en dat is it ek fansels...+ 0 - 1 | § ¶Heitys
Dat ik heit wurde soe wist ik al in pear wiken, mar sûnt in pear dagen binne wy der efter kaam dat wy heitys en memmys wurde. Letter mear...
+ 1 - 0 | § ¶Aksje tsjin Post Plaza
"De FNP yn de Fryske Steaten wol dat it kolleezje fan Deputearre Steaten aksje ûndernimt tsjin Hotel Post Plaza yn Ljouwert. It management fan dat hotel hat har personiel ferbean om Frysk tsjininoar te praten. Dat soe better wêze foar de tsjinstferliening. De FNP fynt dat dat soks oan de protters raast en fynt dat de provinsje no net langer gebrûk meitsje moat fan dit hotel foar oernachtings of sealhier." (boarne Omrop Fryslân)At dit wier is dan soe de provinsje dêr yndie gjin minsken mear ûnderbringe moatte. Wêr slacht it op dat hieltyd mear bedriuwen it Frysk opkeare? Is der net in frijheid fan taalkar yn Nederlân as mei de frije miening allinnich yn it ABN utere wurde? Foarlopich sil ik net langer oernachtsje yn it Post Plaza hotel. Dat sil se krije...




