De krâns

Nei mear as tweintich jier besykjen haw ik ôfrûne sneon eindelik in krâns wûn op de merkepartij fan Sint Nyk. Mei kening Rients en foar bêst opslager Pieter ha wy alle partijen wûn. Wol bysûnder want de ôfrûne twa jier haw ik net in inkelde partij winnend ôfslute kinnen.

Thaeke | Moandei 06 Septimber 2010 om 19:15 | | Default | One comment

Lambert open air

Foar de leafhawwers fan tongercore binne der noch mar in pear kânsen om jitiizer live te sjen. De lêste kâns om harren fergees te sjen is miskien wol kommende sneon op it Lambert open air. Jitiizer spilet dêr mei û.o. Piter Wilkens, Shanty-tongerkoar De Headammers, Blackish en Die Riesende Junge Herren. It giet der dan grif wer om wei. Wês der dus by om 18.30 op de Gaastdyk. Kinst dan ek fuort kaarten keapje foar it allerallerlêste optreden fan Jitiizer ea. Dêrnei binne se allinnich noch op de DVD live te sjen.

Jitiizer alderlêste toffelkaartsje

Thaeke | Woansdei 01 Septimber 2010 om 12:50 | | Default | 128 comments

Dreumeskes

Wy hawwe de babys ynruile foar twa dreumeskes. Juster binne Rinkje en Aafke 1 jier âld wurden. Wy hawwe dat fansels fiert mei gebak, kadootsjes en famylje. Fotokes fan harren nije Trikes kinne jim sjen op www.twaling.nl

Rinkje en Aafke op harren nije trijetsjiller

Thaeke | Freed 27 Augustus 2010 om 11:14 | | Default | Reagear hjir op

keiwike 2010

Ik sil der wol net in soad tiid foar hawwe mar ik wol alle potinsjele nije leden dochs efkes attint meitsje op it feit dat it nije wike wer kei(mid)wike is. Studinteferiening Bernlef yn Grins is dan de hiele wike iepen foar de oankommende studinten. Se ha ek in poaster makke. Mear ynformaasje fine jim fansels op keiwike.nl

Bernlef keipoaster 2010

Thaeke | Snein 15 Augustus 2010 om 12:35 | | Default | Reagear hjir op

Underhâld

Thaeke syn tinzen wurkje no net mear mei pivot mar mei de nije pivotx. Ris sjen at dat better befalt. Der moat noch in soad gebeure om it allegear wer wat Thaeke-eftiger te meitsjen mar troch drokte kin soks noch efkes duorje. In soad nije ynbring hoege jim foarlopich dan ek net te ferwachtsjen.

Thaeke | Freed 23 July 2010 om 21:54 | | Default | Reagear hjir op

15 maaie, lustrumklaverjassen

De ôfrûne tsien jier is der hast alle jierren wol in klaverjastoernoai west op de soas fan Bernlef. Meastentiids fûn dit plak op in tsiental jûnen mei oan it ein fan de rit foar de winners fette fleisprizen. It is dan ek ferhipte spitich dat der krekt yn sa?n lustrumjier noch gjin offisjeel potsje spile waard. Dochs is der noch hoop. It lustrumjier is ommers noch net foarby en dêrom hawwe de leden fan de ?Tsjempjuns liek? (kaart elite) yn gearwurking mei de Lustrumkommisje der foar soarge dat der op sneon 15 maaie dochs wer in klaverjaskening(in) oanwezen wurde kin. It is de bedoeling om dizze kaartsneon te begjinnen om 14.00 offisjele magnetron tiid. De soas sil fan 13.00 oere ôf iepen wêze en wy hoopje om ûngefear 22.00 klear te wêzen mei it kaarten. Sa wolle wy ek de âldleden yn steat stelle om oan dizze jûn diel te nimmen. Wy ferwachtsje fan alle klaverjassers dat sy op 15 maaie net fersake, útsein wannear?t sy mei Jarig spylje fansels...

Oant sneon 15 maaie,

Thaeke, Jarig, Dorien en Jellie

Thaeke | Tiidsdei 13 April 2010 om 16:43 | | Default | Reagear hjir op

Foarum.nl

It Fryske foarum hat wol ris earder yn de loft west mar waard doe regelmjittich troch spammers en oare ferfelende lju misbrûkt. Wy jouwe it noch in kâns mei de nijste fersy fan phpBB. Dus hawwe jim wat te melden, en dat hawwe jim, gean dan flot nei foarum.nl en meitsje in eigen brûkersnamme oan.

