+ 3 - 3 | § ¶Bernlef kamp (ek foar âldleden)
It skynt noch net algemien bekend te węzen mar yn it earste wykein fan maart (5-7) is der in Lustrumkamp fan Bernlef yn Appelskea. Dat is in kamp dęr't krekt as 5 jier ferlyn ek âldleden wolkom binne. Der stean op dit stuit al sa'n 75 leden, âldleden, superâldleden en jawol, sels in earelid op papier. It wurdt grif hardstikke leuk. Freedtejűn komt der in band (De Badgers) en sneon komt Taeke van der Meer del foar in praatsje. Fierder is der fansels bearenburch mei. Yn ferbân mei de q-koarts is it ferplicht hjir alle dagen in liter fan op te drinken. De bearenburch is ús sjirurch ommers. Ik soe sizze, bist (âld)lid fan Bernlef, skriuw dy dan rap yn want pas oer 5 jier hast wer in kâns...+ 1 - 2 | § ¶Sprekkoaren
Sneon hiene wy neffens my in primeur yn it Abe Lenstrastadion. Der wurdt wol gauris wat roppen op de tribune fansels mar tsjin Ajax gie it nei de (terjochte) reade kaart fan Grindheim sa lang troch dat de stadionspeaker yngripe moast. No krijt it Nieuw Noord fak út alle hoeken kommintaar mar dat is fansels net hielendal terjochte. Yn it Nieuw Noord fak stean sa'n 1200 fanatike en minder fanatike supporters węrfan't der in pear 100 oan it razen wiene. Wat der roppen waard like fansels nergens nei (de mem fan skiedsrjochter Bossen soe it âldste berop fan de wrâld útoefenje) mar it wiene wol yndividuën en net it folsleine fak. Ik wol my dan ek graach distansjearje fan dizze sprekkoaren. Fansels rôp Bossen it oer himsels ôf troch Ajacied Van der Wiel stean te litten doe't dy de ankels fan Henrique űnder syn fuotten wei torpedearde wylst er dęrnei by it Fean wol fuort de reade kaart pakte en dan meie jo him dat fansels ek bęst wol efkes witte litte. Dochs bin ik fan betinken dat dęr in minder űnfatsoenlike manier foar węze moat. Op it SC Heerenveen foarum haw ik dęrom mar ris in oprop dien ta it betinken fan orisjinele sprekkoaren dy't it selfde dúdlik meitsje mar dan op in ludike manier.+ 1 - 3 | § ¶Ferrassende stimwizerútslach
Ik haw krekt efkes de Hollânsktalige stimwizer ynfolle foar Smellingerlân. De Fryske soe der earst al komme neffens my mar dy liket der no dochs net te węzen. Ik moat sizze dat de útslach my wol fernuvere. Op 'm sels net frjemd dat de VVD by my op ien stiet, ik bin ommers ek űndernimmer mar dat de FNP op it allerlęste plakje stiet fyn ik wol spitich. It rare is dat wannear't ik yn Ljouwert wenne hie de FNP by my op it earste plak stie. Ljouwert hie trouwens wol in Frysktalige stimwizer.



