+ 0 - 0 | § ¶Fryske top 100
It is wer tiid foar de Fryske top 100. Juster is de stimmerij wer begûn en jim meitsje dus wer kâns op in Fryske tooooooop cd. Ik haw hjoed myn stim jûn en dit kear siet dêr in heech Sinteklaasgehalte yn. Wolle jim ek in ferske fan de Sint yn jim top 5 opnimme? It soe geweldich wêze fansels. Om te stimmen gean jim nei
www.frysketop100.nl (net te ferwarren mei
www.fryskealbumtop100.nl).

+ 0 - 0 | § ¶Berneupdeet
Moarn wurde Rinkje en Aafke alwer 8 wiken. Wat is de tiid dochs hurd foarby flein de ôfrûne wiken. Ik wit noch wol goed dat ik my út de naad fleane moast om by de geboarte te wêzen. No is it der net folle rêstiger op wurden de ôfrûne tiid want hoewol't de bern doe't sy út it sikehûs wei kamen al op seis foedingen sieten betsjut dat dochs noch altyd 6x2=12 flessen deis. Jouwe wy dan gjin boarstfieding? Jawis wol mar foar twa is der net altyd genôch en meastentiids wurdt ek de boarstfieding fia de flesse jûn. De famkes binne al lang gjin prematuerkes mear mar snelle drinkers binne it noch net. Sa dogge sy hast wol in heal oere oer in 100ml fleske. Dat betsjut dus dat ús dei, no ja, bynammen dy fan de freondinne dan, der sa út sjocht: Wèèèè - Stil mar leave - Hast do lekker yn de broek poept? - Oh nee hè sy plast - Sjit de romper is ek wiet wurden, no moat alles út - Sa, no bist do wer lekker skjin - Klokklokklokklok (in heal oere) - Burp! - Lekker sliepe! Tusken lekker sliepe en Wèèèè sit dan meastentiids sa'n 3 oeren mar yn dy trije oeren moatte wy ek ús eigen sliep besykje mei te pakken. Ik bin yntusken wer oan it wurk gien dat de freondinne hat der yntusken in deitaak oan. Jûns let kin ik har ek net helpe want myn wekker giet al wer om 5.30. No ja, yn elk gefal lykje de famkes noch steeds te groeien. Wolle jim se sels ris in kear oanskôgje, in eameltsje kin noch altyd nei wywolledetwillingsjen@twaling.nl mar at jim ús tillefoannûmer witte meie jim fansels ek wol efkes skilje. Mem sliept meastentiids oant 12.00!