+ 0 - 0 | § ¶De klips fan Warber Fryslân
Wy hawwe in trijetal klips makke by de Fryske ferskes foar Sinteklaas skiif (dy't hjir te keap is).+ 0 - 0 | § ¶Woezel en Pip
Leave minsken, wy binne tige wiis mei elk presintsje foar ús twaling mar op dit stuit komme wy om yn de Woezels, Pips, Tomkes en rûpkes fan de Rabobank. Foarlopich dus efkes gjin poppen foar ús poppen at it heal kin. At jim wier neat betinke kinne binne wy altyd wol wiis mei ruften by foarkar fan it merk pamper. Op dit stuit gean der sa'n 14 per dei troch hinne dat wy ha fuort net te min. De popkes brûke op dit stuit nûmer 1 mar wy ha in grut hok dus ek gruttere eksimplaren binne altyd wolkom.
+ 0 - 0 | § ¶Eameladres wurke net, no wol
Yn myn haast om in eameladreske te meitsjen foar ús twaling sadat jim jimsels oanmelde koene om by ús del te kommen foar in dûbelde kreamfisite wie ik fergetten te sjen wêr't dy eamels útkomme soene. No die bliken dat alles noch op fail stie. Dat betsjut dus dat al jim eameltsjes fuortsmiten binne as faaks as ûnbestelber werom kaam binne. Ik haw dat probleemke no at it goed is oplost. Myn ekskuses foar it ûngemak. Minsken dy't delkomme wolle foar in pear bakken mei rôse múskes kinne fan no ôf dus in eameltsje stjoere nei ikwolgraachinkeardelkomme@twaling.nl+ 0 - 0 | § ¶Gjin Brabânske nachten
Juster kaam ik om 8.00 mei twa maxicosi's yn it sikehûs. Aetsje hie dêr de hiele nacht út fan hûs west om foar de famkes te soargjen. Dat hat in swiere 'befalling' foar har west want oant in oer as 01.00 gie it frij aardich mar dêrnei hawwe hja de freondinne om bar fan in wekker foarsjoen. Nei dat de berntsjes troch de bernedokter frijjûn wiene binne wy om in oerke as 13.00 op hûs oan gien. Mei de kostbere lading efter yn de auto is it dochs efkes wat oars autoriden. Yn prinsipe hoecht it fansels net oars mar je dogge dochs krekt efkes wat kalmer. Bynammen yn de bochten bin ik de foarsichtichste kant it neist west. Wêr't ik my by bejaarde riders altyd sa oan ergerje die ik no dus sels ek. De bern hawwe yn de auto lekker sliepen. Sy ha net in wanklank hearre litten dus dat foel genôch ta. Thús gie it ek oppenij frij aardich allinnich wiene de famkes net fan doel om har oan it skema fan it sikehûs te hâlden. Sy hawwe eigenhandich besletten dat it mei it drinken allegear wol in oerke earder koe. Sa leine heit en mem dus noch mar kwalik yn it nije nêst doe't wy al wer alarm krigen fan de earste nachtlike foeding. In pear oeren letter wie it wer it selfde ferhaal en omdat wy noch net yn alles goed op elkoar ôfjage binne wiene it dus in hiel soad lytse stikjes nacht. Gelokkich hawwe de bern fannemoarn fan 8-12 trochslept sadat heit noch efkes wat sliep ynhelje koe. Mar ik moat net sa seure want it is allegear prachtich en ik haw no trije froulju dêr't ik in bytsje fereale op wêze mei...
+ 0 - 0 | § ¶Part-time âlders ôf
Hjoed docht de freondinne eineksamen berntsjes A. Dat betsjut dat sy hjoed de hiele dei allinnich (bystean troch heitys fansels) ferantwurdlik is foar ús beide popkes. At dat hjoed, en fannacht, allegear goed giet dan meie Rinkje en Aafke moarn mei nei hûs ta. Dat is fansels fantastysk moai nijs want wy fleane no deis in pear kear op en del nei it sikehûs en hâlde dus mar in ferhipt lyts bytsje tiid oer foar oare saken. Gelokkich binne skoanheit en -mem de ôfrûne dagen goed oan it helpen om alles op tiid klear te krijen. Sa hawwe wy fannemoarn ús bêd de- en montearre om it sa nei de nije sliepkeamer boven te ferhûzjen. Op in pear lytse dinkjes nei is de ferbouwing no ek klear. Moarn dus net langer part-time heit en mem. It wurdt no in folsleine baan. Wy kinne ús goed yntinke dat jim allegear delkomme wolle om ús skatsjes te sjen. Dochs wolle wy jim freegje om ús efkes de tiid te gunnen. Faaks kinne minsken dy't graach delkomme wolle efkes in skriftlik fersykje stjoere nei ikwolgraachinkeardelkomme@twaling.nl, sa gau at wy der dan oan ta binne nimme wy efkes kontakt mei jim op foar it meitsjen fan in ôfspraak.+ 0 - 0 | § ¶316
De KRO hat gjin jild mear om ien fan myn favorite teletekstsiden te ûnderhâlden. Neist 101, 601, 801 en 704 is side 316 dochs wol ien fan de siden dy't myn bysûndere belangstelling altyd wol wat hie. Op dizze side stiene altyd de ergernissen fan minsken oer de televyzjeprogrammas. Troch de kredytkrisis is it nivo fan de tv net ferbettere mar der kin no yn elk gefal net mear op reageart wurde. Tige spitich dat soks ferlern gien is.

No lês ik krekt dat it bedoeld wie foar minsken tusken Maastricht en Appelsgea. Haw ik it dus al dy jierren foar neat lêzen?