Thaeke | Freed 19 Maart 2010 om 12:54 | | Default | Reagear hjir op

Bernlef kamp (ek foar âldleden)

It skynt noch net algemien bekend te wêzen mar yn it earste wykein fan maart (5-7) is der in Lustrumkamp fan Bernlef yn Appelskea. Dat is in kamp dêr't krekt as 5 jier ferlyn ek âldleden wolkom binne. Der stean op dit stuit al sa'n 75 leden, âldleden, superâldleden en jawol, sels in earelid op papier. It wurdt grif hardstikke leuk. Freedtejûn komt der in band (De Badgers) en sneon komt Taeke van der Meer del foar in praatsje. Fierder is der fansels bearenburch mei. Yn ferbân mei de q-koarts is it ferplicht hjir alle dagen in liter fan op te drinken. De bearenburch is ús sjirurch ommers. Ik soe sizze, bist (âld)lid fan Bernlef, skriuw dy dan rap yn want pas oer 5 jier hast wer in kâns...

Thaeke | Woansdei 17 Febrewaris 2010 om 16:55 | | Default | Reagear hjir op

Sprekkoaren

Sneon hiene wy neffens my in primeur yn it Abe Lenstrastadion. Der wurdt wol gauris wat roppen op de tribune fansels mar tsjin Ajax gie it nei de (terjochte) reade kaart fan Grindheim sa lang troch dat de stadionspeaker yngripe moast. No krijt it Nieuw Noord fak út alle hoeken kommintaar mar dat is fansels net hielendal terjochte. Yn it Nieuw Noord fak stean sa'n 1200 fanatike en minder fanatike supporters wêrfan't der in pear 100 oan it razen wiene. Wat der roppen waard like fansels nergens nei (de mem fan skiedsrjochter Bossen soe it âldste berop fan de wrâld útoefenje) mar it wiene wol yndividuën en net it folsleine fak. Ik wol my dan ek graach distansjearje fan dizze sprekkoaren. Fansels rôp Bossen it oer himsels ôf troch Ajacied Van der Wiel stean te litten doe't dy de ankels fan Henrique ûnder syn fuotten wei torpedearde wylst er dêrnei by it Fean wol fuort de reade kaart pakte en dan meie jo him dat fansels ek bêst wol efkes witte litte. Dochs bin ik fan betinken dat dêr in minder ûnfatsoenlike manier foar wêze moat. Op it SC Heerenveen foarum haw ik dêrom mar ris in oprop dien ta it betinken fan orisjinele sprekkoaren dy't it selfde dúdlik meitsje mar dan op in ludike manier.

Thaeke | Tiidsdei 16 Febrewaris 2010 om 10:08 | | Default | Reagear hjir op

Ferrassende stimwizerútslach

Ik haw krekt efkes de Hollânsktalige stimwizer ynfolle foar Smellingerlân. De Fryske soe der earst al komme neffens my mar dy liket der no dochs net te wêzen. Ik moat sizze dat de útslach my wol fernuvere. Op 'm sels net frjemd dat de VVD by my op ien stiet, ik bin ommers ek ûndernimmer mar dat de FNP op it allerlêste plakje stiet fyn ik wol spitich. It rare is dat wannear't ik yn Ljouwert wenne hie de FNP by my op it earste plak stie. Ljouwert hie trouwens wol in Frysktalige stimwizer.

Thaeke | Freed 05 Febrewaris 2010 om 19:29 | | Default | Reagear hjir op

Dit jier noch omke?

At der gjin rare dingen barre dan wurd ik in wike nei de Sint Nykster merke foar it earst offisjeel omke. No bin ik fansels al in bytsje in omke fan Jorrit en Nadine mar omdat de freondinne en ik net boaske binne is dat fansels net hielendal echt. Freed krige ik bericht dat myn suske Rinkje, net te ferwarren mei myn dochter Rinkje, al 8 wiken yn ferwachting is. Sa hawwe wy dus allebeide yn 2009 in berntsje makke. Dy fan har stiet krekt as by ús beide berntsjes plent op de foar Sint Nyksters tige gefaarlike earste wiken fan septimber. Dat hat ien foardiel want no bestiet dus de mooglikheid dat it in Fries wurdt. Yn elk gefal wie it in folsleine ferrassing mar wy binne der wol hiel wiis mei fansels.

Thaeke | Snein 31 Jannewaris 2010 om 14:59 | | Default | One comment